Feriene Keninkryk

lân yn Jeropa
(Trochferwiisd fan Britske eilannen)

It Feriene Keninkryk, folút it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân en yn de folksmûle faak Grut-Brittanje of Ingelân neamd, is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de kening fan de monargy is sûnt 2022 Charles III.

United Kingdom of
Great Britain and Northern Ireland
Flagge fan it Feriene Keninkryk Wapen fan it Feriene Keninkryk
Folksliet: God Save the King
"God bewarje de Kening"
Haadstêd Londen
Offisjele taal Ingelsk
Erkende streektaal Skotsk
Ulsterskotsk
Welsk
Kornysk
Skotsk-Gaelysk
Iersk
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
- steatshaad kening Charles III
- regearlieder Keir Starmer
Unôfhinklikheid 1707
Oerflak 243.610 km²
- wetter 0,69%
Ynwennertal 65.648.100 (2016)
Befolkingstichtens 269,5 ynwenners/km²
Muntienheid Pûn sterling (GBP)
Tiidsône GMT (UTC)
- simmertiid BST (UTC+1)
Ynternetdomein .uk
Telefoan +44
ISO 3166 GB, GBR, 826
Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar it eilân, sjoch: Grut-Brittanje (eilân).
Dizze side giet oer it Feriene Keninkryk, dat faak Grut-Brittanje neamd wurdt. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grut-Brittanje (betsjuttingsside).

De grutste eilânsteat fan Jeropa is in uny mei fjouwer lannen: Ingelân, Skotlân, Wales en Noard-Ierlân. It regear sit yn Londen. Dêrûnder falle de dekonsintrearre regearen fan Edinboarch (Skotlân), Cardiff (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). De Kanaaleilannen en it eilân Man binne Britsk kroanbesit, mar falle net ûnder it regear yn Londen. Dêrneist hat it Feriene Keninkryk noch fjirtjin oerseeske gebieten.

Tusken 600 en 400 f.Kr. teagen de Kelten nei it Britske eilân. De Romeinen besochten ûnder Julius Caesar al yn 55 f.Kr. om Ingelân te feroverjen mar dat slagge net. In jier letter besochten se it nochris en diskear slagge it. Ut it noarden wei kaam der lykwols wjerstân tsjin de Romeinen en sadwaande waard yn 125 n.Kr. de Muorre fan Hadrianus boud.

Mei it Grutte Folkeferfarren teagen Friezen, Jutten, Angelen en Saksen nei it Britske eilân. Yn de iere midsiuwen foelen de Wytsingen oan, nei fûleinich ferset slagge it de Deenske Wytsingen by ferdrach (de "Danelaw") om it noardeastlike part fan it eilân te krijen. Wales kaam yn de 13e iuw ûnder Ingelsk regear. De yn it earstoan ûnôfhinklike steaten Ingelân en Skotlân ûntstienen yn de 10e iuw. Yn 1707 binne Ingelân en Skotlân by inoar kaam troch de Treaty of Union ta it Keninkryk Grut-Brittanje. Om it jier 1800 hinne, hie Ingelân al mear as 600 jier sizzenskip oer Ierlân. Yn dat jier wienen wetten oannaam troch Grut-Brittanje, dy't net al te gaadlik foar Ierlân wienen. It wie ek tsjin de winsk fan de Ieren, dy't te lijen hienen ûnder it Britske regear. De namme fan it nije lân wie United Kingdom of Great Britain and Ireland. Yn 1922 krige Ierlân har ûnôfhinklikens werom (Ierske Frijsteat) fan it Feriene Keninkryk. Lykwols wiene seis noardlike provinsjes fan Ierlân in part fan it Feriene Keninkryk bleaun. It Feriene Keninkryk krige in nije namme; The United Kingdom of Great Britain and Northern Ireland.

Yn de 19e iuw wie it Feriene Keninkryk de grutste seemacht op de wrâld mei in ryk dat in tredde part fan de wrâld omfieme. Yndia, Kanada, Austraalje en East-Afrika wienen de grutste Britske koloniale gebieten. Likernôch trije iuwen hat de Britske koloniale macht ynfloed op de wrâld hân. As fuortsetting fan it Britske Ryk kin it Britske Steatebûn neamd wurde. It moderne steatenbûn is fan 1947 en hie yn maart 2009 53 leden.

It Feriene Keninkryk wurdt begrinzge troch:

Foar de Frânske kust, west fan Brittanje, lizze noch de Kanaaleilannen, en fierder hat it Feriene Keninkryk noch oerseeske gebieten.

It Feriene Keninkryk is it heechst yn it noarden, yn de Skotske Heechlannen, mei Ben Nevis (1.343 m.) as heechste punt. De heechlannen wurde trochsnien troch de Grutte Glen, om't se op in geologyske brekline lizze. Nei in smelle ûnterbrekking, dêr't Edinboarch en Glasgow lizze, komme de Súdlike Boppelannen, dy't gjin heechlannen binne, mar dochs noch toppen hawwe fan 843 m. (Merrik) en 840 m. (Broad Law). De grins tusken Skotlân en Ingelân wurdt foarme troch de oergong nei de Penninen. Dy binne yn it noarden noch heech, Krús Fel (893 m.), mar wurde nei it suden ta hieltyd leger. Noard-súd binne se al grut, mar east-west is dat net sa; foar it grutste part leit east en west fan de Penninen leger lân. Dat jout se de bynamme, de Rêchbonke fan Ingelân. It súdeasten fan Ingelân is dúdlik leger. Foar de westkant is dat net sa. Dêr lizze yn it noarden de Kumbryske Bergen, en yn it suden de hichten fan Devon. Dêrtuskenyn leit Wales, wat hielendal bergich is. Noard-Ierlân, op it eilân Ierlân, is heuvelich, lykas de oare parten fan it eilân.

It Feriene Keninkryk is in eilanneryk. Njonken it eilân sels heart Noard-Ierlân, in part fan it eilân Ierlân, ta it keninkryk. Om dizze grutte eilannen hinne leit noch in ferskaat fan oare eilannegroepen en eilannen dy't ek ta it ryk hearre. Yn it noarden lizze trije grutte eilannegroepen: Sjetlân, de Orkaden en mear nei it westen de Hebriden. Ticht by de Hebriden, mar oan de oare kant fan Kintyre, leit it eilân Arran. Yn de Ierske See leit it eilân Man, en ticht by de kust fan Wales lizze Angelseach en it lytsere Hillich Eilân. Yn it Kanaal fan Bristol leit Lundy, foarby de súdwestpunt fan Cornwall lizze de Skorels, en oan de súdkust fan Ingelân leit it eilân Wight. Foar alle kusten lizze ek noch lytsere eilantsjes; it Feriene Keninkryk hat mear as tûzen lytse eillannen.

It Feriene Keninkryk is omjûn fan see, mar der rint ek in grut tal fan koarte rivierkes fan it binnenlân nei de kust. De langste rivier fan it Feriene Keninkryk is de Severn (354 km.), dy't troch Ingelân en Wales kringelt en yn it Kanaal fan Bristol útkomt. In oare wichtige rivier is de Teems (346 km.), dy't troch Ingelân rint, en nei't er troch Londen kaam is yn it Kanaal útkomt. De grutste mar leit yn Noard-Ierlân: Lough Neag. De djipste mar is Loch Morar yn Skotlân (309 m.), mei op it twadde plak Loch Nes (228 m.). Teffens wurdt it lân ek noch trochkrúst troch in grut tal fan kanalen.

Sjoch ek

Iuwen fan skiednis spylje in rol by de bestjoerlike yndieling. Foar parten fan it bestjoer wurdt it Feriene Keninkryk opdield yn Ingelân, Skotlân en (Noard-) Ierlân, en ek wol Wales. Fierder jilde der noch hieltiid útsûnderings foar Kornwal, wat al mear as in milennium lyn troch Ingelân oermastere is.

Hearrige gebieten

bewurkje seksje

It eilân Man en de Kanaaleilannen binne sels hielendal gjin part fan it lân. Se meitsje al gebrûk fan tsjinsten fan it Feriene Keninkryk, en hawwe foar it grutste part deselde wetten, mar se hearre net ta it lân, mar ta de kroan. In gefolch hjirfan is dat se ek gjin part fan de Jeropeeske Uny binne.

Oerseeske gebieten

bewurkje seksje

It Feriene Keninkryk hie by de lêste folkstelling yn it jier 2004 60.294.000 ynwenners. Yn persinten oer de fjouwer autonome gebieten is de ferdieling sa:

Ingelân: 83,7 %, Skotlân: 8,5 %, Wales: 4,9 %, Noard-Ierlân: 2,9 %

Njonken Ingelsk binne it Welsk en Skotsk-Gaelysk de offisjele talen. By de folkstelling fan 2001 wienen der likernôch 600.000 minsken dy't it Welsk yn 'e macht hawwe. Iersk wurdt troch likernôch 20.000 minsken yn Noard-Ierlân praat en Kornysk troch 3.500 minsken. Welsk, Skotsk-Gaelysk, Iersk en Kornysk binne Keltyske talen.

Londen is in plak dêr't in soad bedriuwen binne dy't ek hannel mei it bûtenlân hawwe. Mei New York City en Tokio is de haadsted Londen in plak dat de wrâldekonomy yn beweging hâldt. It Feriene Keninkryk hat de fyftgrutste ekonomy fan 'e wrâld en twadgrutste yn Jeropa nei Dútslân. Sûnt de tachtiger jierren wurdt it begryp Anglo-Saksysk model brûkt yn it Feriene Keninkryk, wêrby't liberalisearring, de frije merk, legere belestingen en minder foarskriften de grûnbegjinsels fan binne.

De Britten setten oan de ein fan de 18e iuw útein mei de Yndustriële Revolúsje. De ekonomy fan it Feriene Keninkryk wie op it foarste plak rjochte op skipbou, koalen, stiel produksje en tekstyl. It Britske Ryk makke it foar it Feriene Keninkryk mooglik en oerhearskje de ynternasjonale hannel yn de 19e iuw. Doe't oare lannen ek begûnen te yndustrialisearren en de lânbou gjin ferlet mear fan arbeiders hie, dêrby de ekonoamyske delgong nei de twa wrâldoarloggen, waard it minder mei de Britske ekonomy. De grutte yndustry rûn wilens de 20e iuw yn fases tebek. De Britske tsjinstensektor groeide linkedewei en beslacht no 73% fan it BYP.

Wichtichste havens binne Dover, Felixstowe, Immingham, Liverpool, Londen, Southampton, Teesport (Ingelân), Forth Ports, Hound Point (Skotlân), Milford Haven (Wales) en Belfast (Noard-Ierlân). Londen hat it grutste fleanfjild fan it Feriene Keninkryk. De maksimum snelheid op de autodyk is 112 km/h .

It Feriene Keninkryk hat (2006):
398.366 km ferhurde dyk.
16.567 km spoardyk.
3.200 km farwetter.

It Feriene Keninkryk is in stiftend lid fan de Feriene Naasjes (1945) dêr't it in permaninte sit hat yn de Feiligensried. It lân is ek stiftend lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949) en de Rie fan Jeropa (1949). It lân wie fan 1973 oan 2020 lid fan de Jeropeeske Uny, mar hie gjin diel oan de Monetêre Uny.

Struktuer

De Britske definsje hat in lânmacht, loftmacht en marine.

Mankracht

Yn 2005 wienen der 14.607.724 Britske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 12.046.268 fit foar militêre tsjinst.

Budzjet

Militêr budzjet $42 miljard (2003).
Persintaazje fan it BYP 2,4 % (2003).

Keppeling om utens

bewurkje seksje