Arapaho (folk)
De Arapaho (Ingelsk: Arapaho of Arapahoe) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat oant djip yn 'e njoggentjinde iuw grutte dielen fan 'e hjoeddeistige Amerikaanske steaten Wyoming, Kolorado, Nebraska, Montana, Kansas en Oklahoma behearske. Hja ûnderholden fan âlds in politike en militêre alliânsje mei de oan har besibbe Sjajinnen (Cheyenne), en stiene sadwaande ek faak oan 'e kant fan 'e Sû (Sioux), dat ek Sjajinske bûnsgenoaten wiene. De Arapaho-taal heart ta de Algonkwynske famylje en is it naust besibbe oan 'e taal fan 'e Gro Wânt (Gros Ventre). Tsjin 1850 wiene de Arapaho útinoar fallen yn twa folksdielen, de Noardlike Arapaho en de Súdlike Arapaho. Tsjintwurdich diele de Noardlike Arapaho mei de Eastlike Sjosjoanen it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming, wylst de Súdlike Arapaho mei de Súdlike Sjajinnen yn westlik Oklahoma libje.
Arapaho | |
---|---|
Ferneamde Arapaho. Boppeste rige f.l.n.rj.: Lofterhân, Carl Sweezy, Burnu Acquanetta; twadde rige: Tsjeppe Noas, Peter DePoe, Lytse Raven. | |
flagge | |
Noardlike Arapaho | Súdlike Arapaho |
populaasje | |
oantal | 14.000 (2011/14) |
taal | Arapaho (ek Ingelsk) |
godstsjinst | kristendom, natoerreligy, synkretisme |
erkenning | |
steatsdragend folk | gjin eigen steat |
erkende minderheid | Feriene Steaten |
fersprieding | |
Feriene Steaten: | 14.000 |
● Wyoming: | 9.900 |
● Oklahoma: | 4.000 |
Etymology
bewurkje seksjeDe Arapaho neame harrensels Hinono’eino, wat oerset wurde kin as "Us Folk" of "Us Slach Lju". Der besteane twa teoryen oer de oarsprong fan 'e namme "Arapaho". It soe ôflaat wêze kinne fan it wurd Tirapihu of Larapihu, út 'e taal fan 'e Pâny (Pawnee), dat "keaplju" betsjut (de Arapaho stiene der histoarysk sjoen om bekend dat se in protte hannel dreaune). In oare mooglikheid is dat it komt fan 'e namme dy't de Krieën (Crow) foar de Arapaho hiene: Alappaho’, wat "lju mei in soad tatoeaazjes" betsjut, ferwizend nei it Arapaho-brûkme om oer har hiele lichem lytse sirkeltsjes te tatoeëarjen.
Demografy
bewurkje seksjeHistoarysk sjoen bestiene de Arapaho út fiif etnyske subgroepen, fan noard nei súd de Gro Wânt (Gros Ventre), de Besawûnena (Besawunena), de wiere Arapaho, de Haänahawûnena (Ha'anahawunena) en de Nawatinehena (Nawathinehena). Elts fan dy fiif groepen spriek in eigen, ûnderling fersteanber dialekt en behold iuwenlang syn eigen etnyske identiteit, al wie der wol in mienskiplik gefoel dat se ûnderling ferbûn wiene, wat ta utering kaam yn gearkomsten fan 'e groepen en yn in polityk en militêr bûnsgenoatskip. Fral de Gro Wânt, Besawûnena en wiere Arapaho lykje nau besibbe west te hawwen, alteast op taalkundich mêd. It dialekt fan 'e Haänahawûnena wie it dreechst foar de oaren om te ferstean.
Tsjin 'e ein fan 'e achttjinde iuw begûnen de súdlikste fjouwer groepen stadichoan gear te ranen, wylst de Gro Wânt har ûntjoegen ta in selsstannich folk en har los makken fan 'e oare fjouwer. De Haänahawûnena- en Nawatinehena-dialekten of -talen stoaren yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw út, wylst it Besawûnena oant yn 'e 1920-er jierren sprekkers hie ûnder de Noardlike Arapaho. Noch altiten libje der yn it Wind River Reservaat 50 minsken dy't wis binne fan in Besawûnena-ôfstamming.
De Noardlike Arapaho neame harsels Nank’haanseine’nan (it "Byfoetfolk" – byfoet is in plant), en komme fierhinne fuort út 'e histoaryske subgroep fan 'e wiere Arapaho, al binne dêr grutte oantallen Haänahawûnena en Besawûnena yn opgien. Hja libje sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw foar it meastepart yn Wyoming, dêr't se in reservaat hawwe, it Wind River Yndianereservaat, mei as haadplak Fort Washakie. Dat reservaat diele se mei de Eastlike Sjosjoanen, dat histoaryske fijannen fan harren binne. De Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat is in federaal erkende stamme, wat sizze wol dat er troch Amerikaanske oerheid erkend wurdt as in soevereine naasje binnen de grinzen fan 'e Feriene Steaten. Neffens sifers út april 2014 hie de stamme doe likernôch 9.885 leden, fan wa't (yn 2011) krapoan 8.200 permanint yn it reservaat wennen. Fan 'e befolking fan it reservaat is 51,3% fan etnysk Yndiaansk komôf en bestiet 35,2% út leden fan 'e Arapaho Stamme.
De Súdlike Arapaho neame harsels Náwunena of Noowunenno’, wat "Súdlik Folk" betsjut. Der wurdt wol tocht dat hja benammen fuortkomme út 'e histoaryske subgroep fan 'e Nawatinehena, al soe it ek kinne dat se foar it meastepart ôfstamje fan it súdlike diel fan 'e wiere Arapaho, dêr't de Nawatinehena yn opgien binne. Sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw hâlde de Súdlike Arapaho fral ta yn westlik Oklahoma, dêr't se tegearre mei de nau besibbe Súdlike Sjajinnen ien federaal erkende stamme foarmje, de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma. Dy stamme hat gjin eigen reservaat mear (hast gjin inkele stamme yn Oklahoma hat dat noch), mar it haadkertier is fêstige yn Concho. De stamme hie yn 2011 12.130 leden, wêrfan't yn 2003 likernôch 4.000 har identifearren as Arapaho. Dêrby moat oantekene wurde dat it troch it oanhâldende yninoar omtrouwen hieltyd dreger wurdt om noch te sizzen wa't in Arapaho en wa't in Sjajinne is. Dat wurdt ek wjerspegele yn 'e namme fan 'e stamme, dy't sûnt 2000 feroare is fan "Súdlike Sjajinne en Arapaho Stammen fan Oklahoma" (meartal) yn "Sjajinne en Arapho Stamme fan Oklahoma" (inkeltal). Guon Súdlike Arapaho iverje foar it winnen fan federale erkenning foar de Arapaho Stamme fan Oklahoma, it Arapaho-diel fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme, los fan it Sjajinske diel dus, mar dat liket net te einjen.
Skiednis
bewurkje seksjeIere skiednis
bewurkje seksjeMen is fan tinken dat de foarâlden fan 'e Arapaho fanôf 3000 jier tebek bewesten de Grutte Marren libbe hawwe moatte, om persiis te wêzen oan 'e Noardlike Reade Rivier, yn 'e hjoeddeiske Amerikaanske steat Minnesota en de Kanadeeske provinsje Manitoba. Hja ûnderholden har dêre as sedintêre lânbouwers dy't har benammentlik op it kultivearjen fan maïs taleine. Mei de foarfaars fan 'e Gro Wânt (Gros Ventre) foarmen se doedestiden noch ien folk, dat nauwe bannen ûnderhold mei de foarâlden fan 'e Sjajinnen (Cheyenne).
Op 'e flakten
bewurkje seksjeYn 'e santjinde of mooglik al yn 'e sechstjinde iuw waarden de Arapaho-Gro Wânt, yn 'e mande mei de Sjajinnen, troch de út it easten wei opkringende Odjibwe (Ojibwe) út 'e boskgebieten fan Minnesota en eastlik Manitoba de Grutte Flakten op dreaun. It liket derop de Besawûnena langer as de oare Arapaho yn 'e krite fan 'e Grutte Marren hingjen bleaun binne en pas nei ferrin fan tiid harren sibben folge binne nei de flakten. (De namme Bäsawunena, dy't oer it algemien ynterpretearre wurdt as "folk fan 'e grutte tinten", soe neffens in protte saakkundigen eins "folk fan 'e grutte marren" betsjutte.) Op 'e flakten oankommen libben de Arapaho earst yn 'e noardlike kontreien dy't fan 'e rivier de Súdlike Saskatchewan, yn Kanada, oant yn 'e hjoeddeistige steaten Montana en Wyoming en it westlike diel fan 'e Dakota's rûnen. Meitiid teagen se lykwols nei it súdwesten ta, dêr't se harren wengebiet fêstigen yn wat no de Amerikaanske steaten Wyoming en Kolorado en westlik Kansas en Nebraska binne. Koart nei 1700 kamen se foar it earst oan hynders (earder hiene se geandefoets op bizons jage), en namen se de hynstekultuer fan 'e súdliker Flaktestammen oer, dy't letter sa ferneamd wurde soe troch it literêre en filmsjenre fan 'e western.
Yn 1811 of dêromtrint sleaten de Arapaho in formeel bûnsgenoatskip mei de Sjajinnen (Cheyenne), dat oant hjoed de dei stânhâldt. Tegearre fochten de beide stammen yn it suden fan harren domein, yn 'e krite fan 'e Reade Rivier, tsjin 'e Komansjen (Comanche), Kajowa (Kiowa) en Flakte-Apachen. Dy striid waard yn 1840 beëinige, doe't der in fredesferdrach en sels in ferbûn sletten waard. De bekendste Arapaho-lieder dy't dêrby belutsen wie, wie it opperhaad Lytse Raven. Mei de stipe fan harren nije Kajowa-bûnsmaten wisten de Arapaho doe foar it earst troch te kringen yn 'e Teksaanske Panhandle. Ien Súdlike Arapaho-troep rekke sa nau ferbûn mei de Komantsjen dat se úteinlik de taal fan har bûnsgenoaten oernamen en as de Saria Tʉhka- of "Hûne-iters"-troep yn it Komantsjyske folksferbân opnommen waarden.
Oan 'e noardkant fan harren territoarium bedarren de Arapaho fia harren alliânsje mei de Sjajinnen, dat wer bûnsgenoaten wiene fan 'e Sû (Sioux), yn 'e ynfloedsfear fan dat machtige folk, dat de noardlike Grutte Flakten fierhinne dominearre. Fierders waard der fochten mei hast alle buorfolken: mei de Pâny (Pawnee), Omaha, Osadzje (Osage), Ponka (Ponca) en Kou (Kaw) yn it easten; mei de Krieën (Crow), Swartfuotten (Blackfeet), Gro Wânt (Gros Ventre), Arikara, Assiniboin (Assiniboine), Flakte-Kry (Plains Cree) en Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe) yn it noarden; mei de Sjosjoanen (Shoshone) en Jût (Ute) yn it westen; en mei de Apachen en inkeld de Navaho (Navajo) en Pueblo-Yndianen yn it suden.
De oarlochshannelings bestiene foar it meastepart út oerfallen op doarpen en fûleindich útfochten skermutselings oer en wer, en wiene ferspraat troch de tiid, dat it wie net altyd oarloch mei eltsenien. Krektoarsom, de Arapaho stiene bekend as trochkrûpte keaplju en ferhannelen fral fleis en hûden (mar ek ealstiennen dêr't se troch ruilhannel mei de stammen fan it Súdwesten oan kommen wiene) mei de Arikara, Mandan en Hidatsa (dy't foar in grut part lânbouwers wiene) foar nôt, pompoenen en beane.
Konflikten mei de blanken
bewurkje seksjeFan 'e 1850-er jierren ôf wiene der út en troch skermutselings tusken Arapaho-krigers en de Amerikanen, feroarsake troch de almar fierder geande kolonisaasje fan Yndiaansk lân troch de blanken. Yn novimber 1864 waard it freedsume doarp fan it Súdlik Sjajinske opperhaad Swarte Tsjettel, dy't in freon fan 'e Amerikanen wie, op ferriedlike wize oanfallen en útmoarde troch de territoriale milysje fan Kolorado, ûnder lieding fan kolonel John M. Chivington, wêrby't tusken de 150 en 200 Yndianen omkamen, meast froulju en bern. Ek guon Súdlike Arapaho dy't op dat stuit yn it doarp taholden (it opperhaad Lofterhân ynbegrepen), waarden slachtoffer fan dit Bloedbad fan Sand Creek.
Dy slachting feroarsake grutte ûnrêst en lulkens ûnder de Sjajinnen en de Arapaho, en joech de oanset ta de saneamde Kolorado-oarloch. Krigers fan 'e Oglala- en Brulee-substammen fan 'e Lakota-Sû kamen del út it noarden om har by de Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho te jaan, wêrnei't dy Yndiaanske koälysje de Amerikanen nederlagen tabrocht yn jannewaris 1865, yn 'e Slach by Julesburg, yn febrewaris fan dat jier, yn 'e Slach by Mud Springs, en yn july, yn 'e Slach by Platte Bridge. Under generaal Patrick E. Connor syn Powderrivierekspedysje, yn augustus 1865, waard yn 'e Slach oan de Tongue in Arapaho-doarp ferovere en útmoarde wylst de measte krigers op jacht wiene. Yn septimber namen de Arapaho wraak troch in ploech lânmjitters te deadzjen yn wat bekend kommen is te stean as it Sawyers-gefjocht.
Foar de Noardlike Arapaho gie de Kolorado-oarloch fan 1864-1865 frijwol naadleas oer yn 'e Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868), wêrby't in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho ûnder lieding fan it Oglala-opperhaad Reade Wolk focht om foar te kommen dat it Amerikaanske leger in rige forten stiftsje soe by it Bozeman Trail lâns, dat troch harren lân rûn. Yn dy oarloch wiene de Arapaho û.m. belutsen by it saneamde Fetterman-bloedbad of Fetterman-gefjocht, wêrby't de Yndianen in Amerikaansk kavalerydetasjemint fan 81 man ûnder lieding fan kaptein William J. Fetterman oan 'e lêste man ta útrûgen. Dat wie de grutste Amerikaanske nederlaach op 'e Grutte Flakten oant doe ta. De Oarloch fan Reade Wolk einige yn in oerwinning foar de Yndianen, dy't by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, yn 1868, grutte stikken lân taparte krigen.
Underwilens wiene der yn Kansas, Oklahoma en Teksas nei it Bloedbad fan Sand Creek fijannichheden útbrutsen tusken de Amerikanen en in alliânsje fan Súdlike Arapaho, Súdlike Sjajinnen, Komansjen, Kajowa en Flakte-Apachen. De oarlochssitewaasje yn it suden einige fierhinne mei de ûndertekening fan it Ferdrach fan Medicine Lodge, yn oktober 1867, wêrby't de Súdlike Arapaho in reservaat yn it westen fan it doetiidske Yndiaanske Territoarium (it tsjinwurdige Oklahoma) tawiisd waard. In minderheid fan 'e Súdlike Arapaho en Súdlike Sjajinnen (fan dy lêsten benammentlik de Hûnskrigers), wie op dat ferdrach tsjin en focht noch jierrenlang troch. De lêste grutskalige slach tusken de Arapaho en de Amerikanen wie de Slach by Summit Springs, fan july 1869, wêrby't de tsjinstanners fan it Ferdrach fan Medicine Lodge troch de Amerikanen útskeakele waarden as militêre macht fan betsjutting.
Yn 1876-1877 waard op 'e noardlike flakten noch de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 útfochten, mar de dielname fan 'e Noardlike Arapaho dêroan wie net grut. Dat wie benammentlik te tankjen (of te witen) oan opperhaden lykas Swarte Koallen, dy't ûnder eagen sjoen hie dat de ûngelikense striid tsjin 'e blanken net mei de wapens wûn wurde koe, en dêrom út alle macht besocht om it de Arapaho-krigers te ûntpraten om har yn dit konflikt wer by har Sjajinske en Lakota-bûnsmaten fan âlds te jaan. It meast ferneamde en teffens wichtichste treffen fan 'e Grutte Sû-Oarloch wie de Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske 7de Kavaleryrezjimint fan generaal George Armstrong Custer fierhinne ferdylgen.
Yn dy slach fochten neffens ien ferhaal mar fiif Arapaho-krigers mei, te witten de Noardlike Arapaho Giele Earn, Giele Mich, Lofterhân en Wetterman en de Súdlike Arapaho Wolwittende Man (ek wol bekend as Grien Gers). Hja wiene der fiifresom op útgien om 'e Sjosjoanen te oerfallen, mar waarden finzen nommen troch in grutte groep Lakota, dy't har foar ferkenners fan it Amerikaanske leger holden. It Sjajinske opperhaad Twa Moannen koe har lykwols werom, sadat se wer frijlitten waarden. Dy nacht bleaune se oer yn it grutte doarp fan 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen oan 'e Little Bighorn, dat de oare deis ûnferwachts oanfallen waard troch Custer en syn troepen. En sa fochten dy fiif mannen doe mei, wêrby't Wetterman nei eigen sizzen sa foaroan wie yn 'e striid dat er Custer stjerren seach. Nei't it skynt skeat Lofterhân yn 'e striid by fersin in Lakota dea dy't er oanseach foar in Arikara-ferkenner fan it Amerikaanske leger, wat de relaasjes tusken de fiif Arapaho en har gasthearen gjin goed die. Nei ôfrin fan 'e slach waarden se dêrom mar stil wei en kearden se werom nei har eigen folk by Fort Robinson, yn Nebraska. Neffens in oar ferslach focht der teminsten noch ien oare Arapaho mei yn 'e Slach oan de Little Bighorn, nammentlik it froulike kriichsopperhaad Tsjeppe Noas.
Nei ôfrin fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, doe't de Noardlike Arapaho al har lân oan kolonisaasje troch de blanken ferlearen, waarden se by de Eastlike Sjosjoanen yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming pleatst. De Súdlike Arapaho hiene al yn 1867 in reservaat krigen yn westlik Oklahoma, it Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat, dat se dielden mei de Súdlike Sjajinnen. Under de Wet-Dawes waard yn 1892 lykwols alle reservaatlân dat net yndividueel eigendom wie, frijjûn foar kolonisaasje troch de blanken. Mei de Wet-Curtis fan 1898 waarden alle Yndiaanske regearings yn Oklahoma opheft foarôfgeande oan it opnimmen yn 'e Amerikaanske Uny fan dat gebiet as in folweardige steat. Offisjeel hiet it dat Oklahoma oars sa'n soad reservaten hawwe soe, dat it ûnregearber wurde soe, mar eins wie it in ordinêr besykjen om 'e Yndianen te assimilearjen.
Yn 'e tweintichste iuw kaam Washington werom fan dat belied, mar tsjin dy tiid wie Oklahoma al in soevereine steat, en koe it nasjonaal regear Oklahoma net mear twinge om dy soevereiniteit werom te jaan oan 'e Yndianen. Likegoed besocht men manearen te finen om it wer wat goed te meitsjen, en in wichtige stap op dy wei wie it oannimmen fan 'e Oklahoma-Yndiaanske Wolwêzenswet fan 1936, dy't it begryp "eardere Yndiaanske reservaten yn Oklahoma" as in juridyske term yntrodusearre. Oan dy gebieten waarden tenei beskate foardielen takend dy't ek oan noch besteande reservaten tafoelen. As gefolch fan dizze wet koe yn 1937 de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma oprjochte wurde, sûnder reservaat, mar mei as juridyske lânbasis it eardere Sjajinne- en Arapaho-reservaat. Underwilens wie yn 1906, op lêst fan it Amerikaanske Kongres, in diel fan it Wind River Reservaat ôfpakt foar blanke kolonisaasje, en dêr ûntjoech him it stedsje Riverton. Mear as in iuw hold de tsierderij oer de status fan dat gebiet oan, oant yn desimber 2013 it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken, yn gearwurking mei beskate oare oerheidsorganen, kedize dat Riverton ûnderdiel fan it reservaat foarme (yn 2014 focht de steat Wyoming dit beslút by de rjochter oan).
Taal
bewurkje seksjeDe oarspronklike taal fan 'e Arapaho is it Arapaho, dat in Algonkwynske taal is. Harren eigen namme foar de taal is Hinóno’eitíít. It Arapaho wurdt skreaun mei in Latynsk alfabet dat mar 16 letters hat, wêrûnder opmerklikernôch it sifer 3, dat brûkt wurdt foar de stimleaze th ([θ]), lykas yn it Ingelske wurd "three". Neffens in skatting út 2008 soe it Arapaho noch mar sa'n 250 (meast âldere) memmetaalsprekkers hawwe, de measten fan it Noardlike Arapaho-dialekt yn Wyoming en mar in hantsjefol mear fan it Súdlike Arapaho-dialekt yn Oklahoma. Sûnt de tachtiger jierren wurdt der benammen ûnder de Noardlike Arapaho mei ynmoed krewearre om 'e taal te rêden, wat neffens sifers út 2007 resultearre hat yn in 1.000 jongere minsken dy't no it Arapaho as twadde taal (njonken it Ingelsk) sprekke.
Stamme-organisaasjes
bewurkje seksje- federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
Stamme | Etnyske groep(en) | Steat | Haadkertier | Populaasje | Opmerkings | |
---|---|---|---|---|---|---|
Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat Arapaho Tribe of the Wind River Reservation Hinono’eiteen |
Noardlike Arapaho | Wyoming | Fort Washakie | 9.900 | dielt it Wind River Yndianereservaat mei de Eastlike Sjosjoanestamme | |
Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma Cheyenne and Arapaho Tribe of Oklahoma |
Súdlike Sjajinnen, Súdlike Arapaho |
Oklahoma | Concho | 12.000 | wêrfan likernôch 4.000 Arapaho |
- stammen sûnder erkenning yn 'e Feriene Steaten
Stamme | Etnyske groep(en) | Steat | Haadkertier | Populaasje | Opmerkings | |
---|---|---|---|---|---|---|
Arapaho Stamme fan Oklahoma Arapaho Tribe of Oklahoma |
Súdlike Arapaho | Oklahoma | Concho | 4.000 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.
|