Krasnojarsk (kraj)

(Trochferwiisd fan Kraj Krasnojarsk)

De Kraj Krasnojarsk (Russysk: Красноярский край; Krasnojarski kraj) is in kraj yn 'e Russyske Federaasje. Nei de oanbuorjende republyk Sacha is it it grutste Russyske dielgebiet. Mei in oerflak fan 2.366.797 km² is it 56 kear sa grut as Nederlân en beslacht it 13,86% fan it totale oerflak fan Ruslân. It gebiet is tige tin befolke en hat likernôch 3 miljoen ynwenners.

Kraj Krasnojarsk

Красноярский край

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Kraj
lân Ruslân
federaal distrikt Sibearje
ekonomyske regio East-Sibearje
haadplak Krasnojarsk
grutste plak Krasnojarsk
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (91,3  %),
Oekraïners (1,4 %)
(stân: 2010)
sifers
ynwennertal 2.845.545 (2023)
oerflak 2.366.797 km²
befolkingstichtens 0,12 ynw. / km²
oar
stifting 7 desimber 1934
tiidsône UTC+7, MSK+4
koördinaten 67° 0' N 95° 0' E
webside www.krskstate.ru

Fan noard nei súd is de kraj 3000 km lang. De kraj Krasnjojarsk leit yn it midden fan Sibearje oan 'e oblasten Tjûmen, Tomsk, Irkûtsk en Kemerovo, en oan 'e republiken Chakasje, Tûva en Sacha. Yn it noarden leit de Noardlike Iissee. De kraj leit yn it streamgebiet fan de rivieren de Jenisej en de Ob.

It gebiet is tige ryk oan natuerlike helpboarnen. De kraj hat grutte nikkel-, goud-, koper- en kobaltreserves. De kraj hat de grutste stienkoalfoarrieden fan it lân en yn it gebiet binne teminsten 25 oalje- en gasfjilden. Mear as 95% fan 'e Russyske rykdom oan platina en platinoïden binne yn 'e kraj te finen.

Krasnojarsk produsearre ek 20% fan it hout fan Ruslân.

De Russyske kolonisaasje fan it gebiet sette yn 'e 17e iuw útein mei Kozakken. Troch de oanlis fan it Sibearyske spoar naam it ynwennertal bot ta.

Yn 'e tiid fan Stalin leine der in soad kampen yn 'e regio.

De kraj waard yn 1934 oprjochte nei de opdieling fan 'e West-Sibearyske en East-Sibearyske kraj's. Yn 1991 skiede Chakasje him ôf fan de kraj doe't dat in autonome republyk waard.

Nei in referindum op 17 april 2005 waarden de eardere federale distrikten Tajmyr en Evenkje mei ynfong fan 1 jannewaris 2007 by de kraj Krasnojarsk yndield.

De befolking bestiet yn mearderheid út Russen en wurdt oanfolle mei oare folken fan 'e eardere Sovjet-Uny. De ynhiemske befolking makket noch gjin 1% út fan de hjoeddeiske befolking.

Neffens de sinsus fan 2010 bestiene de grutste mienskippen út:

Etnisiteit Tal Persintaazje
Russen 2.490.730 91.3%
Oekraïners 38.012 1,4%
Tataren 34.828 1,3%
Dútsers 22.363 0,8%
Azerbeidzjanen 16.341 0,6%

Oare minderheden binne Tsjûvaasjers, Armeenjers, Kirgizen, Uzbeken, Tadzjiken, Dolganen, Ewinken en Nenetsen.

Bestjoerlike yndieling en stêden

bewurkje seksje

De kraj bestiet út 44 ferskillende rajons en sechtjin stêden. Twa fan de distrikten, de eardere okrûgen Evenkje en Tajmyr, hawwe yn 'e kraj in spesjale status.

Gruttere plakken
Stêd */ Delsetting mei stedsk karakter Russysk Ynwennertal Wapen Lokaasje
Krasnojarsk Красноярск 1.196.913 (2023)   56° 00' N 92° 52' E
Norilsk Нори́льск 174.453 (2021)   69° 20' N 88° 13' E
Atsjinsk Ачинск 100 621 (2021)   56° 16' N 90° 30' E
Kansk Канск 86.816 (2021)   56° 12' N 95° 42' E
Zjeleznogorsk Железногорск 86.816 (2021)   56° 15' N 93° 32' E
Minûsinsk Минусинск 70.089 (2021)   53° 42' N 91° 41' E
Zelenogorsk Зеленогорск 54 279 (2021)   56° 06' N 94° 35' E
Lesosibirsk Лесосибирск 55.730 (2021)   58° 14' N 92° 29' E
Nazorovo Назарово 45.333 (2021)   56° 00' N 90° 23' E
Sosnovoborsk Сосновоборск 40.442 (2021)   56° 08' N 93° 22' E
Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·  
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kraj Krasnojarsk fan Wikimedia Commons.