Loire-Atlantique

Frânsk departemint
(Trochferwiisd fan Loire-Inférieure)

Loire-Atlantique (Frânske útspr.: [lwaːʀatlãˈtik], likernôch: "lwaach-at-lâ-tyk"; Bretonsk: Liger-Atlantel; "Atlantyske Loire") is in departemint fan Frankryk dat yn it westen fan it lân leit, oan it begjin fan it skiereilân Bretanje. De namme ferwiist nei de rivier de Loire en de Atlantyske Oseaan. Oant 1957 hiet de departemint Loire-Inférieure ("Neder-Loire"). Hoewol't Loire-Atlantique ta de histoaryske lânstreek Bretanje heart, makket it gjin diel út fan 'e bestjoerlike regio Bretanje, mar ynstee fan 'e regio Lân fan 'e Loire (Pays de la Loire). It hat it departemintsnûmer 44. De haadstêd en teffens grutste stêd is Nantes, de âlde haadstêd fan it Hartochdom Bretanje. Loire-Atlantique hie yn 2017 in befolking fan krapoan 1.395.000 minsken.

Loire-Atlantique
flagge wapen
polityk
soarte gebiet departemint
lân Frankryk
regio Lân fan de Loire
haadplak Nantes
grutste plak Nantes
departemintsnûmer 44
hist. namme Loire-Inférieure
sifers
ynwennertal 1.394.909 (2017)
oerflak 6.881 km²
befolkingstichtens 202,7 / km²
oar
stifting 1790
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 47°20′ N 1°40′ W
webside www.cg44.fr

Loire-Atlantique leit oan 'e eastgrins fan it skiereilân Bretanje, dêr't dat fêstsit oan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa. It beslacht in oerflak fan 6.881 km². It wurdt begrinzge troch it departemint Vendée yn it suden, it departemint Maine-et-Loire yn it easten, it departemint Ille-et-Vilaine yn it noarden, it departemint Morbihan yn it noardwesten en yn it westen troch de Golf fan Biskaje dy't diel útmakket fan 'e Atlantyske Oseaan. De kust fan Loire-Atlantique is minder wyld as dy fan 'e rest fan Bretanje, mar hat in djippe ynham by de mûning fan 'e rivier de Loire, mei súdlik dêrfan it Pays de Retz, dat suver in skiereilân is. It lânskip fan Loire-Atlantique is frij flak, en wurdt behearske troch de Loiredelling.

 
De Atlantyske kust fan Loire-Atlantique by Le Pouliguen.

Loire-Atlantique ûntstie ûnder de namme Loire-Inférieuere as bestjoerlike ienheid op 4 maart 1790, nei't by de Frânske Revolúsje fan 1789 alle doetiidske Frânske provinsjes ôfskaft wiene om opspjalten te wurden yn departeminten. Foartiid hie it ta de provinsje Bretanje heard. De njoggentjinde iuw waard foar it gebiet karakterisearre troch yndustrialisaasje en urbanisaasje yn 'e krite fan Nantes en Saint-Nazaire, en teffens troch in slimme ûnderdrukking fan it Gallo, de streektaal fan it gebiet, troch de Frânske oerheid. Yn 'e twadde helte fan 'e iuw naam Loire-Inférieure diel oan in oplibbing fan 'e Bretonske kultuer.

Yn 'e tweintichste iuw gie de aktive striid yn 'e Earste Wrâldoarloch fierhinne oan Loire-Inférieure foarby, mar tsientûzenen jonge manlju út it departemint kamen om yn 'e rinfuorgen fan it Westfront. Under de Twadde Wrâldoarloch waard Loire-Inférieure ûnder de Slach om Frankryk yn 'e maityd fan 1940 beset troch nazy-Dútslân. Nei de lânings fan 'e Alliëarden yn Normanje, op D-Day, waard it departemint mei it grutste diel fan Bretanje yn augustus 1944 befrijd. Tsjin dy tiid hie de haadstêd Nantes slimme skea oprûn fan Alliëarde bombardeminten. Saint-Nazaire, dêr't de Dútsers in wichtige marinebasis fêstige hiene, bleau oant 10 maaie 1945 yn 'e hannen fan 'e besetter. Tsjin dy tiid wie de stêd folslein ferwoastge troch Alliëarde bombardeminten.

 
It doarp Le Croisic.

Yn 1957 waard Loire-Inférieure omneamd ta Loire-Atlantique. Datselde jiers waard Frankryk ferdield yn regio's, dy't yn 't earstoan inkeld foar statistyske doelen brûkt waarden, mar yn 1972 ek bestjoerlik foech krigen. De regio Bretanje waard doe oprjochte út 'e departeminten Finistère, Morbihan, Côtes-d'Armor (doe noch Côtes-du-Nord) en Ille-et-Vilaine. Loire-Atlantique waard dêr lykwols bûten holden en benammen út ekonomyske omtinkens by de oanbuorjende regio Lân fan 'e Loire (Pays de la Loire) yndield. Dy útsluting fan Loire-Atlantique fan it histoaryske Bretanje wie doe al in protte ferset tsjin, en dat is sûnt inkeld oanboaze.

It bruto departemintaal produkt fan Loire-Atlantique wie yn 2009 likernôch 26 miljard. De agraryske sektor is noch altyd tige wichtich yn Loire-Atlantique, wêrby't it benammen giet om 'e feehâlderij en de fiskerij. Wynbou is beheind ta in lytse krite besuden Nantes, mar der wurdt wol nôt en griente ferboud. Yndustry is konsintrearre yn Nantes en Saint-Nazaire. Dêrby giet it û.m. om 'e skipsbou, sawol op kommersjeel mêd as foar de marine. Fierders hat fleantúchbouwer Airbus fabriken yn Saint-Nazaire en Nantes.

 
De sit fan 'e prefektuer fan Loire-Atlantique yn Nantes.

Loire-Atlantique is in departemint fan Frankryk dat bestjoerd wurdt troch in departemintale ried, wêrfan't de leden by mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings troch de ynwenners keazen wurde. Oan it haad fan it departemintaal bestjoer, dat syn sit hat yn 'e departemintale haadstêd Nantes, stiet in prefekt. It departemint is ferdield yn 3 arrondisseminten, dy't opdield binne yn 31 kantonnen, dy't wer opdield binne yn 207 gemeenten. Loire-Atlantique bestiet fierders út 10 kiesdistrikten foar de Nasjonale Assimblee. It yndustrygebiet om Saint-Nazaire hinne is tradisjoneel in bolwurk fan it sosjalisme en kommunisme. Sûnt 2004 is de mearderheid fan 'e sitten yn 'e departemintale ried fan Loire-Atlantique yn 'e hannen fan 'e Sosjalistyske Partij (PS) en de Grienen. Ekstreem-rjochtse politike partijen hawwe yn Loire-Atlantique minder oanhing as yn 'e rest fan Frankryk.

Neffens offisjele sifers út 2017 hie Loire-Atlantique doe 1.394.909 ynwenners. De befolkingstichtens kaam dêrmei út op 202,7 minsken de km². De grutste stêd yn it departemint is de Nantes, mei yn 2011 283.000 ynwenners. Dat is behalven de haadstêd fan it departemint ek de haadstêd fan 'e bestjoerlike regio Lân fan 'e Loire. De twadde stêd fan Loire-Atlantique is Saint-Nazaire, mei yn 2011 67.000 ynwenners.

It grutste part fan 'e befolking fan Loire-Atlantique bestiet út etnyske Bretonnen, wylst de rest opmakke is út Frânsen en ferskate allochtoane minderheden, mei as grutste de Algerynske Arabieren.

 
De Notre-Dame-tsjerke yn Clisson.

It departemint leit yn Opper-Bretanje, it diel fan it histoaryske Bretanje dêr't it Keltyske Bretonsk al sûnt de Midsiuwen net mear sprutsen wurdt. In útsûndering op dy regel is it plakje Batz-sur-Mer, dêr't in Bretonsktalige enklave it folhold oant yn 'e 1920-er jierren.

Foar it meastepart wurdt lykwols yn Loire-Atlantique fan âlds gjin Bretonsk sprutsen, mar Gallo. Dat is in Romaanske taalfoarm, dy't faak as in dialekt fan it Frânsk beskôge wurdt of sels as in ynkorrekte manear om Frânsk te sprekken. Itselde jildt foar it Poitevynsk, de nau oan it Gallo besibbe sprektaal fan it Pays de Retz yn it súdwesten fan it departemint. As gefolch fan 'e yntinsive kulturele assimilaasjepolityk dy't it nasjonale regear sûnt de iere njoggentjinde iuw fierd hat, is it Frânsk tsjintwurdich foar de oergrutte mearderheid fan 'e befolking fan Loire-Atlantique de memmetaal. Oars as de oerheid fan it oanbuorjende departemint Ille-et-Vilaine docht it departemintaal bestjoer fan Loire-Atlantique frijwol neat oan 'e befoardering fan it Gallo. De taal kin noch yn it basisûnderwiis, noch yn it fuortset ûnderwiis as skoalfak keazen wurde.

Hoewol't Bretanje histoarysk ien fan 'e strangst roomske dielen fan Frankryk wie, begûn dat nei de Twadde Wrâldoarloch troch de almar hurder geande urbanisaasje fluch te feroarjen. Anno 2006 wie Loire-Atlantique, dêr't doe sa'n 50% fan 'e befolking lid wie fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, al ien fan 'e minst religieuze gebieten yn 'e Frankryk. Fan 'e rest fan 'e befolking fan it departemint bestie 3% út moslims en de rest foar it meastepart út ateïsten en agnosten.

Histoaryske befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
jier 1801 1821 1841 1861 1881 1901 1921 1946 1962 1982 1999 2016
ynwenners 369.305 433.815 486.806 580.207 625.625 664.971 649.691 665.064 803.372 995.498 1.134.493 1.380.852

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


  Departeminten fan Frankryk  

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten

971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

  ·   ·