Nuis

(Trochferwiisd fan Nús)

Nuis (Grinslannersk: Nuus) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. De namme komt fan nij hús, dat assimilearre is ta Nuus.

Nuis
Herfoarme tsjerke Nuis (2011)
Herfoarme tsjerke Nuis (2011)
Emblemen
                 
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 650 (2023) [1]
Oerflak 3,25 km²
dêrfan lân: 3,25 km²
dêrfan wetter: 0 km²
Befolkingsticht. 200 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren A7
Postkoade 9364
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Offisjele webside
nuisniebert.nl
Kaart
Nuis (Grinslân)
Nuis

It doarp, lizzend tusken it doarp Mearum en De Like, hat ± 680 ynwenners. Oant 1985 rûn it spoar Grins - Drachten troch it doarp.

De tsjerke fan Nuis stamt út de 13e iuw en is foar it grutste part boud yn romano-goatyske styl. Oan de súdkant fan it doarp leit de boarch de Coendersboarch mei dêrby in lânboumuseum. Dizze boarch komt út 1815, dêrfoar stie hjir de Fossemaheard. Dy stie oan ien fan de âldste paden fan Nederlân: it Malijkse Paad.

Yn 1941 waard it Kamp Nuis boud foar de Nederlânske Arbeidstsjinst dy't ynsetten waarden by de ruilferkavelingsprojekten om Lucaswâlde. Yn 1944 ferdwûnen mei de opheffing fan de tsjinst ek de finzenen. De bedoeling wie om der dêrnei Dútsers yn ûnder te bringen, wêrfoar't it kamp fersterke waard mei ôfwargeskut en mitrailleursnêsten. De soldaten wienen lykwols nedich oan it front en ynstee fan harren waarden der dêrom NSB-fluchtlingen út Arnhim en Limburch hûsfêste. Yn 1945, nei de oarloch, waarden se ôflost troch finzennommen kollaborateurs, dy't ûnder tige minne omstannichheden fêstholden waarden troch de Binnenlandse Striidkrêften; de tastân wie sa min dat guon BS'ers fuortrûnen omdat se har ôffregen oft se om dizze reden yn it ferset sitten hienen. Yn 1948 waard it omfoarme ta dependânse fan de jeugdfinzenis fan Feanhuzen, dêr't ek in oantal SS'ers hûsfêste waarden, diskear ûnder bettere omstannichheden. Yn 1951 waarden se opfolge troch flechte Ambonezen (húshâldings fan KNIL-militêren), dy't dêr wenjen bleaunen oant 1964, doe't de lêste Ambonezen ferhuzen nei wenningen yn Mearum, Drachten, Hoogkerk of De Wijert yn Grinslân en it kamp sluten waard. Alles waard sloopt en neat docht mear tinken oan it kamp. In 2010 brocht Pleatslik Belang Nuis-Niebert te praat dêr in keunstwerk te setten as oantinken oan it kamp.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Westerkertier  
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
  ·   ·