Pasaana

(Trochferwiisd fan Aki-Aki)

Pasaana is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Pasaana makket diel út fan it planetestelsel Middian, yn 'e sektor Ombakond fan 'e krite fan it Stjerrestelsel dy't bekend stiet as de Expânsjeregio. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan goed 11.100 km, dy't ien moanne hat. It oerflak is fierhinne oerdutsen mei woastinen en yn mindere mjitte mei rotsige berchtmen, en is tige drûch. De atmosfear is sykhelber foar de measte libbensfoarmen.

Pasaana sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019).

Nettsjinsteande de drûchte hat Pasaana in relatyf grut bioferskaat fan floara en fauna, wêrûnder in protte ynsekten en oare lidpoatigen, lykas spinnen. De planeet is fierders de thúswrâld fan in yntelliginte soarte fan bûtenierdske wêzens, de Aki-Aki. De befolking, dy't nei skatting 500.000 bedraacht, bestiet frijwol útslutend út Aki-Aki. Hja hawwe in kultuer dy't it stadium fan jager-samlers noch net ûntstige is. Hja binne ferdield yn wiid fertruide clans, dy't soms op gewelddiedige wize botse.

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker is in team fan it Ferset, besteande út Poe Dameron, Finn, Rey, de Wookiee Chewbacca en de robots C-3PO en BB-8 op in misje om in apparaat op te spoaren dat in 'weifiner' hjit, dat harren it paad wize kin nei de obskuere Sith-planeet Exegol. Neffens de notysjes fan Rey har eardere master Luke Skywalker soe op Pasaana in oanwizing ferburgen wêze soe om sa'n weifiner te finen. Op Pasaana oankommen, bedarret de groep middenmank in grutte kloft Aki-Aki, dy't dan krekt it Festival fan 'e Foarâlden fiere, dat ienris yn 'e 42 jier holden wurdt. Se krije al rillegau stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder efter harren oan en wurde finzen nommen, mar fuort letter wer befrijd troch in mysterieuze frjemdling, dy't de âlde held fan it Rebelleferbûn Lando Calrissian blykt te wêzen. Dyselde ferwiist harren nei in âld romteskip yn 'e woastyn, dat fan 'e weiwurden Sith-agint Ochi fan Bestoon wie.

Nei't se ûnderweis dêrhinne ôfweefd hawwe mei efterfolgjende stoarmtroepers, sakje de fersetslju, foar't se it skip berikke, wei yn driuwsân en bedarje se yn in ûndergrûnsk hoalestelsel makke troch in reuseftige slange. Dêr fine se it bonkerak fan Ochi werom, dy't lang ferlyn blykber itselde oerkommen is. By him ûntdekke se it artefakt dat se sykje: in dagge mei op it limmet in ynskripsje yn 'e taal fan 'e Sith dy't in oanwizing jout oer de weifiner. Nei't se út it hoalestelsel ûntsnapt binne, beslute se om net werom te kearen nei harren eigen romteskip, mar Ochi sines te stellen. Oan board treffe se it robotsje D-O oan. Ear't se fuortkomme kinne, hat Rey in konfrontaasje mei de Sith-ridder Kylo Ren, wylst Chewbacca finzen nommen wurdt troch de Ridders fan Ren om ôffierd te wurden yn in romtefear. Rey brûkt de Krêft om it romtefear werom nei de planeet te lûken, mar Kylo brûkt de Krêft om har tsjin te kearen. Dy ynspanning is tefolle foar Rey, en se ferliest de behearking oer de Krêft. In ûntlading fan Krêftwjerljocht, heech yn loft, soarget derfoar dat it romtefear ûntploft. Rey is raar gesteld, mei't se mient dat se Chewbacca ombrocht hat.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa