Amoer (oblast)
De oblast Amoer (Russysk: Амурская область; Amoerskaja oblast) is in oblast yn it Aziatyske diel fan de Russyske Federaasje.
Amoer oblast
Амурская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Fiere Easten |
ekonomyske regio | Fiere Easten |
haadplak | Blagovesjtsjensk |
grutste plak | Blagovesjtsjensk |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen 93,43% Oekraïners 2%, Wyt-Russen 0,5% (Stân 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 772.525 (2022) |
oerflak | 361.908 km² |
befolkingstichtens | 2,13 ynw./km² |
oar | |
stifting | 2 augustus 1948 |
tiidsône | UTC+9 |
koördinaten | 53° 27' N 50° 27' E |
webside | www.amurobl.ru |
De oblast leit yn it federaasjedistrikt Fernost oan de Sjneeske grins, dy't troch de rivier de Amoer ôfbeakene wurdt. Belangrike sydrivieren yn de oblast binne de Seja en de Bûreja. It Stanovoiberchtme foarmet de natuerlike grins mei de republyk Sacha.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de 17e iuw waard in begjin makke oan de kolonisaasje fan it gebiet troch Russen, mar dy sette fral yn de 19e iuw troch. De hjoeddeiske haadstêd Blagovesjtsjensk waard yn 1858 stifte. De tsjitnwurdige oblast waard op 20 oktober 1932 stifte as in ûnderdistrikt fan de Fier-eastlike kraj (sûnt 1938 kraj Chabarovsk). Sûnt 1948 is de oblast Amoer selsstannich.
Ekonomy
bewurkje seksjeYn de boaiem wurde û.o. koal en goud fûn. De winning fan enerzjy, de metaalferwurking en de houtyndustry binne wichtige sektoaren yn de ekonomy fan de oblast.
De 'Gasferwurkingsfabryk Amoer' by de stêd Svobodny is yn syn soarte ien fan de grutste fan 'e wrâld.
Bestjoerlike yndieling en stêden
bewurkje seksjeDe oblast Amoer is yn 20 rajon's en 9 stedsdielen ferdield. Haadstêd is Blagovesjtsjensk. Meiïnoar binne der 10 stêden en 15 plakken mei in stedsk karakter.
Grutste stêden | Russysk | Ynwenners | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|
Blagovesjtsjensk | Благовещенск | 224.962 (2022) | 50° 15' N 127° 32' E | |
Belogorsk | Белогорск | 64.502 (2021) | 50° 55' N 128° 29' E | |
Svobodny | Свободный | 52.918 (2021) | 51° 23' N 128° 08' E | |
Tynda | Тында | 32.894 (2021) | 55° 09' N 124° 43' E | |
Zeja | Зея | 22.714[ (2021) | 53° 44' N 127° 15' E | |
Raitsjichinsk | Райчихинск | 20.534 (2021) | 49° 48' N 129° 24' E |
Befolking
bewurkje seksjeIt ynwennertal fan de oblast rint al sûnt 1989 tebek. Neffens de sifers fan 2010 foarmje de Russen 93,43% fan de befolking. De iennige minderheid it neamen wurdich is de Oekraynske minderheid, mar harren oandiel yn de befolking is fan 3,49% yn 2002 nei 2% yn 2010 tebek rûn.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeJier | 1858 | 1870 | 1897 | 1926 | 1939 | 1945 | 1959 | 1970 | 1980 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 2.950 | 24.315 | 120.306 | 395.783 | 448.259 | 431.100 | 717.514 | 793.449 | 954.000 | 1.057.781 | 902.844 | 772.525 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Amur
|