Tsjeljabinsk (oblast)

(Trochferwiisd fan Oblast Tsjeljabinsk)

De oblast Tsjeljabinsk (Russysk: Челябинская область, Tsjeljabinskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn de Russyske Federaasje. It bestjoerlike sintrum is de stêd mei deselde namme.

Oblast Tsjeljabinsk

Челябинская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Oeral
ekonomyske regio Oeral
haadplak Tsjeljabinsk
grutste plak Tsjeljabinsk
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (81,41%)
Tataren (5,2%)
Basjkieren (4,67%)
(sifers 2010)
sifers
ynwennertal 3.418.606 (2022)
oerflak 88.529 km²
befolkingstichtens 38,62 ynw. / km²
oar
stifting 1943
tiidsône UTC+5 MSK+2
koördinaten 54° 32' N 60° 20' E
webside www.pravmin74.ru
 
Sicht fan de Nûgûsj-berch op de Zjûratkûlmar

De oblast grinzget oan Kazachstan yn it súdeasten, de oblast Oarenburch yn it suden, Basjkortostan yn it westen, de oblast Sverdlovsk yn it noarden en de oblast Koergan yn it easten.

Wat it lânskip oanbelanget hat de oblast in grut ferskaat. It eastlike diel fan de oblast leit yn de súdlike Oeral en it westlike diel foarmet it begjin fan it West-Sibearyske Leechlân. Njonken leechlân en heuveleftige flaktes hat it ek bergen. It heechste punt is de Nûgûsj-berch mei 1.406 meter. Yn de bergen lizze ferskillende sky-gebieten. Der binne 348 rivieren langer as 10 km; wêrfan 17 langer as 100 km. Sân rivieren dy't troch de oblast streame binne langer as 200 km: de Miass, de Uj, de Oeral, de Ai, de Ufa, de Uvelka, en de Gûmbeika.

Yn de oblast lizze 3.748 marren en markes, dy't fral yn it noardlike en eastlike diel lizze. In soad marren lykas de Toergojak-, Zjûratkûl- en Itkûlmar hawwe namme fanwegen it skjinne wetter en meitsje toerisme mooglik.

Troch de oblast rint de grins fan Europa en Aazje. Súdlik fan Zlatûst stiet op de berchkaam Oeraltaû oan de M5 in stiennen monumint mei op de iene kant de namme 'Europa en de oare kant 'Aazje'. De stêden Zlatûst, Katav-Ivanovsk en Satka lizze yn Europa, Tsjeljabinsk, Troitsk en Miass yn Aazje. De stêd Magnitogorsk leit yn beide wrâlddielen.

It klimaat is kontinintaal mei kâlde winters en waarme simmers.

Eartiids wennen Basjkieren yn it gebiet. Hja libben dêr iuwen ûnder Mongoalsk bewâld.

Sûnt de 16e iuw hearde it gebiet by it tsaristyske Ruslân, mar pas yn de iere 18e iuw setten de earste Slaven harren dêr nei wenjen. Yn septimber 1736 stifte de Tataarske kolonel Kûtlû-Mohammed Tevkelev (1674-1766; russifisearre namme: Aleksei Ivanovitsj Tevkelev), op de rjochter igge fan de Miass it fort fan Tsjeljabinsk. By in grutte opstân fan de Basjkieren yn de jierren 1735-1740 weefde hy tige wreed ôf mei it ferset, wêrby't in soad Basjkierske doarpen platbaarnd en tûzenen minsken fermoarde waarden.

 
Tsjeljabinsk

Yn 1737 waard de provinsje Iset stifte, wêrfan't Tsjeljabinsk sûnt 1743 de haadstêd wie. Fan 1744 oant 1919 foel de provinsje Iset mei de provinsje Ufa ûnder it gûvernemint Oarenburch. Op 27 augustus waard it gûvernemint Tsjeljabinsk oprjochte, dat lykwols mar oant 3 novimber 1923 bestie en doe oergyng yn de oblast Oeral. Op 17 jannewaris 1934 waard dy oblast opdield en ûnstie de hjoeddeiske oblast Tsjeljabinsk. Op 6 febrewaris 1943 waard in diel ôfskuord foar de oprjochting fan de oblast Koergan en sûnt binne de grinzen net mear feroare.

 
Spoar fan de meteoritenstoarm yn 2013

Nei de oanlis fan it Trans-Sibearyske spoar yn de twadde helte fan de 19e iuw woeks it ynwennertal hurd.

Op de freedtemoarn fan 15 febrewaris 2013 sloech om 09:15 oere in meteoritestoarm op de oblast del. Mear as tûzen minsken rekken ferwûne. It dak fan in gebou fan in sinkfabryk yn Tsjeljabinsk stoartte nei meteoritehagel yn. De meteoritestoarm is mei ôfbylden en filmmateriaal goed dokumintearre; teminsten seis stêden waarden troffen, mei fral in soad skea oan de dakken.

De oblast hat in hege yndustriële produksje. Metallurgy nimt it wichtichste plak yn. Fierder is der masinebou en metaalbewurking. De oblast is ryk oan grûnskatten lykas izer, koper, nikkel, sink, magnesyt en brúnkoal. Yn it gebiet binne ek in soad wapenfabriken. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny wie de oblast dêrom net frij tagonklik.

 
Himelfeartkatedraal, Tsjeljabinsk

De oblast is ien fan de tichtstbefolke gebieten fan de Oeral. De grutste befolkingsgroepen binne neffens de folkstelling fan 2010 Russen (83,8%), Tataren (5,36%) en Basjkieren (4,81%). De grutste religy fan it gebiet is de russysk-otterdoksy. Dêrnjonken is der ek in islamityske minderheid.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 1.052.000 1.729.000 2.979.000 3.289.000 3.439.000 3.626.000 3.603.300 3.418.606

Bestjoerlike yndieling en stêden

bewurkje seksje
 
Gûverneursgebou fan de oblast

De oblast is yn 27 rajons en 16 stedsdistrikten ûnderferdield. Fjouwer fan de stedsdistrikten binne saneamde sletten stêden.

Meiïnoar binne der yn de oblast 30 stêden en 13 plakken mei in stedsk karakter.

Wapen Namme Russyske namme stedsdistr./rajon Ynwennertal Stifting Stêd sûnt Lokaasje
  Asja Аша rajon Satka 29.066 1898 1933 55° 00' N 57° 15' E
  Bakal Бакал rajon Satka 18.706 1757 1951 54° 56' N 58° 48' E
  Verchneûralsk Верхнеуральск Rajon Verchneûralsk 9.282 1734 1781 53° 53' N 59° 13' E
  Verchni Ufalei Верхний Уфалей stedsdistrikt 26.444 1761 1941 56° 03' N 60° 14' E
  Jemansjelinsk Еманжелинск Rajon Jemansjelinsk 28.216 1931 1951 54° 45' N 61° 19' E
  Zlatûst Златоуст stedsdistrikt 162.148 1754 1865 55° 10' N 59° 40' E
  Karabasj Карабаш stedsdistrikt 10.756 1822 1933 55° 29' N 60° 12' E
  Kartaly Карталы rajon Kartaly 28.227 1810 1944 53° 03' N 60° 39' E
  Kasli Касли rajon Kasli 15.673 1747 1942 55° 53' N 60° 45' E
  Katav-Ivanovsk Катав-Ивановск rajon Katav-Ivanov 15.495 1755 1939 54° 45' N 58° 12' E
  Kopeisk Копейск stedsdistrikt 147.634 1907 1933 55° 06' N 61° 37' E
  Korkino Коркино Rajon Korkino 34.014 1789 1942 54° 53' N 61° 24' E
  Kûsa Куса rajon Kûsa 16.722 1778 1943 55° 20' N 59° 26' E
  Kysjtym Кыштым stedsdistrikt 36.243 1757 1934 55° 42' N 60° 33' E
  Magnitogorsk Магнитогорск Stedsdistrikt 413.253 1743 1931 53° 23' N 59° 02' E
  Miass Миасс stedsdistrikt 150.914 1773 1919 55° 03' N 60° 06' E
  Minjar Миньяр Rajon Asja 150.914 1773 1919 55° 04' N 57° 33' E
  Ozjorsk Озёрск stedsdistrikt (ZATO) 78.440 1945 1954 55° 45' N 60° 43' E
  Plast Пласт rajon Plast 17.273 1940 1940 55° 22' N 60° 49' E
  Satka Сатка rajon Satka 41.309 1758 1758 55° 03' N 59° 03' E
  Sim Сим rajon Asja 12.501 1759 1942 54° 59' N 57° 41' E
  Snesjinsk Снежинск stedsdistrikt (ZATO) 51.751 1957 1993 56° 05' N 60° 44' E
  Trjochgorny Трёхгорный stedsdistrikt (ZATO) 32.665 1952 1955 54° 48' N 58° 27' E
  Troitsk Троицк stedsdistrikt 73.421 1743 1784 54° 05' N 61° 34' E
  Tsjebarkûl Чебаркуль stedsdistrikt 41.310 1736 951 54° 58' N 60° 22' E
  Tsjeljabinsk Челябинск stedsdistrikt 1.179288 1736 1781 55° 09' N 61° 24' E
  Ust-Katav Усть-Катав stedsdistrikt 21.803 1758 1942 54° 56' N 58° 10' E
  Jûzjnoûralsk Южноуральск rajon Kasli 37.561 1948 1963 54° 27' N 61° 15' E
  Jûrjûzan Юрюзань rajon Katav-Ivanovsk 10.908 1758 1943 54° 52' N 58° 26' E

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Tscheljabinsk

  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 30 augustus 2022

Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·