Blau
Blau is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken fiolet en grien yn befynt. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 450-495 nm en in frekwinsje fan rûchwei 670-610 THz. By additive kleurminging is blau in primêre kleur, mar by subtraktive kleurminging is it in sekundêre kleur. Blau is de komplemintêre kleur fan giel. Kwa tinten rint blau útinoar fan turkwaze, dat ek as tint fan grien beskôge wurde kin, oant indigo en ultramaryn, dat tsjin fiolet oan sit. Blau wurdt assosjearre mei de loft, de see, snie en iis, de plysje en manlikheid. Yn 'e heraldyk is blau in heraldyske kleur en hat it de namme azuer of lazuer. Yn sprekwurden seit men: sa blau as laai, sa blau as lead, sa blau as de loft of sa blau as swevelfjoer. Guon net-Westerske talen meitsje gjin ûnderskie tusken blau en grien.
blau | ||
spektrale koördinaten | ||
weachlingte | 450-495 nm | |
frekwinsje | ~670-610 THz | |
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #0000FF | |
RGBª (r, g, b) | (0, 0, 255) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (100, 100, 0, 0) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Assosjaasjes
bewurkje seksjeGefoelswearde
bewurkje seksjeDe kleur blau hat yn Nederlân gjin sterke gefoelswearde; heechút stiet er foar 'poer' of 'suver'. Yn 'e skilderkeunst waard blau yn it ferline wol as symboal foar sokke dingen brûkt. Ungeunstiger betsjuttings, lykas yn 'e bynamme Blauburd, komme fan oarsprong yn it Frysk en Nederlânsk net foar. Yn 'e Angelsaksyske lannen wurdt blue lykwols assosjearre mei melankelikens of drôvens; dêrfandinne komt bygelyks de namme fan 'e blues, in muzyksjenre dat sokke emoasjes opropt. Men seit yn it Ingelsk ek wol: "He was feeling blue," as der bedoeld wurdt: "Hy fielde him tryst." Oan 'e oare kant wurdt blau yn it Ingelsk, fral yn lieten, ek wol yn ferbân brocht mei lokkigens en optimisme; dêrby is it benammen in ferwizing nei in blauwe (d.w.s. heldere) loft, dy't frij is fan bewolking.
Yn it Dútsk betsjut blau sein dat men dronken is. Dat komt fan it âlde gebrûk fan urine, benammen de urine fan manlju dy't alkohol dronken hiene, by it blaufervjen fan tekstyl mei wede en indigo. Yn Nederlân wie 'de blauwe knoop' just in oantsjutting foar hielûnthâlding, mei't lju dy't yn 'e njoggentjinde iuw yn Nederlân út prinsipe gjin alkohol dronken faak in blauwe knoop oan harren jas naaiden. Yn it Dútsk, mar ek yn it Noarsk en Sweedsk, wurdt fan naïve lju wol sein dat se de wrâld mei in blau each besjogge.
Yn Sina wurdt blau assosjearre mei tramtearring, spûken en de dea. Yn 'e tradisjonele Sineeske opera is in personaazje mei in blaukleure gesicht altyd de smjunt. Yn Turkije en Sintraal-Aazje is blau de kleur fan 'e rou. By de Hopy, in Yndiaansk folk út it Amerikaanske Súdwesten, symbolisearret blau it westen, dat beskôge wurdt as it hûs fan 'e dea. Foarhinne waard mank de Hopy it hawwen fan in dream oer immen dy't in blauwe fear droech dêrom as in tige faai teken beskôge.
Yn 'e Sahara fan Noard-Afrika drage manlju fan 'e Tûarek, in Berbersk woastynfolk, in blauwe tulbân, dy't de tagelmust hjit. Dat stik klean beskermet harren tsjin 'e sinne en it opwaaiende sân. Tagelmust wurde kleure mei indigo, mar ynstee fan dat dêrfoar kostber wetter ferpuozze wurdt, kleuret men de stof troch der indigopoeier oerhinne te struien en dy der dan yn te bûtsen. Neitiid lit de blauwe kleur ôf oan 'e hûd fan 'e drager, en dat is wêr't de bynamme fan 'e Tûarek, it 'Blauwe Folk', wei komt. Mank de Tûarek wurdt in blauwige hûdskleur beskôge as in teken fan adel en rykdom.
Fierders wurdt blau ek wol assosjearre mei harmony, en om dy reden waard it keazen as eftergrûnkleur foar de flaggen fan sawol de Jeropeeske Uny as de Feriene Naasjes. Dêrfandinne dat leden fan FN-fredesmachten tarist binne mei blauwe baretten en helmen (en 'blauhelmen' neamd wurde). Ut opinypeilings yn 'e Feriene Steaten en Jeropa is oan it ljocht kommen dat blau ek de kleur is dy't it meast assosjearre wurdt mei trou, selsfertrouwen, yntelliginsje, kennis en konsintraasje. Ut deselde opinypeilings blykt ek dat blau de populêrste kleur is, dy't hast de helte fan alle manlju en froulju útkeazen as harren leaflingskleur.
De loft
bewurkje seksjeDe loft is ien fan 'e dingen dy't it meast mei de kleur blau assosjearre wurdt. "In blauwe loft" betsjut dat it helder waar is mei sinneskyn en net (of net folle) bewolking. Eins is de loft lykwols trochsichtich; it blau dat it minsklik each sjocht, is it gefolch fan in optysk effekt dat Rayleigh-ferstruiïng hjit. De sinne stiet dan frij heech oan 'e himel, wat betsjut dat it ljocht it koartste paad ôfleit om it each fan 'e taskôger te berikken. Rayleigh-ferstruiïng, wêrby't guon kleuren út 'e sinnestriel wei ferstruid wurde troch luchtdieltsjes, is dan swak, mei as gefolch dat de loft blau liket. By sinne-opgong en sinne-ûndergong is de ôfstân dy't it ljocht ôflizze moat it langst en is Rayleigh-ferstruiïng it sterkst, mei as gefolch dat blau en grien ljocht dan folle sterker ferstruid wurde en read ljocht oerbliuwt. Dat bestjut dat it minsklik each dan in reade himel sjocht.
Dingen yn 'e fierte lykje blauwer as deunby troch in oar optysk effekt dat it loftperspektyf hjit.
De see
bewurkje seksjeUnder it wetteroerflak fan 'e see wurde troch Rayleigh-ferstruiïng read en grien ljocht absorbearre, mei as gefolch dat wite dingen der blau útsjogge. Wat djipper oft men komt, wat sterker oft dat effekt is. Yn 'e iepen see kringt mar sa'n 1% fan it ljocht troch op in djipte fan 200 m ûnder it oerflak.
Manlikheid
bewurkje seksjeBlau, benammen ljochtblau, wurdt yn 'e Westerske wrâld in protte brûkt as symboal foar jonges, yn 't bysûnder as it om poppen giet. Yn kontrast dêrmei wurdt rôze brûkt foar famkes. Opmerklikernôch wie dat fanôf likernôch 1910 oant yn 'e 1940-er jierren krektoarsom. Blau waard doedestiden beskôge as de kleur foar famkes, mei't it yn 'e skilderkeunst tradisjoneel brûkt wie as symboal foar de Faam Marije. Rôze, oan 'e oare kant, waard brûkt foar jonges, om't it in ôfswakke foarm wie fan read, dat doedestiden as de manlike kleur by útstek beskôge waard. Ut opinypeilings yn 'e Feriene Steaten en Jeropa hat bliken dien dat blau tsjintwurdich fan alle kleuren it meast mei manlikheid assosjearre wurdt, krekt foàr swart, dat op it twadde plak kaam.
Kjeld
bewurkje seksjeBlau wurdt ek assosjearre mei kjeld. Sa wurde (tekene) ôfbyldings fan snie en iis faak foarsjoen fan blauwe aksinten. Ek seit men dat ien 'blau fan 'e kjeld' sjocht. De assosjaasje fan blau mei kjeld uteret him ek yn it feit dat by wetterkranen mei kâld en hjit wetter de draaiknop foar kâld wetter foarsjoen is fan in blau merkje, wylst de draaiknop fan it hjitte wetter in read merkje hat.
Autoriteiten
bewurkje seksjeYn 'e achttjinde iuw wie blau de kleur fan frijheid en revolúsje, mar yn 'e njoggentjinde iuw waard it de kleur fan it oerheidsgesach trochdat it yn gebrûk kaam as de kleur fan 'e unifoarmen fan plysjes en oare oerheidsfunksjonarissen. Blau waard dêrfoar útkeazen om't it in serieuze en gesachhawwende kleur wie sûnder yntimidearjend te wêzen. Tsjintwurdich is blau yn 'e measte lannen noch altyd de kleur fan 'e plysje en faak ek fan 'e maresjesee. Dútslân, dêr't de plysje griene unifoarmen draacht, is datoangeande in útsûndering op 'e regel. Yn Nederlân draacht de plysje al sûnt minskewitten blauwe unifoarmen, en is blau sa synonym mei plysje wurden, dat yn it Frysk 'blauwe mich' in skelwurd foar de plysje is.
Polityk
bewurkje seksjeOp polityk mêd wurdt blau op it Jeropeeske fêstelân faak brûkt as de kleur fan it liberalisme. Sa is it yn Nederlân de kleur fan 'e VVD, yn Flaanderen fan Open VLD en yn Walloanje fan 'e MR. Yn it Feriene Keninkryk is blau lykwols de kleur fan 'e Konservative Partij. Yn 'e Feriene Steaten wurdt blau tradisjoneel brûkt om 'e Demokratyske Partij te symbolisearjen, wylst read de kleur fan 'e Republikeinske Partij is.
As nasjonale kleur wurdt blau yn it foarste plak benammen assosjearre mei Frankryk. Dat giet werom op it wapen fan it Keninkryk Frankryk, dat yn 'e tolfde iuw kaam te bestean út in blau fjild belein mei goudene leeljes. Under de Frânske Revolúsje, yn 1789, wie blau de kleur fan 'e revolúsjonêren, wylst doe ûnderwilens wyt de kleur fan 'e royalisten wurden wie. De Frânske konneksje mei blau hat der ek foar soarge dat blau de nasjonale kleur is fan Kebek, dat oant 1763 in Frânske koloanje wie.
Azuerblau, in ljochte tint blau, is fierders de nasjonale kleur fan Itaalje, ôfkomstich fan 'e livreikleur fan it eardere keningshûs, it Hûs fan Savoaye. De nasjonale sportteams fan Itaalje drage dêrom by foarkar blau en steane bekend as de Azurri (de "Azueren"). Lannen dy't blau en wyt as nasjonale kleuren hawwe, binne Argentynje, de Azoaren, El Salvador, Finlân, Grikelân, Gûatemala, Hondoeras, Israel, Mikroneezje, Nikaragûa, Oerûguay, San Marino, Skotlân en Somaalje. Deselde kombinaasje foarmet ek de tradisjonele nasjonale kleuren fan Portegal (no ferfongen troch read en grien). Blau en giel binne de nasjonale kleuren fan Kazachstan, Madeara, de Oekraïne, Palau en Sweden. Blau en read binne de nasjonale kleuren fan Haïty en Lychtenstein.
Itenswaren
bewurkje seksjeTypysk Nederlânsk is de assosjaasje fan 'e kleur blau mei beskate itenswaren. Sa sit hjir molkesûkelarje almeast yn in blauwe ferpakking, wylst puere sûkelarje yn 'e regel in reade ferpakking hat. Krektsa sit molke yn Nederlân ornaris yn in blau pak, yn tsjinstelling ta sûpe (read), yochurt (grien) en fla (giel). Fierders ûnderskiede Nederlanners wetter yn flessen ek stiiffêst yn 'blau' en 'read', wêrby't blau stiet foar boarnwetter sûnder koalsoer en read foar boarnwetter dêr't koalsoer oan tafoege is. Dat ûnderskie waard oarspronklik inkeld makke troch it merk Spa, mar yn Nederlân waard dy assosjaasje meitiid sa sterk dat ek oare merken op 'e Nederlânske merk dy skieding begûnen te hantearjen. Yn oare lannen, mei in gruttere tradysje fan flessewetter, ken men dy kleurskieding hielendal net. Noch wer in oar foarbyld is dat by pûden jirpelsjips de paprikasmaak yn Nederlân yn in blauwe ferpakking sit, wylst foar de naturelsmaak gebrûk makke wurdt fan in reade ferpakking.
Oare assosjaasjes
bewurkje seksje- Yn 'e achtste iuw begûnen Sineeske keunstners kobaltblau te brûken om porslein mei te kleurjen. Dy gewoante waard yn 'e tiid fan 'e VOC oernommen troch tichelwurken yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen, mei as gefolch dat it saneamde Delftsk blau ûntstie, in djoer soarte ierdewurk.
- Blau is de kleur fan bloedútstoartings en kniezings. Sa komt men oan 'e beneamings blau plak, blau each en it sprekwurd 'immen bûnt en blau slaan'.
- Sûnt de yntree fan 'e spikerbroek, oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw, wurde der in hiel soad blauwe klean droegen. Benammen foar wurkklean wurdt de kleur in soad brûkt, lykas foar overals.
- Yn 'e kriichsmacht wurde ferskillende tinten blau brûkt foar de militêr unifoarmen fan 'e marine (dûnkerblau) en de loftmacht (feal ljochtblau).
- Mei de oantsjutting 'blau bloed' wurdt ferwiisd nei de adel.
- Op it mêd fan 'e religy wurdt blau assosjearre mei it kristendom yn it algemien en mei it roomsk-katolisisme yn it bysûnder. Binnen de Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt blau dan fral wer assosjearre mei de Faam Marije.
- Yn it hindoeïsme wurde in protte goaden tradisjoneel ôfbylde mei in blauwe hûdskleur. Dat is benammen sa as it giet om Vishnu, dy't de rêder fan 'e wrâld is en dêrom sterk assosjearre wurdt mei wetter (dat blau is). Krishna en Rama, inkelen fan 'e avataars fan Vishnu, hawwe dêrom yn 'e regel ek in blauwe hûd. Shiva, de ferneatiger, wurdt ek werjûn mei in ljochtblauwe kleur, mar om in hiel oare reden: hy soe fergif ynnommen hawwe by syn besykjen om 'e striid tusken de goaden en de demoanen yn it foardiel fan 'e goaden te besljochtsjen. It trochslokken fan it gif wurdt assosjearre mei de kiel, en de kiel is de fyfde chakra, dy't symbolisearre wurdt troch de kleur blau.
- Blauwe eagen befetsje eins gjin blau pigmint. De kleur wurdt feroarsake troch in optysk effekt dat Tyndall-ferstruiïng hjit.
- Yn it Frysk hat men it oer "it spul blaublau litte" as men beart dat der neat bard is. Fierders wurdt ôfwiisd wurden, bygelyks by in houliksoansyk, werjûn mei blau: "blau helje", "blau krije", "blau rinne" of "in blauwe skine rinne". Oare assosjaasjes binne mei ferfeling ("jin blau ferfele") en dûzelichheid ("it wurdt jin grien en blau foar de eagen").
-
in blok lapis lazûly
-
in spikerbroek
-
it wapen fan it Keninkryk Frankryk
-
de kleurstof indigo
Blautinten
bewurkje seksjeDe wichtichste tinten blau binne: aalskrúk (periwinkle), akwa, akwamaryn, Aliceblau, azuer (of azuerblau), azuerwyt, babyblau, blaugriis, Bondiblau, Byzantynsk blau, Columbiablau, denim, Dodgerblau, Dukeblau, dûnkerblau, Egyptysk blau, elektrysk blau, elektrysk indigo, federaal blau, fioletblau, Frânsk blau, grienblau, himelsblau, Yaleblau, iisblau, indigo, indigoferve, iris, kapry, Karolinablau, keninklik blau, kobaltblau, laaiblau, lavindel, ljochtblau, loftmachtblau, marine, Mayablau, midsnachtblau, neönblau, nôtblau, oriïntblau, Oxfordblau, Paltsblau, Pasifysk blau, paublau, Perzysk blau, poeierblau, Prusysk blau, reaboarstaaikeblau, saffierblau, seeblau, seruleumblau, stielblau, syaan, Tiffanyblau, turkwaze, tuskenbeiden blau, tuskenbeiden laaiblau en ultramaryn.
Kleurnuânses
bewurkje seksjeHjirûnder in oersjoch fan 'e kleurnuânses tusken blau en wyt, tusken blau en syaan en tusken blau en swart mei dêrby de heksadesimale kodearring yn it RGB-kleursysteem.
fan swart nei blau: | |||||||||||||||
000000 | 000011 | 000022 | 000033 | 000044 | 000055 | 000066 | 000077 | 000088 | 000099 | 0000AA | 0000BB | 0000CC | 0000DD | 0000EE | 0000FF |
fan blau nei wyt: | |||||||||||||||
0000FF | 1111FF | 2222FF | 3333FF | 4444FF | 5555FF | 6666FF | 7777FF | 8888FF | 9999FF | AAAAFF | BBBBFF | CCCCFF | DDDDFF | EEEEFF | FFFFFF |
fan syaan nei blau: | |||||||||||||||
00FFFF | 00EEFF | 00DDFF | 00CCFF | 00BBFF | 00AAFF | 0099FF | 0088FF | 0077FF | 0066FF | 0055FF | 0044FF | 0033FF | 0022FF | 0011FF | 0000FF |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|