Tennessee
Tennessee (útspr.: [tɛnɨ'si:], likernôch "tenne-sii"), offisjeel de Steat Tennessee (Ingelsk: State of Tennessee), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Tennessee, byneamd de Volunteer State, leit yn it sintrale easten fan it lân, yn 'e Appalachen, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Nashville, mar de grutste stêd is Memphis. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 6,5 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 17e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Tennessee mei rom 109.000 km² de 36e steat. Tennessee stiet bekend om syn rûge wyldernis, syn whiskey en Nashville, dat it wrâldsintrum fan 'e countrymuzyk is.
Steat Tennessee State of Tennessee | |
---|---|
flagge | wapen |
Agriculture and commerce (Ingelsk, "Lânbou en hannel") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | TN |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1796) |
haadstêd | Nashville |
grutste stêd | Memphis |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 6.549.352 (2014) |
befolkingstichtens | 59,9 / km² |
oerflak | 109.247 km² (2,2% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Volunteer State |
tiidsône | UTC –5 en –6 |
simmertiid | UTC –4 en –5 |
webside | www.tennessee.gov |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Tennessee. Foar oare betsjuttings, sjoch: Tennessee (betsjuttingsside).
Etymology
bewurkje seksjeDe namme 'Tennessee' komt út it Sjeroky, de taal fan it Yndiaanske folk mei deselde namme. It is in ferbastering fan ᏔᎾᏏ, Tanasi, dat de namme wie fan in Sjeroky-doarp yn wat no Monroe County is, oan 'e igge fan 'e rivier de Lytse Tennessee. De betsjutting fan Tanasi is ûndúdlik, en der binne oanwizings dat it in lienwurd is dat yn it Sjeroky oernommen is út in oare Yndiaanske taal, it Jûtsjy. Mooglik betsjuttings binne "plak fan gearkomste", "bochtsjende rivier" en "rivier fan 'e grutte bocht". Neffens folkekundige James Mooney is de namme net mear te analysearjen en is de oarspronklike betsjutting ferlern gien. De moderne stavering fan 'Tennessee' waard foar it earst yn 'e 1750-er jierren brûkt troch James Glen, de doetiidske gûverneur fan 'e Britske Koloanje Súd-Karolina. De bynamme fan Tennessee, de Volunteer State ("Frijwilligerssteat") ferwiist nei de Oarloch fan 1812, doe't frijwilligers út Tennessee in wichtige rol spilen yn 'e Slach om New Orleans.
Geografy
bewurkje seksjeTennessee hat in oerflak fan 109.247 km², wêrfan't 2,2% út wetter bestiet. It hat de foarm fan in paralellogram, en mjit 195 km fan noard nei súd en 710 km fan east nei west. It eastlik trêdepart fan 'e steat leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), wylst it westlike twatrêdepart by de yn 'e Sintrale Tiidsône heart (UTC –6, simmertiid –5). Tennessee is landlocked, en wurdt hielendal omjûn troch oare Amerikaanske steaten. It grinzget yn it noarden oan Kentucky, yn it westen oan Missoery en Arkansas, yn súdwesten oan Mississippy, yn it sintrale suden oan Alabama, yn it súdeasten oan Georgia, yn it easten oan Noard-Karolina en yn it noardeasten oan Firginia. De iennichste oare Amerikaanske steat dy't safolle buorsteaten hat is Missoery.
De noard- en súdgrinzen fan Tennessee binne fierhinne rjochte linen, mar de westgrins folget de rin fan 'e rivier de Mississippy, en de eastgrins wurdt foarme troch in krinkeljende line dy't dwers troch de Appalachen giet. Deunby dy eastgrins leit de berch Clingmans Dome, dy't mei 2.025 m boppe seenivo it heechste punt fan 'e steat is. Dat is teffens it op twa nei heechste punt fan 'e hiele Feriene Steaten beëasten de Rocky Mountains. It leechste punt fan Tennessee is de igge fan 'e rivier de Mississippy, oan 'e westgrins, mei in hichte fan 54 m boppe seenivo. De wichtichste rivieren fan 'e steat binne de Mississippy, de Cumberland en de Tennessee, dy't de steat twaris midstwa snijt, yn it easten fan noard nei súd en yn it westen fan súd nei noard. Tennessee hat de measte grotten fan alle Amerikaanske steaten: mear as 9.600. Der binne yn Tennessee gjin Yndianereservaten.
Tennessee kin opdield wurde yn seis geografysk-geologyske kriten. Fan east nei west binne dat: it Blue Ridge-berchtme, de binnenste Appalachen, it Cumberlandplato, de Heechlânrâne, de Dobbe fan Nashville en de Golfflakte. Kultureel, ekonomysk en juridysk is Tennessee ferdield yn trije regio's: East-Tennessee, Midden-Tennessee en West-Tennessee. Fan it fiifkoppige Heechgerjochtshôf fan Tennessee kinne nea mear as twa leden út deselde regio ôfkomstich wêze, en dyselde regel jildt foar in grut tal kommisjes en oare ynstellings.
East-Tennessee wurdt dominearre troch de Appalachen, it grutste berchtme fan 'e Feriene Steaten beëasten de Rocky Mountains. De berchkeatling kin ûnderferdield wurde yn in stikmannich lytsere berchrigen: de Great Smoky Mountains, de Keale Bergen, it Unicoi-berchtme, it Unaka-berchtme, it Roan-heechlân en de Izerbergen. It eastlike diel fan 'e steat is tige tinbefolke en heart foar in grut part ta it Nasjonaal Wâld Cherokee en it Nasjonaal Park de Great Smoky Mountains. Mear nei it westen ta leit it fruchtbere lânbougebiet fan 'e Tennessee-delling, en noch fierder westlik it Cumberlandplato mei syn ôfplatte bergen en djip ynsniene dellingen.
Midden-Tennessee bestiet út de Heechlânrâne, in heechflakte dy't de leger leine Dobbe fan Nashville omslút. It noardlike diel fan 'e Heechlânrâne wurdt foarme troch it Pennyroyal-plato, dat bekendstiet om syn tabaksbou. Ek de rest fan 'e Heechlânrâne bestiet út fruchtbere lânbougrûn. West-Tennessee omfiemet it diel fan 'e Golfflakte dat binnen de grinzen fan Tennessee leit. Dat diel fan 'e steat falt útinoar yn trije parten, mei yn it easten in bân fan steile heuvels dy't de skieding mei de Heechlânrâne oanjout. Mear nei it westen ta folget in brede sône mei gloaiend heuvellân. Tsjin 'e rivier de Mississippy oan leit de út frijwol flak leechlân besteande alluviale Mississippyflakte.
Skiednis
bewurkje seksjeIere skiednis
bewurkje seksjeDe ierste bewenners fan wat letter Tennessee wurde soe, wiene Paleo-Yndianen, dy't har likernôch 12.000 jier lyn yn 'e krite nei wenjen setten. Fan 8000 oant 1000 f.Kr. hearde Tennessee ta it gebiet fan 'e Argayske kultuer, fan 1000 f.Kr. oant 1000 n.Kr. ta it gebiet fan 'e Wâldlânkultuer en fan 1000 oant 1500 ta de Mississippykultuer. Yn 'e histoaryske perioade waard Tennessee bewenne troch de Jûtsjy (Yuchi) en troch Muskogeeske folken lykas de Tsjoktou (Choctaw) en de Tsjikkesou (Chickasaw).
De earste Jeropeänen dy't Tennessee besochten, wiene ferskate Spaanske ûntdekkingsreizgers, ntl. Hernando de Soto yn 1540, Tristán de Luna y Arellano yn 1559 en Juan Pardo yn 1567. Pardo wie dejinge dy't foar it earst de namme 'Tennessee' optekene, yn 'e foarm Tanasqui. Yn 'e rin fan 'e santjinde iuw rekken grutte dielen fan Tennessee ûntfolke, wierskynlik troch epidemyen fan Jeropeeske sykten dêr't de Yndianen gjin ferwar tsjin hiene. Dêrop lieten de Irokeeske Sjeroky (Cherokee) har ôfsakje út wat no Kentucky en West-Firginia is, om har yn Tennessee nei wenjen te setten.
Kolonisaasje
bewurkje seksjeDe earste Britske delsetting yn Tennessee wie Fort Loudoun, dat yn 1756 stifte waard yn 'e neite fan it tsjintwurdige Vonore, troch kolonisten dy't ôfkomstich wiene út 'e Koloanje Súd-Karolina. Dat late lykwols ta fijannichheden mei de Sjeroky, dy't it fort belegeren oant dat him op 7 augustus 1760 oerjoech. Yn 'e folgjende tsien jier waard hiel eastlik en sintraal Tennessee ferkend troch blanke jagers út 'e Koloanje Firginia, en tsjin 1770 arrivearren de earste permaninte kolonisten, dy't foar likernôch 80% fan Ingelsk en foar 20% fan Ulstersk komôf wiene. Dy lju foarmen yn 1772 de Wataugaferiening, in mienskip dy't him fêstige op lân dat pachte waard fan 'e Sjeroky, en dy't ornaris as de earste Amerikaanske oerheid bewesten de Appalachen beskôge wurdt.
Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) wie Tennessee it toaniel fan in guerrilja-oarloch dy't tsjin 'e Amerikaanske delsettings fierd waard troch de Tsjikkamauga-Sjeroky ûnder lieding fan it opperhaad Slepende Kano, dy't it mei de Britten hold. Yn 1780 foarme eastlik Tennessee de útfalsbasis fan in Amerikaanske formaasje dy't bekend kaam te stean as de Oerberchske Mannen (Overmountain Men), ear't dy de Appalachen oerstieken (dêrfandinne de namme) om yn Súd-Karolina de Britten te ferslaan yn 'e Slach by Kings Mountain.
Om dy tiid hinne hearde Tennessee bestjoerlik ta de steat Noard-Karolina, mei't it yn westlike rjochting yn it ferlingde fan Noard-Karolina lei, en de oarspronklike Britske oarkunden dêr't de Trettjin Koloanjes mei stifte wiene, hawwe woene dat dy koloanjes yn prinsipe yn westlike rjochting trochrûnen oan 'e Stille Oseaan ta. It kolonisearre diel fan East-Tennessee kaam bekend te stean as it Washingtondistrikt. Trije countys dêrfan skaten har yn 1784 fan Noard-Karolina ôf en rôpen de Steat Franklin út. It slagge har lykwols net om as sadanich talitten te wurden ta de Amerikaanske Uny, en tsjin 1789 waard it gesach fan Noard-Karolina wer erkend. Yn 1790 stie Noard-Karolina alle lân bewesten de Appalachen lykwols ôf oan it federale Amerikaanske regear, wêrnei't it reorganisearre waard as it Súdwestlik Territoarium. Uteinlik waard Tennessee op 1 juny 1796 as de 16e steat opnommen yn 'e Feriene Steaten. It wie de earste steat dy't skepen waard út in federaal territoarium; behalven de Trettjin Koloanjes wiene inkeld Fermont en Kentucky earder ta de Amerikaanske Uny talitten, en dy gebieten hiene nea in federaal territoarium west.
Yndiaanske deportaasje
bewurkje seksjeYn 'e iere njoggentjinde iuw waarden de Tsjoktou (Choctaw), de Tsjikkesou (Chickasaw) en alle oare Muskogeeske stammen en ek de Jûtsjy (Yuchi) fan it grûngebiet fan Tennessee ferwidere. De measten fan harren bedarren úteinlik yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma). Hoewol't de Sjeroky (Cherokee) har lang tsjin deportaasje fersetten, waarden ek sy yn 1838 en 1839 fan har lân set. Under it regear fan presidint Martin Van Buren waarden frijwol alle 17.000 Sjeroky út 'e súdwestlike Feriene Steaten, mei dêropta 2.000 swarte slaven dy't hja yn eigendom hiene, troch it Amerikaanske Leger oer it beruchte Paad fan Triennen nei it westen ta dreaun, wêrby't nei skatting 4.000 fan harren omkamen.
Amerikaanske Boargeroarloch
bewurkje seksjeYn febrewaris 1861, doe't ferskate oare Súdlike steaten har fan 'e Feriene Steaten ôfskaten om 'e Konfederearre Steaten fan Amearika op te rjochtsjen, besocht it regear fan Tennessee by in referindum fan 'e kiezers goedkarring te krijen foar oansluting by dat nije steatsferbân. De Tennesseesters wiisden dat útstel lykwols mei in nipte mearderheid ôf. Yn West-Tennessee wiene de measte foarstanners te finen, wylst de grutste wjerstân út East-Tennessee kaam, dat letter besykje soe om krekt as West-Firginia in selsstannige steat te foarmjen. Nei't yn april de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) útbrutsen wie en presidint Abraham Lincoln Tennessee om troepen frege hie om tsjin Súd-Karolina te fjochtsjen, rôp gûverneur Isham Harris wol de mobilisaasje fan Tennessee út, mar ynstee om Súd-Karolina te help te kommen. Hy stelde de Algemiene Assimbee fan Tennessee foar om 'e steat oan te sluten by de Konfederaasje, en dat waard 7 maaie goedkard, wat de ôfskieding fan Tennessee fan 'e Feriene Steaten betsjutte. Op 8 juny waard dat beslút by in nij referindum troch de befolking fan Tennessee goedkard, mei't benammen de kiezers yn Midden-Tennessee yn 'e tuskentiid sterk fan miening feroare wiene.
Yn 'e fjouwer jier dy't folgen, waard in oansjenlik part fan fjildslaggen út 'e Boargeroarloch útfochten op it grûngebiet fan Tennessee. De measten dêrfan wiene Noardlike oerwinnings. Yn febrewaris 1862 waard Nashville de earste haadstêd fan in Konfederearre steat dy't yn Noardlike hannen foel. Fan dyselde tiid ôf behearsken de Noardliken fierders de rivieren de Cumberland en de Tennessee. Yn april fan dat jier sloegen se yn 'e Slach by Shiloh in Konfederearre tsjinoanfal ôf. Memphis foel yn juny yn Noardlike hannen nei in slach op 'e rivier de Mississippy. Yn jannewaris 1863 konsolidearren de Noardliken harren behearsking fan westlik en sintraal Tennessee mei in oerwinning yn 'e Slach by Murfreesboro en de dêropfolgjende Tullahoma-kampanje.
Underwilens wisten de Súdliken East-Tennessee te behâlden, ek al wie de befolking dêr krekt it meast op 'e hân fan it Noarden. De Konfederearre generaal James Longstreet die dêrwei in wraam op it Noardlike Fort Sanders, by Knoxville, mar waard weromslein, hoewol't er in pear wiken letter de Slach by Bean's Station wûn. Under de Chattanooga-kampanje belegeren de Súdliken oan it begjin fan 'e hjerst fan 1863 Chattanooga, mar yn novimber waard it Noardlike garnizoen fan dy stêd ûntset troch farske troepen ûnder generaal Ulysses S. Grant. In grut diel fan 'e Súdlike nederlagen kin op it konto skreaun wurde fan generaal Braxton Bragg, dy't it befel hie oer it Konfederearre Leger fan Tennessee, mar suver gjin strategysk ynsjoch hie. De lêste grutte slaggen fan 'e Boargeroarloch op it grûngebiet fan Tennessee fûnen plak doe't de Súdliken yn novimber 1864 it sintrale part fan 'e steat binnenfoelen, mar op 30 novimber troch de Noardliken yn 'e Slach by Franklin tsjinholden waarden. Neitiid waarden se op 15 en 16 desimber yn 'e Slach by Nashville alhiel útinoar slein troch generaal George Henry Thomas. Tsjin begjin 1865 wie Tennessee frijwol hielendal yn Noardlike hannen, en op 22 febrewaris skafte it nije Steatskongres de slavernij ôf.
Yn 1864 wie Andrew Johnson, in Demokraat út Tennessee dy't de Feriene Steaten de hiele oarloch troch trou bleaun wie, keazen ta fise-presidint ûnder Abraham Lincoln. Nei de moard op Lincoln waard hy yn 1865 presidint fan 'e Feriene Steaten. Under de mylde regeling dy't Johnson mei it fersleine Suden trof, wie syn thússteat Tennessee op 24 july 1866 de earste Konfederearre steat dy't wer yn 'e Amerikaanske Uny opnommen waard. Om't it Steatskongres fan Tennessee op 7 april 1865 sûnder dêrta troch it federale regear twongen te wêzen, it Fjirtjinde Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet ratifisearre hie (oangeande de ôfskaffing fan 'e slavernij), wie Tennessee fierders de iennichste Konfederearre steat dy't ûnder it Tiidrek fan de Weropbou nei de oarloch gjin militêre gûverneur krige.
Moderne tiid
bewurkje seksjeHoewol't de befrijde (manlike) negerslaven nei de Boargeroarloch it kiesrjocht hiene, waarden dêrtsjin yn 'e 1870-er en 1880-er jierren maatregels nommen troch de konservative blanke elite fan Tennessee. Sa waard yn 1889 sabeare in ferkiezingsherfoarming trochfierd dy't eins bedoeld wie om safolle mooglik swarten (en earme blanken) it stimmen ûnmooglik te meitsjen troch as betingsten te stellen dat kiezers lêze en skriuwe kinne moasten en in beskaat bedrach oan belesting betelje moasten. Yn 1900 makken Afro-Amerikanen justjes minder as 24% fan 'e befolking fan Tennessee út, mar tusken 1910 en 1940 gie dat persintaazje gâns omleech, om't doe tsientûzenen swarten de steat fanwegen earmoede en diskriminaasje ferlieten om ûnder de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing in better bestean te sykjen yn 'e yndustrystêden fan it Noarden.
Under de Grutte Depresje stiek de Amerikaanske federale oerheid yn 1933 miljoenen dollars yn 'e skepping fan 'e Tennessee Valley Authority (TVA). Dat wie in wichtich ûnderdiel fan 'e New Deal fan presidint Franklin D. Roosevelt, dat bedoeld wie om banen te skeppen foar de wurkleazen. By dat projekt waarden keardammen yn 'e rivier de Tennessee boud, wêrmei't troch wetterkrêftenerzjy goedkeap elektrisiteit opwekke wurde koe. Boppedat koene de periodike oerstreamings fan 'e Tennessee-delling dermei foarkomd wurde en krige it plattelân fan Tennessee doe stroom. De steat waard troch de TVA al rillegau de grutste leveransier fan elektrisiteit yn 'e Feriene Steaten.
Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw spile Tennessee in wichtige rol by de ûntjouwing fan ferskate muzyksjenres, wêrûnder yn it foarste plak country, mar ek rock and roll, blues en rockabilly. Nashville is it sintrum fan 'e countrymuzyk, en Beale Street, yn Memphis, wurdt wol beskôge as it berteplak fan 'e blues, mei't muzikanten as W.C. Handy al yn 1909 dy muzyksoarte dêr yn nachtklubs spilen.
Geandewei de earste helte fan 'e tweintichste iuw waard de kiesrjochtbeheining troch it oplizzen fan belestings almar fierder útwreide. Doe't de befolking wolfarrendernôch waard dat sels de measte earmen de belesting wol opbringe koene, waard it beteljen fan 'e belesting sels dreger makke troch de mooglikheden dêrta te beheinen, sadat men fier reizgje of lang wachtsje moast. Hoewol't oan dizze praktiken in ein kaam doe't sokke belestings yn 1953 ôfskaft waarden, behinderen pleatslike funksjonarissen ek dêrnei noch swarten en earme blanken op subjektive basis om har as kiezers te registrearjen. Dat waard pas beëinige doe't it Amerikaanske Kongres yn 1965 de Wet op it Kiesrjocht oannaam. Yn 'e sechstiger jierren waard Memphis ien fan 'e plakken dêr't de striid fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging foar lykberjochtiging fan 'e Afro-Amerikanen him konsintrearre, lykas by de Rioelwurkersstaking fan Memphis. Op 4 april 1968 waard de lieder fan 'e beweging, dû. Martin Luther King, op it balkon fan it Lorraine Motel yn Memphis deasketten.
Bestjoer
bewurkje seksjeTennessee bestiet bestjoerlik út 95 countys. De steatshaadstêd, Nashville, leit yn Davidson County, yn it midnoarden. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Tennessee bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Algemiene Assimblee fan Tennessee, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 33 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 99 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Tennessee, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Tennessee 9 sitten.
It politike lânskip fan Tennessee wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige marzjinale rol. Oant de 1960-er jierren waard Tennessee dominearre troch de Demokraten, mar dat feroare doe't de Demokratyske Partij almar progressiver waard, wylst de oant dy tiid progressive Republikeinen hieltyd konservativer waarden. Tsjintwurdich is Tennessee stevich yn 'e hannen fan 'e Republikeinske Partij, dy't hast it hiele grûngebiet fan 'e steat dominearret. De Demokratyske kiezers binne fierhinne beheind ta de fjouwer grutste stêden, yn 't bysûnder Memphis en Nashville.
Ekonomy
bewurkje seksjeYn 2011 wie it bruto steatsprodukt fan Tennessee $234 miljard. Oer 2012 hie Tennessee as ien fan mar acht Amerikaanske steaten in begruttingsoerskot, fan $533 miljoen. De yndustry fan 'e steat produsearret benammen tekstyl, gemyske produkten, transportreau en elektryske apparatuer. Grutte bedriuwen dy't har haadkertier yn Tennessee hawwe, binne de pakketbesoarchtsjinst FedEx, papierprodusint International Paper en de Noardamerikaanske difyzje fan de Japanske autoprodusint Nissan. De lânbou is noch in sektor fan belang. De wichtichste agraryske útfierprodukten fan Tennessee binne plomfee, soajabeane en fleiskij. Fan âlds wurdt der yn de steat ek in protte katoen ferboud.
Fierders is ek it toerisme tige wichtich foar de ekonomy fan Tennessee. Yn 2014 waard de steat besocht troch in rekôroantal fan 100 miljoen minsken, dy't $17,7 miljoen útjoegen. De wichtichste toeristyske trekpleisters fan Tennessee binne it Nasjonaal Park de Great Smoky Mountains, yn 'e Appalachen; Elvis Presley syn filla Graceland, yn Memphis; en de Grand Ole Opry en de Country Music Hall of Fame, yn Nashville, dy't tegearre it wrâldsintrum fan 'e countrymuzyk foarmje. Oare attraksjes binne de Memphis Zoo, de dieretún fan Memphis; it Tennessee Aquarium, in iepenbier akwarium yn Chattanooga; Dolly Parton har ferdivedaasjepark Dollywood, yn Pigeon Forge; de Jack Daniel's Distillery, in whiskeystokerij yn Lynchburg; en it National Civil Rights Museum, yn Memphis, dat wijd is oan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Tennessee yn 2014 6.549.352 ynwenners, wat in groei fan 3,2% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens bedroech yn 2014 59,9 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Memphis, mei 657.000 ynwenners yn 2011. Oare gruttere stêden binne: de steatshaadstêd Nashville (644.000), Knoxville (184.000), Chattanooga (174.000), Clarksville (147.000), Murfreesboro (121.000), Franklin (71.000), Jackson (67.000), Johnson City (66.000) en Bartlett (58.000).
Etnisiteit
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Tennessee doe sa: 73,0% blanken; 16,7% swarten; 4,6% Latino's; 1,4% Aziaten; 0,3% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 3,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Blanke Tennesseesters binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Angelsaksyske Amerikanen (17,3% fan 'e totale steatsbefolking), Ieren (9,3%), Ingelsen (9,1%) en Dútsers (8,3%). De lju dy't harsels omskriuwe as 'Angelsaksyske Amerikanen' binne foar it measte part oarspronklik Ingelsen of Ulstersen (d.w.s. protestantske Noardieren), mar harren famyljes libje al sa lang yn 'e Feriene Steaten dat sy alhiel gjin bân mear fiele mei dy groepen.
De iennichste federaal erkende Yndianestamme yn Tennessee is de Mississippy Troep fan Tsjoktou Yndianen, dy't oarspronklik út Mississippy komt, mar dy't ek 32 ha grûn yn Henning (Tennessee) yn eigendom hat, dat yn 2012 de status fan bûtenreservaatsk beheargebiet krige.
Oangeande stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe is yn Tennessee troch juridysk hottefyljen in ûnoersichtlike sitewaasje ûntstien. Yn 1978 waard de Etowah Sjerokee Naasje erkend troch gûverneur Ray Blanton, mar dy erkenning waard yn 1991 ynlutsen doe't fêststeld waard dat de gûverneurs fan Tennessee it rjocht net hawwe en ferlien op eigen manneboet erkenning oan Yndianestammen. De Etowah Sjeroky Naasje hold yn 1993 op te bestean. Fan 1983 oant 2000 en jitris fan 2003 oant 2010 hat it regear fan Tennessee in kommisje ynsteld om in gaadlike proseduere op te stellen dy't it erkennen fan Yndianestammen op steatsnivo mooglik meitsje moat, mar yn juny 2010 einige dat proses mei spul tusken de kommisje en it steatsregear, wêrby't de kommisje op eigen manneboet oergie ta it erkennen fan 6 Yndianestammen, wat neitiid daliks ûnjildich ferklearre waard troch de steatssekretaris fan Tennessee. De kommisje waard alve dagen letter opheft en sûnt is der op dit mêd gjin foarútgong mear boekt.
Taal
bewurkje seksjeDe offisjele taal fan Tennessee is it Ingelsk, dat yn 1984 as sadanich by wet fêstlein waard. Dat is ek de memmetaal fan fierwei it grutste part fan 'e befolking. Yn it meastepart fan Tennessee wurdt it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk sprutsen, in dialekt dat frijwat ôfwykt fan 'e Amerikaansk-Ingelske standerttaal. De op ien nei grutste taal fan Tennessee, wat oantallen memmetaalsprekkers oangiet, is it Spaansk.
Godstsjinst
bewurkje seksjeOp it mêd fan godstsjinst bestie yn 2001 82% fan 'e befolking fan Tennessee út kristenen, wêrûnder 76% protestanten en 6% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene de Súdlike Baptistekonvinsje mei 1.483.000 leden, de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 376.000 leden en de Tsjerken fan Kristus mei 214.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2001 9% fan 'e befolking. Fan 'e oare godstsjinsten wie de islaam it grutst, mei 1%. Alle oare religyen mei-inoar makken 2% fan 'e befolking út.
Klimaat
bewurkje seksjeTennessee hat in fochtich subtropysk klimaat, mei útsûnderling fan 'e heger leine dielen fan 'e Appalachen, dy't in lânklimaat hawwe. Hoewol't de steat fier yn it binnenlân fan Noard-Amearika leit, is de Golf fan Meksiko dochs in dominante faktor yn 'e waarsûntwikkeling. De simmers binne oer it algemien gleonhjit en de winters myld oant koel. Rekôrtemperatueren wiene 45 °C, op 9 augustus 1930 yn Perryville, en –36 °C op 30 desimber 1917 te Mountain City. Delslachhoemannichten binne it hiele jier troch royaal en bedrage oer de hiele steat jiers rom 1.300 mm. Sniefal rint útinoar fan 13 sm yn it westen oant mear as 41 sm yn 'e bergen fan it easten. De lokaasje fan Tennessee yn it binnenlân hoedet de steat foar direkte treffers troch orkanen, mar tornado's komme wol foar, benammen yn westlik en sintraal Tennessee, dêr't se bytiden deadlike slachtoffers meitsje.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|
steaten | ||
---|---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | ||
ûnynkorporearre territoaria | ||
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | ||
federaal distrikt | ||
Distrikt Kolumbia | ||
· · |