Pajûtgrûniikhoarntsje

It Pajûtgrûniikhoarntsje (ek stavere as Paiutegrûniikhoarntsje of Piutegrûniikhoarntsje; wittenskiplike namme: Urocitellus mollis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e grûniikhoarntsjes (Marmotini) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). Dit bist, dat ferneamd is nei it Yndiaanske folk fan 'e Pajût (Paiute), libbet yn it westen fan 'e Feriene Steaten, benammen yn Nevada. It is in omnivoar deidier dat florearret yn in woastynbiotoop. It grutste part fan it jier hâldt dit bist in simmersliep oergeande yn in wintersliep. De IUCN klassifisearret it Pajûtgrûniikhoarntsje as net bedrige.

Pajûtgrûniikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai langsturtgrûniikhoarntsjes
   (Urocitellus)
soarte
Urocitellus mollis
Kennicott, 1863
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It Pajûtgrûniikhoarntsje waard yn 1863 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Robert Kennicott. Oarspronklik makke dit bist diel út fan it âlde skaai Spermophilus, dêr't hast alle grûniikhoarntsjes by ûnderbrocht wiene. Op basis fan nij ûndersyk nei de molekulêre biology fan 'e bistkes waard dat skaai yn 2004 lykwols útinoar helle en kaam it Pajûtgrûniikhoarntsje mei in tal oare soarten ta it nije skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus) te hearren.

Foarhinne waard it Pajûtgrûniikhoarntsje, krekt as it merriamgrûniikhoarntsje (Urocitellus canus), as in ûndersoarte fan it townsendgrûniikhoarntsje (Urocitellus townsendii) beskôge, mei't dy trije bisten op grûn fan uterlike skaaimerken net útinoar te hâlden binne. Yn 2008 waarden it Pajûtgrûniikhoarntsje en it merriamgrûniikhoarntsje lykwols as selsstannige soarten erkend op basis fan harren ôfwikende tal gromosomen (yn it gefal fan it Pajûtgrûniikhoarntsje 36).

 
In Pajûtgrûniikhoarntsje.

Fersprieding

bewurkje seksje

It Pajûtgrûniikhoarntsje is lânseigen yn it westen fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. Dit bistke komt dêr foar yn frijwol de hiele steat Nevada en yn 'e westlike helte fan Utah. Fierders libbet it Pajûtgrûniikhoarntsje ek yn it súdwesten en súdeasten fan Idaho, it uterste súdeasten fan Oregon, it noardeasten fan Kalifornje, de Sierra Nevada op 'e grins fan Kalifornje en Nevada, en it uterste noardwesten fan Arizona. It ferspriedingsgebiet leit dêrmei grutdiels yn 'e Grutte Dobbe en beslacht foar it meastepart de Woastyn fan 'e Grutte Dobbe.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

It Pajûtgrûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 20,1–23,3 sm, mei in sturtlingte fan 4,4–6,1 sm en in gewicht fan 80–200 g. It gewicht fariëarret sterk neffens de tiid fan it jier; it is it leechste as it Pajûtgrûniikhoarntsje wekker wurdt út syn lange wintersliep en it heechste krekt foar't er him wer deljout. De pels is grizich brún op 'e boppeste dielen fan it lichem (kop, nekke, rêch en siden), en grizich wyt oant krêm op 'e ûnderste lichemsdielen (kiel, hals, boarst en bealch). De koarte poatsjes binne grizich brún oan 'e bûtenkant, mar skaaie oan 'e binnenkant mear út nei deselde kleur as de bealch. De sturt is fan boppen grizich brún en fan ûnderen bêzje. Om 'e swarte eagen hinne sit in wite râne.

Pajûtgrûniikhoarntsjes libje benammen yn woastynbiotopen mei sânige grûn, besiedde mei rotsen en aalststrûken fan 'e soarte woastynaalst (Artemisia tridentata). Se komme ek foar yn 'e neite fan wetterboarnen en yrrigearre greiden en ikkers. Yn 'e Sierra Nevada libje se op berchgreiden.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

It Pajûtgrûniikhoarntsje is in deidier. De folwoeksen bisten binne faker by moarnsdage en yn 'e jûnsskimer op 'e lapen as healwoeksen eksimplaren. Dizze bisten kinne yn koloanjes libje, mar it komt ek geregeldwei foar dat se bûten de peartiid om in solitêr bestean liede en net botte sosjaal binne.

 
In Pajûtgrûniikhoarntsje oan it foerazjearjen.

Har fretten foerazjearje Pajûtgrûniikhoarntsjes foar it meastepart op 'e grûn byinoar, hoewol't se der soms ek foar yn strûken klimme. Harren boppegrûnske aktiviteiten beslane in oerflak fan 14 are (0,14 ha). Pajûtgrûniikhoarntsjes libje yn eigengroeven hoalen fan oant wol 2 m djip, dy't besteane út yngewikkelde gongestelsels mei ferskate 'keamers' en yngongen. Njonken de hoalen dy't spesifyk makke wurde foar de fuortplanting en de wintersliep, wurde der ek ienfâldige en ûndjippe flechthoalen makke, dy't poer bedoeld binne as skûlplak yn gefal fan need (ornaris as der in rôfdier op 'e loer leit).

De wintersliep is by it Pajûtgrûniikhoarntsje sa lang, dat it eins in simmersliep is mei in oanslutende wintersliep. De folwoeksen mantsjes lûke har dêrfoar al yn maaie ûnder de grûn werom, wylst de wyfkes en de healwoeksen bisten dat yn july dogge. De mantsjes komme dan yn jannewaris oant maart wer foar 't ljocht en de wyfkes en de healwoeksen bisten 3 wiken letter.

De peartiid begjint fuortendaliks nei't de wyfkes yn febrewaris of maart út wintersliep kommen binne, mar kin by ekstreme drûchte útsteld wurde. De wyfkes produsearje yn elts gefal nea mear as ien smeet jongen yn 't jier. De draachtiid duorret by it Pajûtgrûniikhoarntsje trochinoar 24 dagen, wêrnei't yn 'e ûndergrûnske nêsthoale 5–6 jongen te wrâld komme. It bertesifer is dêrmei frij heech, mar it stjertesifer fan Pajûtgrûniikhoarntsjes leit dan ek op 70%. De mantsjes wurde mei 1–2 jier geslachtsryp en de wyfkes nei 1 jier.

Hoewol't it Pajûtgrûniikhoarntsje in omnivoar is, bestiet syn dieet primêr út plantaardich guod. Dan moat men tinke oan gerzen, krûden, blêden, knoppen, sieden, fruchten en woartels. Ut en troch, as de gelegenheid him dêrta foardocht, frette Pajûtgrûniikhoarntsjes ek lyts dierte, lykas ynsekten, spinnen en oare lidpoatigen en wjirms. Yn gebieten mei lân dat yn agarysk gebrûk is, frette se ek nôt en oare lânbougewaaksen, wêrmei't se har net dierber meitsjen by boeren.

Natuerlike fijannen

bewurkje seksje

De wichtichste natuerlike fijannen fan it Pajûtgrûniikhoarntsje binne de sulverdas (Taxidea taxus), de prêrjewolf (Canus latrans), martereftigen lykas de Amerikaanske harmeling (Mustela richardsonii), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en de Amerikaanske nerts (Neogale vison), ferskate soarten haukfûgels en de raven (Corvus corax).

 
In Pajûtgrûniikhoarntsje.

It Pajûtgrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Potinsjele bedrigings foar dit bist binne habitatferlies troch de ûntginning fan wyldernis ta lânbougrûn en te grutte natoerbrannen, dy't grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet feroarje yn in lânskip dat dominearre wurdt troch ienjierrige planten (lykas yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren yn súdwestlik Idaho barde).

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 3 (stân fan saken yn 2012) erkende ûndersoarten fan it Pajûtgrûniikhoarntsje (Urocitellus mollis):

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Belege en Literatur, op dizze side.