RoboCop (film út 1987)

RoboCop is in Amerikaanske dystopyske, satiryske science fiction-aksjefilm, plysjefilm en superheldefilm út 1987 ûnder rezjy fan 'e Nederlânske filmmakker Paul Verhoeven. De film wurdt ek wol omskreaun as in cyberpunkfilm en in splatterfilm. De haadrollen waarden spile troch Peter Weller, Nancy Allen en Miguel Ferrer. De titel betsjut "RoboSmearis".

RoboCop
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Paul Verhoeven
produsint Arne Schmidt
útfierend
   produsint
Jon Davison
senario Edward Neumeier
Michael Miner
kamerarezjy Jost Vacano
muzyk Basil Poledouris
filmstudio Orion Pictures
Tobor Pictures
distribúsje Orion Pictures
(letter Metro-Goldwyn-Mayer)
spilers
haadrollen Peter Weller
Nancy Allen
Miguel Ferrer
byrollen Kurtwood Smith
Ronny Cox
Daniel O'Herlihy
Robert DoQui
Felton Perry
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 17 july 1987
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 102 minuten
budget en resultaten
budget $13,7 miljoen
opbringst $53,4 miljoen (Noard-Amearika)
prizen 1 × Oscar
5 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje RoboCop
● folgjend diel RoboCop 2

It ferhaal spilet yn 'e neie takomst yn in oan misdie te sink geand Detroit, dêr't it stedsbestjoer de plysje útbestege hat oan it grutte bedriuw Omni Consumer Products. Om't it meitsjen fan winst foar OCP de heechste prioriteit hat, komt men mei nije, effektivere, mar ek ymmorele foarmen fan oarderhanthavening op 'e lapen. Nei't plysjeman Alex Murphy troch kriminelen fermoarde is, wurdt er troch OCP wer ta libben wekke as de cyborg RoboCop. Dat is in heal-minsklik, heal-roboatysk wêzen, mei as iennichste doel it bestriden fan 'e misdie. Wat se by OCP lykwols net ferwachte hiene, is dat RoboCop gjin ferskil sjocht tusken strjitkriminelen en de korrupte top fan it bedriuw.

Fan 'e filmkritisy krige RoboCop oer it algemien positive resinsjes, en dizze ûnôfhinklike film wûn de Oscar foar bêste lûdsmontaazje en fiif Saturn Awards. Yn 'e bioskopen wie RoboCop ûnferwachts in kommersjeel súkses. Op basis dêrfan ûntstie neitiid de mediafranchise mei deselde namme. In direkt ferfolch op 'e film ferskynde yn 1990 as RoboCop 2.

Plot bewurkje seksje

Yn in neie, dystopyske takomst stiet de Amerikaanske stêd Detroit op 'e râne fan maatskiplike en finansjele ynstoarting. Oerweldige troch in kombinaasje fan oanboazjende misdie en belúnjende middels beslút it stedsbestjoer de pleatslike plysje te ferpachtsjen oan it grutte bedriuw Omni Consumer Products (OCP). De plysjeminsken binne dêr alderminst gelokkich mei en tanimmende ûntefredenens liedt ta de driging fan stakings. Ynstee dat der mei it plysjefakbûn ûnderhannele wurdt oer bettere arbeidsbetingsten, sjocht OCP dat as it bewiis dat men ôf moat fan minsklike wurknimmers by de plysje.

Under lieding fan adjunkt-direkteur Dick Jones wurdt in swierbewapene robot ûntwikkele, de ED-209, dy't minsklike plysjes ferfange moat en tagelyk ek oan it leger ferkocht wurde kin. Jones presintearret syn ED-209 op in gearkomste fan 'e direksje fan OCP, mar by de demonstraasje giet der wat freeslik mis, mei as gefolch dat de robot mei syn masinegewearen in lid fan 'e direksje, Kinney, oan grôt sjit. Jones besiket dat wei te setten as in "lytse flater yn 'e programmearring", mar de algemien direkteur fan it bedriuw, dy't troch al syn ûnderhearrigen "de Alde" neamd wurdt, jout him dêrfoar in fikse beskrobbing. Dat biedt it ambisjeuze jonge ôfdielingshaad Bob Morton de kâns om yn it plak fan 'e ED-209 syn eigen, alternative projekt by de Alde ûnder de oandacht te bringen: RoboCop.

Underwilens wurdt plysjeman Alex Murphy oerpleatst fan it relatyf kalme plysjeburo Metro South nei it ûnlijige distrikt fan Metro-West. Syn nije partner dêre wurdt de stoere froulike plysje Anne Lewis. Net lang nei syn oerpleatsing geane Murphy en Lewis op it berjocht fan in bankoerfal ôf, wêrnei't se de beruchte binde fan 'e ûngrypbere Clarence Boddicker efterfolgje. Dy bestiet behalven Boddicker sels út Emil Antonowsky, Leon Nash, Joe Cox en Steve Minh. Yn in leechsteand fabryk lokje de kriminelen Murphy en Lewis yn in mûklaach. Lewis rekket in skofke bewusteleas, mar Murphy wurdt troch de bindeleden finzen nommen. Se martelje him in hoart troch him earst syn hân ôf te sjitten en dan syn hiele earm, wêrnei't se him op net-fatale wize trochsingelje mei kûgels. Uteinlik jout Boddicker sels him it genedeskot troch him yn 'e holle te sjitten.

Murphy wurdt foar dea efterlitten, mar as Lewis him fynt, blykt er noch te libjen. Hy wurdt nei it sikehûs ta brocht dêr't er komt te ferstjerren. Neitiid lit Morton it stoflik omskot fan Murphy brûke om 'e earste RoboCop te bouwen, in wêzen mei in fierhinne minsklike holle en romp, dy't fierders lykwols út masineûnderdielen bestiet. Syn gesicht wurdt foar it meastepart oerdutsen mei in fizier, dat him ûnwerkenber makket. As se klear binne, is RoboCop in supersterke, pânsere en swierbewapene cyborg dy't docht wat him sein wurdt. Syn ûnthâld is nammentlik wiske, dat hy hâldt him inkeld oan 'e trije rjochtlinen dêr't er mei programmearre is: it tsjinjen fan 'e befolking, it beskermjen fan 'e ûnskuldigen en it hanthavenjen fan 'e wet. (In fjirde rjochtline, inkeld bekend as Rjochtline 4, wurdt geheim holden.)

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

RoboCop wurdt tawiisd oan Metro West, dêr't er in effektive foarm fan misdiebestriding blykt te wêzen troch handich ôf te weven mei dieven, gewelddiedige oerfallers, lju dy't har skuldich meitsje oan seksuele oantaasting en gizelnimmers. Yn 'e media is er in sensaasje, mar Lewis kriget der al rillegau aan fan dat der wat mis is as se de unike manear sjocht dy't RoboCop hat om syn pistoal te holsterjen. Dy is nammentlik persiis-en-gelyk oan 'e manear dy't Murphy dêrfoar hie: in trúkje dat er himsels oanleard hie om yndruk te meitsjen op syn jonge soan.

Hoewol't it ûnthâld fan RoboCop wiske is, jildt dat blykber net foar syn ûnderbewuste, en as er op in stuit foar ûnderhâld yn 'e rêst is, kriget er in nachtmerje dêr't Boddicker en syn binde yn figurearje, krekt as Murphy syn frou en soan. As er neitiid it plysjeburo ferlit, sprekt Lewis him oan as Murphy, en letter op patrûlje arrestearret er Emil Antonowsky, dy't him ek oan syn hâlden en dragen weromken as Murphy. Fan beide foarfallen boazet syn mentale betizing noch fierder oan. Werom op it buro ferskaft RoboCop himsels mei syn datapjuk op ûnautorisearre wize tagong ta de plysjedatabase, dêr't er de identiteit fan Antonowsky opfreget en fia him ek de identiteiten fan 'e oare leden fan 'e Boddickerbinde, dy't er yn syn dream sjoen hat. As er yn it dossier fan Boddicker lêst dat dy socht wurdt foar de moard op Murphy, sjocht RoboCop ek syn eigen dossier yn. Hy giet nei de wente fan 'e húshâlding Murphy, dy't no leech stiet om't syn widdo en soan nei syn dea nei in oar plak ferhuze binne. As er troch it lege hûs doarmet, komme der noch mear oantinkens fan Murphy by RoboCop boppedriuwen.

Underwilens boazet de rivaliteit tusken Jones, de twadde man fan OCP, en Morton, dy't besiket him derút te wurkjen, almar fierder oan. Nei in heechoprinnende konfrontaasje tusken de beide mannen op it wurk, wurdt Morton jûns thús opsocht troch Boddicker, dy't him ferskate kearen yn beide skonken sjit. Hy hat in fideoboadskip by him fan Jones, dêr't út blykt dat Boddicker al langere tiid it smoarge wurk foar Jones opknapt, yn ruil wêrfoar't Jones him de hân boppe de holle hâldt, sadat de krimineel ûngrypber bliuwt foar de plysje. Boddicker lit in hangranaat, dêr't er de pin út lutsen hat, efter yn 'e wente fan Morton, dy't dêr mei syn stikken sketten skonken net op 'e tiid by komme kin. De granaat ûntploft en ferneatiget it hûs, wêrby't Morton omkomt.

RoboCop spoart de binde fan Boddicker op, wêrnei't Steve Minh en in hiele kliber drugsdealers yn 'e tsjinst fan Boddicker syn sakepartner Sal by in sjitpartij omkomme. As RoboCop Boddicker sjocht, besiket er dyselde earst te fermoardzjen, oant syn programmearring de restanten fan Murphy syn gefoelens oerwint. Sadwaande wurdt Boddicker úteinlik troch RoboCop arrestearre. Yn syn ferûntweardiging oer dy behanneling ropt Boddicker út dat er foar Jones wurket en dat RoboCop, dy't yndirekt ek foar Jones wurket, him hielendal net arrestearje kin. Dêr is er lykwols mis mei, want RoboCop kin net bang reitsje of yntimidearre wurde, en omreden fan 'e trije rjochtlinen dêr't er him oan hâlde moat, sjocht er gjin inkeld ferskil tusken in strjitkrimineel as Boddicker en in witeboardekrimineel as Jones.

Dat, nei't er Boddicker op it plysjeburo ôflevere hat, bejout er him nei it haadkertier fan OCP om Jones te op te pakken. As er dat besiket, docht lykwols bliken dat de geheime Rjochtline 4 in ynboude befeiliging is om RoboCop te neutralisearjen wannear't er him tsjin personiel fan OCP keart. Jones, dy't him folslein feilich wit foar RoboCop, jout planút ta dat er Morton fermoardzje litten hat, en sjocht fermakke ta hoe't RoboCop mei syn programmearring wrakselet, foar't er in ED-209 op him loslit. RoboCop wit lykwols fia it treppehûs te ûntkommen om't de bombidige ED-209 net treprinne kin, en as er dat dochs besiket, op 'e rêch rôlet en yn ûnmacht leit. Yn 'e parkearkelder fan it OCP-gebou wurdt RoboCop lykwols opwachte troch in grutte plysjemacht dy't tahastige is op Jones syn needoprop en it fjoer iepenet op 'e "him misdragende" cyborg, dy't no in gefaar foar de maatskippij is. Hoewol't er slimme skea oprint, wit RoboCop mei help fan Lewis fannijs te ûntkommen, wêrnei't er ûnderdûkt yn in ferlitten stielfabryk om himsels te reparearjen.

De oare deis barst de bom by de plysje omreden fan 'e oanhâldende ûnderfinansearring en ûnderbemanning fan it korps troch OCP. Fan gefolgen brekt der in staking út. Sûnder plysje glidet Detroit ôf ta gaos en oeral yn 'e stêd brekke ûngeregeldheden út. Jones soarget derfoar dat Boddicker en syn binde wer op frije fuotten komme, wêrnei't Boddicker, Emil Antonowsky, Leon Nash en Joe Cox harsels bewapenje mei swier wapenark dat OCP ûntwikkele hat. Jones hat Boddicker de opdracht jûn om foar iens en foar altyd mei RoboCop ôf te weven en om't der in stjoerderke yn 'e cyborg ynboud sit, witte se wêr't er him ophâldt. Sadwaande falle se him en Lewis oan by it fabryk. RoboCop blykt lykwols in taaie tsjinstanner: hy sjit fuortendaliks Cox dea en manipulearret Antonowsky om mei syn buske in reuseftich opslachfet foar gemysk ôffal stikken te riden, wat de krimineel in ferskriklike dea besoarget. By in konfrontaasje mei Boddicker rekket Lewis swierferwûne, wylst RoboCop fêst komt sitten as Nash mei in hyskraan in stikmannich stielene balken op him falle lit. Lewis wit Nash lykwols dea te sjitten, wêrnei't RoboCop mei Boddicker ôfweeft troch him mei syn datapjuk yn 'e kiel te stekken as er te tichtby komt.

Neitiid bejout RoboCop him op 'e nij nei it haadkertier fan OCP, dêr't er diskear in direksjegearkomste ûnderbrekt. Hoewol't Jones troch Rjochtline 4 noch hieltyd ûnoantaastber foar him is, giet dat net op foar Jones syn reputaasje. Dy ferneatiget RoboCop troch foar de rest fan 'e direksje de bekentenis fan Jones ôf te spyljen dat er Morton fermoardzje litten hat. Om oan 'e befeiliging fan OCP te ûntkommen, nimt Jones de Alde yn gizeling; wannear't dyselde dêrop útropt dat Jones ûntslein is, befrijt dat RoboCop fan 'e beheinings oplein troch Rjochtline 4 en sjit er Jones del. Dyselde stoart troch it finster fan 'e wolkekliuwer en falt yn 'e djipte te pletter. De Alde makket RoboCop in komplimint foar de akuratesse fan syn sjitten en freget hoe't er hjit. RoboCop antwurdet: "Murphy."

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Peter Weller yn 2016.
 
Nancy Allen yn 1984.
 
Miguel Ferrer yn 2015.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise               
plysje Alex Murphy / RoboCop Peter Weller
plysje Anne Lewis Nancy Allen
Bob Morton Miguel Ferrer


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Clarence Boddicker Kurtwood Smith
Dick Jones Ronny Cox
de Alde (alg. dir. fan OCP) Daniel O'Herlihy
brigadier Reed Robert DoQui
Donald Johnson Felton Perry
Emil Antonowsky Paul McCrane
Leon Nash Ray Wise
Joe Cox Jesse D. Goins
Steve Minh Calvin Jung
Kinney Kevin Page
Sal de drugsdealer Lee de Broux
ynspekteur Hedgecock Michael Gregory
nijslêzer Casey Wong Mario Machado
nijslêzeresse Jess Perkins Leeza Gibbons
presintator Bixby Snyder S.D. Nemeth
Murphy syn frou Angie Bolling
Murphy syn soan Jason Levine
dûnsjende man yn nachtklub Paul Verhoeven (cameo)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

RoboCop waard regissearre troch Paul Verhoeven nei in senario fan Edward Neumeier en Michael Miner op basis fan ideeën dy't se beiden los faninoar ûntwikkele hiene. Se metten inoar tafallich en ûntdieken dat harren ideeën inoar oanfollen. Se skreaune it skript sûnder dat se dêr in keaper foar hiene, mar binnen in moanne bea de lytse filmstudio Orion Pictures oan om it te keapjen. Filmprodusinten Jonathan Kaplan en Jon Davison fan Orion lieten Neumaier en Miner it senario werskriuwe, nei't se harren films as Madigan (1968), Dirty Harry (1971) en Mad Max 2 (1981) sjen litten hiene om dúdlik te meitsjen hokker toansetting se hawwe woene.

Yn 't earstoan soe Kaplan RoboCop regissearje, mar doe't de preproduksje langer yn beslach naam as ferwachte, ferliet hy it projekt om ynstee Project X (1987) te meitsjen. It duorre in healjier foar't der in opfolger kaam. Ferskate regisseurs oan wa't de film oanbean waard, betanken foar de eare, wylst oaren al oare ferplichtings oangien wiene. Miner lobbyde om sels regisseur te wurden, mar om't er noch nea earder in film regissearre hie, fûn Orion dat te riskant. Uteinlik suggerearre Barbara Boyle, dy't in liedingjaande funksje by Orion beklaaide, om 'e Nederlânske regisseur Paul Verhoeven te freegjen, dy't yndruk op har makke hie mei films as Soldaat van Oranje (1977) en Flesh and Blood (1985).

Verhoeven soe ien blik op it senario wurpen hawwe en it as "rotsoai" oan kant reage hawwe. Troch syn ôfwizing kaam de produksje fan RoboCop alhiel stil te lizzen. Boyle stjoerde Verhoeven nochris it senario, mei de suggestje dat er omtinken joech oan 'e subtekst. Verhoeven rûn der lykwols noch altyd net waarm foar, oant syn frou Martine it lies en him oanfitere om it in nije kâns te jaan om't er neffens har "de siel" fan it ferhaal, oer ien dy't syn identiteit ferliest, oer de holle sjoen hie. Dat, Verhoeven lies einlings it skript, dat him net folle die oant er yntrigearre rekke troch de sêne wêryn't RoboCop yn syn eigen eardere wente oerrompele wurdt troch oantinkens oan syn húshâlding en syn âlde libben.

 
Regisseur Paul Verhoeven yn 2016.

Neitiid sei Verhoeven yn in gearkomste mei Davison en Neumeier ta de film regissearje te sillen. Hy woe der lykwols in earnstige film fan meitsje. Neumeier joech him dêrop in stikmannich stripalbums oer superhelden, dy't syn ynspiraasje by it skriuwen fan it skript foarme hiene, wêrûnder 2000 AD, mei as haadpersoan Judge Dredd. Nei't er dy lêzen hie, begriep Verhoeven de satire fan 'e film better, mar hy woe noch altyd in oar, ferbettere senario hawwe, mei in subplot oer in romantyske relaasje tusken Murphy en Lewis. Neumeier en Miner skreaune dy trêde ferzje fan it senario flot troch lange dagen te meitsjen, mar doe't Verhoeven it resultaat lies, joech er ta dat de twadde ferzje fan it skript better west hie en smiet er de trêde ferzje fuort.

As produsint wie Arne Schmidt by it projekt belutsen foar Orion Pictures. Ek Tobor Pictures, it bedriuw fan Jon Davison, wie yn 'e produksje behelle. Davison sels hie as útfierend produsint it tafersjoch oer it hiele projekt. Foar RoboCop wie in budget beskikber fan $11 miljoen, letter ferhege ta 13,7 miljoen, wat frij beheind wie foar in film dêr't sa'n soad special effects foar nedich wêze soene. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jost Vacano, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Basil Poledouris.

Casting bewurkje seksje

Foar de rol fan Alex Murphy/RoboCop passearren de nammen fan ferskate akteurs de revu, ûnder wa Arnold Schwarzenegger, Michael Ironside, Rutger Hauer, Tom Berenger, Armand Assante, Keith Carradine en James Remar. Orion Pictures hie in foarkar foar Schwarzenegger, dy't ek de haadrol spile hie yn The Terminator (1984), in film fan deselde studio dy't tige súksesfol west hie. Verhoeven en oaren fûnen lykwols dat Schwarzenegger der net oannimlik útsjen soe yn it RoboCop-kostúm, mei't dat syn dochs al tige spierde uterlik noch fierder beklamje soe. Oare gadingmakkers sieten deroer yn dat harren gesicht yn 'e rol fan RoboCop foar it meastepart fan 'e film ûnwerkenber makke wurde soe troch it fizier fan it kostúm. Neffens Davison wie Peter Weller de iennichste dy't frege waard foar de rol dy't daliks ja sei. De studio koe dêrmei libje om't er net botte bekend wie en dêrom gjin heech salaris freegje koe. Weller sels sei dat er him benammen ta de rol oanlutsen fielde om't er dêrtroch gearwurkje koe mei Verhoeven. Hy trainde moannenlang mei mymspiler Moni Yakim om 'e aparte, roboatyske manear fan rinnen fan RoboCop oan te learen.

Foar de rol fan Murphy syn partner Anne Lewis waard Stephanie Zimbalist cast, mar dy't moast har letter weromlûke om't it opnameskema fan 'e film oerlape mei har kontraktuele ferplichtings foar de tillefyzjesearje Remington Steele. Dy wie yn 1986 stopset, mar nei protesten fan fans waard der in nij seizoen fan makke. Yn har plak waard Nancy Allen oannommen, dy't de titel fan 'e film ferskriklik, mar it skript meislepend fûn. Foar de rollen fan 'e wichtichste antagonisten, Clarence Boddicker en Dick Jones, waarden Kurtwood Smith en Ronny Cox cast. Smith hie oant doe ta inkeld tillefyzjewurk dien en socht nei in manear om troch te kringen yn 'e filmyndustry. Cox hie lêst fan typecasting as in sympatike keardel en wie bliid doe't Verhoeven him de kâns bea om tsjin syn gebrûklike type te spyljen.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar RoboCop setten op 6 augustus 1986 útein en duorren oant de ein fan oktober fan dat jier. Hoewol't de film spilet yn Detroit, yn 'e Amerikaanske steat Michigan, waard er frijwol folslein opnommen op lokaasje yn Dallas, yn Teksas. Inkele bykommende sênes waarden filme yn Pittsburgh (Pennsylvania). Der waard net yn Detroit filme fanwegen de ûngaadlik arsjitektuer mei in protte lege, amper fan inoar te ûnderskieden gebouwen; net yn Chicago fanwegen estetyske redens; net yn New York om finansjele redens; en net yn Kalifornje om't Orion Pictures net folle fertrouwen yn it projekt hie en der wat ôfstân fan nimme woe. It stedhûs fan Dallas gie troch foar it haadkertier fan OCP en de eardere Starck Club foar de nachtklub dêr't RoboCop Nash arrestearret. De klimaktyske konfrontaasje tusken RoboCop en Lewis en de binde fan Boddicker oan 'e ein fan 'e film waard opnommen yn in leechsteand stielfabryk yn Monessen (Pennsylvania), fuort bûten Pittsburgh.

 
It Stedhûs fan Dallas, yn Teksas, giet yn 'e film troch foar de bûtenkant fan it haadkertier fan OCP.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan RoboCop waard fersoarge troch Orion Pictures en kaam yn 1999, nei de oername fan dy studio, yn 'e hannen fan Metro-Goldwyn-Mayer, dat syn eigen logo mei de âljende liuw oan it begjin fan 'e film pleatste. De film gie op 17 july 1987 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1987 by platemaatskippij Varèse Sarabande. RoboCop waard yn 1988 útbrocht as VHS-keapfideo. De film kaam yn 1998 foar it earst út op dvd en yn 2007 op blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige RoboCop oer it algemien positive resinsjes. Sa kwalifisearre Desson Howe fan The Washington Post de film as in "nuvere" mar "fermaaklike" ferraning fan camp-styl en science fiction. Neffens Janet Maslin fan The New York Times rôp RoboCop de futuristyske toan op fan 'e science fiction-klassiker Blade Runner (1982) en de rûge manlikheid fan it westernsjenre. Se wurdearre fral dat de film plakfynt op relatyf lytse skaal, mar mei "grutte fantasij" en in "sterk gefoel foar betsjutting". Yn 'e Los Angeles Times fûn Michael Wilmington de film ferrassend fernimstich, mei sawol humor as synisme, hiel oars as oare "domme aksjefilms". David Sterritt fan The Christian Science Monitor priizge de knaphandige rezjy fan Verhoeven en de "hierskerpe" maatskiplike satire.

Yn 'e Chicago Sun-Times skreau Roger Ebert dat it sjenre fan RoboCop mar dreech oan te tsjutten falt. Hy koe eleminten fan skrillerfiksje, slapstickkomeedzje, romantyk, maatskiplike satire en filosofy yn 'e film werom. Fral de sêne wêryn't de ED-209-robot op 'e rin giet en in lid fan 'e direksje fan OCP deasjit, fûn Ebert "hiel grappich"; hy ferliek dy passaazje mei de stomme film Modern Times (1936) fan Charlie Chaplin, wêryn't humor helle wurdt út it tapassen fan logika op in sitewaasje dêr't soks yrrelevant is.

In hiel oare miening wie Dave Kehr fan 'e Chicago Tribune tagedien. Hy skreau dat RoboCop oerregissearre wie en dat it de film oan spanning en tempo ûntbriek. Syn konklúzje wie dat de "Jeropeeske styl fan filmmeitsjen" fan Verhoeven hiel oars wie as wat Amerikanen wend wiene, en dat der gjin "ritme" yn siet. It súksesfolste elemint oan 'e film fûn Kehr de satire op it Amerikaanske bedriuwslibben, mei syn foarstelling fan "ûnbeheinde ynklauwerigens en hurdhertige ûnferskillichheid".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat RoboCop in heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 68 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol oerdreaun en bluodderich is RoboCop ek in ferrassend fernimstige science fiction-film, dy't oerdiedich geweld brûkt om syn satire fan 'e Amerikaanske kultuer te fertsjustermoanjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet RoboCop in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 16 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

RoboCop brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $53,4 miljoen op. Foar oare lannen en territoaria binne gjin sifers bekend. As men allinne de Noardamerikaanske opbringst ôfset tsjin it budget fan $13,7 miljoen, betsjut dat al in winst fan $39,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie RoboCop yn 'e Feriene Steaten de op 13 nei meast opbringende film fan 1987.

Prizen bewurkje seksje

Yn 1988 waard RoboCop by de Oscars nominearre foar prizen yn 3 kategoryen, wêrûnder dy foar bêste filmmontaazje en bêste lûdsmixing. De film wûn ien Oscar, foar bêste lûdsmontaazje. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard RoboCop nominearre foar 2 prizen: bêste special effects en bêste fisazjy en hierstilearring. By de Saturn Awards waard de film nominearre yn 8 kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Peter Weller) en bêste aktrise (Nancy Allen). RoboCop wûn 5 Saturns: foar bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste senario, bêste special effects en bêste fisazjy.

Franchise bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side RoboCop (franchise).

Tanksij it frij ûnferwachte súkses fan RoboCop ûntstie der in mediafranchise om 'e film hinne dy't ek fan RoboCop hiet. Dy bestiet anno 2023 út fjouwer films, twa live-actiontillefyzjesearjes, twa tekenfilmsearjes en ferskate soundtrackalbums, fideospultsjes en strips. It direkte ferfolch op RoboCop wie de film RoboCop 2, út 1990. Yn 2014 waard ûnder de titel RoboCop in remake fan 'e oarspronklike film makke, dy't tagelyk in reboot fan 'e franchise wie.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Works Cited, op dizze side.

RoboCop (filmsearje)
RoboCop (1987) • RoboCop 2 (1990) • RoboCop 3 (1993) • RoboCop (2014)