In Sineeske namme is de namme fan persoanen yn 'e Folksrepublyk Sina, Hongkong, Makau en Taiwan en fan lju fan etnysk Sineesk komôf om utens. Fanwegen de histoaryske dominânsje fan Sina yn 'e kultuer fan East-Aazje en Súdeast-Aazje binne in soad Koreaanske nammen en Fjetnameeske nammen eins adaptaasjes fan Sineeske nammen, of binne alteast histoarysk woartele yn 'e Sineeske taal. Foarhinne hiene Sinezen in soad ferskillende nammen, lykas de tatenamme, skoalnamme, hoflikheidsnamme en postume namme. Dat hong foar in part gear mei taboes oangeande wa't wa yn 'e tradisjonele Sineeske kultuer by namme neame mocht, sels as de neamde persoan net oanwêzich wie. Tsjintwurdich bestiet de Sineeske namme allinne noch út in famyljenamme, almeast besteande út ien wurdlid, en in foarnamme, almeast besteande út twa wurdlidden, wêrby't de famyljenamme foàr de foarnamme pleatst wurdt. Yn in bekende namme as Mao Zedong is dus 'Mao' de famyljenamme, en 'Zedong' de foarnamme.

Iere skiednis

bewurkje seksje

Yn 'e earste helte fan it lêste milennium f.Kr., ûnder it regear fan 'e Zhou-dynasty, koene leden fan 'e Sineeske adel wol fjouwer ferskillende nammen hawwe: in foarnamme (名, míng), in klannamme (姓, xìng), in geslachtsnamme (氏, shì) en in hoflikheidsnamme of stylnamme (字, ). Dêropta hiene se dan ek noch twa titels: in standerttitel (爵, jué) en in postume titel (諡, shì, of 諡號, shìhào). Sljochtwei folk hie mar ien namme, de 'foarnamme' (míng), mar it konsept fan foar- en efternammen bestie doe noch hielendal net, ek net mank de adel. Pas fan likernôch 500 f.Kr. ôf, yn it saneamde Tiidrek fan Maityd en Hjerst, begûnen de âlde geslachts- en klannammen har te ûntjaan ta famyljenammen yn 'e moderne betsjutting fan dat wurd. Dat proses duorre lykwols ferskate iuwen en pas oan 'e ein fan 'e Han-dynasty, yn 'e earste iuw f.Kr., hiene alle Sinezen famyljenammen oannommen.

Sineeske famyljenammen

bewurkje seksje

De Sineeske famyljenamme (oftewol efternamme) stiet foàr de foarnamme. Utsein dyjingen dy't bûten Sina, Taiwan en Súdeast-Aazje wenje of lju dy't faak of lang om utens reizgje, passe Sinezen harren nammefolchoarder frijwol nea oan 'e Westerske wizânsje oan (earst foarnamme, dan famyljenamme). En Westerske publikaasjes behâlde by it werjaan fan Sineeske nammen frijwol altyd de Sineeske nammefolchoarder (earst famyljenamme, dan foarnamme). Dêrmei ferskille Sinezen fan Japanners, want hoewol't yn it Japansk ek de famyljenamme foàr de foarnamme stiet, is it wenst dat Japanners yn it bûtenlân (of yn kommunikaasje mei it bûtenlân) dy folchoarder omdraaie. Ek yn Westerske publikaasjes wurde Japanske nammen frijwol altyd werjûn mei de foarnamme foàr de famyljenamme.

Hoewol't der tsjintwurdich yn Sina mear as 4.000 ûnderskate Sineeske famyljenammen (姓, xìng) yn gebrûk binne, dielt 85% fan 'e oardel miljard ynwenners fan it lân 100 famyljenammen. De top 3 allinnich al, Wang (王), Li (李) en Zhang (張), beslacht mear as 20% fan 'e befolking. Dy homogeniteit komt fuort út it feit dat de grutte mearderheid fan 'e Sineeske famyljenammen út mar ien inkeld karakter (en dus út ien inkeld wurdlid) bestiet, wylst famyljenammen fan mear as ien wurdlid oer it algemien foarbeholden binne oan 'e ferskate etnyske minderheden yn Sina, lykas de Mongoalen, de Tibetanen en de Oeigoeren. Dat hat yn 'e skiednis fan Sina net altyd sa west: tusken de earste en de fyfde iuw nei Kristus waarden troch in wet tsjin foarnammen dy't út mear as ien wurdlid bestiene, foar in perioade fan in pear iuwen mearwurdliddige famyljenammen populêr. Ferskate foaroansteande persoanen út dy snuorje, lykas Zhuge Liang en Sima Qian, hiene dan ek in famyljenamme dy't út twa wurdlidden en in foarnamme dy't út ien wurdlid bestie, persiis it tsjinstelde fan 'e hjoeddeiske sitewaasje.

De Sineeske famyljenamme komt fuort út twa ûnderskate prehistoaryske tradysjes: de klannamme (姓, xìng) en de geslachtsnamme (氏, shì). De oarspronklike dragers fan in klannamme wiene ferskate famyljes mei keizerlik bloed oan it hof fan 'e Shang-dynasty, fan wa't de namme fanwegen harren ôfstamming yn 'e froulike line fan it keizershûs altyd de 'frou'-radikaal (女) omfieme. De oarspronklike dragers fan in geslachtsnamme wiene gjin famyljes, mar de opienfolgjende hearskers oer beskate lienen en de opienfolgjende dragers fan beskate aadlike titels dy't troch it hof fan 'e Shang-dynasty útrikt waarden. Mei útsûndering fan Jiang (姜) en Yao (姚) binne de oarspronklike klannammen neitiid alhiel ferdwûn. Iroanyskernôch hawwe de oantsjuttings xìng en shì fan betsjutting wiksele, mei't xìng no brûkt wurdt om famyljenammen oan te tsjutten dy't foar it meastepart fuortkomme út 'e oarspronklike geslachtsnammen, wylst shì yn 'e moderne kontekts ferwiist nei de famyljenammen fan troude froulju.

De ûnbidich grutte moderne nammeklans diele soms ien inkele tanghao of 'foarâlderlike seal', mar besteane eins út in ferskaat oan ferskillende famyljes dy't deselde namme brûke mar net genetysk besibbe binne. De famyljenamme Ma (馬), bygelyks, omfettet de neiteam fan 'e hege amtner Zhao She, út it Tiidrek fan de Oarlogjende Steaten (476-221 f.Kr.), de ôfstammelingen fan dy syn ûnderdienen yn it lien Mafu, etnyske Koreänen út 'e net besibbe Mahan-konfederaasje en moslims út hiel westlik Sina fan wa't de foarâlden de namme Ma oannamen om 'e profeet Mohammed te earjen. Mar hoe fiersocht oft de bannen tusken sokke lyknammige famyljes soms ek binne, it bliuwt yn Sina min ofte mear taboe om mei immen te trouwen dy't deselde efternamme hat.

Famkesnammen fan troude froulju

bewurkje seksje

Tradisjoneel hâldt in Sineeske frou by har trouwen har eigen famyljenamme, sûnder tafoegings of oanpassings. Ek nimt se net de famyljenamme fan har man as bykommende famyljenamme oan. Fan in ûnderskie tusken famyljenammen en de famkesnammen fan troude froulju, sa dat yn 'e Westerske wrâld bestiet, is yn Sina dus eins gjin sprake. Bern dy't út in houlik berne wurde, krije de famyljenamme fan 'e heit. Dizze sitewaasje is tsjintwurdich noch altyd wizânsje yn 'e Folksrepublyk Sina, hoewol't yn 'e moderne wetjouwing omtrint it famyljerjocht eksplisyt fêstlein is dat in bern ek de famyljenamme fan 'e mem drage mei. Dêrnjonken is it ek mooglik (mar komt it mar selden foar) dat in bern de famyljenammen fan beide âlden kombinearret. Fanwegen Westerske ynfloed is it yn Hongkong en Makau, regio's dy't lange tiid koloanjes fan it Feriene Keninkryk, resp. Portegal west hawwe, wol wenst wurden dat troude froulju de famyljenamme fan harren man oannimme, dy't dan foàr de eigen famyljenamme set wurdt.

Sineeske foarnammen

bewurkje seksje

Sineeske foarnammen (名, míng, of 名字, míngzi) beslane in folle grutter ferskaat as Sineeske famyljenammen, ek al binne se frijwol allegear beheind ta twa wurdlidden. Farianten ynbegrepen binne der teminsten 106.000 ferskillende Sineeske karakters, mar anno 2006 koene dêrfan yn 'e Folksrepublyk Sina mar 32.000 digitaal ynfierd wurde. It oandiel fan karakters dy't gongber binne (d.w.s. geregeldwei troch in oansjenlik diel fan 'e befolking brûkt wurde), is sels noch behindiger. Sineeske foarnammen wurde keazen op grûn fan in stikmannich faktoaren, lykas it hawwen fan in oangename klank en toan (it Sineesk is in tonale taal), it hawwen fan positive assosjaasjes of it skreaun wurden mei in karakter mei in elegante foarm. It komt rûnom foar dat de beide wurdlidden op dy kritearia folslein los faninoar keazen wurde, mar dochs is de op dy wize ûntstiene foarnamme altyd in ienheid wêrfan't de beide wurdlidden net los faninoar bestean kinne, ek al hawwe se yn 'e ûntstiene kombinaasje gjin betsjutting mear. (Dizze sitewaasje is ferlykber mei Fryske nammen: 'Wil-' en '-lem' foarmje ien namme, 'Willem', ek al binne it twa wurdlidden.)

Hjoed oan 'e dei meitsje foarnammen dy't út twa karakters en dus wurdlidden besteane mear as 80% út fan alle Sineeske foarnammen. Dat is lykwols in sitewaasje dy't pas sûnt de Ming-dynasty (1368-1644) sa is. Under de iere Han-dynasty (206 f.Kr.-9 n.Kr.) bestie 70% fan alle foarnammen út mar ien karakter. Under de Xin-dynasty (9-23) gie dat persintaazje omheech oant 98%, nei't keizer Wang Mang alle twawurdliddige foarnammen ferbea. Hoewol't de Xin-dynasty mar fjirtjin jier duorre, bleau dy wet mear as fjouwer iuwen fan krêft, oant troch ynvaazjes út it noarden en de winsk fan 'e hegerein foar it stiftsjen fan geslachten de belangstelling foar sokke langere foarnammen wer tanaam. Pas ûnder de Tang-dynasty (618-907) en de Song-dynasty (960-1279) krige it meastepart fan 'e Sineeske befolking in foarnamme dy't út twa karakters bestie, mar de Liao-dynasty (907-1125) en de etnysk Mongoalske Yuan-dynasty (1271-1368) joegen wer sterk de foarkar oan foarnammen fan ien karakter. De restauraasje fan 'e etnysk Sineeske dominânsje ûnder de Ming-dynasty (1368-1644) en de promoasje fan 'e etnysk Sineeske kultuer ûnder de etnysk Mantsjoeske Qing-dynasty (1636-1911) soargen neitiid yn 'e mande mei de opkomst fan generaasjenammen foar de fêstiging fan 'e hjoeddeistige tradysjes.

Sineeske foarnammen wurde faak jûn op basis fan 'e manlike of froulike kwaliteiten dy't men der yn trochklinken heart, wêrby't manlju ferbûn wurde mei krêft en strangheid en froulju mei skientme en blommen. It is gongberder om in ferlytsingsfoarm ta te foegjen oan famkesnammen as oan jongesnammen. Sokke ferlytsingsfoarmen binne bgl. it wurd xiǎo, dat "lyts" of "jong" betsjut of in ferdûbeling fan 'e karakters, lykas yn nammen as Mingming of Meimei. Der besteane lykwols ek foarbylden fan bekende manlju dy't sa'n soarte namme hawwe, lykas de kommunistyske foaroanman Deng Xiaoping en de keunstner en dissidint Ai Weiwei. Lju fan it plattelân hiene foarhinne gauris nammen dêr't it plattelânslibben yn trochklonk, lykas Daniu (大牛, "grutte okse") of Dazhu (大柱, "grutte peal"), mar sokke nammen begjinne tsjintwurdich ûngewoan te wurden.

Fierders wurdt it yn Sina, oars as yn it Westen, beskôge as wat dat net heart om in bern nei in bekend persoan te ferneamen. Dat nimt net wei dat tsientûzenen lju in tige gongbere namme as dy fan horderinner Liu Xiang diele kinne, salang't se mar net spesifyk nei him ferneamd binne. It is yn Sina ek tige ûngewoan om in bern te ferneamen nei in famyljelid, wat te krijen hat mei tradisjonele nammetaboes. As men in bern nei bgl. syn pake ferneamt, sille ommers oare jongere leden fan 'e famylje altyd de namme fan 'e pake brûke moatte om dat bern oan te sprekken, en it wurdt yn Sina beskôge as hiel ûnfatsoenlik as jongere famyljeleden de foarnamme fan in âlder famyljelid útsprekke, ek as dy der sels net by binne. Foarâlden kinne wol op in oare wize ynfloed útoefenje op 'e nammejouwing fan Sineeske bern, ntl. troch de saneamde generaasjenamme. Dêrby dielt elts bern út ien generaasje fan in famylje ien fan 'e beide karakters fan 'e foarnamme. Sechstjin, tweintich, twaentritich of noch mear generaasjenammen waarden dan yn 't foar fêstlein, sadat dy mei-inoar in gedicht foarmen. It gedicht dat yn 1737 foar tweintich neikommende generaasjes fan 'e famylje fan Mao Zedong fêstlein waard, gie bgl. sa:

立显荣朝士,"Wês grutsk en lit dat sûnder te skromjen oan 'e hearen sjen,"
文方运际祥。"En stúdzje en tapassing sille de grinzen fan ús fortún úttynje litte."
祖恩贻泽远,"Ut foarâlderlike geunsten komt troch de tiid hinne freonlikheid fuort,"
世代永承昌。"Neikommelingen dy't foar ivich yn 'e skuld steane foar harren woltier."

Dat gedicht wie mei Mao sels yn 'e fjirtjinde generaasje oanbelâne, doe't er dermei briek en syn soannen ynstee de generaasjenamme An (岸, "grutsk") joech. In selde wizânsje bestie foarhinne oangeande de artystenammen fan 'e sjongers fan 'e Sineeske opera: alle studinten dy't yn itselde jier oan 'e trening oan in ynstitút begûnen, namen dan itselde earste karakter oan foar harren nije foarnammen. Ofhinklik fan 'e regio en de tradysjes fan 'e oangeande famylje waarden dochters faak net yn 'e famyljeregisters opnommen en dielden dêrom net de generaasjenamme fan 'e soannen, hoewol't it skoan mooglik wie dat se in eigen generaasjenamme hiene.

Sels as der gjin generaasjenammen brûkt wurde, bestiet der net selden in ferbân tusken de (karakters fan 'e) foarnammen dy't oan 'e bern út ien húshâlding jûn wurde. Sa komt it gauris foar dat in jonge dy't fan Sōng (松, "nullebeam") hjit, in suster hat dy't fan Méi (梅, "prom") hjit (dêrby giet it net om 'e betsjutting, mar om 'e oerienkomstige foarm fan 'e karakters). Yn guon húshâldings hawwe de nammen fan alle bern deselde radikaal. Yn 'e famylje Jia (贾), bygelyks, yn Dream fan de Reade Keamer, in roman dy't de opkomst en ûndergong fan 'e Qing-dynasty folget, bestiet de earste generaasje út Zheng (政), She (赦) en Min (敏); de twadde generaasje út Lian (琏), Zhen (珍) en Huan (环); en de trêde generaasje út Yun (芸), Qin (芹) en Lan (兰; doe skreaun as 蘭).

Yn resintere tiden binne generaasjenammen minder gewoan wurden, mar noch altyd binne Sineeske foarnammen sterk ferbûn mei de histoaryske perioade. Sa krigen nei de oerwinning fan 'e kommunisten yn 'e Sineeske Boargeroarloch en de fêstiging fan 'e Folksrepublyk Sina yn 1949 in soad bern 'revolúsjonêre' nammen, lykas Qiangguo (強國, "Sterke Naasje") of Dongfeng (東風, "Eastewyn"). Op deselde manear wie it op Taiwan, dat nei de Boargeroarloch it taflechtsoard waard fan 'e kapitalistyske Republyk Sina, lange tiid wenst om ien fan 'e fjouwer karakters fan 'e namme Zhōnghuá Mínguó (中華民國, "Republyk Sina") yn 'e foarnammen fan jonges op te nimmen. Ek komme nammen op basis fan tydlike raazjes foar, lykas Aoyun ("Olympyske Spullen") krekt foar en nei de Olympyske Spullen fan Peking, yn 2008. Yn ferbân dêrmei bestiet der yn Sina ek in trend troch lju dy't ûntefreden binne oer harren foarnamme om in wiersizzer yn te hieren, dy't dan in nije namme bepale kin dy't yn oerienstimming is mei de tradysjes fan it taoïsme en/of it Sineesk universalisme.

Stavering fan Sineeske nammen

bewurkje seksje

It oerstaverjen fan Sineeske karakters (en dus ek fan Sineeske nammen) nei it Latynske alfabet hjit transliteraasje. Foar it Sineesk wurdt dêrfoar gebrûk makke fan in systeem dat pinyin hjit, en dat yn 1958 foar dat doel yn 'e Folksrepublyk Sina ynfierd waard. Hjoed de dei is pinyin ek it offisjele transliteraasjesysteem fan it regear fan Singapoer, de Feriene Naasjes en de Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO). Nei desennia fan wjerstân waard pinyin yn 2009 ek yn Taiwan ynfierd as it offisjele transliteraasjesysteem fan 'e oerheid (hoewol't it Taiwaneeske boargers frijstiet om oare transliteraasjesystemen te brûken, net allinnich yn privee-omstannichheden, mar ek yn offisjele dokuminten, lykas paspoarten). Pinyin is maklik werom te kennen oan it faak foarkommen fan 'e letters q en x, dy't yn Westerske talen oer it algemien mar in bytsje brûkt wurde. (Dy hawwe trouwens yn pinyin ek in hiel oare fonetyske wearde as yn 'e measte Westerske talen.) Fierders kinne de toanen fan it Mandarynsk yn it pinyin werjûn wurde troch it tafoegjen fan beskate diakrityske tekens. Om in foarbyld te jaan: de namme fan 'e bekende kommunistyske foaroanman 毛澤東 wurdt yn pinyin mei toantekens skreaun as Máo Zédōng.

Persoansnammen wurde yn pinyin werjûn as twa wurden: de famyljenamme (fan almeast ien wurdlid) en de foarnamme (fan almeast twa wurdlidden). De beide wurdlidden fan 'e foarnamme wurde oaninoar skreaun sûnder spaasje of keppelstreekje of ekstra haadletter dertuskenyn. Dus 王秀英 wurdt yn korrekt pinyin werjûn as Wang Xiuying (sûnder toantekens) of as Wáng Xiùyīng (mei toantekens), mar wurdt net skreaun as Wang Xiu Ying, Wang Xiu-Ying, Wang Xiu-ying, Wang XiuYing of Wangxiuying, ensfh. Yn 'e seldsume gefallen dat in Sineeske famyljenamme út mear as ien karakter/wurdlid bestiet, wurdt dy ek op deselde wize oaninoar skreaun, dus as Sima Qian, en net as Si Ma Qian, Si-Ma Qian, Si-ma Qian of SiMa Qian, en alhielendal net as Si Maqian. Mei't de Sineeske taal lykwols gjin ferlet hat fan spaasjes (om't alle wurdlidden lossteande karakters binne) en der dêrom mar komselden gebrûk fan makket, kenne de measte Sineeske memmetaalsprekkers de regels oangeande it oaninoarfêstskriuwen fan 'e wurdlidden fan foarnammen en mearwurdliddige efternammen net. It leit foar harren foar de hân om gewoan in spaasje tusken de pinyin-werjefte fan elts karakter fan harren eigen namme yn te stopjen. Dat is in flater dy't foar harrensels gjin gefolgen hat, want sy witte fansels krekt hoe't it sit mei Sineeske nammen. Mar sprekkers fan talen dy't alfabetyske skriften brûke, wurde dêrtroch op 'e doele brocht, en tinke dat sa'n Sineeske namme út trije wurden bestiet ynstee fan út twa.

Yn Taiwan is de oergong op pinyin noch hiel pril, en dêrom (en ek om't beskate dielen fan 'e Taiwaneeske maatskippij harren der aktyf tsjin fersette) wurde dêr noch withoefolle net-standerdisearre nammefoarmen brûkt, wêrfan't de meast foarkommende Lee (pinyin: Li) en Soong (pinyin: Song) binne. Dy beide nammefoarmen binne ûntstien ûnder ynfloed fan it Ingelsk, dat op Taiwan in folle gruttere ynfloed hat as op it Sineeske fêstelân. Dêrnjonken brûke in soad Taiwanezen ek noch altyd it âldere Wade-Giles-transliteraasjesysteem (yntrodusearre troch Thomas Wade yn 1859 en yngeand oanpast troch Herbert Giles yn 1892). Om't dat troch Ingelsktaligen ûntwurpen is, komt ek dêryn in sterke Ingelske ynfloed werom. Wade-Giles kin identifisearre wurde troch it gebrûk fan 'e digraaf hs (pinyin: x) en de digraaf ts (pinyin: z en c), en troch it ynfoegjen fan keppelstreekjes tusken de wurdlidden fan foarnammen. Yn dit systeem wurdt de namme fan 毛澤東 transliterearre as Mao Tse-tung. Sekuere werjefte fan wurden yn Wade-Giles hinget ôf fan it tafoegjen fan sifers yn superskrift oan 'e ein wurdlidden dy't de (nûmere) toan oanjouwe en fan it gebrûk fan 'e lofter-apostrof (‘) om ûnderskie te meitsjen tusken aspirearre en net-aspirearre konsonanten, mar yn 'e praktyk wurde beide meastal fuortlitten. Yn hielendal sekuer Wade-Giles soe Mao Zedong skreaun wurde as Mao2 Tse2-tung1, Wang Xiuying as Wang2 Hsiu4-ying1, en Sima Qian as Ssu1-Ma3 Ch‘ien1.

Pinyin en Wade-Giles binne allebeide represintaasjes fan 'e útspraak fan it Mandarynsk, de grutste Sinityske taal, dy't sprutsen wurdt yn noardeastlik Sina, mei de haadstêd Peking as sintrum. Yn Hongkong, Makau en yn 'e mienskippen fan 'e Sineeske diaspora yn Súdeast-Aazje en yn oare dielen fan 'e wrâld sprekt men gauris in oare Sinityske taal, lykas Kantoneesk yn Hongkong en Makau en Hakka en Hokkineesk yn Súdeast-Aazje. De sprekkers fan dy talen meitsje gebrûk fan in grut tal eigen, faak rivalisearjende transliteraasjesystemen. Yn Hongkong, dêr't in soad ynwenners grutwurden binne ûnder it Britske koloniale bestjoer, binne in protte Britske staveringsgewoanten oernommen foar it werjaan fan nammen, lykas Lee foar 李, Shaw foar 邵, ensfh. Yn Makau wurde Sineeske nammen soms noch transliterearre op basis fan 'e Portegeeske stavering. Yn sawol Hongkong as Makau wurde Sineeske nammen meastal transliterearre mei in keppelstreekje tusken de beide karakters fan 'e foarnamme. Datselde jildt foar Taiwan, dêr't Wade-Giles noch in protte brûkt wurdt. Yn Maleizje en Singapoer is it dan wer folslein normaal om 'e Sineeske nammen by it transliterearjen wer te jaan as trije losse wurden, lykas by de eardere premier fan Singapoer Lee Kuan Yew, dêr't de lêste beide 'wurden' ien inkele foarnamme foarmje.

Fan harren prehistoarje ôf hawwe de Sinezen in stikmannich nammetaboes yn eare holden, wêrby't se de nammen fan âlderen, foarâlden en hearskers net lûdop seine út respekt of eangstme. Fan gefolgen wie it foarhinne foar de Sineeske hegerein wenst om troch de tiid hinne in ferskaat oan nammen te dragen, wylst keizers en fergoade foarâlden sels noch mear nammen hiene. De hjoeddeistige praktyk is folle ienfâldiger en konsistinter, mar beskate alternative nammefoarmen wurde noch altyd brûkt.

Tradisjoneel krige poppen yn Sina pas hûndert dagen nei de berte in namme. Yn 'e Folksrepublyk Sina is dy perioade tsjintwurdich ynkoarte ta in moanne. Sadwaande brûke Sineeske âlden yn 'e perioade fuort nei de berte faak in saneamde 'tatenamme' (乳名, rǔmíng) foar harren bern ear't ta de offisjele namme besletten wurdt, gauris yn oerlis mei de pakes en beppes. Tatenammen omfiemje oer it algemien ferlytsingsfoarmen lykas xiǎo (小, "lyts"), of ferdûbele karakters. Ek wurdt faak wat ûnoangenaams keazen, mei as bedoeling om demoanen, dy't it bern kweadwaan wolle, bang te meitsjen. Nei't de offisjele namme fêstlein is, komt it foar dat de tatenamme fergetten en net mear brûkt wurdt, mar it kin ek dat it in soarte fan bynamme wurdt dy't yn gesinsferbân bestean bliuwt.

Bynammen (ferienfâldige Sineesk: 绰号, tradisjoneel Sineesk: 綽號, chuòhào; ek: 外號, wàihào) komme yn Sina foar krekt sa't se dat dogge yn oare lannen. Lang net eltsenien hat ien, en dejingen dy't se al hawwe, komme der yn 'e regel oan trochdat se yn harren bernetiid betocht wurde troch oaren, wat net altyd út 'e bêste motiven dien wurdt. Krekt as yn oare lannen ferwize bynammen yn Sina faak nei lichaamlike dingen, jins manear fan praten, en jins hâlden en dragen.

Bynammen dy't ferwize nei bisten, en dêrmei nei beskate oan sokke bisten tadichte eigenskippen, komme ek in soad foar, mar dy eigenskippen binne gauris hiel oars as yn 'e Westerske kultuer. Yn Sina binne kij bygelyks sterk ynstee fan dom, foksen binne glûperich ynstee fan snoad en bargen binne lilk, loai, dom en/of tefreden, mar net smoarch. Krektsa binne bynammen dy't yn it Westen as tige misledigjend opfet wurde soene, lykas "lytse fetlak" of "âld wiif", yn it Sineesk folle akseptabeler.

In metoade om bynammen te meitsjen dy't in soad foarkomt, is troch it karakter 阿 (Ā-) of 小 (Xiǎo-), dat beide "lyts" of "jong" betsjut, as foarheaksel fêst te meitsjen oan 'e famyljenamme of oan it twadde karakter fan 'e foarhomme. Ā- komt mear foar yn súdlik Sina, yn Taiwan en mank de Sineeske mienskippen om utens, wylst Xiǎo- yn hiel Sina gongber is.

Westerske nammen

bewurkje seksje

Ingelsk is tsjintwurdich op 'e middelbere skoallen yn 'e Folksrepublyk Sina in ferplichte fak, en by it learen fan Ingelsk betinke in soad learlingen om it útfieren fan 'e taaloefenings simpel te hâlden in Ingelske namme foar harsels. It komt foar dat se sa'n namme as in soarte fan bynamme behâlde nei't se fan skoalle gien binne, en soms brûke se him sels yn Sineesktalige konteksten. Ek bûten it ûnderwiis om nimme Sinezen gauris Ingelsktalige (by)nammen oan, dêr't se in ferskaat oan redens foar hawwe kinne. As men bgl. wurket yn 'e toeristyske sektor is it handich om in namme te hawwen dy't bûtenlanners maklik brûke (en ûnthâlde) kinne en net dy't se net alhiel ferniele om't se gjin Sineeske toanen útsprekke kinne. Fierders wurde Westerske nammen yn 'e Sineeske maatskippij faak beskôge as modern en egalitêr.

Mei't der yn Sina gjin beheinings binne by it kiezen fan in Sineeske namme, passe Sinezen dyselde frijheid ta as se in Ingelske namme kieze. Dat liedt faak ta it ûntstean fan nammen dy't op memmetaalsprekkers fan it Ingelsk bizar oerkomme. Nammen as Chlorophyll ("glorofyl"), Devil ("duvel") en Whale ("walfisk") komme yn Sina frij faak foar, en sels 'echte' (dat wol sizze: gongbere) Ingelske nammen dy't troch Sinezen keazen wurde, binne faak guon dy't troch Ingelsksprekkers mar komselden brûkt wurde. Yn Hongkong wurde kreätive Westerske nammen betocht en oannommen troch it oanpassen fan 'e stavering fan Ingelske nammen troch it weilitten, tafoegjen of ferangen fan spesifike letters, lykas yn Kith, Sonija en Garbie. Ek komt it dêr wol foar dat klanken fan Sineeske nammen oanpast wurde oan 'e Ingelske stavering en nammefolchoarder, lykas 李克勤, transliterearre foarm: Li Hak-kan, oanpaste foarm: Hacken Lee.

Om't Hongkong oardel iuw ûnder Britsk bestjoer stien hat, nimt it Ingelsk der noch altyd in wichtich plak yn. In soad Hongkongers pikke sadwaande al op 'e beukerskoalle in Ingelske (by)namme op, dy't sels in plakje krije kin (as men dat wol) yn offisjele dokuminten, lykas paspoarten. Sokke Ingelske bynammen wurde rûnom brûkt op skoalle en op it wurk. Krekt as yn Singapoer, dat in soartgelikense skiednis hat as Britske koloanje, is it mank Hongkongers hiel gewoan om inoar oan te sprekken by de Ingelske bynamme.

De skoalnamme (ferienfâldige Sineesk: 学名, tradisjoneel Sineesk: 學名, xuémíng) wie foarhinne in formele namme dy't foar in learling op skoalle brûkt waard. Mei't de binomiale nomenklatuer (d.w.s. it hawwen fan famyljenamme en foarnamme) yn it Mandarynsk ek xuémíng neamd wurdt, tsjut men sokke skoalnammen no faak oan as xùnmíng (訓名) om betizing foar te kommen.

Hoflikheidsnammen

bewurkje seksje

By it berikken fan 'e folwoeksenens wie it earder foar manlju út 'e Sineeske hegerein, of alteast by lju dy't in beskate mjitte fan ûnderwiis genoaten hiene, wizânsje om in hoflikheidsnamme (字, , of 表字, biǎozì) oan te nimmen. Sa'n namme krige men fan jins âldelju, fan in learaar of troch sels ien út te kiezen. Tradisjoneel wjerspegele de hoflikheidsnamme de betsjutting fan jins wiere namme of joech er jins oarder fan berte yn 'e húshâlding fan jins âlden wer.

De praktyk fan it oannimmen fan hoflikheidsnammen kaam fuort út 'e Sineeske tradysje dat it mank folwoeksenen ûnfatsoenlik is om by jins foarnamme oansprutsen te wurden troch generaasjegenoaten. De wiere foarnamme wie bedoeld om brûkt te wurden troch lju dy't âlder wiene, wylst gelikensen inoar mei hoflikheidsnammen oansprieken. It oannimmen fan hoflikheidsnammen waard iepentlik ôfkard troch de anty-ymperialistyske Fjouwer-Maaiebeweging fna 1919, en is sûnt fierhinne yn ûnbrûk rekke.

Skûlnammen of pseudonimen (ferienfâldige Sineesk: 号, tradisjoneel Sineesk: 號, hào; ek ferienfâldige Sineesk: 笔名, tradisjoneel Sineesk: 筆名, bǐmíng) wiene (en binne) krekt as yn oare kultueren selsútkeazen nammen dy't men brûkte om jins (wiere) identiteit te beskermjen. Yn 'e Sineeske kontekst koene se beskôge wurde as alternative hoflikheidsnammen, en wiene se ornaris trije of fjouwer karakters (wurdlidden) lang. Guon, mar lang net de measte, Sineeske skriuwers fan tsjintwurdich brûke noch sokke skûlnammen.

Postume nammen

bewurkje seksje

Postume nammen (ferienfâldige Sineesk: 谥号, tradisjoneel Sineesk: 諡號, shìhào) wiene foarhinne earenammen dy't útkeazen waarden foar leden fan it keizershûs nei harren dea. De yn it Westen gongbere nammen fan 'e measte Sineeske keizers fan foar de Tang-dynasty (mei de wichtige útsûndering fan Shi Huangdi) binne eins harren postume nammen. Behalven keizers en guon oare leden fan it keizershûs krigen soms ek ynfloedrike hôvelingen en politisy lykas Sun Yat-sen in postume namme taparte.

Timpelnammen

bewurkje seksje

De timpelnamme (ferienfâldige Sineesk: 庙号, tradisjoneel Sineesk: 廟號, miàohào) wie in nammefoarm dy't inkeld keizers en beskate oare leden fan it keizershûs krigen. Hy waard ynkurven op 'e spirituële klaaitabletten fan 'e keizerlike foarâlderlike timpel en ferskilde faak fan 'e postume namme fan 'e oangeande persoan. De struktuer fan timpelnammen rekke meitiid almar fierder beheind, en kaam te bestean út ien inkel eigenskipswurd en ien fan 'e wurdlidden (祖) of zōng (宗). De yn it Westen gongbere nammen foar de keizers fan 'e Tang-dynasty oant de Yuan-dynasty binne harren timpelnammen.

Tiidreknammen

bewurkje seksje

De tiidreknamme (年號, niánhào) kaam fuort út it Sineeske gebrûk om jierren te datearjen neffens de regearperioade fan keizers (dus: "Yn it 22e jier fan it regear fan keizer dy-en-dy barde dat-en-dat"). Under de Han-dynasty waard it wizânsje om ferskate kearen ûnder it regear fan ien-en-deselde keizer de tiidreknamme te feroarjen, mei as bedoeling om ûngelok ôf te warjen en lok oan te lûken. Tsjin 'e tiid fan 'e Ming-dynasty en de Qing-dynasty wie dy gewoante wer yn ûnbrûk rekke, sadat de yn it Westen gongbere nammen foar de keizers út dy dynastyen eins harren tiidreknammen binne. Hast alle tiidreknammen hiene in letterlike betsjutting en bestiene út persiis twa karakters.

Oansprekfoarmen

bewurkje seksje

Yn famyljefermiddens wurdt it yn Sina faak as ûnfoech of sels as oanstjitjaand beskôge as immen de foarnamme brûkt fan ien dy't âlder is as de sprekker. Ynstee is it gebrûkliker om famyljeleden oan te tsjutten troch abstrakte hierargyske beneamings te brûken. Foar bruorren en susters betsjut dat: "grutte suster", "twadde suster", ensfh. Oare famyljeleden wurde neamd nei harren famyljebân mei de sprekker, troch berte of houlik en oan 'e kant fan 'e mem of oan dy fan 'e heit. Foar jongere famyljeleden wurde sokke abstrakte oantsjuttings mar komselden brûkt, behalven yn formele sitewaasjes (bgl. op begraffenissen) of by wize fan yndirekte oantsjutting as men praat tsjin famyljeleden dy't noch jonger binne as dejinge dêr't it oer giet. Bern kinne sûnder beswieren by de foarnamme neamd wurde, hoewol't de foarkar jûn wurde kin oan it gebrûk fan bynammen.

As men praat oer kunde dy't gjin famylje is, wurde sokken oer it algemien oantsjut mei in hoflikheidsfoarm, lykas "mem Li" (李妈妈, Lǐ māma) of "frou Zhu" (朱太太, Zhū tàitai). Foarnammen wurde allinnich brûkt as de sprekker ferwiist nei folwoeksen freonen fan him of har of nei bern, hoewol't it yn Sina, oars as yn 'e Westerske wrâld, hiel normaal is om sels goede freonen oan te tsjutten mei harren folsleine namme (famyljenamme ynbegrepen). Ek is it hiel gewoan om immen oan te tsjutten as lǎo (老, "âld(e)") of xiǎo (小, "jong(e)"), folge troch harren famyljenamme, bgl.: Lǎo Wáng (老王) of Xiǎo Zhāng (小张). Xiǎo wurdt ek gauris brûkt as ferlytsingsfoarm, en wurdt dan yn 'e regel keppele oan it twadde (of iennichste) wurdlid fan 'e foarnamme, ynstee fan oan 'e famyljenamme.

Om immen lǎo ("âld") te neamen, hat yn it Sineesk gjin negative ymplikaasjes of assosjaasjes mei ûnfatsoen dy't it yn Westerske talen hat, mei't âlderdom yn 'e Sineeske maatskippij sjoen wurdt as eat dat grut respekt fertsjinnet. Nettsjinsteande dat is it oan te rieden om as bûtensteander nimmen lǎo of xiǎo te neamen oant it dúdlik is dat dy oantsjutting rûnom brûkt wurdt en dus akseptabel is. Yn oare gefallen is it better gebrûk te meitsjen fan 'e folsleine namme fan in persoan (dus famylje- en foarnamme) of de famyljenamme folge troch xiānsheng (先生, "menear") of nǚshì (女士, "mefrou").

Op skoalle en as men âlde klassegenoaten weromsjocht, is it wenst om harren oan te sprekken as âldere bruorren of susters, lykas "âldere broer Zhào" (ferienfâldige Sineesk: 赵哥, tradisjoneel Sineesk: 趙哥, Zhào Gé) of "âldere suster Zhāng" (ferienfâldige Sineesk: 张姐, tradisjoneel Sineesk: 張姐, Zhāng Jǐe). Dat kin in utering wêze fan respekt foar âldere klassegenoaten, mar ek gewoan in manear om freonskip út te drukken. Immen oansprekke as in jongere broer of suster wurdt selden dien. Oare persoanen wurde, om respekt te toanen, gauris oansprutsen mei harren berop, benammen as it giet om ûnderwizers, mei't sokken yn 'e Sineeske kultuer heech oanskreaun steane. Learlingen en âld-learlingen, mar ek oare lju sille yn sa'n gefal immen oansprekke as bgl. "master Lǐ" (李老師, Lǐ lǎoshī). Soks wurdt yn sa'n gefal as fatsoenliker beskôge as om te sizzen "menear Lǐ". Krektsa wurde ek bgl. yngenieurs en direkteurs mei harren berop oansprutsen.

Oare nammegewoanten

bewurkje seksje

Ungewoane nammen yn 'e Folksrepublyk Sina

bewurkje seksje

Wylst de grutte mearderheid fan 'e etnyske Sinezen yn 'e Folksrepublyk Sina nammen (ynkl. famylje- en foarnammen) hat dy't besteane út trije karakters of soms út twa, komme langere nammen ek foar. Yn útsûnderlike gefallen bestiet in Sineeske namme inkeld wolris út fyftjin karakters (of wurdlidden). Mar oer it algemien is in langere namme in teken dat men net fan dwaan hat mei in etnyske Sinees, mar mei in lid fan ien fan 'e etnyske minderheden yn Sina.

Om't it lytse tal gongbere Sineeske efternammen wolris ta betizing liedt yn sosjale fermiddens, en om't Sineeske âldelju faak de oanstriid fiele om harren bern in beskate mjitte fan yndividualiteit te jaan, krije guon Sineeske bern ûngewoane foarnammen. Dat is útgroeid ta in obstakel foar kommunikaasje en digitalisearring. Yn april 2009 hiene likernôch 60 miljoen Sinezen yn 'e Folksrepublyk in ûngebrûklik karakter yn harren foarnamme. Om't fan 'e 55.000 karakters dy't brûkt wurde yn 'e Folksrepublyk yn 2006 noch mar 32.232 ynfierd wurde koe yn 'e kompjûter, hat it regear fan 'e Folksrepublyk lju mei ûngewoane nammen frege om gongberder nammen oan te nimmen, sadat harren nammen digitalisearre wurde kinne, en der digitaal ferwurke identiteitsbewizen foar harren makke wurde kinne.

Nammegewoanten yn Taiwan

bewurkje seksje

De famyljenammen fan etnyske Sinezen yn Taiwan binne gelyk oan dy yn it súdeasten fan 'e Folksrepublyk Sina, mei't de measte Taiwaneeske etnysk Sineeske famyljes oarspronklik ôfkomstich binne út Fujian en Guangdong. De oarspronklike, lânseigen befolking fan Taiwan, de Taiwaneeske Aborizjinals, hawwe as ûnderdiel fan it proses fan sinisisaasje ("fersineesking") dêr't se iuwenlang oan bleatstien hawwe, ek Sineeske nammen oannommen. De fersprieding fan Sineeske famyljenammen ferskilt yn Taiwan al wat fan 'e Folksrepublyk. Sa komt de namme Chen (陳) mank etnyske Sinezen yn Taiwan relatyf folle mear foar (11% fan 'e befolking) as yn 'e Folksrepublyk (3% fan 'e befolking). Fierders komme foarnammen dy't út mar ien karakter besteane yn Taiwan folle minder foar as yn 'e Folksrepublyk.

In Taiwaneeske tradysje dy't no fierhinne útstoarn is, wie om oan bern mei opsetsin ûnoangename foarnammen te jaan, om demoanen en minne foartekens ôf te warjen. As in jonge bgl. slim siik rekke, koed er omneamd wurde ta Ti-sái (豬屎, "Bargestront") om oan 'e demoanen dy't de sykte brocht hiene dúdlik te meitsjen dat er it deameitsjen net wurdich wie.

Nammegewoanten fan Sineesk-Amerikanen

bewurkje seksje

Under Sineesk-Amerikanen is it wizânsje om 'e folchoarder fan famyljenamme en foarnamme om te draaien, sadat de foarnamme earst komt en de famyljenamme dêrop folget. Boppedat is it wenst om in Westerske (Ingelske) foarnamme te hawwen, dy't gjin bynamme is, mar in offisjele foarnamme dêr't men ek by de oerheid ûnder registrearre stiet. De eigentlike, Sineeske foarnamme wurdt dan in middelnamme, dy't nei Amerikaansk gebrûk werjûn wurdt mei in inisjaal tusken foar- en efternamme yn, of, faker noch, hielendal weilitten wurdt en inkeld brûkt wurdt yn Sineesktalige fermiddens. Foarbylden fan dizze gewoanten binne bgl. keunstrydster Michelle Kwan en sjoernaliste Lisa Ling. Ek yn Súdeast-Aazje (benammen yn Maleizje en Singapoer) komt dit wol foar, lykas by aktrise Michelle Yeoh, wylst de filmyndustry fan Hongkong foar de Westerske merk gebrûk makket fan deselde namme-oanpassings (lykas by Bruce Lee, Jackie Chan en John Woo).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.