Dellebuorsterheide

(Trochferwiisd fan Delleboersterheide)

De Dellebuorsterheide (Stellingwerfsk: Delleboersterheide; Nederlânsk: Dellebuursterheide) is in beekdellinglânskip fan 195 hektare bylâns it Tsjongerkanaal by Aldeberkeap. Yn it gebiet leit it heidemarke de Catspoele. De Hoarn jout in byld fan de rivierdúntsjes, sa't dy eartiids folle mear lâns de rin fan de Tsjonger leinen. It gebiet wurdt beheard troch It Fryske Gea.

Dellebuorsterheide
Dellebuorsterheide
Dellebuorsterheide
lokaasje
neiste plak Aldeberkeap
oare ynformaasje
oerflak 195 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea
Dellebuorsterheide

Sûnt de earste oankeap yn 1951 is it gebiet sterk útwreide, in proses dat noch altiten trochgiet. Om it karakter fan it oarspronklike beekdellinglânskip werom te krijen en te behâlden, hawwe der yngripende behearsmaatregels west. De heide is ôfstutsen en frijmakke fan beamopslach, puollen en âlde meänders fan de Tsjonger binne opskjinne en sleatten binne tichtmakke. Troch in stikmannich wetterkearings te meitsjen is de wetterstân yn it gebiet ferhege en stiet der wer wetter yn de puollen. As resultaat fan de yngrepen binne de skerpe grinzen tusken de ferskate terreingedielte ferdizene, binne in soad lytse miljeugradiïnten ûntstien en is der in ôfwikseljende fegetaasje ûntstien.
Ek de eardere kultuergrûn is oanpakt. De toplaach fan fiedselrike grûn is ôfgroeven en ôffierd, wylst it oarspronklike reliëf wersteld is. Dêrtroch binne heuvelige lânskippen mei plassen ûntstien, ferlykber mei de eardere situaasje.

Floara en Fauna

bewurkje seksje

Op de Dellebuorren sitte noch party amfibyen en reptilen. Heidekikkert, libbenbernjende hagedis en njirre libje hjir en ek de seldsume glêde slang oantroffen. Grutte stikken fan de Dellebuorsterheide binne drûch en begroeid mei biezemheide. Beikeheide foarmet der fraaie mozaïken. Mar ek wiete heide, mei in protte skrobberheide en seadsigge, groeit hjir. Bûtergers, in seldsum wurdende plant, bliuwt stânhâlden oan de foet fan de heuveltsjes. Oan de wat fochtige paden groeit it skieppeklokje, in waardplant foar it frij seldsume en hjir foarkommende gintsiaanblautsje. Dêrneist komme op de heide brune fjoerflinter, grientsje en heideblautsje foar.

Op de Dellebuorren binne wol 27 soarten libellen oantroffen, dy't ûnder oare gebrûk meitsje fan heidefintsjes, lykas bygelyks de seldsume fine pânserjuffer. De boaiem fan de boskjes mei simmeriik, bjirk en grouwe din is benammen begroeid mei bjint. De boskgebieten kenne de gewoane sjongerkes, mar ek mûzefalk en hauk briede der, krektas de beampiper en de beamljurk. Oan de boskrânen en yn it strewel binne gielfink, swartkieltsje en paapke te sjen. Ek de das wennet yn it boskgebiet, op de heechlizzende flank fan de Tsjonger.

It behear bart meast mei de hjir gerskjende Skotske Heechlanners, Exmoorponys en Drintske heideskiep. Dêrneist wurde de beekdellinggerslantsjes yn augustus meand en wurde pleatslik stikken sterk fergerske heide ôfstutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard