Aldeboarn
Aldeboarn is in doarp yn 'e gemeente It Hearrenfean. It doarp is ferneamd om't der alle jierren de gondelfeart plakfynt. Yn it doarpsgebiet lizze ek de buorskippen Broeksterhuzen, Easterboarn, Jinswâlde, Poppenhuzen, Soarremoarre en Warniahuzen.
Aldeboarn | ||
Doarpssicht | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | It Hearrenfean | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.545 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 27,24 km² lân: 26,46 km² werfan wetter 0,78 km² | |
Befolkingsticht. | 57,44 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 02' N 5° 53' E | |
Offisjele webside | ||
aldeboarn.frl | ||
Kaart | ||
Aldeboarn hat 1.545 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
bewurkje seksjeAldeboarn wie mûglik al yn de 8e iuw in wichtich hannelsplak oan de Boarn. Al yn de achtste iuw wienen der yn Fryslân twa gruttere plakken, Nordac (Dokkum) en Bordonchorn Aldeboarn. De namme moat eat betsjutten hawwe as: 'yn de hoeke fan de Burdo'. De apostel Bonifatius hat ear't er nei Dokkum gie yn 754 yn Aldeboarn Friezen dope. Op it plak fan de boarne dêr't Bonifatius út dope is in tsjerke boud en op dat plak is de Boarnster tsjerke altiten stean bleaun, al datearret de lêste bou fan goed tûzen jier letter.[2]. Mooglik hat Aldeboarn ek muntrjocht hân: der is in 11e iuwske munt fûn mei it opskrift 'Bordnere'.
Yn de tiid dat de Boarn in ferbining foarme mei de Middelsee hie Aldeboarn in protte skipfeart, wat skipbou en alle beroppen dy't dêrby hearre meibrocht. Dat hat ek yn de neikommende iuwen laat ta in protte nearing. Stadichoan is it belang fan it plak lykwols hieltyd lokaler wurden. Dy ûntwikkeling hat der lykwols al ta laat dat yn it doarp in karakteristike bou kaam, dy't no as beskerme doarpsgesicht oanwiisd is. Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch wienen der wol 10 winkellju, 10 bakkers en wol 30 plakken dêr't wat makke of ferkocht waard. Troch it ferline hawwe der noch lang skippers en skipshellingen west. Der wiene doe earst noch in feartsjinst, in trijetal frachtriders en in busûndernimming. De grutste wurkjouwers wienen de Spar-gruthandel en it suvelfabryk; beide binne der no net mear.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 2014 hearde Aldeboarn ta de gemeente Boarnsterhim, en foar de weryndieling fan 1984 lei it sûnt minskewitten yn Utingeradiel, dêr't it earder lang it haadplak fan west hie. Sûnt 1989 is de namme fan it doarp offisjeel Frysk.
Gebouwen
bewurkje seksjeTsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Doelhôftsjerke.
Aldeboarn hie oan yn de 18e iuw in dowestiennen Pankratiustsjerke, dy't al yn de 13e iuw boud waard doe't it dekanaat Bornegoa syn sit yn Aldeboarn hie en wol fjirtich tsjerken en kapellen ûnder de Boarnster tsjerke foelen. Yn 1723 sloech it waar yn de tsjerketoer, dy't der dêrtroch sa min oan ta wie dat der in nije toer boud waard. De toer is 1736-1737 op 'e nij boude.
Jancko Douwama, dy't yn 1482 yn Aldeboarn berne wie, skreau dat de Magnusfane mûglik yn de tsjerke ferhoalen wêze soe. Dy soe fermuorre wêze, en it doarp wist ek krekt op hokfoar plak fan de muorre dat wie. Lykwols binne der gjin berjochten bekend oer de fynst fan in flagge doe't der yn 1753 in nije tsjerke by de toer boud waard. De hjoeddeiske tsjerke hat bysûndere souderskilderings en in oargel út 1779.
Boarnsters wurde tradisjoneel foar 'tuorkemjitters' útmakke. It ferhaal giet dat de Boarnsters by de weropbou fan de tsjerketoer de heechste fan Fryslân hawwe woenen. Yn dy tiid wie de heechste tsjerketoer fan Fryslân dy fan Tsjom, dat de Aldeboarnster gongen op besite yn dat doarp en brûkten in line om de hichte fan de Tsjomster toer te mjitten. Doe't se nei ôfrin wat dronken slagge it de Tsjomsters lykwols en snij in stik fan de line ôf. Sadwaande bleau de Tsjomster toer de heechste toer fan Fryslân. Om dit ferhaal hjitte de Tsjomsters fan Lyntsjesnijers en de Boarnsters fan Tuorkemjitters. De toer fan Tsjom is 72 meter heech, wylst de toer fan Aldeboarn 47 meter heech is.
Andringastate
bewurkje seksjeAndringastate wie in state út de 17e iuw. De state waard troch grytman Augustinus Lycklama à Nijeholt yn 1768 op 'e nij boud. Nei it ferstjerren fan de lêste bewenner yn 1881 kaam de state yn besit fan de herfoarme gemeente, dy't it gebou op de westlike fleugel nei yn 1896 ôfbrekke liet om plak te meitsjen foar it hjoeddeiske Andringahûs.
De Waach
bewurkje seksjeDe Waach is in waachgebou út 1736, dat no as de Aldheidkeamer Uldrik Bottema tsjinst docht.
It direkteurshûs
bewurkje seksjeIt wenhûs fan it eardere koöperative suvelfabryk oan De Boarn.
Mienskip
bewurkje seksjeDe Jister is it doarpshûs fan Aldeboarn.
Tsjerken
bewurkje seksje- PKN Aldeboarn (webstee)
Skoallen
bewurkje seksje(Sûnt 1 augustus 2024 binne de beide skoallen in gearwurkingsskoalle, wêrby't de De Boarne de skoalle fan it doarp bliuwt).[3]
Ferienings
bewurkje seksje- Fuotbalferiening Aldeboarn
- Tréwes - roeien
- Hercules - gymnastyk
- Damklup Untspanning - damjen
- TCO - tennis
- Boarnster Kritetoaniel
- Fûgelwacht Aldeboarn (webstee)
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1875 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 1999 | 2004 | 2008 | 2011 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 2008 | 1548 | 1483 | 1499 | 1454 | 1579 | 1513 | 1477 | 1447 | 1473 | 1520 |
Berne
bewurkje seksje- Janko Douwama (1482-1533), frijheidsstrider.
- Reytse Ayses (?-1574), lêste Fryske menistemartelder.
- Johan Vegelin fan Claerbergen (1690-1773), grytman
- Jan Anne Lycklama à Nijeholt (1809-1891), politikus
- Franciscus Holkema (1841-1870), biolooch en botanikus.
- Herman Haga (1852-1936), Nederlânsk natuerkundige.
- Otte Sijes Akkerman (1872-1957), folkdichter.
- Fokke Jacobs de Zee (1874-1950), skriuwer.
- Jikke Gaastra (1888-1963), Frysk reedrydster.
- Sijas Paulus Akkerman (1903-1981), skriuwer.
- Annie de Jong-Zondervan (1907-1972), atlete.
- Paulus Akkerman (1908-1982), skriuwer.
- Jan Bottema (1908-1944), fersetsstrider.
- U.G. de Jong (folút: Uiltje Geert de Jong; 1925-2008), fersetsman en skriuwer.
- Hartman Hoekstra (1926–2007), VVD-politikus.
- Klaas van Tuinen (1840-1905), biolooch.
- Jorrit Bergsma (1986-), langebaan- en maratonrider.
Ferskaat
bewurkje seksje- De Stifting Krús- of Doumalien is in lien dat troch neisieten fan Jancko Douwama oprjochte is.
- Aldeboarn is in stimpelplak fan it Jabikspaad.
- De Deelen is in natuergebiet besuden Aldeboarn.
- In bekende ynwenner fan Aldeboarn wie de komponist Paulus Folkertsma. Yn juny 2018 waard yn it doarp ta syn neitins it muzykfestival Midsimmertwirre holden.
Ynfrastruktuer
bewurkje seksjeFerbinings
bewurkje seksjeTroch it doarp rint de Boarn. Fan de Boarn nei it noarden nei Smellingerlân rint De Swette; nei it suden rint de Boksleat nei De Deelen. De N392, dy't oan de súdkant fan it doarp rint, jout nei it westen ferbining mei Nes en nei it súdeasten mei De Tynje. By it Alddjip lâns jout de Beetsterdyk ferbining nei it easten mei Nij Beets. Ta de himrik fan Aldeboarn wurde ek rekkene: Jinswâlde, Easterboarn, Soarremoarre, Poppenhuzen en Warniahuzen.
Strjitten yn Aldeboarn
bewurkje seksjeAlle strjitten yn Aldeboarn.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjePublikaasjes
bewurkje seksje- M. Kist "Geschiedenis van het Kruis- of Doumaleen te Aldeboarn"
- Bert Witteveen & Janny van der Heide-Reijenga "As ik de toer mar sjoch... - Aldeboarn yn 75 libbensferhalen"
- Cor Waringa "Kercke-boek van Aldeboarn Doelhôftsjerke 250 jr"
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
It Hearrenfean | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • It Hearrenfean • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • It Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | ||
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen | ||
· · |