Kragujevac (Servysk yn Syrillysk skrift: Крагујевац; útspr.: ['kragujeʋaʦ], likernôch: "kra-gû-juh-wats", Lûdsfragmint beharkje) is de op trije nei grutste stêd fan Servje (nei Belgrado, Novi Sad en Niš). Kragujevac leit yn sintraal Servje oan 'e igge fan 'e rivier de Lepenica, en is de haadstêd fan it distrikt Šumadija. Histoarysk wie it fan 1818 oant 1841 de earste haadstêd fan it moderne Servje. Neffens gegevens fan 'e Servyske folkstelling fan 2011 hie Kragujevac doe krapoan 151.000 ynwenners.

Kragujevac
Emblemen
            
Polityk
Lân Servje
Regio Šumadija en West-Servje
Distrikt Šumadija
Gemeente Kragujevac
Sifers
Ynwennertal 150.835 (2011)
Oerflak 82,83 km²
Befolkingsticht. 1.821,0 / km²
Stêdekloft 179.417 (2011)
Hichte 173 m
Oar
Stifting Midsiuwen
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 44°00′36″N 20°55′02″E
Offisjele webside
www.kragujevac.rs
Kaart
Kragujevac (Servje)
Kragujevac
Lizzing yn Servje

Etymology bewurkje seksje

De plaknamme 'Kragujevac' giet tebek op it argayske Servyske wurd kraguj (útspr.: "kragoei"), in oantsjutting foar in beskate soarte fan hauk. Yn syn gehiel betsjut 'Kragujevac' safolle as "plak dêr't sokke hauken nesselje".

Geografy bewurkje seksje

Kragujevac is sitewearre yn noardlik sintraal Servje, yn it distrikt Šumadija, dat ûnderdiel útmakket fan 'e regio Šumadija en West-Servje. De stêd leit oan 'e igge fan 'e rivier de Lepenica, op 173 m boppe seenivo, yn in delling dy't omjûn wurdt troch de skeanten fan 'e bergen de Rudnik en de Crni Vrh, en fan it Gledić-berchtme. De stêd sels hat in oerflak fan 82,83 km², wylst de gemeente Kragujevac 835 km² beslacht. Dat gebiet bestiet benammen út heuveleftich lân, hjir en dêr yn reliëf tanimmend ta wier bercheftich.

 
De Katedraal fan Kragujevac.

Skiednis bewurkje seksje

Argeologysk ûndersyk yn 'e omkriten fan Kragujevac hat útwiisd dat de ierste minsklike bewenning yn 'e krite weromgiet oant it Paleolitikum, likernôch 40.000 jier lyn. Yn 'e ierste histoaryske perioade waard it gebiet bewenne troch de Illyryske Dardany en de Keltyske Skordisy. Yn it jier 9 foel de krite yn 'e hannen fan it Romeinske Ryk. Yn 'e midden fan it earste milennium setten de Serven har op 'e westlike Balkan nei wenjen. It Byzantynske Ryk, dat út it Romeinske Ryk fuortkommen wie, ferlear it gebiet dêr't Kragujevac no leit omtrint 1198 oan 'e Servyske hearsker Steffen Nemanja. Neitiid makke de krite diel út fan ferskate Servyske steaten, om yn 1459 ferovere te wurden troch it Osmaanske Ryk.

Kragujevac waard foar it earst neamd as it doarp 'Kragujevdza' yn in Osmaansk dokumint (de Tapu-Defter fan Smederovo) út 1476. Neffens Osmaanske belestingregisters út 1536 hie 'Kragujevdza' tsjin dy tiid 85 huzen, wêrfan't 56 bewenne waarden troch moslims en 29 troch kristenen. Neitiid groeide Kragujevac út ta in wichtich hannelsplak troch de sintrale posysje dy't it ynnaam yn 'e Osmaanske Pasjalûk Belgrado (in gebiet bestjoerd troch in pasja, dat yn dit gefal ek bekendstie as de Sandjak fan Smederovo).

Under de Grutte Turkske Oarloch foel de stêd yn 1689 yn 'e hannen fan in Eastenryksk leger ûnder Loadewyk fan Baden, mar it jiers dêrop waard it troch de Osmanen werovere. Yn 1718 waard Kragujevac fannijs ferovere troch Eastenrykske troepen, dy't diskear oanfierd waarden troch prins Eugenius fan Savoaye. De Eastenrikers wisten de stêd doe mear as tweintich jier te behâlden, oant se úteinlik yn 1739 troch de Osmanen ferdreaun waarden. Yn 'e tuskenlizzende perioade makke Kragujevac ûnderdiel út fan it Habsburchske Keninkryk Servje. Yn 1788 makke Kragujevac koarte tiid diel út fan 'e saneamde Kočina Krajina, in gebiet dat behearske waard troch Servyske rebellen, wylst de stêd yn 1789-1790 jitris in skoftke yn Eastenrykske hannen ferkearde.

Troch alle oarlochfiering waard Kragujevac ferskate kearen ferwuostge en wer op 'e nij opboud, wat mank gie mei grut lijen fan en in protte slachtoffers ûnder de ynwenners. Uteinlik waard de stêd foargoed fan 'e Osmaanske oerhearsking befrijd op 5 april 1804, ûnder de Earste Servyske Opstân. Nei't it Osmaanske regear yn Konstantinopel him yn 1815 dellein hie by de ûnôfhinklikheid fan it Foarstedom Servje, dat doe feitliks al mear as tsien jier bestie, briek foar Kragujevac in perioade fan grutte bloei oan. Op 6 maaie 1818 rôp de Servyske foarst Miloš Obrenović by in taspraak yn it Vraćevšnica-kleaster Kragujevac út ta de haadstêd fan syn lân. Yn 1820 liet Miloš yn 'e stêd de Amidža Konak bouwe, in paleis dêr't er him nei wenjen sette. Dêr waard op 15 septimber 1835 de earste Servyske grûnwet ôfkundige, wat ek de earste grûnwet op 'e Balkan wie. Yn 1841 waard de haadstêd fan it Foarstedom Servje ferpleatst nei it noardliker leine Belgrado.

Behalven as polityk sintrum ûntjoech Kragujevac him yn 'e njoggentjinde iuw ek ta in sintrum fan kultuer, ûnderwiis en yndustry yn Servje. De earste Servyske skoalle foar fuortset ûnderwiis waard yn Kragujevac iepene, krekt as de earste Servyske apteek, it earste Servyske fabryk en de earste Servyske boekdrukparse. Yn 1851 begûnen de Serven yn Kragujevac harren eigen kanonnen te jitten. De earste tillefoanferbining fan it lân waard yn 1858 yn 'e stêd oanlein en yn 1868 waard de earste yndustriële bierbrouwerij fan Servje yn Kragujevac iepene. De stêd koe útgroeie ta in grutte eksporteur fan bier doe't yn 1886 it spoar nei Belgrado reekaam. Yn 1891 waard de earste skoalle foar heger famkesûnderwiis iepene, folge troch de earste ôfdieling sjirurgy yn it pleatslike sikehûs yn 1894, en de earste bioskoop yn 1909.

 
De kanonnejitterij fan Kragujevac yn 1856.

Doe't ûnder de Earste Wrâldoarloch it regear fan it Keninkryk Servje út Belgrado evakuëarre wurde moast, om't dy stêd lyk oan 'e grins mei Eastenryk-Hongarije lei, dat de fijân wie, tsjinne Kragujevac fan 1914 oant 1915 op 'e nij as de Servyske haadstêd. Oan dy snuorje kaam in ein doe't Kragujevac op 31 oktober 1915 troch de Dútsers en Eastenrikers ûnder fjildmaarskalk August von Mackensen ferovere waard. Under de besetting briek yn 'e nacht fan 1 op 2 juny 1918 rebûlje út ûnder in groep Slowaakske soldaten fan it Eastenryksk-Hongaarske 71e Ynfanteryrezjimint, dy't diel útmakken fan it garnizoen fan Kragujevac. De opstân, dy't ûnder lieding stie fan Viktor Kolibik, waard delslein en 44 Slowaken waarden eksekutearre foar harren dielname deroan. Yn 'e twadde helte fan oktober 1918 waard Kragujevac befrijd troch de Alliëarden. De stêd hie yn 'e oarlochsjierren 15% fan syn befolking ferlern.

Ein 1918 giene it Keninkryk Servje, it Keninkryk Montenegro en de Súdslavyske dielen fan it eardere Eastenryk-Hongarije op yn it nije Keninkryk fan Serven, Kroäten en Slovenen (letter koartwei Joegoslaavje neamd). Yn it Ynterbellum wie Kragujevac yn 1920 mei Belgrado ien fan 'e plakken yn Joegoslaavje dêr't de kommunisten de ferkiezings wûnen. Under de Twadde Wrâldoarloch waard Joegoslaavje yn april 1941 beset troch de Dútsers. Kragujevac kaam doe te hearren ta it saneamde Territoarium fan 'e Militêre Kommandant yn Servje, dat streekrjocht ûnder Dútske besetting kaam (yn tsjinstelling ta de measte oare dielen fan Joegoslaavje).

 
It monumint foar de slachtoffers fan it Bloedbad fan Kragujevac.

Under de besetting wie Kragujevac it toaniel fan in oarlochsmisdie troch de nazys, it Bloedbad fan Kragujevac, wêrby't fan 19 oant 21 oktober 1941 2.778 manlju en jonges stânrjochtlik eksekutearre waarden as represaillemaatregel foar in oanfal op Dútske soldaten dy't útfierd wie troch de (kommunistyske) Joegoslavyske Partizanen yn gearwurking mei de (royalistyske) Četniks. Foar eltse Dútske soldaat dy't omkommen wie, waarden hûndert Serven deasketten, en foar eltse Dútser dy't ferwûne rekke wie, waarden fyftich Serven deasketten. Under de lju dy't fermoarde waarden, wie in hiele klasse fan it stedsgymnasium. De dichter Desanka Maksimović skreau oer dit bloedbad it ferneamde gedicht Krvava Bajka ("In Bloedich Mearke"). Op it plak dêr't de eksekúsjes plakfûnen, waard yn 1953 in park iepene, Betinkingspark Oktober yn Kragujevac, dat wijd is oan 'e neitins fan 'e slachtoffers. By de yngong dêrfan waard yn 1976 in museum oer it barren boud. Kragujevac waard op 21 oktober 1944 fan 'e Dútske besetting befrijd troch de Joegoslavyske Partizanen fan Josip Broz Tito.

Yn 'e nei-oarlochske perioade krige Kragujevac, dat doe ûnderdiel wie fan 'e Sosjalistyske Federale Republyk Joegoslaavje, mear swiere yndustry. Sa waarden der auto's, frachtweinen, jachtgewearen, keatlings, tekstylprodukten en lear makke. It grutste bedriuw, en de wichtichste wurkjouwer yn 'e stêd, wie Zastava, dat tsientûzenen lju oan it wurk hie. De earste auto fan Zastava Automobili wie de FIAT 750, dy't ûnder lisinsje fan it Italjaanske FIAT produsearre waard. Yn 'e folgjende trije desennia produsearren de fabriken yn Kragujevac mear as fiif miljoen auto's, behalven de FIAT 750 ek de Zastava 1300, de Zastava 101, de Zastava 128, de Zastava Jugo, de Jugo Florida en de FIAT 500L. Dy auto's, benammen de Jugo's, waarden behalven yn Servje ek yn mear as santich oare lannen yn 'e wrâld ferkocht.

 
In strjitte yn 'e binnenstêd fan Kragujevac.

Yn 1992 waard de Sosjalistyske Federale Republyk Joegoslaavje opheft en kaam Kragujevac te hearren ta de nije Federale Republyk Joegoslaavje. Under de Kosovo-oarloch fan 1999 hie de stêd te lijen ûnder de ekonomyske sanksjes dy't troch de Feriene Naasjes ynsteld wiene tsjin it regear fan presidint Slobodan Milošević fanwegen dy syn ferfolging fan 'e etnysk Albaneeske befolking fan it opstannige Kosovo. Inkele dielen fan Kragujevac waarden troch de bombardeminten fan 'e NATO feroare yn ruïnes. Yn 2003, doe't de Federale Republyk Joegoslaavje ophold te bestean, kaam Kragujevac te hearren ta it Steatebûn fan Servje en Montenegro. Dat hold sels yn 2006 op te bestean, en sûnt makket Kragujevac diel út fan 'e Republyk Servje.

Ekonomy bewurkje seksje

Kragujevac is al iuwenlang in wichtich hannelssintrum, dat sûnt de midden fan 'e njoggentjinde iuw ek útwoeksen is ta in grutte yndustrystêd. It stiet bekend om syn autofabriken en syn wapenproduksje. It grutste fabryk fan 'e stêd, it eardere steatsbedriuw Zastava Automobili, waard yn 2008 oernommen troch FIAT, wêrnei't in nije dochterûndernimming fan dy Italjaanske autofabrikant ûntstie, mei as namme FCA Srbija.

 
De haadyngong fan wapenfabryk Zastava Arms.

De earste fjoerwapens waarden yn Kragujevac makke yn 1853, troch de histoaryske kanonnejitterij, dy't sûnt útgroeid is ta Zastava Arms. Dat is de wichtichste wapenfabrikant fan Servje, dy't syn produkten foar 95% eksportearret, nei mear as fjirtich lannen yn 'e hiele wrâld. Yn 2003 is Zastava Arms ûnderdiel wurden fan it Servyske Ministearje fan Definsje.

Oare dingen dy't troch bedriuwen yn Kragujevac makke wurde, binne: komponinten foar de skipsbou en ûnderdielen foar boarplatfoarms, medyske apparatuer, meubilêr, klean, suvelprodukten, fleis, bôle en brandewyn. De stêd is in regionaal sintrum foar it bankwêzen, en ien fan 'e Servyske banken, Direktna Banka, hat syn haadkertier yn Kragujevac.

Bestjoer bewurkje seksje

Kragujevac is njonken in stêd ek in gemeente. Fan maaie 2002 oant en mei maart 2008 wie it grûngebiet fan 'e gemeente Kragujevac opdield yn 'e gemeenten Aerodrom, Pivara, Stanovo, Stari Grad en Stragari. Yn 'e gemeente Kragujevac lizze de folgjende plakken:

 
De lizzing en omfang fan 'e gemeente Kragujevac yn Servje.

Underwiis bewurkje seksje

Kragujevac telt 22 basisskoallen en 8 middelbere skoallen. Dêropta binne der in dôveskoalle, in muzykskoalle en in skoalle foar geastlik beheinde bern. De Universiteit fan Kragujevac waard op 21 maaie 1976 oprjochte út inkele lokale depindânses fan 'e Universiteit fan Belgrado, dy't yn 1960 yn Kragujevac fêstige wiene. Tsjintwurdich telt de universiteit 12 fakulteiten en twa ynstituten, dy't yn ferskate gebouwen ferspraat oer de stêd húsfêste binne. Der binne sa'n 16.000 studinten oan 'e Universiteit fan Kragujevac ynskreaun, en der wurkje likernôch 1.350 lju, wêrûnder 900 dosinten en perfesters.

 
It haadgebou fan 'e Universiteit fan Kragujevac.
 
De Amidža Konak, it paleis fan foarst Miloš Obrenović.

It besjen wurdich bewurkje seksje

Kragujevac hat twa parken. It Opperpark of Grutte Park, dat iepene waard yn 1898 en mear as 10 ha grûn beslacht, en it Nederpark of Lytse Park, dat in oerflak fan 7 ha hat en yn 1900 oanlein waard om it monumint hinne foar alle lju út Kragujevac en omkriten dy't fallen binne yn 'e striid foar de Servyske ûnôfhinklikheid.

Susterstêden bewurkje seksje

De susterstêden fan Kragujevac op folchoarder fan oangean fan 'e stêdebân binne:

 
It kantongerjocht fan Kragujevac.
 
It Gymnasium fan Kragujevac.
 
It Knjaževsko-srpski Teatar, de stedskouboarch fan Kragujevac.

Demografy bewurkje seksje

Neffens in gegevens fan 'e Servyske folkstelling fan 2011 hie Kragujevac doe in befolking fan 150.835 minsken. De befolkingstichtens bedroech 1.821,0 minsken de km². De gemeente Kragujevac hie yn 2011 in befolking fan 179.417 minsken, en in befolkingstichtens fan 214,9 minsken de km². Fan 'e ynwenners fan 'e gemeente wie sa'n 70% (126.312) tusken de 15 en de 64 jier âld. It meastepart fan 'e lju âlder as fyftjin jier hie fuortset ûnderwiis folge (54,6%), wylst 17,7% in universitêre oplieding foltôge hie.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan 'e gemeente Kragujevac oangiet, dy wie yn 2011 sa: 95,9% Serven; 0,8% Roma; 0,4% Montenegrinen; 0,2% Masedoaniërs; 0,1% Kroäten; 0,1% "Joegoslaven"; 0,1% Goranen; 0,1% Bosnyske Moslims; 2,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Kragujevac bewurkje seksje

Klimaat bewurkje seksje

Kragujevac hat in seeklimaat dat deun tsjin in subtropysk klimaat oan sit, mei waarme simmers en oer it algemien mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,8 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 5,2 °C. Rekôrtemperatueren binne 43,9 °C foar july en –27,6 °C foar jannewaris. Kragujevac kriget jiers trochinoar 618,5 mm delslach. De wyn waait ornaris út it súdwesten en noardwesten, behalven yn jannewaris, febrewaris en maart, as er almeast út it súdeasten komt. Der binne yn it jier trochinoar 132 dagen dat it reint en 29 dagen dat der snie leit, wylst yn trochsneed op 173 dagen de sinne skynt.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references, op dizze side.