Nederlânsk

(Trochferwiisd fan Nederlands)

It Nederlânsk (Nederlânsk: Nederlands) is in Westgermaanske taal dy't fan âlds sprutsen wurdt yn Nederlân, noardlik Belgje (Flaanderen) en lytsere oangrinzgjende dielen fan Frankryk en Dútslân. It wurdt ek sprutsen yn Suriname, op 'e Nederlânske Antillen en op oare plakken yn 'e wrâld. It Afrikaansk, út Súdlik Afrika, is in dochtertaal fan it Nederlânsk. Yn totaal binne der sa'n 19 miljoen minsken op 'e wrâld dy't it Nederlânsk as memmetaal sprekke. Fan oarsprong is dizze taal nau besibbe mei it Dútsk, mar troch de iuwen hinne is der ferwiding ûntstien. Oare nau besibbe talen binne it Nedersaksysk en it Limburchsk, dat minderheidstalen yn Nederlân binne dy't as sadanich offisjeel erkenning genietsje ûnder it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. It Westerlauwersk Frysk is fan oarsprong minder nau oan it Nederlânsk besibbe, mar troch iuwenlange beynfloeding fan it Frysk troch it Nederlânsk groeie de beide talen hieltyd fierder nei inoar ta.

Nederlânsk
algemien
eigen namme Nederlands
lânseigen yn Nederlân
Belgje
Suriname
tal sprekkers 19 miljoen (2009)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
dialekten Brabânsk, Eastflaamsk,
Hollânsk, Siuwsk-Westflaamsk,
Súdgeldersk, Nederrynsk,
Utertsk-Alblasserwaardsk
taalstatus
offisjele status Arûba
Belgje
Kurasau
Nederlân
Sint-Marten
Suriname
ACTO
Benelúks
CARICOM
Jeropeeske Uny
UNASUR
taalkoades
ISO 639-1 nl
ISO 639-2 nld
ISO 639-3 nld

It Nederlânsk heart ta de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, en dêrbinnen ta de Westgermaanske kloft fan 'e Germaanske talen, dêr't fierders ek talen as it Ingelsk, it Frysk en it Dútsk ta hearre. Mei it Limboarchsk en it Afrikaansk foarmet it Nederlânsk de Nederfrankyske taalgroep. Foarhinne waard it Limboarchsk beskôge as in Nederlânsk dialekt, mar yn 1997 krige dat erkenning as in aparte taal, al is dy erkenning beheind bleaun ta Nederlân en sjocht men it yn Flaanderen noch altyd as in dialekt.

It Afrikaansk, de taal fan 'e Afrikaners, in etnyske groep yn Súdlik Afrika dy't fierhinne ôfstammet fan Nederlânske kolonisten, giet tebek op it Súdhollânsk, in subdialekt fan it Hollânske dialekt fan it Nederlânsk. Lange tiid waard it Afrikaansk as in foarm fan Nederlânsk beskôge, mar yn 1925 waard it der offisjeel fan loskeppele en krige it de status fan taal. Ek Siuwsk-Westflaamske taalaktivisten krewearje al jierren om harren dialekt as taal erkend te krijen.

Fierders binne der ek guon kreoalske talen út it Nederlânsk fuortkommen, al binne dy ûnderwilens grutdiels útstoarn, lykas Negerhollânsk fan 'e Famme-eilannen, it Skepy Kreoalsk-Nederlânsk fan Guyana en it Jerseynederlânsk fan 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey (dat noch oant 1921 sprutsen waard troch ôfstammelingen fan santjinde-iuwske Nederlânske kolonisten). It Berbice Kreoalsk-Nederlânsk fan Guyana wurdt noch wol sprutsen.

Histoarysk sjoen kin it Nederlânsk opdield wurde yn trije perioades:

It Aldnederlânsk ûntstie yn 'e Iere Midsiuwen út it Aldfrankysk, de oertaal fan alle Nederfrankyske talen, wêrby't yn elts gefal yn 'e njoggende iuw in werkenbere foarm fan Nederlânsk ûntstien wie. It âldste Nederlânske fragmint is de yn 1932 yn in fierders Latynsk manuskript ûntdutsen sin "Hebban olla uogala nestas bigunnan hinase hi[c] [e]nda thu uuat unbidan uue nu" ("Binne alle fûgels nêsten begûn behalven ik en do, wêr wachtsje wy op"). Ut it Aldnederlânske tiidrek is net folle skreaun materiaal oerlevere, en taalkundigen hawwe dat taalstadium dan ek fierhinne út it Midnederlânsk rekonstruëarje moatten.

 
Gebieten yn 'e wrâld dêr't Nederlânsk (oranje) en de dochtertaal Afrikaansk (giel) praat wurdt.

Om 1100 hinne ûntjoech it Aldnederlânsk him stadichoan ta it Midnederlânsk. Dat wie in proses sûnder dúdlike skiedsline, wat elts oanwizen fan sa'n grins ta in arbitrêre beslissing makket. Yn 'e tolfde iuw briek lykwols in perioade oan dat it Nederlânsk folle mear brûkt waard as skriuwtaal, wat makke dat de taalkundige fernijings dy't meitiid slûpenderwize yn 'e taal trochkrongen wiene, foar it earst dúdlik oan it ljocht kamen. Doe die bliken dat it Nederlânsk tsjin dy tiid in hiel oare foarm krigen hie as dat de taal yn it Aldnederlânske tiidrek hie. Yn 'e Midnederlânske perioade wie der noch gjin standerttaal, mar ynstee in groep nau besibbe dialekten, dy't folle mear opinoar lieken as dat se faninoar ferskilden. Oars as út 'e Aldnederlânske perioade binne der út it Midnederlânske tiidrek wol de nedige teksten oerlevere, wêrûnder bekende titels as Karel ende Elegast, de Beatrijs, Mariken van Nieumeghen en Van den Vos Reynaerde.

Omtrint 1500 fûn der op 'e nij in stadige oergong plak, diskear fan it Midnederlânsk nei it Nijnederlânsk. De wichtichste ûntwikkeling út dy perioade wie de fêstiging fan in Nederlânske standerttaal. It proses fan standerdisaasje wie al yn 'e Midsiuwen begûn, doe't der ûnder ynfloed fan it mienskiplike Boergondyske bewâld oer ferskate Nederlânske gewesten yn it lêste trêdepart fan 'e fyftjinde iuw besocht waard om ta in gelikense skriuwtaal foar offisjele dokuminten te kommen. Yn dy tiid stiene fral de Brabânske en Flaamske dialekten yn oansjen, wat makke dat men op it mêd fan 'e skriuwtaal yn Hollân en oare gebieten súdlike foarmen begûn oer te nimmen.

Pas ûnder de Tachtichjierrige Oarloch kaam it spul lykwols yn in streamfersnelling telâne, doe't troch de fal fan Antwerpen, yn 1585, grutte oantallen Brabânske en Flaamske flechtlingen yn Hollân bedarren en dêr in grutte ynfloed op 'e sprektaal yn 'e stêden útoefenen. Doe't yn 1618 de Synoade fan Doardt opdracht joech ta it meitsjen fan 'e Steatefertaling (fan 'e Bibel), waard dêrfoar sadwaande in Hollânske taalfoarm mei Brabânske en yn mindere mjitte Flaamske ynslaggen brûkt. De Steatefertaling, dy't reekaam yn 1637, waard iuwenlang yn hiel protestantsk Nederlân brûkt, en oefene sa in ûnbidige en ûnútwiskbere ynfloed út op frijwol alle Noardnederlânske dialekten en minderheidstalen.

Ferlykje de ûntwikkeling fan it Nederlânsk oan 'e hân fan 'e ûndersteande sin:

taalfoarm foarbyldsin (Ps. 55:18)
Fryske oersetting: Hy sil myn siel yn frede ferlosse fan dejingen dy't my tenei komme, want mank mannigen wie Hy mei my.
Aldnederlânsk: Irlôsin sol an frithe sêla mîna fan thên thia ginâcont mi, wanda under managon He was mit mi.
Midnederlânsk: Erlossen sal Hi in vrede siele mine van dien die genaken mi, want onder menegen Hi was met mi.
Nijnederlânsk:
(selde wurdfolchoarder)
Verlossen zal Hij in vrede ziel mijn van degenen die [vervolgen] mij, want onder menigen Hij was met mij.
Nijnederlânsk:
(moderne wurdfolchoarder)
Hij zal mijn ziel in vrede verlossen van degenen die mij vervolgen, want onder menigen was Hij met mij.

Hjoeddeistige sitewaasje

bewurkje seksje

Offisjele status

bewurkje seksje

It Nederlânsk is de offisjele taal fan 'e ûnôfhinklike lannen Nederlân, Belgje en Suriname en fan 'e autonome lannen Arûba, Kurasau en Sint-Marten. Yn Belgje dielt it de offisjele status mei it Frânsk en it Dútsk; op Arûba en Kurasau mei it Papiamintsk en op Sint-Marten mei it Ingelsk.

Yn Nederlân genietsje fierders trije regionale talen in ko-offisjele status mei it Nederlânsk, nammentlik: it Frysk yn 'e provinsje Fryslân; en yn Karibysk Nederlân it Papiamintsk op Bonêre en it Ingelsk op Saba en Sint-Eustasius. It Nedersaksysk en it Limboarchsk genietsje yn Nederlân wol erkenning as minderheidstaal, mar hawwe gjin offisjele status. Yn Belgje is it Nederlânsk de iennichste offisjele taal fan it gewest Flaanderen en fan 'e Flaamske Mienskip. Yn it gewest Brussel is it tegearre mei it Frânsk de offisjele taal.

It Nederlânsk is fierders ek de of ien fan 'e offisjele ta(a)l(en) fan ferskate ynternasjonale organisaasjes. Dêrûnder binne de Benelúks en de Jeropeeske Uny, en fia Suriname ek de Uny fan Súdamerikaanske Naasjes (UNASUR), de Karibyske Mienskip (CARICOM) en de Ferdrachsorganisaasje foar Gearwurking yn it Amazônegebiet (ACTO). It Nederlânsk wurdt regulearre troch de Nederlânske Taaluny, dy't trije leden hat: Nederlân, Belgje en Suriname.

 
De lokaasje fan it Nederlânske taalgebiet yn Noardwest-Jeropa.

It Nederlânsk wurdt fan oarsprong sprutsen yn in diel fan Noardwest-Jeropa. Dêrta hearre de Nederlânske provinsjes Noard- en Súd-Hollân en Seelân hielendal, Flevolân útsein it eardere eilân Urk, Utert op it uterste noardeastlike hoekje nei en Noard-Brabân behalven it uterste súdeastlike stikje. Fierders omfiemet it Nederlânske taalgebiet yn Nederlân ek it súdlike diel fan Gelderlân, mei de Betuwe, de súdlike Feluwe en de Limers, en it noardlike trêdepart fan Limboarch. Yn 'e provinsje Fryslân hearre der fierders noch ta: de Waadeilannen Flylân en it Amelân; Midslân en omkriten op it eilân Skylge; en op it Fryske fêstelân de krite It Bilt, de stêden Ljouwert, Snits, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Dokkum en Starum, en de doarpen It Hearrenfean en Kollum.

Yn Belgje omfiemet it Nederlânsk taalgebiet it grutste diel fan it gewest Flaanderen, mei de provinsjes West- en East-Flaanderen en Antwerpen hielendal, Flaamsk-Brabân op 'e eastlike stripe nei, en dêropta noch de noardwestlike hoeke fan Belgysk Limboarch. Yn noardlik Frankryk is Frânsk-Flaanderen, ek wol de Westhoeke neamd, fan âlds in Nederlânsktalich gebiet (mei û.m. de stêd Dúntsjerk). Minder bekend is dat der ek yn westlik Dútslân in Nederlânsktalich gebiet bestiet, dat it streamgebiet fan 'e Ryn folget fan Kleef, by de Nederlânske grins, oan Bergneustadt ta, dat djip yn Dútslân leit. Deunby Kleef wurdt dat gebiet ûnderbrutsen troch de Paltsysktalige enklave by Kalkar.

Bûten Jeropa krige it Nederlânsk inkeld yn Súdlik Afrika fêste foet oan 'e grûn. Meitiid feroare de foarm fan 'e taal dy't dêr sprutsen waard, it Afrikaansk, lykwols sa dat it sûnt 1925 as in aparte taal beskôge wurdt (al moat opmurken wurde dat by dat beslút ek politike omtinkens in rol spilen). Yn 'e oare Nederlânske koloanjes, lykas Nederlânsk-Ynje, Suriname en de Nederlânske Antillen, waard it Nederlânsk nea de memmetaal fan in grut diel fan 'e befolking. De iennichste útsûndering wie datoangeande de yn 1674 ferlern giene Noardamerikaanske koloanje Nij-Nederlân, dêr't neitiid noch generaasjes lang Nederlânsk sprutsen waard oan 'e kust fan Nij-Jersey en by de rivier de Hudson lâns yn wat no de steat New York is. Martin Van Buren kaam bygelyks út dy Nederlânsktalige krite, en waard de iennichste presidint út 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten dy't net it Ingelsk as memmetaal hie.

 
It gebou fan 'e Nederlânske Taaluny yn De Haach.

Sprekkerstal

bewurkje seksje

Memmetaalsprekkers

bewurkje seksje

Oer it sprekkerstal fan 'e Nederlânske taal bestiet frijwat betizing. Faak wurdt dêrby in getal fan 23 miljoen memmetaalsprekkers neamd. Dat oantal is lykwols basearre op gegevens dy't oanlevere binne troch de Nederlânske Taaluny, in organisaasje dy't in soarte fan propaganda-oarloch foar it Nederlânsk liket te fieren. Sa wegeret de Taaluny om it Limboarchsk en Nedersaksysk as selsstannige talen te erkennen, en wurde yn 'e sifers fan 'e Taaluny sadwaande de Limboarchsk- en Nedersaksysktaligen mei de Nederlânsksprekkers op ien bulte smiten. Fierders ferspriedt de Taaluny healwize en simpelwei ûnwiere bewearings, lykas: "96% fan 'e Nederlânske befolking hat it Nederlânsk as memmetaal", "yn 'e twadde generaasje sprekke allochtoanen yn Nederlân faak Nederlânsk as memmetaal" en "mear as 60% fan 'e befolking fan Suriname hat it Nederlânsk as memmetaal". Oangeande de sitewaasje yn Belgje geane sifers fan ûndúdlike orizjine rûn dy't hawwe wolle dat 59% fan 'e lju dêr Nederlânsktalich is en 40% Frânsktalich, wat 1% oerlitte soe foar de Dútsktalige minderheid, dêrby folslein foarbygeand oan it feit dat der grutte allochtoane minderheden yn it lân wenje.

In objektive beskôging fan 'e saak biedt in hiel oar byld.[1] As men de sprekkers fan it Frysk, Nedersaksysk, Limboarchsk, ferskate lytsere minderheidstalen (Jiddysk, Romany) en de allochtoane talen fan it totaal ôflûkt, komt men út op sa'n 12,9 miljoen minsken dy't yn Nederlân it Nederlânsk as memmetaal hawwe. Op in befolking fan likernôch 16,7 miljoen minsken betsjut dat 77,2%, wat noch altyd in romme mearderheid is. Yn Belgje komt it tal memmetaalsprekkers op 5.180.000 minsken, oftewol 47,8% fan 'e befolking. De Nederlânsktalige minderheden yn Frankryk en Dútslân sitte der tsjintwurdich raar foar, want wylst it Standertnederlânsk yn Nederlân (en yn mindere mjitte yn Flaanderen) de dialekten en minderheidstalen yn 'e benearing bringt, wurdt it yn Frankryk en Dútslân sels weromkrongen. Ut in ûndersyk yn opdracht fan 'e Jeropeeske Uny hat bliken dien dat de Flaamsktalige minderheid yn Noard-Frankryk noch út sa'n 20.000 minsken bestiet dy't it Flaamsk dêr as deistige omgongstaal brûke, oanfolle mei noch 40.000 oaren dy't it út en troch ris sprekke. De Nederrynske dialekten yn westlik Dútslân wurde miskien noch mar troch sa'n 100.000 minsken sprutsen.

 
De tebekgong fan it Nederlânsk as minderheidstaal yn Frânsk-Flaanderen (sitewaasje fan 1874 ferlike mei dy fan 1972).

Bûten Jeropa wurdt it Nederlânsk ek sprutsen yn Suriname. Lykwols is it dêr mar foar in tige lyts part fan 'e befolking de memmetaal (nammentlik foar 1%, neffens it Keninklik Ynstitút foar de Tropen[2]). Neffens sifers út 1999 hat yn Suriname 38% fan 'e befolking it Surinaamsk-Hindoestaansk as memmetaal en 15% it Javaansk, wylst 30% fan hûs út Surinaamsk-Kreoalsk (of Sranan) sprekt.[3] Fierders wurde der yn Suriname ek noch Sineesk, in stik as tsien Yndiaanske talen en ferskate Marroanske talen sprutsen (de Marroanen stiene earder bekend as de "Bosklânkreoalen"). Om net ien fan 'e befolkingsgroepen boppe de oaren te befoardieljen, is der by de ûnôfhinklikheid fan Suriname, yn 1975, foar keazen om it Nederlânsk, de taal fan 'e koloniale machthawwer, ta offisjele taal fan it nije lân te meitsjen, mei't frijwol alle Surinamers dy op skoalle leare moatte soene. Sawol it Nederlânsk as it Surinaamsk-Kreoalsk fungearje yn Suriname as lingua franca; wat offisjeler de sitewaasje, wat wierskynliker oft it is dat der Nederlânsk sprutsen wurde sil. It meastepart fan 'e Surinaamske befolking hat it Nederlânsk (mear spesifyk: it Surinaamsk-Nederlânsk) dan ek goed yn 'e macht, mar dat is net itselde as dat it harren memmetaal wêze soe.

Yn it Karibysk Gebiet wurdt ek Nederlânsk sprutsen op 'e eardere Nederlânske Antillen, dy't no de autonome lannen Arûba, Kurasau en Sint-Marten en it net-autonome Karibysk Nederlân (besteande út 'e eilannen Bonêre, Saba en Sint-Eustasius) foarmje. Ek dêr wenje lykwols mar in bytsje memmetaalsprekkers, mei't de lânseigen taal fan 'e Underwynske Eilannen it Papiamintsk is, wylst men op 'e Boppewynske Eilannen in kreoalske foarm fan it Ingelsk sprekt. De Nederlânsktalige mienskip op 'e Antillen (sa'n 7 oant 8% fan 'e befolking) bestiet sadwaande benammen út ymport út Nederlân wei. Mear memmetaalsprekkers fan it Nederlânsk binne te finen yn tradisjonele ymmigraasjelannen as de Feriene Steaten (410.000), Kanada (159.000), Austraalje (47.000) en Nij-Seelân (27.000). Ek yn oare lannen, lykas Súd-Afrika, Brazylje, Argentynje en Israel, wurdt noch wol Nederlânsk sprutsen yn ymmigrantefermiddens. Mei-inoar komt it totale oantal memmetaalsprekkers foar it Nederlânsk sadwaande út op 18.966.000.

 
Plaknamboerd fan Ruiselede, yn West-Flaanderen.

Twadde-taalsprekkers

bewurkje seksje

Los fan 'e memmetaalsprekkers binne der ek noch twadde-taalsprekkers. Yn Nederlân komt harren oantal op sa'n 3,8 miljoen út, yn Belgje op likernôch 1,3 miljoen, yn Suriname om 'e 550.000 hinne en op 'e Nederlânske Antillen nochris 300.000.

Fierders libbet der noch in almar fierder úttinjende âldere generaasje fan koloniaal-oplate lju yn Yndoneezje, it eardere Nederlânsk-Ynje, dy't it Nederlânsk op skoalle leard hat. It is lykwols ûndúdlik om hoefolle minsken oft it dêrby giet. Om't in protte histoaryske dokuminten en guon wetboeken yn Yndoneezje noch altyd inkeld yn it Nederlânsk beskikber binne, moatte oant hjoed de dei ta Yndonezyske studinten skiednis en rjochten it Nederlânsk as boarnetaal leare. Dêrby giet it oer it hiele lân om sa'n 35.000 minsken. Hiel oars gie it om en ta yn 'e Belgyske Kongo, dêr't it Frânsk de facto de iennichste bestjoerstaal wie, en dêr't it Nederlânsk sadwaande gjin spoaren efterlitten hat.

As in skoalfak wurdt it Nederlânsk lykwols àl leard troch 300.000 learlingen yn Walloanje, 20.000 yn 'e Dútske dielsteaten Noardrynlân-Westfalen en Nedersaksen en goed 7.000 yn noardlik Frankryk. Wrâldwiid wurdt oan universiteiten troch 10.000 studinten Nederlânsk studearre. Mei-inoar komt it tal twadde-taalsprekkers fan it Nederlânsk út op in oantal fan krapoan 6.250.000 minsken. It totale sprekkerstal is sadwaande 25,2 miljoen.

Taaleigenskippen

bewurkje seksje

Nederlânsk yn ferhâlding ta Ingelsk en Dútsk

bewurkje seksje

As men de trije grutte Westgermaanske talen Ingelsk, Dútsk en Nederlânsk beskôget, kin steld wurde dat it Nederlânsk fral nau besibbe is mei it Dútsk. Lykwols binne der ek oerienkomsten mei it Ingelsk. Mei it Dútsk dielt it de sinsbou, it hawwen fan grammatikale geslachten en in fierhinne Germaanske wurdskat. Mar likemin as it Ingelsk hat it Nederlânsk de Heechdútske Klankferskowing ûndergien, en fierders is it namfallesysteem grutdiels yn ûnbrûk rekke, en hat de morfology in grut part fan syn iere kompleksiteit ferlern, krekt sa't yn it Ingelsk it gefal is. It Nederlânsk hat mear Romaanske lienwurden opnommen as it Dútsk, mar folle minder as it Ingelsk. Al mei al kin dus sein wurdt dat it yn 'e Westgermaanske taalkloft in tuskenposysje ynnimt.

 
It Nederlânsk mei oanbuorjende taalgebieten yn 'e Benelúks.

Yn 'e Aldnederlânske en Midnederlânske perioaden beskikte it Nederlânsk noch oer in folslein namfallesysteem, mei nominatyf, genityf, datyf en akkusatyf, sa't men dat hjoed oan 'e dei noch tsjintkomt yn it besibbe Dútsk. Yn it Midnederlânske tiidrek begûn dat stadichoan ôf te broazeljen, oant it yn it Nijnederlânsk yn 'e sprektaal alhiel ferdwûn (hoewol't it yn 'e skriuwtaal foar in diel noch stân hold oant de staveringsherfoarming fan 1944). Tsjintwurdich is inkeld de twadde namfal noch funksjoneel, en binne de oare namfallen beheind ta ferstienne útdrukkings, lykas bij dezen ("by dizzen"), van goeden huize ("fan in goed komôf") en in levenden lijve ("libbensliif").

De twadde namfal komt ek foar yn soksoarte steande útdrukkings, lykas des duivels ("duvelsk"), de vrouw des huizes ("de frou" of "de gastfrou"), 's ochtends (koart foar des ochtends; "moarns") en desnoods ("by need"). Mar hy kin ek noch altyd aktyf brûkt en ferbûgd wurde ta ferfanging fan 'e wurden van de ("fan de") of van het ("fan it"), lykas yn: het Groot Woordenboek der Friese Taal ("it Grut Wurdboek fan de Fryske Taal"). Oant de jierren tachtich of njoggentich fan 'e tweintichste iuw waard dy foarm noch wol brûkt om duplikaasje fan van de foar te kommen yn sinnen as: het merendeel der gedichten van de auteur ("it meastepart fan 'e gedichten fan 'e auteur"), ynstee fan het merendeel van de gedichten van de auteur, hoewol't soks ek yn ûnbrûk rekket; tsjintwurdich soe men earder skriuwe: het merendeel van De Jongs gedichten, wêrby't dus sawol duplikaasje fan van de as it argaysk oandwaande der mijd wurdt.

De twadde namfal fan it besitlik foarnamwurd wurdt noch wol algemien brûkt, sij it lang net altyd korrekt. Der binne twa foarmen: diens, om te ferwizen nei manlike en ûnsidige wurden, en it ûnbekendere dier, dat ferwiist nei froulike wurden en meartalsfoarmen. Besibbe freegjende en betreklike foarmen binne wiens en wier. De reden dat dizze wurden noch net yn ûnbrûk rekke binne, is dat se in dúdlike ûnderskiedende funksje ferfolje. Want oer waans frou giet it as men seit fan: Hij vertelde iets over zijn zoon en zijn vrouw. It wurd zijn kin hjir sawol op 'e ferteller as op syn soan slaan, en de frou dêr't it om giet, kin dus sawol de oarehelte as de mem fan 'e soan wêze. Yn it Frysk soe men dit ferskil oanjaan mei de foarmen: "Hy fertelde wat oer syn soan en syn frou" (wêrby't it om 'e frou fan 'e ferteller giet) en: "Hy fertelde wat oer syn soan en de frou" (wêrby't dúdlik is dat it om 'e skoandochter fan 'e ferteller giet). It Nederlânsk ken dat ûnderskie lykwols net, en foeget dêrom de besitlike genityf diens yn (Hij vertelde iets over zijn zoon en diens vrouw) om oan te jaan dat it om in skoandochter giet.

As it spul no omdraaid wurdt ta: Zij vertelde iets over haar dochter en haar man, dan soe de juste foarm om oan te jaan dat de man in skoansoan is, wêze moatte: Zij vertelde iets over haar dochter en dier man. Hjir geane in protte Nederlânsktaligen de fout yn, mei't se yn sokke gefallen likegoed de manlike foarm diens brûke, al soene de measten miskien, om't hja wol oanfiele dat de sin ûnnatuerlik is, leaver in oare omskriuwende konstruksje kieze. By de freegjende foarmen is dit noch helte minder, mei't de measte minsken der gjin probleem yn sjogge om te sizzen fan: de vrouw wiens fiets was gestolen ("de frou waans fyts oft stellen wie"), wylst it dúdlik wêze moat: de vrouw wier fiets was gestolen ("de frou wa har fyts oft stellen wie").

Op it mêd fan 'e sinsbou komt it Nederlânsk sterk oerien mei it Frysk. Ferlykje bgl. de ûndersteande sin:

taal foarbyldsin
Nederlânsk: Ik kon niets zien, omdat het veel te donker was.
Frysk: Ik koe neat sjen, om't it fierstente tsjuster wie.
Ingelsk: I couldn't see a thing, because it was much too dark.

Wat de tiidwurdsfolchoarder oangiet, besteane der lykwols dúdlike ferskillen. Dêrby hat men it wol oer de griene en de reade folchoarder, wat ferwiist nei in lânkaart yn in taalkundich standertwurk dêr't mei dy kleuren de gebieten mei ferskillende tiidwurdsfolchoarders op ynkleure wiene. It Nederlânsk lei yn it reade gebiet (en brûkt dus de "reade folchoarder"), wylst it Frysk yn it griene gebiet lei (wêrby't men fan 'e "griene folchoarder" spriek). Dizze oantsjuttings binne ûnder taalkundigen yn gebrûk bleaun as ôfkoartings foar de ferskillende tiidwurdfolchoarders.

folchoarder foarbyldsin yn it Nederlânsk foarbyldsin yn it Frysk
read: Ik denk dat hij morgen brood wil eten. Ik tink dat er moarn bôle wol ite.
grien: Ik denk dat hij morgen brood eten wil. Ik tink dat er moarn bôle ite wol.

Sa't oan it boppesteande foarbyld te sjen is, kin de reade folchoarder yn it Frysk net, want ek al wurdt dy hieltyd mear brûkt troch de jongere generaasjes, dochs sil it de measte Frysksprekkers noch as skuorde klokken yn 'e earen beare. Yn it Nederlânsk, lykwols, kinne eins sawol de reade as de griene folchoarder, al waard oant noch net sa lang lyn inkeld de reade goedkard en de griene folchoarder yn 'e ban dien (mooglik om't dy behalven yn it Frysk ek yn it Dútsk brûkt wurdt).

As der mear tiidwurden yn 'e foarbyldsin troppe wurde, kin men sjen dat de tiidwurdsfolchoarder yn it Frysk persiis tsjinsteld is oan dy yn it Nederlânsk:

taal foarbyldsin
Nederlânsk: Ik vind dat iedereen moet kunnen zwemmen.
Frysk: Ik fyn dat eltsenien swimme kinne moat.

"Dat eltsenien moat swimme kinne" is yn it Frysk dúdlik fout, en yn it Nederlânsk klinkt dat iedereen zwemmen kunnen moet ek raar, hoewol't it miskien net fuortendaliks fout is. No giet it hjirby om 'e tiidwurdsfolchoarder yn bysinnen, mar yn haadsinnen ferskilt it spul likegoed:

taal foarbyldsin
Nederlânsk: Jan zal zijn huis maandag moeten hebben geverfd.
Frysk: Jan sil syn hûs moandei ferve hawwe moatte.

Ek hjir is de folchoarder fan 'e tiidwurden yn it Frysk en it Nederlânsk wer krekt tsjinsteld. Boppedat foeget it Frysk (krekt as in protte noardlike Nederlânske dialekten) faak it wurdsje "te" tusken de tiidwurden yn:

taal foarbyldsin
Nederlânsk: Ik heb even zitten dromen.
Frysk: Ik haw eefkes sitten te dreamen.

In protte Friezen en oare Noardnederlanners (lykas Westfriezen en Nedersaksers) sille by it sprekken fan it Nederlânsk dat wurdsje "te" ek brûke (Ik heb even zitten te dromen), hoewol't dat eins fout is. Foar lju út súdliker kontreien is dat ien fan 'e skaaimerken dêr't se noarderlingen oan werom kenne. By dit foarbyld docht him trouwens noch in oar ferskil foar, want it Fryske "sitten" is hjir in mulwurd, en de letterlike Nederlânske oersetting soe dus wêze: Ik heb even gezeten te dromen. Dit ferskil komt dúdliker ta utering as it tiidwurd "sitte" ferfongen wurdt troch "lizze":

taal foarbyldsin
Nederlânsk: Ik heb even liggen dromen.
Frysk: Ik haw eefkes lein te dreamen.

In oar ferskynsel dat him yn it Frysk folle sterker foardocht, benammen by de "te"-konstruksje, is nomenynkorporaasje yn it tiidwurd. Sa seit men yn it Frysk fan: "Se sit te jirpelskilen", wêrby't it haadwurd "jirpel(s)" yn it tiidwurd "skile" ynkorporearre wurdt. Yn it Nederlânsk sil men oer it algemien ynstee sizze fan: Ze zit aardappels te schillen, wêrby't him gjin nomenynkorporaasje foardocht. Dochs komt dit fenomeen ek yn it Nederlânsk wol foar; tink dêrfoar bygelyks oan it tiidwurd stofzuigen, wêrby't it haadwurd stof yn it tiidwurd zuigen ynkorporearre is, wat dúdlik blykt út 'e doetiid: Ze stofzuigde de woonkamer.

 
De Dikke Van Dale.

De Nederlânske wurdskat is foar it meastepart fan Germaanske oarsprong, sij it wat minder as dat it gefal is mei it Dútsk, mar folle mear as by it Ingelsk, dat in ûnbidige soad Romaanske lienwurden opnommen hat út it Normandysk en it Frânsk. De wurdskat fan it Nederlânsk is ien fan 'e ryksten fan 'e wrâld, en is fêstlein yn in ferskaat oan wurdboeken, wêrfan't de wichtichste it Van Dale Groot Woordenboek der Nederlandse Taal is, dat yn 'e regel oantsjut wurdt as de Dikke Van Dale, fanwegen syn omfang. De Van Dale wurdt lykwols alhiel yn 't skaad steld troch it reuseftige Woordenboek der Nederlandsche Taal, in taalwittenskiplike útjefte fan 45.000 siden en mear as 430.000 wurden dêr't 147 jier oan wurke is. Dat is it grutste wurdboek fan 'e wrâld dêr't noch nije printingen fan makke wurde.

Krekt as by de measte Jeropeeske talen binne ek yn it Nederlânsk in protte lienwurden en ynternasjonalismen fan Grykske en Latynske oarsprong trochkrongen. It Frânsk hat yn it ferline ek in tige sterke ynfloed op it Nederlânsk útoefene. Dêrby binne Frânske lienwurden paradoksalernôch oer it algemien fia Nederlân yn it Nederlânsk trochkrongen, ynstee fan fia Flaanderen, dat tsjin it Frânske taalgebiet oanleit. De reden dêrfoar is dat de Nederlânske elite iuwenlang, oant yn 'e tweintichste iuw ta, de oanwenst hie en meitsje harren taalgebrûk mei modieuze Frânske wurden ôf. Dy waarden dan oernommen troch it sljochtwei folk en faak yn ferbastere foarm oan 'e deistige sprektaal tafoege. Yn Flaanderen, lykwols, spriek de elite net Nederlânsk, mar Frânsk, en fûn in soartgelikens proses dus net plak.

Nettsjinsteande dat binne der ek noch frij resint, en sawol yn Nederlân as Flaanderen, guon wurden út it Frânsk oernommen, mar dy wurde dan faak beheind ta in spesifyk mêd, wylst se oarspronklik yn it Frânsk in folle bredere betsjutting hiene. Foarbylden binne blesseren, fan it Frânske blesser ("ferwûnje"), dat yn it Nederlânsk inkeld op ferwûnings as gefolch fan dielname oan sport slacht, en contaminatie, fan it Frânske contamination ("fersmoarging"), wêrmei't yn it Nederlânsk allinne mar it (foutyf) trochinoar heljen fan ferskillende útdrukkings yn it spraakgebrûk oantsjut wurdt (lykas optelefoneren, fan telefoneren en opbellen). Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw komme de nije lienwurden fral út it Ingelsk, wêrby't benammen op it mêd fan nije technology, lykas kompjûterterminology en sosjale media, hast alle oantsjuttings streekrjocht út it Ingelsk oernommen wurde.

Wurdfoarming

bewurkje seksje

Oars as yn it Ingelsk, mar krekt as yn it Frysk en hast alle oare Germaanske talen, brûkt it Nederlânsk by it foarmjen fan gearstallings de tichte foarm. Dus as men bgl. fan 'e wurden boom ("beam") en huis ("hûs") in gearstalling meitsje wol, dan wurdt dy skreaun as boomhuis ("beamhûs"), en net mei de iepene foarm, as boom huis, lykas yn it Ingelsk (tree house). Gauris kriget by it foarmjen fan sa'n gearstalling it earste diel fan it gearstalde wurd in ferbûging: hondenhok ("hûnehok"), ynstee fan hondhok. As it oaninoarskriuwen fan in gearstalling swierrichheden opsmyt of net goed eaget, dan wurdt der in keppelstreekje ynfoege: VVD-coryfee ("VVD-pommerant") en Zwarte-Zeekust ("Swarte-Seekust").

Yn it bûtenlân stiet it Nederlânsk derom bekend dat it op dizze manear ûnbidich lange wurden meitsje kin, lykas wapenstilstandsonderhandeling ("wapenstilstânsûnderhanneling"), vertegenwoordigingsbevoegdheid ("fertsjintwurdigingsfoech") en ziektekostenverzekeringsmaatschappij ("syktekostefersekeringsmaatskippij"). Hoewol't it neffens de staveringsregels fout is, hat in grut part fan 'e Nederlânsktaligen tsjintwurdich de niging om gearstallings yn 'e iepen foarm te skriuwen, net inkeld wurden as VVD coryfee en Zwarte Zeekust, mar sels ziektekosten verzekeraar ("syktekostefersekerder"), vertalings debuut ("oersettingsdebút") en paarden stamboek ("hynstestamboek"). Dizze praktyk wurdt wol "de Ingelske sykte" neamd.

It Nederlânsk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet. Oars as dat by de measte oare Germaanske talen it gefal is, hat it Nederlânsk dêr frijwol gjin eigen letters of diakrityske tekens oan tafoege, úsein de digraaf ij, dy't stiet foar it twalûd [ɛ.i̭], dat ek wol skreaun wurdt as ei. De diakrityske tekens dy't it Nederlânsk brûkt, binne inkeld bedoeld as help by de útspraak, mar net as útspraakûnderskiedend diel fan 'e stavering (lykas yn 'e Fryske wurden "rot" en "rôt").

It faakst komt it trema foar, dêr't mei oanjûn wurdt dat twa fokalen efterinoar los faninoar útsprutsen wurde moatte, en dus gjin lange fokaal of twaklank foarmje, lykas yn: beëindigen ("beëinigje") en geïnteresseerd ("ynteressearre"). Foarhinne waard it trema ek brûkt om dielen fan gearstallings faninoar te ûnderskieden, mar sûnt de staveringsherfoarming fan 1995 wurdt dêrfoar in keppelstreekje ynset; foarhinne: zeeëend ("see-ein"), no: zee-eend. Fierders wurdt it skerpteken brûkt by wurden dy't twa útspraken hawwe, benammentlik by een ("in") en één ("ien"), mar soms ek wol by voorkómen ("foàrkomme") en vóórkomen ("foarkómme"). Soms wurdt ek it klamteken yn sa'n sitewaasje brûkt, benammen yn ("hin" of "hun"), mar allinnich om't it skerpteken dan al beset is: ("hee"). Oare diakrityske tekens binne almeast mei lienwurden út oare talen urven. Dêrby giet it fral om skerptekens as yn café ("kafee"), klamtekens as yn caissière ("kassiêre"), breedtekens as yn enquête ("inkête") en sedyljes as yn façade ("fasade").

 
De iennichste Nederlânske tafoeging oan it Latynske alfabet is de digraaf ij.

De offisjele stavering fan it Standertnederlânsk is nei de staveringsherfoarming fan 1944 fêstlein yn 'e Wet Schrijfwijze Nederlandsche Taal ("Wet Skriuwwize Nederlânske Taal"), yn Belgje yn 1946 en yn Nederlân yn 1947. Dy wet is yn beide lannen letter oanpast nei de staveringsherfoarmings fan 1995 en 2005. De Woordenlijst Nederlandse Taal, better bekend as Het Groene Boekje (fanwegen de kleur) wurdt oer it algemien akseptearre as de autoriteit op it mêd fan 'e Nederlânske stavering.

Mar nei't de "staveringsferienfâldiging" fan 1995 it spul ynstee yngewikkelder makke, en in nije herfoarming yn 2005 guon feroarings fan tsien jier earder weromdraaide mar tagelyk nije regels tafoege, wurdt de offisjele stavering lang net oeral mear neilibbe. It Genootschap Onze Taal besleat om in alternative wurdlist, Het Witte Boekje, te publisearjen, wêryn't de meast yngewikkelde staveringsregels ferienfâldige wurde en ferskate staveringswizen bean wurde foar in grut tal omstriden wurden. Yn Nederlân wurdt sûnt troch in stikmannich grutte media-organisaasjes dizze alternative stavering oanholden, wylst Het Witte Boekje yn Flaanderen frijwol hielendal negearre is.

It Nederlânsk beskikt oer tsien koarte lûden: [ɑ] (a fan "bak"), [ɛ] (e fan "lek"), [ɪ], (i fan "pit"), [i] (i fan "bite", dy't frjemd genôch yn 'e regel stavere wurdt as ie), [ɔ] (o fan "hok"), [o] (o fan "bok"), [u] (û fan "rûch"), [œ] (u fan "put"), [y] (ú fan "tút") en de sjwa of reduksjefokaal [ǝ] (e fan "gewoan"). Dêrby moat lykwols opmurken wurde dat inkeld yn Noard-Nederlân noch ûnderskie makke wurdt tusken de o fan "hok" en de o fan "bok"; yn 'e rest fan it Nederlânske taalgebiet liket dat ferskil earne yn 'e njoggentjinde iuw ferlern gien te wêzen, sadat men no yn Hollân mient dat hof en bof opinoar rime.

Njonken tsien koarte lûden hat it Nederlânsk lykwols mar fjouwer lange lûden: [a:] (a fan "baas"), [e:] (e fan "feest"), [ø:] (eu fan "deun") en [o:] (o fan "rook"). Dat kin nuvere útfloeisels hawwe, want as in Hollanner it oer de "lange i" hat, dan bedoelt er ornaris de koarte i fan "bite". Want mei't it Nederlânsk gjin lange i hat, wurdt de koarte i faak sa oantsjut om him te ûnderskieden fan 'e i fan "pit", wat eins in hiele oare klank is. Troch lienwurden út talen as it Ingelsk (team, cruise), Dútsk (Bühne) en Frânsk (enquête, controle) binne der resint noch guon oare lange lûden yn it Nederlânsk trochkrongen, dy't op dat mêd foar in marginaal útspraakûnderskie soarge hawwe (kroes – cruise; zonen – zone). De lange lûden [e:], [ø:] en [o:] wurde yn it Nederlânsk sa't dat yn Nederlân sprutsen wurdt almeast reälisearre as [e:i], [ø:y], resp. [o:u], dus oan 'e ein niigjend nei i, ú, resp. û.

Fierders beskikt it Nederlânsk ek noch oer in stik as tsien twalûden, wêrfan't [a.ṷ] (au fan "gau"), [ɛ.i̭] (ei fan "hei" of ij fan "hij") en [ʌi̭] (ui fan "bui") it measte foarkomme. Yn it Belgysk Nederlânsk wurde dizze trije twaklanken faak útsprutsen as lange lûden: au as [ɔː] (ô fan "nôt"), en fral ei as [ɛː] (ê fan "bêd") en ui as [ʌː] (eu fan "freule", mei in Frânske útspraak). De oare twalûden binne op te dielen yn twa groepkes – einigjend op -w: [e.ṷ] (eeuw fan leeuw), [i.ṷ] (ieu fan "Sieu") en [yṷ] (uw fan schuw); en einigjend op -i: [a:i̭] (aai fan it Wâldfryske "saai"), [ai̭] (ai fan it Wâldfryske "laitsje"), [oi̭] (oi fan "hoi"), [o:i̭] (oai fan "moai") en [ui̭] (oei fan "groei"). Dêrnjonken komme yn it Nederlânsk ek in stikmannich twaklanken foar dat eins diftongisearre lûden binne: [ɪ.ǝ], [ø.ǝ], [i.ǝ], [u.ǝ], [o.ǝ] en [y.ǝ], fan beer, beurt, bier, boer, boor, resp. buur. Oars as yn it Frysk komme dy twaklanken lykwols net selsstannich foar, mar inkeld as allofoanen fan 'e [e:], [ø:], [i], [u], [o:] en [y] as dy foar in r útsprutsen wurde. Dizze lûden wurde sadwaande yn it Nederlânsk net as twaklanken ûnderkend.

Klankynventaris (fokalen)

bewurkje seksje
koarte lûden
Nederlânske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
a [ɑ] tak ("tûke"), kalf ("keal", kowejong) dizze klank niget foar de measte Nederlânsktalige memmetaalsprekkers mear nei hoe't
men yn it Ingelsk de earste klank yn London útsprekt, as nei de Fryske a fan "kap"
e [ɛ] bed ("bêd"), hen ("hin") de koarte e fan "lek"
e / ij [ǝ] de ("de"), mogelijk ("mooglik") de sjwa of stomme e fan "gewoan"
i [ɪ] dik ("tsjûk"), vis ("fisk") de koarte i fan "pit"
ie / i / y [i] lied ("liet"), gitaar ("gitaar"), gynaecoloog ("gynekolooch") de koarte i fan "bite"; oer it algemien inkeld yn lienwurden mei in y skreaun
o [ɔ] hok ("hok"), koffie ("kofje") de koarte o fan "hok"; foarhinne in dúdlik ûnderskate klank, mar wurdt no inkeld noch
regionaal (d.w.s. yn Noard-Nederlân) fan 'e o fan "bok" ûnderskaat)
o [o] bok ("bok"), dom ("dom") de koarte o fan "bok"
oe / ou [u] zoet ("swiet"), loupe ("lûp") de koarte û fan "rûch"
u [œ] nut ("nut"), juf ("juffer") de koarte u fan "put"
uu / u [y] kostuum ("kostúm"), spugen ("spije") de koarte ú fan "tút"
lange lûden
Nederlânske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
aa / a [a:] zaad ("sied"), laten ("litte") de lange a fan "baas"
ê / ai [ɛ:] enquête ("inkête"), militair ("militêr") de lange ê fan "bêd"; komt inkeld foar yn in beheinde groep lienwurden út it Frânsk
ee / e / é / ée [e:] geen ("gjin"), lezen ("lêze"),
café ("kafee"), prostituée ("prostituee")
de lange e fan "feest"
eu [ø:] steun ("stipe"), reuk ("rook") de eu fan "deun"
eu [ʌ:] freule ("freule") de lange eu fan "freule" (Frânske útspraak); komt inkeld foar yn in beheinde groep
lienwurden út it Frânsk
ea [i:] team ("tiim") de lange i fan "wiid"; komt inkeld foar yn in beheinde groep lienwurden út it Ingelsk
o [ɔ:] zone ("sône"), controle ("kontrôle") de lange ô fan "nôt"; oant 2005 skreaun as ô; komt inkeld foar yn in beheinde groep
lienwurden út it Frânsk
oo / o [o:] boom ("beam"), koken ("itensiede") de lange o fan "rook"
ui [u:] cruise ("krûs") de lange û fan "sûch"; komt inkeld foar yn in beheinde groep lienwurden út it Ingelsk
üh [y:] bühne ("bune") de lange ú fan "drúf"; komt inkeld foar yn in beheinde groep lienwurden út it Dútsk
twalûden
Nederlânske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
aai [a:i̭] taai ("taai"), maaien ("meane") de aai fan it Wâldfryske "saai"
ai [ai̭] Thai ("Tai") de ai fan it Wâldfryske "laitsje"
au / ou [a.ṷ] blauw ("blau"), zout ("sâlt") de au fan "gau"
ee / e [ɪ.ǝ] beer ("bear"), keren ("kearen") de ea fan "beam"; net ûnderskaat as aparte klank: inkeld as fariant fan 'e [e:] (ee) foar in r
eeuw [ɪ:ṷ] meeuw ("kob"), schreeuw ("skreau") de i fan "pit", mar langer oanholden, folge troch de û fan "rûch"
ei / ij [ɛ.i̭] teil ("tobbe"), lijk ("lyk") de ei fan "bij" of it Wâldfryske "dei"
eu [ø.ǝ] deur ("doar"), zeuren ("seure") de eo fan "freon" of eu fan "beurt"; net ûnderskaat as aparte klank: inkeld as fariant fan
'e [ø:] (eu) foar in r
ieu [i.ṷ] nieuw ("nij"), kieuw ("kieu") (Oant stavering 2015) de ieu fan "ieu" of "Sieu" (Oant stavering 2015)
ie [i.ǝ] bier ("bier"), stier ("bolle") de ie fan "wiet"; net ûnderskaat as aparte klank: inkeld as fariant fan 'e [i] (ie) foar in r
oe [u.ǝ] boer ("boer"), roer ("roer") de oe fan "goed"; net ûnderskaat as aparte klank: inkeld as fariant fan 'e [u] (oe) foar in r
oei [ui̭] bloei ("bloei"), koeien ("kij") de oei fan "groei"
oo [o.ǝ] oor ("ear"), voor ("foar") de oa fan "boat"; net ûnderskaat as aparte klank: inkeld as fariant fan 'e [o:] (oo) foar in r
oi [oi̭] hoi ("hoi") de oi fan "boike"
ooi [o:i̭] zooi ("soadsje"), kooi ("koai") de oai fan "moai"
uu [y.ǝ] vuur ("fjoer"), zuur ("soer") de ue fan "flues"; net ûnderskaat as aparte klank: inkeld as fariant fan 'e [y] (uu) foar in r
ui [ʌi̭] vuil ("smoarch"), zuid ("súd") de ui fan "bui"
uw [yṷ] ruw ("rûch"), duw ("triuw") de ú fan "tút", folge troch de û fan "rûch"

Poldernederlânsk

bewurkje seksje

Sûnt de santiger jierren fan 'e tweintichste iuw docht him yn 'e provinsjes Noard- en Súd-Hollân en Utert benammen ûnder de jongerein in nuveraardige útspraakferskowing foar, dy't troch taalkundige Jan Stroop it Poldernederlânsk neamd is. Dêrby wurde de twaklanken [ɛ.i̭] (ei of ij) en [ʌi̭] (ui) útsprutsen as [ai] ("ai") en [ay] (a fan "kap" folge troch ú fan "tút"), wylst de lange lûden [e:] (ee), [ø:] (eu) en [o:] (oo) diftongisearre wurde ta [ɛ.i̭] ("ei"), [ʌi̭] ("ui") en [ɔ.ṷ] ("ou" fan "grou").

Oars as yn it Frysk is it yn it Nederlânsk mooglik, en sels normaal, dat de bylûden [ɣ] (g fan "drage"), [v] (v fan "weve"), [x] (ch fan "berch") en [z] (z fan "tûzen") oan it begjin fan wurden foarkomme. De útspraak fan 'e r ferskilt per regio. Yn Noard-Nederlân en in grut diel fan Flaanderen wurdt dy klank foar op 'e tonge útsprutsen, as de rôljende r ([r], de alveolêre trilklank), mar yn Noard-Brabân, Noard-Limboarch en Súd-Gelderlân is it in breikjende r ([ʀ], de uvulêre trilklank), wylst op oare plakken de útspraak faak as in koarte rôljende r ([ɾ], de alveolêre strykklank) reälisearre wurdt. Yn beskate kriten wurdt fierders de Ingelske r brûkt ([ɹ], de alveolêre approksimant). Dy lêste útspraak is benammen bekend út it Goai, en wurdt sadwaande faak de "Goaiske r" neamd.

Beskate bylûden dy't yn it Frysk rûnom foarkomme, ûntbrieken oarspronklik yn it Nederlânsk, en komme dêr no inkeld foar yn bûtenlânske lienwurden. Dêrûnder binne de hurde [ɡ] (g fan "goed"), de [ʤ] (dzj fan "siedzje"), de [ʃ] (sj fan "sjippe") en de [ʧ] (tsj fan "tsjerke"). De Fryske konsonantekluster [sk] (sk fan "skoalle") komt net foar; dêr foar yn 't plak hat it Nederlânsk de [sx] (sch fan school). In oerienkomst mei it Frysk, en ek mei it Dútsk, is dat it Nederlânsk einûntstimming hat, wêrby't stimhawwende klanken oan 'e ein fan wurden stimleas wurde. Men seit dus fan rode ("reade"), mei in [d], mar fan rood ("read"), mei in [t].

Klankynventaris (konsonanten)

bewurkje seksje
bylûden
Nederlânske
stavering
IPA foarbylden omskriuwing
b / bb [b] band ("bân"), hebben ("hawwe") b fan "bêd"
ch / g [x] chaos ("gaos"), berg ("berch") ch fan "troch"
d / dd [d] doos ("doaze"), midden ("midden") d fan "doel"
f / ff [f] fel ("fûl"), straffen ("straffe") f fan "fol"
g [ɡ] goal ("goal") g fan "gers"; komt inkeld foar yn in beheinde groep lienwurden út it Ingelsk en wurdt dêrby
noch faak reälisearre as in [k]
g / gg [ɣ] gaan ("gean"), leggen ("lizze") g fan "drage"
h [h] hoofd ("holle"), hard ("hurd") h fan "hout"
j / y [j] jij ("do", 2de pers. it.), yoghurt ("jochert") j fan "jas"
j [ʤ] jeans ("spikerbroek"), jazz ("jazz") dzj fan "siedzje"; komt inkeld foar yn in beheinde groep lienwurden út it Ingelsk
j / g [ʒ] journalist ("sjoernalist"), garage ("garaazje") zj fan "bagaazje"; komt inkeld foar yn in beheinde groep lienwurden út it Frânsk
k / kk [k] kort ("koart"), wakker ("wekker") k fan "kat"
l / ll [l] laan ("leane"), willen ("wolle") l fan "lok"
m / mm [m] meel ("moal"), kammen ("kjimme") m fan "mar"
n / nn [n] nat ("wiet"), kunnen ("kinne") n fan "nekke"
ng [ŋ] zang ("sjongen"), mengen ("minge") ng fan "ding"
nj [ɲ] oranje ("oranje") nj fan "njonken"
nk [ŋk] dank ("tank"), stank ("stank") nk fan "bank"
p / pp [p] pijn ("pine"), appel ("apel") p fan "pet"
r / rr [r] [ɾ] [ʀ] [ɹ] roos ("roas"), korrel ("kerl") r fan "rak"; útspraak ferskilt per regio
s / ss [s] soep ("sop", gerjocht), passen ("passe") s fan "sâlt"
sch [sx] school ("skoalle"), schouder ("skouder") s fan "sâlt" folge troch de ch fan "berch"
sj / ch / sh [ʃ] sjaal ("sjaal"), chocola ("sûkelarje"), show ("sjo") sj fan "sjippe"; komt inkeld foar yn in beheinde groep wurden dy't fan oarsprong út it Ingelsk
komme
t / tt [t] toen ("doe"), bitter ("bitter") t fan "tosk"
tj [c] tjalk ("tsjalk"), haantje ("hoantsje") tj fan "tjems"
tsj / ch [ʧ] Tsjech ("Tsjech"), cheerleader ("cheerleader") tsj fan "tsjerke"; komt inkeld foar yn in beheinde groep lienwurden út it Ingelsk en Dútsk
v [v] veel ("folle") leven ("libje") v fan "weve"
w [ʋ] waar ("wier"), wijn ("wyn", drank) w fan "wat"
w [w] trouwen ("trouwe"), kwaad ("lulk") w fan "skowe"
z / zz [z] zon ("sinne"), razzia ("razzia") z fan "tûzen"
net skreaun [ʔ] coöperatie ("koöperaasje"), Kanaän ("Kanaän") de glottisslach, in bytsje romte tusken twa gelikense lûden; yn it Nederlânsk net bewust
reälisearre

It Nederlânske taalgebiet falt útinoar yn seis of sân grutte dialektgroepen. Yn it noardwesten wurdt it Hollânsk sprutsen, dêr't it Standertnederlânsk grutdiels út fuortkomt. Sadwaande is it Nederlânsk poer taalkundich sjoen eins in dialekt fan it Hollânsk ynstee fan oarsom. It Hollânske dialektgebiet omfiemet de Nederlânske provinsjes Noard- en Súd-Hollân hast yn har gehiel, en dêropta noch dielen fan 'e provinsjes Fryslân, Noard-Brabân en Utert. Eastlik dêrfan wurdt yn it grutste part fan 'e provinsje Utert, en fierders yn it Goai, de Alblasserwaard, de noardlike Betuwe en de súdwestlike Feluwe it Utertsk-Alblasserwaardsk sprutsen. Dat liket tige op it Hollânsk, en wurdt soms ta de Hollânske dialektgroep rekkene.

 
De fersprieding fan 'e ûnderskate haaddialekten binnen it Nederlânske taalgebiet.

Súdliker wreidet it dialektgebiet fan it Brabânsk him út oer hast de hiele Nederlânske provinsje Noard-Brabân, it noardlike trêdepart fan 'e Nederlânske provinsje Limboarch, de noardwestlike hoeke fan 'e Belgyske provinsje Limboarch en hast de hiele provinsjes Antwerpen en Flaamsk-Brabân. Ek it gewest Brussel heart fan oarsprong ta it Brabânske dialektgebiet, al is dêr tsjintwurdich noch mar 7% fan 'e befolking Nederlânsktalich (mei nochris 9% dy't seit twatalich Nederlânsk-Frânsk te wêzen), wat derta laat hat dat it Brusselske dialekt fan it Brabânsk hast útstoarn is.

Nau oan it Brabânsk besibbe is it Eastflaamsk, dat yn hast de hiele provinsje East-Flaanderen sprutsen wurdt, mei dêropta dielen fan Antwerpen, West-Flaanderen en Siuwsk-Flaanderen. Noardlik dêrfan foarmet de provinsje Seelân it dialektgebiet fan it Siuwsk, dat ek sprutsen wurdt op it Súdhollânske Goeree-Oerflakkee en in diel fan Foarne-Putten. It Siuwsk slút oan by it Westflaamsk fan West-Flaanderen, dêr't ek it Westhoekster Flaamsk fan Frânsk-Flaanderen ta heart, en it Siuwsk-Westflaamsk wurdt dan ek almeast op ien sike neamd. Ta einbeslút wurdt yn súdlik Gelderlân en it noardlikste puntsje fan Limboarch it Súdgeldersk sprutsen. Dêrby slute dan de Nederrynske dialekten fan westlik Dútslân (it Kleverlânsk en it Eastbergysk) wer oan, al wurde it Súdgeldersk en it Nederrynsk minder faak op ien bulte smiten as it Siuwsk en it Westflaamsk.

De ISO 639-taalkoades foar it Nederlânsk binne "nl" en "nld". Om't it Wikipedia-projekt meast, lykas wenst op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Nederlânske Wikipedy oantsjut mei de koade "nl:".

Keppelings om utens

bewurkje seksje


 
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Nederlânske ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Bloemhoff, Henk; Gerritsen, Hans; Jensma, Goffe; en Jong-Krap, Froukje de, Taalunie heeft iets recht te zetten, yn: de Ljouwerter Krante, 30 maaie 2017, s. 19.
  2. Grunsven, Marie-Annet van, en Noordegraaf, Wim, Suriname, Amsterdam/De Haach, 1993 (Koninklijk Instituut voor de Tropen/Novib), ISBN 9 06 83 23 121, s. 72.
  3. Crystal, David, The Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 326.

boarnen:


Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.