Dagobah

(Trochferwiisd fan Tash (Star Wars))

Dagobah is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't bekend waard út 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980). It is it ballingsoard fan 'e Jedi-master Yoda en it plak dêr't Luke Skywalker syn training as Jedi trochrint.

De planeet Dagobah yn 'e film The Empire Strikes Back.

Astronomyske beskriuwingBewurkje

Dagobah is in himellichem mei in diameter fan 14.410 km en in orbitale omrin om syn stjer fan 341 dagen. Dagobah heart ta it planetestelsel mei deselde namme yn 'e subsektor Dagobah fan 'e sektor Sluis yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel fan Star Wars. De ôfstân tusken Dagobah en de Galaktyske haadstêd op Coruscant bedraacht 50.250 ljochtjier.

KlimaatBewurkje

It klimaat op Dagobah bestiet út twa jiertiden: in drûch seizoen, wêryn't de heger leine gebieten sa hjit wurde dat de measte libbensfoarmen der net mear oerlibje kinne, en in reintiid, wannear't der op deistige basis fûleindich swierwaar is mei wjerljocht en tonger, tichte mist en langere perioaden fan stjalprein.

Floara en faunaBewurkje

Yn 'e Star Wars-franchise wurdt Dagobah ôfskildere as in wrâld fan skimerige sompen, dampende bayou's en fochtige oerwâlden, dy't wol wat wei hat fan hoe't de Ierde der útseach yn it geologysk tiidrek fan it Karboan. Dagobah hat in wielderige lânseigen floara en teffens gâns fauna fan alderhanne grutte. De measte bisten lykje amfibyen, reptilen en ynsekten te wêzen, dy't de wrâld oan ien wei troch folje mei in gegûns op 'e eftergrûn. Ien fan 'e opmerklikste organismen op 'e planeet is de 'gnodsbeam', in plant dy't himsels fuortplantet as in op in spin lykjende mobile larve, dy't nei in metamorfoaze feroaret yn in bewoartele beam.

Alle wêzens dy't lânseigen binne op Dagobah lykje folslein ûnyntelligint te wêzen. Yn it ferline hat de planeet wol in yntelliginte soarte bûtenierdske wêzens fuortbrocht, de Tash, mar dy besteane net mear. It is ûndúdlik wat der mei harren bard is; mooglik binne se útrûge troch de Sith, want mei't Dagobah sterk yn de Krêft is, wie de planeet foarhinne yn 'e hannen fan dy boasaardige sekte. Fanwegen de ynfloed fan 'e Sith hinget de planeet oer ta de tsjustere kant fan 'e Krêft.

Werjefte yn film en op 'e tillefyzjeBewurkje

Yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) reizget haadpersoan Luke Skywalker op oanwizing fan 'e geast fan syn eardere master Obi-Wan Kenobi nei Dagobah ta. Dêr komt er yn 'e kunde mei de Jedi-master Yoda, dy't dêr yn ballingskip ûnderdûkt libbet om't de tsjustere oanwêzigens fan 'e planeet yn 'e Krêft syn eigen oanwêzigens foar de Sith en it Galaktysk Keizerryk maskearret. Fan Yoda ûntfangt Luke syn training as Jedi. Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) keart Luke werom nei Dagobah, dêr't er Yoda op syn stjerbêd oantreft.

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) soe oarspronklik in sêne opnommen wurde wêryn't de oankomst fan Yoda op Dagobah toand wurdt, mar dy waard by de filmmontaazje fuortknipt om't Star Wars-betinker George Lucas fûn dat de film net tefolle einsênes hawwe moast. Under de titel Exile to Dagobah is de sêne lykwols al opnommen as bonusmateriaal op 'e dvd fan 'e film. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars komt Dagobah foar yn in ôflevering út it sechsde sezoen, wêryn't Yoda foar it earst nei de planeet reizget as ûnderdiel fan syn eigen training.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin