Sacha

(Trochferwiisd fan Jakoetsje)

De Republyk Sacha, ek Jakûtsje (Russysk: Якутия, Jakûtysk Саха Сирэ), is in republyk yn it noardeastlike diel fan Azjatysk Ruslân. Sacha is wat oerflak oanbelanget it grutste dielgebeit fan Ruslân.

Republyk Sacha

Республика Саха (Якутия) (Russysk)
Саха Өрөспүүбүлүкэтэ (Jakûtysk)

flagge wapen
polityk
soarte gebiet autonome republyk
lân Ruslân
federaal distrikt Fiere Easten
ekonomyske regio Fiere Easten
haadplak Jakûtsk
grutste plak Jakûtsk
taal Russysk, Jakûtysk
Etnyske groepen Jakûten (48,7 %)
Russen (36,9 %), Ewinken (2,2 %)
Oekraïners (2,1 %) 2010
sifers
ynwennertal 992.115 (2022)
oerflak 3.083.523 km²
befolkingstichtens 0,32 ynw. / km²
oar
stifting 27 april 1922
tiidsône UTC+9 UCT+10 UTC+11
MSC+6 MSC+7 MSC+8
koördinaten 66° 24' N 129° 10' E
webside sakha.gov.ru
 
Oan de Lena

It oerflak fan de republyk is mei 3.083.523 km² in bytsje lytser as Yndia en grutter as Argentinië en Kazachstan tegearre. Jakûtsk leit yn it noardwestlike diel fan it Fiere Easten. It grinzget yn it easten oan it okrûg Tsjûkotka en de oblast Magadan, yn it súdeasten oan de kraj Chabarovsk, yn it suden oan de oblast Amoer en yn it westen oan de kraj Krasnojarsk.

Yn it noarden foarmet de Arktyske Oseaan mei tusken de Nordvikbocht en de Anabarbaai as noardlikste punt fan it fêstelân Kaap Paksa in natuerlike grins. Noardlik fan de republyk lizze de Nijsibearyske eilannen, werfan't it Henrietta-eilân it noardlikste eilân fan de republyk is. Kaap Tsjeljûskin yn de oanbuorjende kraj Krasnojarsk leit noch 400 km heger en foarmet it noardlikse punt fan it fêstelân fan de Alde Wrâld.

De meast sudlike punt fan Sacha leit yn it heechlân fan Aldan op deselde geografyske breedte as Kopenhagen. Yn it westen fan de republyk leit it Sintraal-Sibearyske berchlân en dan eastliker geane de bergen oer yn de Lena-delte, it Verchojanskberchtme, Tsjerskigebergte, it Jana-Indigirkalaeechlân oant it Kolyma-Leechlân yn it noardeasten. Mear as 40 % van it grûngebiet fan Sacha leit bûten de poalsirkel.

 
Russyske postsegels út 2006 mei de fauna fan Sacha

It grutste diel fan de republyk wetteret ôf op de Lena. Njonken de Lena binne oare grutte rivieren de Viljûj en de Aldan, beide sydrivieren fan de Lena, en de Indigirka en de Kolyma. Mear as 80 % fan it gebiet bestiet út bosk.

It klimaat is kontinintaal en hat lange winters mei koarte simmers. Winters duorje yn Jakûtsje fan april oant oktober. It temperatuerferskil tusken de kâldste moanne (jannewaris) en de waarmste moanne (july) is 70 oant 75 graden.

It hiele gebiet fan de republyk bestiet in soad út permafrost. Oerstreamings fan de legere dielen fan de republyk komme faak foar as simmerdeis snie en iis rane.

Yn it gebiet komme 250 fûgelsoarten foar, mei seldsume fûgels as de wite en de swarte kraanfûgel, de lytse wylp en de falk. Sûchdieren binne û.o. iisbearen, sabelmarters, sniehazzen, rindieren, poalfoksen, sibearyske wezelingen, harmelingen, edelherten en Amerikaanske nertsen. Op de tûndra is de muskusokse yntrodusearre. Fan de 50 fisksoarten komme de salm en wytfisk it measte foar.

 
Dûnsgroep yn de nasjonale dracht yn Sangar (Jakûtsje) op it Isiachfeest yn juny, de fiering de de republyk it nije jier fiert

Jakûtsje is ien fan de tinst befolke gebieten fan de Russyske Federaasje. De grutske etnyske mienskip wurdt foarme troch de Jakûten, in Turksk folk. Oant 1900 wennen der yn it gebiet allinne ynhiemske folken. Njonken de Jakûten hearre dêr ek de Ewinken, Ewenen, Dolganen, Tsjûktsjen en Jûkagieren ta. Yn de Sovjettiid kamen in soad nije ynwenners nei it gebiet. Sa naam it tal etnsyke groepen ta. Under de nije folken wiene Russen, Oekraïners, Wyt-Russen, Bûrjaten en Tataren. Troch de migraasje wiene de Jakûten yn 1989 yntusken in minderheid woarn, wylst de Russen in krappe mearderheid fan de befolking útmakken. Tsjintwurdich binne de ferhâldings wer oarsom en foarmje de Jakûten de grutste etnyske groep. In soad migranten, dy't eartiids yn de eardere mynbou wurken, binne wer ôfset nei oare dielen fan Ruslân, wylst der mei migranten út de Sintraal-Aziatyske republiken út de eardere Sovjetuny nije minderheden ûntstiene.

De offisjele talen fan de republyk binne Jakûtysk en Russysk. Op de plakken dêr't lytsere ynlânske folken konsintrearre wenje garandearret de grûnwet fan de republyk likense taalrjochten.

De lânseigen befolking fan it gebiet waard yn de 18e iuw massaal doopt.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1939 1959 1970 1979 1992 2002 2010 2022
Ynwenners 413.876 487.372 666.746 851.840 1.094.065 949.280 949.347 992.115

Sacha is ryk oan grûnstoffen lykas edelmetalen, oalje, ierdgas, koalen en diamanten. It oandiel fan it gebiet yn de diamantwinning yn 'e wrâld leit oer de 13 %. Sûnt de ûntbining fan de Sovjetuny besit de republyk it rjocht de rûge diamanten sels te bewurkjen; yn de kommunistyske tiid moasten de rûge diamanten nei Moskou stjoerd wurde.

It grutste gasfjild Mastach hat in 400 km lange piipline nei de haadstêd Jakûtsk. Al yn de tiid fan de Sovjetuny soene der ek piiplinen foar de eksport oanlein wurde, mar der binne noch gjin projekten útein set.

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

De republyk Sacha is ferdield yn 34 rajons en de stedsdistrikten Jakûtsk en Zjatai. Haadstêd is Jakûtsk. Plakken mei mear as 20.000 ynwenners binne Nerjûngri, Mirny, Lensk en Aldan (sitewaasje 2021). De kâldepoalen Verchojansk en Ojmjakon hawwe ynternasjonale bekendheid.

 
Jakûtsk
 
Lânskip oan de rivier de Ura
Grutste stêden
Namme Russysk Jakûtysk Ynwenners [1] Wapen Lokaasje
Jakûtsk Якутск Дьокуускай 341.221 (2022)   62° 01' N 129° 43' E
Nerjûngri Нерюнгри Нүөрүҥгүрү 58.969 (2021)   056° 39' N 124° 43' E
Mirny Мирный Мирнэй 35.416 (2021)   62° 32' N 113° 57' E
Lensk Ленск Ленскэй 23.266 (2021)   60° 43' N 114° 54' E
Aldan Алдан Алдан 20.366 (2021) 58° 36' N 125° 23' E
Aichal* Айхал Айхал 12.727 (2021)
gjin
65° 56' N 111° 29' E
Udatsjny Удачный Удачнай 12.198 (2021)   66° 24' N 112° 18' E
Wiljuisk Вилюйск Бүлүү 11.319 (2021)   63° 45' N 121° 37' E
Njurba Нюрба Ньурба 9.761 (2021)   63° 17' N 118° 20' E|}
 
Tiidsônes yn Sacha:
blau: Jakûtsktiid UTC+09:00
rôze: Wladiwostoktiid UTC+10:00
read: Magadantiid UTC+11:00

Sacha is it iennige federale dieldistrikt fan Ruslân mei mear as ien tiidsône. Yn Sacha lizze trije ferskillende tiidsônes. Der is lykas yn de rest fan Ruslân gjin simmertiid.

Kaart tiidsône Ofk. Koördinearre Wrâldtiid Gebiet
  Jakûtsktiid YAKT UTC+09:00 Grutste diel fan de republyk
  Wladiwostoktiid VLAT UTC+10:00 Allinne yn it Ojmjakonski-, Ust-Janski- en Verchojanski-rajon.
  Magadantiid MAGT UTC+11:00 Allinne yn it Abyjski-, Allaichovski-, Momski, Nizjnekolymski-rajon.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sacha

  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 12 augustus 2022
  1. Ynwennertallen ôfkomstich fan Russyske lemma's oer de plakken

Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·