Neakenens

(Trochferwiisd fan Bleatens)

Neakenens of neakenheid, ek bleatens of bleatheid, is it net dragen fan klean troch minsken, benammen oer dielen fan it lichem dy't geslachtsskaaimerken werjouwe, lykas de skamstreek en (by froulju) de boarsten. Homo sapiens, de moderne minske, is de iennichste primaat dy't fierhinne ûnbehierre is, en de iennichste bistesoarte dy't keunstmjittige foarmen fan lichemsbedekking (d.w.s. klean) brûkt om 'e neakenens te ferbergjen. Oarspronklik is it dragen fan klean fuortkommen út praktyske omtinkens. Nei't de iere minsken Afrika ferlitten hiene en har nei wenjen setten yn kâldere oarden, wie it dragen fan klean simpelwei needsaaklik om har te beskermjen tsjin 'e dêr hearskjende waarsomstannichheden. Hjoed de dei hat it dragen fan klean en de mjitte fan it dragen fan klean ek sterk te krijen mei kulturele omtinkens, lykas etnisiteit, religy, persoanlike identiteit en de algemien jildende noarmen en wearden. Faak spylje ek troch de oerheid opleine wetten in rol.

Fjouwer neakene jonge minsken.

Betsjutting en gebrûk

bewurkje seksje

Hoewol't 'neaken' sûnder fierdere omskriuwing oer it algemien opfet wurde sil as 'sûnder lykfol hokker klean', kin mei de term 'neaken', ôfhinklik fan 'e kontekst in ferskaat fan steaten fan neakenens werjûn wurde. As bygelyks sein wurdt: "mei in neaken boppelichem" of "yn syn bleate bast", begrypt de taharker dat de beskreaune persoan wol klean oan it ûnderlichem hat. In term as 'healneaken' is dizeniger, mar it is dúdlik dat de beskreaune persoan yn sa'n gefal net hielendal neaken is. As men oanjaan wol dat ien hielendal gjin klean oan hat, brûkt men omskriuwings as: "yn syn adamskostúm", "yn 'e bleate kont", "sa neaken as er te wrâld kommen wie" of "yn syn nakene niksy". Yn 'e filosofy wurdt sa'n steat fan folsleine neakenens wol omskreaun as "de natuerlike steat". By froulju wurdt, as se it boppeliif (en dêrmei de boarsten) yn it iepenbier ûntbleatsje (mar it ûnderliif net), sein dat se topless binne.

 
In groep neakene jonge naturisten yn 'e Amerikaanske steat Floarida.

Neakenens en emoasjes

bewurkje seksje

Skamte en sjêne

bewurkje seksje

skamte is in emoasje dy't gauris mei neakenens assosjearre wurdt, krekt sa't skuldgefoelens assosjearre wurde mei it dwaan fan wat dêr't men fan wit dat it ferkeard is. Skamte is oer it algemien lykwols in langer duorjende emoasje as skuld, en hat dêrtroch net selden in duorjend negatyf effekt op it byld dat minsken fan harrensels hawwe. Yn 'e filosofy wurdt skamte yn dat ramt faak beskôge as in positive emoasje, dy't yndividuën oanset om tenei bettere beslissings te nimmen. Oan 'e oare kant is skamte lykwols in negative emoasje as it in reäksje is op it net ferfoljen fan ûnreälistyske ferwachtings. De skamte dy't minsken fiele foar harren eigen neakene lichem, is ien fan 'e klassike foarbylden fan dy emoasje, mar ynstee fan dat it in positive motivator is, wurdt it yn sokke gefallen yn 'e psychology beskôge as in gefoel dat net sûn is, en as in behindering om in posityf selsbyld te ûntwikkeljen. It gefoel dat men hat as oaren jin ûnbedoeld neaken sjogge, is gjin skamte, mar sjêne, en dat is in emoasje dy't, krekt as skuldgefoelens, oer it algemien fluch oerbetteret.

 
Jonges swimme neaken yn Yndia.
 
Twa froulju fan 'e Yndiaanske So'é-stamme yn Brazylje, sa't se aldendeisk omrinne.

Assosjaasjes fan neakenens

bewurkje seksje

Positive assosjaasjes fan neakens binne: wierheid ("de neakene wierheid"), frijheid, earlikheid, iepenheid, ûnskuld, natuerlikheid, gelikensens, ienfâld. Negative assosjaasjes kinne wêze: skamte, eangst, earmoede, sjêne, fernedering en ymmoreel hâlden en dragen.

Neakenens en seksualiteit

bewurkje seksje

It ferbân tusken neakenens en seksualiteit of minsklik seksueel hâlden en dragen is yngewikkeld en foar mearderlei útlis fetber. It hat te krijen mei en wurdt beynfloede troch kwestjes as geslachtsidentiteit, lichemsbyld, seksuële oriïntaasje, seksuële oantrekking en morele oardielen oangeande wat normaal hâlden en dragen is, en wat ôfwikend of sels krimineel is. Naturisten, dy't persoanlike en sosjale neakenens foarsteane, meitsje ûnderskie tusken seksuële neakenens en net-seksuële neakenens. Ut wittenskiplik ûndersyk nei sokke lju hat bliken dien dat naturisten manearen fan hâlden en dragen oannimme, dy't seksuële reäksjes op oare neakene persoanen (lykas stoarjen of, by manlju, it krijen fan in ereksje) ûnderdrukke as it om sosjale neakenens giet.

Op it mêd fan 'e psychology hat neakenens te krijen mei de folgjende ferskynsels:

  • ekshibisjonisme: in oanstriid of fantasij of de die om jins eigen neakenens, benammen fan 'e geslachtsdielen of, by froulju ek fan 'e boarsten of de stuten, sjen te litten oan wyldfrjemden dy't men yn 't foar net frege hat oft se dat wol wolle.
  • foyeurisme of mei in ferâldere Fryske oantsjutting strúnjeien: in oanstriid of fantasij of de die fan it bespionearjen fan minsken dy't dwaande binne mei yntime foarmen fan hâlden en dragen, lykas útklaaien, waskjen of it hawwen fan seksuële omgong.
  • gymnofoby: in abnormale en oanhâldende eangst foar neakenens.

Foar guon lju binne sokke gefoelens en gedragings sa oerhearskjend dat se normaal seksueel funksjonearjen yn 'e wei steane en kategorisearre wurde moatte as geastlike oandwanings.

 
De ôfbylding fan in neakene man en frou op 'e romtesonde Pioneer 10, as ûnderdiel fan in boadskip oan eventuële yntelliginte bûtenierdske wêzens.

Prehistoarje

bewurkje seksje

Dat de moderne minske, Homo sapiens, mar sa'n bytsje hier hat, is in biologyske ferklearring foar nedich, yn acht nommen dat hier him by sûchdieren ûntwikkele hat om se te beskermjen tsjin ultrafiolette strieling yn sinneljocht en ek tsjin ferwûnings, swolms en biten en stekken fan ynsekten. Yn 'e regel gie men der yn it ferline fan út dat der evolúsjonêre foardielen sieten oan it net hawwen fan in hierlaach dy't de lichemswaarmte fêsthold, nei't de iere minskeftigen út it beskade tropysk reinwâld nei de iepen savanne tein wiene. Tagelyk feroare doe ek it dieet fan fierhinne fegetarysk ta foar in oansjenlik part besteande út fleis, en om 'e proaidieren te fangen, moast der gauris in hiel ein draafd wurde, wêrby't it op 'e nij in foardiel wie as men de lichemswaarmte kwytkinne soe.

Dy ferklearring leit lykwols net út wêrom't oare rôfdieren fan 'e savanne, lykas jachtloaihoarsen en liuwen, of sels bavianen, dan noch wol in pels hawwe. De ferklearring foar it minsklik hierferlies dy't tsjintwurdich de measte akseptaasje yn 'e wittenskip hat, is dat it hawwen fan in pels wenromte ferskaft oan parasiten lykas luzen, flieën en tiken, wat in grutter probleem wurden wêze soe doe't minsken as jagers yn gruttere groepen begûnen gear te libjen. Neffens Nina Jablonski en oare saakkundigen soene iere hominiden, krekt as de moderne sjimpansee, in ljochte hûd hân hawwe, oerdutsen mei dûnker hier. Troch it ferlies fan it hier evoluëarre der lykwols al gau in dûnkerder (negroïde) hûdskleur, mei in hegere mjitte fan it pigmint melanine, dat beskermet tsjin ultrafiolette strieling.

In oar gefolch fan it ferlies fan 'e pels wie dat it foar minsken mooglik waard om oerstallige lichemswaarmte ôf te stjitten troch te switten. Dat wie in wichtige faktor by it mooglik meitsjen fan 'e evolúsje fan gruttere harsens, dy't op har beurt soargen foar in gruttere yntelliginsje. It ferlies fan hier makke ek de ûntwikkeling fan beskate non-ferbale kommunikaasjefoarmen mooglik, lykas gesichtsútdrukkings en it it krijen fan in kaam. Doe't de minske út Afrika wei teach en him fêstige yn Aazje en Jeropa, wie der net mear sa'n hege konsintraasje fan melanine yn 'e hûd nedich om't de krêft fan 'e sinne yn dy gebieten folle minder wie. Troch ferskate foarmen fan depigmintaasje dy't de synteze fan fitamine D troch ultrafiolet ljocht mooglik makke, ûntstiene doe de blanke en mongoloïde hûdskleuren.

 
Dielnimmers oan 'e World Naked Bike Ride yn Londen (2012).

Yn harren kâldere nije wengebieten koene minsken net mear folslein neaken omrinne, en om har te beskermjen tsjin 'e eleminten, waard doe it dragen fan klean útfûn. Saakkundigen rûze dat de moderne minske tusken 350.000 en 260.000 jier lyn ûntstie, en in genetysk]e analyze fan 'e kleanlús hat útwiisd dat dy him tusken 170.000 en 83.000 jier lyn ôfspjalten hat fan 'e hollelús. Dat wiist derop dat de minske yn dy perioade úteinset wêze moat mei it dragen fan klean. It is trouwens skoan mooglik dat wat no 'klean' neamd wurdt, stadichoan fuortkommen is út oare foarmen fan lichemsfersiering, lykas it oanbringen fan tatoeaazjes en piercings en it dragen fan sieraden, wêrmei't it neakene lichem 'oanklaaid' waard sûnder it te bedekken.

Klassike Aldheid

bewurkje seksje

Yn it Alde Egypte wiene klean eins in bykomstichheid, mei't se as beskerming tsjin 'e kjeld ornaris net nedich wiene. Manlju fan kwizekwânsje droegen rokken dy't schenti hieten. Dy wiene ûntwikkele út muldoeken en hiene wol wat wei fan 'e hjoeddeistige Skotske kilt. Froulju út begoedige fermiddens en fan 'e hegerein droegen ankellange skiefoarmige omwikkelings dy't kalasiri's hieten en opholden waarden troch bannen oer de skouders. Sljochtwei lju en slaven droegen muldoeken, en bern wiene neaken. Neakenens waardt beskôge as de natuerlike steat fan 'e minsken, en it wie it dragen fan klean dat dêr in ôfwiking fan wie.

Yn it Alde Grikelân waard neakenens krektlyk beskôge as de natuerlike steat. It waard boppedat sjoen as wat posityfs; benammen manlike neakenens waard troch de âlde Griken fierd sa't dat yn gjin kultuer foartiid of neitiid dien is. Sjêne om jins eigen neakenens, benammen as it gie om 'e needsaak om jin út te klaaien sadat jin meidwaan koene oan sport, waard beskôge as in wis teken dat men mei in barbaar fan dwaan hie.

 
In neaken gesin op it neakenstrân oan 'e Senftenberger Mar yn 'e DDR, yn 1983.

Yn 'e Romeinske Republyk en letter it Romeinske Ryk hold men der in oare hâlding foar neakenens op nei. Yn Rome wie it manlik ideaal nammentlik net it neakene lichem, mar it dragen fan 'e toga, dat jin ûnderskate as in folwoeksen Romeinsk boarger. De dichter Ennius239-160 f.Kr.) fette de Romeinske opfetting foar neakenens oer gear mei syn bekende wurden "Flagiti pricipium est nudare inter civis corpora," wat frij fertaald bestjut "it ûntbleatsjen fan jins lichem yn it iepenbier is it begjin fan ferfal ta skande." Sisero, dy't as gjin oar de noarmen en wearden fan it âlde Rome belicheme, stimde yn dy wurden mei.

Yn it Alde Sina waard neakenens al yn ferhalen út 'e fjirde iuw f.Kr. as in mislediging fan 'e minsklike weardichheid foarsteld. Dy opfetting kaam fuort út it Sineeske idee dat 'minske-wêzen' en dêrmei lidmaatskip fan in maatskippij, gjin ynherint minskerjocht is, mar fertsjinne wurde moat troch korrekt hâlden en dragen. Oan 'e oare kant koe de eigen neakenens yn Sina ek brûkt wurde om minachting út te drukken foar oare oanwêzigen, yn 'e sin dat sokke persoanen it net wurdich wiene om jin fatsoenlik foar oan te klaaien. Fierders bestiene der ek ferhalen wêryn't de neakenens fan froulju, fuortkommend út 'e krêft fan it yin, de agresje fan manlju, fuortkommend út it yang, opheffe koe.

 
Fjouwer jonge Masai-manlju út East-Afrika1900).

Yn Japan kamen iepenbiere badhuzen, dêr't beide seksen trochinoar neaken baaiden, oant yn 'e njoggentjinde iuw rûnom foar. Pas doe't it lân ûnder kulturele ynfloed fan 'e Westerske wrâld kaam, in ûntwikkeling dy't úteinsette mei de Meiji-restauraasje fan 1868, en dy't him pas wier fielber makke ûnder de Amerikaanske besetting fan Japan oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, rekke dy praktyk yn it neigean. Tsjintwurdich komt mingd baaien inkeld noch foar yn in stadichoan belúnjend tal waarmwetterboarnen bûten de stedske sintra. In oare foarm fan iepenbiere neakenens yn Japan wie dy fan froulike frijdûkers (ama), dy't 2.000 jier lang seewier en skaaldieren sammelen wylst se allinnich mar klaaid wiene yn in muldoek. Ek boerinnen wiene simmerdeis gauris mei ûntbleate boppeliif op it lân oan it wurk. Soks wie neat skokkends oan, en pas yn 'e 1960-er jierren kaam oan sokke praktiken in ein ûnder ynfloed fan in út 'e Feriene Steaten oernommen nije kekenens.

Tropyske kultueren

bewurkje seksje

Yn gebieten yn waarme klimaten, lykas Afrika en it Amazônegebiet fan Súd-Amearika, wie folsleine of hast folsleine neakenens fan beide seksen yn in protte tradisjonele lânseigen kultueren fan oarsprong hiel gewoan. Dat begûn pas te feroarjen yn 'e koloniale perioade, doe't sokke gebrûken ta it Westerske stereotype fan 'e 'neakene wylde' laten. Fral kristlike sindelingen diene in protte war om 'e lânseigen befolking 'fatsoenlik' oanklaaid te krijen. Nettsjinsteande dat is it ek hjoed de dei yn guon isolearre kultueren yn bgl. Brazylje en Angoala noch wenst om fierhinne neaken te wêzen.

 
Adam en Eva plôkje in frucht út 'e Beam fan Kennis fan Goed en Kwea op in skilderij fan Tytsiaan.

Westerske kultuer

bewurkje seksje

Yn 'e Westerske kultuer waard de betsjutting fan it neakene minsklike lichem basearre op 'e myte fan Adam en Eva dy't dield waard troch de abrahamityske religyen (joadendom, kristendom, islaam en beskate lytsere godstsjinsten). Adam en Eva wiene neffens dat ferhaal de earste man en frou, dy't ûnbeskamme neaken omrûnen yn it Hôf fan Eden, om't se har net bewust wiene fan harren eigen neakenens. Doe't se lykwols de ferbeane frucht ieten fan 'e Beam fan Kennis fan Goed en Kwea, waarden se har der ynienen bewust fan en bedieken se harren neakenens (d.w.s. harren skamstreek) mei in figeblêd.

Nettsjinsteande dat wie neakenens yn 'e kristlike Midsiuwen yn Jeropa yn beskate konteksten noch in frij algemien akseptearre ferskynsel; sa waarden minsken neaken doopt, ek as se as folwoeksenen bekeard waarden ta it kristendom (of ta in oare foarm fan it kristendom). Neakenens wie yn dat gefal bedoeld om te symbolisearjen dat se befrijd fan sûnde út it doopwetter omheech kamen. Fierders bestiene der oant de sechstjinde iuw, doe't sokke gelegenheden foar it meastepart sletten waarden út eangst foar de fersprieding fan sykten, yn Jeropa ek badhuzen dêr't de lju, skaat neffens sekse, neaken baaiden yn it bywêzen fan frjemden.

De kristlike assosjaasje fan neakenens mei skamte en eangst waard yn 'e Renêssânse ûndergroeven doe't men de keunst en literatuer fan it Alde Grikelân werûntdiek. Dêrút spriek nammentlik in altenative tradysje, wêryn't neakenens sjoen waard yn it ljocht fan ûnskuld en reinheid, in idee dat troch kristenen faak ynterpretearre waard as de oarspronklike foarm fan neakenens fan foar de erfsûnde. Sûnt dy tiid kreupelskonket de Westerske maatskippij op twa tsjinstridige ideeën oangeande neakenens: it iene negatyf en it oare posityf. Ut 'e ynteraksje tusken dy beide tradysjes is de moderne, healslachtige hâlding foar neakenens fuortkommen.

 
In groep naturisten op in neakenstrân op 'e Krim (2008).

De Fiktoriaanske Tiid wurdt ornaris, benammen yn it Feriene Keninkryk, mar ek yn oare dielen fan Jeropa, beskôge as in snuorje dat der gjin inkele duldsumens foar neakenens oer bestie. Mar eins wurken de mynwurkers yn 'e Britske koaleminen de hiele njoggentjinde iuw troch ornaris neaken. Redens dêrfoar wiene de hjitte ûnder de grûn en de nauwe tunnels dêr't klean oan ien stik wei oan útstekkende stiennen yn 'e wanden heakjen bleaune. Foar manlju en jonges wie it wenst om hielendal neaken te wurkjen, wylst froulju en famkes yn 'e regel allinnich it boppeliif ûntklaaiden. Yn guon minen wiene froulju en famkes lykwols ek hielendal neaken. Ut tsjûgeferslaggen foar in parlemintêre arbeidskommisje docht bliken dat troch neaken te wurkjen yn benaude romten "seksuële misdragings" geregeldwei foarkamen.

Yn 'e Feriene Steaten waard de hâlding foar neakenens en seksualiteit oer fierhinne foarme troch puriteinske religieuze flechtlingen út it Keninkryk Ingelân, dy't dêr ien fan 'e ierste en ynfloedrykste groepen kolonisten wiene. De puriteinen wiene noch folle kekener as de measte Jeropeeske kristenen. Nettsjinsteande dat wie it yn 'e Feriene Steaten oant yn 'e 1960-er jierren folslein normaal dat manlju en jonges neaken swommen salang't der gjin froulju of famkes by wiene. Dat gou net inkeld foar oerflaktewetters lykas rivieren en marren, mar ek foar iepenbiere swimbadden. Pas doe't it normaal waard dat manlju en froulju tagelyk fan sa'n swimbad gebrûk makken, waard it foar manlju ferplichte om in swimbroek te dragen.

 
Froulju topless oan it sinnebaaien op it strân.

Hjoeddeistige sitewaasje

bewurkje seksje

Westerske wrâld

bewurkje seksje

Neakenens yn 'e priveekontekst

bewurkje seksje

De measte minsken rinne wolris neaken troch harren hûs as der nimmen oars of inkeld de partner thús is, bygelyks om't se har al útklaaid hawwe om ûnder de dûs te gean, mar noch wat fergetten binne. Guon lju dogge soks lykwols net om't it tafallich sa útkomt, mar om't se it noflik fine. Neffens in ûndersyk út 1999 fan 'e Federaasje fan Kanadeeske Naturisten (FCN) hie 39% fan 'e ynwenners fan Kanada wolris neaken yn 'e eigen wente omrûn. Neffens in Amerikaanske opinypeiling út 2004 sliepte 31% fan 'e manlju en 14% fan 'e froulju nachts neaken. In soartgelikens ûndersyk troch de BBC wiisde yn 1996 út dat yn it Feriene Keninkryk 47% fan 'e manlju en 17% fan 'e froulju neaken sliepte.

Neakenens yn it iepenbier

bewurkje seksje

Hjoed de dei binne de noarmen en wearden oangeande neakenens yn it iepenbier yn 'e Westerske wrâld folle frijer as yn bygelyks de Fiktoriaanske Tiid. Yn Jeropa wiene de noarmen en wearden op dat mêd it frijst fan 'e Seksuële Revolúsje fan 'e 1960-er jierren oant likernôch de ein fan 'e 1980-er jierren. Sûnt de 1990-er jierren is de maatskippij wer kekener wurden, in ûntwikkeling dy't sterk ûnder ynfloed fan 'e Amerikaanske kultuer stiet. Sa wie it yn 'e 1980-er jierren yn Nederlân foar froulju folslein normaal om op it strân topless te sinnebaaien. Yn 'e 1990-er jierren begûn dat ferskynsel dúdlik werom te rinnen, om nei 2000 hielendal yn it neigean te reitsjen. Nettsjinsteande dat binne der yn Jeropa plakken en eveneminten dêr't neakenens yn it iepenbier sels oanfitere wurdt.

 
Neakene lju op 'e dyk.
 
Yn 'e Feriene Steaten wurde de geslachtsskaaimerken op ôfbyldings fan neakene minsken wazich makke om oan 'e easken fan 'e sensuer fan 'e FCC te foldwaan.

Yn 'e Feriene Steaten binne de algemien jildende noarmen en wearden oangeande neakenens yn it iepenbier folle stranger as yn oare dielen fan 'e Westerske wrâld. Sa hat topless sinnebaaien foar froulju der nea gewoan west, krektoarsom it is der sels by wet ferbean, útsein op (net folle foarkommende) nudistestrannen. Yn 'e Amerikaanske media wurde op foto's of filmbylden fan neakene minsken de geslachtsdielen, boarsten en stuten ornaris dizenich makke (pixelated) om oan 'e strange betingsten fan 'e troch de oerheid opleine sensuer te foldwaan, dy't regele is troch de Federal Communications Commission (FCC). Dielen fan it lichem dy't dêrby net te sjen wêze meie, binne: penis en testikels (by manlju), fagina en boarsten (by froulju), anus, stuten en skamhier. Foar de boarsten jildt, dat de spiennen yn elts gefal net te sjen wêze meie, wylst oare dielen (djip dekolletee, underboob, sideboob) talitten wurde kinne, ôfhinklik fan it gefal. Foar de stuten jildt dat de naad bedutsen wêze moat.

Wylst de autoriteiten yn Jeropeeske lannen, lykas Nederlân en Dútslân, oer it algemien frij tolerant foar neakenens yn it iepenbier oersteane, wurdt soks yn oare lannen, lykas de Feriene Steaten, daliks en hurdhannich oanpakt. Sels op plakken yn 'e Feriene Steaten dêr't de autoriteiten soks foarhinne troch de fingers seagen, wurdt tsjintwurdich strang hanthavene. Sa begûnen parkwachters op it Steatsstrân San Onofre yn 2010 ynienen boetes út te skriuwen foar neaken en topless sinnebaaien. Ek besleat de gemeenteried fan San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 2012 dat der yn 'e binnenstêd tenei gjin inkeld fertoan fan neakenens mear tastien wurde soe. Dat beslút late ta fûleindige protesten, om't krekt San Francisco fan âlds bekend stiet om syn progressive kultuer. Yn Jeropa wurdt boarstfieding yn it iepenbier oer it algemien sjoen as wat natuerliks, dêr't neat mis mei is. Yn 'e Feriene Steaten is it yn guon dielen fan it lân by wet ferbean, yn oare dielen net regulearre en yn wer oare dielen fêstlein as in wetlik rjocht.

It ferskil yn omgean mei neakenens tusken Jeropa en de Feriene Steaten komt fierhinne fuort út in folslein ferskillende opfetting oer neakenens en privacy. Op it fêstelân fan Jeropa wurdt privacy sjoen yn it ljocht fan beskerming fan it rjocht op respekt en persoanlike weardichheid. Yn 'e Feriene Steaten is privacy ferbûn mei frijheid, yn 't bysûnder yn jins eigen hûs. Wylst it foar Jeropeänen de normaalste saak fan 'e wrâld is dat se harren weardichheid behâlde ek al binne se neaken op plakken dêr't oaren harren sjen kinne, beskôgje Amerikanen neakenens yn it iepenbier as it weijaan fan "eltse reedlike ferwachting fan privacy" (sa't it yn 'e Amerikaanske wet neamd wurdt). Sokke kulturele ferskillen soargje derfoar dat Jeropeänen en Amerikanen inoar net begripe as it oer neakenens yn it iepenbier giet.

 
Neakene manlju yn 'e sauna.

Nudisme en naturisme

bewurkje seksje

Der bestiet yn 'e Westerske wrâld in lytse maatskiplike subkultuer fan minsken dy't it normaal fine om 'e hiele dei neaken om te rinnen. De oanhingers fan dy wize fan libjen neame harrensels nudisten of naturisten. Nudisten lûke har werom mei lykstimden yn saneamde nudistekampen en op neakenstrannen, dêr't se ôfskaat fan 'e bûtenwrâld dwaan en litte kinne wat se wolle. Naturisten krewearje ynstee foar in algemiene maatskiplike akseptaasje fan aldendeiske neakenens yn 'e iepenbiere romte.

Neakenens yn semy-iepenbiere gelegenheiden

bewurkje seksje

Yn 'e Westerske kultuer is it yn guon gefallen tastien om neaken te wêzen yn it iepenbier, yn beskate romten dy't ferbân hâlde mei omklaaien en baaien. Sokke aktiviteiten folgje algemien jilden noarmen en wearden, dy't lykwols fan lân ta lân ferskille kinne. Faak binne sokke gelegenheden yn twaen skaat op basis fan sekse, lykas de klaaikeamers yn in sporthal, in swimbad of by in gymnastykseal yn in skoalgebou. Foar klaaihokjes yn kleanwinkels en by it strân is dat dan wer net it gefal, mar dêr kin eltse persoan him- of harsels ôfsûnderje yn in eigen lytse romte. De sauna is in oare gelegenheid dêr't iepenbiere neakenens hiel gewoan is. Yn it lân dêr't dat ferskynsel weikomt, Finlân, en ek yn Skandinaavje, de Dútsktalige lannen en Nederlân, is it normaal om hielendal neaken yn 'e sauna te gean, eventueel mei in handoekje om oer krúsjale lichemdielen hinne te drapearjen.

It is ek normaal dat sporters nei it spyljen fan in wedstryd mei-inoar neaken dûse yn 'e dûs dy't by de klaaikeamer heart; soks wurdt ek wol nei de gymnastykles op 'e middelbere skoalle dien. Ek by sok mienskiplik dûsen wurde de manlju en froulju of jonges en famkes lykwols faninoar skaat. Yn 'e Feriene Steaten waard sok mienskiplik dûsen yn 'e 1990-er jierren as "ûnnoflik" ûnderfûn troch bern dy't thús mear privacy wend wiene. Yn 'e ienentweintichste iuw waarden yn New York-Stêd guon sportskoallen foarsjoen fan dûshokjes ynstee fan iepen dûsen, sadat nimmen de dûser noch folslein neaken te sjen krige.

 
Har Keninklike Heechheid prinsesse Sikhanyiso Dlamini fan Swazylân (midden) docht yn tradisjonele dracht (d.w.s. topless) mei oan 'e Reiddûns (2006). Sy en de oare prinsessen drage in kroan fan reade fearren om harren keninklike status oan te jaan.

Neakenens en bern

bewurkje seksje

Wylst yn 'e Feriene Steaten oer it algemien it idee hearsket dat âlderlike neakenens foar de eagen fan 'e bern sokke bern psychologyske skea tabringe kin, hawwe ferskate wittenskiplike ûndersiken útwiisd dat dat net sa is. Krektoarsom, der liket in licht posityf effekt te bestean as neakenens binnen in húshâlding as wat normaals en natuerliks behannele wurdt. De Amerikaanske psychologe Lea Lis rette yn 2019 oan om fral foar jonge bern oer net skruten te wêzen om jin as âldelju neaken sjen te litten, bygelyks by it dûsen of baaien, mar de sjêne te respektearjen fan bern dy't yn 'e puberteit komme en har bewust wurde fan harren eigen lichem.

Net-Westerske kultueren

bewurkje seksje

Yn Yndia drage preesters fan 'e digambara of "luchtklaaiden", in streaming binnen it jaïnisme, hielendal gjin klean om harren ôfwizing fan 'e materiële wrâld te symbolisearjen. Itselde is it gefal mei guon hindoeïstyske sadhu's of "hilligen".

Yn Afrika besuden de Sahara is folsleine neakenens, neakenens ûnder de mul of it topless gean fan froulju de noarm by beskate etnyske groepen, wêrûnder Nilo-Saharaanske folken lykas de Nûba-folken fan Sûdaan en de Soerma fan Súd-Sûdaan en Etioopje. Itselde jildt foar de Niger-Kongoleeske Himba fan Angoala en Namybje. By de Nûba-folken meitsje jongemannen dy't meidogge oan 'e (neaken bedreaune) stôkfjochterstoernoaien bygelyks fan 'e gelegenheid gebrûk om harren lichem sjen te litten oan 'e jonge froulju, mei as doel om in breid te winnen. By de Reiddûns fan 'e Sûlû en de Swazy, dy't útfierd wurdt troch de net-troude famkes, drage de dielnimsters de tradisjonele dracht fan harren folk, wat betsjut dat se topless binne.

Yn Brazylje is it by ferskate Yndiaanske folken út it Amazônegebiet noch altyd wenst om neaken of healneaken te libjen. By oare folken is it wol wenst om yn it deistich bestean Westerske klean te dragen, mar docht men dy út om mei te dwaan oan tradisjonele seremoanjes. Ek guon folken yn Yndia, op 'e Filipinen en yn Papoea Nij-Guineä drage frijwol gjin klean. Itselde gou foarhinne foar de Australyske Aboriginals, dy't no lykwols sa ferwesterske binne dat deistige neakenens by harren frijwol net mear foarkomt.

 
Skilderij fan in topless Tahitiaanske vahine troch Paul Gauguin.

Ofbyldings fan neakenens

bewurkje seksje

Beoardieling

bewurkje seksje

Yn Westerske kultuer kinne ôfbyldings fan neakenens ferdield wurde oer de kategoryen: ynformaasje, keunst, neakenfotografy en pornografy. In foar mearderlei útlis fetbere ôfbylding kin yn dit ramt foar swierrichheden soargje. Dêrnjonken kin ek misynterpretaasje ta ûnienichheid liede. Bykommend probleem is it út 'e Feriene Steaten kommende idee dat neakenfotografy en pornografy itselde binne. Dat is net sa. Neakenfotografy lit minsken neaken sjen. It kin dêrby om keunst gean, mar ornaris wurdt de term brûkt foar seksueel tinte ôfbyldings fan neakenmodellen, dy't publisearre wurde yn neakenblêden, lykas de Playboy en de Penthouse. Foar pornografy is lykwols net allinne neakenens nedich, mar ek in seksuële hanneling, lykas masturbaasje of seksuële omgong mei in oare persoan.

Yn West-Jeropa is sûnt de opheffing fan it ferbod op pornografy, tusken de ein fan 'e 1960-er jierren en de midden fan 'e 1980-er jierren, frijwol gjin inkele ôfbylding fan neakenens mear ferbean, útsein bernepornografy. Dêrby moat oantekene wurde dat beskate ôfbyldings wol op beskate plakken ferbean wêze kinne, lykas pornografy op in reklameboerd by in bushalte, om mar wat te neamen.

Yn 'e Feriene Steaten, dêr't noch altyd in aktive, troch de oerheid opleine sensuer bestiet wat ôfbyldings fan neakenens oanbelanget, hingje beheinings oan sokke ôfbyldings ôf fan wetlike omskriuwings fan ûnfatsoenlikens en obseniteit. Hoewol't obseniteit definiëarre wurdt as "de portrettearring fan geweld of seksualiteit op in wize dy't oanstjitjaand is foar de noarmen en wearden fan 'e mienskip," bliuwt dat ûndúdlik om't ferskillende mienskippen der ferskillende noarmen en wearden op nei hâlde kinne. Oars sein: wat yn ien mienskip, bgl. yn it Amerikaanske Suden, ûnbesteanber is, kin yn in oaren, bgl. San Francisco, algemien akseptearre wêze. Dêroer die it Amerikaanske Heechgerjochtshôf yn 1973 in útspraak yn 'e rjochtsaak Miller v. California, wêryn't in test fan trije stappen betocht waard, de saneamde Millertest, om te bepalen wat obseen (en dêrom ferbean) en wat eroatysk (en dêrom tastien) is ûnder it Earste Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet.

 
De Fenus fan Willensdorf, dy't in neakene foluptueuze frou ôfbyldet, makke tusken 24.000 en 22.000 f.Kr.

Ofbyldings fan neakene bern

bewurkje seksje

Sûnt likernôch 2010 sitte by útstek ôfbyldings fan neakene bern yn it ferdomhoekje. Dêrby giet it net om bernepornografy, dat ferbean is en wêrfan't eltse woltinkende minske ek fynt dat it ferbean wêze moat. Ynstee giet it om ûnskuldige ôfbyldings dêr't neakene bern op steane, bygelyks yn it bad, ûnder de dûs, op it strân of wylst se oan it boartsjen binne. Sokke ôfbyldings binne histoarysk makke yn in ferskaat oan kultueren en tiidrekken. Yn 'e Fiktoriaanske Tiid, bygelyks, doe't der yn it Feriene Keninkryk oer it algemien hiel strange noarmen en wearden gouwen oangeande neakenens fan folwoeksenen, hie it meitsjen fan ôfbyldings fan neakene bern just folsleine maatskiplike akseptaasje, om't it besjoen waard as it ôfbyldzjen fan ûnskuld, dat neat mei seksualiteit te krijen hie. Yn 'e ienentweintichste iuw wurde ôfbyldings fan neakene bern lykwols mear en mear beskôge as wat dat net doocht, in ûntwikkeling dy't op 'e nij syn oarsprong fynt yn 'e Feriene Steaten. Dêr waarden yn 'e 2010-er jierren foto's op 'e sosjale media fan neakene poppen of pjutten, dy't nota bene makke wiene troch harren eigen âldelju, weiset as bernepornografy.

Neakenens yn 'e keunst

bewurkje seksje

It neakene stal fan 'e minske hat histoarysk al fan it Paleolitikum ôf ûnderwerp fan 'e keunst west. Benammen sûnt de Grykske Aldheid is it neaken ôfbyldzjen fan 'e minske, earst benammen yn 'e foarm fan byldhouwurken, letter fral yn 'e foarm fan skilderijen, ien fan 'e wichtichste keunstûnderwerpen yn 'e Westerske kultuer. In tige ynfloedryk boek oer neakenens yn 'e Westerske keunst is The Nude: A Study in Ideal Form, skreaun troch de Britske ealman Kenneth Clark, dat foar it earst publisearre waard yn 1956. Yn 'e ynlieding fan dat wurk wurdt in neitiid faak oanhelle ûnderskie makke tusken it neakene lichem yn syn algemienens en it neakene lichem as ûnderwerp fan keunst. Neffens Clark is neaken wêzen it missen fan klean, wat sjêne en skamte ymplisearret, wylst oan neakenens yn 'e keunst net sokke konnotaasjes klibje.

 
David, fan Michelangelo, ien fan 'e bekendste ôfbyldings fan neakenens út 'e Westerske keunst.

Dy skieding tusken de artistike foarm fan neakenens en de dêrmei besibbe, mar der los fan steande, maatskiplike en kulturele kwestjes oangeande neakenens wie doe't Clark syn boek skreau noch fierhinne ûnûndersocht troch keunsthistoarisy. It ûntjoech him yn 'e 1970-er jierren lykwols ta in fokuspunt fan sosjale en feministyske keunstkritiken, mei't klassike ôfbyldings fan froulike neakenens yn 'e keunst sjoen waarden as symboalysk foar de objektifisearring fan it froulik lichem troch manlju. De diskusje dêroer wurdt oant de dei fan hjoed fuortset, en krige fan 2018 ôf in nije ympuls troch de #MeToo-beweging. Lucien Freud wie ien fan mar in lyts groepke foaroansteande keunstskilders dy't trochgiene mei it skilderjen fan neakenwurken doe't dat yn 'e 1970-er jierren út 'e moade rekke. Tsjin 'e ein fan syn libben wiene syn wurken lykwols ikoanen fan it postmodernisme wurden. Dêrby spile mei dat Freud gauris it froulik lichem werjoech yn in fier fan idealisearre foarm, bygelyks troch obese modellen te brûken.

Neakenens yn films

bewurkje seksje

Yn it medium film wurdt neakenens oer it algemien net sasear werjûn as in normaal ûnderdiel fan it aldendeiske libben, mar ynstee benammen brûkt om 'e belangstelling fan it mainstream-publyk foar seksualiteit te eksploitearjen. Films mei sênes dêr't neakenens (fral fan froulju) yn foarkaam, waarden al yn 'e 1910-er jierren makke. Yn it Pre-Code-tiidrek fan Hollywood (1929-1934) wiene sokke films oer it algemien eroatysk, hoewol't se almeast yn 'e foarm getten waarden fan etnografyske dokumintêres oer 'primitive' folken, sadat der in ferlechje wie om 'e neakene of healneakene lânseigen froulju geduerich yn byld te bringen.

Nei't der yn 'e rin fan 1934 in strang tafersjoch kaam op it neilibjen fan 'e Motion Picture Production Code, in foarm fan sensuer dy't net inkeld it werjaan fan neakenens, mar ek fan seks beheinde, koene sokke films net mear makke wurde. Pas nei 1960 laten sosjale feroarings yn 'e Feriene Steaten ta it ûntstean fan it hjoeddeistige filmbeoardielingssysteem fan 'e Motion Picture Association of America (MPAA). Hoewol't dat films yn teory net inkeld beoardielet op neakenens en werjeften fan seksualiteit, mar ek op bgl. it foarkommen fan geweld, wurde films mei frijwat geweld deryn faak goedkard om besjoen te wurden troch bern, wylst sels it koartste glimpke fan neakenens betsjut dat de oangeande film beoardiele wurdt as "PG-13" (ûngaadlik foar bern ûnder de trettjin jier), en neakenens fan manlju betsjut dat de film daliks bestimpele wurdt as 'inkeld geskikt foar mearderjierrigen'.

 
Audrey Munson spilet in neaken keunstmodel yn 'e film Inspiration út 1915.

Yn Jeropa wurdt oer it algemien folle fleksibeler (en sûner, soene in protte minsken sizze) omgien mei neakenens yn films. Guon films dy't yn 'e Feriene Steaten inkeld te sjen wêze soene foar folwoeksenen omreden fan 'e neakenens dy't deryn sit, lykas Flodder of Alleen Maar Nette Mensen, binne yn Nederlân goedkard foar alle leeftiden of foar boppe de tolve jier. It ûntbrekken fan in strange filmsensuer op it mêd fan neakenens hat derfoar soarge dat yn Jeropeeske films folle mear saneamde 'funksjonele neakenens' sit as yn Amerikaanske films. Mei funksjonele neakenens wurdt ferwiisd nei neakenens dy't logysk is foar it ferhaal, en dêrom in funksje hat. As in man en in frou seksuële omgong hân hawwe, en se komme fan bêd ôf, is it logysk dat se neaken binne. Jeropeeske films litte dat dan faak ek sjen. Yn Amerikaanske films, oan 'e oare kant, wurde sokke stikjes faak oerslein of fine se bûten byld plak of hawwe de minners om ûnferklearbere redens it ûnderguod noch oan.

Neakenens op 'e tillefyzje

bewurkje seksje

Yn 'e Feriene Steaten bestiet ek sensuer op it mêd fan 'e neakenens dy't op 'e tillefyzje te sjen is. Dat is benammen it gefal foar programma's dy't útstjoerd wurde troch de eter en dêrom foar eltsenien te ûntfangen binne. Beheinings oangeande fatsoen en obseniteit meitsje foar sokke programma's yn 'e praktyk elts glimpke fan neakenens ûnmooglik. De wetlik fêstleine test hjit yn dit gefal "I know it when I see it" ("Ik wit it as ik it sjoch"). Twifelgefallen wurde sadwaande beoardiele op grûn fan klachten troch sjoggers. Foar keabeltillefyzje, dêr't men aktyf foar betelje moat en dat dus net foar eltsenien passyf te ûntfangen is, jilde justjes oare regels, mei ynhâld dy't net fatsoenlik hoecht te wêzen, en dêr't yn flokt wurde mei. Likegoed mei der noch hieltyd gjin obseniteit (d.w.s. geduerige neakenens) te sjen wêze.

 
Lju op in seldsum neakenstrân yn 'e Feriene Steaten.

Krekt as yn it gefal fan films binne ek op it mêd fan tillefyzje de regels yn Jeropeeske lannen folle minder strang. Sa wie Nederlân yn 1967 it earste lân yn 'e wrâld dêr't in neakene frou (Phil Bloom) op 'e tillefyzje te sjen wie. En yn it Feriene Keninkryk koe yn 1979 in dokumintêre oer naturisme sûnder swierrichheden op 'e tillefyzje útstjoerd wurde. It Feriene Keninkryk ken wol de saneamde 9 o'clock watershed (letterlik: de "wetterskieding fan 9 oere"). Dat betsjut dat neakenens en flokwurden pas jûns nei 21.00 oere op 'e tillefyzje útstjoerd wurde meie, as bern dy't dêr te jong foar fûn wurde, op bêd hearre te lizzen. It neilibjen dêrfan is fierhinne in gefal fan frijwillich hâlden oan algemien jildende noarmen en wearden. Yn 'e Feriene Steaten bestiet in ferlykber systeem dat de safe harbor-regel hjit, en eltse ôfbylding fan neakenens en alle flokwurden op 'e keabeltillefyzje ferbiedt tusken 6.00 oere moarns en 22.00 oere jûns. Tillefyzjestjoerders dy't har dêr net oan hâlde, wurde strang bestraft troch de Federal Communications Commission (FCC), mei swiere boetes en yn it slimste gefal ynlûking fan 'e útstjoerfergunning. Yn Nederlân en de measte oare lannen op it fêstelân fan Jeropa komt sa'n systeem hielendal net foar.

Fideoklips dêr't neakenens yn foarkomt (iroanysk genôch oer it algemien fan Amerikaanske muzikanten), wurde yn Jeropa ienfâldichwei op 'e tillefyzje útstjoerd. Yn guon lannen, lykas it Feriene Keninkryk, mei dat pas nei njoggen oere jûns, mar yn Nederlân wurde se gewoan oerdeis útstjoerd, sadat se foar eltsenien (ynkl. bern) te sjen binne. Yn 'e Feriene Steaten moatte sokke klips oanpast of op in oare wize sensurearre wurde foar't se op 'e tillefyzje meie.

Neakenens yn 'e poadiumkeunsten

bewurkje seksje

Neakenens kin ek in ûnderdiel foarmje fan live-optredens yn it ramt fan 'e poadiumkeunsten, lykas performance art. Sa stiet de Switserske keunstneresse Milo Moiré bekend om har neakene optredens wêrby't se har eigen lichem as medium foar har keunst brûkt. Oare poadiumkeunsten wêrby't neakenens (soms) in rol spilet, binne dûns, teäter en bodypainting. Foar bodypainting is by definysje ferlet fan neakenens, hoewol't de bedekking mei ferve de neakenens ûnopfallend en dreech waar te nimmen makket.

 
De Switserske keunstneresse Milo Moiré.

Ien fan 'e ierste foarmen fan neakenens yn it teäter waard foarme troch de saneamde tableaux vivants, dy't oan it begjin fan 'e tweintichste iuw yn it Windmill Theatre yn Londen en yn Ziegfeld Follies yn New York te sjen wiene. Dat wiene neakene modellen, dy't bewegingsleas op it poadium stiene, om't de Britske wet fan dy tiid gjin neakene aktrises yn teäters tastie, mar wol neakene froulju dy't keunstwurken neibearden. Letter stie bygelyks de musical Hair, dy't yn 1968 op Broadway iepene, bekend om syn sênes mei neakenens.

By dûns komt neakenens net botte faak foar, útsein yn 'e kontekst fan lânseigen dûnsen yn Afrika en Súd-Amearika, lykas de al earder neamde Reiddûns fan 'e Sûlû en Swazy fan Súdlik Afrika. Yn 'e Westerske wrâld hat der in ûntwikkeling fan dûnskostúms west nei in foarm dy't mear frijheid fan beweging talit, en dêrtroch, benammen yn it gefal fan froulju, mear dielen fan it lichem bleat lit, hoewol eins nea krúsjale dielen lykas boarsten, stuten en skamstreek. Folsleine neakenens wurdt troch guon goreografen beskôge as de kulminaasje fan dy ûntwikkeling, en as ien fan 'e mooglik 'kostúms' wêryn't in dûns útfierd wurde kin.

Under dûns falt ek de striptease en pealdûns dy't yn stripklubs en besletten gearkomsten útfierd wurde troch strippers. Dat kinne sawol froulju as manlju wêze. Striptease hat in lange skiednis dy't al yn 'e njoggentjinde iuw begûn yn Frânske dûnshuzen yn Parys, wêrûnder de ferneamde Moulin Rouge, dêr't it publyk foarstellings bywenne dy't jûn waarden troch krap klaaide dûnseressen. Guon iere stripteasedûnseressen waarden ferneamd, lykas Mata Hari, berne yn Ljouwert as Margaretha Zelle, dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch eksekutearre waard as spionne, en de Afro-Amerikaanske Josephine Baker, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch by it Frânske ferset belutsen wie. Resinter besteane der yn it ramt fan neaken dûnsjen ek semy-iepenbiere eveneminten yn 'e iepen loft, lykas Nudes-A-Poppin' yn Roselawn (Indiana).

 
Aktivistes fan 'e feministyske, fan oarsprong Oekraynske protestgroep FEMEN protestearje topless om 'e froulike seksualiteit op te easkjen.

Neakenens as foarm fan protest

bewurkje seksje

Soms wurdt neakenens brûkt as foarm protest. It hat yn dy kontekt it bykommende foardiel dat it oandacht lûkt foar it ûnderwerp dêr't tsjin protestearre wurdt. In foarbyld fan sokke neakenens wurdt foarme troch de aktivistes foar frouljusrjochten fan 'e Oekraynske protestgroep FEMEN, dy't by demonstraasjes topless binne. Sy beskôgje dat as in feministysk symboal om 'e eigen seksualiteit en it selsbeskikkingsrjocht fan froulju op te easkjen.

Optwongen neakenens

bewurkje seksje

Histoaryske behanneling fan sljochtsinnigen

bewurkje seksje

Histoarysk waarden lju dy't yn gekkegestichten opsletten waarden, faak neaken holden. Yn Ingelân waarden troch kristlike goeddiedichheidsynstellings iuwenlang klean ynsammele foar de earmen, mar fan 'e santjinde oant de njoggentjinde iuw waarden pasjinten (ein finzenen) yn gestichten net ta dy groep rekkene. Bygelyks yn it Bethlem Royal Hospital wiene de pasjinten dêrom ornaris neaken, en waarden se boppedat ek noch op oare manearen wreed behannele. Dy behanneling einige oan it begjin fan 'e tweintichste iuw, doe't der humanere foarmen fan omgean mei sljochtsinnigen ûntwikkele waarden. Nettsjinsteande dat spile der yn Nederlân yn 1995 noch in saak wêrby't in geastlik beheind tinerfamke, Jolanda Venema, yn in ynrjochting neaken mei keatlings oan 'e muorre fêstset wie.

 
In ôfbylding fan in finzene yn 'e Abû Graib Finzenis yn Bagdad dy't yn 2003 slachtoffer waard fan it Abû Graib-skandaal.

Neakenens as bestraffing

bewurkje seksje

Yn guon sitewaasjes, almeast histoarysk, mar ek noch yn 'e moderne tiid, is neakenens yn beskate sitewaasjes oan minsken optwongen. Of miskien kin better sein wurde dat de klean harren ôfnommen binne. Sa koe en kin twongen neakenens in liifstraf of ûnderdiel fan in liifstraaf wêze, benammen as sa'n straf yn it iepenbier útfierd wurdt. Noch yn 2017 waarden learlingen op in famkesskoalle yn 'e noardeastlike Yndiaaske dielsteat Arunachal Pradesh, neffens de Yndiaaske plysje, by wize fan betraffing twongen en klaai harrensels foar de klasse út. Hoewol't it tsjintwurdich net folle mear foarkomt, wie útklaaien as straf foarhinne op Yndiaaske skoallen frij gewoan.

Under de Irakoarloch kaam yn 2003 de Abû Graib Finzenis yn Bagdad bekend te stean om 'e martelings en mishannelings dêr't leden fan it Amerikaanske Leger de dêr fêstholden finzenen oan ûnderwurpen. Dêrby spile it ôfnimmen fan klean in grutte rol. Finzenen waarden neaken bespot, neaken op 'e foto set, neaken fêstbûn en yn kompromittearjende lichemshâldings twongen en op oare wizen fernedere. Doe't it fotografysk bewiismateriaal útlekte, late dat ta ynternasjonale feroardieling, en ta berjochting fan 'e dieders.

By in stripsearch ("útklaai-ûndersyk") moat immen alle klean útdwaan sadat de autoriteiten kontrolearje kinne oft hy of sy ek wat yn of ûnder de klean ferberget. Soks wurdt wol dien troch de plysje op in plysjeburo, troch sipiers yn in finzenis of troch de dûane op in lofthaven. It giet faak mank mei in lichemsfisitaasje, wêrby't ek alle lichemsholten (mûle, fagina en anus) fan 'e persoan yn kwestje kontrolearre wurde op smokkelwaar of oar guod. In stripsearch is net bedoeld as bestraffing, mar wurdt needsaaklik achte om 'e oarder te hanthavenjen yn in fasiliteit dêr't lju fêstholden wurde (plysjeburo, finzenis) of om te bewissigjen dat der gjin yllegale en ûnwinske smokkelwaar (lykas drugs) it lân binnen slûke wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.