Stikelsturthin
De stikelsturthin (wittenskiplike namme: Tympanuchus phasianellus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e prêrjehinnen (Tympanuchus). It is in stânfûgel, dy't foarkomt yn sintraal en noardwestlik Noard-Amearika. De stikelsturthin is in middelgrutte fûgel mei in herbivoar dieet dat simmerdeis ek ynsektivoar wurdt. It biotoop moat iepen romte hawwe, mar ek opgeande begroeiïng. De stikelsturthin is de offisjele provinsjale fûgel fan Saskatchewan. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.
stikelsturthin | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
hoanne hin | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tympanuchus phasianellus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Taksonomy
bewurkje seksjeDe stikelsturthin waard foar it earst beskreaun troch de Ingelske natoerûndersiker George Edwards, dy't dizze fûgel yn 1750 opnaam yn it trêde diel fan syn wurk A Natural History of Uncommon Birds ("In Natoerhistoarje fan Ungewoane Fûgels"). De hânkleure ets, dy't er tafoege, basearre er op in preserveare eksimplaar dat him út 'e krite fan 'e Hudsonbaai brocht wie troch James Isham, in haadfaktor fan 'e Hudsonbaaikompanjy yn 'e faktorij te York Factory.
De earste wittenskiplike beskriuwing fan 'e stikelsturthin datearret út 1758, doe't de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus de fûgel opnaam yn 'e tsiende edysje fan syn Systema Naturæ. Linnaeus joech de fûgel de wittenskiplike namme Tetrao phasianellus, mei't er him yndielde by it skaai fan 'e Jeropeeske rûchpoathinnen (Tetrao). It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme is in Latynske ferlytsingsfoarm fan phasianus, mei de betsjutting "fazantsje". Yn 1841 yntrodusearre de Dútske biolooch Constantin Wilhelm Lambert Gloger it skaai Tympanuchus foar de prêrjehinnen, dêr't de stikelsturthin sûnt altyd by yndield west hat.
Fersprieding
bewurkje seksjeIt ferspriedingsgebiet fan 'e stikelsturthin beslacht in grut oaniensletten gebiet yn sintraal en noardwestlik Noard-Amearika. It omfettet it Binnenlân fan Alaska en dielen fan Súdlik Sintraal-Alaska, mei dêropta in diel fan Súdeast-Alaska. Yn Kanada heart it suden fan 'e Yukon derta, en fierders it westen fan 'e Noardwestlike Territoaria, it noarden en easten fan Britsk-Kolumbia, hiel Alberta en sa goed as hiel Saskatchewan, Manitoba útsein it uterste noarden, Ontario útsein it suden, en it uterste westen en de kust fan 'e Jamesbaai yn Kebek.
Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten komt de stikelsturthin foar yn it noarden fan 'e Cascades yn Washington en yn 'e Rocky Mountains fan westlik Montana, súdeastlik Idaho, westlik en noardeastlik Wyoming, noardlik Utah en noardeastlik Colorado. Op 'e Grutte Flakten libbet dizze fûgel yn noardwestlik Kansas, westlik Nebraska, westlik Súd-Dakota, eastlik Montana en hiel Noard-Dakota útsein it uterste súdeasten. Fierder eastlik komt er ek foar yn noardlik Minnesota, noardlik en sintraal Wisconsin en Opper-Michigan. Der bestiet in isolearre populaasje yn westlik Colorado.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe stikelsturthin hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 38,1–48,3 sm, mei in wjukspanne fan 62–65 sm en in gewicht fan 596–880 g. De sturt is relatyf koart, mei twa langere sintrale sturtfearren, dy't dêrtroch útstykje tusken de koartere en ljochter kleure bûtenste sturtfearren. Dêrfandinne de namme 'stikelsturthin'. It fearrekleed is op 'e rêch, kop, nekke, hals, wjukken en de boppekant fan 'e sturt brún oerdutsen mei wite spikkels. It boarst is wyt, bespikkele mei brún. De kiel, stuten en ûnderkant fan 'e sturt binne wyt. De bealch is ek wyt, mar mei hiel ljochtbrune V-foarmige plakken.
De seksuele dimorfy uteret him by de stikelsturthin trochdat de hinnen lytser binne as de hoannen en trochdat it spikkelbûnte patroan by hinnen oars is (horizontaal) op eltse fear as by de hoannen (ûngeregeld). It dúdlikste ûnderskie is lykwols dat de hoannen in felgiel kleure kaam boppe elts each hawwe en in keal, rûn, pears stik hûd oan wjerskanten fan 'e hals. Dat binne kielpûden, dy't by de balts fol mei lucht pompt wurde om mei te pronkjen. Hinnen hawwe wol kammen, mar dy hawwe in folle minder opfallende kleur.
Biotoop
bewurkje seksjeDe stikelsturthin komt foar yn ferskate biotopen, fan 'e mei dinnebeammen bespikkele savanne fan it noardeastlike Midwesten oant de mei boskjes strewelleguod besprinzge prêrje fan 'e noardlike Grutte Flakten. It biotoop moat iepen genôch wêze, mei net folle hege beammen, mar der moat ek genôch strewelleguod wêze om it nêst yn te ferskûljen. Fierders moatte der ek beammen wêze om winterdeis yn te foerazjearjen en ûndergroei om beskûl yn te sykjen tsjin 'e kjeld.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeYn 'e peartiid, dy't foar de stikelsturthin fan maart oant july rint, fiere de hoannen har balts op om hinnen te lokjen en ta pearjen te bewegen. Soms docht ien hoanne dat allinnich, mar ornaris sammelje se har om yn kompetysje mei-inoar te baltsen. Almeast wurdt dat dien yn groepkes fan 8–12 eksimplaren, mar yn ekstreme gefallen komme der wol mear as 20 byinoar. It hichtepunt fan 'e peartiid falt yn ein april en yn maaie, hoewol't de krekte datearring fan jier ta jier fluktuëarje kin ôfhinklik fan it waar. By de balts stampe de hoannen hurd mei de poaten, likernôch 20 kear per sekonde, en rattelje se mei harren sturtfearren wylst se al rûntsjedraaiend mei útsprate wjukken en folpompte kielpûden nei foarren komme.
De hinnen sjogge ta en kieze ien fan 'e dominantste hoannen út om mei te pearjen. Dêrnei ferlitte se it baltsterrein en hawwe de hoannen fierders neat mear te krijen mei de hiele fuortplantingssyklus. De hin siket in plak op ûnder it beskûl fan opgeande fegetaasje, dêr't se in nêst makket troch in ûndjip dobke yn 'e ierde út te skraabjen en dat te beklaaien mei gers en blêden. Dêryn leit se neitiid trochinoar 12 aaien, ien deis. De briedtiid, dy't begjint as it lêste aai lein is, duorret by de stikelsturthin 21–23 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't binnen oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst al ferlitte kinne. Fan it begjin ôf oan sykje se ûnder begelieding fan 'e hin sels har kostje byinoar. Tsjin 'e ein fan 'e simmer binne se selsstannich en geane se by de mem wei. Stikelsturthinnen hawwe in maksimale libbensferwachting fan 71/2 jier.
Fretten
bewurkje seksjeStikelsturthinnen foerazjearje by 't simmer op 'e grûn en winterdeis, as de grûn oerdutsen is troch in tsjûk snietek, yn 'e beammen. Se frette it grutste part fan it jier sied, knoppen, beien en blêden, wat har ta herbivoaren meitsje soe. Fral simmerdeis, lykwols, frette se ek ynsekten, yn 't bysûnder sprinkhoannen.
Status
bewurkje seksjeDe stikelsturthin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje ridlik stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande dat bestiet der in licht delgeande populaasjetrend, dy't benammen feroarsake wurdt troch habitatferlies. Stikelsturthinnen binne foar harren fuortbestean ôfhinklik fan iepen lân, mar dat is hieltyd dreger te finen, mei't prêrje en savannelân hieltyd faker tichtgroeit mei beammen. Yndirekt is de minske feranwurdlik foar dat probleem, troch de ûnderdrukking fan natoerbrannen (dy't beammegroei yn iepen gebieten binnen de stringen hâlde), mar ek troch it mei opsetsin oanplantsjen fan beammen en de yntroduksje fan eksoatyske houtige planten. Ek de ûntginning fan prêrje om der boulân fan it meitsjen ferneatiget de brûkberens fan it gebiet as habitat foar de stikelsturthin. Feehâlderij, benammen fan kij, kin lykwols yn it foardiel fan 'e fûgels wurkje, salang't oerbeweiding foarkomd wurdt.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 7 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e stikelsturthin (Tympanuchus phasianellus), wêrfan't ien útstoarn is:
- Alaskastikelsturthin (T. p. caurus) (it Binnenlân fan Alaska, Súdlik Sintraal-Alaska, Súdeast-Alaska, de súdlike Yukon, noardlik Britsk-Kolumbia en noardlik Alberta.)
- Columbiastikelsturthin (T. p. columbianus) (eastlik Britsk-Kolumbia, noardlik Washington, Idaho, Wyoming, westlik Montana, Colorado en Utah)
- flaktestikelsturthin (T. p. jamesi) (súdlik Alberta, súdlik Saskatchewan, eastlik Montana, noardeastlik Wyoming, de Dakota's, Nebraska en Kansas)
- gewoane stikelsturthin (T. p. phasianellus) (Manitoba, noardlik Ontario en westlik Kebek)
- Nijmeksikaanske stikelsturthin (T. p. hueyi) (Nij-Meksiko, mar útstoarn) †
- noardwestlike stikelsturthin (T. p. kennicotti) (yn 'e Noardwestlike Territoaria fan 'e rivier de Mackenzie oant de Grutte Slavemar)
- prêrjestikelsturthin (T. p. campestris) (noardlik Saskatchewan, noardlik en súdeastlik Manitoba, súdwestlik Ontario, noardlik Minnesota, Wisconsin en Opper-Michigan)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|