Faith Hill
Faith Hill (berne as Audrey Faith Perry; Ridgeland (Mississippy), 21 septimber 1967), is in Amerikaansk countrysjongster, lietsjesskriuwster, muzikante, muzykprodusinte en aktrise. Se is ien fan 'e grutte stjerren fan 'e ienentweintichste-iuwske countrymuzyk, dy't troch de jierren hinne 5 Grammy Awards wûn hat, wylst se foar dyselde priis ek nochris 12 nominaasjes yn 'e wacht sleept hat. Hill hat wrâldwiid mear as 40 miljoen platen ferkocht. Har bekendste hits binne This Kiss, Breathe en Cry. Hill is troud mei countrystjer Tim McGraw, mei wa't se ferskate duëtten opnommen hat.
Faith Hill | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Faith Hill yn 2010. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Audrey Faith Perry | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 septimber 1967 | |
berteplak | Ridgeland (Mississippy) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
sjenre | country, country-pop | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | stim, gitaar | |
grutste hit(s) | This Kiss Breathe Cry | |
jierren aktyf | 1993 – no | |
prizen | 5 × Grammy Award | |
offisjele webside | ||
www.faithhill.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeFaith Hill waard yn 1967 berne yn it plakje Ridgeland, yn 'e Amerikaanske steat Mississippy, justjes benoarden de stêd Jackson. Hja waard as poppe oannommen troch de húshâlding Perry, en groeide op yn it stedsje Star, op 25 km fan Jackson. Har pleechâlden wiene baptisten, en brochten Hill en harren beide biologyske soannen strang kristlik grut.
Hill har muzikale talint oppenearre him al ier, en doe't se sân jier wie, hie se har earste optreden. Dêrnei song se geregeldwei yn 'e ferskillende tsjerken yn har wenplak en omkriten, sawol de baptistyske as dy fan oare denominaasjes. Op har santjinde foarme Hill mei guon freonen in bandsje dat optrede by pleatslike rodeo's. Se studearre in blaumoandei oan it Hinds Mienskipskolleezje yn Raymond (Mississippy), mar yn 1986, doe't se njoggentjin jier wie, joech se de skoalle deroan en ferfear se nei Nashville, yn 'e steat Tennessee, it mekka fan 'e countrymuzyk, om te besykjen en meitsje har dream wier om in countrysjongster te wurden.
Iere jierren yn Nashville
bewurkje seksjeYn 't earstoan woe it mei de karriêre fan Hill net bot slagje. In audysje foar in baan as eftergrûnsjongster foar countrystjer Reba McEntire rûn op neat út, en se ûnderhold har in skoft troch yn in McDonald's-restaurant te wurkjen, dêr't se in grouwéligen hekel oan hie. Nei't se in hoartsje T-shirts ferkocht hie, fûn se wurk as siktaresse by in útjouwerij fan blêdmuzyk. Yn 1988 troude hja mei Daniel Hill, dy't in liedingjaande funksje hie by in bedriuw yn 'e muzykyndustry. Nei't in kollega har op in dei sjongen heard hie, waard Hill troch de lieding fan 'e útjouwerij frege om dêr demonstraasjesjongster te wurden. Yn deselde snuorje wurke se ek as eftergrûnsjongster foar lietsjesskriuwer Gary Burr. Dyselde hie it foar de moade om syn nije lieten te sjongen yn it Bluebird Cafe yn Nashville, om feedback fan it publyk te krijen. By ien fan dy optredens wie Bob Saporiti yn it kafee oanwêzich, dy't yn 'e direksje fan platemaatskippij Warner Bros. Records siet. Doe't dy Hill sjongen hearde, frege er har om audysje te dwaan, wat der úteinlik ta late dat Warner Bros. har in kontrakt oanbea.
Sjongkarriêre
bewurkje seksjeHill har debútalbum, Take Me As I Am, kaam yn 1993 út. It hie goede ferkeapsifers, mei troch it nûmer Wild One, dat fjouwer wiken efterinoar op it earste plak yn 'e Hot Country Songs stie, de wichtichste Amerikaanske hitlist op it mêd fan countrymuzyk. Dat wie in prestaasje dy't froulike artysten doe al yn gjin tritich jier mear levere hiene. It album sels waard yn 'e Feriene Steaten sawol as Kanada trije kear platina. Koart nei de publikaasje fan Take Me As I Am rûn Hill har houlik lykwols op 'e klippen, en sy en har man skieden yn 1994. Har twadde album, It Matters to Me, wêrfan't de opnamen útsteld wiene fanwegen in operaasje oan in barsten ier op har stimbannen, ferskynde yn 1995. Dat waard op 'e nij, mei mear as trije miljoen ferkochte eksimplaren, in grut súkses, en mei de titelsong behelle Hill har fjirde nûmer 1-hit.
Yn 'e maityd fan 1996 sette Hill útein mei optredens as iepeningsact fan countrysjonger Tim McGraw op syn Spontaneous Combustion-toernee. Hill hie har doedestiden krekt ferloofd mei har eardere produsint Scott Hendricks, wylst McGraw krekt in ferloving ôfbrutsen hie. De beide sjongers krigen al mei gauwens in affêre, en Hill ferbriek har relaasje mei Hendricks. Nei't se ûntdieken dat Hill yn ferwachting wie fan McGraw syn bern, trouden se op 6 oktober 1996.
Om't se swier en krekt troud wie, naam Hill fan ein 1996 ôf in pear jier lins om te bekommen fan 'e foargeande hektyske jierren en teffens om 'e kâns te hawwen in nij libben mei har man op te bouwen. Yn 1997 naam se mei McGraw it duët It's Your Love op, dat seis wiken efterinoar op nûmer 1 yn 'e Hot Country Songs stean bleau, en dêr't se sawol Academy of Country Music Awards as Country Music Association Awards mei wûnen. Hill har trêde album Faith, dat wat minder klassyk country wie en wat mear oerhong nei popmuzyk, kaam yn 1998 út. It súksesfolste nûmer fan it album wie This Kiss, dat net inkeld nûmer 1 yn 'e Hot Country Songs waard, mar dêr't se foar it earst mei trochbriek (mei nûmer 7) op 'e pophitlist Billboard Hot 100. Oare nûmers dy't it goed diene, wiene Just to Hear You Say That You Love Me (in duët mei McGraw), Let Me Let Go en The Secret of Life. Der waarden mear as seis miljoen eksimplaren fan Faith ferkocht.
Om 'e faasje deryn te hâlden, brocht Hill in goed jier letter, yn novimber 1999 Breathe út, har fjirde album. Dat skeat fuort nei de top fan 'e albumlisten, sawol de Top Country Albums as de Billboard 200, wêrby't it û.m. in nij album fan Mariah Carey foarby stribbe. Mei Breathe wûn Hill har earste Grammy Award (de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan muzyk) yn 'e kategory bêste country-album, wylst se mei de titelsong en it duët mei McGraw Let's Make Love noch twa oare Grammys binnenhelle. Fan Breathe giene wrâldwiid krapoan 10 miljoen eksimplaren oer de toanbank. It jier 2000 markearre Hill har definitive trochbraak as in mainstreamstjer, mei ferskate dokumintêres oer har, in reklamekontrakt mei make-upmerk CoverGirl, foto's fan har op 'e omslaggen fan ferskate grutte tydskriften en har meiwurking as presintatrise oan sawol de útrikking fan 'e Grammy Awards as dy fan 'e Oscars.
Yn 2000 droech Hill it liet Where Are You, Christmas? by oan 'e soundtrack fan 'e bernefilm Dr. Seuss' How the Grinch Stole Christmas. Yn 2001 naam se in liet op foar de soundtrack fan Pearl Harbor, in histoaryske film oer de Japanske oanfal op Pearl Harbor yn 1941. Dat soe oarspronklik troch de Kanadeeske sjongster Celine Dion songen wurde. It liet wie There You'll Be, dat ûnder muzykkritisy noch altyd it bêst ûntfongen nûmer fan Hill is. Teffens wie it Hill har grutste hit yn it Feriene Keninkryk. It waard nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale popnûmer, en foar in Oscar foar bêste oarspronklike liet.
Hill har fyfde album, Cry, dat yn 2002 útkaam, wie mear op popmuzyk oriïntearre as op country; likegoed fleach it daliks nei de top fan 'e albumlisten, net inkeld de Billboard 200, mar ek de Top Country Albums. Teffens wûn Cry in Grammy foar bêste country-album. It liet Baby, You Belong, fan Cry, waard yn 2002 brûkt as de titelsong fan 'e Disney-tekenfilm Lilo & Stitch. Yn 'e fideoclip dy't letter foar dat nûmer makke waard, wiene ek fragminten út dy film opnommen.
Mei Fireflies, har sechsde album, dat yn 2005 útkaam, kearde Hill werom nei de wiere countrymuzyk. De single Mississippi Girl waard nominearre foar in Grammy yn 'e kategory bêste countrynûmer songen troch in frou, wylst it duët Like We Never Loved at All, mei Tim McGraw, in Grammy wûn foar bêste fokale countrygearwurking. Yn 2006, doe't se dat al sûnt de berte fan har jongste dochter, fiif jier earder, net mear dien hie, sette Hill tegearre mei McGraw útein mei in nij toernee, de Soul2Soul II Tour 2006. Dat waard mei in opbringst fan $90 miljoen it bêstferkeapjende toernee út 'e skiednis fan 'e countrymuzyk. Yn 2007 brocht Hill noch in grutste-hitskolleksje út, The Hits, en yn 2008 ferskynde fan har in kryst-cd, Joy to the World. Teffens wurke hja mei oan McGraw syn album Let It Go, út 2007.
Op 13 maart 2010 song Hill ûnder begelieding fan Benny Andersson op 'e piano it liet The Winner Takes It All, ta gelegenheid fan 'e opname fan ABBA yn 'e Rock and Roll Hall of Fame. Datselde jiers op 28 july song se yn it Wite Hûs yn Washington, D.C. yn oanwêzigens fan presidint fan 'e Feriene Steaten Barack Obama en first lady Michelle Obama it liet The Long & Winding Road as ûnderdiel fan in earbetoan oan Beatle Paul McCartney. Datselde jiers droech se ek twa lieten by oan 'e soundtracks fan twa ûnderskate films. Foar Country Strong, dêr't har man Tim McGraw yn spile, song se Give In to Me, en foar Life As We Know It, mei Angelina Jolie yn 'e haadrol, song se All I Ever Wanted, dat brûkt waard foar de trailers en spile waard ûnder de ôftiteling. Ek naam se dat jiers diel oan Coal Miner's Daughter: A Tribute to Loretta Lynn, in earbetoan oan countryleginde Loretta Lynn.
Hill kearde yn maart 2011 werom nei de studio foar de opnamen fan in nij album, dat Illusion komme moast te hjitten. Yn juny 2012 befêstige se dat it album klear wie, mar se sei ek dat se der net alhiel tefreden oer wie en dat se gjin album útbringe woe dêr't se har net hûndert persint goed oer fielde. Underwilens naam Hill A Showman's Life op, in duët mei George Strait dat útbrocht waard op Strait syn album Here for a Good Time. Sels publisearre Hill de singles Come Home (2011) en American Heart (2012), mar net Illusion, it album dêr't dy lieten op steane. (Anno 2023 is dit album noch altyd net ferskynd.) Ynstee gie se yn 2012 op toernee mei Tim McGraw.
Yn septimber 2016 wie Hill ien fan 30 artysten dy't meisongen op 'e single Forever Country, in medly fan 'e lieten Take Me Home, Country Roads fan John Denver, On the Road Again fan Willie Nelson en I Will Always Love You fan Dolly Parton. De single waard útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan 'e CMA Awards. Yn 2017 giene Hill en McGraw fannijs tegearre op toernee. Underwilens kaam yn novimber fan dat jier by platemaatskippij Arista Nashville harren duëtalbum The Rest of Your Life út, dat meitelt as studio-album foar beide artysten. Yn 2019 krige Hill har eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeYn 1995 die Hill har earste ûnderfining as aktrise op, mei in gastrol yn 'e dramasearje Touched by an Angel. Yn 2002 waard har in wichtige rol yn 'e oarlochsfilm oer de Fjetnamoarloch We Were Soldiers oanbean, mar úteinlik betanke hja dêrfoar, en gie dy rol nei aktrise Madeleine Stowe. Har filmdebút makke Hill sadwaande yn 2004 yn 'e skriller The Stepford Wives fan regisseur Frank Oz, in remake fan 'e bekendere film út 1975. Dêryn hie se Nicole Kidman, Matthew Broderick en Glenn Close as tsjinspilers. Hoewol't dy film mear as $101 miljoen winst makke, lieten de filmkritisy der net folle fan hiel. Fan gefolgen duorre it jierren foar't Hill wer aktearre.
Yn 2015 hie Hill in rol yn 'e ûnôfhinklike misdiefilm Dixieland, dy't yn april fan dat jier op it Filmfestival fan Tribeca yn New York yn premiêre gie. Yn oktober 2015 waard oankundige dat Hill as útfierend produsinte belutsen wie by it nije lifestyleprogramma Pickler & Ben, mei Kellie Pickler en Ben Aaron as presintators. Dat programma, dat opnommen waard yn Nashville, kaam yn 2017 op 'e tillefyzje. Underwilens hie Hill doe yn 2016 ek al fjouwer ôfleverings lang as coach fungearre yn 'e talintejacht The Voice. Yn 2019 wie se sjuerylid yn it realitytillefyzjeprogramma The World's Best. Yn 2021 hie se tegearre mei Tim McGraw in gastrol yn in ôflevering fan 'e neo-westernsearje Yellowstone, as de oerpake en oerbeppe fan haadpersoan John Dutton yn in flashback nei it ferline. Hill kroep fannijs yn 'e hûd fan Margaret Dutton foar de tsien ôfleverings tellende spin-offsearje 1883, dy't fan desimber 2021 ôf te sjen wie op streamingtsjinst Paramount+.
Oare aktiviteiten
bewurkje seksjeYn 1999 brûkte Hill har toernee om in alfabetisearringsprojekt foar bern te ûnderstypjen. Dat wie ynspirearre troch Hill har heit, dy't sels lang analfabeet wie. Fuort nei't New Orleans yn 2005 troffen wie troch de orkaan Katrina, setten Hill en har man, Tim McGraw, dy't ôfkomstich is út Louisiana, harren persoanlik yn om foarrieden nei de oerlibbenen te bringen. Teffens joegen se ferskate benefytkonserten, wêrfan't de opbringst nei de slachtoffers fan Katrina gie. Letter dat jier rjochten Hill en McGraw de Neighbor's Keeper Foundation op ("Hoeder fan Jins Neiste Stifting"), in goeddiedichheidsorganisaasje dy't him ynset foar de earste libbenbehoeften yn gefal fan grutskalige natoerrampen.
Yn oktober 2009 brocht Hill in eigen rûkersguod op 'e merk, ûnder de namme Faith Hill Parfums. Mids 2010 organisearre Hill mei McGraw in benefytkonsert fan ferskate country-artysten, wêrmei't mear as $2 miljoen ophelle waard foar de slachtoffers fan 'e oerstreamings yn maaie fan dat jier yn sintraal Tennessee, wêrby't 22 minsken omkamen en foar $2 miljard oan skea oanrjochte waard.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn 1988 troude Hill mei Daniel Hill, dy't in liedingjaande funksje hie by in bedriuw yn 'e muzykyndustry. Dat houlik rûn lykwols yn 1993 op 'e klippen, en Hill en de man skieden yn 1994. Yn 1990 begûn Hill in syktocht nei har biologyske mem, dy't se úteinlik fûn en mei wa't se briefke oant har memme ferstjerren. Yn 'e maityd fan 1996 kaam Hill fia har wurk yn 'e kunde mei countrysjonger Tim McGraw, mei wa't se al rillegau in relaasje krige. Hill hie har doedestiden krekt fersein oan har eardere produsint Scott Hendricks en moast har ferloving ferbrekke. Nei't bliken die dat Hill swier rekke wie fan McGraw, trouden se gau-eftich op 6 oktober 1996. Anno 2023 hâldt harren houlik noch altyd stân. Hill en McGraw hawwe trije dochters, Gracie Katherine (1997), Maggie Elizabeth (1998) en Audrey Caroline (2001). Nei eigen sizzen hawwe Hill en McGraw sûnt harren trouwen besocht om nea langer as trije dagen byinoar wei te wêzen.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeútbrocht | titel | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
12 oktober 1993 | Take Me as I Am | Warner Bros. Nashville | n.f.t. | (3× platina) (3× platina) |
29 augustus 1995 | It Matters to Me | Warner Bros. Nashville | n.f.t. | (4× platina) (4× platina) |
21 april 1998 | Faith | Warner Bros. Nashville | nom. Grammy Award foar bêste country-album | (6× platina) (4× platina) (goud) |
9 novimber 1999 | Breathe | Warner Bros. Nashville | Grammy Award foar bêste country-album American Music Award foar favorite country-album |
(8× platina) (5× platina) (2× platina) (goud) |
15 oktober 2002 | Cry | Warner Bros. Nashville | nom. Grammy Award foar bêste country-album | (2× platina) (platina) (goud) |
2 augustus 2005 | Fireflies | Warner Bros. Nashville | nom. Grammy Award foar bêste country-album | (2× platina) (platina) |
30 septimber 2008 | Joy to the World | Warner Bros. Nashville | n.f.t. | (goud) |
17 novimber 2017 | The Rest of Our Life (duëtalbum mei Tim McGraw) |
Arista Nashville | n.f.t. | n.f.t. |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeútbrocht | titel | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
1 novimber 1996 | Piece of My Heart | WEA International / Warner Bros. Nashville | n.f.t. | n.f.t. |
8 oktober 2001 | There You'll Be: The Best of Faith Hill | WEA International | n.f.t. | (5× platina) (platina) |
2 oktober 2007 | The Hits | Warner Bros. Nashville | n.f.t. | n.f.t. |
18 novimber 2016 | Deep Tracks | Warner Bros. Nashville | n.f.t. | n.f.t. |
Singles
bewurkje seksjeEigen singles
bewurkje seksjejier | titel | prizen en nominaasjes | resultaat | album |
---|---|---|---|---|
1993 | Wild One | n.f.t. | n.f.t. | Take Me as I Am |
1994 | Piece of My Heart | n.f.t. | n.f.t. | |
But I Will | n.f.t. | n.f.t. | ||
Take Me as I Am | n.f.t. | n.f.t. | ||
1995 | Let's Go to Vegas | n.f.t. | n.f.t. | It Matters to Me |
It Matters to Me | n.f.t. | n.f.t. | ||
1996 | Someone Else's Dream | n.f.t. | n.f.t. | |
You Can't Lose Me | n.f.t. | n.f.t. | ||
I Can't Do That Anymore | n.f.t. | n.f.t. | ||
1998 | This Kiss | wûn in ACM Award, in CMA Award en 2 TNN/Music City News Awards nom. Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou |
(platina) (platina) (sulver) |
Faith |
Just to Hear You Say That You Love Me (mei Tim McGraw) |
2 TNN/Music City News Awards en 1 ACM Award; nom. Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking |
n.f.t. | ||
Let Me Let Go | nom. Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou | n.f.t. | ||
1999 | Love Ain't Like That | n.f.t. | n.f.t. | |
The Secret of Life | n.f.t. | n.f.t. | ||
Breathe | Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou | (goud) | Breathe | |
2000 | The Way You Love Me | n.f.t. | n.f.t. | |
Let's Make Love (mei Tim McGraw) |
Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking | n.f.t. | ||
Where Are You, Christmas? | n.f.t. | n.f.t. | Dr. Seuss' How the Grinch Stole Christmas (soundtrack) | |
2001 | If My Heart Had Wings | n.f.t. | n.f.t. | Breathe |
There You'll Be | nom. Grammy Award foar bêste popnûmer mei sang nom. Oscar foar bêste oarspronklike liet |
(goud) | Pearl Harbor (soundtrack) | |
Breathe (remix) | ACM Award | n.f.t. | There You'll Be | |
2002 | Cry | Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou | (goud) | Cry |
When the Lights Go Down | CMT Flameworthy Video Music Award | n.f.t. | ||
2003 | One | n.f.t. | n.f.t. | |
You're Still There | n.f.t. | n.f.t. | ||
Baby You Belong | n.f.t. | n.f.t. | ||
2005 | Mississippi Girl | nom. Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in frou | n.f.t. | Fireflies |
Like We Never Loved at All (mei Tim McGraw) |
Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking | n.f.t. | ||
2006 | The Lucky One | n.f.t. | n.f.t. | |
Sunshine and Summertime | n.f.t. | n.f.t. | ||
Stealing Kisses | n.f.t. | n.f.t. | ||
2007 | Lost | n.f.t. | n.f.t. | The Hits |
Red Umbrella | n.f.t. | n.f.t. | ||
2008 | A Baby Changes Everything | n.f.t. | n.f.t. | Joy to the World |
2011 | Come Home | n.f.t. | n.f.t. | Illusion (net útbrocht) |
2012 | American Heart | n.f.t. | n.f.t. | |
2017 | Speak to a Girl (mei Tim McGraw) |
n.f.t. | n.f.t. | The Rest of Our Life |
The Rest of Our Life (mei Tim McGraw) |
n.f.t. | n.f.t. |
Gastsingles
bewurkje seksjejier | titel | prizen en nominaasjes | resultaat | album |
---|---|---|---|---|
1996 | Hope (mei ferskate oare artysten) |
nom. Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking | n.f.t. | net op album útbrocht |
1997 | It's Your Love (mei Tim McGraw) |
4 ACM Awards, 1 CMA Award, 1 CMT Music Award, 1 Billboard Award, nom. Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking |
(2× platina) | Everywhere |
1998 | One Heart at a Time (mei ferskate oare artysten) |
n.f.t. | n.f.t. | net op album útbrocht |
2007 | I Need You (mei Tim McGraw) |
nom. Grammy Awards foar bêste countryliet en bêste fokale countrygearwurking | (goud) | Let It Go |
The First Noël (mei Josh Groban) |
n.f.t. | n.f.t. | Noël | |
2011 | The Way You Look Tonight (mei Tony Bennett) |
n.f.t. | n.f.t. | Duets II |
2014 | Meanwhile, Back at Mama's (mei Tim McGraw) |
n.f.t. | (platina) | Sundown Heaven Town |
2016 | Forever Country (mei ferskate artysten) |
n.f.t. | n.f.t. | net op album útbrocht |
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise, sjongster, sjuerylid | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1997 | Touched by an Angel | Karen Lamar | gastrol; ôfl. The Road Home (Part 1) |
1997 | Promised Land | Karen Lamar | gastrol; ôfl. The Road Home (Part 2) |
1999 | VH1 Divas Live 2 | harsels | dokumintêre |
2000 | Super Bowl XXXIV | harsels | sjongoptreden, Amerikaansk folksliet |
2000 | 72ste Utrikking fan 'e Oscars | harsels | sjongoptreden, Over the Rainbow út The Wizard of Oz |
2000 | VH1 Divas 2000: A Tribute to Diana Ross | harsels | tillefyzjespecial |
2001 | America: A Tribute to Heroes | harsels | tillefyzjespecial |
2002 | 74ste Utrikking fan 'e Oscars | harsels | sjongoptreden, There You'll Be út Pearl Harbor |
2002 | Saturday Night Live | harsels | muzikaal gastoptreden; ôfl. Sarah Michelle Gellar/Faith Hill |
2002 | Faith Hill: The Lights Go Down | harsels | tillefyzjespecial |
2005 | E! True Hollywood Story | harsels | dokumintêresearje; ôfl. Country Divas |
2005 | Faith Hill: Fireflies | harsels | tillefyzjespecial |
2008 | Macy's Thanksgiving Day Parade | harsels | tillefyzjespecial |
2008 | Christmas in Rockefeller Center | harsels | tillefyzjespecial |
2008 | Faith Hill, Joy to the World: A Soundstage Special | harsels | tillefyzjespecial |
2009 | The Neighborhood Ball: An Inauguration Celebration | harsels | tillefyzjespecial |
2009 | Super Bowl XLIII | harsels | sjongoptreden, America the Beautiful |
2010 | Project Runway | harsels | gastsjuerylid yn in talintejacht; ôfl. Finale (Part 2) |
2007–2012 | NBC Sunday Night Football | harsels | sjongster fan 'e titelsong |
2011 | CMT Crossroads | harsels | gast; ôfl. The Pretenders/Faith Hill |
2012 | Tony Bennett: Duets II | harsels | tillefyzjespecial |
2016 | The Voice | harsels | coach yn in talintejacht; 4 ôfl. |
2017 | Pickler & Ben | harsels | gast yn lifestyleprogramma; ôfl. #1.1; ek útfierend produsinte fan 59 ôfl. |
2019 | The World's Best | harsels | sjuerylid; 10 ôfl. |
2021 | Yellowstone | Margaret Dutton | gastrol; ôfl. No Kindness for the Coward |
2021–2022 | 1883 | Margaret Dutton | fêste rol; 10 ôfl. |
films | |||
2004 | The Stepford Wives | Sarah Sunderson | remake fan 'e bekendere film út 1975 |
2015 | Dixieland | Arletta |
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjejier | priis | resultaat | kategory | foar it nûmer/album |
---|---|---|---|---|
1993 | ACM Award | wûn | bêste nije sjongster | n.f.t. |
1994 | CMA Award | nominearre | Horizon Award | n.f.t. |
1995 | CMA Award | nominearre | Horizon Award | n.f.t. |
TNN/Music City News Award | wûn | froulike stjer fan moarn | n.f.t. | |
1996 | CMA Award | nominearre | froulike fokalist fan it jier | n.f.t. |
1997 | ACM Award | wûn | bêste single fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love |
wûn | bêste liet fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | ||
wûn | bêste sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | ||
wûn | bêste fideoclip fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | ||
Billboard Music Award | wûn | single fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | |
CMA Award | nominearre | sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | |
Grammy Award | nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei ferskate artysten) | Hope | |
TNN/Music City News Award | wûn | fideoclip fan it jier (mei Tim McGraw) | It's Your Love | |
1998 | ACM Award | wûn | bêste single fan it jier | This Kiss |
wûn | bêste fideoclip fan it jier (mei Tim McGraw) | This Kiss | ||
wûn | bêste sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
wûn | bêste sjongster | n.f.t. | ||
wûn | bêste produsint fan in single | This Kiss | ||
wûn | bêste produsint fan in sjongbarren (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
CMA Award | nominearre | single fan it jier | This Kiss | |
wûn | fideoclip fan it jier | This Kiss | ||
nominearre | sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
nominearre | froulike fokalist fan it jier | n.f.t. | ||
Grammy Award | nominearre | bêste countryliet (mei Tim McGraw) | It's Your Love | |
nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) | It's Your Love | ||
1999 | ACM Award | wûn | bêste fideoclip fan it jier | Breathe |
wûn | bêste sjongster fan it jier | n.f.t. | ||
CMA Award | nominearre | fideoclip fan it jier (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | |
nominearre | froulike fokalist fan it jier | n.f.t. | ||
Grammy Award | nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | |
nominearre | bêste countrynûmer songen troch in frou | This Kiss | ||
nominearre | bêste country-album | Faith | ||
TNN/Music City News Award | wûn | single fan it jier | This Kiss | |
wûn | liet fan it jier (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
wûn | fokale gearwurking fan it jier (mei Tim McGraw) | Just to Hear You Say That You Love Me | ||
nominearre | fideoclip fan it jier | This Kiss | ||
wûn | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2000 | ACM Award | wûn | bêste sjongster fan it jier | n.f.t. |
CMA Award | nominearre | single fan it jier | Breathe | |
nominearre | album fan it jier | Breathe | ||
nominearre | fideoclip fan it jier | Breathe | ||
nominearre | sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | Let's Make Love | ||
wûn | froulike fokalist fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | artyst fan it jier | I Need You | ||
Grammy Award | nominearre | bêste countrynûmer songen troch in frou | Let Me Let Go | |
TNN/CMT Country Weekly Music Award | wûn | artyste fan it jier | n.f.t. | |
2001 | American Music Award | wûn | favorite country-album | Breathe |
wûn | favorite country-artyste | n.f.t. | ||
wûn | favorite pop/rockartyste | n.f.t. | ||
CMA Award | nominearre | froulike fokalist fan it jier | n.f.t. | |
Grammy Award | wûn | bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) | Let's Make Love | |
wûn | bêste countrynûmer songen troch in frou | Breathe | ||
wûn | bêste country-album | Breathe | ||
2002 | American Music Award | wûn | favorite country-artyste | n.f.t. |
Grammy Award | nominearre | bêste popnûmer songen troch in frou | There You'll Be | |
2003 | American Music Award | wûn | favorite country-artyste | n.f.t. |
CMT Flameworthy Video Music Award | wûn | meast seksy fideoclip fan it jier fan in froulike artyst | When the Lights Go Down | |
Grammy Award | wûn | bêste countrynûmer songen troch in frou | Cry | |
2004 | Grammy Award | nominearre | bêste country-album | Cry |
People's Choice Award | wûn | favorite froulike muzykartyst | n.f.t. | |
2006 | ACM Award | wûn | Career Achievement Award (oeuvrepriis) | n.f.t. |
American Music Award | wûn | favorite country-artyste | n.f.t. | |
CMA Award | nominearre | sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | Like We Never Loved at All | |
nominearre | froulike fokalist fan it jier | n.f.t. | ||
Grammy Award | nominearre | bêste countrynûmer songen troch in frou | Mississippi Girl | |
nominearre | bêste country-album | Fireflies | ||
wûn | bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) | Like We Never Loved at All | ||
2008 | Grammy Award | nominearre | bêste fokale countrygearwurking (mei Tim McGraw) | I Need You |
nominearre | bêste countryliet (mei Tim McGraw) | I Need You | ||
2014 | CMA Award | nominearre | single fan it jier (mei Tim McGraw) | Meanwhile, Back at Mama's |
nominearre | sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | Meanwhile, Back at Mama's | ||
2015 | Grammy Award | nominearre | bêste countryduo of -groep (mei Tim McGraw) | Meanwhile, Back at Mama's |
2017 | CMA Award | nominearre | sjongbarren fan it jier (mei Tim McGraw) | Speak to a Girl |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|