Leafde's Lêst Al Leanne

(Trochferwiisd fan Love's Labour's Won)

Leafde's Lêst Al Leanne, yn it Ingelsk: Love's Labour's Won, is in ferlern gien toanielstik fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It wurdt foar it earst neamd troch Francis Meres yn dy syn Palladis Tamia ("De Skatkeamer fan 'e Humor"), wêryn't dy in stik as seis Shakespeariaanske komeedzjes opneamt. Mei't Palladis Tamia datearret fan 1598 soe Leafde's Lêst Al Leanne dus fan foàr dy tiid wêze moatte.

Leafde's Lêst Al Leanne
algemiene gegevens
oarspr. titel Love's Labour's Won
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun <1598
1e publikaasje ? (ferlern gien)

Shakespearesaakkundigen hawwe ûnderskate teoryen oer it stik. De earste dêrfan is dat Leafde's Lêst Al Leanne in ferfolch wie op Leafde's Lêst Net Leanne, dat wat ûnbefredigjend einiget foar in komeedzje, mei fjouwer houliken (fan 'e kening fan Navarra en fan dy syn trije hôvelingen Berowne, Dumaine en Longaville) dy't by wize fan proeftiid in jier en in dei útsteld wurde.

In oare al lang besteande teory wie dat Leafde's Lêst Al Leanne in alternative namme wie foar it stik dat hjoed de dei bekend is ûnder de namme De Fekke Nuet, dat ferskate jierren foàr 1598 skreaun wie en dat opfallendernôch ûntbrekt yn Meres syn opsomming. Yn 1953 ûntdiek de Londenske antikêr Solomon Pottesman lykwols in list út augustus 1603 fan 'e toanielkatalogusbyhâlder Christopher Hunt, wêryn't dy opneamt as printe op kwartformaat: "marchant of vennis, taming of a shrew, [...], loves labor lost, loves labor won." Dy fynst ferskafte it earste bewiis dat De Fekke Nuet (The Taming of the Shrew) en Leafde's Lêst Al Leanne (Love's Labour's Won) twa ferskillende toanielstikken wiene.

Wer in oare mooglikheid is dat Leafde's Lêst Al Leanne in alternative titel wie foar in oare Shakespeariaanske komeedzje dy't net yn Meres syn opsomming opnommen is, lykas Folle Spul om Neat, wêrfan't men mient dat it ek om 1598 hinne skreaun is. Ek wurdt wol spekulearre dat Leafde's Lêst Al Leanne in iere titel wie fan 'e trageedzje Troilus en Kressida, al liket dat aardich fiersocht, mei't yn dat stik krekt in leafde ferlern giet (saakkundige Kenneth Palmer bekritisearre dizze teory dan ek om't it in "forsearre ynterpretaasje" fan Troilus en Kressida fereaske); boppedat is Troilus en Kressida foar 't neist skreaun omtrint 1602.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Baldwin, T.W., Shakespeare's Love's Labour's Won: New Evidence from the Account Books of an Elizabethan Bookseller, Carbondale, 1957 (Southern Illinois University Press), sûnder ISBN.
  • Palmer, Kenneth, Introduction, yn: Troilus and Cressida, Londen, 1982 (Methuen), s. 18, ISBN 0 41 61 77 905.
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater