Boskhin
De boskhin[1][2][3] (wittenskiplike namme: Tetrastes bonasia) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e boskhinnen (Tetrastes). It is lytseftige fûgel dy't yn Jeraazje foarkomt fan Skandinaavje, de Ardinnen en de Alpen yn it westen oant Japan en Koreä yn it easten. De boskhin is in stânfûgel yn syn hiele ferspriedingsgebiet en libbet benammen yn nullewâlden en mingde wâlden. De IUCN klassifisearret de dizze soarte as net bedrige.
boskhin | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tetrastes bonasia | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
- Net te betiizjen mei de bosksniehin (Canachites canadensis), in oare soarte rûchpoathin.
Fersprieding
bewurkje seksjeIt ferspriedingsgebiet fan 'e boskhin beslacht in grut part fan Jeraazje. Yn Aazje rint it fan 'e Oeral yn it westen oan de kust fan 'e See fan Ochotsk en it Berchtme fan Verchojansk yn it easten. Yn 'e poalstreek en de subpolêre regio ûntbrekt dizze fûgel, mar hy komt wol foar yn it noarden fan Kazachstan, Sinkiang-Oeigoerje en Mongoalje. Ek libbet de boskhin yn Mantsjoerije, op it Koreaanske Skiereilân en yn it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten. Der besteane isolearre populaasjes op Hokkaido, it noardlikste haadeilân fan Japan; noardlik dêrfan op it Russyske eilân Sachalin; en teffens yn it Kolymaberchtme fan eastlik Sibearje benoarden de Golf fan Sjelichov.
Yn Jeropa is der in grutte, oaniensletten fersprieding dy't it noarden en sintrale diel fan Jeropeesk Ruslân omfiemet en fierders it noarden fan 'e Oekraïne, de Karpaten en de Tatra fan Roemeenje en Slowakije, eastlik Poalen, Wyt-Ruslân, it Baltikum, Finlân, Sweden en it suden en de Trøndelag fan Noarwegen. Westlik dêrfan bestiet in fragmintaryske fersprieding mei foar it meastepart isolearre populaasjes yn westlik Bulgarije, noardlik Grikelân, yn 'e Dinaryske Alpen en oanbuorjende berchtmen op 'e westlike Balkan, yn 'e Alpen, it Boheemske Wâld yn westlik Tsjechje, it Beierske Wâld en oare berchtmen yn súdlik Dútslân, de Ardinnen fan Belgje en Lúksemboarch, en yn Frankryk de Fogezen, de Sjuera, de Alpen en it Sintraal Massyf.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe boskhin is relatyf lyts foar in rûchpoathin, mei in kop-sturtlingte fan 35–39 sm en in gewicht fan yn trochsneed 430 g. De fearren hawwe in fyn patroan fan dûnkere plakken oer in ljochtere ûndergrûn hinne, mar rûchwei kin sein wurde dat er op kop, hals, nekke, rêch, boarst en sturt dûnkergriis is, op 'e wjukken brún en op 'e bealch en poaten wyt oant krêmkleurich mei kastanjebrune spikkels.
Der bestiet by dizze fûgel in beskate seksuele dimorfy: de hoanne hat in koarte toef, dy't er opsette kin, en in swarte kiel mei in wite râne. De hin hat in koartere toef mar gjin swart op 'e kiel. Yn 'e flecht lit de boskhin (fan ûnderen) in swartpuntige grize sturt sjen.
Biotoop
bewurkje seksjeBoskhinnen libje benammen yn 'e nullewâlden fan 'e taiga, mar komme ek foar yn mingde wâlden. De noardgrins fan harren fersprieding wurdt foarme troch de noardgrins fan 'e sletten taigagurdle. Dizze fûgels hawwe ferlet fan strewelrike bosken. Pleatslik komme se ek foar op 'e wâldsteppe. Yn berchtmen lykas de Alpen libje boskhinnen oant op 2.000 m hichte.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeDe fokalisaasje fan 'e hoanne is in heechtoanich "ti-ti-ti-ti-ti", wylst de hin in floeiend "tet-tet-tet-tet-tet" fuortbringt. Dy roppen binne, yn 'e mande mei it rûzjen fan 'e wjukken as se fuortfleane, faak de iennichste oanwizing foar de oanwêzigens fan 'e boskhin, mei't it in tige skouwe fûgel is, dy't troch syn treflike skutkleur yn bosklân frijwol ûnsichtber is. Ornaris fljocht in fersteurde boskhin net fierder as sa'n 100 m foar't er wer lânet. As er beskûl siket, flechtet er yn 'e regel fan 'e grûn, dêr't er syn measte tiid trochbringt, nei in tûke fan in nullebeam op in hichte fan 5–7 m. Dêr bliuwt er, deunby de beamstamme, ûnferweechlik sitten oant it gefaar weken is.
De winter bringe boskhinnen yn kâlde, snieïge kontreien troch yn in hoale dy't se ûnder it snietek útgrave. By in ûndersyk yn 'e provinsje Leningrad, yn noardwestlik Ruslân, die bliken dat in boskhin dêr by in temperatuer fan –10 °C oant –20 °C syn sniehoale mar ienris deis ferliet foar in perioade fan 11/2–4 oeren of oars 30–40 minuten koart foar sinne-opgong en nochris 2 oeren midsmoarns. De rest fan 'e tiid bleau er binnendoar of gied er by sinneskynwaar yn in kûle yn 'e snie lizzen te sinnebaaien. By waarmer winterwaar bringe boskhinnen mear tiid bûtendoar troch om te foerazjearjen, mar hieltyd foar net langer as 40–60 minuten foar't se wer nei binnen geane om op te waarmjen. By tige kâlde temperatueren fan –40 °C, dy't yn bgl. it Berchtme fan Verchojansk hast elts jier wol foarkomme, komme boskhinnen mar 30–40 minuten deis op 'e lapen om fluch-fluch wat iten te sykjen.
De boskhin is in monogame fûgel, dy't yn 'e peartiid territoriaal wurdt. De balts fynt al yn 'e hjerst plak, wêrby't har pearkes foarmje dy't de hiele winter troch byinoar bliuwe. Pas by 't maityd komt it lykwols ta in pearing. De peartiid begjint yn 'e súdlike kontreien fan it ferspriedingsgebiet yn begjin maart en yn it noarden oan 'e ein fan dy moanne. Boskhinnen briede op 'e grûn, yn in nêst dat net mear as in ûndjip dobke yn 'e ûndergrûn is, ornaris op in plak dêr't de strewellen fan it wâld, de woartels fan in beam of de stiennen fan in rotspartij beskûl biede. It wurdt troch de hin beklaaid mei farske en/of drûge plantedielen en hat in diameter fan likernôch 20 sm.
De hin leit oer in perioade fan 10–14 dagen 5–10 aaien. Dy binne krêmkleurich, licht bespikkele mei brún, en weagje yn trochsneed 17,2 g. Sadree't it bruod folslein is, set de hin útein mei brieden. De briedtiid duorret 21–27 dagen. De piken fan 'e boskhin binne nêstflechters, en sadree't alle aaien útkommen binne, liedt de hin har jongen by it nêst wei. De piken kinne harsels fierhinne rêde en binne inkeld tafersjoch en út en troch waarmte fan 'e mem nedich. Se frette yn 't earstoan benammen ynsekten, oant har spiisfertarring genôch ûntwikkele is om plantaardich fretten oan te kinnen. Mei 3 wiken ferfearje de piken foar it earst en krije se har folwoeksen fearrekleed. De hin bliuwt de hiele simmer by de piken, dy't tsjin it begjin fan 'e hjerst selsstannich binne.
Fretten
bewurkje seksjeIt dieet fan 'e boskhin is foar it meastepart herbivoar, wêrby't de haadbestândielen nei jiertiid feroarje. By 't maityd en simmerdeis fret er benammen griene plantedielen, lykas blêden, mar yn 'e neisimmer en hjerstmis bestiet it menu yn haadsaak út beien. By 't winter en yn 'e iere maityd fret er fral knoppen fan leafbeammen en wylgekatsjes.
Natuerlike fijannen
bewurkje seksjeDe wichtichste natuerlike fijannen fan 'e boskhin binne de hauk (Accipiter gentilis), de sparwer (Accipiter nisus), de foks (Vulpes vulpes), de warch (Gulo gulo), de beamotter (Martes foina), de sabelmarter (Martes zibellina) en de harmeling (Mustela erminea).
Status
bewurkje seksjeDe boskhin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dat is opfallend, om't it iuwenlang ien fan 'e meast troch de minske bejage fûgels wie. Nei skatting komme der yn Jeropa noch 2,5–3,1 miljoen briedpearen fan dizze fûgel foar, wêrfan 1,9–2,2 miljoen yn Jeropeesk Ruslân. Dêrnei folget Finlân mei 300.000–500.000 briedpearen en Sweden mei 80.000–120.000 briedpearen. Yn Midden-Jeropa libje nei skatting noch 53.000–83.000 briedpearen. De grutste populaasjes dêre binne yn Poalen, Slowakije en de Alpen fan Eastenryk en Switserlân.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 11 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e boskhin (Tetrastes bonasia):
- Amoerboskhin (T. b. amurensis) (it streamgebiet fan 'e Amoer yn it Russyske Fiere Easten, mei dêropta Mantsjoerije en Koreä)
- gewoane boskhin (T. b. bonasia) (Skandinaavje, Estlân en noardwestlik Ruslân)
- grize boskhin (T. b. griseonota, syn. T. b. volgensis) (sintraal en noardlik Jeropeesk Ruslân, Letlân, Litouwen, Wyt-Ruslân, eastlik Poalen, Slowakije, de noardlike Oekraïne en de Karpaten yn Roemeenje)
- Japanske boskhin (T. b. vicinitas) (it Japanske eilân Hokkaido)
- Kolymaboskhin (T. b. kolymensis) (it Kolymaberchtme fan eastlik Sibearje)
- Middenjeropeeske boskhin (T. b. rupestris) (súdlik Dútslân en Tsjechje)
- Rynboskhin (T. b. rhenanus) (de Ardinnen fan Belgje en Lúksemboarch en oanbuorjende dielen fan Dútslân lykas de Eifel en it Swarte Wâld)
- Sachalinboskhin (T. b. yamashinai) (it eilân Sachalin foar de easkust fan Sibearje)
- schiebelboskhin of Schiebels boskhin (T. b. schiebeli) (berchgebieten fan 'e westlike Balkan, westlik Bulgarije en noardlik Grikelân)
- Sibearyske boskhin (T. b. sibiricus) (it meastepart fan Sibearje, fan 'e Oeral yn it westen oant en mei yn it easten de Transbaikal, de kust fan 'e See fan Ochotsk en it Berchtme fan Verchojansk)
- Stiermarkske boskhin (T. b. styriacus) (de Alpen)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|