De Kalkman

(Trochferwiisd fan Kalkman)

De Kalkman (Engelsmanplaat) is in sânplaat op it waad, yn it Fryske Seegat tusken It Amelân en Skiermûntseach. De plaat is 7,2 km² grut, mei in drûch part fan noch net in kante kilometer.

Lizzing fan De Kalkman
De Waadpost op De Kalkman

De Kalkman leit fjouwer kilometer west fan de punt fan Skiermûntseach, fjirdel kilometer fan de eastpunt fan It Amelân en ek sa fier fan de wâl, noard fan Nes, op 53°27'15"N - 6°3'E.

De plaat wurdt begrinzge troch

 
Ingelskmanplaat by leechwetter (2009)

It is in plaat dêr't mar in lyts part by gewoan heech wetter net fan ûnder wetter komt, no minder as in kante kilometer. Dat drûge part is fral in gebiet fan lege dúntsjes. Earder wie hjirop wat plantegroei, dêr't fûgels yn nesken, mar op it stuit is alle plantegroei ferdwûn.

Fan 1973 ôf falt de plaat ûnder Steatsboskbehear. Fral sûnt dy tiid fungearret de Kalkman as rêstgebiet foar fûgels. Ek no noch is de plaat foar harren in heeachwetterflechtplak. De Kalkman fungearre ek as briedplak, mar sûnt de iuwikseling spiele de nêsten gauris fuort by ûngewoan heech wetter.

De omstannichheden yn it Fryske Gat hawwe nea lang itselde west. Yn de 18e iuw lei likernôch op it plak fan de Kalkman, benoarden Wierum in smelle noard-súd plaat, de Hynstemerk. Daalks fierder nei it easten, benoarden Nes, lei doe noch de westpunt fan Skiermûntseach.

Om 1850 hinne wie it grutste part fan it Fryske Seegat ta de Kalkman wurden. It Smoarge Gat wie der noch net, dat de Kalkman rûn nei it westen fierder oant it Pinkegat, doe it Alde Pinkegat, en nei it noarden oant de Wierumer Grûnen oan ta, dêr't no It Rif leit.

Mei it ûntstean fan it Smoarge Gat waarden it westlik part en it noardlik part ôfsnien. Yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw wie it drûge part fan de plaat noch mear as 2 kante kilometer, mar it is sûnt die tiid hurd tebek rûn. Sûnt de tachtiger jierren is der in dúdlik ferlies oan de eastkant. Ferklearrings hjirfoar binne de feroarings troch it ôfsluten fan de Lauwerssee, en de flugge boaiemdaling fan gauris in meter dy't de Kalkmân en it Rif ûnderfûn hawwe as gefolch fan de gaswinning fan it Amelân.

Om de iuwikseling hinne is troch heakfoarming fan de Kalkman en fan it Rif it noardlike part fan it Smoarge Gat foar in part blokkearre. Op it stuit fersânet dat part fan it gat. Mûglik sille yn de takomst beide platen wer gearwaakse.

It earste drinklingenhúske ferriisde yn 1918, it twadde yn 1947, de tredde -as gefolch fan de ferskowing- yn 1968, 800m mear nei it súdeasten. Yn july 2007 hat Rykswettersteat in nije kaap op de Kalkman sette litten. De âlde kaap út 1968 wie nammentlik fernield yn de novimberstoarm fan 2006. By it pleatsen fan de nije kaap fûn de oannimmer allerhanne stiennen fûneminten fan eardere kapen.[1]

De namme De Kalkman is nei alle gedachten ûntstien om't der in earder tiid om de kalk skelpen wûn waarden op de plaat.

It eilantsje hat yn it ferline ek wol oantsjut west mei, 'Ingelsche Plaet', 'Langhe Sandt', ''t Hooge Sandt', 'Hooghe Banc', 'Kalkman' en 'Jouerman'. De beneaming 'Engelsmanplaat' is faaks ûntstien troch it fêstrinnen fan it skip fan de skulpefisker Feye Willems Engelsman fan Skiermûntseach yn 1708. Oerbliuwsels fan it wrak binne noch altyd te sjen.

De Kalkman leit tichtby de fêste wâl, en is dêr oer it waad mei ferbûn. Dit makket de waadrintocht nei de Kalkman de koartste oerstek oer it waad. Yn de lêste fearnsiuw fan de 20e iuw is de Kalkman dêrtroch in populêr doel foar waadrintochten wurden, mei yn it seizoen gauris twa kloften waardrinners deis. Fansels is it al sa dat tochten nei de Kalkman hinne en werom binne; it is gjin eilân en der is gjin fear dat de minsken wer meinimt nei de wâl.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rijkswaterstaat plaatst nieuwe kaap op Engelsmanplaat
Fryske eilannen
 
 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

  ·   ·  
Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken