De savannehazze (wittenskiplike namme: Lepus victoriae; synonym: Lepus microtis) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Yn 'e mande mei de Etiopyske hazze (Lepus fagani) foarmet dit bist it ûnderskaai fan 'e savannehazzen (Sabanalagus). De savannehazze komt foar yn grutte dielen fan Súdlik, East-, Sintraal- en West-Afrika. It is in middelgrutte, herbivoare hazzesoarte, dy't foar it meastepart nachts aktyf is. Dit bist kin tige hurd drave en fertrout op dat fermogen om oan rôfdieren te ûntkommen. De IUCN klassifisearret de savannehazze as net bedrige.

savannehazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus victoriae
Oldfield Thomas, 1893
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De savannehazze waard yn 1893 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch Oldfield Thomas. Dyselde joech it bist in wittenskiplike namme (Lepus victoriae) dy't in ferneaming wie nei keninginne Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk.

Fersprieding

bewurkje seksje

It ferspriedingsgebiet fan 'e savannehazze strekt him út oer grutte dielen fan Afrika. It is in oaniensletten gebiet, útsein in lytse isolearre populaasje yn westlik Algerije. Yn Súdlik Afrika komt dit bist foar yn hiel Lesoto, Swazylân, Simbabwe, Sambia, Malawy en Mozambyk, mei dêropta de eastlike helte fan Súd-Afrika, it easten, noarden en noardwesten fan Botswana, it noardeasten fan Namybje en it meastepart fan Angoala, útsein it uterste noarden en súdwesten. Yn East-Afrika libbet dit bist yn hiel Oeganda, hast hiel Tanzania (útsein it noardeasten), it easten fan Boerûndy en Rûanda en it súdwesten en westen fan Kenia. Ek komt er foar yn hiel Súd-Sûdaan, it súdlike trêdepart fan Sûdaan en it uterste westen fan Etioopje.

Yn Sintraal-Afrika libbet de savannehazze yn it uterste suden en noardeasten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, de midden en it noarden fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk, it noarden fan Kameroen en it suden fan Tsjaad. En yn West-Afrika komt dit bist foar yn in brede stripe troch de Sahel en de krite direkt besuden dêrfan. Dat gebiet omfettet hiel Benyn, Togo, Boerkina Faso, Guinee-Bissau, Senegal en Gambia, en fierders it suden fan Niger en Maly, it noarden, de midden en it súdwesten fan Nigearia, it súdeasten en noarden fan Gana, it noarden fan Ivoarkust, hast hiel Guinee (útsein it uterste súdeasten en súdwesten), it súdwesten fan Mauretaanje en it suden fan 'e Westlike Sahara.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De savannehazze is in middelgrutte hazzesoarte mei trochinoar in kop-romplingte fan 41–58 sm en in sturtlingte fan 6,8–12,1 sm. It gewicht bedraacht 11/2–3 kg. De pels is op 'e rêch, de nekke en de boppekant fan 'e kop grizich brún en op 'e bealch en de kiel wyt. De siden en poaten binne rodzich brún. Om 'e eagen hinne sitte wite rânen. De sturt is fan boppen swart en fan ûnderen wyt. De savannehazze is riker fan kleur as besibbe hazzesoarten, benammen yn bercheftige kriten, dêr't eksimplaren ornaris wat dûnkerder binne. Oer it algemien liket de savannehazze sterk op 'e besibbe Kaapske hazze (Lepus capensis), dêr't syn ferspriedingsgebiet mei oerlapet, mar hy kin dêrfan ûnderskaat wurde troch de karakteristike groeven yn syn snijtosken.

 
In savannehazze.

Savannehazzen bewenje in grut ferskaat oan biotopen. Se komme foar op savannes (dêrfandinne de namme), mar ek yn healsteppes, steppes en healwoastinen. Fierders libje se yn legere berchtmen en teffens yn tropysk reinwâld.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De savannehazze is in solitêr bist dat inkeld soartgenoaten opsiket om mei te pearjen. It is in nachtdier, dat oerdeis ornaris rêst hâldt yn in leger, in ûndjip dobke yn 'e grûn, dat er oanleit ûnder it beskûl fan opgeande fegetaasje. Savannehazzen fertrouwe op harren skutkleur om ferburgen te bliuwen foar rôfdieren, mar as it nypt en wedernypt, naaie se út mei in faasje dy't oprinne kin oant 70 km/h. Dat betsjut dat inkeld it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) hurd genôch drave kin om se by te heljen. Oare rôfdieren kinne in savannehazze inkeld snippe út in mûklaach wei of troch klearebare lok. Under it draven meitsje savannehazzen it har efterfolgers noch dreger troch soms in flinke sprong fansiden te meitsjen, dêr't se har rookspoar mei ûnderbrekke.

Nei de fuortplanting fan savannehazzen is noch net folle ûndersyk dien. It liket derop dat se har it hiele jier rûn fuortplantsje kinne. De moerhazze smyt ferskate nêsten jongen yn it jier, dy't te wrâld komme mei it hier derop en de eachjes al iepen. Dat betsjut dat se frij gau nei de berte al útnaaie kinne foar rôfdieren, hoewol fansels noch net sa fluch as folwoeksen eksimplaren. De moerhazze liket har jongen útinoar te heljen en elts op in apart plak te ferbergjen, wêrnei't se der om it hoartsje by lâns giet om se drinke te litten. Dit is nei alle gedachten in evolúsjonêre oanpassing om derfoar te soargjen dat rôfdieren net alle jongen yn ien kear opfrette as se it leger fan in moerhazze ûntdekke. Mei likernôch in moanne wurde de jongen ôfwûn.

De savannehazze is in herbivoar, dy't benammen gerzen en krûden fret. Dêrnjonken steane ek plantewoartels, planteknoppen en beamskoars op it menu. Soms frette se ek fruchten dy't fan 'e planten fallen binne of poddestuollen. Fierders komt krekt as by in protte oare hazzesoarten by de savannehazze kropofagy foar, in ferskynsel wêrby't de bisten har eigen kjitte op 'e nij opfrette. It doel dêrfan is om 'e maksimale hoemannichte fiedingsstoffen út it iten te heljen.

De savannehazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.