De Berte fan Merlyn

(Trochferwiisd fan The Birth of Merlin)

De Berte fan Merlyn, yn it Ingelsk: The Birth of Merlin (folút eins: The Birth of Merlin, or: The Child Hath Found His Father, "De Berte fan Merlyn, of: It Bern Hat Syn Heit Fûn"), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út it begjin fan 'e santjinde iuw, dat foar it earst opfierd waard yn 1622 yn it Curtain Theatre yn 'e Londenske wyk Shoreditch. It waard pas foar it earst publisearre yn 1662, wêrby't it taskreaun waard oan in gearwurking tusken de toanielskriuwers William Shakespeare en William Rowley; sadwaande wurdt it ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene, ek al binne de measte saakkundigen fan tinken dat Shakespeare der neat mei fan dwaan hân hat en dat Rowley de skriuwer wie, mooglik yn gearwurking mei in oare kollega. It stik jout û.m. in komyske ferbylding fan hoe't de tsjoender Merlyn as folwoeksen man berne wurdt út in boeredochter. Ek oare figueren út 'e Arthurleginden meitsje der harren opwachting yn.

De Berte fan Merlyn
algemiene gegevens
oarspr. titel The Birth of Merlin
auteur William Rowley?
William Shakespeare?
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun <1622
1e publikaasje 1662, Londen
1e opfiering 1622, Shoreditch

De Berte fan Merlyn en Cupid's Revenge

bewurkje seksje

De Berte fan Merlyn fertoant opmerklike oerienkomsten mei it toanielstik Cupid's Revenge, fan Francis Beaumont en John Fletcher. Eleminten lykas de missende prins, en de hearsker en syn erfgenamt dy't fereale wurde op deselde frou soene útlein wurde kinne as ûntlienings oan in mienskiplike boarne, mar der binne ek regels en hiele passaazjes yn 'e tekst dy't frijwol mei-inoar lyk te slaan binne, lykas "Wilde-fire and Brimstone eat thee!" (De Berte fan Merlyn, III, vi, 108) en "Wild-fire and brimstone take thee!" (Cupid's Revenge, V, ii, 49). Doe't dy oerienkomsten foar it earst ûntdutsen waarden, hold men se foar bewiis dat Beaumont en Fletcher behelle west hiene yn 'e tastânkomming fan De Berte fan Merlyn. Mar om't der, ôfsjoen fan 'e neamde passaazjes, alhiel gjin oanwizings binne dy't dêrop tsjutte, wurdt no tocht dat Cupid's Revenge in ierder wurk is dat de skriuwer(s) fan De Berte fan Merlyn bot beynfloede hat.

De Berte fan Merlyn hat in plot mei trije nivo's, in opbou dy't yn toanielstikken út it begjin fan 'e santjinde iuw gauris foarkomt. De wichtichste plot, op it haadnivo, behannelet lju fan keninklik bloed en harren saken fan steatsmanskip en nasjonaal wolwêzen. Op dit nivo hat de Brittannyske kening Aurelius Ambroazius krekt in grutte oerwinning op 'e Saksen behelle, mar nei de slach mist syn broer en erfgenamt, prins Uther. Der arrivearret in Saksyske delegaasje, laat troch de Saksyske prinsesse Artesia, op wa't Aurelius daliks fereale wurdt. As letter prins Uther wer opdaagjen komt, dy't ferdwaald wie yn in bosk om't er besocht hie in wûndertsjeppe frou te folgjen wêrfan't er in glimp opfongen hie, binne Aurelius en Artesia al troud, en docht bliken dat de frou dy't Uther neijage dyselde Artesia wie. De ferriedlike Saksyske besiket de beide bruorren tsjininoar út te spyljen, wat laat ta in nije oarloch tusken de Brittanniërs en de Saksen. Dêrby wurde de Saksen foargoed ferslein.

Op it twadde nivo binne de personaazjes aristokratysk, mei noeden en soargen dy't noarmen en wearden en it wiermeitsjen fan persoanlike winsken oanbelangje. De ealman Donobert besiket syn dochters Constantia en Modestia út te hylkjen oan 'e gaadlike jonge eallju Cador en Edwin, mar Modestia ambiëarret in libben as non, en ferset har tsjin har heite plannen. Nei lang wifke te hawwen, beslút se har sin troch te setten. Har ferdigening fan dy kar is sa oertsjûgjend, dat har suster Constantia fan dat stuit ôf ek yn it kleaster gean wol. Donobert is skandalisearre en fiteret de beide frijers oan om net op te jaan. Uteinlik, lykwols, moat er him by de kar fan syn dochters dellizze.

Op it trêde nivo, dat fan 'e komyske subplot, binne de persoanaazjes fan gewoan komôf, mei beslommerings dy't fierhinne mei seks te krijen hawwe. In boeredochter, Joan Go-to't, is swier rekke nei in ûnferstannige frijaazje mei in mysterieuze frjemdling. Tegearre mei har broer is se no op 'e siik nei de heit fan har bern, of alteast nei in heit foar har bern. Dêrta sprekke se prins Uther en ûnderskate eallju oan it Keninklik Hof oan, mei komyske gefolgen. Uteinlik fine se de mysterieuze frjemdling werom, dy't de duvel blykt te wêzen. Joan befalt fan har bern, en sa komt de tsjoender Merlyn te wrâld as in folslein folwoeksen man. Merlyn helpt de Brittanniërs yn 'e oarloch tsjin 'e Saksen en mitselet syn heit, de duvel, yn in grot yn, wylst syn mem in libben fan boetfeardigens begjint. It stik einiget as prins Uther (de heit fan Arthur) ta kening kroane wurdt om syn broer Aurelius, dy't yn 'e striid sneuvele is, op te folgjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bawcutt, N.W., The Control and Censorship of Caroline Drama, Oxford, 1996 (Oxford University Press).
  • Dominik, Mark, William Shakespeare and "The Birth of Merlin", Beaverton, Oregon, 1991 (Alioth Press); s. 165-172.
  • Oliphant, E.H.C., The Plays of Beaumont and Fletcher, New Haven, 1927, (Yale University Press); s. 402-414.
  • Tucker Brooke, C.F. (red.), The Shakespeare Apocrypha, Oxford, 1908 (Clarendon Press).
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater