Aldskou
Aldskou (Nederlânsk: Oude Schouw) is in buorskip yn de himrik fan Akkrum, yn de gemeente It Hearrenfean, likernôch healwei Akkrum en Jirnsum.
It plak dêr't no Aldskou leit hat al iuwen lang in wichtich punt west. De Griene Dyk, de Alde Wjittering en it Prinses Margrietkanaal joegen yn de rin fan 'e tiid tagong ta Snits en it súdwesten fan Fryslân, de Boarn en de diken dêr bylâns joegen nei it easten tagong ta de Wâlden, en ek de Boarn en letter it Prinses Margrietkanaal joegen tagong ta Ljouwert en it noarden fan Fryslân. It behearskjen fan Aldskou en Jirnsum hat dan ek yn in rige fan oarloggen fan strategysk belang west.
Sûnt op syn minst de 17e iuw hat dêr in fearhûs en postiljonthûs west. Oant en mei 1839 hie Ljouwert der in fear en in fearhûs, om't dêr de wei nei Oerisel oer de Wjittering hinne moast, mar sûnt 1840 leit der in brêge. Mei it tanimmen fan it ferkear oer de wei waard ek de brêge fan strategysk belang, dy't er west hat oant en mei de Twadde Wrâldkriich. Sels yn 'e Dútske tiid wie de brêge fan Aldskou noch fan strategyske betsjutting en troch it fernielen fan de brêge troch de Dútskers waard it Kanadeeske leger inkelde oeren opholden. Der hat dêrnei in skoft in Bailey-brêge oer de Wjittering lein.
De earste kear dat melding makke wurdt fan sylwedstriden tusken frachtskippen (skûtsjes) en beurtskippen wie yn 1820 tichtby Aldskou Om 1950 hinne waard de trijesprong in krusing doe't it gedielte fan it Prinses Margrietkanaal rjochting Grou klear kaam. Om't dêr it Prinses Margrietkanaal de Boarn krúst is it hieltyd noch in drok punt op it wetter en is der noch altiten in útspanning.
Aldskou eartiids
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeIt Hearrenfean | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • It Hearrenfean • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • It Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | ||
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen | ||
· · |
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |