List fan moles yn Fryslân

Wikimedia-list
(Trochferwiisd fan Moles yn Fryslân)

Der binne noch sa'n 150 moles (of mûnen) yn Fryslân. De measte falle ûnder de monumintesoarch.

Poldermole De Wersteller en gemaal De Grie.

Yn 1811 waard it mûnebestân ynventarisearre. Nei de tiid noch in kear of wat. It lit sjen hoe dramatysk it tal mûnen minder wurden is.

By de ynventarisaasje fan 1811 wienen der noch mear as 2.400 moles yn Fryslân, yn 1943 noch mar 300, yn 1946 250 en yn 1955 likernôch 150.

De yndustrymoles ferlearen troch meganisaasje harren funksje en binne dêrtroch meastentiids sloopt. Sa binne der gjin oaljemoles mear yn Fryslân, mar der steane al noch wol twa moaie houtseachmûnen yn Drylts en Wâldsein.

De poldermoles ferlearen harren funksje troch de bou fan in soad gemalen yn Fryslân, wêrfan de bekendsten en grutsten it yr. D.F. Woudagemaal by De Lemmer en it J.L. Hooglandgemaal by Starum binne.

Foar in tal plakken bepaalden de mûnen it doarpsoansjen, mar binne se yn de rin fan de tiid hielendal ferdwûn, lykas op De Gordyk wêr't eartiids wol seis mûnen stiene.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De type mûnen dy't yn Fryslân foarkomme:

  • Muonts of Mûnts.
  • Spinnekop
  • Tsjasker. Yn tsjinstelling ta de beide oare type mûnen hat in tsjasker ornaris gjin namme, mar wurdt neamd nei it gebiet dêr't er yn stiet.

Neist dizze tradisjonele type wynmûnen komt yn Fryslân ek de wynmotor foar.

Mûnestiftings

bewurkje seksje

In protte mûnen binne eigendom fan in stifting. In stikmannich stiftings yn Fryslân beheare mear as ien mûne:

Tabel mûnen

bewurkje seksje
Plak Namme Jier Type Funksje Ofbyld
Achlum Achlumer Mole 1851 grûnsiler poldermole  
Akkrum Mellemole 1949 spinnekop poldermole  
Aldegea (Wymbritseradiel) Dorismooltsje 1800 spinnekop poldermole  
Boalsert Tadema's mole 1824 grûnsiler poldermole  
Boalsert Tsjasker Kleasterleane 1973 tsjasker poldermole  
Boarnsweach Sweachmermole 1782 stellingmole poldermole  
Burdaard De Swel 1987 stellingmole nôt-, pel- en seachmole  
Dokkum De Hoop 1849 stellingmole roggemole  
Dokkum Seldenrêst 1862 stellingmole roggemole  
Drylts De Rôt 1828 stellingmole seachmole  
Eanjum De Iendracht 1889 stellingmole nôt- en pelmole  
Frjentsjer Arkens 1835 spinnekop poldermole  
Goaiïngahuzen De Modderige Bol spinnekop poldermole  
Goaiïngahuzen De Jansmole spinnekop poldermole  
Goaiïngahuzen Heechhiem spinnekop poldermole  
It Hearrenfean Welgelegen 1849 stellingmole roggemole  
Hollum De Ferwachting 1991 stellingmole roggemole  
Holwert De Hoop 1713 stellingmole nôt- en pelmole  
De Jouwer Penninga's mole 1692 stellingmole roggemole  
De Jouwer De Griene Mole 1800 spinnekop poldermole  
Koudum De Flyt spinnekop op stelling roggemole  
Makkingea De Weyert 1868 stellingmole roggemole  
Marrum Grutte Mole 1845 stellingmole poldermole  
Marrum Klaailânsmole 1865 grûnsiler poldermole  
Ropta Ropta 1836 stellingmole nôt- en pelmole  
Mildaam Tsjongermole 1869 grûnsiler poldermole  
Noardwâlde Wynlust 1859 stellingmole roggemole  
Nijemardum Swaantsje 1893 grûnsiler poldermole  
Nijetrine De Reidfink 1855 grûnsiler poldermole  
Nijetrine De Reager 1871 grûnsiler poldermole  
Peazens De Hûn 1861 stellingmole nôtmole  
Ryptsjerk Ypey Mûne 1858 grûnsiler poldermole  
Skarsterbrêge Skarremole 1888 grûnsiler poldermole  
Sint Jansgea De Hersteller 1857 grûnsiler poldermole  
Sleat De Kaai 1755 stellingmole roggemole  
Snits Himmole 1982 spinnekop poldermole  
Stiens De Hoop 1853 stellingmole roggemole  
Tsjerkwert Beabuorstermole 1882 grûnsiler poldermole  
Vegelinsoard Grevensmole 1859 grûnsiler poldermole  
Wânswert Victor 1869 grûnsiler poldermole [[ ]]
Warkum De Nijlannermole 1784 grûnsiler poldermole  
Warkum De Snip foàr 1832 grûnsiler poldermole  
Warkum Ybema's Mole 1899 grûnsiler poldermole  
Wâldsein De Jager 1719? stellingmole seachmole  
Wâldsein 't Laam foar 1698 stellingmole roggemole  
Wikel Sânpoel 1975 tsjasker poldermole  
Wolvegea Wynlust 1888 stellingmole roggemole  
Wolvegea De Gooyer 1775 grûnsiler poldermole  

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Friese Molens, red.kommisje: H. Boschma, (1995), Ljouwert, Friese Pers Boekerij, ISBN 9033015226
  • Fries Molenboek, red.kommisje: A. Boksma, (1980), Ljouwert, De Tille, ISBN 90-70010-92-5
  • Nijhof, P. Windmolens in Nederland (1983), Swol, Waanders, ISBN 90-6630-002-7