Skotsk

Westgermaanske taal
(Trochferwiisd fan Aldskotsk)

It Skotsk (Skotsk: Scots) is in Westgermaanske taal, dy't fan âlds sprutsen wurdt yn in grut diel fan Skotlân. Om't it taalgebiet benammen it Skotske leechlân omfiemet, wurdt dizze taal inkeld ek wol oantsjut as Leechlânsk-Skotsk. Troch migraasje fan Skotten dêrhinne, wurdt it Skotsk sûnt de santjinde iuw ek sprutsen yn Noard-Ierlân en it noarden fan 'e Ierske Republyk. It Skotsk moat net betize wurde mei it Skotsk-Gaelysk, de Keltyske taal fan 'e Skotske Heechlannen en de Hebriden, en allikemin mei it Skotsk-Ingelsk, it dialekt fan 'e Ingelske taal sa't dy yn Skotlân sprutsen wurdt.

Skotsk
algemien
oare namme(n) Leechlânsk-Skotsk
eigen namme Scots
lânseigen yn Feriene Keninkryk
Ierlân
tal sprekkers 165.000 (2011)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Angelsaksysk
          ● Skotsk
dialekten Eilânskotsk, Middenskotsk,
Noardskotsk, Stedskotsk,
Súdskotsk, Ulsterskotsk
taalstatus
offisjele status gjin offisjele status
erkenning as
minderheidstaal
Feriene Keninkryk
   ● Skotlân
   ● Noard-Ierlân
Ierlân
taalkoades
ISO 639-2 sco
ISO 639-3 sco

Oant it ferlies fan 'e Skotske ûnôfhinklikens, yn 1707, wie it Skotsk de bestjoerstaal fan Skotlân, mar nei't it troch de uny mei Ingelân alle politike status kwytrekke wie oan it Ingelsk, ferlear it ek syn maatskiplik oansjen. Dêrnei waard it lange tiid beskôge waard as in Ingelsk dialekt, mar sûnt 1997 wurdt it Skotsk troch it Britske regear erkend as in lânseigen minderheidstaal. Neffens de Britske folkstelling fan 2011 waard it Skotsk doe yn it Feriene Keninkryk troch 155.000 minsken as memmetaal sprutsen. It tal sprekkers yn Ierlân leit om 'e 10.000 hinne.

Hoewol't de offisjele namme fan 'e taal gewoan "Skotsk" is, wurde soms oare nammen oanholden om it ûnderskie mei de oare talen en dialekten yn Skotlân dúdliker te meitsjen. Sa is der de oantsjutting Leechlânsk-Skotsk, yn it Ingelsk: Lowland Scots, om't it taalgebiet benammen it Skotske leechlân omfiemet. Yn it Skotsk wurdt dan fan Lallans sprutsen, in gearlûking fan it oarspronklike Lawlands, "Leechlânsk". Oare nammen foar it Skotsk binne Braid Scots ("Breedskotsk") en Doric ("Doarysk"), hoewol't dat eins in namme is foar it Sintraal Noardskotsk, in subdialekt dat westlik en noardlik fan Aberdeen sprutsen wurdt. Yn Noard-Ierlân hjit it Ulsterskotske dialekt yn 'e eigen taal Ulstèr-Scotch, mar tsjintwurdich wurdt dat ek wol gauris oantsjut as Ullans, in neologisme dat Ulster en Lallans mei-inoar kombinearret.

Taalbesibskip

bewurkje seksje

It Skotsk is it naust besibbe oan it Ingelsk en in pear útstoarne taalfarianten dy't foarhinne yn Ierlân sprutsen waarden, it Yola en it Fingaalsk. Mei-inoar foarmje dy fjouwer talen de Angelsaksyske taalgroep, dy't weromgiet op it Angelsaksysk fan 'e Angelen en de Saksen. Mei de Fryske taalgroep makket dy Angelsaksyske taalgroep de Noardwestgermaanske talen op, dy't sels mei û.m. it Nederlânsk en it Dútsk wer diel útmakket fan 'e Westgermaanske taalkloft. Mei de Noardgermaanske talen (Noarsk, Deensk, Sweedsk, ensfh.) foarmje de Westgermaanske talen de Germaanske taalfamylje, en dy heart wer ta de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, yn 'e mande mei û.o. de Keltyske, Romaanske, Slavyske en Yndo-Iraanske talen.

 
De lokaasje fan it Skotske taalgebiet (read). De rest fan Skotlân is yn ljochtgriis oanjûn.

It taalgebiet fan it Skotsk omfiemet it hiele leechlân fan Skotlân, fan 'e Ingelske grins yn it suden oant de Skotske Heechlannen yn it noardwesten. Fierders hearre ek de Orkney- en Sjetlâneilannen, dy't benoarden Skotlân yn 'e Noardsee lizze, ta it Skotske taalgebiet, mei dêropta de noardeastpunt fan it skiereilân Caithness, oftewol it gebiet om it plak Thurso hinne, dat yn it uterste noarden fan it Skotske fêstelân leit. De Orkney- en Sjetlâneilannen en de krite om Thurso hinne waarden yn 'e Midsiuwen kolonisearre troch Noarske Wytsingen, en sadwaande waard yn dy kontreien foarhinne Norn sprutsen, in Noardgermaanske taal, dy't lykwols yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw útstoarn is.

Yn Noard-Ierlân falt it Skotske taalgebiet útinoar yn twa aparte gebieten. Dat binne it eastlike diel fan it súdeastlike greefskip Down, oan 'e eastkust fan Noard-Ierlân, en it noarden fan 'e noardwestlike greefskippen Antrim en Derry, oan 'e noardkust. Yn 'e Ierske Republyk binne de Skotsksprekkers konsintrearre yn it sintrale diel fan it noardwestlike greefskip Donegal, tsjin 'e westgrins fan Noard-Ierlân oan.

It Angelsaksyske tiidrek

bewurkje seksje

Yn 'e fyfde iuw ferlieten de Angelen en de Saksen massaal harren heitelân yn noardlik Dútslân om as ûnderdiel fan it Grutte Folkeferfarren fan it Jeropeeske fêstelân oer te stekken nei de Britske Eilannen. Dêrby namen se harren Germaanske dialekten mei, dy't har yn harren nije lân ûntjoegen ta it Angelsaksysk (of Aldingelsk). Yn 'e sânde iuw stiften de Angelen yn noardlik Ingelân it keninkryk Noardumbrje, en fan dêrút begûnen se yn 'e achtste iuw oan in opmars yn súdlik Skotlân, ta skea fan 'e ûnderskate riken fan 'e Brytoanyske Kelten dêre. Op it hichtepunt fan har macht behearsken de Angelen it hiele súdeasten fan Skotlân, oan Edinburch ta, en hiene se ek it uterste súdwesten fan it lân, oant en mei de Flakte fan Kyle, yn 'e besnijing. Fan likernôch 800 ôf brochten ynterne strideraasjes en ynfallen fan 'e Wytsingen harren hegemony lykwols ûnder fuotten, en neitiid waard súdeastlik Skotlân ferovere troch it mienskiplik keninkryk fan 'e Pikten en de Gaelen, dêr't him it Keninkryk Skotlân út ûntwikkele.

Underwilens hie it Noardumbryske Angelsaksysk him tsjin 'e ein fan 'e sânde iuw foargoed yn it súdeasten fan Skotlân fêstige, alhiel oan 'e rivier de Forth ta, en de ferskowende grinzen feroaren dêr letter neat mear oan. Wylst it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân doedestiden de bestjoers- en hoftaal wie, bleau it súdeasten in Angelsaksysktalich gebiet, dêr't him geandewei de tolfde en trettjinde iuw in wat ôfwikende foarm fan it Midingelsk ûntjoech, dy't Aldskotsk (of Ier Skotsk) neamd wurdt. De wichtichste reden dêrfoar wie de ymmigraasje fan Angelsaksen út it noarden en de midden fan Ingelân wei, wa har spraakgebrûk in sterke ynfloed fan it Deensk ûndergien hie. Lettere ynfloeden op it Skotsk kamen benammen fan it tsjerklik en juridysk Latyn, fan it Normandyske Frânsk fan in protte nijynkommen eallju en fan it Paryske Frânsk fia de Auld Alliance, it iuwenlange bûnsgenoatskip tusken Skotlân en Frankryk. Hoewol't de ynfloed fan it Latyn op it Ingelsk likernôch itselde west hawwe sil, krige it Skotsk folle minder en oare ynfloeden fan it Frânsk te ferduorjen. Boppedat wiene der noch oare ynfloeden dy't de kleau mei it Ingelsk grutter makken, wêrûnder dy fan it Nederlânsk en Nederdútsk fia de hannel, en troch ûntliening út it Skotsk-Gaelysk.

 
De histoaryske útwreiding fan it Skotske taalgebiet yn Skotlân en Ierlân:
     Skotsk taalgebiet yn de 9e iuw
     útwreiding oant begjin 15e iuw
     útwreiding oant mids 20e iuw

It Aldskotske tiidrek

bewurkje seksje

Fan 'e trettjinde iuw ôf begûn it taalgebiet fan it Skotsk him út te wreidzjen, wêrby't it bûten it oarspronklike súdeasten it earst oannommen waard yn 'e stêden. Tsjin it begjin fan 'e fjirtjinde iuw hie it Skotsk, dat almar oanwûn oan prestiizje, it Frânsk, dat doe yn Skotlân krekt yn it neigean rekke, ferfongen as de wichtichste skriuwtaal yn it grutste part fan it easten fan it lân. Foar de fyftjinde iuw wie it trouwens sa dat de namme "Skotsk" (Scottis) foarbeholden wie oan it Keltyske Skotsk-Gaelysk, wylst it Leechlânsk-Skotsk fan Inglis of Ynglis ("Ingelsk") neamd waard.

Om 1400 hinne hie it Skotsk him lykwols ta in aparte taal ûntwikkele, dy't dúdlik net deselde wie as de taal dy't oare kant de grins yn Ingelân sprutsen waard, mar dy't noch in eigen namme miste. Fanôf likernôch 1495 waard it wenst om mei Scottis it Skotsk oan te tsjutten, wylst men doe foar it Skotsk-Gaelysk fan Erse ("Iersk") begûn te sprekken. Dat jout moai it omslachpunt oan wêrby't it Skotsk de machtsstriid mei it Skotsk-Gaelysk yn syn foardiel wist te besljochtsjen: foartiid waard it Skotsk as in frjemde taal sjoen ("Ingelsk"); no begûn men it Skotsk-Gaelysk as in frjemde taal te sjen ("Iersk"). De oergong fan it Aldskotsk nei it histoaryske tiidrek fan it Midskotsk wurdt ornaris om 1500 hinne lein, en falt dus ek sa'n bytsje gear mei dy ûntwikkeling.

It Midskotske tiidrek

bewurkje seksje

Tsjin 'e sechstjinde iuw hie it Midskotsk in eigen stavering en literêre noarmen ûntjûn, dy't dúdlik oars wiene as dy't yn Ingelân foar it Ingelsk ûntwikkele waarden. Tusken 1610 en de 1690-er jierren ferfearen ûnder de saneamde Plantaazje fan Ulster likernôch 200.000 protestantske, Skotsksprekkende Leechlanners nei it noarden fan Ierlân, dêr't se har úteinlik ûntwikkelje soene ta de Ulsterske folksgroep, dy't yn 'e rest fan 'e wrâld better bekend is as de protestantske Noardieren. Hoewol't der ek Ingelske kolonisten wiene dy't har noardlik Ierlân nei wenjen setten, wiene der fiif of seis kear safolle Skotten.

Underwilens wie it Skotsk fan 'e fyftjinde iuw ôf ûnder groeiende ynfloed fan it dominantere Ingelsk kommen te stean. Fral tige wichtich wie dêrby dat de earste printparse yn 1476 yn Londen ynstallearre waard, mar dat Skotlân pas tritich jier letter syn earste printparse krige. Tsjin dy tiid wiene in protte teksten, lykas de Sjenêvebibel, in oersetting fan 'e Bibel, al yn it Ingelsk yn Skotlân ferspraat. In oare neidielige ûntwikkeling foar it Skotsk wie dat de Skotske kening Jakobus VI yn 1603 op 'e Ingelske troan kaam, mei as gefolch dat Skotlân en Ingelân yn in personele uny mei-inoar ferbûn waarden en it Skotske Keninklik Hof nei Londen ferhuze, dêr't de Skotske hofdichters de Ingelske taal oernamen. Mei't der doe noch altyd gjin Skotske bibeloersetting wie, naam de Tsjerke fan Skotlân yn 1611 de Ingelsktalige King James Bible oan as de offisjele ferzje fan 'e Bibel, sadat it Skotsk fierhinne út 'e tsjerke ferballe waard.

It Nijskotske tiidrek

bewurkje seksje

Doe't Skotlân en Ingelân yn 1707 ek in politike uny oangiene, wêrby't Skotlân syn ûnôfhinklikens ferlear, sadat it eigen Skotske regear en parlemint opheft waarden, ferlear it Skotsk foargoed syn status fan bestjoerstaal. Op dit punt wurdt ornaris de oergong fan it Midskotsk nei it Nijskotsk lein. Neitiid besochten in protte lju yn liedingjaande posysjes yn it lânsbestjoer en it ûnderwiis it near te lizzen op it gebrûk fan it Skotsk, fral as skriuwtaal, mar ek as sprektaal. In protte Skotske notabelen út dy tiid, lykas David Hume en Adam Smith, woene har langer ek net mear Skotten neame, mar meaten harsels de namme "Noardbritten" oan. Hja diene alle war om har fan it Skotsk te ûntdwaan, mei't it Ingelsk de iennichste offisjele taal fan it nije feriene keninkryk Grut-Brittanje wie. Likegoed wiene der ek Skotten dy't har neat oan 'e nije moade gelegen lizze lieten, lykas Alexander Boswell, in lid fan it Heechgerjochtshôf fan Skotlân, dy't yn syn funksje as rjochter Skotsk prate en ta argewaasje fan guon tiidgenoaten sels yn syn skriuwen skottisismen net mijde. Oan it miene folk, dat noch in protte mei skriuwen op hie, noch folle omgong mei de heechste klassen hie, gie dizze ûntwikkeling fierhinne foarby, sadat it Skotsk tsjin 1800 fierhinne de sprektaal fan 'e gewoane man wurden wie.

 
It stânbyld fan 'e Skotsktalige dichter Robert Burns yn 'e Australyske haadstêd Canberra.

Oan 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw waard it Skotsk as skriuwtaal nij libben ynblazen troch skriuwers as Robert Burns, Allan Ramsay en James Orr, dy't troch eleminten út ferskate dialekten te brûken in nije standerttaal ûntwikkelen. Dat late derta dat yn 'e Fiktoriaanske Tiid Skotske kranten geregeldwei artikels en kommentaar yn it Skotsk werjoegen. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw sakke dizze oplibbing lykwols wer fuort, en de standerttaal fan Burns-en-dy rekke yn 't ferjit, sadat der op it stuit gjin algemien akseptearre standert mear bestiet.

Tsjin 'e 1940-er jierren fûn de ôfdieling Underwiis fan it Britske ministearje fan Skotske Saken dat it Skotsk "nearne de taal is fan lju dy't ûnderwiis genoaten hawwe, en net omskreaun wurde kin as in gaadlike drager foar ûnderwiis of kultuer." Der mocht dan op 'e skoallen yn Skotlân ek gjin Skotsk mear sprutsen wurde, en hoewol't de learlingen nei skoaltiid ûnderinoar oergiene ta it Skotsk, bemjuksen se generaasje nei generaasje almar mear Ingelsk yn harren praat. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw krige dat proses noch mear faasje troch de ynfloed fan 'e (Ingelsktalige) massamedia. Tsjin 'e milenniumwiksel wie it Skotsk yn in grut part fan it Skotske leechlân op it rântsje fan it útstjerren brocht.

Sûnt likernôch 2000 is de hâlding fan 'e oerheid en it ûnderwiis foar it Skotsk oer wat feroare. Dat is fierhinne te tankjen oan it feit dat Skotlân sûnt 1999 in beheinde foarm fan selsbestjoer hat. Hoewol't it Skotsk nearne brûkt wurdt as ûnderwiistaal, wurdt der op in protte plakken yn it Skotske taalgebiet (fral op it plattelân) op skoalle no in beskate oandacht oan it Skotsk bestege. Dat bart oer it algemien lykwols as ûnderdiel fan 'e lessen Ingelsk, en hâldt meastal net folle mear yn as it lêzen fan in stikje Skotske literatuer en it beskôgjen fan it pleatslike dialekt. In protte fan it ûnderwiismateriaal foar sokke lessen is eins net yn it Skotsk skreaun, mar yn Standertingelsk dat in bytsje oanklaaid is as Skotsk, en dat hat sawol foar- as tsjinstanners fan Skotsk ûnderwiis ta razernij brocht. Wol bestiet der no in universitêre learstoel Skotsk. Bûten it ûnderwiis bliuwt it gebrûk fan it Skotsk yn 'e regel lykwols beheind ta sitewaasjes dêr't it gaadlik foar achte wurdt, lykas komeedzje, kulturele gearkomsten en werjeften fan 'e "dagen fan alearen". Serieus gebrûk foar nijs, ensyklopedyen, dokumintêres, polityk, ensfh. komt selden foar, al jout de webside fan it Skotske Parlemint al wat ynformaasje yn it Skotsk.

Ien fan 'e alderierste wurken fan 'e Skotske literatuer is it fjirtjinde-iuwske epos Brus, fan John Barbour, oer kening Robert de Bruce. Ut 'e fyftjinde iuw datearje Cronykil, fan Andrew fan Wyntoun, en The Wallace (oer William Wallace), fan Bline Harry. Fan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw ôf waard in protte literatuer skreaun troch hofdichters oan it Skotske Keninklik Hof en wittenskippers oan 'e Universiteit fan St. Andrews, lykas Robert Henryson, William Dunbar, Gavin Douglas en David Lyndsay. The Complaynt of Scotland wie ien fan 'e earste printe útjeften yn it Skotsk. De Eneados, Gavin Douglas syn oersetting fan 'e Aeneïs, fan Fergilius, kaam yn 1513 út.

 
Foarside fan it Nije Testamint yn it Skotsk (fert. William Wye Smith).

Fan 'e ein fan 'e santjinde iuw ôf naam de feringelsking fan 'e Skotske skriuwtaal ta. Om dy tiid hinne waarden in protte mûnlinge ballades út it súdlike grinsgebiet en it noardeasten skriftlik fêstlein. Skriuwers út dy snuorje wiene û.m. Robert Sempill, Robert Sempill de Jongere, Francis Sempill, lady Elizabeth Wardlaw en lady Grizel Baillie. Oan 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw waard it Skotsk as skriuwtaal nij libben ynblazen troch skriuwers as Robert Burns, Allan Ramsay, James Orr en Robert Fergusson. Ek sir Walter Scott yntrodusearre Skotsk yn syn wurken, mar benammentlik as dialooch. Lettere skriuwers, lykas Robert Louis Stevenson, William Alexander, George MacDonald, J.M. Barrie en Ian Maclaren diene itselde.

Nei in weisinking oan 'e ein fan 'e Fiktoriaanske Tiid en yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw fûn der fan likernôch de Earste Wrâldoarloch in lytse renêssânse yn 'e Skotske literatuer plak. In wichtich plak naam dêrby yn Hugh MacDiarmid, dy't mei syn ferneamde gedicht A Drunk Man Looks at the Thistle (1926) witwat die om sjen te litten dat men mei it Skotsk as skriuwtaal alle einen en kanten út koe. Oare skriuwers út dy tiid wiene Douglas Young, John Buchan, Sidney Goodsir Smith, Robert Garioch, Edith Anne Robertson en Robert McLellan.

Nei de Twadde Wrâldoarloch ferskynde yn 1955 it boek Bairnsangs ("Bernesankjes"), wêryn't Sandy MacMillan, Thomas Limond en A.L. Taylor de sliep- en oare bernelietsjes fan it Skotsk fêstleine. Yn dyselde tiid wûn de dichter Alexander Gray yn Skotlân faam mei syn oersettings fan poëzij yn it Skotsk. Yn 1983 kaam fierders in moderne oersetting fan it Nije Testamint út, dy't makke wie troch William Laughton Lorimer. Oare resinte fertalings yn it Skotsk wiene û.m. Tartuffe, fan Molière, troch Liz Lochhead; de poëzij fan Katullus, troch Alexander Hutchison, en de Rubaiyat fan Omar Khayyam, dy't yn 2004 troch Rab Wilson nei it Skotsk oerbrocht waard.

Maatskiplike status

bewurkje seksje

Der bestiet oerfloedich bewiismateriaal dat it Skotsk foarôfgeande oan 'e Uny fan 1707 rûnom beskôge waard as in selsstannige sustertaal fan it Ingelsk. Dêrby moat men tinke oan it bestean fan in aparte, Skotsktalige literatuer; de eigen stavering dy't him nettsjinsteande syn wat floeibere foarm ûnôfhinlik fan 'e Ingelske stavering ûntjoech; en it gebrûk fan it Skotsk as bestjoers-, hof-, wets- en tsjerketaal yn Skotlân. Pas nei de Uny, doe't it Skotsk syn status as bestjoers- en skriuwtaal ferlear, rekke it ek syn oansjen as selsstannige taal kwyt en waard it gauris en almar mear sjoen as in Ingelsk dialekt. In hieltyd grutter part fan 'e Skotske befolking gie boppedat meitiid oer op it Ingelsk. Restanten fan it Skotsk yn it spraakgebrûk fan sokken waard faak beskôge as strjittaal.

Hoewol't de status fan it Skotsk as selsstannige taal troch taalkundigen oer it algemien (mar net unanym) akseptearre wurdt, rinne de mienings op dat mêd ûnder de Skotske befolking tsjintwurdich noch altyd sterk útinoar. Ut in ûndersyk út 2010, dat yn opdracht fan it Skotske regear útfierd waard, die bliken dat 64% fan in represintative trochsneed fan 'e ynwenners fan Skotlân "net echt fynt dat it Skotsk in taal is". Lykwols die ek bliken dat "fan 'e lju dy't it faakst Skotsk prate, it leechste persintaazje fynt dat it Skotsk net in taal is (58%), wylst fan dejingen dy't nea Skotsk sprekke it heechste persintaazje dat fynt (72%)."

Men kin de relaasje dy't it Skotsk en it Standertingelsk mei-inoar hawwe, beskôgje as in lineêr bipolêr taalkontinuum fan stadichoan yninoar oergeande taalfarianten, wêrby't it Skotsk-Ingelsk healwei sitewearre is. Yn Skotlân sprekt de grutte mearderheid fan 'e minsken in taalfariant dy't earne tusken Skotsk-Ingelsk en Skotsk yn sit. Wêr't yn dat kontinuum troch Ingelsk beynfloede Skotsk oergiet yn troch Skotsk beynfloede Ingelsk is eins net te sizzen. In protte sprekkers binne dêrby floeiend yn mear as ien taalfariant en brûke dat fermogen om har oan te passen oan ferskillende maatskiplike sitewaasjes. Sa sille se bygelyks mei buorman Skotsk prate, wylst se oergeane op it Ingelsk as se by dokter wêze moatte.

Politike status

bewurkje seksje

Sûnt 1997 genietet it Skotsk fan it Britske regear erkenning as minderheidstaal ûnder Diel II fan it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. Los dêrfan erkent it regionale Skotske regear it Skotsk as in "tradisjonele taal" fan Skotlân, al hat dat oant no ta noch net laat ta in offisjele taalstatus yn it lânsdiel. It Ulsterskotsk genietet yn Noard-Ierlân deselde erkenning troch it Britske regear as dy't it Skotsk yn Skotlân hat. Troch de dizenige formulearring fan 'e Britske opjefte ûnder it Jeropeeske Hânfêst (dy't fan "Skotsk en Ulsterskotsk" sprekt) bestiet der lykwol ûnienichheid oer oft dat betsjut dat it Ulsterskotsk as taal los fan it Skotsk erkend wurdt of net.

Yn 'e Ierske Republyk hat it Skotsk ek in beskate erkenning as "tradisjonele taal", ûnder de oerienkomsten tusken Ierlân en it Feriene Keninkryk yn it ramt fan it Noard/Súd Taalorgaan (North/South Language Body), dy't datearje út 1998. Ierlân hat lykwols noch altyd it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen net ûndertekene of ratifisearre. It Skotsk is fierders ek ien fan 'e "regionale talen" dy't erkenning genietsje binnen it ramtwurk fan 'e Britsk-Ierske Ried.

 
De fersprieding fan Skotsktaligen yn Skotlân neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011.

De organisaasje dy't giet oer de stavering fan it Skotsk en soartgelikense saken (ferlykber mei it foech dat de Fryske Akademy op it mêd fan it Frysk hat), is yn Skotlân it Scots Leid Center ("Skotske Taalsintrum"). Yn Noard-Ierlân en Ierlân ferfollet de Boord o Ulstèr-Scotch ("Ulsterskotske Ried") deselde funksje foar it Ulsterskotsk.

Sprekkerstal

bewurkje seksje

It hat bliken dien dat it tige dreech is om it krekte tal sprekkers fan it Skotsk fêst te stellen, allinnich al om't de fraach "Sprekke jo Skotsk?" ynterpretearre wurde kin as slaand op Skotsk, Skotsk-Ingelsk of sels Skotsk-Gaelysk. Skotske taalaktivisten fierden yn 'e njoggentiger jierren kampanje om fragen oer it Skotsk op 'e list fan 'e Britske folkstelling fan 2001 te krijen, en it General Register Office for Scotland fierde datoangeande yn 1996 in proef út, wêrby't de Skotske befolking fragen oer de taal foarlein waarden. De útkomsten wiisden út dat der sa'n 1,5 miljoen sprekkers fan it Skotsk wiene, oftewol likernôch 30% fan 'e befolking (hjirby waard net frege nei memmetaal, mar allinnich nei sprekfermogen). Ek die bliken dat dit persintaazje ûnder de âlderein en ûnder legere maatskiplike klassen oansjenlik heger lei as it lanlik gemiddelde.

In jier earder, yn 1995, hie it Scots Leid Quorum fan 'e Universiteit fan Aberdeen in eigen ûndersyk dien, wêrfan't de útkomsten suggerearren dat der sa'n 2,7 miljoen Skotsksprekkers wiene. Sa't it General Register Office ek grif tajoech, wiene harren fragen lang sa detaillearre net as dy fan 'e Universiteit fan Aberdeen. It ferskil yn útkomst wie dan neffens saakkundigen ek grutdiels werom te fieren op 'e sintrale fraach "Sprekke jo Skotsk?" Yn it ûndersyk fan 'e Universiteit fan Aberdeen waard dêroan taheakke: "... of in dialekt fan it Skotsk, lykas ...," wêrnei't in opsomming fan mooglike dialekten folge. Dat resultearre yn gruttere werkenning troch de lju dy't de fragelist ynfollen, mei't in protte Skotten harsels mids njoggentiger jierren blykber noch altyd seagen as lju dy't min útsprutsen en grammatikaal ynferieur Ingelsk sprieken ynstee fan in hiel oare taal.

Om't út 'e beide neamde ûndersiken bliek dat ien inkele fraach oer it Skotsk yn 'e folkstelling net foldwaan soe, en om't sa'n folkstelling neffens it General Register Office net bedoeld wie om in grut ferskaat oan fragen oer ien ûnderwerp te stellen, waard úteinlik besletten om gjin fragen oer it Skotsk op te nimmen yn 'e folkstelling fan 2001. Sadwaande wie de folktelling fan 2011 de earste dy't fernaam nei de stân fan saken op it mêd fan it Skotsk. Dêrby waard frege nei it fermogen om Skotsk te ferstean, te sprekken, te lêzen en te skriuwen. Fan 'e likernôch 5,1 miljoen ynwenners fan Skotlân anderen sa'n 1,2 miljoen (24%) op alle fjouwer fragen fan "ja", wylst 3,2 miljoen op 'e trije lêste fragen fan "nee" antwurden en de oare 700.000 dêrtuskenyn sieten. Saakkundigen hawwe op grûn dêrfan it totale oantal Skotsksprekkers yn Skotlân fêststeld op 1.540.000 minsken (oftewol 30,0% fan 'e befolking). Der wiene lykwols mar 125.000 minsken (2,4%) dy't oanjoegen dat it Skotsk har memmetaal wie.

 
De fersprieding fan Skotsktaligen yn Noard-Ierlân neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011.

Yn Noard-Ierlân waard yn 1999 troch de Northern Ireland Life and Times Survey fêststeld dat 2% fan 'e befolking Ulsterskotsk spriek. Omrekkene kaam dat del op likernôch 30.000 minsken. Oare skattingen sieten dêrboppe, ien mei 35.000 yn Noard-Ierlân en in oarenien mei in tige optimistyske 100.000 ynklusyf de sprekkers yn 'e Ierske Republyk. Frjemd genôch binne de sprekkers yn Noard-Ierlân (neffens it Noardierske Ministearje fan Kultuer, Keunst en Frije Tiid) hast gelyk ferdield oer protestanten en roomsen, hoewol't der yn absolute oantallen mear protestanske Ulsterskotsksprekkers binne. De konklúzje moat wêze dat it ferskynsel taal yn Noard-Ierlân, oars as de measte dingen dêre, nea politisearre rekke is. By de Britske folkstelling fan 2011 joegen krapoan 16.400 Noardieren (0,9%) oan dat se Ulsterskotsk ferstean, sprekke, lêze en skriuwe koene, wylst nochris goed 140.000 in beskaat taalfermogen oangeande Ulsterskotsk hiene. Dêrmei liket it oantal fan 30.000 memmetaalsprekkers noch altyd ridlik stekhâldend. Oangeande it tal sprekkers yn Donegal, yn 'e Ierske Republyk, binne gjin offisjele sifers bekend, mar de grutte fan 'e Skotsktalige mienskip wurdt dêr op sa'n 10.000 leden skatten.

In ferrassende útkomst fan 'e Britske folkstelling fan 2011 wie, dat der behalven yn Skotlân en Noard-Ierlân ek Skotsksprekkers yn Ingelân en Wales binne. Dêrby wiene de grutste oantallen krekt besuden de Skotske grins te finen, yn it uterste noarden fan Ingelân. Mar ek wiene der konsintraasjes yn kriten dêr't yn it ferline in protte Skotske arbeiders har nei wenjen set hiene, wêrûnder Corby, yn sintraal Ingelân, en de eardere mynbougebieten fan it Súdingelske Kent.

Taaleigenskippen

bewurkje seksje

It Skotsk hat, fral yn 'e iere stadia fan syn ûntjouwing, in sterke ynfloed fan it Skotsk-Gaelysk ûndergien, dat in Keltyske taal is. Wurden as loch ("mar"), clan ("lytse stamme (fan minsken)") en glen ("delling"), dy't tsjintwurdich faak as typysk Skotsk beskôge wurde, binne eins ûntliend oan it Skotsk-Gaelysk.

De stavering fan it Aldskotsk wie tsjin 'e midden fan 'e sechstjinde iuw njonkelytsen min ofte mear standerdisearre wurden, mar troch de personele uny fan Skotlân mei Ingelân waard fanôf 1603 de ynfloed fan it Ingelsk op 'e Skotske skriuwtaal almar sterker. Nei de Uny fan 1707 rekke it Skotsk as skriuwtaal fierhinne yn 'e nederklits, en doe't him yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw in weroplibbing foardie, wiene de âlde literêre foarmen yn it ferjit rekke. Sadwaande waard der doe in nije stavering ynfierd dy't dan wol basearre wie op 'e âlde hoftaal, mar dy't tagelyk ûntdien wie fan 'e mear ôfwikende Skotske foarmen, dêr't Ingelske foarmen foar yn 't plak kamen.

 
Lufe God abufe al and yi nychtbour as yi self ("Hâld fan God boppe al en fan jins nêste as fan jinsels"), in tekst yn it Aldskotsk op it John Knox Hûs yn Edinburch.

Hjirby waard ek de saneamde ûntskuldigjende apostrof yntrodusearre, in nuveraardich ferskynsel, dat ynfoege waard op plakken dêr't it korrespondearjende Ingelske wurd in konsonant hie dy't yn it Skotsk net foarkaam. Sa waard it Skotske wurd foar it mulwurd "nommen" fan dy tiid ôf skreaun as ta'en (útspr.: "teen"), mei de apostrof op it plak fan 'e k yn it Ingelske taken. Om't Barbour dit wurd yn 'e fjirtjinde iuw stavere as tane, en der dus yn it Skotsk al 700 jier gjin k yn foarkomt, wurdt it oanjaan fan it fuortlitten fan 'e k troch in apostrof yn te foegjen tsjintwurdich oer it algemien as ûnsinnich en ûnnoazel beskôge, sadat de moderne stavering taen wurden is.

De sinsbou fan it moderne Skotsk hat deselde struktuer as it Ingelsk: persoansfoarm-tiidwurd-saaklik foarwerp. Ferlykje it Ingelske He turned out the light ("Hy die it ljocht út") mei it Skotske He turnt oot the licht. Ynstee fan 'e Ingelske foarm Give it to us! ("Jou it ús oer!") jout it Skotsk lykwols de foarkar oan 'e folchoarder Gie's it (wêrby't de apostrof-s koart is foar us). Fierders wurdt it beskaat lidwurd the ek foar jiertiden, dagen fan 'e wike, sykten en guon oare haadwurden pleatst dêr't dat yn it Ingelsk net kin. Krekt as yn it Frysk ferfangt it ûnbeskaat lidwurd yn it Skotsk ek faak it besitlik foarnamwurd.

Dêrnjonken hat it Skotsk ferskate sterke meartalsfoarmen dy't it Ingelsk net hat: ee - een ("each" -"eagen"); cauf - caur ("keal" -"keallen"); horse - horse ("hynder" -"hynders"); cou - kye ("ko" -"kij"); en shae - shuin ("skoech" -"skuon"). En ek oars as yn it Ingelsk (mar krekt as yn it Frysk) bliuwe de nammen fan mjitten en gewichten yn it Skotsk yn it meartal itselde as yn it inkeltal. Ien fan 'e meast opfallende skaaimerken fan it Skotsk is fierders dat it bywurd "net" (na, soms ek stavere as nae) oan it tiidwurd fêstheakke wurdt: I canna ("ik kin (it) net"), I daurna ("ik doar (it) net"), it michtna ("it soe miskien net").

Yn 'e fonology fan it Skotsk wykt it fokaalsysteem benammen ôf fan it Ingelsk troch it foarkommen fan 'e koarte a ([a] of [ɑ], lykas yn "bak") en de twaklanken ai ([ai] lykas yn 'e Wâldfryske útspraak fan "laitsje") en ow. Dy lêste klank wurdt útsprutsen as [ʌu]: de Ingelske u fan but, folge troch de û fan "rûch"; as er folge wurdt troch in -k, kin dizze klank útskaaie nei de lange oo fan "rook". Fierders komt yn in protte dialekten ek de eu ([ø], stavere as ui of eu) foar. En de lange aa ([ɑ:], stavere as au of soms as aw) komt yn it Skotsk folle faker foar as yn it Ingelsk.

Ek oangeande de konsonanteynventaris binne der guon ferskillen. It bekendst dêrfan is dat it Skotsk de [x] (ch fan "berch") beholden hat, net inkeld yn it lienwurd loch, mar ek yn wurden dêr't er út it Ingelsk weiwurden is, lykas yn nicht ("nacht"), dochter ("dochter"), dreich ("somber", fan waar), ensfh. As de ch lykwols foarkomt oan it begjin fan in wurd of foljgend op in r, dan is it net de ch fan "berch", mar de tsj fan "tsjerke", lykas yn airch ("bôge"). Ek hat it Skotsk krekt as guon Ingelske dialekten de glottisslach ([ʔ], de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje"), dy't de dintale plofklanken t en d ferfangt as dy tusken twa fokalen steane (en soms ek yn wurdeinige posysje).

Fierders beskikt it Skotsk, krekt as it Ingelsk, oer sawol de stimhawwende as de stimleaze th ([ð], resp. [θ]), al kin de stimleaze th oan it begjin fan wurden wol útsprutsen wurde as in h, lykas yn thing ("ding") en think ("tinke"). De z wurdt mar komselden brûkt om 'e [z] (fan "sizze") mei wer te jaan; it is folle faker in oerbliuwsel fan 'e Angelsaksyske letter yogh (ȝ), dy't meast útsprutsen wurdt as [ʤɪ] ("dzji"), lykas yn gaberlunzie ("bidler") en nammen as Menzies en Mackenzie. De r wurdt krekt as yn it Frysk rôljend útsprutsen. Fierders makket it Skotsk noch ûnderskie tusken w ([w], fan "skowe") en wh (útsprutsen as [ʍ], "chw"). Yn noardlike dialekten wurde boppedat de konsonanteklusters kn, gn en wr útsprutsen as [kn] (lykas yn "knyn"), [ɡn] (lykas yn "gnize") en [vr] (lykas yn "wraam"), wylst yn súdliker dialekten, krekt as yn it Ingelsk, de earste fan 'e beide letters hieltyd stom is.

It Skotsk bestiet út fjouwer dúdlik ûnderskate regionale dialekten, mei dêropta in stedsdialekt. Fanwegen geografyske en politike omtinkens wurdt it Ulsterskotsk gauris as sechsde dialekt tafoege, hoewol't it eins in subdialekt is. De yndieling yn dialekten is sa:

 
De ûnderskate dialekten fan it Skotsk.
  • it Eilânskotsk, sprutsen op 'e Orkney- en Sjetlâneilannen. Dit is it meast ôfwikende dialekt, mei't it in substraat fan it Noardgermaanske Norn omfiemet, dat oant yn 'e njoggentjinde iuw noch op 'e beide eilannegroepen sprutsen waard. It Eilânskotsk is mar kwealk ûnderling fersteanber mei de súdlike dialekten, en dêrom wurdt it yn wittenskiplike fermiddens soms ek wol as in aparte taal beskôge.
  • it Noardskotsk, rûchwei sprutsen benoarden de rivier de Tay en de stêd Dundee. Dit dialekt wykt ek frijwat ôf fan 'e súdliker dialekten, mar net safolle as it Eilânskotsk. It Noardskotsk falt útinoar yn trije subdialekten:
  • it Middenskotsk (dat net betize wurde moat mei it histoaryske tiidrek fan it Midskotsk), sprutsen yn it grutste part fan it Skotske leechlân en by de eastkust lâns rûchwei oant de rivier de Tay yn it noarden. Ta it taalgebiet fan it Middenskotsk heart ek it eilân Bute, foar de Skotske westkust, en de eastlike helte fan it oanbuorjende eilân Arran, mei dêropta de krite oan 'e útein fan it skiereilân Kintyre om it plak Campbelltown hinne. Fierders wurdt it Middenskotsk ek sprutsen yn it eastlike part fan it Súdskotsk Berchlân, tsjin 'e Ingelske grins oan, en yn 'e súdwestlike lânstreek Gallowegen. Dêrmei hat it Middenskotsk fan alle Skotske dialekten it grutste geografyske ferspriedingsgebiet. It is dit dialekt dat yn 'e regel it meast as standerttaal brûkt wurdt. It Middenskotsk bestiet út fiif subdialekten:
  • it Súdskotsk, ek wol Grinsskotsk (Borders of Border Scots) neamd, sprutsen yn 'e Grinslân-krite fan it Súdskotsk Berchlân, tsjin 'e Ingelske grins oan. Dit dialekt fertoant de measte ynfloed fan it Ingelsk.
  • it Stedskotsk, sprutsen yn 'e stêden Edinburch, Glasgow, Dundee en Aberdeen.

Ferlykje de tekst út Mattéus 1:18-25:

Nije Fryske Bibeloersetting King James Bible (Ingelsk) The New Testamint in Scots (Skotsk)

Mei de berte fan Jezus Kristus gie it sa om en ta: doe't Syn mem Marije yn har breidstiid wie mei Joazef, die it bliken dat Marije, noch foar't se byinoar kommen wiene, in bern ferwachte troch it wurk fan 'e Hillige Geast. Joazef, har man, deugdsum as er wie, woe har net iepentlik te skande meitsje en stie yn bestân om stilwei fan har te skieden. Mar sjoch, doe't er dêrmei omrûn, ferskynde him yn 'e dream in ingel. Dy sei: "Joazef, soan fan David, sjoch der net tsjinoan om Marije, jo frou, by jo yn 'e hûs te nimmen, want it bern dat se ferwachtet, is fan 'e Hillige Geast. Se sil in soan krije, dy't jo Jezus neame moatte, want Hy sil Syn folk fan 'e sûnden ferlosse."
Dat is allegearre bard mei it doel, dat útkomme soe wat de Heare troch de profeet sein hat: "Sjoch, de jongfaam sil in bern ferwachtsje en in soan krije en se sille Him Emmanuël neame," wat yn eigen taal betsjut: "God mei ús".
Doe't Joazef wekker wurden wie, die er sa't de ingel him hjitten hie. Hy naam syn frou by him yn. Doe krige se in soan, mar foartiid hied er gjin mienskip mei har hân. En hy joech it bern de namme Jezus.

Now the birth of Jesus Christ was as follows: After His mother Mary was betrothed to Joseph, before they came together, she was found with child of the Holy Spirit. Then Joseph her husband, being a just man, and not wanting to make her a public example, was minded to put her away secretly. But while he thought about these things, behold, an angel of the Lord appeared to him in a dream, saying, "Joseph, son of David, do not be afraid to take to you Mary your wife, for that which is conceived in her is of the Holy Spirit. And she will bring forth a Son, and you shall call His name Jesus, for He will save His people from their sins."
So all this was done that it might be fulfilled which was spoken by the Lord through the prophet, saying: "Behold, the virgin shall be with child, and bear a Son, and they shall call His name Immanuel," which is translated, "God with us".
Then Joseph, being aroused from sleep, did as the angel of the Lord commanded him and took to him his wife, and did not know her till she had brought forth her firstborn Son. And he called the child Jesus.

This is the storie o the birth o Jesus Christ. His mither Mary wis trystit til Joseph, but afore they war mairriet she wis fund tae be wi bairn bi the Halie Spírit. Her husband Joseph, honest man, hed nae mind tae affront her afore the warld an wis for brakkin aff their tryst hidlinweys; an sae he wis een ettlin tae dae, whan an angel o the Lord kythed til him in a draim an said til him, "Joseph, son o Dauvit, be nane feared tae tak Mary your trystit wife intil your hame; the bairn she is cairrein is o the Halie Spírit. She will beir a son, an the name ye ar tae gíe him is Jesus, for he will sauf his fowk frae their sins."
Aa this happent at the wurd spokken bi the Lord throu the Prophet micht be fulfilled: Behaud, the virgin wil bouk an beir a son, an they will caa his name Immanuel – that is, "God wi us".
Whan he hed waukit frae his sleep, Joseph did as the angel hed bidden him, an tuik his trystit wife hame wi him. But he bedditna wi her or she buir a son; an he caa'd the bairn Jesus.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.