Nij-Hampshire

(Trochferwiisd fan Nij Hampshire)

Nij-Hampshire (Ingelsk: New Hampshire; útspr.: [nu: 'hæmpʃəɹ], likernôch "nûû hempsjur"), offisjeel de Steat Nij-Hampshire (Ingelsk: State of New Hampshire), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Nij-Hampshire, byneamd de Granite State, leit yn it noardeasten, en heart ta de regio Nij-Ingelân. De haadstêd is Concord, mar de grutste stêd is Manchester. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 1,3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 42e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Nij-Hampshire mei 24.217 km² de 46e steat. Nij-Hampshire stiet bekend om 'e New Hampshire Primary, ien fan 'e earste foarferkiezings fan 'e fjouwerjierlikse Amerikaanske presidintsferkiezingskampanje, en om syn bergen dêr't winterdeis skyd wurde kin.

Steat Nij-Hampshire
State of New Hampshire
flagge wapen
Live Free or Die
(Ingelsk, "Libje Frij of Stjer")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting NH
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1788)
haadstêd Concord
grutste stêd Manchester
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 1.326.813 (2014)
befolkingstichtens 56,8 / km²
oerflak 24.217 km² (4,1% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Granite State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.nh.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Nij-Hampshire. Foar oare betsjuttings, sjoch: Nij-Hampshire (betsjuttingsside).

Nij-Hampshire is (troch de Ingelske kaptein en letter gûverneur John Mason) ferneamd nei it greefskip Hampshire, yn súdlik Ingelân.

Nij-Hampshire hat in oerflak fan 24.217 km², wêrfan't 4,1% út wetter bestiet. It leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), en makket ûnderdiel út fan 'e regio Nij-Ingelân. Nij-Hampshire grinzget yn it easten oan 'e Amerikaanske steat Maine, yn it westen oan 'e steat Fermont en yn it suden oan 'e steat Massachusetts. Yn it súdeasten hat Nij-Hampshire in 29 km lange kustline oan 'e Atlantyske Oseaan (de koartste kustline fan alle Amerikaanske kuststeaten), en yn it noarden in likernôch 70 km lange grins mei de Kanadeeske provinsje Kebek. It leechste punt fan Nij-Hampshire is it strân oan 'e Atlantyske kust, dat op seenivo leit.

 
De Mount Washington, it heechste punt fan Nij-Hampshire.

Yn it midnoardlike diel fan Nij-Hampshire strekke har de Wite Bergen út, in sydsprantel fan 'e Appalachen. De berch de Mount Washington makket dêr diel fan út en is mei in hichte fan 1.917 m it heechste punt fan 'e steat (en fan 'e hiele noardeastlike Feriene Steaten). Oare hege bergen binne dêrsanne de Mount Madison en de Mount Adams. Alletrije binne ferneamd nei eardere Amerikaanske presidinten. De wichtichste rivieren fan 'e steat binne de Merrimack, dy't dwers troch it súdlike part fan 'e Nij-Hampshire streamt, de Konettikut, dy't de (súd)grins mei Massachusetts foarmet, en de Piscataqua, dy't de (súdeast)grins mei Maine foarmet. De grutste mar fan 'e steat is de Winnipesaukee-mar, mei in oerflak fan 184 km².

In grut part fan Nij-Hampshire wurdt noch altyd oerdutsen troch ûnoantaaste wâlden, wêrby't it yn it súdlike, leger leine diel fan 'e steat giet om leafwâld, en yn 'e hegere, noardliker dielen om mingd wâld. Hegerop yn 'e Wite Bergen komt ek nullewâld foar. It noardlike trêdepart fan Nij-Hampshire stiet bekend as it 'noardlân' of 'benoarden de ynkepings' (north of the notches), nei de passen troch de Wite Bergen, dy't alle ferkear mei dat part fan 'e steat behearskje. Nij-Hampshire omfiemet gjin federale Yndianereservaten.

 
De Winnipesaukee-mar.

Foàr de kolonisaasje fan it gebiet troch de Ingelsen waard Nij-Hampshire bewenne troch de Abenaky en de Pennakûk, twa nau besibbe Algonkwynske folken. De krite waard yn 'e jierren tusken 1600 en 1605 foar it earste besocht troch Ingelske en Frânske ûntdekkingsreizgers, en de earste blanke kolonisten wiene Ingelske fiskers dy't yn 1623 in tydlike delsetting fêstigen oan 'e Atlantyske kust te Odiorne Point, by it hjoeddeistige Rye. De earste bliuwende delsetting waard koarte tiid letter fêstige te Hilton's Point, it moderne Dover.

Tsjin 1631 omfieme de 'Opper-Plantaazje', sa't de koloanje doe neamd waard, behalven Dover ek Durham en Stratham. Yn 1679 krige Nij-Hampshire de status fan in 'keninklike provinsje' fan Ingelân. Yn 1722-1725 waard op it hiele grûngebiet fan Nij-Hampshire de Dummers Oarloch útfochten tusken de blanke kolonisten en de Yndiaanske Wabanaky Konfederaasje.

Nij-Hampshire wie ien fan 'e Trettjin Koloanjes dy't yn 1774 by de Amerikaanske Revolúsje yn opstân kamen tsjin it Britske koloniale bewâld, wat ta de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch late. Tsjin dy tiid wie fan Nij-Hampshire eins inkeld noch de Atlantyske kustregio kolonisearre. De koloanje moast it ekonomysk hawwe fan houtseagerijen, skipwerven en hannel, en waard bewenne troch keaplju en ambachtslju, mar ek troch deihierarbeiders, kontraktarbeiders en slaven. De iennichste fjildslach út 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch dy't op it grûngebiet fan Nij-Hampshire útfochten waard, wie de oanfal fan 'e opstannelingen ûnder lieding fan John Sullivan op it Fort William and Mary, yn 'e haven fan Portsmouth, op 14 desimber 1774, wêrby't de Amerikanen in grutte foarrie oan fjoerwapens en buskrûd bútmakken.

 
It wâldlân fan Nij-Hampshire hjerstmis.

Fuort nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, yn 1783, skafte Nij-Hampshire de slavernij ôf. Op 21 juny 1788 waard it as njoggende steat ta de Amerikaanske Uny talitten. Yn 'e 1830-er jierren wie Nij-Hampshire in bolwurk fan 'e oanhingers fan 'e Amerikaanske presidint Andrew Jackson, en by de presidintsferkiezings fan 1852 stjoerde de steat Franklin Pierce nei it Wite Hûs ta. De Yndustriële Revolúsje naam yn Nij-Hampshire de foarm oan fan 'e bou fan withoefolle tekstylfabriken, en de wurkgelegenheid dy't dat opsmiet, brocht in grutte ymmigraasjeweach fan Ieren en fan Frânsk-Kanadezen út Kebek op gong. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Nij-Hampshire oan 'e kant fan it Noarden.

Geandewei de njoggentjinde iuw waard einlings it noarden fan 'e steat kolonisearre. Yn it noarden ûntstie yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw in florearjende hout- en papieryndustry, en nei de Twadde Wrâldoarloch kaam ek it toerisme as boarne fan ynkomsten op. Nei 1960 stoarte de tekstylyndustry alhiel yn, mar de steatsekonomy klaude wer by de wâl op troch him ta te lizzen op 'e produksje fan technology en op 'e tsjinstesektor.

 
It Steatshûs fan Nij-Hampshire, yn Concord.

Nij-Hampshire bestiet bestjoerlik út 10 countys. De steatshaadstêd, Concord, leit yn Merrimack County, yn it súdlike part fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Nij-Hampshire bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Algemien Hof fan Nij-Hampshire (New Hampshire General Court), dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 24 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei mar leafst 400 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Nij-Hampshire, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Nij-Hampshire ek twa sitten.

It politike lânskip fan Nij-Hampshire wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Gjin inkele oare partij is yn Nij-Hampshire as sadanich registrearre. Lykwol bestiet it meastepart fan 'e kiezers út saneamde 'ûnôfhinkliken', dy't oan sawol Demokratyske as Republikeinske foarferkiezings meidwaan meie. Yn it ramt fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings komt Nij-Hampshire eltse fjouwer jier wrâldwiid yn it nijs troch de New Hampshire Primary, dy't foar it earst holden waard yn 1952. Dat is ien fan 'e earste foarferkiezings (om 'e Demokratyske en Republikeinske presidintskandidaten oan te wizen), nei de Iowa Caucus.

 
It sintrum fan Manchester, de grutste stêd fan Nij-Hampshire.

Yn Nij-Hampshire hat de steat it monopoalje op 'e ferkeap fan alkohol. Dêrtroch floeit jiers $100 miljoen oan ynkomsten nei de steatskas. Nij-Hampshire is fierders de iennichste Amerikaanske steat dêr't it net ferplichte is om ûnder it autoriden in feilichheidsgurdle om te hawwen. Yn 2010 wie Nij-Hampshire de fyfde Amerikaanske steat dy't it homohoulik ynfierde.

Yn 2008 bedroech it totale bruto steatsprodukt fan Nij-Hampshire $60 miljard. Op it mêd fan 'e lânbou produsearret de steat benammen suvelprodukten, fokfee, kowefleis, apels en aaien. Wat de yndustry oangiet, wurdt der benammen masinery, elektryske apparaten en rubberen en plestikken produkten makke.

Tekstylproduksje, dat yn 'e achttjinde en njoggentjinde iuw de wichtichste ekonomyske sektor fan 'e steat wie, foarmet no noch mar 2% fan 'e steatsekonomy. Ek de hout- en papieryndustry, konsintrearre yn noardlik Nij-Hampshire, is sûnt de 1970-er jierren yn it neigean rekke. It toerisme docht it wol tige goed, yn 't bysûnder yn 'e Wite Bergen, dêr't winterdeis in protte skyers en snowboarders op ôfkomme, en by 't simmer in soad mountainbikers.

 
Befolkingstichtens yn Nij-Hampshire.

Op steats- en lokaal nivo wurdt yn Nij-Hampshire gjin BTW en gjin ynkomstebelesting heft. Oan 'e oare kant hat de steat de heechste belestings op ûnreplik goed fan 'e hiele Feriene Steaten. Mei 8,7% fan 'e befolking dy't ûnder de earmoedegrins libbe hie Nij-Hampshire yn 2013 fierders it leechste steatsearmoedesifer fan 'e Feriene Steaten.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Nij-Hampshire yn 2014 1.326.813 ynwenners, wat in groei fan 0,8% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 56,8 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Manchester, mei 110.000 ynwenners yn 2014. Portsmouth (21.000), oan 'e mûning fan 'e rivier de Piscataqua, is de wichtichste seehaven. Oare gruttere stêden binne: Nashua (87.000), de steatshaadstêd Concord (43.000) en Rochester (30.000). Berlin (10.000) is it grutste plak yn it noarden fan Nij-Hampshire.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Nij-Hampshire doe sa: 92,3% blanken; 2,8% Latino's; 2,2% Aziaten; 1,1% swarten; 0,2% Yndianen; 1,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

 
De stêd Nashua.

Blanke ynwenners fan Nij-Hampshire binne fierhinne fan Noardwestjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Frânsen en Frânsk-Kanadezen (23,3% fan 'e totale steatsbefolking), Ieren (20,5%), Ingelsen (16,1%), Italjanen (10,7%), Dútsers (8,3%), Angelsaksyske Amerikanen (5,2%), Poalen (4,7%), Skotten (4,1%) Sweden (2,0%), Portegezen (1,5%), Griken (1,5%), Ulstersen (1,2%) en Nederlanners (1,0%).

Nij-Hampshire omfiemet gjin federaal erkende Yndianestammen, noch binne der yn 'e steat stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.

De offisjele taal fan Nij-Hampshire is it Ingelsk, dat foar de grutte mearderheid fan 'e befolking de memmetaal is. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 hie doe 3,4% fan 'e befolking fan Nij-Hampshire (en 16% fan 'e befolking fan it noardlike Coös County) it Frânsk as memmetaal. Op it trêde plak kaam it Spaansk, dat foar 1,6% fan 'e befolking de memmetaal wie.

 
Winter yn Nij-Hampshire.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2008 64,5% fan 'e befolking fan Nij-Hampshire út kristenen, wêrûnder 35,5% protestanten en 29% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene de Feriene Tsjerke fan Kristus mei rom 26.000 leden en de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 18.000 leden. Lykwols omskreau 52% fan 'e befolking fan Nij-Hampshire himsels yn in opinypeiling fan it renommearre buro Gallup, út 2012, as ateïstysk of agnostyst, wat ien fan 'e heechste persintaazjes is fan alle Amerikaanske steaten. Oare godstsjinsten yn Nij-Hampshire binne: it joadendom (1%); it boedisme (1%); de islaam (0,5%); en it hindoeïsme (0,5%).

Nij-Hampshire hat in fochtich lânklimaat, mei waarme, neare simmers en kâlde, wiete winters en gelikense delslach yn alle jiertiden. Simmerdeis binne temperatueren oerdeis fan 24-28 °C normaal, wylst it kwik by 't winter nachts maklik sakje kin oant it friespunt oan 'e Atlantyske kust en oant –18 °C yn it noarden fan 'e steat. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C, op 4 july 1911 yn Nashua, en –44 °C op 29 jannewaris 1934 op 'e top fan 'e Mount Washington. By 't winter kin der, benammen by noardeastewyn, in ektreem soad snie falle fan ferskate meters yn ien of twa etmiellen. Soks barde bgl. yn 'e sniestoarm fan 1978 en yn 'e sniestoarm fan 1993.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
  ·   ·