Tatarstan

(Trochferwiisd fan Tatarije)

Tatarstan (Russysk: Республика Татарстан, Respûblika Tatarstan, Tataarsk: Татарстан Республикасы), histoarysk ek wol Tatarije neamd, is in autonome republyk yn de Russyske Federaasje. Tatarstan moat net betiizge wurde mei it histoaryske Tatarije, fan de midsiuwen oant de 20e iuw de Europeeske namme foar it gebiet eastlik fan de Oeral en de Kaspyske See. Haadstêd fan Tatarstan is Kazan, dat op 720 kilometer himelsbreed eastlik fan Moskou leit.

Tatarstan
Республика Татарстан
Татарстан Республикасы
flagge wapen
polityk
soarte gebiet autonome republyk
lân Ruslân
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Wolga
haadplak Kazan
grutste plak Kazan
taal Tataarsk, Russysk
Etnyske groepen Tataren %
Russen%
Tsjûvasjen 3,1%
(Stân 2010)
sifers
ynwennertal 4 000 084 (2022)
oerflak 67.847 km²
befolkingstichtens 57,28 ynw./km²
oar
stifting 30 augustus 1990
tiidsône UTC+3, MSK
koördinaten 55° 21' N 50° 45' E
webside www.tatar.ru

Tatarstan leit westlik fan de Oeral en sintraal yn it Europeeske diel fan Ruslân op it Russyske Leechlân, dêr't de Wolga en de Kama tegearre rinne en ferbreedzje ta in opslachmar. Yn de republyk leit mei in oerflak fan 6.450 km² de grutste opslachmar fan Europa: de Kûibysjev-opslachmar. Meiïnoar hat it gebiet sa'n 3000 gruttere of lytsere rivieren.

Tatarstan hat fan noard nei súd in maksimale lingte fan 290 kilometer fan west nei east in maksimale lingte fan 460 kilometer. De republyk grinzget oan acht bestjoersdielen fan de federaasje: yn it noarden oan de oblast Kirov, yn it noardeasten oan Oedmoersje, yn it easten oan Basjkortostan, yn it suden oan de oblasten Oarenburch, Samara, Oeljanovsk en yn it west oan Tsjûvasje en noardwesten Mari El.

16,2% fan it lânskip bestiet út mingd bosk, dêr't frâl iken, bjirken en linebeammen steane. Likernôch 2% fan it gebiet bestiet út beskerme natoer.

It measte fan Tatarstan leit leger 200 meter boppe seenivo. Oan de rjochterkant fan de Wolga en yn it súdeasten fan de republyk is it wat heuveleftiger.

Tatarstan is ryk oan oalje en boustoffen.

Om 900 n. Kristus ûnstie it Ryk fan de Wolgabulgaren, dêr't yn 922 de islaam as steatsreligy oannommen waard. Sa kaam it ryk ûnder ynfloed fan it Arabyske kalifaat. Nei fûl ferset tsjin de ynfallen fan de Mongoalen foel it ryk fan de Wolgabulgaren lang om let yn 1236 yn hannen fan de Gouden Horde. Troch ynterne ûnrêst foel de Horde yn ferskillende semi-ûnôfhinklike emiraten út inoar. Opfolger op it grûngebiet fan it tsjintwurdige Tatarstan wie yn 1438 it kanaat Kazan. Tusken it kanaat en Grutfoarstedom Moskou, dat in soad te lijen hân hie fan de Gouden Horde, bestie gjin frede.

 
De oermastering fan Kazan

Ruslân waard stadichoan sterker en lang om let waard it kanaat ûnder Ivan de Grousume ferovere. As ûnderdiel fan it otterdokse Ruslân bleau de islaam as religy tastien, al kamen der yn de rin fan de tiid mear otterdokse Russen yn it gebiet te wenjen. Under Russysk bewâld holden de Tataarske keaplju harren ekonomyske belangen, fral yn de hannel mei de moslimlannen fan Sintraal-Aazje. Sa waard Kazan yn it Russyske Ryk ien fan de wichtichste yndustriële en kulturele sintra fan it lân en yn 1708 de haadstêd fan it Gûvernemint Kazan.

Yn de 19e en iere 20e iuw wiene de Tataren it meast ûntwikkele fan de islamityske Turkske folken yn it Russyske Ryk. Yn Kazan waarden in soad islamityske publikaasjes yn Turkske talen printe, dy't ek bûten Tatarstan grutte ynfloed hiene. Yn 1920 ferfong ûnder de bolsjewiken de Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Tatarstan it âlde gûvernemint Kazan.

Yn 1988 waard it Tataarske Sintrum stifte, dat stribbe nei folsleine ûnôfhinklikens en kulturele ienheid mei Tataren dy't libben yn oare dielen fan Ruslân. Doe't de Sovjet-Uny út inoar foel rôp Tatarstan op 30 augustus 1990 de soevereine republyk út, dat yn 1992 mei in referindum befêstige waard. Yn novimber fan dat jier waard ek de grûnwet fan de Republyk Tatarstan oannommen. Oars as de measte oare Russyske republiken hat Tatarstan it yn 1994 sletten federaasjeferdrach net ûnferoare tekene. Tatarstan kaam mei Moskou spesjale rjochten oerien, lykas ek in gruttendiels ekonomyske autonomy. It duorre noch oant 2000, doe't de Republyk Tatarstan de noarmen akseptearre dy't yn de Russyske Federaasje fan tapassing binne op de ôfdracht fan ynkomsten oan de federale begrutting.

 
Regearingsgebou fan Tatarstan

Tatarstan is in federale republyk fan de Russyske Federaasje mei bysûndere rjochten. Kêst 1.3 fan de grûnwet seit dat de status fan de Republyk Tatarstan net feroare wurde kin sûnder tastimming fan sawol de Republyk Tatarstan as de Russyske Federaasje. Oan it haad fan it regear stiet in president, dy't de republyk nei ynternasjonaal rjocht fertsjintwurdiget, ôffurdigen yn it bûtenlân en yn ynternasjonale organisaasjes beneamt of dien jout en ferdragen mei it bûtenlân ûndertekent.

Moskou hat relatyf in soad ynvestearre yn Tatarstan. Sa betelle Moskou mear as 50% foar it oanlizzen fan de metro yn Kazan (op oare plakken moasten de stêden sels 80% foar harren rekken nimme).

Nei't Vladimir Pûtin yn 2000 oan de macht kaam, waarden de politike en ekonomyske privileezjes fan de Autonome Republyk Tatarstan stadichoan minder. De oerienkomst tusken Moskou en Kazan, dy't yn 2007 ôfrûn, waard nochris mei tsien jier ferlinge, mar Tatarstan moast foarse besunigings op syn spesjale rjochten akseptearje. Yn july 2017 rûn de oerienkomst ôf en wie Tatarstan de lêste Russyske republyk dy't de spesjale status ferlear. Yn in kommintaar op it beslút sei president Minnichanov: "Under de hjoeddeiske omstannichheden binne de relaasjes mei Moskou belangriker as in stik papier".

 
De minaret njonken de tsjerke yn Tatarstan (Bolgar)

In mearderheid fan de befolking bestiet út Tataren (yn 2010 53,2%), wylst de Russen (yn 2010 39,7%) in foarse minderheid foarmje. Tataren, faak Wolgatataren neamd om betizing mei de Sibearyske Tataren, Krimtataren, Lipkatataren en oaren foar te kommen, hawwe in heger bertesifer yn ferlikening mei Russen, sadat de ferskillen tusken de twa groepen grutter wurde sille.

Fan oarsprong binne Tataren omadyske stammen, dy't tusken de 10e en 13e iuw fanút Súd-Sibearje nei Europa migrearren. Under Stalin waard it gebiet dêr't Tataren wennen ferdield oer ferskillende bestjoersdistrikten, sadat in soad Tataren bûten Tatarstan wenje.

In grut diel fan de Tataarske befolking hinget de soennityske islaam oan. Der is in lytse Tataarske minderheid dy't harren dope litte en Krjasjens neamd wurde. De Russen, Tsjûvasjen, Mari's, Mordoovjers en Oedmoerten yn Tatarstan binne otterdoks.

Tatarstan is ien fan de meast ûntwikkele regio's fan Ruslân. De oaljeproduksje, gemy en petrogemy, metaalferwurking en masinebou foarmje de belangrykste pylders fan de ekonomy. Ek de lânbousektor spilet in grutte rol yn de ekonomy fan Tatarstan, dy't ien fan de belangrykste regio's fan Ruslân foar de lânbouproduksje foarmet.

Bestjoerlike yndieling en stêden

bewurkje seksje

De republyk is ûnderferdield yn 43 rajon's en twa stedsdistrikten: Kazan en Naberezjnye Tsjelny. De oare stêden binne by in rajon yndield. Meiïnoar hat de republyk 22 stêden en 18 plakken mei in stedsk karakter.

 
Kremlyn fan Kazan
Gruttere plakken
Stêd */ Delsetting mei stedsk karakter Russysk Tataarsk Ynwennertal Wapen Lokaasje
Kazan Казань Qazan 1.143.535 (2022)   55° 47' N 49° 7' E
Naberezjnye Tsjelny Набережные Челны Çallı 528.366 (2022)   55° 42' N 52° 20' E
Nizjnekamsk Нижнекамск Tübän Kama 240.127 (2022)   55° 38' N 51° 49' E
Almetjevsk Альметьевск Älmät 158.280 (2022)   54° 54' N 52° 18' E
Zelenodolsk Зеленодольск Yäşel Üzän 99.922 (2022)  

55° 51' N 48° 31' E

Bûgûlma Бугульма Bögelmä 80.345 (2022)   54° 32' N 52° 47' E
Jelabûga Елабуга Alabuğa 74.181 (2022)   55° 46' N 52° 02' E
Leninogorsk Лениногорск Leninogorsk 60.717 (2022)   54° 35' N 52° 26' E
Tsjistopol Чистополь Çistay 58.228 (2022)   55° 22' N 50° 38' E

* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 10 augustus 2022

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tatarstan


Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·