Oanfal op Pearl Harbor
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Oanfal op Pearl Harbor wie in ferrassingsoanfal troch bommesmiters en jachtfleantugen fan 'e Keizerlike Japanske Marine, dy't yn 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 útfierd waard op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare Amerikaanske militêre doelen op it eilân Oähû, yn it Territoarium Hawaï. De oanfal, dy't troch de Japanners oantsjut waard as de Hawaï-operaasje, Operaasje AI en Operaasje Z, wie bedoeld as in previntive aksje om foar te kommen dat de Amerikaanske Pasifyske Float him bemuoie koe mei de plande Japanske ynvaazje fan 'e oerseeske gebietsdielen fan it Feriene Keninkryk, Nederlân en de Feriene Steaten yn Súdeast-Aazje.
De oanfal waard útfierd troch 353 Japanske fleantugen fan 6 fleandekskippen, dy't fan 7.48 oere pleatslike tiid ôf yn twa weagen Oähû oer it mad kamen. Fan 'e acht oanwêzige Amerikaanske slachskippen waarden fjouwer ta sinken brocht, wylst de oare fjouwer slimme skea oprûnen. Trije krusers, trije torpedoboatjagers en fiif oare skippen waarden ek ta sinken brocht of slim skansearre. Fan 'e 402 Amerikaanske militêre fleantugen op Oähû waarden 188 ferneatige en rekken 159 skansearre. Der foelen by it bombardemint oan 'e Amerikaanske kant 2.403 deaden. De folgjende sân oeren fierden de Japanners koördinearre oanfallen út op Amerikaanske doelen yn 'e Filipinen, Gûam en Wake en op Britske doelen yn Malakka, Singapoer en Hongkong.
It resultaat fan 'e Oanfal op Pearl Harbor wie dat de Amerikaanske Pasifyske Float tydlik fierhinne útskeakele wie, hoewol't de Japanners de trije Amerikaanske fleandekskippen, dy't op it momint fan it bombardemint net yn 'e haven oanwêzich wiene, mist hiene. De oanfal, dy't kaam sûnder dat Japan en de Feriene Steaten yn steat fan oarloch ferkearden, waard yn 'e Feriene Steaten sjoen as in ferriedlike skandedie. Op 8 desimber hold presidint Franklin D. Roosevelt foar de radio syn ferneamde Day of Infamy-taspraak en furdige it Amerikaanske Kongres in oarlochsferklearring tsjin Japan út. Op 11 desimber ferklearren de bûnsgenoaten fan Japan, nazy-Dútslân en faksistysk Itaalje, de oarloch oan 'e Feriene Steaten. De Oanfal op Pearl Harbor wie sadwaande ien fan 'e wichtichste kearpunten yn 'e skiednis fan 'e tweintichste iuw, om't it de dielname fan 'e Feriene Steaten oan 'e Twadde Wrâldoarloch bewissige. Nei de oarloch soe it bombardemint by de Prosessen fan Tokio oanmurken wurde foar in oarlochsmisdie.
Foarskiednis
bewurkje seksjeIn oarloch tusken Japan en de Feriene Steaten wie al sûnt de 1920-er jierren in mooglikheid dêr't beide lannen rekken mei holden en foar de wissichheid plannen foar makken, mar de spannings boazen pas earnstich oan nei de Japanske ynfal yn Mantsjoerije yn 1931. De dêropfolgjende tsien jier sette Japan syn terrtoriale ekspânje yn it neidiel fan Sina fuort, wat yn 1937 late ta it útbrekken fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch. Alle fierdere swierrichheden binne winliken werom te fieren op 'e Japanske winsk om 'e ferovering fan Sina te fasilitearjen. It lân spandearre in protte jild en muoite om Sina diplomatyk te isolearjen en om sels genôch natuerlike helpboarnen (benammen ierdoalje) te besetten om 'e definitive oerwinning op 'e Sinezen mooglik te meitsjen. De saneamde 'Súdlike Operaasje', yn 'e rjochting fan 'e rike ierdoaljefjilden fan Súdeast-Aazje kaam dêr streekrjocht út fuort. Mei oare wurden: sûnder de ferovering fan 'e Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje koe Japan de ferovering fan Sina net foltôgje.
Fan desimber 1937 ôf soargen foarfallen as de Japanske oanfal op 'e USS Panay, it Allison-ynsidint en it Bloedbad fan Nanking (in genosidaal barren wêrby't Japanske troepen mear as 200.000 Sineeske boargers ombrochten) foar in oanboazjende anty-Japanske stimming yn 'e Feriene Steaten en oare Westerske lannen. Om 'e Japanske ekspânsje yn te daamjen, ferstrieken de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Frankryk lienings oan Sina om oarlochsfoarrieden yn te keapjen. Doe't nazy-Dútslân, in bûnsgenoat fan Japan, yn it foarjier fan 1940 yn 'e Slach om Frankryk dat lân wist te besetten, mei as gefolch dat it Frânske koloniale ryk ûnder it bestjoer fan it sloppe, kollaborearjende Vichy-rezjym kaam, fierde Japan in ynvaazje fan Frânsk-Yndo-Sina út, mei de bedoeling om 'e befoarrieding fan Sina te behinderjen. Dêrop leine de Feriene Steaten de eksport fan fleantugen, fleantúchûnderdielen, kerosine en beskate oare produkten nei Japan stil, wat troch Japan as in ûnfreonlike die opfetten waard. De eksport fan Amerikaanske ierdoalje nei Japan gie lykwols noch troch, om't Japan dêr bot fan ôfhinklik wie en de Amerikanen gjin skea oan 'e relaasje tusken de beide lannen tabringe woene dy't net te reparearjen wie.
Begjin 1941 ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Teffens joech er befel ta de opbou fan 'e Amerikaanske striidkrêften yn 'e Filipinen (doedestiden in Amerikaanske koloanje), yn 'e hope om fierdere Japanske agresje yn Súdeast-Aazje ôf te skrikken. It Japanske opperbefel ynterpretearre dat by fersin as it boadskip dat in oanfal op 'e Britske koloanjes yn Súdeast-Aazje in Amerikaanske tsjinoanfal útlokje soe. Yn dy optyk wie it tabringen fan in ferpletterjende nederlaach oan 'e Amerikanen de iennichste manear om yn Súdeast-Aazje de hannen frij te hawwen en úteinlik de kâns te krijen om 'e ferovering fan Sina te foltôgjen. Foar de feilige oanfier fan ierdoalje út it suden waard boppedat de ferovering fan 'e Filipinen needsaaklik achte.
Doe't yn july 1941 de Japanske militêre besetting fan Frânsk-Yndo-Sina formalisearre waard troch in ferdrach mei Vichy-Frankryk, leine de Feriene Steaten it near op fierdere oalje-ekporten nei Japan. Dy beliedsferoaring wie lykwols teminsten foar de helte ynjûn troch nije Amerikaanske beheinings op binnenlânsk oaljeferbrûk. Japan fûn doe dat it gjin oare kar mear hie as de plannen om it oaljerike Nederlânsk-Ynje te feroverjen yn 'e praktyk te bringen. Doe't Roosevelt Japan op 17 augustus warskôge dat de Feriene Steaten ree wiene om militêr yn te gripen as Japan syn buorlannen oanfoel, hie Japan de kar tusken it farre litten fan 'e 'Súdlike Operaasje' mei as gefolch dat it troch oaljegebrek twongen wêze soe ta in weromlûking út Sina en al it gesichtsferlies dat dêrmei mank gie, of it útdielen fan in reuseftige klap oan 'e Amerikanen om dêrnei de plannen troch te setten.
By ûnderhannelings tusken de beide lannen yn 'e rin fan 1941 bea it Japanske regear ferskate kompromissen oan, mar de Amerikanen woene inkeld genoegen nimme mei in folsleine weromlûking út Sina, eat dat foar de Japanners ûnbesprekber wie. De nei fermoedsoening stribjende Japanske premier prins Fumimaro Konoye stelde in topmoeting mei Roosevelt foar, mar Roosevelt woe dêr pas oer prate nei't der in oerienkomst sletten wie. Joseph Grew, de Amerikaanske ambassadeur yn Japan, trune syn presidint oan om dochs mei de moeting yn te stimmen, om't it oars de ein fan it regear-Konoye betsjutte soe, mar Roosevelt hold foet by stik. Fan gefolgen kaam it regear-Konoye te fallen, wêrnei't yn Japan de oarlochspartij oan 'e macht kaam.
It lêste foarstel fan Japan, datearjend fan 20 novimber, hold yn dat Japan syn troepen út it súdlike part fan Frânsk-Yndo-Sina weromlûke soe en gjin fierdere ekspânsje yn Súdeast-Aazje ûndernimme soe salang't de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Nederlân gjin stipe mear jaan soene oan Sina en harren sanksjes tsjin Japan opheffe soene. De saneamde Notysje fan Hull, it Amerikaanske tsjinfoarstel fan 26 novimber (27 novimber Japanske tiid), hold yn dat Japan al syn troepen sûnder betingsten út Sina weromlûke soe en non-agresjepakten mei alle lannen yn Súdeast-Aazje en de Stille Súdsee slute soe. De deis foar't de Notysje fan Hull oan Japan oerdroegen waard, fear de Japanske float út om 'e Oanfal op Pearl Harbor út te fieren.
Japanske plannen
bewurkje seksjeDe Japanners wiene al hiel ier yn 1941 plannen begûn te meitsjen foar in oanfal op Pearl Harbor, om 'e ynvaazje fan it 'Súdlik Helpboarnegebiet' (in oantsjutting foar Nederlânsk-Ynje, Britsk-Malakka en de Britske koloanjes op Borneo) mooglik te meitsjen. De planning stie ûnder lieding fan admiraal Isoroku Yamamoto, dy't doedestiden de kommandant fan 'e Japanske Kombinearre Float wie. Hy krige fan 'e generale stêf fan 'e Keizerlike Japanske Marine lykwols pas tastimming om ta training foar de oanfal oer te gean nei in protte trelit, wêrby't er sels mei ûntslach driigje moast.
Konkretisearring fan 'e plannen waard yn 'e maityd fan 1941 ûndernommen ûnder lieding fan skout-by-nacht Ryūnosuke Kusaka, mei assistinsje fan kaptein-op-see Minuru Genda en de stêfsjef fan Yamamoto, kaptein-op-see Kameto Kuroshima. Dyselden ûnderwurpen de Britske loftoanfal op 'e Italjaanske float yn 'e haven fan Taranto, yn 1940, oan yntinse bestudearring.
De folgjende moannen waarden bestege oan training fan 'e piloaten, oanpassing fan it materieel en sammeling fan ynformaasje. Keizer Hirohito joech lykwols pas op 5 novimber syn goedkarring oan it oanfalsplan. De úteinlike autorisearring waard troch de keizer ôfjûn op 1 desimber, nei't it regear fan Japan de Amerikaanske Notysje fan Hull ûntfongen hie. Dêrút konkludearre it Japanske regear nammentlik dat de Feriene Steaten mei neat minder tefredensteld wurde koene as it opjaan fan alle militêre winst dy't Japan yn 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch boekt hie, wat de Japanske oerhearsking fan sawol Mantsjoerije as Koreä yn gefaar bringe soe.
Japanske ferwachtings
bewurkje seksjeJapan ferwachte dat de ferwoastging fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float de tydlike útskeakeling fan 'e Amerikaanske militêre macht yn 'e Stille Oseaan feroarsaakje soe. Dat soe foarkomme dat de Amerikanen harren bemuoie koene mei de Japanske ferovering fan 'e Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje, dy't foar Japan fan fitaal belang wiene foar de brânstoffoarsjenning. Dêrnjonken ferwachte men dat de tydlike ferwidering fan 'e Feriene Steaten fan it slachfjild Japan de tiid jaan soe om syn posysje te konsolidearjen en de grutte en krêft fan syn marine út te wreidzjen foar't de skipsbou dy't yn 'e Feriene Steaten úteinset wie nei it oannimmen fan 'e Vinson-Walsh Act fan 1940 eltse kâns op it beheljen fan 'e oerwinning útwiskje soe. Boppedat hie men de hope dat in ferpletterjende nederlaach it Amerikaanske moreel yn sa'n mjitte ûndermynje soe, dat it Amerikaanske regear troch de publike opiny yn eigen lân twongen wêze soe om mei Japan te ûnderhanneljen en dêrby de easken falle te litten dy't stridich wiene mei de Japanske belangen.
Oan in ferrassingsoanfal op 'e Amerikaanske Pasifyske Float wylst dy yn Pearl Harbor foar anker lei, klibben ferskate neidielen dêr't de Japanske generale stêf him wakker bewust fan wie. Yn it foarste plak wie de lagune Pearl Harbor tige ûndjip, sadat it relatyf maklik wêze soe om sonken skippen wer boppe wetter te heljen en mooglik te reparearjen. Oard soe in grut diel fan 'e bemannings net oan board wêze, mar mei ferlof op 'e fêste wâl, sadat se by de oanfal net deade wurde koene, wylst bemanningsleden dy't wol oanwêzich wiene mar oerboard sprongen maklik út 'e haven opfiske wurde koene. Trêd wiene de Japanners twongen ta in timing foar harren oanfal dy't makke dat alle trije fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float (de USS Enterprise, de USS Lexington en de USS Saratoga) oan it bombardemint ûnkomme soene om't se op dat stuit op oefening of op patrûlje wiene.
Wat de oerlibjende bemannings oangie, ornearren de Japanners dat de Feriene Steaten neat hie oan bemannings as der gjin skippen wiene. Fierders hie Japan der alle fertrouwen yn dat it mei in koarte, fûleindige oarloch de oerwinning behelje koe, sadat it mooglike boppe wetter heljen en reparearjen fan 'e ta sinken brochte skippen der net ta die om't tsjin 'e tiid dat soks syn beslach krije koe, de oarloch al foarby wêze soe. Om deselde reden negearren de Japanners by it bombardemint ek oare potinsjele doelen, lykas de skipswerf fan 'e Amerikaanske Marine, de ierdoaljefoarrieden en de dûkboatbasis. Uteinlik soe lykwols it missen fan 'e fleandekskippen de measte ynfloed hawwe op it lettere ferrin fan 'e oarloch. Yn 1941 wiene kriichskundigen fan oer de hiele wrâld it lykwols noch iens oer de saneamde beslissende seeslachdoktrine fan admiraal Alfred Thayer Mahan, dy't oan slachskippen fierwei de wichtichste rol takende yn oarlochfiering op see. Pas fan 1942 ôf soe bliken dwaan dat de rol fan slachskippen al folslein efterhelle wie, en dat fleandekskippen de takomst fan oarlochfiering op see wiene. Mar dat wist men yn 1941 noch net, dat de Japanners keazen derfoar om harren oanfal te konsintrearjen op 'e Amerikaanske slachskippen.
Amerikaanske ferwachtings
bewurkje seksjeTsjin it neijier fan 1941 achten in protte Amerikaanske saakkundigen it útbrekken fan oarloch tusken de Feriene Steaten en Japan tige wierskynlik. Amerikaanske militere bases yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan waarden ferskate kearen yn steat fan paraatheid brocht, mar saakkundigen, regearingsfunksjonarissen en de Amerikaanske generale stêf ferwachten eins gjin oanfal op Hawaï. It lei neffens harren folle mear yn 'e line fan 'e ferwachtings dat in Japanske oanfal de Filipinen treffe soe, fanwegen de bedriging dy't fleanbases dêre en de marinehaven fan Manilla foarmen foar de seeferbinings tusken Japan en Súdeast-Aazje. In alternatyf foar in oanfal op 'e Filipinen soe in oanfal op 'e Amerikaanske koloanje Gûam wêze kinne, dy't fuortby de Noardlike Marianen lei, doedestiden in mandaatgebiet fan it Folkebûn ûnder Japansk bestjoer.
Yn elts gefal waard Hawaï feilich achte, ek al om't de Amerikanen yn 'e misse oertsjûging ferkearden dat Japan net mear as ien grutte marine-operaasje tagelyk útfiere koe. Fan gefolgen miende men dat op Hawaï, dat in oansjenlike ymmigrantemienskip fan etnyske Japanners hie, it wichtichste gefaar bestie út sabotaazjedieden. Dêrfandinne liet men de bommesmiters en jachtfleanmasinen fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (de foarrinner fan 'e Amerikaanske Loftmacht) deun byinoar parkearje op 'e fleanfjilden, sadat bewekkers in sa lyts mooglik oerflak hiene dat se yn it each hâlde moasten.
De Japanske oarlochsferklearring
bewurkje seksjeDe oanfal op Pearl Harbor fûn plak foar't Japan in offisjele oarlochsferklearring útfurdige hie tsjin 'e Feriene Steaten. Dêrtroch waard it bombardemint yn 'e Feriene Steaten sjoen as ferriedlik en ûnderhânsk, en waard it nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch formeel oanmurken as in oarlochsmisdie. It wie lykwols net de bedoeling fan admiraal Yamamoto dat de oanfal sûnder foarôfgeande oarlochsferklearring plakfine soe. Hy hie ntl. yn 't foar bepaald dat de oanfal pas begjinne koe tritich minuten nei't Japan de Feriene Steaten ynformearre hie dat se yn steat fan oarloch ferkearden. Dat wie te let foar de Amerikanen om noch wat te dwaan om it bombardemint foar te kommen, dus it ferrassingsaspekt soe dan fierhinne beholden bliuwe.
De ferklearring fan 5.000 wurden wêryn't Japan de ûnderhannelings mei de Feriene Steaten ôfbriek, dy't ornaris it 'Fjirtjindielich Boadskip' neamd wurdt, waard yn twa yn 'e Japanske diplomatike geheimtaal opstelde blokken út Tokio ferstjoerd nei de Japanske ambassade yn Washington, D.C. De meiwurkers fan 'e ambassade hiene der in poepetoer oan it lange boadskip te dekodearjen, en feitliks hiene de Amerikaanske koadebrekkers, dy't de Japanske diplomatike geheimtaal brutsen hiene, it berjocht al oeren ûntsifere wylst de ambassademeiwurkers der noch op sieten te switten. Fan gefolgen koe Kichisaburō Nomura, de Japanske ambassadeur, it Fjirtjindielich Boadskip pas in oere nei de oanfal op Pearl Harbor oan it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken oanbiede.
It is trouwens de fraach oft it in protte oan 'e sitewaasje feroare hie as it Fjirtjindielich Boadskip wól op 'e tiid oan it Amerikaanske regear oerdroegen wie. It is troch histoarisy ornaris mei weromwurkjende krêft omskreaun as in oarlochsferklearring, mar it wie yn sokke dizenige termen opsteld dat it eins foar mearderlei útlis fetber wie. De lêste beide alineä's, dêr't men einlings en te'n lêsten ta de saak kaam, wiene:
Alsa is de oprjochte hope fan it regear fan Japan, om 'e Japansk-Amerikaanske relaasjes oan te passen en de frede yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan te behâlden en fuort te sterkjen troch gearwurking mei it regear fan 'e Feriene Steaten, ta einsluten ferlern gien. It regear fan Japan betreuret de needsaak om hjirby it regear fan 'e Feriene Steaten yn te ljochtsjen dat it, de hâlding fan it regear fan 'e Feriene Steaten yn acht nommen, net oars kin as it ûnmooglik achtsje dat der noch in oerienkomst berikt wurde sil troch fierdere ûnderhannelings.
In echte (d.w.s. dúdlike) oarlochsferklearring fan Japan oan 'e Feriene Steaten en it Britske Ryk soe op 8 desimber (d.w.s. 7 desimber Hawaïaanske tiid) ôfprinte wurde yn 'e jûnsedysjes fan 'e Japanske kranten, mar waard pas pas in dei letter (d.w.s. 8 desimber pleatslike tiid yn Washington, D.C.) oan it Amerikaanske regear oerlange.
Desennia lang giene histoarisy derfan út dat Japan sûnder oarlochferklearring foarôf oanfallen hie troch in rige fersinnen en tafallen en in algehiel diplomatyk omknoffeljen, dêr't de besoarging fan it Fjirtjindielich Boadskip op needlottige wize fertraging troch oprûn hie. Yn 1999 ûntdiek Takeo Iguchi, in heechlearaar rjochten en ynternasjonale relaasjes oan 'e Ynternasjonale Kristlike Universiteit yn Tokio, yn Japanske argiven lykwols dokuminten dêr't út bliek dat der binnen it Japanske regear doedestiden in heechoprinnende diskusje bestie oer hoe't en sels oft de Feriene Steaten wol in oarlochsferklearring tastjoerd wurde moast foarôfgeande oan 'e oanfal op Pearl Harbor. Fral de striidkrêften, dy't doedestiden grutte ynfloed op it regearingsbelied útoefenen, lykje de Amerikanen gjin inkele warskôging jaan wollen te hawwen dat der in oanfal oan kaam. Iguchi konkludearre op basis fan in deiboek wêryn't sprutsen waard fan "bedraachlike diplomasy" dat it leger en de marine harren sin trochset hawwe moatte, en dat der mei opsetsin gjin foarôfgeande oarlochsferklearring wie.
De oanfal
bewurkje seksjeTariedings
bewurkje seksjeDe Kidō Butai (letterlik: "Taakgroep dy't de Slach Tabringt") sette op 26 novimber 1941 ôf út 'e Hittokapubaai by Kasatka (no Iterûp), ien fan 'e Koerilen. De float bestie út seis fleandekskippen: de Akagi, Kaga, Sōryū, Hiryū, Shōkaku en Zuikaku, mei byhearrende eskorteskippen. Admiraal Isoroku Yamamoto, dy't it befel fierde oer de Oanfal op Pearl Harbor, bleau yn Japan efter by de rest fan syn Kombinearre Float, wylst fise-admiraal Chūichi Nagumo it direkte befel oer de Kidō Butai krige en dêrmei ek oer de útfiering fan 'e oanfal. De float fear nei in yn 't foar bepaalde posysje op ferskate hûnderten seemilen noardwest fan Hawaï. Der wiene 408 fleantugen oan board, 360 foar de oanfalweagen en 48 om yn 'e neite fan 'e fleandekskippen te bliuwen foar it gefal fan in Amerikaanske tsjinoanfal.
It wie de bedoeling dat de oanfal út teminsten twa weagen bestean soe. De earste weach wie tarist mei de measte wapens dy't oanpast wiene om grutte marineskippen mei oan te fallen. Dat wiene benammen Type 91-lofttorpedo's, mei in anty-rôlmeganisme en in roerekstinsje dy't se geskikt makken foar gebrûk yn ûndjip wetter. De torpedobommesmiters fan 'e earste weach moast de slachskippen útskeakelje en dy fan 'e twadde weach de fleandekskippen as dy der wiene en oars de krusers en torpedoboatjagers. Underwilens moasten de dûkbommesmiters doelen op 'e fêste wâl oanfalle, wylst de jachtfleanmasines mei har boardmitrailleurs safolle mooglik Amerikaanske fleantugen op 'e grûn útskeakelje moasten, om te bewissigjen dat de Amerikanen de bommesmiters net delhelje koene as dy weromfleagen nei de fleandekskippen. In mooglike trêde weach soe rjochte wêze tsjin 'e dûkboatbasis en de marinefasiliteiten op lân, lykas de skipswerf en de ierdoaljefoarrieden.
Foar't de oanfal úteinsette stigen twa ferkenningsfleantugen op fan 'e krusers Chikuma en Tone, om boppe Oähû en Maui op ferkenning út te gean, hoewol't dat eins net nedich wie. De gearstalling fan 'e Amerikaanske float en de Amerikaanske steat fan paraatheid wiene oan 'e Japanners trochdien troch harren spion Takeo Yoshikawa, dy't op Hawaï goed om hinne sjoen hie. Nochris fjouwer oare ferkenningsfleantugen patrûljearren yn it gebiet tusken de Kidō Butai en it eilân Niïhau.
Dwerchûnderseeërs
bewurkje seksjeBehalven fleandekskippen en fleantugen stjoerden de Japanners ek fiif dûkboaten út, de I-16, I-18, I-20, I-22 en I-24, dy't op 25 novimber út 'e Japanske marinebasis Kure ôfset wiene. Elts fan 'e dûkboaten hie in dwerchûnderseeër by him, dy't se op 7 desimber om 01.00 oere nachts op 19 km fan 'e mûning fan Pearl Harbor ôfsetten.
Om 03.42 oere Hawaïtiid waard de Amerikaanske minefeier USS Condor de periskoop fan ien fan 'e dwerchûnderseeërs gewaar, súdwestlik fan 'e boei dy't de yngong fan 'e lagune Pearl Harbor oanjoech, en sloech alaarm by de torpedoboatjager USS Ward. It is ûndúdlik oft de oangeande dwerchûnderseeër Pearl Harbor yngien is ja of nee, mar de Ward brocht om 06:37 oere in (wierskynlik oare) dwerchûnderseeër ta sinken. Dat wie de earste Amerikaanske oarlochshanneling yn 'e Twadde Wrâldoarloch. In oare dwerchûnderseeër, mooglik deselde dy't sjoen wie troch de USS Condor, krong troch yn Pearl Harbor en fjurre in torpedo ôf op it fleantúchmemmeskip USS Curtiss, mar miste. Nei't in twadde torpedo de torpedoboatjager USS Monaghan mist hie, brocht dy de dwerchûnderseeër ta sinken.
In trêde dwerchûnderseeër, de Ha-19, rekke strâne bûten de mûning fan Pearl Harbor, mar wist wer los te kommen, wêrnei't er oan 'e eastkust fan Oähû op 'e nij fêstrekke. Dêr waard er troch de Amerikanen op 8 desimber oantroffen. Ien fan 'e beide ynsittenden, kadet Kazuo Sakamaki, swom nei lân, dêr't er kriichsfinzen nommen waard, troch korporaal David Akui fan 'e Nasjonale Garde fan Hawaï. Hy wie de earste Japanske kriichfinzene fan 'e Amerikanen. In fjirde dwerchûnderseeër rekke slim skansearre troch in djiptebom fan in Amerikaanske torpedoboatjager, en waard troch syn bemanning ferlitten ear't er syn torpedo's ôffjurje koe.
It lot fan 'e fyfde dwerchûnderseeër bleau mear as fyftich jier lang ûnbekend. De Japanske marine ûntfong om 00.41 oere op 8 desimber in berjocht fan in dwerchûnderseeër dat der skea tabrocht wie oan ien of mear marineskippen yn Pearl Harbor. Dat moat de fyfde dwerchûnderseeër west hawwe. Yn 1992 troffen ûndersikers fan it Hawaii Undersea Research Laboratory in diel fan it wrak fan 'e missende dwerchûnderseeër oan bûten de mûning fan Pearl Harbor. De oare beide dielen fan it fartúch waarden yn 2000 en 2001 weromfûn. Beide torpedo's misten, wat oerienkomt mei rapportearrings dat der op 7 desimber om 10.04 oere moarns deunby de mûning fan 'e lagune twa torpedo's ôfsketten wiene op 'e lichte kruser USS St. Louis, wylst om 08.21 oere mooglik ek in torpedo ôffjurre wie op 'e torpedoboatjager USS Helm.
Earste weach
bewurkje seksjeDe earste oanfalsweach fan 183 fleantugen fan 'e Kidō Butai stige by moarnsdage op 7 desimber 1941 op fan 'e seis fleandekskippen. It befel oer de earste weach wie yn 'e hannen fan kaptein-luitenant-op-see Mitsuo Fuchida. Seis fan 'e fleantugen moasten efterbliuwe fanwegen technyske swierrichheden. Dat betsjutte dat der úteinlik 177 fleantugen dielnamen oan 'e earst weach, dy't opdield waarden yn trije oanfalsgroepen:
- 1e Groep – doelen: slachskippen
- 49 Nakajima B5N "Kate"-bommesmiters (wêrfan't 1 net opstiigje koe), bewapene mei 800 kg oan pânsertrochboarjende bommen, ûnderferdield yn 4 seksjes
- 40 Nakajima B5N "Kate"-bommesmiters, bewapene mei Type 91-lofttorpedo's, allyksa ûnderferdield yn 4 seksjes
- 2e Groep – doelen: de marinelâningsbaan op Ford Island yn 'e midden fan 'e lagune Pearl Harbor en it militêr fleanfjild Wheeler Field
- 51 Aichi D3A "Val"-dûkbommesmiters (wêrfan't 3 net opstiigje koene), bewapene mei bommen foar algemiene doelen mei in gewicht fan 249 kg
- 3e Groep – doelen: fleantugen fan 'e Amerikaanske Marine op Ford Island en de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften op Hickam Field, Wheeler Field, Barber's Point en Bellows Field
- 43 Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleanmasinen (wêrfan't 2 net opstiigje koene), bewapene mei boardkanonnen
Twadde weach
bewurkje seksjeDe twadde weach bestie út 171 fleantugen ûnder befel fan luitenant-op-see earste klasse Shigekazu Shimazaki. Fjouwer fleantugen koene net opstiigje omreden fan technyske problemen. De twadde weach bestie dus úteinlik út 167 fleantugen. Krekt as de earste weach wie ek de twadde weach ferdield yn trije oanfalsgroepen:
- 1e Groep – doelen: fleantugen en hangaars op Bellows Field, Ford Island en Barbers Point (seksje 1) en op Hickam Field (seksje 2)
- 54 Nakajima B5N "Kate"-bommesmiters, bewapene mei bommen foar algemiene doelen mei gewicht fan 249 kg en 60 kg
- 2e Groep – doelen: krusers (en eventueel torpedoboatjagers)
- 81 Aichi D3A "Val"-dûkbommesmiters (wêrfan't 3 net opstiigje koene), bewapene mei bommen foar algemiene doelen mei in gewicht fan 249 kg
- 3e Groep – doelen: fleantugen fan 'e Amerikaanske Marine op Ford Island en de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften op Hickam Field, Wheeler Field, Barber's Point en Bellows Field
- 36 Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleanmasinen (wêrfan't 1 net opstiigje koe), bewapene mei boardkanonnen
Yn totaal diene der 353 Japanske fleantugen mei oan 'e beide weagen.
It bombardemint
bewurkje seksjeDe earste weach waard op in ôfstân fan 136 seemyl, oftewol 252 km, út 'e kust fan Oähû ûntdutsen troch it SCR-270-radarstasjon fan it Amerikaanske Leger te Opana Point, by de uterste noardpunt fan it eilân. Dy radarpost wie al ferskate moannen yn training, mar noch altyd net operasjoneel. De betsjinners, soldaten George Elliot jr. en Joseph Lockard, rapportearren de waarnimming fan in grut tal neieroankommende fleantugen, mar luitenant Kermit A. Tyler, de krektlyn dêrhinne oerpleatste befelfierend ofsier fan it te krap bemanne Intercept Center, misidentifisearre de Japanners as in squadron Boeing B-17 Flying Fortress-bommesmiters fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften, dat ferwachte waard út Kalifornje. De rjochting dêr't de Japanske fleantugen wei kamen, ferskilde mar in pear kompasgraden fan 'e rjochting dêr't de B17's út ferwachte waarden, en hoewol't de beide radarbetsjinners noch nea sa'n grutte formaasje sjoen hiene as se no op 'e radar hiene, joegen se dy ynformaasje net oan Tyler troch. Tyler, oan 'e oare kant, koe de radarbetsjinners út feilichheidsomtinkens net fertelle dat er tocht dat it om 'e B-17's gie, om't de ynformaasje oer de ferwachte oankomst fan 'e bommesmiters geheim holden wurde moast (ek al wie it rûnom bekend).
Doe't de Japanske fleantugen tichter by Oähû kamen, moeten se ferskate Amerikaanske fleantugen, dy't se delskeaten. Teminsten ien fan harren slachtoffers joech oer de radio in frijwat ynkoherinte warskôging troch. Oare warskôgings, dy't fan skippen kamen dy't bûten de havenmûning leine of fearen en dêrtroch better sicht hiene, wiene noch troch de militêre burokrasy oan it opklimmen nei de juste persoan doe't de oanfal úteinsette. Nettsjinsteande dat is it alhiel net dúdlik dat lykfol hokker warskôging, sels as dy direkt oan 'e heechste ofsieren persoanlik dien wie, op dat stuit noch wol ferskil makke hawwe koe. De resultaten dy't de Japanners mei harren oanfal op Amerikaanske doelen yn 'e Filipinen boekten, wiene fierhinne itselde as yn Hawaï, hoewol't generaal Douglas MacArthur, dy't dêr it befel fierde, hast njoggen oeren earder al it nijs fan 'e oanfal op Pearl Harbor ûntfongen hie.
De loftoanfal begûn om 07.48 oere Hawaïtiid op 7 desimber of 03.18 oere Japanske Standerttiid op 8 desimber, sa't de skippen fan 'e Kidō Butai dy oanholden. De relatyf stadige, kwetsbere torpedobommesmiters giene foarop by de earste weach, om folút te profitearjen fan it ferrassingselemint. Se begûnen fuortendaliks de ôfmarre lizzende slachskippen oan Battleship Row oan te fallen, wylst de dûkbommesmiters de fleanfjilden oanfoelen, te begjinnen mei Hickam Field, it grutste, en Wheeler Field, dêr't de measte Amerikaanske jachtfleanmasinen oan 'e grûn stiene. Fral doe't de twadde weach arrivearre, waard de oanfal útwreide nei Bellows Field by Kane‘ohe, dêr't ek in fleanfjild fan 'e marine lei, oan 'e noardeastkust fan Oähû, en nei Ford Island yn 'e midden fan Pearl Harbor. In oar doel wie it fleanfjild fan it Amerikaanske Marinierskorps by Ewa. De iennichste wjerstân yn 'e loft kaam fan in hantsjefol P-36 Hawks en P-40 Warhawks dy't op witten hiene te stiigjen. It bekendst binne yn dat ferbân de dieden fan twadde luitenanten George Welch en Kenneth M. Taylor, dy't mei harren P-40's tegearre teminsten seis Japanske fleantugen delskeaten. It Amerikaanske fleandekskip de USS Enterprise wie fier bewesten Hawaï op patrûlje, mar inkele fan syn SBD Dauntless-dûkbommesmiters wisten Oähû op 'e tiid te berikken om oan it gefjocht diel te nimmen.
Yn 'e earste oanfalsweach rekken likernôch 8 fan 'e 49 pânsertrochboarjende bommen fan 800 kg elts it slachskip dêr't se foar bedoeld wiene. Teminsten twa fan dy bommen brieken by it delkommen yn gruzeleminten, in trêdenien gie ôf foar't er troch in ûnpânsere dek gean koe, en ien gie hielendal net ôf. Fan 'e torpedo's rekken 13 fan 'e 40 in slachskip, wylst 4 in oar skip rekken. It diel fan 'e bemanning oan board fan 'e Amerikaanske marineskippen dat gjin ferlof hie om oan lân te gean, waard wekker yn in gaos fan ôfgeande alaarmen, ûntploffende bommen en torpedo's, en it gewearfjoer fan it loftdoelgeskut op it dek, en moast mei de sliep noch yn 'e eagen dy gaos trotsearje om syn post te berikken. Patrol Wing Two wie it earste floatkommando dat reägearre, troch it ferneamd wurden berjocht út te stjoeren: "Loftoanfal Pearl Harbor. Dit is gjin oefening."
De ferdigeners wiene tige min taret op sa'n sitewaasje. Wapenkasten en munysjekisten sieten op 't slot, fleantugen stiene op 'e fleanfjilden mei de wjuktippen tsjininoar oan parkearre en skipsbatterijen wiene ûnbemanne. Net ien fan 'e grutte skipskanonnen fan 'e marineskippen loste ek mar ien skot, wylst mar in fjirdepart fan 'e swiere masinegewearen dy't op 'e skippen foar loftdoelgeskut trochgiene yn aksje kaam, en mar 4 fan 'e 31 loftdoelbatterijen fan it leger. Nettsjinsteande dat reägearre alteast in diel fan 'e Amerikaanske militêren op adekwate wize op 'e ferrassingsoanfal. De betsjinners fan it loftdoelgeskut dat àl yn aksje kaam, wiene ferantwurdlik foar it delsjitten fan 'e measte Japanske fleantugen.
Under harren wie de Afro-Amerikaanske marinekok Dorie Miller, dy't oan board fan 'e USS West Virginia in ûnbemanne stik loftdoelgeskut oernaam foar de betsjinning wêrfan't er gjin inkele training hân hie. Foar syn dieden dy moarn waard him letter as earste Afro-Amerikaan it Navy Cross takend. Kaptein-op-see Mervyn Bennion fan 'e USS West Virginia joech lieding oan 'e ferdigening fan syn skip oant er delmeand waard troch fragminten fan in bom dy't de njonkenlizzende USS Tennessee rekke. Kadet Joe Taussig jr. joech oan board fan 'e USS Nevada lieding oan it loftdoelgeskut en rekke slimferwûne, mar bleau op syn post. Luitenant-op-see earste klasse F.J. Thomas naam yn ôfwêzigens fan 'e kaptein it befel oer de Nevada oer, fear it skip by de kade wei, en om foar te kommen dat it sonk, liet er it om 09.10 oere yn ûndjip wetter oan 'e grûn rinne. Ien fan 'e torpedoboatjagers, de USS Aylvin, fear út mei mar fjouwer ofsieren oan board, dy't ek noch allegear kadet (ofsier yn oplieding) wiene mei minder as in jier ûnderfining as seefarder. It skip operearre op dy wize 36 oeren lang op iepen see foar't de kaptein wer oan board wist te kommen.
Net útfierde trêde weach
bewurkje seksjeNei de earste en de twadde weach soe neffens it Japanske oanfalsplan in evaluaasje folgje, op basis wêrfan't besletten wurde soe om al of net in trêde oanfalsweach te stjoeren. De doelen fan dy trêde weach soene de ierdoaljetanks, de marineskipswerf en de dûkboatbasis mei de torpedo-opslach wêze. De beslissing oft sa'n trêde weach nedich en/of winsklik wie, waard oerlitten oan fise-admiraal Chūichi Nagumo. Ferskate legere Japanske ofsieren, ûnder wa Mitsuo Fuchida en Minoru Genda, stiene der by Nagumo op oan om 'e trêde weach út te stjoeren, om safolle fan 'e Amerikaanske militêre ynfrastruktuer op Hawaï te ferneatigjen as mar mooglik wie. Genda, dy't earder om 'e nocht besocht hie syn oerhearrigen te oertsjûgjen fan 'e needsaak fan in militêre ynvaazje en besetting fan Hawaï folgjend op 'e oanfal op Pearl Harbor, wie derfan oertsjûge dat de trêde oanfalweach needsaaklik wie om 'e Amerikanen tydlik as militêre macht yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan út te skeakeljen. De kapteins fan 'e oare fiif Japanske fleandekskippen rapportearren oan Nagumo dat se ree wiene om in trêde oanfalsweach út te stjoeren, dat dêr lei it net oan.
Nagumo besleat lykwols fan in trêde weach ôf te sjen. Hy ornearre dat nei twa oanfalsweagen it ferrassingselemint fuort wie, en dat it Amerikaanske loftdoelgeskut in trêde weach swiere ferliezen tabringe soe. Boppedat wie de Japanske float no binnen it berik kommen fan bommesmiters dy't fan bases op Hawaï opstigen. Nagumo wie ûnwis oft en hoefolle Amerikaanske fleantugen de earste beide weagen yntakt oerlibbe hiene, mar hy woe de fleandekskippen net op it spul sette. De tarieding fan 'e trêde weach en de oanfal sels soe frijwat tiid yn beslach nimme, en fan gefolgen soene de weromkearende Japanske fleantugen de jûns yn it tsjuster op 'e fleandekskippen lânje moatte. Mei't doedestiden inkeld de Britske Keninklike Marine in technyk foar nachtlânings op fleandekskippen ûntwikkele hie, hold dat foar de Japanners grut risiko yn.
Dêrby sieten de Japanske skippen mei in nuodlike brânstofsitewaasje: se operearren by Hawaï oan 'e uterste grins fan harren logistike kinnen. As se noch folle langer talmen om om te kearen en nei hûs te farren, soene se op 'e weromweis mooglik guon fan 'e begeliedende torpedoboatjagers efterlitte moatte. Mar de wichtichste reden dat Nagumo fan in trêde weach ôfseach, wie dat er miende dat mei de beide foargeande weagen de Japanske militêre doelen berikt wiene: de tydlike útskeakeling fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float, dy't langernôch duorje soe dat Japan de oarloch yn Súdeast-Aazje winne koe, sadat de Feriene Steaten twongen wêze soene om wer nei de ûnderhannelingstafel te kommen. Admiraal Isoroku Yamamoto stipe de beslissing fan Nagumo, hoewol't er dêr letter, doe't er op 'e oanfal weromseach, spyt fan hie en sei dat it in grutte flater west hie om 'e trêde oanfalsweach net út te fieren.
Militêre histoarisy binne derfan oertsjûge dat de ferneatiging fan 'e Amerikaanske militêre fasiliteiten op 'e fêste wâl, dy't it doelwyt west hawwe soene fan 'e trêde weach, it Amerikaanske fermogen om oarloch te fieren yn 'e Stille Oseaan folle slimmer behindere hawwe soene as it ferlies fan 'e slachskippen. Nimmen wist dat doe noch, mar de slachskippen wiene winliken al efter de tiid rekke, en de takomst fan oarlochfiering op see waard foarme troch fleandekskippen, sa't de Japanners mei harren oanfal op Pearl Harbor ek dúdlik sjen litten hiene. Hoewol't de Amerikaanske fleandekskippen net yn Pearl Harbor oanwêzich wiene en dêrmei ûnberikber foar de oanfallende Japanners, hie de ferneatiging fan 'e ierdoaljefoarrieden en de skipswerf it operearjen fan 'e fleandekskippen in swiere slach tabrocht. De Amerikaanske admiraal Chester W. Nimitz, dy't letter kommandant wie fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float, sei dêroer: "It soe de oarloch mei nochris twa jier ferlinge hawwe."
Balâns
bewurkje seksjeAmerikaanske ferliezen
bewurkje seksjeDeaden en ferwûnen
bewurkje seksjeDe Oanfal op Pearl Harbor duorre yn totaal njoggentich minuten. Der waarden 2.008 matroazen en ofsieren fan 'e Amerikaanske Marine deade, mei dêropta 218 soldaten, ofsieren en piloaten fan it Amerikaanske Leger en de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (dy't ûnderdiel fan it Amerikaanske Leger útmakken oant yn 1947 de Amerikaanske Loftmacht as selsstannich kriichsmachtsûnderdiel oprjochte waard); 109 mariniers en ofsieren fan it Amerikaanske Marinierskorps; en 68 Amerikaanske boargers. Der wiene oan 'e Amerikaanske kant sadwaande 2.335 militêre deaden en 2.403 deaden yn totaal. Fierders rekken der 710 leden fan 'e Amerikaanske Marine ferwûne, 364 leden fan it Amerikaanske Leger en de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften, 69 leden fan it Amerikaanske Marinierskorps en 35 boargers. Dat betsjut dat der oan 'e Amerikaanske kant 1.143 militêre ferwûnen wiene en 1.178 ferwûnen yn totaal. Alle slachtoffers fan 'e Oanfal op Pearl Harbor wiene ûnder de ynternasjonale regels oangeande oarlochfiering non-kombattanten, mei't Japan en de Feriene Steaten formeel net yn oarloch wiene.
Slachskippen
bewurkje seksjeFan 'e slachskippen kaam de USS Pennsylvania der it bêste foar wei. Dat wie it flaggeskip fan admiraal Husband E. Kimmel, de kommandant fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float. It skip lei, doe't de oanfal plakfûn, foar ûnderhâld yn in drûchdok, yn 'e mande mei de torpedoboatjagers de USS Cassin en de USS Downes. It waard rekke troch ien bom en troch fragminten fan 'e USS Cassin. Dêrby foelen 9 deaden, mar de USS Pennsylvania waard gau reparearre en bleau yn 'e tsjinst. Fan 'e sân slachskippen dy't oan 'e súdkant fan Ford Island oan 'e saneamde Battleship Row leine, waard de USS Maryland rekke troch twa bommen, wêrby't 3 deaden foelen. Ek de piloat fan it byhearrende wetterfleantúch kaam om doe't er delsketten waard. De USS Maryland waard yn febrewaris 1942 wer yn 'e tsjinst nommen.
De USS Tennessee waard ek rekke troch twa bommen, wêrby't 5 deaden foelen. Ek dit skip waard yn febrewaris 1942 wer yn 'e tsjinst nommen. De USS California waard rekke troch twa bommen en twa torpedo's, wêrby't 100 deaden foelen. De bemanning hie it skip boppe wetter hâlde kinnen, mar krige befel om fan board te gean krekt doe't se de pompen oan 'e gong krigen hiene. Baarnende oalje fan 'e USS Arizona en de USS West Virginia dreau nei de USS California ta, sadat de sitewaasje slimmer liek as dat it eins wie. Mar nei't de bemanning it skip ferlitten hie, gie it te sink en moast it letter mei in protte muoite burgen wurde. It skip waard reparearre en kaam yn jannewaris 1944 wer yn 'e tsjinst.
Wylst er al rekke wie troch in torpedo en midskips yn 'e brân stie, smiet de USS Nevada de trossen los en besocht út Pearl Harbor út te farren. It skip loek dêrom in protte Japanske oanfallen en waard rekke troch seis bommen. Der kamen 60 bemanningsleden om. De USS Nevada waard mei opsetsin oan 'e grûn set om foar te kommen dat er yn 'e havenmûning sinke soe, en waard yn oktober 1942 wer yn 'e tsjinst nommen. De USS West Virginia waard rekke troch twa bommen en sân torpedo's, wêrby't 106 deaden foelen, ûnder wa kaptein Mervyn Bennion. De sânde torpedo skuorde it roer ôf. It skip sonk, mar waard burgen en waard yn septimber 1944 wer yn 'e tsjinst nommen. De USS Oklahoma waard rekke troch fiif torpedo's, de lêste beide boppe de bepânsering, wat it skip kapseize en sinke liet. Fan 'e bemanning kamen 429 man om. It skip waard letter wol burgen, mar hie sokke slimme skea oprûn dat it total loss wie. Nei ferwidering fan 'e wapens waard it wrak foar skroat ferkocht.
De USS Arizona, it flaggeskip fan skout-by-nacht Isaac C. Kidd fan Slachskipdifyzje Ien, wie it slimst troffen, mei't it rekke waard troch fjouwer pânsertrochboarjende bommen. Ien dêrfan kaam yn in munysjemagazyn telâne, mei as gefolch dat it skip ûntplofte en sonk, mei 1.177 deaden ûnder de bemanning ta gefolch. In diel fan 'e bemanning kaam ûnder wetter fêst te sitten yn stadichoan folrinnende kompartiminten yn it ûnderstboppest rôle skip, en stoar in ellindige dea. De USS Arizona wie it iennichste sonken slachskip yn aktive tsjinst dat de Amerikaanske Marine op 'e boaiem fan Pearl Harbor lizze liet om't it beskôge waard as oarlochsgrêf. Dêr leit it noch altyd, rjocht ûnder it Tinkteken foar de USS Arizona, dat yn 1962 oprjochte waard ta oantins oan alle slachtoffers fan 'e Oanfal op Pearl Harbor. De struktuer fan it tinkteken stiet oerskrank oer it skipswrak hinne, mar rekket it net oan.
It ôftanke slachskip de USS Utah, ta einbeslút, dat de Amerikaanske Marine yn 1941 noch as doelskip foar oefenings brûkte, waard rekke troch twa torpedo's. It skip kapseisde en sonk, wêrby't 58 bemanningsleden de dea fûnen. De USS Utah waard net burgen en yn 1972 waard der by it plak dêr't it wrak noch leit in monumint oprjochte.
Oare skippen
bewurkje seksjeHoewol't de Japanners it benammen foarsjoen hiene op 'e slachskippen, lieten se de oare oanwêzige marineskippen net samar gewurde. De lichte kruser USS Helena waard rekke troch in torpedo, mei 20 deaden ûnder syn bemanning ta gefolch. It skip waard neitiid reparearre en yn jannewaris 1942 wer yn aktive tsjinst nommen. De skok fan 'e torpedo-ynslach yn 'e USS Helena liet de njonkenlizzende minelizzer USS Oglala kapseize en sinke. Nei't er burgen wie, waard dat skip yn febrewaris 1944 wer yn 'e tsjinst nommen, doe as masinereparaasjeskip.
Twa torpedoboatjagers dy't foar ûnderhâld yn it drûchdok leine, de USS Cassin en de USS Downes, rûnen katastrofale skea op doe't ien bom yn 'e brânstofbunker fan 'e USS Cassin trochkrong. De lekkende oalje rekke yn 'e brân en it ûnder wetter setten fan it dok om it fjoer te dwêstgjen hie inkeld ta gefolch dat de baarnende oalje op it wetter driuwen bleau en him flugger nei de boppestruktuer fan it skip ferspriede koe. De USS Cassin glied boppedat fan syn kylblokken ôf en rôle tsjin 'e USS Downes oan. Beide skippen baarnden út, mar waarden neitiid reparearre. De USS Downes waard yn novimber 1943 wer yn 'e tsjinst nommen, en de USS Cassin yn febrewaris 1944.
De lichte kruser USS Raleigh waard rekke troch ien torpedo, mar nei reparaasje koe it skip yn febrewaris 1942 alwer yn 'e tsjinst nommen wurde. De lichte kruser USS Honolulu rûn lichte averij op troch de ûntploffing fan in torpedo dy't it skip krekt mist hie, mar koe yn 'e aktive tsjinst bliuwe. De torpedoboatjager USS Shaw waard rekke troch trije bommen en rûn swiere skea op doe't twa dêrfan in munysjemagazyn trochboarren. Nei reparaasje waard de USS Shaw yn juny 1942 wer yn 'e tsjinst nommen.
It reparaasjeskip USS Vestal, dat njonken de USS Arizona foar anker lei, rekke swier skansearre troch twa bommen dy't it slachskip mist hiene. It moast troch de bemanning oan 'e grûn set wurde om sinken foar te kommen. Nei reparaasje waard it yn augustus 1942 wer yn 'e tsjinst nommen. It fleantúchmemmeskip de USS Curtiss rûn skea op doe't it rekke waard troch ien bom en ien delsketten Japansk fleantúch. Dêrby kamen 19 bemanningsleden om. It skip waard yn jannewaris 1942 wer yn 'e tsjinst nommen. Fierders rûn de sleepboat USS Sotoyomo slimme skea op troch de eksploazjes en brân op 'e USS Shaw. It skip sonk, mar waard burgen en yn augustus 1942 wer yn 'e tsjinst nommen. Fan 'e skippen fan 'e Amerikaanske Marine yn 'e haven fan Pearl Harbor waarden 7 folslein ta sinken brocht en rekken 13 yn hegere of mindere mjitte skansearre.
Fleantugen
bewurkje seksjeFan 'e 402 Amerikaanske militêre fleantugen op Oähû waarden 188 ferneatige en rûnen 159 slimme skea op, wêrfan 155 op 'e grûn. Frijwol gjin inkeld militêr fleantúch wie by it begjin fan it bombardemint ree om op te stiigjen, mar nettsjinsteande oanhâldende bombardeminten en besjittings troch Japanske fleantugen slagge it acht piloaten fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften om harren tastel yn 'e loft te krijen. Seis fan dy piloaten hellen teminsten ien Japansk fleantúch del: twadde luitenant Harry W. Brown, twadde luitenant Philip M. Rasmussen, earste luitenant Lewis M. Sanders, twadde luitenant Gordon H. Sterling jr., twadde luitenant Kenneth M. Taylor en twadde luitenant George Welch.
Sterling waard troch de Japanske luitenant Fujita delsketten boppe de Kane‘ohebaai en waard rapportearre as "lichem net weromfûn" (ynstee fan "fermist yn aksje"). Luitenant John L. Dains waard deade troch freonlik fjoer doe't er weromkearde fan in oerwinning boppe Ka‘a‘awa. Ek ferskate oare Amerikaanske fleantugen waarden troch eigen loftdoelgeskut delhelle, wêrûnder 5 SBD Dauntless-dûkbommesmiters fan in ynkommende flecht fan 'e USS Enterprise. Fan 'e 33 Consolidated PBY Catalina-fleanboaten op Hawaï waarden 24 ferneatige en waard oan 6 oaren sokke slimme skea tabrocht dat se total loss wiene. De trije dy't op patrûlje wiene doe't it bombardemint begûn, kearden ûnskansearre werom.
Doe't de oanfal úteinsette wiene der boppe Oähû njoggen boargerfleantugen yn 'e loft. Dêrfan waarden trije delsketten troch de Japanners, hoewol't it by dy gefallen frijwol wis om misidentifikaasje as militêre fleantugen gie.
Japanske ferliezen
bewurkje seksjeDe Japanske deaden yn 'e Oanfal op Pearl Harbor bleaune beheind ta 55 piloaten en 9 bemanningsleden fan dwerchûnderseeërs. Ien bemanningslid fan in dwerchûnderseeër waard kriichsfinzen nommen. Alle 5 dwerchûnderseeërs giene ferlern, mei't 4 ta sinken brocht waarden en 1 troch de Amerikanen bútmakke waard. Fan 'e 353 fleantugen dy't oan it bombardemint dielnamen, waarden 29 delsketten (9 yn 'e earste weach en 20 yn 'e twadde weach). Nochris 74 fleantugen rûnen skea op troch loftdoelgeskut, mar koene feilich weromkeare nei de fleandekskippen.
It Niïhau-ynsidint
bewurkje seksjeBy de planning fan 'e Oanfal op Pearl Harbor hiene de Japanners betocht dat der in alternatyf bean wurde moast oan Japanske piloaten fan wa't de fleantugen te slim skansearre wiene om weromkeare te kinnen nei de fleandekskippen. It eilân Niïhau, it westlikste en lytste fan 'e sân bewenne eilannen fan 'e Hawaï-arsjipel, dat op mar in healoere fleanen fan Pearl Harbor lei, waard dêrom oanwiisd as rêdingspunt dêr't sokke piloaten har fleantugen oan 'e grûn sette moasten. Der wie mar ien Japanske piloat dy't gebrûk makke fan dat diel fan it oanfalsplan.
De Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleanmasine fan sersjant Shigenori Nishikaichi, dy't ôfkomstich wie fan it fleandekskip de Hiryū, rekke by de oanfal op Wheeler Field swier skansearre, dat hy fleach nei it rêdingspunt op Niïhau. Syn fleantúch rûn noch slimmere skea op by de lâning. Nishikaichi waard út it wrak holpen troch ien fan 'e lânseigen Hawaïanen dy't de grutste befolkingsgroep op Niïhau foarmje. Om't dyselde him bewust wie fan 'e spannings tusken de Feriene Steaten en Japan naam er de lânkaarten oare dokuminten fan 'e piloat yn beslach. Der wiene doedestiden gjin tillefoanen of radio's op Niïhau, dat de iennichste op it eilân dy't fan 'e Oanfal op Pearl Harbor wist, wie Nishikaichi sels. Hy beprate trije eilânbewenners fan etnysk Japansk komôf om him te helpen by it weromnimmen fan syn kaarten en dokuminten. By it gefjocht dat doe ûntstie, waard Nishikaichi deade en rekke in lânseigen Hawaïaan ferwûne. Ien fan 'e Japanske Hawaïanen dy't de piloat holpen hiene, die himsels neitiid tekoart, wylst syn frou en in trêde kollaborateur yn it tichthûs ferdwûnen.
Dit barren kaam letter bekend te stean as it Niïhau-ynsidint. It skynbere gemak wêrmei't Hawaïanen fan Japansk komôf har beprate litte hiene om in Japanske militêr te helpen tsjin harren eigen lângenoaten, wie neitiid in boarne fan noed foar de Amerikaanske oerheid. It stipe lju yn harren miening, dy't fûnen dat Japanske ymmigranten en harren ôfstammelingen net te fertrouwen wiene. Sadwaande droech it by oan 'e beslissing, dy't yn febrewaris 1942 nommen waard, om alle Japanske Amerikanen yn konsintraasjekampen te ynternearjen yn 'e woastyn fan Utah en Colorado.
Neisleep
bewurkje seksjeBerging en útrikking fan ûnderskiedings
bewurkje seksjeFuort nei ôfrin fan it bombardemint begûn in systematyske syktocht nei oerlibbenen yn 'e haven fan Pearl Harbor. Doe't dy ôfrûne wie, waard úteinset mei de berging fan 'e sonken en strâne skippen, dy't ûnder lieding stie fan kaptein-op-see Homer N. Wallin. Binnen in healjier waarden fiif slachskippen en twa krusers burgen en nei de skipswerven stjoerd. Yntinsive bergingsoperaasjes holden doe noch in jier oan, wêrby't dûkers sa'n 20.000 manoeren ûnder wetter trochbrochten. De USS Oklahoma waard wol boppe wetter helle, mar bliek net mear te reparearjen en gie úteinlik yn 1947 ferlern doe't er nei it fêstelân sleept waard om foar skroat ferkocht te wurden. De USS Arizona en de âlde USS Utah wiene te swier skansearre rekke om burgen te wurden, en bleaune op 'e boaiem fan 'e lagune lizzen, hoewol't it meastepart fan 'e wapens en in protte oar materieel ferwidere waard om op oare skippen ynstalleare te wurden.
Nei oanlieding fan 'e Oanfal op Pearl Harbor kende de Amerikaanske legerlieding 15 kear de Medal of Honor, 51 kear it Navy Cross, 53 kear de Silver Star, 4 kear de Navy and Marine Corps Medal, 1 kear it Distinguished Flying Cross en 3 kear de Bronze Star Medal ta oan leden fan 'e Amerikaanske Striidkrêften dy't harrensels yn 'e striid ûnderskaat hiene. Folle letter waard in spesjale militêre ûnderskieding, de Pearl Harbor Commemorative Medal, útrikt oan alle feteranen dy't it bombardemint meimakke hiene.
Direkte militêre en diplomatike konsekwinsjes
bewurkje seksjeOp 8 desimber 1941, de deis nei de oanfal, joech de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt syn ferneamde Day of Infamy-taspraak, dy't ek oer de radio foar it Amerikaanske folk te beharkjen foel, oan in mienskiplike gearkomste fan 'e beide huzen fan it Amerikaanske Kongres. Dêryn seid er dat 7 desimber 1941 in dei wie dy't "foar ivich fuortlibje soe as in dei fan skande", en rôp er it Kongres op om in oarlochsferklearring tsjin Japan út te feardigjen, wat it Kongres minder as in oere letter ek die. Op 11 desimber ferklearren yn reäksje dêrop de bûnsgenoaten fan Japan, nazy-Dútslân en faksistysk Itaalje, de oarloch oan 'e Feriene Steaten. Dat wie ien fan 'e grutste flaters fan 'e Twadde Wrâldoarloch, mei't it Tripartite Pakt (better bekend as de As) sa'n oarlochsferklearring net easke. It regear fan Roosevelt siet eins wat mei de hannen yn it hier, om't der gjin oanlieding wie om Dútslân de oarloch te ferklearjen. Doe't Hitler op eigen manneboet de Feriene Steaten de oarloch ferklearre, hie it Amerikaanske regear de hannen frij om net inkeld tsjin Japan, mar ek tsjin Dútslân út te pakken. It Amerikaanske Kongres feardige noch dyselde deis in oarlochferklearring tsjin Dútslân en Itaalje út.
De Oanfal op Pearl Harbor wie noch mar de earste skok dy't de Alliëarden yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan te ferwurkjen krigen. Net mear as oeren letter fierde Japan koördinearre oanfallen út yn Súdeast-Aazje, besteande út ynfallen yn 'e Amerikaanske koloanjes de Filipinen (de Filipinenkampanje) en Gûam (de Slach om Gûam) en yn 'e Britske koloanjes Malakka (de Maleiske Fjildtocht), Britsk-Borneo (de Slach om Borneo) en Hongkong (de Slach om Hongkong). It Feriene Keninkryk ferklearre Japan feitliks njoggen oeren earder de oarloch as de Feriene Steaten, in nijsgjirrich feit dat foar in part feroarsake waard troch de oanfallen op 'e Britske gebietsdielen yn it Fiere Easten, mar ek foar in diel ynjûn aard troch it ûnthjit fan 'e Britske premier Winston Churchill om "binnen it oere" fan in Japanske oanfal op 'e Feriene Steaten oer te gean ta in oarlochsferklearring.
Trije dagen nei de Oanfal op Pearl Harbor waarden foar de kust fan 'e Malakka de Britske slachskippen de Prince of Wales en de Repulse ta sinken brocht op in wize dy't sterk op 'e foarfallen yn Pearl Harbor liek. Dat betsjutte dat, sa't Churchill letter skriuwe soe: "Der gjin inkeld grut Britsk of Amerikaansk marineskip mear oer wie yn 'e Yndyske Oseaan of de Stille Oseaan, útsein de Amerikaanske oerlibbenen fan Pearl Harbor, dy't har weromhastigen nei Kalifornje. Oer dy ûnbidige útstrutsenheid fan wetter sloech Japan foar master op en wy wiene oeral swak en neaken."
Ynternearring fan Japanners
bewurkje seksjeDe Oanfal op Pearl Harbor en fral it Niïhau-ynsidint wiene foar de oerheid fan 'e Feriene Steaten bewiis dat Japanners net te fertrouwen wiene. Dy oertsjûging joech oanlieding foar de ynternearring fan etnyske Japanners. Binnen inkele oeren nei de oanfal waarden hûnderten foaroanlju fan 'e Japanske mienskip op Hawaï oppakt en ûnder hege befeiliging finzenset yn kampen lykas dat op Sand Island, yn 'e mûning fan 'e haven fan Honolulu, en yn it Militêr Kamp Kilauea op it eilân Hawaï. Yn 'e legere 48 steaten waarden fan 20 febrewaris 1942 ôf mear as 110.000 Japanske ymmigranten en ôfstammelingen fan Japanske ymmigranten ynternearre yn kampen yn 'e woastyn fan Utah en Colorado, der't se min behannele waarden. Dat wiene frijwol alle etnyske Japanners dy't oan of deunby de Amerikaanske westkust wennen. Op Hawaï, dêr't mear as 150.000 minsken fan etnysk Japansk komôf wiene (oftewol mear as in trêdepart fan 'e befolking), wie soks net praktysk en waarden 'mar' 1.200 oant 1.800 minsken ynternearre.
Yn Kanada bestie yn 'e provinsje Britsk-Kolumbia in grutte etnysk Japanske mienskip. Foaroarlochske spannings waarden dêre oanboaze troch de Oanfal op Pearl Harbor, mei as gefloch dat it regear fan Kanada yngriep. Op 24 febrewaris 1942 waard ûnder de oarlochswetjouwing it beslút oannommen dat alle Kanadezen fan Japansk komôf deportearre wurde moasten út Britsk-Kolumbia, en dat se nea weromkeare mochten nei dy provinsje. Oerienkomstich dêrmei waarden 12.000 etnyske Japanners ôffierd nei ynternearringskampen yn it binnenlân, wylst 2.000 by wize fan twangarbeid oan it wurk set waarden om wegen oan te lizzen en nochris 2.000 twongen waarden om op 'e Kanadeeske Prêrjes yn 'e sûkerbytbou te wurkjen.
Strategyske gefolgen
bewurkje seksjeHoewol't de Japanske Oanfal op Pearl Harbor syn doelen behelle, wie it eins fierhinne ûnnedich. Want wat de Japanners net wisten, wie dat de Amerikaanske Marine al yn 1935, mei de oanname fan it saneamde Oarlochsplan Oranje, besletten hie dat der gjin oarlochsfloat nei de oare kant fan 'e Stille Oseaan stjoerd wurde soe yn it gefal fan in Japanske ynvaazje fan 'e Filipinen. Yn 1940 waard dêr noch fierder fan ôfstapt troch de oanname fan it saneamde Oarlochsplan Hûn, dat stelde dat it yn gefal fan oarloch mei de As-lannen de taak fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float wêze soe om 'e Keizerlike Japanske Marine út 'e eastlike Stille Oseaan te warjen en de skipfeartrûtes nei Austraalje iepen te hâlden, wylst de Feriene Steaten har taleine op it ferslaan fan nazy-Dútslân. Mei oare wurden: Japan hie rêstich syn gong gean kinnen yn Súdeast-Aazje sûnder dat de Feriene Steaten har dêr mei bemuoid hiene.
In wichtich strategysk gefolch fan it ferlies fan 'e Amerikaanske slachskippen by de Oanfal op Pearl Harbor wie dat de Amerikanen doe foar it fieren fan oarloch yn 'e Stille Oseaan ôfhinklik wiene fan harren fleandekskippen en dûkboaten. En dat wiene no krekt de wapens dêr't de Amerikaanske Marine Japan mei op 'e knibbels krije soe. Hoewol't seis fan 'e acht skansearre of ta sinken brochte slachskippen reparearre en meitiid wer yn 'e tsjinst nommen waarden, beheinde harren relatyf lege topsnelheid en harren hege brânstofferbrûk har ynset. Dêrom waarden se benammen brûkt foar it útfieren fan kustbombardeminten. Harren iennichste wichtige aksje yn in seeslach fûn plak yn 'e Slach yn 'e Strjitte fan Surigao yn oktober 1944, dat mei-iens de lêste seeslach tusken slachskippen yn 'e skiednis fan 'e wrâld wie. In grutte tinkflater fan 'e Japanske strategen wie de oanname dat de úteinlike slach om 'e Stille Oseaan (nei de doktrine fan Alfred Thayer Mahan) útfochten wurde soe troch slachskippen. Fan gefolgen holden Yamamoto en syn opfolgers oanhâldend in hiele groep slachskippen efterút foar sa'n beslissende slach dy't nea kaam.
It mispleatste fertrouwen dat de Japanners hiene yn harren fermogen om yn in koarte oarloch mei gauwens de oerwinning te beheljen, betsjutte dat se de skipswerf, ierdoaljefoarrieden, dûkboatbasis en ek it haadkertier fan it Marinestasjon Pearl Harbor negearren. Al dy doelen blieken letter lykwols folle wichtiger te wêzen as de slachskippen dêr't de Japanners sa'n soad bommen en torpedo's op loslitten hiene. It frijwol ûnskeinde fuortbestean fan 'e werf en de brânstofdepots makke dat Pearl Harbor nei de oanfal gewoan trochgean koe mei it logistyk ûnderstypjen fan operaasjes fan 'e Amerikaanske Marine yn 'e Stille Oseaan, lykas de Slach yn 'e Koraalsee en de krúsjale Slach by Midway. It wiene de Amerikaanske dûkboaten dy't de ekonomy fan Japan en de swiere skippen fan 'e Keizerlike Japanske Marine tsjin 'e ein fan 1942 frijwol ta stilstân brochten troch de ymport fan metalen en ierdoalje út Súdeast-Aazje ôf te snijen. En yn 'e kelder fan it haadkertier fan Pearl Harbor wie de krypto-analytyske ienheid fêstige dy't troch it ûntsiferjen fan Japanske koades yn hege mjitte bydroech ta de oerwinning by Midway en súksessen fan 'e dûkboaten.
De Japanske ferwachting dat de ferpletterjende nederlaach by Pearl Harbor it moreel fan it Amerikaanske folk ûndermynje soe, sadat it Amerikaanske regear ûnder druk fan 'e publike opiny twongen wurde soe om nije ûnderhannelings mei Japan te begjinnen, kaam ek net út. Krektoarsom, de Amerikanen, dy't foartiid yn mearderheid tsjin 'e ynminging fan harren lân yn in bûtenlânske oarloch west hiene, waarden troch de Oanfal op Pearl Harbor, dy't se seagen as in ferriedlike oarlochsmisdie, fan 'e iene op 'e oare dei yn oergrutte mearderheid foarstanners fan oarlochsdielname. Ynstee dat it moreel troch de nederlaach ûndergroeven rekke, waard it dertroch fuortsterke. Der koe yn it tinken fan 'e grutte mearderheid fan 'e Amerikanen gjin sprake fan ûnderhannelings mei Japan wêze foar't de Japanners op it slachfjild in leske leard wie. De Japanske admiraal Hara Tadaichi somde letter it Japanske resultaat fan 'e Oanfal op Pearl Harbor op mei de wurden: "Wy behellen in grutte taktyske oerwinning […] en ferlearen dêrtroch de oarloch."
De Oanfal op Pearl Harbor bliek in kearpunt yn 'e Twadde Wrâldoarloch en yn 'e tweintichste iuw te wêzen: net inkeld bewissige it bombardemint de dielname fan 'e Feriene Steaten oan 'e oarloch, mar it skuorde it lân ek út syn selsopleine isolemint en wie dêrmei ferantwurdlik foar de Kâlde Oarloch en alles wat dêrop folge.
Ferfilmings
bewurkje seksjeDe Oanfal op Pearl Harbor wie twaris it haadûnderwerp fan in film: yn 1970 fan Tora! Tora! Tora! (it trijeris werhelle koadewurd dat de Japanners brûkten om it sein te jaan dat de ferrassingsoanfal berikt wie), en yn 2001 fan Pearl Harbor. Hoewol't Tora! Tora! Tora! ferskate flaters befettet, waarden dy der net bewust yn opnommen. It wie in Japansk-Amerikaanske ko-produksje, wêrby't war dien waard om 'e oanfal histoarysk sa korrekt mooglik wer te jaan. Pearl Harbor, oan 'e oare kant, is in film dy't eins in romantysk leafdesferhaal behannelet tsjin 'e eftergrûn fan 'e Oanfal op Pearl Harbor en de Doolittle Raid fan april 1942. De makkers fan 'e film hiene nea it doel om 'e Oanfal op Pearl Harbor sa akkuraat mooglik wer te jaan, en brochten mei opsetsin ferskate ûnhistoaryske feroarings yn it ferhaal oan njonken de flaters dy't der ek diskear wer yn slûpten. Yn 2019 waard de Oanfal op Pearl Harbor ek yn byld brocht yn 'e film Midway, mar inkeld as oanrin nei de Slach by Midway, dy't it haadûnderwerp fan dy film wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|