Goffer

(Trochferwiisd fan Gewoane goffer)

De goffer (wittenskiplike namme: Geomys bursarius), ek wol gewoane goffer neamd ta ûnderskie fan oare soarten goffers, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e goffers (Geomyidae) en it skaai fan 'e eastlike goffers of flaktegoffers (Geomys). Dit bist is de bekendste soarte goffer, dy't foarkomt op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika fan Denver yn it westen oant Chicago yn it easten, en fan súdlik Manitoba yn it noarden oant de Golf fan Meksiko yn it suden. De goffer is in herbivoar en in earsten graver, dy't mânske ûndergûnske hoalestelsels oanleit en inkeld boppe de grûn komt om iten te sykjen. Troch boeren en gazoneigners wurde goffers beskôge as pleachdieren. De IUCN klassifisearret de goffer as net bedrige.

goffer
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje goffers (Geomyidae)
skaai eastlike goffers (Geomys)
soarte
Geomys bursarius
Shaw, 1800
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De goffer is lânseigen op it grutste part fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika eastlik fan 'e Rocky Mountains. It ferspriedingsgebiet fan it bist beslacht de Amerikaanske steaten Iowa en Nebraska hielendal en de steaten Kansas en Oklahoma hast hielendal. Fierders komt er foar yn it westen fan Wiskonsin, Minnesota útsein it uterste noardeasten, de eastlike râne fan Noard-Dakota, de eastlike en súdlike rânen fan Súd-Dakota, it súdeasten fan Wyoming, it easten fan Kolorado en Nij-Meksiko, Teksas útsein de Rio Grandedelling, de noardwestlike helte fan Louisiana, it súdlike trijefearn fan Arkansas, it noarden en easten fan Missoery, dielen fan sintraal Illinois en noardwestlik Indiana. Dêropta is de goffer ek lânseigen yn in stikje fan it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba.

Fossilen fan 'e goffer binne folle fierder eastlik, oant yn eastlik Tennessee, oantroffen, wat derop wiist dat it bist oan 'e ein fan it Pleistoseen en it begjin fan it Holoseen in oansjenlik grutter ferspriedingsgebiet hie. Dat ûnderstipet de teory dat it prêrjebiotoop fan iepen flakten him doedestiden folle fierder nei it easten ta útstriek.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De goffer hat trochinoar in kop-romplingte fan 20–24 sm en in sturtlingte fan 5–11 sm. Der bestiet in oansjenlike seksuele dimorfy, mei't de mantsjes in stik grutter binne as de wyfkes. Mantsjes weagje 230–473 g, en wyfkes 128–380 g. De pels bestiet út koarte hierkes en is op 'e rêch en de siden brún oant swartich fan kleur, en op 'e bealch ljochtbrún of krêmkleurich. Op 'e boppekant fan 'e poaten groeie wite hierren. De sturt is ûnbegroeid en, yn ferhâlding ta de lichemslingte, koart.

Goffers binne goed oanpast oan in libben ûnder de grûn, mei lytse eachjes, koarte en ûnbehierre earkes en grutte foarpoaten mei mânske klauwen om mei te graven. De gewoane goffer ûnderskiedt him fan oare soarten goffers trochdat er syn snijtosken net ynset om te helpen by it graafwurk. Mar krekt as oare soarten goffers beskikt ek de gewoane goffer oer in pear eksterne wangpûden, dy't oer de bûtenkant fan 'e wangen hinne lizze. Dy binne ek oan 'e binnenkant mei hier begroeid en hawwe elts in iepening deunby de bek. Goffers brûke har wangpûden om der iten yn te sammeljen om mei te nimmen nei har hoale. Der past guod yn dat oant 7 sm lang is, mei't de wangpûden trochrinne oer de sydkanten fan 'e hals. Foar skjinmeitsjen kinne de wangpûden binnenstbûtenst keard wurde.

De goffer jout de foarkar oan djippe, sânige grûn. De pleatslike fegetaasje is fan minder belang as de grûnsoarte. Sadwaande komme goffers foar op 'e iepen flakte, mar ek ûnder greiden, boulân en sels yn stedske gebieten.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De goffer graaft in mânsk hoalestelsel, dêr't er yn ien wike tiid wol rom 20 m nije gongen oan tafoegje kin. De gongen befetsje ferskate nêsten fan gers en oare plantaardich materiaal dêr't er sliept, en dy't sa'n 50 sm ûnder de grûn lizze. Yn syn hoalestelsel bringt de goffer 72% fan 'e tiid troch. Hy komt allinne mar boppe de grûn om te foerazjearjen en, yn it gefal fan jonge eksimplaren, om by de mem wei te gean en in eigen territoarium te sykjen. Goffers binne winterdeis likefolle op 'e lapen as yn oare jiertiden. Oer de dei besjoen binne se it aktyfst yn 'e middei, tusken 13.00 en 17.00 oere, en jûns en nachts tusken 22.00 en 6.00 oere. Goffers libje solitêr en binne territoriaal en agressyf foarinoaroer, benammen as it giet om in konfrontaasje tusken mantsjes.

De iennichste tiid yn it jier mei in taname fan aktiviteit is foar de goffer de peartiid. Dy falt yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet, yn Wiskonsin, yn april en maaie, mar yn it suden fan it areaal, yn Teksas, rint er fan jannewaris oant septimber. De fuortplanting komt by goffers yn prinsipe mar ien kear yn 't jier foar, mar yn it waarmere klimaat fan Teksas, Nij-Meksiko en Louisiana kinne se har soms, yn in goed jier, twaris fuortplantsje. De draachtiid duorret by de goffer likernôch 30 dagen, mar by wittenskiplik ûndersyk is fêststeld dat wyfkes soms wol 51 dagen drachtich binne. It tinken is dat dat wiisd op in foarm fan ferlinge draachtiid.

It wyfke fan 'e goffer smyt in nêst dat trochinoar út 1–6 jongen bestiet. De jongen binne by de berte neaken en blyn en weagje likernôch 5 g. Mei 10 dagen begjinne se hier te krijen en mei 3 wiken geane de eagen iepen. Mei 5 wiken wurde se ôfwûn. Dêrnei bewege se har earst in lyts skoftke op eigen manneboet troch de gongen fan it hoalestelsel fan 'e mem, mar al rillegau ferlitte se dat hoalestelsel om in eigen territoarium te sykjen. Se berikke har folwoeksen lichemsgrutte en geslachtsripens as se likernôch 3 moanne âld binne.

 
In opset eksimplaar fan 'e goffer yn it Natoerhistoaryske Museum yn Doarnik.

De goffer is in herbivoar, dy't benammen plantewoartels fret, mar ek wol griene dielen fan planten. Goffers diele harren hoalestelsel mei dauwjirms en ferskate soarten ynsekten, lykas blêdteistertoarren (Scarabaeidae), iestoarren (Silphidae) en grotsprinkhoannen (Rhaphidophoridae), mar frette dat wrimelt net.

Natuerlike fijannen

bewurkje seksje

Natuerlike fijannen fan 'e goffer binne de prêrjekeningsslange, de westlike bolleslange en ferskate soarten rattelslangen, dy't de hoalestelsels fan goffers binnenkringe om 'e bewenners lytsman te meitsjen. Dêrnjonken steane goffers ek op it menu fan 'e prêrjewolf, ferskate soarten foksen, de sulverdas, ferskate soarten rôffûgels, lykas hauken en ûlen, en ferwyldere húskatten.

De goffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Mei't goffers greidlân en tunen ûndergrave en ferboude grienten oanfrette, wurde se troch boeren en gazonbesittende stedsjers beskôge en bestriden as pleachdieren, ferlykber mei hoe't de mol yn Fryslân behannele wurdt. Mar eins spilet de goffer in wichtige rol by it luchtich hâlden fan 'e grûn, it tsjingean fan oerstreamings trochdat oerstallich wetter fia de hoalestelsels ôffierd wurdt, en it befoarderjen fan it bioferskaat fan planten.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne acht (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e goffer (Geomys bursarius):

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.