De Feriene Steaten (Ingelsk: United States, ôfkoarte U.S.), formele namme Feriene Steaten fan Amearika (Ingelsk: United States of America, ôfkoarte U.S.A.), is in Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 steaten en it Distrikt fan Kolumbia. De steaten Alaska en Hawaï grinzgje net oan de oare 48 steaten. De 48 steaten grinzgje yn it noarden oan Kanada, yn it easten oan de Atlantyske Oseaan, yn it suden oan Meksiko en oan de Golf fan Meksiko, en yn it westen oan de Stille Oseaan. De steat leit apart fan de oare steaten en grinzet oan de Noardpoalsee yn it Noarden, oan Kanada yn it easten, oan de Stille Oseaan yn it suden en oan Ruslân yn it westen. Yn de Stille Oseaan leit de steat . Fierder hat it lân nog wat oare gebieten dy't der fia in ferskaat oan regels oan keppele binne. De haadstêd fan it lân is Washington D.C., New York City is de grutste stêd en it ekonomyske sintrum. Lês fierder...