Slach by Midway
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Slach by Midway wie in grutte seeslach oan it Pasifyske Front fan 'e Twadde Wrâldoarloch, dy't plakfûn oer in perioade fan fjouwer dagen fan 4 oant en mei 7 juny 1942 by it atol Midway, yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Dizze slach waard útfochten in healjier nei de Japanske oerwinning by de Oanfal op Pearl Harbor en in moanne nei de Slach yn 'e Koraalsee, dy't op gelykspul útrûn wie. By de Slach by Midway die in float fan 'e Keizerlike Japanske Marine ûnder lieding fan 'e admiraals Isoroku Yamamoto, Chūichi Nagumo en Nobutake Kondō in wraam op it Amerikaanske Midway. De Amerikaanske Pasifyske Float, ûnder de admiraals Chester W. Nimitz, Frank Jack Fletcher en Raymond A. Spruance bûn de striid mei de Japanners oan en behelle in klinkende oerwinning by in treffen benoarden Midway dat fan beide kanten benammen útfochten waard mei loftoanfallen op 'e fijannige floaten, útfierd troch bommesmiters dy't opstige wiene fan fleandekskippen. De Japanske nederlaach yn 'e Slach by Midway wie foar de Alliëarden fan krúsjaal belang by it kearen fan it tij oan it Pasifyske Front. Yn 'e mande mei de Slach om Stalingrad yn Ruslân en de Twadde Slach by El Alamein yn Noard-Afrika wurdt dizze seeslach troch histoarisy beskôge as ien fan 'e trije wichtichste mominten út 'e Twadde Wrâldoarloch.
Foarskiednis
bewurkje seksjeJapan die op 7 desimber 1941 syn yntree yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei de Oanfal op Pearl Harbor, wêrby't hast alle slachskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float ferneatige waarden wylst hja foar anker leine yn it Marinestasjon Pearl Harbor yn Hawaï. Nei't it dy earste swiere slach oan 'e Feriene Steaten útdield hie, berikte Japan mei gauwens syn earste strategyske doelen troch de ferovering fan 'e koloanjes yn Súdeast-Aazje fan 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Nederlân. Dêrby gie it om 'e Amerikaanske Filipinen, Britsk-Hongkong, Britsk-Malakka, Britsk-Singapoer, Britsk-Borneo en Nederlânsk-Ynje. Fral dat lêste gebiet, mei syn mânske ierdoaljefoarrieden, wie foar de Japanners fan grut belang; de restearjende feroverings wiene fral bedoeld om 'e rûte feilich te stellen dy't de oalje fan Nederlânsk-Ynje nei Japan ta ôflizze moast.
Nei dat tige ûnthjittend begjin fan 'e striid begûn de plannemakkerij foar de twadde faze fan 'e Japanske militêre operaasjes al yn jannewaris 1942. Mar omreden fan strategyske ûniennichheden tusken it Keizerlike Japanske Leger en de Keizerlike Japanske Marine, en troch ûnderlinge yntriizjes binne de Keizerlike Marine tusken it Keizerlik Algemien Haadkertier en de Kombinearre Float fan admiraal Isoroku Yamamoto duorre it oant yn april fan dat jier foar't de nije plannen fêste foarm begûnen te krijen. Om 'e stipe fan it Leger te krijen, stimde de Marine ta yn it ûnderstypjen fan in ynvaazje fan 'e Feriene Steaten, wêrby't yn 'e Aleoeten fan it Amerikaanske Territoarium Alaska de eilannen Attu en Kiska beset waarden. De skippen dy't dêrfoar nedich wiene, koene doe fansels net oars ynset wurde foar de eigen plannen fan 'e Marine. Wat dy plannen oangie loek Yamamoto úteinlings oan it langste ein mei in mar kwealk bedutsen drigemint om ûntslach te nimmen, wêrnei't syn plan foar de ferovering fan 'e sintrale Stille Oseaan oannommen waard.
It primêre doel fan Yamamoto wie de útskeakeling fan 'e fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float, dy't er beskôge as de wichtichste bedriging fan alle Japanske doelen. Dy wiene ntl. troch stom tafal ûntkommen oan 'e ferneatiging fan 'e Amerikaanske float yn Pearl Harbor om't se op it stuit fan 'e Japanske ferrassingsoanfal krekt allegearre op patrûlje wiene. Yn 't earstoan maalden de Japanners dêr net bot om, mei't se, lykas eltsenien doedestiden, de slachskippen as it gefaarlikst beskôgen. Mar geandewei de Pasifyske Oarloch die bliken dat de slachskippen, hoewol tige ymposant, eins al folslein efter de tiid rekke wiene. Fleandekskippen hiene de takomst en it wie de ynset fan fleandekskippen dêr't de oarloch yn 'e Stille Oseaan mei wûn of ferlern wurde soe.
It besef fan it gefaar dat de Amerikaanske fleandekskippen ynholden, krong yn Japan troch doe't de Amerikanen op 18 april 1942 de saneamde Doolittle Raid útfierden, wêrby't it sechstjin B-25 Mitchell-bommesmiters slagge om, troch op te stiigjen fan it fleandekskip de USS Hornet, Tokio en oare grutte Japanske stêden te bombardearjen. Strategysk helle dat bombardemint net folle út, mar psychologysk dielden de Amerikanen der in flinke klap mei út. Yn maaie 1942 einige de Slach yn 'e Koraalsee yn in ympasse: de Japanners brochten ien Amerikaansk fleandekskip ta sinken en skansearren in oarenien swier en boekten dêrmei in taktyske oerwinning, mar de Amerikanen brochten de Japanske opmars yn 'e Stille Súdsee ta stean en koene dêrom oanspraak meitsje op 'e strategyske oerwinning. Yn elts gefal waard by dat treffen foar alle saakkundigen dúdlik hoe'n wichtige rol fleandekskippen tenei yn 'e striid op see spylje soene.
It Japanske oanfalsplan
bewurkje seksjeIt probleem foar de Japanners wie dat de Amerikanen ek wisten hoe weardefol oft harren fleandekskippen wiene, en dat makke harren tsjinnich om 'e skippen yn te setten foar grutte seeslaggen salang't de nije fleandekskippen dy't op 'e Amerikaanske skipswerven boud waarden, noch net klear wiene. Admiraal Yamamoto ornearre, in nije oanfal op Pearl Harbor soe perfoarst genôch wêze om 'e Amerikanen derta te bringen de fleandekskippen yn te setten. Om't de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften op 'e Hawaï-eilannen sûnt de (earste) Oanfal op Pearl Harbor lykwols gâns fuortsterke wiene, fûn er sa'n nije oanfal te riskant. Ynstee keas er foar dy oanfal Midway út, in ûnbewenne atol oan 'e noardwestlike útein fan 'e Hawaïaanske eilannekeatling, op in ôfstân fan 2.100 km fan 'e Hawaïaanske haadstêd Honolulu. Midway hie in Amerikaansk militêr garnizoen besteande út leden fan 'e Amerikaanske Marine, de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften en it Amerikaanske Marinierskorps. Der wie in fleanfjild foar lânbommesmiters en in basis foar dûkboaten fêstige, dy't mei-inoar it Marineloftfeartstasjon Midway foarmen. Yamamoto wie fan miening dat de Amerikanen Midway as in basis fan fitaal belang beskôgen en der foar fjochtsje wolle soene, en dêr hied er gelyk oan.
It plan fan Yamamoto foar de Slach by Midway, dat de koadenamme 'Operaasje MI' krige, wie, lykas de measte Japanske oarlochsplannen út dy tiid, tige yngewikkeld. It stipe op 'e soarchfâldige en tidige koördinaasje fan ferskate floatgroepen oer in ôfstân fan hûnderten kilometers fan iepen see. Mar dat wie net wêr't de plannen misbetearden. Ynstee wiene it de optimistyske útgongspunten fan Yamamoto dy't syn eigen plannen ûndergroeven. Yamamoto tocht dat de USS Enterprise en de USS Hornet de iennichste oerbleaune fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float wiene. Yn 'e Slach yn 'e Koraalsee wie de USS Lexington ta sinken brocht, wylst de USS Yorktown sa slim skansearre rekke wie dat de Japanners der wis fan wiene dat dy úteinlik ek sonken wie. Mar eins wie de USS Yorktown nei Pearl Harbor ta kreupelskonke, dêr't mei tûzen hasten provisoaryske reparaasjes útfierd waarden. Sa koe it skip foar de Slach by Midway wer mei de rest fan 'e float útfarre. In oar fout útgongspunt wie de Japanske oertsjûging dat it moreel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften en de Amerikaanske befolking yn it algemien nei in hiele rige nederlagen tsjin 'e Japanners wol tige leech wêze moast. Ynstee wiene de Amerikanen fral poerrazen oer de Oanfal op Pearl Harbor, dy't se as in ferriedlike oarlochsmisdie beskôgen, en se wiene wisberet om 'e Japanners lytsman te meitsjen, al hoe lang't it ek duorje mocht foar't dat slagge.
Yamamoto ornearre dat der ferlet wie fan bedroch om 'e Amerikaanske Pasifyske Float by Midway yn in fatale mûklaach te lokjen. Om dat te berikken, ferdielde er syn skippen oer ferskate striidgroepen om syn wiere sterkte foar de Amerikanen geheim te hâlden oant it te let wie. Sels joech er lieding oan 'e ûnderstypjende kloft fan 5 slachskippen, 2 lichte fleandekskippen, 4 swiere krusers, 2 lichte krusers en likernôch 35 oare marineskippen, dy't op in ôfstân fan ferskate hûnderten kilometers efter de haadfloat fan fise-admiraal Chūichi Nagumo oan kamen. Nagumo fierde it befel oer 4 fleandekskippen, 2 lichte slachskippen, 2 swiere krusers, 1 lichte kruser en 12 torpedoboatjagers. It wie de bedoeling dat de slachskippen fan Yamamoto de Amerikaanske float ôfmeitsje soene nei't de fleandekskippen fan Nagumo de Amerikanen genôch ferswakke hiene foar in striid mei de skipskanonnen by ljochtskyndei. Yn dy taktyk (dy't doedestiden frij normaal wie) is noch altyd de foarkar te sjen dy't oan slachskippen boppe fleandekskippen jûn waard. Wat Yamamoto-en-dy net wisten, wie dat de Amerikanen dielen fan 'e kryptografyske koade fan 'e Keizerlike Japanske Marine ûntsifere hiene, sadat se fan it begjin ôf oan op 'e hichte wiene fan in protte details fan it Japanske oanfalsplan. De ferdieling fan Yamamoto syn float oer ferskate, fier útinoar farrende striidgroepen betsjutte dat net ien fan dy striidgroepen yn 'e posysje wie om in oarenien te stypjen as dy oanfallen waard.
Uteinlik setten de Japanners mar fjouwer fleandekskippen yn: de Kaga en de Akagi, tegearre de 1e Fleandekskip Difyzje, en de Sōryū en de Hiryū, dy't de 2e Fleandekskip Difyzje foarmen. Mei-inoar hiene dy fjouwer skippen 248 fleantugen oan board, wêrûnder Aichi D3A "Val"-dûkbommesmiters, Nakajima B5N2 "Kate"-torpedobommesmiters en Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleantugen. Om in ferskaat oan redens wie de produksje fan 'e "Val" drastysk beheind, wylst de "Kate" hielendal net mear produsearre waard. Dat betsjutte dat der amper noch útfallen fleantugen ferfongen wurde koene en dat de fleandekskippen minder fleantugen as normaal meifierden.
In fyfde fleandekskip, de Shōkaku, wie yn 'e Slach yn 'e Koraalsee slim skansearre rekke en soe noch moannenlang yn in drûchdok lizze om reparearre te wurden. In sechsde fleandekskip, de Zuikaku, wie ûnskansearre út deselde striid kommen, mar hie suver de helte fan syn fleantugen ferlern en lei yn 'e haven fan Kure, by Hiroshima, te wachtsjen op nije fleanmasines en piloaten. Dat dy net daliks beskikber wiene, is in teken dat Japan yn dat iere stadium fan 'e oarloch de ferliezen al net byhâlde koe. Neffens histoarisy hie de Zuikaku mei in frijwol folslein komplemint fleantugen oan 'e Slach by Midway meidwaan kinnen as de fleantugen en piloaten fan 'e Shōkaku dy't de Slach yn 'e Koraalsee oerlibbe hiene, tydlik nei de Zuikaku oerpleatst wurden wiene. Mar dat hie tsjin 'e Japanske militêre doktrine yngien, dy't úthold dat in fleandekskip en syn fleantugen en piloaten ien ienheid foarmen dy't net útinoar helle wurde koene. (De Amerikaanske Marine, dêrfoaroer, beskôge fleantúchsquadrons as losse komponinten dy't frij tusken fleandekskippen hinne en wer skood wurde koene.)
De Amerikaanske ferdigening
bewurkje seksjeOm it winne te kinnen fan in fijân dy't seis fleandekskippen yn 'e striid smite koe, moast admiraal Chester W. Nimitz, de Amerikaanske befelhawwer yn 'e Stille Oseaan, elts beskikber eigen fleandekskip risse. Hy hie de beskikking oer de USS Enterprise en de USS Hornet, de beide fleandekskippen fan Taakgroep 16 fan fise-admiraal William Halsey, hoewol't Halsey sels yn it sikehûs lei mei earnstige hûdûntstekking en ferfongen wurde moast troch skout-by-nacht Raymond A. Spruance. In trêde fleandekskip, de USS Saratoga, wie lykwols foar reparaasjes ôffierd nei de Amerikaanske westkust en koe sa gau it striidtoaniel net wer berikke.
Dêrom rôp Nimitz halje-trawalje de taakgroep fan skout-by-nacht Frank Jack Fletcher werom út 'e súdwestlike Stille Oseaan. Fan 'e beide fleandekskippen fan dy taakgroep wie de USS Lexington sonken en de USS Yorktown slim skansearre. De earste ynskatting wie dat de Yorktown nei de marineskipswerven oan 'e Puget Sound yn Washington moatte soe foar in moannenlange reparaasje. Mar de fleantúchliften wiene noch yntakt, en datselde gou foar it measte part fan it fleandek. Op 'e Marineskipswerf Pearl Harbor wurke it personiel de klok rûn om 'e wichtichste mankeminten provisoarysk te ferhelpen, en nei 72 oeren fear de USS Yorktown wer út. Op dat stuit wie it reparaasjewurk oan board fan it fleandekskip noch yn folle gong, ferrjochte troch wurkploegen fan it reparaasjeskip de USS Vestal, dat sels slim skansearre rekke wie by de Oanfal op Pearl Harbor. De bommesmitersquadrons fan 'e USS Yorktown, dy't yn 'e Slach yn 'e Koraalsee ek slim úttinne wiene, waarden oanfolle mei hokfoar gaadlike fleantugen mar foarriedich wiene, wêrûnder guon dy't krekt út it fabryk kamen en oaren dy't oerpleatst waarden fan 'e USS Saratoga.
Op Midway waard it garnizoen fuortsterke. Op 4 juny, oan it begjin fan 'e slach, wiene dêr stasjonearre: 31 Consolidated PBY Catalina-fleanboaten en 6 nije Grumman TBF Avengers fan 'e Amerikaanske Marine; 19 Douglas SBD Dauntlesses, 7 Grumman F4F Wildcats, 17 Vought SB2U Vindicators en 21 Brewster F2A Buffalo's fan it Amerikaanske Marinierskorps; en 17 Boeing B-17 Flying Fortresses en 4 Martin B-26 Marauders fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften. Hoewol't de Buffalo's en de Vindicators al slim ferâldere wiene, slagge it op dat stuit net om better materieel te finen.
De seeslach
bewurkje seksjeFoarspul
bewurkje seksjeDe tarieding fan 'e Japanners op 'e Slach by Midway misbetearde folslein. Trochdat de Japanske marinekoade fierhinne brutsen wie, hiene de Amerikanen foarôfgeande oan 'e slach al in frij aardich byld fan wêr't en wannear't se de Japanners ferwachtsje koene. In foarútskode line fan Japanske dûkboaten kaam te let yn posysje (foar in part troch de rimpenens fan Yamamoto) en waard de Amerikaanske Pasifyske Float net gewaar om't dy dat punt doe al foarbyfearn wie. De Amerikanen koene sadwaande posysje ynnimme benoarden it atol Midway op in plak dat se de koadenamme "Point Luck" jûn hiene. Militêre ferkenning út 'e loft wei mei Kawanishi H8K "Emily"-fleanboaten moast de Japanners dúdlik meitsje oft de Amerikaanske float noch yn Pearl Harbor lei. Mar it plak dêr't de fleanboaten nije brânstof ynnimme moasten, in ferlitten baai oan 'e kust fan it ûnbewenne atol French Frigate Shoals, bliek beset te wêzen troch de Amerikaanske Marine nei't de Japanners yn maart in identike ferkenningsmisje útfierd hiene. Dêrtroch taasten de Japanners foarôfgeande oan 'e seeslach folslein yn it tsjuster oangeande de lokaasje fan 'e Amerikaanske fleandekskippen.
De Japanners waarden wol in taname yn Amerikaansk radioferkear en yn 'e aktiviteit fan Amerikaanske ûnderseeërs gewaar. Dy ynformaasje waard foarôfgeande oan 'e slach út Tokio wei oan admiraal Yamamoto trochdien, mar hy keas derfoar om dêroer gjin kontakt mei fise-admiraal Nagumo op te nimmen om't er syn posysje net ferriede woe en derfan útgie dat Nagumo itselde berjocht ûntfongen hie. Lange tiid waard tocht dat Nagumo dy ynformaasje net krigen hie, mar nij histoarysk ûndersyk hat útwiisd dat er der wol deeglik fan op 'e hichte steld waard. Wêrom't er syn striidplannen dan net oanpaste op basis fan 'e nije ynformaasje of alteast foarsoarchsmaatregels naam, bliuwt in riedsel.
Earste skermutselingen
bewurkje seksjeOm likernôch 09.00 oere moarns op 3 juny waard in Consolidated PBY Catalina fan it Amerikaanske marinesquadron VP-44, dat stasjonearre wie op it Marineloftfeartstasjon Midway, in fijannich flottylje gewaar. It wie de striidgroep fan 'e Keizerlike Japanske Marine ûnder fise-admiraal Nobutake Kondō, dy't útstjoerd wie om it atol te feroverjen en te besetten nei't it garnizoen by in loftoanfal fierhinne útskeakele wie. De lokaasje fan 'e skippen fan Kondō wie 930 km westsúdwestlik fan Midway. De piloat fan 'e Catalina, faandrich Jack Reid, rapportearre by fersin dat er de Japanske haadmacht ûntdutsen hie. Dêrop stigen om 12.30 oere njoggen Boeing B-17 Flying Fortresses fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften op fan it fleanfjild fan Midway foar de earste loftoanfal. Trije oeren letter troffen se de besettingsmacht 1.060 km westlik fan Midway, dêr't se ûnder swier Japansk loftdoelgeskut harren bommen falle lieten. Hoewol't se rapportearren dat fjouwer skippen rekke wiene, giene de bommen der eins allegearre by troch. Pas om 01.00 oere op 'e tige iere moarn fan 4 juny waard de earste wiere skea oanrjochte, doe't in Catalina mei syn torpedo de Japanske oaljetanker Akebono Maru rekke.
Japanske loftoanfal op Midway
bewurkje seksjeTrije en in heal oere letter, om 04.30 oere op 4 juny, liet fise-admiraal Chūichi Nagumo de oanfal op Midway begjinne. Dy waard útfierd troch 36 Aichi D3A "Val"-dûkbommesmiters en 36 Nakajima B5N2 "Kate"-torpedobommesmiters, eskortearre troch 36 Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleantugen. Befelfierend ofsier wie luitenant-op-see Jōichi Tomonaga. Tagelyk liet Nagumo ek sân fleantugen opstiigje om 'e Amerikaanske Pasifyske Float te sykjen: 2 "Kates" fan 'e fleandekskippen Kaga en Akagi, 4 Aichi E13A "Jake"-wetterfleantugen fan 'e swiere krusers Tone en Chikuma en 1 Nakajima E8N "Dave"-wetterfleantúch fan it slachskip Haruna. In achtste fleantúch op ferkenningsmisje stige om 05.00 oere hinne mei in healoere fertraging noch op fan 'e Tone. Acht fleantugen wie fierstente min foar it mânske oerflak oan see dat mei de militêre ferkenning bestrutsen wurde moast, en ek noch by minne waarsomstannichheden foar sokke aktiviteiten, mei in protte leechhingjende bewolking. It belang fan it feit dat ien fan 'e ferkenningsfleantugen in healoere te let opstige, wie dat se allegearre in fêste sektor tawiisd krigen hiene om te ferkennen. Ien fan 'e sektors soe dus in healoere letter as pland berêden wêze, en lit dat no krekt de sektor wêze wêryn't de Amerikaanske float him befûn.
Om deselde tiid hinne dat de earste oanfalsweach foar Midway opstige fan 'e Japanske fleandekskippen, setten alve Catalina's ôf fan it atol om 'e Japanske float te sykjen. Om 05.34 oere rapportearre ien dêrfan de ûntdekking fan twa Japanske fleandekskippen, wylst in oarenien tsien minuten letter de fijannige oanfalsweach yn it each krige. De radar fan it Marineloftfeartstasjon Midway (in ynstrumint dêr't de Japanners net oer beskikten) pikte de fijân op in ôfstân fan ferskate kilometers fan it atol op, wêrnei't de Amerikaanske jachtfleantugen opstigen om 'e ynkommende bommesmiters yn 'e mjitte te gean. Om 06.20 oere berikte de Japanske oanfalsweach Midway, dêr't swiere skea tabrocht waard oan 'e Amerikaanske basis. De jachtfleantugen fan it Amerikaanske Marinierskorps dy't de Japanners opwachten, krigen swiere ferliezen te ferduorjen yn 'e gefjochten mei de kwalitatyf bettere Zero's: 2 Grumman F4F Wildcats en 13 Brewster F2A Buffalo's waarden delsketten en fan 'e rest rekken de measten skansearre. Nei de oanfal wiene der noch mar twa oer dy't fleane koene.
Fan 'e 108 Japanske fleantugen dy't by de oanfal belutsen wiene, waarden 5 delsketten troch Amerikaanske fleantugen en 3 troch it Amerikaanske loftdoelgeskut fan 'e basis. Nochris trije rekken sa swier skansearre dat se neitiid in needlâning op see meitsje moasten. Fan 'e fleantugen dy't úteinlik op 'e fleandekskippen weromkearden, wiene 14 swier skansearre en 29 lichter skansearre. De loftoanfal slagge net yn syn wichtichste doel: om it Marineloftfeartstasjon Midway te neutralisearjen. Amerikaanske bommesmiters koene noch altyd it fleanfjild brûke om te lânjen en by te tanken, en it meastepart fan it loftdoelgeskut en de oare ferdigening fan it atol wie yntakt bleaun. Japanske piloaten rapportearren oan fise-admiraal Nagumo dat der ferlet wie fan in twadde oanfal om 'e basis út te skeakeljen, as de ferovering en besetting fan 'e eilannen troch de troepen fan fise-admiraal Kondō lykas pland op 7 juny plakfine soe.
Oanfal fan it garnizoen fan Midway op 'e Japanske float
bewurkje seksjeDe op Midway stasjonearre bommesmiters, dy't foar de Japanske oanfal opstige wiene, fierden neitiid ferskate oanfallen út op 'e Japanske float. Dêrby wiene 6 Grumman TBF Avengers fan 'e Amerikaanske Marine belutsen, 11 Vought SB2U Vindicators en 16 Douglas SBD Dauntlesses fan it Amerikaanske Marinierskorps en 4 Martin B-26 Marauders en 15 Boeing B-17 Flying Fortresses fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften fan it Amerikaanske Leger. De Japanners sloegen dy oanfallen ôf sûnder har wier ynspanne te hoegen. Se ferlearen dêrby mar 3 Zero's, wylst se 5 Avengers, 2 Vindicators, 8 Dauntlesses en 2 Marauders ferneatigen.
Ien Marauder, dy't slim skansearre rekke wie troch Japansk loftdoelgeskut, fleach rjocht op 'e brêge fan it fleandekskip Akagi ôf, dêr't fise-admiraal Nagumo en syn stêf har befûnen. It is net dúdlik oft de piloat no in selsmoardoanfal besocht, of dat er al dea of swierferwûne wie of troch de skea oan it fleantúch folslein de kontrôle oer syn tastel ferlern wie. Mar hoe dan ek: hy miste de brêge, en dêrmei de organisasjonele ûnthalzing fan 'e Japanske oanfalsfloat, mar krekt, foar't er mei ien fan syn wjukken it dek rekke en al rêdslaand de see yn rûntsjedraaide. Dy ûnderfining, dêr't er de dea by yn 'e eagen seach, soe wolris bydroegen hawwe kinne oan Nagumo syn wisberettens om mei in twadde oanfal ôf te weven mei it Marineloftfeartstasjon Midway, ek al gie sa'n twadde oanfal tsjin 'e befellen yn dy't er krigen hie fan admiraal Isoroku Yamamoto.
Wylst de bommesmiters fan it garnizoen fan Midway de Japanske float oanfoelen, seach de Amerikaanske dûkboat de USS Nautilus fan luitenant-op-see 1e klasse William H. Brockman jr. syn kâns skoan om sels ek in wraam op 'e Japanners te dwaan. Om 08.20 oere fjurre er om 'e nocht in torpedo ôf op it Japanske slachskip de Kirishima, wêrnei't er ûnderdûke moast om te ûnkommen oan 'e eskorteskippen fan dat slachskip. Om 09.10 oere doek er wer op en fjurre er, op 'e nij om 'e nocht, in torpedo op in kruser ôf, wêrnei't er fannijs gau ûnderdûke moast om te ûntkommen. De Japanske torpedoboatjager Arashi spandearre frijwat tiid oan 'e efterfolging fan 'e USS Nautilus, in feit dat letter yn 'e slach noch fan belang wêze soe.
De dilemma's fan Nagumo
bewurkje seksjeNeffens de oarders fan admiraal Yamamoto yn it ramt fan Operaasje MI hie Nagumo by it bombardemint fan Midway de helte fan syn fleantugen yn reserve holden. Dêrby gie it om twa squadrons dûkbommesmiters en twa squadrons torpedobommesmiters. Mei't de Japanske militêre doktrine foarskreau dat de dûkbommesmiters pas op it fleandek fan bommen foarsjoen wurde mochten, wiene dy noch ûnbewapene. De torpedobommesmiters wiene lykwols al foarsjoen fan torpedo's foar it gefal dat der Amerikaanske marineskippen waarnommen wurde soene. Neffens it plan fan Yamamoto soene alle Japanske fleantugen, nei't it Marineloftfeartstasjon Midway mei in bombardemint neutralisearre wie, tarist wurde mei torpedo's en anty-skipsbommen om it op te nimmen tsjin 'e Amerikaanske Pasifyske Float. It nijs dat de basis op Midway noch net útskeakele wie en dat der ferlet wie fan in twadde oanfalsweach om dy útskeakeling te berikken pleatste Nagumo foar in dilemma: moast er it Marineloftfeartstasjon Midway fierders negearje en him oan it oarspronklike oanfalsplan hâlde of moast er syn bommesmiters tarisse mei bommen foar lândoelen om earst definityf mei de basis ôf te weven foar't er oer de Amerikaanske float gear gie?
Om 07.15 oere keas Nagumo foar de lêste opsje en joech er befel om 'e fleantugen dy't yn reserve holden wiene, te bewapenjen mei bommen foar gebrûk tsjin lândoelen. Dy bewapening wie al hast in healoere geande doe't om 07.40 oere it mei fertraging ôfsette ferkenningsfleantúch fan 'e Tone de ûntdekking rapportearre fan in Amerikaansk marine-eskader fan oansjenlike omfang beëasten de Japanske float. Dêrby waard lykwols net spesifisearre hokfoar skippen dat eskader út bestie. Histoarisy hawwe letter bewiis opdobbe dat dizze ynformaasje fise-admiraal Nagumo pas 20 minuten letter, om likernôch 08.00 oere, berikte. Dêrop joech hy gau-gau befel om 'e bewapening mei bommen tsjin lândoelen werom te draaien en de op 'e fleandekskippen efterbleaune fleantugen ynstee te bewapenjen mei anty-skipsbommen en torpedo's. Fan it ferkenningsfleantúch easke er in dúdlike posysjebepaling fan 'e Amerikaanske skippen. Der ferstriek nochris 20 minuten foar't it ferkenningsfleantúch lang om let trochjoech dat der ien fleandekskip by it ûntdutsen eskader wie. Dat moat ien fan 'e fleandekskippen fan Taakgroep 16 fan skout-by-nacht Raymond A. Spruance west hawwe (de USS Enterprise of de USS Hornet). It susterfleandekskip waard troch it ferkenningsfleantúch net waarnommen.
Nagumo stie no foar in nij dilemma. Syn kâns om 'e Amerikanen fluch in slach ta te bringen wie beheind troch de oansteande weromkear fan 'e oanfalsweach dy't it bombardemint fan Midway útfierd hie. Dy fleantugen moasten daliks lânje omreden fan gebrek oan brânstof, of oars soene se needlânings yn see meitsje moatte, mei as gefolch dat de fleantugen, en faaks de piloaten ek wol, ferlern gean soene. Troch oanhâldende operaasjes yn ferbân mei de loftbeskerming fan 'e float tsjin 'e bommesmiters fan Midway en it gedoch mei de bewapening en werbewapening wiene de yn reserve holden fleantugen noch net ree om op te stiigjen. Om se no dochs yn 'e loft te krijen, soe teminsten in healoere yn beslach nimme. En dy tiid wie der net foar't de fleantugen werom kamen fan Midway.
Skout-by-nacht Tamon Yamaguchi, dy't it befel fierde oer de 2e Fleandekskip Difyzje (besteande út 'e Sōryū en de Hiryū) stie der by Nagumo op oan om daliks ta te slaan mei de striidkrêften dy't foarhâns wiene: 16 Aichi D3A "Val"-dûkbommesmiters fan 'e Sōryū en 18 fan 'e Hiryū, dutsen troch 17 Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleantugen. De militêre doktrine fan 'e Keizerlike Japanske Marine joech lykwols sterk de foarkar oan it ynsetten fan folsleine oanfalsweagen ynstee fan oanfallen by stikjes en brokjes. Sûnder de befêstiging dat der ien of mear fleandekskippen by it ûntdutsen Amerikaanske eskader wiene (dy't pas om 08.20 oere kaam) besleat Nagumo om him oan 'e doktrine te hâlden. Hy soe wachtsje oant de oanfalsweach dy't Midway bombardearre hie, lâne wie, om dêrnei de hiele reserve as in folsleine nije oanfalsweach de loft yn te stjoeren mei as doelwyt it Amerikaanske eskader.
Dêrmei begie Nagumo in fatale flater. As er derfoar keazen hie en lit alle beskibere fleantugen om 07.45 oere opstiigje foar in wraam op it Amerikaanske eskader, mei it risiko dat guon fan 'e fleantugen dy't Midway bombardearre hiene, yn see lânje moatten hiene, dan hied er nettsjinsteande de ûnfolsleinens fan 'e oanfalsweach dochs likegoed in krêftige wraam op 'e Amerikanen dwaan kinnen, mei de kâns op it ta sinken bringen fan twa fan 'e trije Amerikaanske fleandekskippen. Boppedat hied er dan net tsientallen bewapene en fan brânstof foarsjoene fleantugen op syn fleandekskippen stean hân, in tige gefaarlike sitewaasje wannear't de fijân bommen op 'e skippen falle lit. Doe't er derfoar keas om te wachtsjen, bestie der gjin mooglikheid mear foar him om 'e earste klap út te dielen, mei't de Amerikaanske bommesmiters om 07.00 oere begûnen op te stiigjen fan harren fleandekskippen. Harren oanfal hie ek net foarkomd wurde kinnen as Nagumo oars hannele hie, mar dan hie de skea mooglik beheind wurde kinnen.
Oanfallen fan 'e Amerikaanske float op 'e Japanske float
bewurkje seksjeIer op 'e moarn fan 4 juny waard de Japanske float fan fise-admiraal Nagumo waarnommen troch in Amerikaanske Consolidated PBY Catalina-fleanboat dy't op ferkenning útstjoerd wie. De ynformaasje waard omtrint 06.00 oere trochjûn oan skout-by-nacht Frank Jack Fletcher, dy't oan board fan it fleandekskip de USS Yorktown it befel oer de Amerikaanske float fierde. Hy befelle skout-by-nacht Spruance om 'e bommesmiters fan 'e USS Enterprise en de USS Hornet de loft yn te stjoeren foar in oanfal op 'e Japanners sagau't soks mar berêden wurde koe. De bommesmiters fan 'e USS Yorktown hold er foarearst yn reserve, foar it gefal dat der noch oare Japanske fleandekskippen ûntdutsen wurde soene.
Hoewol't de ôfstân nei de Japanske float ekstreem wie, ornearre Spruance dat in oanfal kâns fan slagjen hie en joech er syn stêfsjef, kaptein-op-see Miles Browning, opdracht om der daliks risselwaasje foar te meitsjen. Om't de fleandekskippen foar it opstiigjen fan 'e fleantugen yn 'e wyn op moasten en der in súdeastewyn waaide, soe de Amerikaanske float in skoft mei hege faasje by de Japanners wei farre moatte. Dêrom stelde Browning foar om mei de oanfal te wachtsjen oant 07.00 oere, sadat de Amerikanen dan noch in oere de tiid hawwe soene om 'e ôfstân mei de Japanske float lytser te meitsjen troch der mei in faasje fan 25 knopen (46 km/h) op ta te farren. Om 07.00 oere befûn de Amerikaanske float him op in ôfstân fan 287 km fan 'e float fan Nagumo ôf. It opstiigjen fan 'e Amerikaanske bommesmiters fan 'e USS Enterprise en de USS Hornet sette inkele minuten letter útein. Nei't er him derfan bewissige hie dat der gjin oare fijannige fleandekskippen te finen wiene, liet Fletcher om 08.00 oere ek de bommesmiters fan 'e USS Yorktown de loft yn gean. Wylst de Japanners de 108 fleantugen fan 'e oanfalsweach foar Midway yn mar 7 minuten opstiigje litten hiene, duorre it mear as in oere ear't de USS Enterprise en de USS Hornet 117 fleantugen yn 'e loft hiene.
Yn 'e Slach yn 'e Koraalsee hiene Fletcher, kaptein-op-see Elliott Buckmaster, de gesachfierder fan 'e USS Yorktown, en harren stêf yn 'e praktyk leard hoe't se in oanfalsweach gearstalle moasten foar in sa effektyf mooglike wraam op 'e fijannige float. Der wie lykwols gjin tiid om sokke út ûnderfining berne kennis troch te jaan oan 'e USS Enterprise en de USS Hornet. Skout-by-nacht Spruance joech syn piloaten befel om gjin tiid te fergriemen troch op oaren te wachtsjen, mar fuortendaliks op 'e fijân ta te gean. Hy ornearre dat de útskeakeling fan 'e Japanske fleandekskippen de kaai wie ta it oerlibjen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float en dat de needsaak om 'e Japanners dwaande te hâlden grutter wie as de needsaak foar koördinaasje fan 'e Amerikaanske oanfal. Sadwaande begûn de Amerikaanske oanfal by stikjes en brokjes. Spruance naam it foar leaf dat soks de kâns op ferliezen fergrutte en de impact ferlytse fan 'e klap dy't oan 'e Japanners útdield wurde soe. Yn syn tinken soe dat it wurdich wêze as dêrtroch de Japanners belet waard om sels in oanfalsweach fan fleantugen út te stjoeren tsjin 'e Amerikaanske float.
De Amerikaanske fleantugen fan 'e USS Enterprise en de USS Hornet hiene muoite om 'e Japanske float te finen, nettsjinsteande dat harren de korrekte posysje trochjûn wie. De oanfalsgroep fan 'e USS Hornet, û.l.f. kaptein-luitenant-op-see Stanhope C. Ring, folge in foute koers fan 265 graden, ynstee fan 'e 240 graden dy't yn it kontaktrapport fermeld stie. Sadwaande fleagen dy fleantugen by de Japanske float troch. Squadron VT-8, ek fan 'e Hornet, oanfierd troch luitenant-op-see 1e klasse John C. Waldron, briek by de formaasje fan Ring wei om 'e korrekte koers te folgjen. It wie sadwaande Waldron syn squadron dat it earst de Japanske float yn it fizier krige.
Om 09.20 oere sette Squadron VT-8 de oanfal op 'e Japanske fleandekskippen yn, en om 09.40 oere die squadron VF-6 fan 'e USS Enterprise itselde. De tsien Grumman F4F Wildcat-jachtfleanmasines dy't de bommesmiters fan VT-8 beskermje moasten, wiene ûnderwilens al sûnder brânstof kommen te sitten en hiene needlânings op see meitsje moatten. De Wildcats fan VF-6 wiene omreden fan brânstofkrapte omkeard nei de Amerikaanske float. Sûnder beskerming troch jachtfleantugen waarden alle 15 Douglas TBD Devastators fan VT-8 troch Japanske Zero's en it loftdoelgeskut fan 'e Japanske float delsketten sûnder wat bedijd te hawwen. De iennichste oerlibbene fan it hiele squadron fan 30 man wie faandrich George H. Gay jr., dy't syn torpedo op 'e Sōryū ôfskeat foar't er sels út 'e loft sketten waard. It Japanske fleandekskip wist de torpedo lykwols te ûntwiken. Squadron VF-6, oanfierd troch luitenant-op-see 1e klasse Eugene E. Lindsey, ferlear by de oanfal op 'e Japanske float 9 fan 'e 14 Devastators plus ien dy't sa skansearre rekke dat er letter in needlâning op see meitsje moast. Fan Squadron VT-3, fan 'e USS Yorktown, ûnder lieding fan luiteant-op-see 1e klasse Lance Edward Massey, dat om 10.10 oere om 'e nocht de Hiryū oanfoel, waarden 10 fan 'e 12 Devastators delsketten.
Japanske Zero's en it loftdoelgeskut fan 'e float makken koart wurk fan 'e eskorteleaze Amerikaanske bommesmiters, dy't boppedat ûnderbewapene en efter de tiid rekke wiene. En tanksij de abominabele kapasiteiten fan 'e Amerikaanske Mark 13-torpedo's bleaune alle Japanske skippen ûnskansearre. De torpedo's giene te djip en passearren ûnder de kyl fan 'e Japanske skippen of giene ôf foar't se it doel rekken of rekken it doel (soms mei in lûde, hearbere bats fan metaal op metaal) mar giene net ôf.
Mar nettsjinsteande it feit dat it harren net slagge en bring de Japanske float skea ta, boekten de Amerikanen mei harren oanhâldende oanfallen dochs trije wichtige resultaten. Yn it foarste plak soargen se derfoar dat de Japanske fleandekskippen oan ien wei troch oanfallen ôfslaan moasten en gjin tiid hiene om te risselwearjen foar it útstjoeren fan in eigen oanfalsweach. Oard rekken in protte fan 'e Zero's, dy't de Japanske float út 'e loft wei tsjin 'e Amerikaanske oanfallen beskermje moasten, op in stuit hast troch har branje en munysje hinne. En trêd hiene de Japanners te min Zero's yn 'e loft om 'e eigen float ôfdwaande te beskermjen, mei as gefolch dat de Zero's troch de oanfallen út posysje rekken: de ferskining fan squadron VT-3 op it toaniel, omtrint 10.00 oere, loek hast alle Zero's nei it súdeastlike kwadrant fan 'e Japanske float ta. In oare faktor yn 'e ûnfoldwaande beskerming fan 'e fleandekskippen wie dat de eskorteskippen fan 'e Japanske float op grutte ôfstân fan 'e fleandekskippen operearren as útkyk, ynstee fan dat se deunby de fleandekskippen bleaune om dy mei harren loftdoelgeskut te beskermjen.
It gefal woe dat trije Amerikaanske squadrons Douglas SBD Dauntless-dûkbommesmiters fan 'e USS Enterprise en de USS Yorktown de Japanske float út it súdwesten en noardeasten wei yn sicht krigen, krekt doe't frijwol alle Zero's besteld wiene mei it ôfweven mei squadron VT-3. It squadron fan 'e Yorktown, VB-3, hie fuort efter VT-3 oan flein, mar keas derfoar om út in oare rjochting oan te fallen. De beide squadrons fan 'e Enterprise, VB-6 en VS-6, dy't út in diametraal oare rjochting kamen, wiene hast troch har branje hinne om't se sa lang nei de Japanske float socht hiene. Harren kommandant, kaptein-luitenant-op-see C. Wade McClusky jr., besleat nettsjinsteande dat de speurtocht fuort te setten, en folle mear troch lok as troch wiisheid murken se op in stuit it wite kylwetter op 'e fan 'e Japanske torpedoboatjager Arashi, dy't nei syn fergese efterfolging fan 'e Amerikaanske dûkboat USS Nautilus mei folle krêft foarút weromsteamde nei de Japanske float. Dêrnei wie it foar de beide squadrons in kâld keunstke en fyn de Japanske float troch de koers fan 'e Arashi te folgjen. Guon fan McCluskey syn bommesmiters kamen sûnder brânstof te sitten en moasten needlânings op see meitsje noch foar't de oanfal begûn.
Admiraal Chester W. Nimitz, de befelhawwer fan alle Amerikaanske Striidkrêften yn 'e Stille Oseaan, soe letter sizze dat de Slach by Midway wûn wie troch it beslút fan kaptein-luitenant-op-see McClusky om nettsjinsteande brânstofkrapte troch te sykjen en it mooglike ferlies fan alle fleantugen ûnder syn befel foar leaf te nimmen. Syn beide squadrons en VB-3 fan 'e Yorktown arrivearren fierders troch klearebare tafal op 'e perfekte tiid, lokaasje en hichte foar in oanfal op 'e Japanske fleandekskippen, dy't op dat stuit hast inkeld beskerme waarden troch it eigen loftdoelgeskut. Boppedat stiene de hangaardekken fol fleantugen dy't nije branje ynnamen, sadat brânstofslangen as in grimelgrammel oer de dekken leine. En troch it ferskillende kearen wikseljen fan bewapening leine de dekken ek fol mei torpedo's yn bommen ynstee dat dy feilich opburgen wiene yn 'e skipsmagazinen. De Japanske fleandekskippen wiene troch dy omstannichheden op dat stuit ekstreem kwetsber.
Om 10.22 oere joech McCluskey oan syn squadrons it befel om útinoar te gean, sadat ien squadron de Kaga oanfalle koe en it oare de Akagi. Troch miskommunikaasje doeken lykwols beide squadrons op 'e Kaga ta. Doe't er dy flater besefte, loek luitenant-op-see Richard Halsey Best op, om mei de beide bommesmiters oan wjerskanten fan him op eigen manneboet de Akagi oan te fallen. De Kaga waard bombardearre troch hast twa folsleine squadrons en hie dêr gjin ferwar tsjin. Der wiene trije oant fiif direkte treffers, dy't in protte skea oanrjochten en in stikmannich brannen ûntstieken. Ien fan 'e bommen kaam lyk foar de brêge del, en by de ûntploffing kamen de gesachfierder fan it skip, kaptein-op-see Jisaku Okada, en hast syn hiele stêf om, wat de gaos op it fleandekskip kompleet makke.
Underwilens berikten Best-en-dy de Akagi, dêr't se by harren oanfal ien direkte treffer berikten. (Dat wie hast mei wissichheid ien fan Best syn eigen bommen.) Troch in lokkich tafal rekke dy de râne fan 'e midskips deklift en krong sa troch op it boppeste hangaardek, dêr't er ûntplofte middenmank de tankende en mei eksplosiven tariste Japanske fleantugen. Dat late ta in ysbaarlik ynferno dy't it hiele hangaardek yn ljochte lôge sette. In oare bom miste de Akagi mar ûntplofte ûnder wetter hiel deun by de efterstjûne fan it skip en feroarsake krúsjale skea oan it roer. Tagelyk fierde squadron VB-3, û.l.f. luitenant-op-see Max Leslie, in oanfal út op 'e Sōryū, wêrby't teminsten trije direkte treffers plakhiene en grutte skea oanrjochte waard. Brânstof fleach yn 'e brân wylst opsteapele bommen en torpedo's eksplodearren.
Binnen seis minuten stiene de Sōryū en de Kaga fan boech oant efterstjûne yn 'e brân, en der wie gjin blussen oan wylst it fjoer him troch de skippen fersprate. Mei de Akagi, dy't mar troch ien bom rekke wie, gie it fuort sa mâl net, mar ek dêr wreiden de brannen har mei gauwens sa út dat se net mear blust wurde koene. Fan alle trije fleandekskippen moast de bemanning evakuëarre wurde, ynsafier't dat mooglik wie. Doe't fise-admiraal Nagumo besefte dat er yn ien klap trije fleandekskippen ferlern hie, liket er yn shock rekke te wêzen. Neffens eachtsjûgen stied er op 'e brêge fan 'e Akagi, dy't syn flaggeskip wie, mar wat ferdwaasd nei de flammen te stoarjen en moast er troch syn stêfsjef, skout-by-nacht Ryūnosuke Kusaka, bepraat wurde om it skip te ferlitten. Om 10.46 oere waard de flagge fan fise-admiraal Nagumo oerbrocht nei de lichte kruser Nagara. De trije ferlerne fleandekskippen bleaune noch in hiel skoft driuwende, mei't net ien ûnder de wetterline rekke wie. Der bestie hoop dat alteast de Akagi op sleeptou mei werom nei Japan nommen wurde koe, mar úteinlik moasten alle trije skippen troch de Japanners sels ta sinken brocht wurde om se út Amerikaanske hannen te hâlden: de Sōryū om 16.10 oere dy middeis (mei kaptein Ryusaku Yanagimoto, dy't derfoar keas om mei syn skip ûnder te gean, noch oan board); de Kaga de jûns om 19.25 oere; en de Akagi ier op 'e moarn fan 5 juny om 05.00 oere.
Tsjinoanfallen fan 'e Japanske float
bewurkje seksjeSkout-by-nacht Tamon Yamaguchi, de gesachfierder fan 'e Hiryū, it iennichste Japanske fleandekskip dat oan 'e ferneatiging ûntkommen wie, joech befel foar in tsjinoanfal, dy't om 11.00 oere begûn. De earste oanfalsweach, dy't bestie út 18 "Val"-dûkbommesmiters en 6 eskortearjende "Zero"-jachtfleanmasines, folge de nei har eigen float weromkearende Amerikaanske fleantugen en foel it earste fleandekskip oan dat se tsjinkamen: de USS Yorktown. Dat wie om 12.05 oere, wêrby't 13 Vals en 3 Zero's delsketten waarden, wylst twa Zero's al earder weromgean moatten hiene nei't se skea oprûn hiene by oanfallen op Dauntless-bommesmiters dy't ûnderweis werom nei de Amerikaanske float wiene. De USS Yorktown waard by de oanfal rekke troch trije bommen, dy't in grut gat yn it fleandek bliezen, in stik loftdoelgeskut ferneatigen en op ien nei alle boilers útdwêstgen. De skea wie sa slim dat skout-by-nacht Fletcher twongen wie om syn flagge tydlik te ferpleatsen nei de swiere kruser USS Astoria. Reparaasjeploegen wisten lykwols binnen in oere it gat yn it fleandek te tichtsjen en de enerzjytafier nei de boilers wer gean te litten, sadat de Yorktown mei in faasje fan 19 knopen (35 km/h) foarútkomme en de militêre operaasjes ferfetsje koe.
Om 13.31 oere stjoerde de Hiryū in twadde oanfalsweach de loft yn, besteande út 10 "Kate"-torpedobommesmiters begelaat fan 6 Zero's. Om 14.30 oere berikten dy de Amerikaanske float, dêr't ek sy it earst de USS Yorktown gewaar waarden. De reparaasjes wiene sa effektyf, dat de Japanske piloaten yn 'e ûnderstelling ferkearden dat dit in oar, ûnskansearre Amerikaansk fleandekskip wie. Sadwaande krige de Yorktown op 'e nij de folle laach en waard ûnder de wetterline troffen troch twa torpedo's. It skip rekke stjoerleas en gie 23° oer de side nei bakboard. De Japanners ferlearen by dizze oanfal 5 Kates en 2 Zero's. It nijs fan 'e beide oanfallen joech de Japanske float lykwols nije moed, mei't men der by fersin fan útgie dat by beide oanfallen in Amerikaanske fleandekskip útskeakele wie. De oerlibjende fleantugen kearden allegearre werom oan board fan 'e Hiryū. Hoewol't se by de beide tsjinoanfallen swiere ferliezen lit hiene, mienden Nagumo en syn stêf dat se genôch fleantugen gearskraabje koene om noch ien lêste wraam te dwaan op wat se tochten dat it lêst oerbleaune Amerikaanske fleandekskip wie.
Nije oanfal fan 'e Amerikaanske float
bewurkje seksjeYn 'e neimiddei waard de Hiryū opmurken troch in ferkenningsfleantúch fan 'e USS Yorktown. Skout-by-nacht Spruance joech daliks befel ta in nije oanfal en stjoerde 10 Dauntless-dûkbommesmiters út fan 'e USS Enterprise en teffens 14 Dauntless-dûkbommesmiters fan 'e Yorktown dy't har taflecht op 'e Enterprise socht hiene. Om 17.00 oere berikte dy oanfalsweach de Hiryū, en hoewol't it Japanske fleandekskip taai ferdigene waard troch 10 oant 15 Zero's, waard it rekke troch fjouwer of mooglik fiif foltreffers. It skip kaam yn 'e brân te stean en wie net mear by steat om fleantugen lânje of opstiigje te litten. In twadde oanfalsweach fan 'e USS Hornet, dy't fanwegen miskommunikaasje net tagelyk mei dy fan 'e Enterprise ôfset wie, konsintrearre him op 'e eskorteskippen fan 'e Hiryū, mar wist dy net te reitsjen.
Nei't it krewearjen fan 'e Japanners om 'e brân oan board fan harren lêste fleandekskip te blussen, om 'e nocht bliek, waard de bemanning fan board helle. De rest fan 'e float bleau yn noardeastlike rjochting farren yn 'e hope de Amerikaanske float sa deun benei komme te kinnen dat de skipskanonnen fan 'e slachskippen en de swiere krusers ynset wurde koene. De Hiryū bleau efter yn 'e ferwachting dat it skip gau sinke soe, mar ier op 'e moarn fan 5 juny waard it fleandekskip noch altyd driuwend oantroffen troch fleantúch fan 'e Hōshō, ien fan 'e beide fleandekskippen fan 'e striidgroep fan admiraal Yamamoto. Eefkes bestie der hope dat it skip noch rêden wurde koe, mar dat bliek net it gefal en om 09.00 oere dy deis ferdwûn it ûnder de weagen. Skout-by-nacht Tamon Yamaguchi en de gesachfierder fan 'e Hiryū, kaptein-op-see Tomeo Kaku, keazen derfoar om mei it skip ûnder te gean. Yn Tamaguchi ferlear Japan miskien wol syn meast talintearre fleandekskipofsier.
Fierdere skermutselingen
bewurkje seksjeDoe't it op 'e jûn fan 4 juny tsjuster waard, evaluëarren beide partijen harren posysje en makke foarriedige plannen om 'e oare deis de striid fuort te setten. Skout-by-nacht Fletcher fûn dat er fan in kruser ôf net adekwaat it kommando oer de Amerikaanske float fiere koe, dat hy droech dat oer oan skout-by-nacht Spruance. Dyselde wist dat de Amerikanen in grutte oerwinning behelle hiene troch fjouwer fijannige fleandekskippen út te skeakeljen, mar hy taaste yn it tsjuster oer de fraach wat Yamamoto noch yn 't fet holden hie. Syn wichtichste doelen wiene om sawol de basis op Midway as syn eigen beide fleandekskippen te beskermjen. Mei op basis fan misliedende ynformaasje dy't ôfkomstich wie fan 'e dûkboat USS Tambor besleat er en lûk syn float in ein werom nei it easten, wêrnei't er om midsnacht hinne wer omkearde nei it westen.
Underwilens woe Yamamoto earst de striid trochsette en dêrom liet er syn restearjende striidgroepen opsteame nei it easten, op 'e siik nei de Amerikaanske fleandekskippen. Tagelyk stjoerde er der inkele krusers op út om op eigen manneboet Midway te bombardearjen mei harren skipskanonnen. Troch Spruance syn tebekwikende beweging op 'e jûn koene de Japanners de Amerikaanske float lykwols net fine, en úteinlik joech Yamamoto it befel ta in algemiene weromlûking yn westlike rjochting. Spruance ûntsprong dêr moai de dûns, want as er yn it tsjuster op 'e float fan Yamamoto staat wie, hiene de Yamato en de oare Japanske slachskippen nei alle gedachten koart wurk makke fan syn beide fleandekskippen.
Op 5 juny slagge it Spruance net om 'e float fan Yamamoto te finen, nettsjinsteande oanhâldende en wiidweidige ferkenningsflechten. Tsjin 'e ein fan 'e middei stjoerde er in oanfalsweach út om 'e oerbliuwende skippen fan Nagumo syn striidgroep te sykjen en te ferneatigjen. Hoewol't it likemin slagge om Nagumo te finen, fûn de oanfalsweach op in hier nei de float fan Yamamoto. It iennichste Japanske skip dat se ûntdieken, wie lykwols in efterop rekke torpedoboatjager, dy't by de oanfal mei de skrik frijkaam. De Amerikaanske fleantugen kearden nei tsjuster werom op 'e USS Enterprise en de USS Hornet.
Underwilens ûntdiek de Amerikaanske ûnderseeër USS Tambor om 02.15 oere op 'e iere moarn fan 5 juny 170 km bewesten Midway in groep skippen. Kaptein-luitenant-op-see John Murphy, de gesachfierder fan 'e Tambor, koe dy skippen net identifisearje, en syn earste ofsier, luitenant-op-see Edward Spruance (de soan fan skout-by-nacht Spruance), koe dat likemin. Yn ûnwissichheid oft de skippen eigen of fijannich wiene, en ûnwillich om syn libben te weagjen en fyn dat út, besleat Murphy om in dizenich rapport te stjoeren oer de waarnimming fan "fjouwer grutte skippen". Dat rapport gie nei admiraal Robert Henry English, de kommandant fan alle dûkboaten fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float, dy't it trochjoech oan admiraal Nimitz op it haadkertier fan 'e Pasifyske Float yn it Marinestasjon Pearl Harbor. Dy joech it wer troch oan skout-by-nacht Spruance. Dyselde, dy't earder sels ûnderseeboatkommandant west hie, wie poerrazen oer de opsetlike dizenigens fan it rapport, mei't it him gjin konkrete ynformaasje ferskafte op basis wêrfan't er beslissings nimme koe. Om't er noch altyd yn ûnwissichheid siet oer de lokaasje fan 'e float fan Yamamoto wie Spruance twongen om oan te nimmen dat de "fjouwer grutte skippen" dêr diel fan útmakken, en dat Yamamoto fan doel wie en doch in nije wraam op Midway. Dêrom ferpleatste er de Amerikaanske float nei in lokaasje op in ôfstân fan 190 km noardeastlik fan Midway, dêr't er yn 'e posysje wie om sa'n nije oanfal op it atol te blokkearjen.
Yn wurklikheid wiene de skippen dy't de USS Tambor opmurken hie it detasjemint fan fjouwer krusers en twa torpedoboatjagers dat troch Yamamoto útstjoerd wie om Midway fan see ôf te bombardearjen. Om 02.55 oere ûntfongen dy skippen it nije befel fan Yamamoto om har werom te lûken nei it westen en feroaren se fan koers. Krekt op dat stuit waard de Tambor sjoen. De Japanners namen logyskerwize oan dat de Amerikaanske dûkboat risselwearre foar in oanfal op harren, dat wylst se noch fan koers oan it feroarjen wiene, setten se útein mei ûntwikingsmaneuvers. Yn it tsjuster late dat ta in oanfarring tusken twa swiere krusers, de Mogami en de Mikuma. Dêrby rekke de boech fan 'e Mogami slim skansearre, sadat it skip net flugger mear farre koe as 12 knopen (22 km/h). De minder slim skansearre Mikuma mindere feart om by de Mogami te bliuwen.
Pas doe't om 04.12 oere de dage oan 'e loft wie, seach Murphy yn 'e Tambor dat de skippen dy't er folge Japansk wiene. Tsjin dy tiid wie it gefaarlik om te lang oan it wetteroerflak te bliuwen, dat hy doek ûnder om tichterby te kommen om in wraam op 'e fijân te dwaan. Dy oanfal wie net súksesfol. Pas neitiid, omtrint 06.00 oere, joech Murphy einlings en te'n lêsten de posysje troch fan twa Japanske krusers dy't yn westlike rjochting fuortkreupelskonken. Dêrnei doek er wer ûnder en spile fierder gjin rol fan belang yn 'e striid, ek al wiene de stadich farrende Mogami en Mikuma suver perfekte doelwiten foar in oanfal troch in dûkboat. Sadree't de USS Tambor weromkearde yn Pearl Harbor, liet Spruance Murphy út syn funksje ûntheffe en in kantoarbaan jaan, mei't er dúdlik net geskikt wie om it befel oer in ûnderseeër te fieren.
De folgjende pear dagen fierden de Amerikanen ferskate oanfallen út op 'e beide krusers, earst fan it Marineloftfeartstasjon Midway en fleanbases yn Hawaï ôf, en letter ek fan 'e beide fleandekskippen fan Spruance ôf. Dêrby waard de Mikuma úteinlik ta sinken brocht troch Dauntless-bommesmiters, wylst de Mogami fierdere slimme skea oerlibbe en werom nei Japan mankepoate foar wiidweidige reparaasjes. By de lêste fan dy oanfallen bombardearren de Amerikanen ek de Japanske torpedoboatjagers de Arashio en de Asashio.
Yn 'e tuskentiid wie de USS Yorktown stabilisearre, dat de Amerikanen tochten dat se it slim skansearre fleandekskip weromslepe koene nei Pearl Harbor om it fannijs te reparearjen. De sleepboat USS Vireo naam de Yorktown sadwaande op sleeptou en sette ôf yn eastlike rjochting mei in kordon torpedoboatjagers as beskerming. Op 'e lette middei fan 6 juny gloep de Japanske dûkboat I-168 lykwols troch it kordon hinne en skeat in salvo torpedo's ôf, wêrfan't twa de Yorktown rekken. Der wiene net in protte ferliezen op it fleandekskip, wêrfan't de bemanning ommers al hast hielendal fan board helle wie. Mar in trêde torpedo rekke de torpedoboatjager USS Hammann, wêrnei't de djiptebommen oan board ûntploften mei as gefolch dat it skip midstwa briek en binnen de koartste kearen sonk. Dêrby kamen 80 Amerikaanske matroazen om.
Fierder besykjen ta berging fan 'e Yorktown wie sinleas, dat wa't noch oan board wie, waard fan it skip helle, ûnder wa kaptein-op-see Buckmeister. De nacht fan 6 op 7 juny bleau de Yorktown noch boppe wetter, mar omtrint 05.30 oere op 'e iere moarn fan 'e sânde seach men hoe't it skansearre fleandekskip fluch kapseisde nei bakboard. Dêrby kaam in grut gat ûnder de wetterline oan 'e stjoerboardkant boppe wetter, dêr't ien fan 'e torpedo's fan 'e I-168 it skip rekke hie. De eskorteskippen lieten de flaggen sakje oant healstôk en de bemanningsleden oan dek giene yn 'e hâlding stean. Twa Catalina's, dy't oerfleagen, dipten har wjukken as lêste salút, en om 07.01 oere sakke de USS Yorktown ûnder de weagen.
Neisleep
bewurkje seksjeNei sa'n klinkende oerwinning en doe't de efterfolging fan 'e Japanske float yn 'e neite fan Wake riskant waard, liet skout-by-nacht Spruance syn float omkeare om werom te gean nei it easten. Syn torpedoboatjagers, dy't hast sûnder brânstof sieten, moasten bytankt wurde út 'e oaljetankers fan 'e float, en it fleandekskip de USS Saratoga arrivearre einlings fan 'e Amerikaanske westkust mei in grut tal nije fleantugen en piloaten dy't oer de oare fleandekskippen ferdield wurde moasten om 'e ferliezen oan te suverjen. Skout-by-nacht Fletcher brocht op 'e middei fan 8 juny syn flagge oer nei de Saratoga, wêrnei't er it kommando oer de float wer oernaam fan Spruance. De rest fan dy deis en de folgjende deis stjoerde Fletcher ferkenningsmisjes út oant er der wis fan wie dat Yamamoto net út it westen weromglûpen komme soe om op 'e nij de oanfal yn te setten. Tsjin 'e jûn fan 10 juny naam er it beslút om mei de float werom te kearen nei Pearl Harbor.
Oan 'e Japanske kant tsjinne fise-admiraal Nagumo op 15 juny in folslein, detaillearre rapport yn oer de slach, wêryn't er neat efterhold, hoewol't der ferskate fersinnen yn stiene. Sa leaude Nagumo noch altyd dat de Japanners yn 'e Slach by Midway twa Amerikaanske fleandekskippen ta sinken brocht hiene. Syn rapport waard strang geheim holden en inkeld keizer Hirohito en de heechste ofsieren fan 'e Keizerlike Japanske Marine krigen it te lêzen. Sels it Japanske Keizerlike Leger waard in skoft lang net fan 'e earnst fan 'e nederlaach op 'e hichte steld. De Japanske befolking krige alhiel neat oer de nederlaach te hearren. De ferwûnen fan 'e float waarden isolearre fan 'e bûtenwrâld en mochten sels mei har eigen famyljeleden gjin kontakt hawwe. De restearjende ofsieren en manskippen waarden ek by har famylje weiholden en gau-gau nei oare ienheden yn 'e Stille Súdsee stjoerd, dêr't de measten yn 'e folgjende jierren sneuvelen yn 'e striid. Noch Nagumo, noch lykfol hokker oare hege ofsier waard bestraft foar de nederlaach. Krektoarsom: doe't de Japanske fleandekskipsdifyzjes lang om let werboud wiene, krige Nagumo dêroer op 'e nij it befel. It is mar de fraach oft dat ek bard wêze soe as de Japanners beseft hiene dat se by Midway mar ien Amerikaansk fleandekskip útskeakele hiene.
De Japanners loeken learing út 'e nederlaach. Nije prosedueres waarden oannommen dy't makken dat tenei mear fleantugen op it fleandek (ynstee fan op 'e hangaardekken) fan nije brânstof foarsjoen en bewapene waarden. Ek stelde men de regel yn dat brânstofslangen, as se net yn gebrûk wiene, daliks leechrinne litten wurde moasten. Nije fleandekskippen waarden boud mei mar twa fleantúchliften, sadat it tal punten dêr't in bom it boppeste hangaardek binnenkringe koe, beheind waard. Tagelyk waard nij brânblusark ûntwurpen en krigen mear bemanningsleden bettere training op it mêd fan beheining fan skea en it blussen fan brânen. Oan 'e oare kant waard, om it tekoart oan piloaten op te lossen, de training fan nije piloaten ferkoarte, wat late ta in skerpe delgong yn 'e kwaliteit fan 'e Japanske fleanders.
De balâns
bewurkje seksjeDe Japanners
bewurkje seksjeYn 'e Slach by Midway ferlear de Keizerlike Japanske Marine 4 fleandekskippen, dy't troch de Amerikanen ta sinken brocht waarden of sa slim skansearre rekken dat de Japanners se sels ta sinken bringe moasten om se út 'e hannen fan 'e fijân te hâlden. Dat wiene de Akagi, de Kaga, de Sōryū en de Hiryū. Dêrnjonken waard ek de swiere kruser Mikuma ta sinken brocht, wylst de swiere kruser Mogami slim skansearre rekke en itselde gou foar 2 torpedoboatjagers, de Arashio en de Asashio. De Japanners ferlearen ek alle 248 bommesmiters en jachtfleanmasines dy't se yn 'e striid ynsetten. Ek giene der 5 wetterfleantugen ferlern, 3 fan 'e swiere kruser Chikuma en 2 fan 'e swiere kruser Tone.
Der sneuvelen oan 'e Japanske kant yn 'e Slach by Midway 3.057 man. Dêrfan kamen 267 om oan board fan 'e Akagi, 811 oan board fan 'e Kaga, 711 oan board fan 'e Sōryū en 392 oan board fan 'e Hiryū (wêrûnder skout-by-nacht Tamon Yamaguchi). Yn totaal sneuvelen der 2.181 man oan board fan 'e fjouwer fleandekskippen. Dêropta kamen oan board fan 'e swiere kruser Mikuma nochris 700 man om, oan board fan 'e swiere kruser Mogami 92 en oan board fan 'e torpedoboatjagers Arashio en Asashio 35, resp. 21 man. Oare skippen fan 'e Japanske float mei deaden ûnder de bemanning wiene: de torpedoboatjagers Arashi (1), Kazagumo (1) en Tanikaze (11), en de oaljetanker Akebono Maru (10).
Twa matroazen fan 'e swiere kruser Mikuma waarden op 9 juny troch de Amerikanen út in opblaasboatsje rêden en oan board nommen fan 'e dûkboat de USS Trout. Se waarden nei it Marinestasjon Pearl Harbor yn Hawaï brocht, dêr't se medyske fersoarging krigen. Teminsten ien fan harren, en mooglik allebeide (dat is net dúdlik) wurke neitiid mei oan in ferhear troch de Amerikaanske militêre ynljochtingetsjinst en joech ynformaasje oer de Japanske float. Ek waarden 35 bemanningsleden fan it fleandekskip de Hiryū út rêdingsboaten helle troch de Amerikaanske torpedoboatjager de USS Ballard, dy't harren nei Midway ta brocht. Dêrwei waarden se oan board fan it troepeskip de USS Sirius nei in kriichsfinzenekamp by Pearl Harbor ferfierd.
De Amerikanen
bewurkje seksjeDe Amerikaanske Pasifyske Float ferlear yn 'e Slach by Midway ien fleandekskip, de USS Yorktown, dat al skansearre oan 'e seeslach begûn. Ek giene der ferlern: ien torpedoboatjager, de USS Hammann, en likernôch 150 fleantugen. Foar de efter de tiid rekke en min prestearjende Douglas TBD Devastator, dêr't gâns fan delhelle waarden by de oanfallen op 'e Japanske float, wie de Slach by Midway de lêste kear dat er yn in oarlochssitewaasje ynset wurde soe. Yn totaal kamen der 307 Amerikanen om yn 'e Slach by Midway, ûnder wa generaal-majoar Clarence L. Tinker, de kommandant fan 'e 7e Loftmacht, dy't op 7 juny persoanlik lieding joech oan in loftoanfal troch bommesmiters fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften fan bases op Hawaï tsjin 'e weromwikende Japanske float. Hy rekke wei doe't er deunby Midway yn see delstoarte.
Under de deaden wiene ek trije Amerikanen dy't kriichsfinzen nommen wiene troch de Japanners. Faandrich Frank O'Flaherty, in piloat fan 'e USS Enterprise, en syn radioman/boardskutter Bruno Peter Gaido makken ûnder de Amerikaanske oanfal op 'e Japanske float in needlâning op see en waarden troch de bemanning fan 'e kruser Nagara (of fan 'e torpedoboatjager Makigumo; de boarnen binne it net iens) út 'e see fiske. Se waarden ûnderfrege en dêrnei fermoarde troch harren oan mei wetter folle kerosinefetten fêst te binen en oerboard te smiten, sadat se ûnder wetter lutsen waarden en ferdronken.
Faandrich Wesley Osmus, in piloat fan 'e USS Yorktown, waard troch de bemanning fan 'e torpedoboatjager Arashi oan board helle en stie itselde lot te wachtsjen. Hy fersette him lykwols, wêrnei't er oan board yn stikken houd waard mei in heksebile foar brânbestriding. Syn stoflik omskot waard neitiid oerboard smiten. Nei't it skynt waard Osmus op dy wize deamakke op befel fan 'e kaptein fan 'e Arashi, Yasumasa Watanabe. Dyselde kaam yn desimber 1943 om doe't de torpedoboatjager Numakaze troch de Amerikanen ta sinken brocht waard, mar as er de oarloch oerlibbe hie, soed er nei alle gedachten berjochte wurden wêze as oarlochsmisdiediger. Yn it rapport fan fise-admiraal Nagumo waard steld dat Osmus "op 6 juny stoar en in seemansgrêf krige". O'Flaherty en Gaido waarden yn it rapport net neamd.
Betsjutting
bewurkje seksjeDe útkomst fan 'e Slach by Midway wie fan krúsjaal belang foar it fierdere ferrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e Stille Oseaan. Net allinnich wie it de earste grutte oerwinning op see fan 'e Alliëarden tsjin 'e Japanners, mar ek hold it de fierdere ekspânsje fan Japan yn eastlike en súdeastlike rjochting tsjin. As Japan ynstee de slach wûn hie en de trije by de striid belutsen Amerikaanske fleandekskippen útskeakele hie, dan hie de USS Saratoga it iennichste fleandekskip west dat de Amerikanen yn 'e Stille Oseaan oer hân hiene, mei't de earste nije fleandekskippen, dêr't hurd oan skrept waard op 'e Amerikaanske skipswerven, op syn gaust yn desimber 1942 reekamen.
De Stille Súdsee hie dan foar de Japanners iepenlein. Se hiene sûnder mis Midway beset en hiene yn it súdeasten it Nijselânske mandaatgebiet Samoä, it ûnynkorporearre territoarium Amerikaansk-Samoä, de koloanjes Britsk-Fidzjy, de Britsk-Frânske Nije Hebriden, Frânsk-Nij-Kaledoanje en de Australyske koloanje Papoea (yn it súdeasten fan it eilân Nij-Guineä) ferovere. Dêropta hiene se it Noardlik Territoarium fan Austraalje oanfallen en mooglik Port Darwin beset, de besetting fan 'e Aleoeten yn Alaska soe útwreide wêze ta oare eilannen en miskien ek wol dielen fan it fêstelân, en miskien soene de Japanners ek besocht hawwe om Hawaï en/of Britsk-Seylon te feroverjen en te besetten. Sels Nij-Seelân wie yn sa'n gefal binnen it berik fan Japanske bommesmiters kommen. De Japanske floatlieding wie derfan oertsjûge dat de Feriene Steaten dan twongen wêze soene om yn te stimmen mei ûnderhannelings oer frede. Dat hie nei alle gedachten net bard, mar de Amerikanen hiene wol raar yn 'e lytse loege sitten.
De Slach by Midway kaam dat allegearre foar, en hoewol't de Japanske opmars net oer de hiele frontliny ta stilstân brocht waard, slagge it de Alliëarden neitiid om it inisjatyf oer te nimmen en oer te gean ta de oanfal út wat foartiid in folslein definsive hâlding west hie. Yn dat opsjoch klearre de Slach by Midway it paad foar de Slach om Guadalcanal yn 'e Salomonseilannen, dêr't de Japanners nei in útputtingsslach fan in healjier op 'e weromtocht twongen waarden.
Wat de hegemony op see oanbelange, soe Japan de klap dy't de Amerikanen útdielden yn 'e Slach by Midway nea te boppen komme. Neitiid hie Japan noch mar twa grutte fleandekskippen oer: de Shōkaku en de Zuikaku. Fan 'e oare Japanske fleandekskippen wie de Taihō , dy't pas yn begjin 1944 yn gebrûk nommen waard, de iennichste dy't de Shōkaku en de Zuikaku belykje koe. De Ryūjō en de Zuihō wiene lichte fleandekskippen, wylst de Jun'yō en de Hiyō dan wol klassifisearre waarden as grutte fleandekskippen, mar eins twadderangs skippen wiene mei in beheinde ynsetberens. Yn 'e tiid dy't de Japanners brek wiene om trije fleandekskippen te meitsjen, boude de Amerikaanske Marine sa'n 25 fleandekskippen en lichte fleandekskippen, mei dêropta in stikmannich eskortefleandekskippen.
Om alle boppeneamde redens wurdt de Slach by Midway, yn 'e mande mei de Slach om Stalingrad oan it Eastfront en de Twadde Slach by El Alamein yn Noard-Afrika, ornaris beskôge as ien fan 'e wichtichste mominten út 'e Twadde Wrâldoarloch. Yn 'e wrâldskiednis wurdt dizze seeslach wol ferlike mei de Slach by Salamis yn 'e Perzyske Oarloggen of de Slach by Trafalgar yn 'e Napoleontyske Oarloggen.
Untdekking fan 'e sonken skippen
bewurkje seksjeFanwegen de ekstreme djipte fan 'e oseaan yn 'e krite dêr't de Slach by Midway útfochten waard (likernôch 5.200 m), wie it ûndersykjen fan it 'slachfjild' tige dreech. Op 19 maaie 1998 ûntdiek seeûndersiker Robert Ballard mei in team fan wittenskippers en feteranen fan 'e Slach by Midway út 'e Feriene Steaten en Japan de lokaasje fan 'e USS Yorktown. It skipswrak lei op in djipte fan 5.070 m en wie opmerklik yntakt, yn oanmerking nommen dat it al 56 jier op 'e seeboaiem lei. De syktocht fan Ballard-en-dy nei de Japanske fleandekskippen wie lykwols om 'e nocht.
Yn septimber 1999 túgden it bedriuw Nauticos Corporation en it Oseanografysk Buro fan 'e Amerikaanske Marine (USNOO) in nije ekspedysje op om nei de Japanske skippen te sykjen. Mei as útgongspunt it lochboek fan 'e Amerikaaske dûkboat USS Nautilus dy't by it ta sinken bringen fan 'e fleandekskippen oanwêzich west hie, en troch de ynset fan nije technologyen waard in grut wrakstik fûn dat identifisearre waard as in diel fan it boppeste hangaardek fan 'e Kaga.
Tweintich jier letter, op 18 oktober 2019, makke de bemanning fan it ûndersyksskip de Petrel y.g.m. de Amerikaanske Marine bekend dat de Kaga fûn wie op in djipte fan 5.400 m. Op 21 oktober waard ek de Akagi ûntdutsen, dy't op in djipte fan 5.490 m lei op 'e boaiem fan it Nasjonaal Maritym Monumint Papahānaumokuākea, 2.090 km noardwestlik fan Pearl Harbor.
Tinkteken en ferneamings
bewurkje seksjeIt Gemeentlik Fleanfjild fan Chicago waard yn 1949 omneamd ta de Ynternasjonale Lofthaven Chicago-Midway, yn 'e regel ferkoarte ta Lofthaven Midway, ta eare fan 'e Amerikaanske oerwinning yn 'e Slach by Midway. In eskortefleandekskip, de USS Midway (CVE-63), waard op 17 augustus 1943 yn gebrûk nommen. Op 10 oktober 1944 waard dat skip omneamd ta USS St. Lo, om 'e namme frij te meitsjen foar in grutter fleandekskip. Dat wie de USS Midway (CV-41), dy't op 10 septimber 1945 yn 'e feart nommen waard en no foar anker leit yn 'e haven fan San Diego as it USS Midway Museum.
Op Sand Island, ien fan 'e eilannen fan it atol Midway, waard yn 1995 in monumint foar de Slach om Midway opsteld, besteande út in hast mânselhege swarte moarmerplaat mei ynskripsje, flankearre troch twa justjes legere wite moarmerplaten. Op 13 septimber 2000 rôp de Amerikaanske minister fan Binnenlânske Saken Bruce Babbitt de eilannen en byhearrende wetters fan Midway út ta it Nasjonaal Tinkteken de Slach by Midway. Presidint George W. Bush rôp Midway en de oare Noardwestlike Hawaï-eilannen op 15 juny 2006 út ta in nasjonaal monumint mei in oerflak fan 362.074 km², dat yn 't earstoan it Nasjonaal Maritym Monumint de Noardwestlike Hawaï-eilannen hiet, mar yn 2007 omneamd waard ta it Hawaïaansk as it Nasjonaal Maritym Monumint Papahānaumokuākea (útspr.: [ˈpɐpəˈhaːnɔuˈmokuˈaːkeə], likernôch: "pap-puh haa-nau moo-kû aa-kea").
Films
bewurkje seksjeDe Amerikaanske regisseur John Ford, dy't fral bekend is fan syn westernfilms, makke twa films oer de Slach by Midway. De earste wie in koarte dokumintêre fan 18 minuten foar it Movietone News-bioskoopsjoernaal, dy't útbrocht waard troch de Amerikaanske Kommisje foar Oarlochsynset (WAC). De film hie as titel The Battle of Midway en wûn yn 1943 de Oscar yn 'e kategory bêste dokumintêre. Ford makke ek in dokumintêre mei in spyldoer fan acht minuten mei as titel Torpedo Squadron 8, oer de heldhaftigens fan it torpedosquadron VT-8 fan 'e USS Hornet. Ford wie yn 1941 in kaptein-luitenant-op-see yn 'e Amerikaanske marinereserve, en ûnder de Slach by Midway wied er stasjonearre yn 'e enerzjysintrale fan it Marineloftfeartstasjon Midway op Sand Island. Dêrwei makke er eigenhandich opnamen fan it Japanske bombardemint fan it atol. Under it filmjen waard er troch in kûgel út it masinegewear fan in Japansk fleantúch yn 'e earm rekke.
Letter waard de Slach by Midway twaris ferfilme. De film Midway, dy't yn 1976 makke waard troch regisseur Jack Smight, hie Charlton Heston yn 'e haadrol. De cast bestie fierders út û.o. Henry Fonda (as admiraal Chester W. Nimitz), Glenn Ford (as skout-by-nacht Raymond A. Spruance), Robert Webber (as skout-by-nacht Frank Jack Fletcher), Robert Mitchum (as fise-admiraal William "Bull" Halsey), Toshiro Mifune (as admiraal Isoroku Yamamoto), James Shigeta (as fise-admiraal Chūichi Nagumo), Hal Holbrook en James Coburn. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar groeide yn 'e bioskopen út ta de op njoggen nei meast opbringende film fan it jier. Yn 2019 makke regisseur Roland Emmerich in remake dy't ek Midway hiet, mei yn 'e haadrollen Ed Skrein, Patrick Wilson, Luke Evans, Woody Harrelson (as admiraal Nimitz), Etsushi Toyokawa (as admiraal Yamamoto) en Dennis Quaid (as fise-admiraal Halsey). Ek dizze ferfilming krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't it fisuele spektakel priizgen, mar it senario leechleine. Oars as syn foargonger flopte dizze Midway yn 'e bioskopen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|