Taken 2
Taken 2 is in Ingelsktalige Frânske aksjefilm út 2012 ûnder rezjy fan Olivier Megaton, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson en Maggie Grace. It is de twadde film fan 'e Taken-filmsearje en folget as sadanich op Taken, út 2008. Yn 'e nije film wurde âld-CIA-agint Bryan Mills en syn eks-frou Lenore yn Istanbul ûntfierd yn opdracht fan 'e heit fan 'e lieder fan 'e binde Albaneeske frouljushannelers dy't Mills yn 'e foargeande film deamakke hie. Taken 2 krige fan 'e filmkritisy minne resinsjes, mar waard yn 'e bioskopen in ûnbidich kommersjeel súkses. In trêde film yn deselde rige ferskynde yn 2015 ûnder de titel Taken 3.
Taken 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Olivier Megaton | |
produsint | Luc Besson | |
senario | Luc Besson Robert Mark Kamen | |
kamerarezjy | Romain Labourbas | |
muzyk | Nathaniel Méchaly | |
filmstudio | EuropaCorp M6 Films Grive Productions Groupe Canal+ Ciné+ | |
distribúsje | EuropaCorp (ynternasjonaal) 20th Century Fox (Fer. St.) | |
spilers | ||
haadrollen | Liam Neeson Maggie Grace | |
byrollen | Famke Janssen Rade Šerbedžija Alain Figlarz Ergun Kuyucu | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Frankryk | |
premiêre | 3 oktober 2012 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 91 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $45 miljoen | |
opbringst | $376,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Taken | |
● foarich diel | Taken | |
● folgjend diel | Taken 3 |
Plot
bewurkje seksjeYn Tropojë, yn Albaanje, wurde frouljushanneler Marko Hoxha en de oare leden fan syn binde begroeven, dy't fermoarde binne troch de Amerikaanske âld-CIA-agint Bryan Mills nei't se yn Parys syn dochter Kim ûntfierd hiene (sjoch: Taken). Op 'e begraffenis swart Murad Hoxha, de heit fan Marko, wraak. Syn trewant Suko reizget neitiid nei Parys, dêr't er de Frânske âld-geheim agint Jean-Claude Pitrel gizelet en martelet, mei't it fisitekaartsje fan dyselde troch Mills brûkt wie by syn ôfrekkening mei de binde fan Marko. As syn bern bedrige wurde, jout Pitrel ta en fertelt hoe't Mills echt hjit. Letter keapet Suko in Albaneeske oerheidsfunksjonaris om, dy't trochjout dat Mills yn Istanbul, yn Turkije, sinjalearre is. Murad Hoxha en syn mannen sette ôf dêrhinne.
Underwilens besiket Mills noch altyd in nauwere bân mei syn dochter Kim en syn eks-frou Lenore op te bouwen, fan wa't er troch syn eardere wurk foar de CIA ferfrjemde rekke wie. Nei't er har rêden hie fan 'e frouljushannelers yn Parys krige syn relaasje mei Kim in sterke ympuls, mar de lêste tiid is dat wer wat belune. Mills komt fan Lenore te witten dat Kim in frijer hat, dy't se it leafst sa fier mooglik by har heit út 'e buert hâlde wol. Mei Lenore sels, dy't yn skieding leit mei har man Stuart St. John, knapt Mills syn ferhâlding lykwols tige op nei't er har treastge hat oer har fjochtskieding. St. John hat in lang plande fakânsje fan it gesin nei Sina annulearre, dêr't Lenore o sa nei útseach om der eefkes tuskenút te kinnen. Op har op te moedigjen nûget Mills har en Kim út foar in koarte fakânsje yn Istanbul, oanslutend op in putsje dat er dêr hat as liifwacht fan in oaljesjeik.
As Mills en Lenore de earste dei fan 'e fakânsje út te iten geane, merkt Mills op dat harren taksy folge wurdt. Hy lit Lenore by in kleanwinkel útstappe mei de opdracht om linea recta troch de efterdoar wer nei bûten te gean en in taksy werom nei it hotel te finen. Sels set er de taksysjauffeur út 'e auto en riidt mei de taksy fuort om 'e efterfolgers mei te lokjen. Mei't er beseft dat Kim, dy't efterbleaun is yn it hotel, ek in doelwyt wêze kin, skillet Mills har op en oarderet har om har te ferskûljen. Nei in wylde efterfolging yn 'e auto en letter te foet, moat Mills himsels lykwols oerjaan as bliken docht dat de mannen dy't him efternei sitte, Lenore te pakken krigen hawwe. Yn it hotel ûntkomt Kim nauwerneed oan 'e mannen dy't Hoxha dêrhinne stjoerd hat, benammen om't harren knoffelige wize fan dwaan de befeiliging fan it hotel alarmearret.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wylst hy en Lenore boeid en blyndoeke yn in autobuske troch de stêd riden wurde, telt Mills de sekonden tusken de bochten dy't nommen wurde, printet himsels yn hokker kant de bochten útgeane en harket oandachtich nei alle lûden dy't er yn it foarbygean hearre kin, lykas de misthoarn fan in fearboat yn 'e haven, de mûezzyn dy't fan 'e minaret fan in moskee ôf opropt ta it islamitysk gebed, en it tsjylpen fan fûgels op in fûgeltsjemerk. As it autobuske stilhâldt, wurdt er bewusteleas slein, en as er wer bykomt, befynt er him allinne yn 'e kelder fan in gebou, dêr't er fêstbûn is oan in metalene piip. Mei in miniatuermobyltsje dat er ûnder syn klean ferburgen hie, nimt er kontakt op mei Kim, dy't er nei it Amerikaanske konsulaat stjoere wol. Ynstee bepraat se him om har helpe te litten by syn befrijing. Hy lit har syn wapenkoffer iepenmeitsje om dêr syn pistoal en in pear hângranaten út te heljen. Troch de granaten op ferskillende plakken yn 'e stêd ôfgean te litten en dan te tellen hoelang't it duorret ear't er it lûd fan 'e klap hearre kin, stelt Mills fêst wêr't er him befine moat.
Hoxha komt by Mills yn 'e kelder om him te fertellen wêrom't er ûntfierd is en wat er fan doel is mei him te dwaan. Hy lit Lenore bringe, dy't er in lytse snijwûne yn 'e hals tabringt en dan ûnderstboppest hinget, sadat it bloed har nei de holle ta rint. Troch de druk fan it bloed sil nei in healoere oant in oere in slachiersblieding ûntstean dy't har it libben kostje sil. It is Hoxha syn bedoeling om Mills te twingen dêrby ta te sjen sûnder dat er der wat oan dwaan kin. Mills is lykwols net fan doel om oan dat plan mei te wurkjen, dat sadree't Hoxha en syn mannen him en Lenore allinne litten hawwe, befrijt er him fan syn boeiens troch de touwen oer in rou stik metaal hinne en wer te wriuwen oant se fan slitaazje brekke. Tsjin dy tiid hat Lenore it bewustwêzen al ferlern. Mills leit har gau-gau rjochtop. Underwilens hat Kim oer de dakken fan Istanbul it plak berikt dêr't har âlden finzen holden wurde, dat se fêststelt trochdat har heit wat steam troch de skoarstien ûntsnappe lit dy't yn 'e kelder útkomt. Op har heite ynstruksje lit hja syn pistoal yn 'e skoarstien falle, sadat it nei de kelder ta rûgelet dêr't Mills it pakke kin.
Wylst Kim oer de dakken fuortflechtsje moat om't de Albanezen har ûntdutsen hawwe en efternei komme, deadet Mills syn sipier en de oare Albanezen dy't yn in keammerke deunby nei in fuotbalwedstryd sjogge. Hy lit Lenore earst lizze dêr't se leit en giet oer de dakken efter de oare Albanezen oan om Kim te rêden. As er neitiid yn in stellen taksy weromkomt en Kim yn 'e auto wachtsje lit, docht lykwols bliken dat de oerlibjende Albanezen Lenore al ôffierd hawwe nei in oare lokaasje. Mills sjit in Turkske plysjeman dea dy't troch Hoxha omkocht is, wêrnei't hy en Kim yn 'e taksy útnaaie, efterfolge troch sawol de plysje as in groep Albanezen. Se witte oan 'e plysje te ûntkommen en de auto fan 'e Albanezen wurdt skept troch in passearjende trein dêr't Mills en Kim op it nipperke foarlâns jeie. Se ride mei in protte bombaarje it binnenplak fan it Amerikaanske konsulaat op, dêr't Mills syn dochter yn feilichheid efterlit, wylst er sels efter de ûntfierders fan Lenore oan giet.
Troch himsels de rûte en de lûden tebinnen te bringen dy't er ûntholden hat fan doe't er blyndoeke wie, wit Mills de lokaasje werom te finen dêr't de Albanezen him en Lenore ôflevere hiene foar't se ferpleatst waarden nei it gebou mei de kelder. It blykt in boufallige filla te wêzen, dêr't Mills binnenkringt en de oanwêzige Albanezen deasjit. Hoxha en Suko naaie mei Lenore út fia de njonkenleine hammam (in Turksk badhûs), dêr't Mills harren lykwols byhellet. Nei in yngeand man-tsjin-mangefjocht wit er Suko te deadzjen. Dêrnei seit er tsjin Hoxha dat er in ein oan 'e fete meitsje wol: hy sil him gewurde litte as er him syn earewurd jout dat er de saak fierders rêste lit. Hoxha docht dat, mar as Mills dan syn pistoal falle lit en de man de rêch takeart, kriget Hoxha it pistoal op om him dea te sjitten. It wapen blykt lykwols leech te wêzen; it wie in test fan Mills dy't Hoxha net trochstien hat. Mei't er beseft dat Hoxha de striid nea opjaan sil, triuwt Mills de man mei de holle tsjin in rige kleanheakjes oan 'e muorre oan, dat ien fan 'e heakken syn efterholle ynkringt en him deadocht.
Trije wiken letter binne de Mills' werom yn Los Angeles, dêr't se fiere dat Kim slagge is foar har riideksamen. (Nei har ûnderfinings efter it stjoer by de efterfolging troch Istanbul wie dat net dreech mear.) Mills, Lenore en Kim geane út om in milkshake, en Kim har frijer Jamie jout him by harren.
Alternative ferzje
bewurkje seksjeOp 'e dvd en blu-ray fan Taken 2 is ek in alternative ferzje fan 'e film tafoege, by wize fan kuriositeit. Dêryn rêdt Mills tagelyk Kim en Lenore, en set harren allebeide, nei de efterfolging troch de stêd, ôf by it Amerikaanske konsulaat. Dêrnei giet er sels werom om "it ôf te meitsjen". Regisseur Olivier Megaton besleat om dy ferzje net te brûken om't it fragen oprôp oer de motiven fan Mills om noch efter Hoxha oan te gean wylst syn dochter en eks-frou al feilich wiene.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Bryan Mills | Liam Neeson |
Kim Mills | Maggie Grace |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Lenore Mills St. John | Famke Janssen |
Murad Hoxha | Rade Šerbedžija |
Suko | Alain Figlarz |
Mirko | Ergun Kuyucu |
Sam Gilroy | Leland Orser |
Mark Casey | Jon Gries |
Bernie Harris | D.B. Sweeney |
Jamie Conrad | Luke Grimes |
Jean-Claude Pitrel | Olivier Rabourdin |
ynspekteur Durmaz | Kevork Malikyan |
Kim har riideksaminator | Luenell (cameo) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeTaken 2 waard regissearre troch Olivier Megaton nei in senario dat skreaun wie troch Luc Besson en Robert Mark Kamen. Besson wie ek as filmprodusint by it projekt belutsen, foar de studio's EuropaCorp, M6 Films, Grive Productions, Groupe Canal+ en Ciné+. Der wie foar de film in budget beskikber fan $45 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Romain Labourbas, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nathaniel Méchaly. De opnamen setten útein yn novimber 2011 yn Istanbul. De Amerikaanske sênes waarden begjin 2012 yn Los Angeles filme, wylst guon binnendoarsênes opnommen waarden yn it troch Luc Besson oprjochte nije studiokompleks Cité du Cinéma yn Saint-Denis, in foarstêd fan Parys.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Taken 2 waard fersoarge troch EuropaCorp, behalven yn 'e Feriene Steaten, dêr't 20th Century Fox de distribúsjerjochten krige. De film waard foar it earst fertoand op 7 septimber 2012 op it Festival foar de Amerikaanske Film fan Deauville. Taken 2 gie op 3 oktober 2012 yn 'e Frânske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum waard op 1 desimber fan dat jier útbrocht troch EuropaCorp. De film kaam op 16 jannewaris 2013 út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Taken 2 oer it algemien negative resinsjes. Sa joech Joe Neumaier fan 'e New Yorkske krante Daily News de film 2 fan 5 stjerren. Hy skreau: "[De film] hat in plot dy't in navigaasjeprogramma noch skriuwe kinnen hie […]. Op 'e iene of oare manear gromt Liam Neeson him lykwols in wei troch dit aksjeferfolch hinne, dat der mar krekt mei troch kin, mei syn weardichheid yntakt [en] syn beurs tsjûker […]." Peter Bradshaw fan The Guardian parte de film ek 2 fan 5 stjerren ta en fûn him "in bytsje nueter, [mar] like bespotlik" as de oarspronklike film, mei in útgongspunt dat "frijwat útmolken" liek. John Anderson fan The Wall Street Journal spriek fan in "blyn folgjen fan 'e formule" dy't earder wurke hie yn 'e oarspronklike film.
Yn 'e krante USA Today krige Taken 2 fan Scott Bowles 21/2 fan 4 stjerren. Dêr foege er oan ta: "De earste helte fan [dizze film] is in adekwate aksjefilm, mar de twadde helte ferfalt ta klisjees." Fan Keith Phipps fan The A.V. Club krige de film in 6 op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "Wat begjint as in famyljefakânsje […] ferwurdt ta ûntfiering […], marteling, auto-efterfolgings mei hege faasje en oare misaventoeren dêr't de Turkske VVV grif net gelokkich mei is. Neat dêrfan is bysûnder fernijend of spannend." Lisa Schwarzbaum fan it tydskrift Entertainment Weekly joech de film ek in 6. Sy skreau: "Jo witte wol wat der bart yn Taken 2, net? Itselde dat fjouwer jier lyn barde yn Taken, mar dan oars. (Mar itselde.)"
Yn The Hollywood Reporter skreau Bernard Besserglik: "Der sit in bytsje opkommen foar figilantisme yn 'e film dêr't guon sjoggers problemen mei hawwe sille, mei Liam Neeson as in heariger ferzje fan 'e [rol dy't] Charles Bronson [spile] yn 'e Death Wish-searje, mar oerdúdlik bestiet der noch altyd in merk foar sokke fantasijen. Bioskoopgongers dy't fan Taken holden en mear fan itselde hawwe wolle, krije [yn dizze film] persiis wêr't se om freegje." Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times beoardiele Taken 2 mei 3 fan 4 stjerren, hoewol't er de film "mear in remake as in ferfolch" neamde. Neffens him "wie it de noasje om immen dy't echt aktearje kin yn 'e rol fan in aksjeheld te casten, dy't beide films […] sa súksesfol makket." Yn 'e Chicago Sun-Times parte ek Roger Ebert de film 3 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "De cast is sûnder útsûndering fan hege kwaliteit en deadlik serieus, en as jo hawwe wolle wêr't Luc Besson mei sutelet, sille jo net bedragen útkomme."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Taken 2 in leech goedkarringspersintaazje fan 22%, basearre op 169 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Taken 2 ûntbeart fierhinne de spanning – en ferrassings – dy't de oarspronklike film ta in kaskreaker makken." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Taken 2 in goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 35 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeTaken 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $139,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $236,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $376,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $45 miljoen betsjut dat in winst fan mar leafst $331,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. De film wie dêrmei nettsjinsteande de minne resinsjes in grut kommersjeel súkses. Yn febrewaris 2015 wiene der boppedat krapoan 3,9 miljoen dvd's en blu-rays fan 'e film ferkocht, ter wearde fan nochris $64 miljoen.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeYn 2013 waard Taken 2 nominearre foar in Saturn Award yn 'e kategory bêste aksje- of aventoerefilm, en teffens foar in People's Choice Award foar favorite akteur yn in dramafilm (Liam Neeson).
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan 'e Taken-trilogy
- (in) Ynformaasje oer Taken 2 yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |