Súdhorn
Súdhorn[2] (Nederlânsk en offisjeel: Zuidhorn) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn it westen fan Grinslân. It sintrum is beskerme doarpsgesicht. Súdhorn hat 27 ryksmonuminten.
Súdhorn Zuidhorn | ||
Súdhorn sintrum (2010) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.610 (2023) [1] | |
Oerflak | 22,18 km² dêrfan lân: 21,73 km² dêrfan wetter: 0,46 km² | |
Befolkingsticht. | 388 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | Steatsline B, N355, N978, N980 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeSúdhorn en it krekt noardliker Noardhorn binne ûntstien yn in gebiet dêr't eartiids de see oan ta rikte en fruchtbere klaai ôfsette. Lange tiid wie Noardhorn de grutste kearn. No wurde Noardhorn en Súdhorn skieden troch it Van Starkenborghkanaal. De kearn fan it doarp leit op in sânrêch fan sa'n fjouwer kilometer lingte (De Gast, sjoch ek geast), dy't it wenjen hjir eartiids mooglik makke.
Boargen
bewurkje seksjeIt doarp waard stadichoan it wenplak fan rintenierjende begoedige boeren. Sa waarden yn en om Súdhorn 3 boargen set; de Jellemaboarch, Klinkemaboarch en Hanckemaboarch. De lêste dêrfan waard om 1878 hinne ôfbrutsen, mar it saneamde skathûs (de pleats by de boarch) bleau oer en is yn 1965 opnij boud. De omtrekken fan de boarch binne yn lytse balstiennen skean foar it skathûs oanjûn, yn 1993, op inysjatyf fan de Historische Kring Zuidhorn. Dizze boach hat lang it oansjen fan it doarp bepaald en it wapen fan de famylje Hanckema [1] wie oant de gemeentlike weryndieling fan 1990 ek it wapen fan doarp en gemeente. De Hanckema's wurde nammentlik beskôge as de stichters fan it doarp.
"Faansche Gruwelen" fan 1731
bewurkje seksjeYn 1731 wie der yn Súdhorn in grutte iepenbiere eksekúsje fan 22 manlju dy't harren bekweade hawwe soenen oan de 'godleaze praktyk' fan de 'sodomy/crimen nefandum' (homoseksualiteit). De terjochtstelling wie part fan in lanlike kampanje tsjin 'ketterijen'. De heksejacht op 'sodomiten' wie ûntstien troch it politike manifest Helsche Boosheyt of grouwelycke sonde van Sodomie fan predikant Bijler út Niekerk, dy't fan betinken wie dat sokke sûnden bestaft wurde moasten neffens de wetten fan Mozes sa as beskreaun is yn it Alde Testamint fan de bibel. De jacht op 'sûnders' waard iepene troch grytman Rudolf de Mepsche dy't it bestjoer foarme op de boarch Bijma yn Faan; hy hie him oerhelje litten. Wiidweidige tramtaasje fan de arrestanten (pynbank, skonkizers en fuotizers) late ta it neamen fan nije persoansnammen. Fral Mepsche, dy't fan de kant tasjen moast hoe't oaren op bestjoerlike posten set waarden, seach syn kâns en pakte politike tsjinstanners op. In soad minsken út Noardhorn en Súdhorn waarden oanklage en martele. Guon pommeranten flechten nei Grins, mar ek dêr waarden guonts fan harren arrestearre en tramtearre. Twa persoanen ferlearen it libben. Lang om let waarden 22 galgen oprjochte oan de Westergast yn Súdhorn en op 24 septimber 1731 waarden de feroardielden smoard en doe ferbaarnd. De oanklage persoanen hienen gjin ynspraak; it wie in swarte side yn de skiednis fan de rjochtspraak. Neitiid waarden grytmannen bûn oan strangere regels, sadat yn heger berop gien wurde koe. Mepsche waard ferfolge, mar nea feroardield. Hy besocht om besittingen fan begoedige feroardielden te krijen (fral fan syn tsjinstanner jonker Clant út Súdhorn), it brocht in soad haat tsjin him geande ûnder it folk en bestjoerders. Hy stoar mei in protte skuld.[3] [4]
Utwreiding
bewurkje seksjeSúdhorn moat yn de fyzje fn de provinsje Grinslân nei 2007 noch flink útwreide wurde. Dy plannen foarsjogge ek yn it ferlizzen fan de N355, de âlde wei Grins-Ljouwert. It útstelde trasee hat de ynwenners fan Noardhorn fûl tsjin protestearre.
Untjouwing befolking
bewurkje seksje- 1960 - 2.234 ynwenners
- 1971 - 3.150 ynwenners
- 1995 - 5.820 ynwenners
- 2000 - 6.365 ynwenners
- 2005 - 6.470 ynwenners
- 2010 - 6.820 ynwenners
- 2012 - 7.005 ynwenners
- 2013 - 7.080 ynwenners
Berne yn Súdhorn
bewurkje seksje- Paul Blokhuis (1963), politikus
- Pieter ter Veer (1944), politikus
Bekende (âld) ynwenners
bewurkje seksje- Bertus Fennema (1944), politikus
- Leendert Klaassen (Lochem 1950), politikus
- Peter de Haan, sjonger yn it Grinzer duo Rooie Rinus en Pé Daalemmer
- Bauke Mollema (Grins, 1986), hurdfytser
Ofbylden
bewurkje seksje-
Herfoarme tsjerke Súdhorn (2010)
-
Earder gemeentehûs fan Súdhorn (2010)
-
Earder belestingskantoar (2012)
-
Grifformearde tsjerke Súdhorn (2013)
-
Bert Swart spoarbrêge oer it Van Starkenborghkanaal (2018)
-
Riek Sennemabrêge tusken Noardhorn en Súdhorn oer it Van Starkenborghkanaal (2018)
-
Stasjon Súdhorn (2007)
Literatuer
bewurkje seksje- Attema, L. (2007), Over straatnamen in Briltil, Noordhorn, Zuidhorn. De Like: Bronsema-Bosman. 79 s.
- Feldbrugge, J.B.T. & P.Th.F.M. Boekholt (1986), Geschiedenis van Zuidhorn : Zuidhorn, Noordhorn, Briltil. Bedum: Profiel. 319 s.
- Hofman, J., A.W. Teelken, A. Beuse & H. Boels (2009), Boerderijen in en om Noordhorn, Zuidhorn en Briltil. Bedum: Profiel. 464 s.
- Teelken, A.W. (1992), Zuidhorn : vroeger en nu. Bedum: Profiel. 112 s.
- Veldman, H. (2000), De kerk in het midden : kerkgeschiedenis van Zuidhorn. Súdhorn: Veldman. 144 s.
- Veldman, H. & J.C.T. lles (2010), Van bezetting tot bevrijding : Zuidhorn 1940-1945. Bedum: Profiel. 208 s.
- Wit, J. de (1983), Gisteren voor de lens : historisch fotoboek gemeente Zuidhorn. Bedum: Profiel. 167 s.
- Wit, J. (1988), Herinneringen aan Zuidhorn. Súdhorn: Historische Kring Zuidhorn.
- Vleer, W.T. (1972), "Sterf sodomieten!" : Rudolf de Mepsche, de homofielenvervolging, het Faanse zedenproces en de massamoord te Zuidhorn. Noarch: Veja. 172 s.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|