Betinking fan de Slach by Warns

De Betinking fan de Slach by Warns is in betinking fan 'e Slach by Warns, út 1345, dy't elts jier op 'e sneon holden wurdt dy't it tichtst by 26 septimber falt, troch fermiddens fan 'e Fryske Beweging op it Reaklif, oan 'e súdkust fan Fryslân, tichteby it doarp Warns.[1][2] De betinking ûntstie oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, nei't der yn it Ynterbellum yn frysksinnige fermiddens in jierrenlange diskusje west hie oer de winsklikheid fan sa'n evenemint as fehikel foar it Frysk nasjonalisme.[2] De organisaasje fan 'e betinking is sûnt 1951 yn 'e hannen fan 'e Stifting Betinking fan de Slach by Warns.[2] It bleau altyd in gearkomste foar in beheind tal frysksinnigen, nettsjinsteande it feit dat fan 'e 1970-er jierren ôf ferskate kearen besocht is om 'e Betinking fan 'e Slach by Warns oantrekliker te meitsjen foar in breder publyk.[2][3]

Betinking fan de Slach
by Warns
It tinkteken foar de Slach by Warns op Reaklif.
It tinkteken foar de Slach by Warns op Reaklif.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Warns
holden yn iepen loft op Reaklif
tiid fan it jier sneon tichtst by 26 sept.
bysûnderheden
oanlieding Slach by Warns
soarte evenemint betinking
bestean 1945 – no
org. troch Stifting Betinking fan
   de Slach by Warns
offisjele webside
www.slachbywarns.frl

Histoaryske eftergrûn

bewurkje seksje

Yn 1345 stiek greve Willem IV fan Hollân, Seelân en Henegouwen mei in grut ridderleger, dêr't ek Ingelsen, Frânsen en Dútsers diel fan útmakken, de Sudersee oer om Westerlauwersk Fryslân te feroverjen, dêr't er oanspraak op makke. Nei't er op 26 septimber yn 'e Súdwesthoeke oan lân gien wie, litte er lykwol in ferpletterjende nederlaach tsjin 'e Friezen, wêrby't er sels omkaam, yn 'e mande mei in grut tal oare Hollânske en Henegouske ridders.[1][2] Lang waard tocht dat dy fjildslach by Warns plakfûn hie, mar tsjintwurdich is it tinken mank saakkundigen dat it treffen foar 't neist tichter by Starum útfochten is.[4] Likegoed sprekt men ek no noch fan 'e 'Slach by Warns', om't dy namme no ienris sa ynboargere is. Allinnich histoarisy hâlde de term 'Slach by Starum' oan.[2]

Nei de oerwinning op 'e ynfallers waarden de bonken fan 'e sneuvele Hollanners en harren bûnsgenoaten begroeven op it tsjerkhôf fan Starum.[1] Dêr waard de slach nei alle gedachten al fan 1346 ôf[2] elts jier op Fryske Leaffrouwedei betocht,[1] en fierd as hjeldei dy't oan 'e Faam Marije wijd wie, oan wa't men de oerwinning tanke.[2] De fiering fan 'e oerwinning hold goed oardel iuw oan, oant Joaris mei it Burd, de soan en opfolger fan 'e oermasterder Albrecht fan Saksen, der yn 1500 it near op lei.[1][2]

Moderne betinking

bewurkje seksje

Nei de Earste Wrâldoarloch ûntstie der binnen de Fryske Beweging in diskusje oer de winsklikheid fan in nije betinking fan 'e Slach by Warns, dy't jierrenlang duorre. Dêrby gie it yn it foarste plak om in betinking as ferhikel foar Frysk nasjonalisme, en waard de Slach by Warns, dy't yn 'e Romantyk sawol yn 'e Nederlânske as de Fryske literatuer in eigen plak ferovere hie, as in gaadlik ûnderwerp fan sa'n betinking sjoen.[2] Yn 1936 organisearre it Boun fan Frysk Nasjonale Jongerein in eigen betinking yn Langwar en it jiers dêrop die de Kristlik Fryske Stúdzje- en Propaganda-klub De Lege Geaën "Oerein!" itselde yn Gau, mar der bestie lykwols noch altyd gjin brede oerienstimming op dit mêd doe't de Dútsers yn maaie 1940, oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch, Nederlân binnenfoelen en besetten.[2]

Nei it begjin fan 'e besetting stie it grutste part fan 'e Fryske Beweging ôfhâldich foar in betinking oer, mar Rintsje Piters Sybesma en Douwe Hermans Kiestra diene yn septimber 1940 in oprop oan alle Friezen om persoanlik stil te stean by de Slach by Warns.[2] Yn 1942 en 1943 wist de nasjonaal-sosjalistyske Stichting Saxo-Frisia mei Dútske goedkarring in betinking te organisearjen yn Warns.[2] Op 26 septimber 1945 waard de betinking fan 'e Slach by Warns foar it earst organisearre troch in wurkgroep mei brede maatskiplike gearstalling, en sûnt wurdt de betinking elts jier op it Reaklif by Warns holden, yn 'e regel mei likernôch 200 belangstellenden.[2]

Yn 1951 waard de Stifting Betinking fan de Slach by Warns oprjochte, dy't neitiid de organisaasje fan 'e betinking op 'e noed hie.[2] Datselde jiers waard op Reaklif ek in monumint foar de Slach by Warns pleatst,[2] dat bestiet út in 14 ton swiere balstien, suver in rotsblok eins, op in fuotstik. Op 'e stien stiet de tekst: 1345 - leaver dea as slaef.[5] De stien wie skonken troch de bekende kommunist Gerrit Roorda fan De Tynje.[6]

Yn 'e 1970-er jierren waard in pear kear besocht om 'e betinking oantreklik te meitsjen foar in breder publyk, mar hoewol't dat net sûnder súkses wie, stapte men dêr al rillegau wer fanôf. Ek it sjongen fan 'e kommunistyske Ynternasjonale troch de leden fan 'e aksjegroep Sneed, yn 1977, waard troch de organisaasje fan 'e betinking net op priis steld.[2] Yn 1992 kaam de Betinking fan de Slach by Warns lanlik yn it nijs troch de oanwêzigens fan oanhingers fan ekstreem-rjochtse groepearrings lykas it Flaamsk Blok, dêr't de stifting him net bot tsjin oankante.[2] De edysjes fan 1993 en 1994 wiene fan gefolgen tige omstriden, mar it slagge de Fryske Beweging om him fan it rjochts-ekstremisme te distansjearjen en tagelyk om oanwêzigens troch rjochts-ekstremisten te ûntmoedigjen, û.m. troch it fieren fan it biedwurd leaver dea as rasist.[2] Alle opskuor late tydlik ta in grutte belutsenens fan 'e jongerein by de betinking, mar doe't de stifting yn 1996 besleat om net op 'e oandroegen ideeën foar fernijing yn te gean, sakke dat wer fuort.[2]

Yn 2006 waard de betinking troch de Grinzer Studinteferiening Bernlef omskreaun as "in tsjerketsjinst". It bestjoer fan 'e feriening wie der dat jiers by en stie ûnder it barren "mei kromme teannen", sa waard letter skreaun yn harren ferieningsblêd De Harpe. Hja pleiten derfoar om oan 'e betinking ek in fiering ta te heakjen.[3] Yn 2007 waard de betinking útwreide mei in kuiertocht nei Reaklif fan it Stasjon Hylpen ôf oer de Iselmardyk. Yn 'e streamende rein kamen dêr wolteld twa minsken op ôf, wat foar dat inisjatyf daliks de deastek betsjutte.[3] Yn 2010 brocht de Federaasje fan Fryske Studinteferienings (FFS) op 't aljemint dat it noch mar de fraach wie oft de betinking, de hege jierren fan 'e oanwêzigen yn acht nommen, 2020 wol helje soe. De FFS rette oan om basisskoallen en middelbere skoallen yn Fryslân by de betinking te belûken.[3] Yn 2011 oppenearre Pieter Stellingwerf út Himmelum, foaroanman fan Teatergroep SULT en fan it buro BUOG, om ris in kessengefjocht te hâlden mei Fryske biedwurden op 'e slopen. Alles om 'e jongerein mar by de betinking te belûken.[3] Yn 2013 rette oersetter Abe de Vries oan om kultuer in liedende rol by de betinking te jaan, troch bgl. in muzykfestival en/of literêre optredens en diskusjes te organisearjen.[3]

Yn 2018 besocht de Stifting Betinking fan de Slach by Warns fannijs om 'e betinking te modernisearjen. Dêrta waarden al yn april alle ferienings foar pleatslik belang yn Fryslân oanskreaun mei de fraach oft se in oarkunde ûndertekenje woene. Dêryn ferklearre sa'n feriening "dat hy him ferbûn fielt oan de mienskip en dat hy der sines ta dwaan sil om dy mienskip fleurich en geef te hâlden." Sa'n hûndert doarpen (wat mear as in fyfde diel fan it totaal) reägearren posityf.[3] De organisaasje fan 'e betinking rôp alle doarpen ek op en stjoer in ôffurdiging, it leafst mei meinimmen fan 'e eigen doarpsflagge. Foarôf joech waarnimmend foarsitter Thom Dijkstra oan dat er net ferwachte dat oan dy oprop in soad gehoar jûn wurde soe.[3] Mei it tema 'mienskip' besocht de Betinking fan 'e Slach by Warns oansluting te sykjen by it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018, dat ek de mienskip as tema hie. It bestjoer seach dit tema as ôfsluting fan in rige mei as tema 'ferbining' yn 'e foargeande fjouwer jier: yn 2014 'oer de taalgrinzen hinne'; yn 2015 'oer de generaasjegrinzen hinne'; yn 2016 'oer de steatsgrinzen hinne'; en yn 2017: oer de kulturele grinzen hinne'.[3]

De betinking fan 2018 waard holden mei koarte taspraken, persoanlike tsjûgenissen, foardrachten fan poëzij en ûnderbrekkings mei moderne muzyk. Der wiene sa'n 150 minsken, en der waard sprutsen troch ôffurdigen fan twa doarpen, Blauhûs en Winaam. De troch de ferienings fan doarpsbelang ûndertekene oarkunde waard troch Roel Falkena, de âld-foarsitter fan 'e Stifting Betinking fan de Slach by Warns, út waans koker it projekt ôfkomstich wie, útrikt oan deputearre Johannes Kramer. In bysûndere gast wie de Nederlânske dokumintêremakker Leo Blokhuis dy't by de betinking opnamen makke foar in ferfolch op syn tillefyzjerige Achter de Dijken.[7]

Oergiene edysje fan 2020

bewurkje seksje

Yn 2020 gie de (75e) offisjele Betinking fan 'e Slach by Warns oer omreden fan 'e beheinings dy't steld wiene foar gearkomsten fanwegen de wrâldwide koroanafiruspandemy. Sa'n tweintich belangstellenden kamen lykwols op eigen inisjatyf dochs gear op Reaklif. Ald-sjoernalist fan 'e Ljouwerter Krante Kerst Huisman wie ien fan harren. Hy pleite fan de ynfiering fan in Fryske Grûnwet, mei 24 kêsten wêryn't de rjochten op soevereiniteit fan 'e Westerlauwerske Friezen fêstlein wiene.[8]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 32.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 2,13 2,14 2,15 2,16 2,17 2,18 2,19 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2425-2426.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 3,6 3,7 3,8 Grosso, Maria del, Warnsbetinking: Wy meie der ek wêze, yn: de Ljouwerter Krante, 29 septimber 2018, bylage Sneon & Snein, s. 5-7.
  4. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2430.
  5. Weerbarstige Steen, yn: de Ljouwerter Krante, 25 septimber 1951.
  6. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 32.
  7. Elting, Wilbert, Fryske mienskip vol met 'libbene fisken', yn: de Ljouwerter Krante, 1 oktober 2018, s. 2.
  8. Pennewaard, Koen, Grondwet moet trots Friezen versterken, yn: de Ljouwerter Krante, 28 septimber 2020, s. 18.