Keatswike 2018
De Keatswike (de offisjele namme is Frysktalich) wie in sportyf en kultureel evenemint, dat ûnder it biedwurd Heedaar! (in âlde keatsgjalp dy't PC-kening Tamme Velstra utere as er in goede slach die)[1][2][3][4] fan 30 july oant en mei 5 augustus 2018[1] yn 'e Fryske stêd Frjentsjer holden waard.[1][2] Oanlieding foar it evenemint wie it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018.[1] De organisaasje wie yn 'e hannen fan 'e Stichting Keatsstêd 2018,[1][2] dy't dêrby nau gearwurke mei de Permaninte Kommisje fan de Frjentsjerter Balferkeatsersdei, dy't de PC organisearret.[4] It meastepart fan 'e aktiviteiten yn it ramt fan 'e Keatswike fûn plak op it Sjûkelân, yn 'e Frjentsjerter binnenstêd.[2]
Keatswike | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
holden yn | Sjûkelân en oare lokaasjes | |
datum | 30 july o/m 5 augustus 2018 | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Heedaar! | |
oanlieding | LF2018 | |
soarte evenemint | sportyf, kultureel | |
org. troch | Stichting Keatsstêd 2018 | |
offisjele webside | ||
www.franeker.frl/.../kaatsweek |
Aktiviteiten
bewurkje seksjeDe planning foar de Keatswike sette al yn 2016 útein mei de oprjochting fan 'e Stichting Keatsstêd 2018.[5] Dy organisaasje wist foar syn plannen €35.000 subsydzje binnen te heljen fan 'e Provinsje Fryslân, op in totale begrutting fan €245.000.[6] Foar de Keatswike waard in stedskuier gearstald by fjirtjin lokaasjes yn Frjentsjer lâns dy't te krijen hiene mei de skiednis fan it keatsen,[1] lykas it Sjûkelân, de wenten fan ferneamde keatsers en keatsbestjoerders, en it keatskafee De Bogt fen Guné.[7] Dêrfoar waard troch Wio Joustra in Nederlânsktalige gids skreaun mei as titel Kaatstad Franeker, dy't fia in app download wurde koe op 'e mobile tillefoan.[1][7] It earste eksimplaar fan 'e gids en de app waarden op woansdei 16 maaie 2018 yn it Keatsmuseum oan 'e Foarstrjitte oanbean oan boargemaster Haijo Apotheker fan De Waadhoeke.[1]
De eigentlike Keatswike gie op 'e jûn fan moandei 30 july 2018 fan start mei in grutskalige Frysktalige teätershow op it Sjûkelân yn 'e Frjentsjerter binnenstêd,[8][9][10] dat ek de lokaasje is fan 'e PC. It waard spile foar in publyk fan 3.500 minsken,[8][3][10] en hold de midden tusken in musical en in revu,[4] mei koarte sênes dy't de skiednis fan 'e keatssport as ûnderwerp hiene.[2][3][4] De teksten en it senario wiene skreaun troch Romke Toering en de lieten troch Baukje Wytsma.[1][2][3][4][8] Bylden fan 'e finale fan 'e PC 2017 (foarmjûn troch Wybo Smids)[2][3][8] rûnen as in reade line troch de foarstelling,[1][3][4][8][10] dy't produsearre waard troch Jildou Tjoelker,[3][8] mei kostúms makke troch Wolly Prins.[3][8] De muzyk, komponearre troch Peter van der Zwaag en Clara Rullmann,[1][2][3][8] waard fersoarge troch in orkest en in koar,[1][2] wylst tuskentroch de akteurs Theun Plantinga, Thijs Veenstra en Romke Gabe Draaier harren ferhalen fertelden,[1][2][3][4][8] mei in gastoptreden troch kommissaris fan de kening Arno Brok.[3][9] Ek it ûntstekken fan it 'keatsfjoer' (dat de hiele wike brâne soe) troch Hendrik Kootstra, de kening fan 'e PC 2017,[9][10] en de lotting foar de PC 2018 wiene yn 'e show ferwurke.[1][3][4][9]
It hichtepunt fan 'e Keatswike wie de 165e edysje fan 'e PC, de wichtichtste keatswedstryd fan it jier, dy't op woansdei 1 augustus ek op it Sjûkelân holden waard.[2] Dêr kamen likernôch 12.000 minsken op ôf. In oar ûnderdiel fan 'e Keatswike wie in partij foar froulju mei de sêfte bal,[2][7] dy't holden waard op 'e Foarstrjitte[7] op 'e middei fan 'e saneamde Tuskenynse Dei (tusken de lotting en de PC yn), op tiisdei 31 july.[2][7] Fierders waarden op it Sjûkelân de rest fan 'e wike demonstraasjes holden fan ûnbekende, saneamde 'lytse' sporten út oare Jeropeeske lannen yn it ramt fan 'e European Sports for All Games, in ûnderdiel fan it projekt LF2018.[3][4][6][11]
Nei de PC wie Frjentsjer it toaniel fan trije Jeropeeske kampioenskippen: yn ynternasjonaal keatsen (jeu de pelote), muorrekeatsen (wallball) en Falinsiaansk keatsen (llargues).[2][7] It EK ynternasjonaal keatsen waard op tongersdei 2 augustus[2][4][7] organisearre op 'e sportfjilden by Sporthal De Trije oan 'e Hartoch fan Saksenleane.[4][7] Op freed 3 augustus[2][4][7] fûn op it Sjûkelân it EK muorrekeatsen plak.[4][7] En op sneon 4 augustus[2][4][7] folge op 'e Foarstrjitte it EK Falinsiaansk keatsen.[4][7] Op snein 5 augustus, ta einbeslút, kamen de ôfdielingspartoeren fan 'e jonges op it Sjûkelân yn aksje foar de keatspartij dy't bekendstiet as de 'generale Freule' (d.w.s. de generale rippetysje foar de Freulepartij yn Wommels op woansdei 8 augustus).[2][4][7]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|