Casualties of War (film)
Casualties of War is in Amerikaanske histoaryske anty-oarlochsfilm út 1989 ûnder rezjy fan Brian De Palma, mei yn 'e haadrollen Michael J. Fox en Sean Penn. De titel betsjut "Oarlochsslachtoffers". It ferhaal is basearre op it wier barde ynsidint op Heuvel 192 en it non-fiksjeboek dêroer fan sjoernalist Daniel Lang. By it ynsidint waard yn 1966, ûnder de Fjetnamoarloch, in Fjetnameesk famke troch in stikmannich soldaten fan it Amerikaanske Leger út har doarp ûntfierd waard om letter ferkrêfte en fermoarde te wurden. Mar ien soldaat fan dy ienheid wegere om mei te dwaan en krewearre letter om 'e dieders ferfolge te krijen foar oarlochsmisdieden. Foar it doel fan 'e film waarden beskate eleminten fan dizze saak oanpast en ek waarden de nammen fan alle belutsenen feroare. Casualties of War krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar flopte yn 'e bioskopen.
Casualties of War | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Brian De Palma | |
produsint | Art Linson | |
senario | David Rabe | |
basearre op | ● it non-fiksjeboek fan Daniel Lang ● it ynsidint op Heuvel 192 | |
kamerarezjy | Stephen H. Burum | |
muzyk | Ennio Morricone | |
filmstudio | Columbia Pictures | |
distribúsje | Columbia Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Michael J. Fox Sean Penn | |
byrollen | Don Patrick Harvey John C. Reilly Thuy Thu Le John Leguizamo | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 18 augustus 1989 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske anty-oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Fjetnameesk) | |
spyltiid | 113 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $22,5 miljoen | |
opbringst | $18,7 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeDe film begjint mei in ramtferhaal, wêryn't Max Eriksson, in feteraan út 'e Fjetnamoarloch dy't noch net sa lang werom is yn 'e Feriene Steaten, yn 'e trein in studinte fan etnysk Fjetnameesk komôf sitten sjocht, dy't him syn ûnderfinings yn Fjetnam wer tebinnenbringt. Geandewei de treinrit sakket er wei yn in ûnrêstige sliep en belibbet er wer de ferskrikkings dy't him mar net loslitte wolle.
Trije wiken nei't er as rekrút fan it Amerikaanske Leger yn Fjetnam oankomt, tsjinnet Eriksson yn it peloton fan luitenant Reilly. By in nachtlike patrûlje yn it tropysk reinwâld wurdt de geweargroep fan Eriksson oanfallen troch de Viet Cong nei't de panikerige soldaat Hatcher harren posysje ferret hat troch sûnder reden it fjoer te iepenjen. Eriksson, dy't op dat stuit op 'e flank fan 'e geweargroep opsteld stiet, sakket troch de grûn oant er heal yn in Viet Cong-tunnel hinget. Wylst in Viet Cong-strider yn 'e tunnel mei in mês op him ôf komt, wurdt er rêden troch sersjant Tony Meserve, dy't him út it gat skuort en de rebel dea sjit.
Letter hâldt it peloton eefkes ho by in doarpke oan in rivier yn 'e Sintrale Heechlannen. Wylst de manskippen har wachens slûpe litte, wurde se ûnferhoeds oanfallen troch de Viet Cong, wêrby't soldaat "Brownie" Brown, in freon fan Meserve, sneuvelet. De dea fan syn maat hat in grutte ynfloed op it hâlden en dragen fan Meserve, dat neitiid almar minder wurdt. It peloton keart werom op 'e basis, dêr't soldaat Antonio Díaz him by de geweargroep fan Meserve jout as ferfanger foar Brownie.
Meserve, de rasistyske korporaal Clark en Hatcher hawwe har sinnen derop set om yn har koarte perioade fan ferlof nei in bordeel te gean om dêr seks te hawwen mei in Fjetnameeske hoer, mar dat plan rint op 'e non. It docht bliken dat fan hegerop besletten is dat it langer net feilich is foar Amerikaanske manskippen om 'e basis te ferlitten, dat se wurde tsjinkeard en weromstjoerd troch de militêre plysje. De mannen binne frustrearre dat harren iennichste fersetsje har no ek noch ôfnommen wurdt, en wrokje dat Viet Cong-striders har nei alle gedachten op dit eigenste stuit prima fermeitsje mei de hoeren. Meserve kundiget oan dat se de oare moarns har patrûlje in oere earder begjinne sille, sadat se in útstapke nei in doarp oan 'e rûte meitsje kinne om dêr in oantreklik famke te sykjen om mei te nimmen en ûnderweis seks mei te hawwen. Eriksson is ûntrêstge oer dat praat, mar hy oertsjûget himsels derfan dat de sersjant mar in grap makket. De oare trije leden fan 'e geweargroep hawwe der in protte wille om.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare deis liedt Meserve syn geweargroep lykwols dochs nei in Fjetnameesk doarpke ta, dêr't er noch foar't de dage oan 'e loft is, in tsjep fanke, Tran Thi Oanh, fan bêd ôf skuort, fêstbynt, knevelet en meisleept. Eriksson is raar gesteld oer wat neffens him sûnder mis in ûntfiering is, en hy protestearret ferskate kearen tsjin 'e gong fan saken. Mar Meserve negearret him en Clark en Hatcher fine it allegear geweldich. Inkeld Díaz is it mei him iens, en mei him praat Eriksson ôf dat se inoar stypje sille. De geweargroep tsjocht fierder troch it berchlân en Hatcher twingt it famke om syn bepakking te dragen.
Uteinlik fine de soldaten in ferlitten en heal ferrinnewearre âlde hutte, dy't se troch it famke skjinfeie litte. Tsjin dy tiid is dúdlik dat it famke net rjocht halich is, mei't se oan ien wei troch hoastet en kuchelet. Meserve liket dit in earsten plak ta foar wat ferdivedaasje, en hy stiet der by Eriksson op oan dat dy as earste seks mei it famke hat. Eriksson wegeret, en wiist derop dat it ferkrêfting wêze soe. Meserve omskriuwt it ynstee as 'it yn ferhear nimmen fan in Viet Cong-hoer'. Der folget in lulke konfrontaasje tusken de leden fan 'e geweargroep, wêrby't Clark en Hatcher folslein de line fan Meserve folgje en Eriksson foar stipe nei Díaz sjocht. Om't dy der yn syn nije ienheid net út rinne wol, lit er Eriksson lykwols sitte en slút er him by Meserve-en-dy oan. Neitiid oarderet Meserve Eriksson en hâldt de wacht, wylst it famke in groepsferkrêfting ûndergiet wêrby't earst hysels en dêrnei Díaz, Clark en Hatcher harren gerak fan har nimme.
De oare moarns geane Meserve, Hatcher, Díaz en Eriksson op ferkenning yn 'e omkriten fan 'e hutte, en sjogge fan in klif boppe in rivier ôf hoe't in kamp fan 'e Viet Cong oer it wetter befoarriede wurdt. Meserve stjoert Hatcher en Eriksson werom nei de hutte om mear eksplosiven op te heljen. Ienris dêre nimt Clark, dy't bittere graach fjochtsje wol, Eriksson syn plak yn. Dêrtroch bliuwt Eriksson allinne efter mei it famke, dat er losmakket en wat te iten en drinken jout. Dêrmei wit er har fertrouwen te winnen. As er foar it ferstân kriget dat se koarts hat, stiet er yn bestân om mei har út te naaien en har wer thús te bringen, mar op it lêste stuit beslút er dat net te dwaan, om't Meserve syn oerhearrige is en soks desersje betsjutte soe. Underwilens is Meserve, dy't mei sin Eriksson net by it famke efterlitten hie, poerrazen op Clark as dy op it klif ferskynt en him fertelt wat er dien hat. Hy stjoert him fuortendaliks werom nei de hutte, mei de opdracht om Eriksson en it famke op te heljen.
As Clark by de hutte ferskynt, is Eriksson syn kâns om it famke te rêden fersjoen. Se moatte allebeide mei nei it klif, dêr't in spoarline rint. Benaud dat it oanhâldende hoastjen fan it famke harren posysje ferriede sil, jout Meserve opdracht om har mei in jachtmês dea te stekken. Clark biedt oan om 'e put op te knappen, mar Meserve wol dat Eriksson it docht. Dy wegeret. Dêrop wol er dat Hatcher it docht, mar dy giet it ek te fier. Dan kriget Díaz itselde befel, en hy wifelet. Eriksson sjit yn 'e loft en ferriedt dêrmei harren posysje oan 'e Viet Cong, sadat der gjin reden mear wêze sil om it famke te deadzjen. Wylst hy en de oaren mei de rebellen yn in fjoergefjocht ferwikkele binne, besiket it famke út te piken. Clark giet lykwols ûngemurken efter har oan en stekt op har yn.
Meserve, Clark, Hatcher en Díaz flechtsje oer de spoarline en litte Eriksson efter om 'e efterhoede te dekken. It famke, dat swierferwûne mar noch net dea is, besiket strompeljend fuort te kommen, mar Meserve oarderet de oaren om it fjoer op har te iepenjen. Eriksson, dy't lang om let einlings foar it ferstân kriget wat der efter him geande is, besiket dat tsjin te kearen, mar Meserve slacht him del, wêrnei't er helpeleas tasjen moat hoe't it famke trochsingele wurdt mei kûgels út 'e wapens fan 'e oare fjouwer leden fan 'e geweargroep, oant se by it klif del knoffelet en te pletter falt. Fuort dêrnei arrivearret de loftstipe dêr't Meserve om frege hie, en it Viet Cong-kamp wurdt mei de grûn lyk makke. Eriksson, dy't by it delkommen syn holle stompt hat oan ien fan 'e bylzen fan 'e spoarline, rekket bewusteleas.
Letter wurdt Eriksson yn in fjildhospitaal wekker. Hy ûntslacht him sels en fynt syn maat Rowan werom, in oare soldaat, dy't er yn fertrouwen nimt oer wat der bard is. Eriksson is wisberet om 'e oarlochsmisdie, dêr't er tsjûge fan west hat, te rapportearjen, mar hy wit net krekt by wa't er foar soks wêze moat. Rowan riedt him oan en gean nei luitenant Reilly, mei't dyselde in hekel oan Meserve hawwe soe. As Eriksson dat docht, hinget Reilly, dy't negroïde is, in hiel ferhaal op fan syn persoanlike ûnderfinings fan rasisme en diskriminaasje yn it Amerikaanske Suden. Syn konklúzje is dat hy dêr neat oan feroarje kin. It is de reäliteit en dy moat men as sadanich akseptearje. Itselde jildt foar wat Eriksson belibbe hat. Soks bart no ienris yn in oarlochssitewaasje. Sadwaande stapt Eriksson nei kaptein Hill ta, de direkte oerhearrige fan Reilly. It wurdt al rillegau dúdlik dat dy ek net fan doel is wat te ûndernimmen, útsein it útinoar heljen fan 'e geweargroep fan Meserve. Krektoarsom, Hill kundiget oan dat er Eriksson oerpleatse sil nei in oare ienheid, want sa'n dwerslizzer kin er net brûke.
Underwilens krije Meserve-en-dy der lucht fan dat Eriksson besiket om harren derby te lappen, sa't sy it sjogge. Mei meiwitten fan Meserve besiket Clark en romje Eriksson út 'e wei troch in op skerp steande hângranaat nei binnen rôlje te litten as Eriksson de latrine besiket. Eriksson, dy't mar kwealk it faaie libben derôf wit te rêden, siket Meserve-en-dy neitiid op en bewissiget harren derfan dat se net bang hoege te wêzen, om't it net ien wat ynteressearret wat se útheefd hawwe. Dêrnei slacht er Clark mei in skeppe yn it gesicht om wraak te nimmen foar de moardoanslach.
As er him letter dy jûns sit te bedrinken yn 'e kantine fan 'e legerbasis, wurdt Eriksson opmurken troch legerpredikant Kirk, dy't de yndrukwekkende steapel lege bierblikjes foar him as oanwizing sjocht dat dizze soldaat psychysk yn 'e knipe sit. Kirk freget oft er by him komme mei te sitten en oft se net eefkes petearje kinne. Eriksson hellet de skouders op. Kirk wol witte oft er soms problemen yn 'e relasjonele sfear hat mei syn frou of sykte yn 'e famylje of sa. Ynstee fertelt Eriksson him dat syn geweargroep in famke ûnfierd, ferkrêfte en fermoarde hat, dat hy faald hat om harren tsjin te hâlden en dat it nimmen ek mar it lytste bytsje skele kin.
Troch dy tafallige moeting mei de legerpredikant, dy't de rang fan kaptein hat, komt einlings it baltsje oant it rôljen. Kirk rapportearret it yn syn eigen kommandostruktuer en der wurdt in formeel ûndersyk nei de saak ynsteld. Eriksson liedt de militêre autoriteiten nei it plak fan 'e moard, dêr't it stoflik omskot fan Tran Thi Oanh burgen wurdt. Meserve, Clark, Hatcher en Díaz moatte har foar de kriichsried foar ûntfiering, ferkrêfting en moard ferantwurdzje. Clark kriget libbenslang; Hatcher 15 jier mei twangarbeid; Meserve 10 jier mei twangarbeid; en Díaz 8 jier mei twangarbeid. Alle fjouwer wurde ek ûnearfol ûntslein út it Amerikaanske Leger.
Eriksson wurdt yn 'e trein wekker út 'e nachtmerje fan it werbelibjen fan 'e foarfallen yn Fjetnam. De studinte fan Fjetnameesk komôf, dy't in eintsje fan him ôf sit, mar mei it gesicht nei him ta, liket sterk op Tran Thi Oanh. As de trein stilhâldt, stapt se út, mar lit har sjaal lizze. Eriksson fandelet it kleanstik op en giet efter har oan om it werom te jaan. Hja betanket him, en as er in pear wurden yn it Fjetnameesk seit, begrypt se dat sy him oan immen tinken docht. Om't se him yn 'e trein sitten sjoen hat te sliepen, seit se dat it har wol taliket as is er wekker wurden út in boaze dream. Se bringt him yn it sin dat dy dream no foarby is. Dêrnei geane se elts har eigen paad, en Eriksson fielt him in bytsje better.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
soldaat Max Eriksson | Michael J. Fox |
sersjant Tony Meserve | Sean Penn |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
korporaal Thomas E. Clark | Don Patrick Harvey |
soldaat Herbert Hatcher | John C. Reilly |
Tran Thi Oahn / Aziatyske studinte yn trein* | Thuy Thu Le |
soldaat Antonio Díaz | John Leguizamo |
soldaat "Brownie" Brown | Erik King |
soldaat Rowan | Jack Gwaltney |
luitenant Reilly | Ving Rhames |
kaptein Hill | Dale Dye |
luitenant Kramer | Holt McCallany |
sersjant Hawthorne | Dan Martin |
soldaat MacIntire | Wendell Pierce |
legerpredikant Kirk | Sam Robards |
soldaat Streibig | Maris Valainis |
soldaat "Cherry" | Darren E. Burrows |
oanklager kriichsried | Vyto Ruginis (allinne stim) |
rjochter kriichsried | Sherman Howard (allinne stim) |
agint | Steve Larson |
militêre plysje | John Marshall Jones |
*) foar it lytse roltsje fan 'e Aziatyske studinte yn 'e trein waard Thuy Thu Le har dialooch neisyngronisearre mei de stim fan Amy Irving, dy't dêr lykwols gjin fermelding foar krige op 'e ôftiteling.
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeOp 19 novimber 1966 waard by it eufemistysk neamde ynsidint op Heuvel 192 ûnder de Fjetnamoarloch in jonge Fjetnameeske frou, Phan Thi Mao, ûntfierd, ûnderwurpen oan in groepsferkrêfting en fermoarde troch fjouwer soldaten fan it Amerikaanske Leger, wylst mar ien soldaat út dy geweargroep, in Robert M. Storeby, him tsjin dat barren fersette en neitiid krewearre om 'e dieders berjochte te krijen. Oer dy kwestje skreau sjoernalist Daniel Lang yn oktober 1969 yn it tydskrift The New Yorker in lang en yngeand artikel mei as titel Casualties of War, dat er yn novimber fan dat jier yn útwreide ferzje ûnder deselde namme ek as boek útjaan liet.
De filmrjochten op it boek fan Lang waarden oankocht troch filmprodusint David Susskind, dy't it ferfilmje soe foar filmstudio Warner Bros. nei in senario fan Pete Hamill. Dat barde lykwols net. Wol makke de Westdútske regisseur Michael Verhoeven oer it ynsidint (mar net spesifyk basearre op it boek fan Lang) in eigen ferfilming, dy't útkaam ûnder titel o.k., en yn 1970 meitinge om 'e Gouden Bear op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. Dêr seach de Amerikaanske filmmakker Brian De Palma dy film, mei't er sels mei syn film Dionysus in '69 op it filmfestival oanwêzich wie.
Yn 1979 kaam senarioskriuwer David Rabe mei it projekt by De Palma, dy't der belangstelling foar hie om it ferhaal te ferfilmjen. Hy krige lykwols de finansiering net rûn. Nettsjinsteande dat sette Rabe troch mei syn plan om it boek fan Lang om te wurkjen ta in filmskript. Nei't dat ree kommen wie, besocht De Palma it nochris, wêrby't er diskear as safier kaam dat er Michael J. Fox en Sean Penn yn 'e haadrollen caste. It kaam op in hier nei ta in útdragende saak mei Paramount Pictures as finansier, mar in ferheging fan it budget fan $17 miljoen nei $20 miljoen gie de studio oer de meuch.
Nei it reuseftige súkses dat De Palma yn 1987 mei The Untouchables hie, krige er by Columbia Pictures lykwols it griene ljocht foar Casualties of War. As produsint wie Art Linson by it projekt belutsen. It úteinlike budget bedroech $22,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Stephen H. Burum, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de ferneamde Italjaanske filmkomponist Ennio Morricone.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Casualties of War fûnen plak yn april en maaie 1988, op lokaasje yn Tailân, yn 'e krite fan Kanchanaburi, dêr't ek de ferneamde oarlochsfilm The Bridge on the River Kwai (1957) filme wie. De sênes fan it ramtferhaal waarden opnommen yn San Francisco. Foar Michael J. Fox wie Casualties of War pas syn trêde haadrol yn in film. Foar sawol John C. Reilly as John Leguizamo wie har harren filmdebút.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Casualties of War waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 18 augustus 1989 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Casualties of War kaam yn 2001 foar it earst út op dvd yn 'e bioskoopferzje fan 113 minuten. Yn 2006 waard de film yn in extended cut mei in spyldoer fan 119 minuten jitris útbrocht op dvd. De extended cut is fierhinne itselde; inkeld de ein fan 'e film is útwreide mei twa sênes: ien wêryn't Eriksson ûnderfrege wurdt troch twa ûndersikers en ien by it proses fan 'e fjouwer dieders foar de kriichsried, wêryn't Eriksson as tsjûge oan it wurd komt en de abbekaat fan 'e dieders syn tsjûgenis besiket te ûntkrêftsjen.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Casualties of War oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy wiisde derop dat Casualties of War stie of foel mei de aktearprestaasje fan Sean Penn as sersjant Meserve: "As hy ús net witte soe te oertsjûgjen fan syn macht, syn razernij en syn minachting foar it fanke, soe de film net wurkje. Mar dat docht er wol, mei oerweldigjende, brute krêft." Yn 'e Chicago Tribune parte Gene Siskel de film ek 3 fan 4 stjerren ta. Hy omskreau Casualties of War as "in grut krewearjen yn mineur troch de beheinings oan it ienfâldige ferhaal."
Todd McCarthy skreau yn it tydskrift Variety: "Hoewol't de film in krêftige metafoar is foar de nasjonale skande dy't de Amerikaanske orgy fan ferwoastging yn Fjetnam wie, wurdt er in bytsje bedoarn trochdat de regisseur him wat liket yn te hâlden. Nettsjinsteande dat sil der perfoarst grutte belangstelling foar komme, sels as dizze produksje fan Columbia foar in protte lju in bittere pil wêze sil." Yn The New York Times skreau Vincent Canby: "Casualties of War beweecht him sa ûntsjinkearber en wis nei syn klimaks ta, dat de kriichsriedssênes […] neat ferlieze oan oangripendheid troch de teätrale wize dêr't se op gearfette binne."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Casualties of War in heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 46 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] batst op ôfgryslike wize de Fjetnamoarloch yn mei goede aktearprestaasjes fan 'e hiele cast" en: "[Casualties of War] is ien fan 'e folwoeksener films fan regisseur Brian De Palma". Neffens de foaroansteande regisseur Quentin Tarantino is Casualties of War "de bêste film oer de Fjetnamoarloch."
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeCasualties of War brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $18,7 miljoen op. As men dy opbringst ôfset tsjin it budget fan $22,5 miljoen, betsjut dat in ferlies fan $5,5 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by opteld wurde moatte. Dat de film flopte, wie foar de makkers gjin ferrassing, mei't Amerikanen oer it algemien net wolle dat har eigen oarlochsmisdieden har ûnder de noas wreaun wurde. Haadrolspiler Michael J. Fox sei dêroer op 10 augustus 1989 yn in fraachpetear mei The New York Times: "Litte we earlik wêze. As dizze film oardel dollar winst makket, dan sil it foar my grut feest wêze. Mar fale om wat ûnferwachts te dwaan is gjin skande. Fale om wat gewoans te dwaan is in ramp. Dizze film giet der no krekt oer hoefolle oftst riskearje wolst ast dêr neat mei te winnen hast."
Prizen
bewurkje seksjeCasualties of War waard yn 1990 nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory bêste orizjinele filmmuzyk (Ennio Morricone).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |