De skiere sniehin (wittenskiplike namme: Dendragapus fuliginosis) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e beamsniehinnen (Dendragapus). Dizze fûgel komt foar yn it Pasifysk Kustberchtme fan Noard-Amearika. De skiere sniehin. is nau besibbe oan 'e blauwe sniehin (Dendragapus obscurus), en lange tiid ornearren ornitologen dat de beide fûgels ûndersoarten wiene fan deselde soarte. Krekt as in protte oare rûchpoathinnen fertoant de skiere sniehin gâns seksuele dimorfy. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as net bedrige.

skiere sniehin

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai beamsniehinnen (Dendragapus)
soarte
Dendragapus fuliginosis
Ridgway, 1873
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

It ferspriedingsgebiet fan 'e skiere sniehin beslacht benammen it Pasifysk Kustberchtme fan Noard-Amearika. De noardlike útein omfiemet it meastepart fan Súdeast-Alaska. It areaal rint by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns nei it suden troch it westen fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten troch it westen fan Washington en Oregon en it noardwesten fan Kalifornje. De súdlike útein fan 'e fersprieding falt gear mei de Sierra Nevada, it berchtme op 'e grins fan Kalifornje mei Nevada. De skiere sniehin komt ek foar op 'e eilannen foar de kust, wêrûnder de Aleksanderarsjipel yn Alaska en de Keninginne Sjarlotte-eilannen en Vancouvereilân yn Britsk-Kolumbia.

 
In hin fan 'e skiere sniehin.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De skiere sniehin hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 50 sm, mei in gewicht fan 750 g oant 1,3 kg. It fearrekleed fan 'e hoanne hat op 'e boppeste lichemsdielen in dûnkerbrune kleur. De bealch en de poaten binne wat ljochter en bespikkele mei wite plakjes. De fjouwerkantige sturt is dûnker, mar de úteinen fan 'e sturtfearren binne griis, sadat de sturt in ljochtere râne liket te hawwen. Boppe de eagen hawwe de hoannen in soarte fan 'wynbrau' yn 'e foarm fan in giele healrûne kaam. Ek beskikke se oer keale kielpûden oan wjerssiden fan 'e kiel, dêr't de hûd ek in giele kleur hat. De keale plakken wurde omjûn troch in ring fan wite fearren. As de fearren plat lizze, sjocht men inkeld in wite streek. De hinnen binne oer it hiele lichem bêzje oant ljochtbrún, mei dûnkere streken en spikkels dertrochhinne. Se hawwe boppedat in langere, rankere hals en in slanker lichem as de hoannen.

Skiere sniehinnen libje yn nullewâlden yn it berchlân, benammen oan 'e rânen fan 'e bosken.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De skiere sniehin is yn syn hiele ferspriedingsgebiet in stânfûgel. Lykwols bringt er de winter net troch yn syn simmerske habitat, mar djipper yn it wâld, dêr't it ûnder it beskûl fan 'e beammen waarmer is. Dy ôfstân leit er foar it meastepart rinnende ôf, mei út in troch in koart eintsje fleanen. Nuver genôch bewege skiere sniehinnen har nei har oerwinteringsoarden berchop ynstee fan berchôf.

Yn 'e peartiid fêstiget de hoanne in territoarium, dêr't er pronket mei opsteande waaiersturt, folpompte giele kielpûden en omheechholden kop, wylst er klapwjukket mei de wjukken en in lûd fuortbringt, as slacht er op in grutte tromme. Mei dat baltsgedrach lokket er hinnen nei him ta. Nei de pearing ferlit de hin it territoarium fan 'e hoanne wer, dy't fierders neat mei de fuortplanting út te stean hat.

Yn in nêst ûnder in strûk, besteande út in ûndjip dobke yn 'e grûn dat mei dinnenullen en gers beklaaid is, leit de hin 5–10 aaien, dy't krêmkleurich binne mei brune spikkels. De piken binne nêstflechters en sykje nei it útkommen fan 'e aaien al rillegau sels hat kostje byinoar, ûnder tafersjoch fan 'e hin. De earste wiken frette se ynsekten, oant har spiisfertarring safierhinne ûntwikkele is dat se oerstappe kinne op (foar it meastepart) plantaardich fretten.

 
In hoanne fan 'e skiere sniehin.

Skiere sniehinnen frette winterdeis almast nullen fan sulverspjirren (Abies) en douglasspjirren (Pseudotsuga), en út en troch ek fan piipkrûdspjirren (Tsuga) en dinnen (Pinus). By 't simmer frette se blêden fan earnefearren (Pteridium) en wylgen (Salix), beien fan skynbeiplanten (Gaultheria), mahoanjeplanten (Mahonia), toarnbeiplanten (Rubus) en blebberbeiplanten (Vaccinium), en ynsekten lykas eamels, toarren, imerkes en sprinkhoannen. Lykas in protte fûgels meitsje skiere sniehinnen gebrûk fan gastroliten: lytse stientsjes dy't se trochslokke, wêrnei't dy yn 'e mage it plantaardige iten plette en sa helpe by de spiisfertarring.

De skiere sniehin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje oer it algemien stabyl liket te wêzen. Dêrby moat oantekene wurde dat de fûgel oan 'e súdein fan syn ferspriedingsgebiet mei in delgeande trend te krijen hat dy't feroarsake wurdt troch habitatferlies.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 4 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e skiere sniehin (Dedragapus fuliginosis):

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.