Dantumadiel

(Trochferwiisd fan Gemeente Dantumadiel)

Dantumadiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Dantumadeel) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, krekt súdlik fan Dokkum, mei 18.896 ynwenners (30 april 2017), en in oerflak fan 87,53 km², wêrfan 2,12 km² wetter. De gemeente hat 19.132 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS).

Dantumadiel
flagge wapen

Wapen fan Dantumadiel
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Klaas Agricola (ûnôfhinklik)
sifers en geografy
haadplak Damwâld
grutste plak Damwâld
ynwennertal 19.132 ((1 jannewaris 2024)) [1]
befolkingstichtens 221,7 / km²
oerflak 87,53 km²
● wêrfan lân 85,41 km²
● wêrfan wetter 2,12 km²
tal doarpen 11
ferkearsieren N356
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Dantumadiel
oar
netnûmer 0511
postkoade 9104–9114, 9269–9271
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.dantumadiel.frl

Haadplak fan de gemeente is Damwâld, en de oare plakken yn de gemeente binne: Broeksterwâld, Driezum, De Falom, Feanwâlden, Feanwâldsterwâl, Rinsumageast, Readtsjerk, Sibrandahûs, Wâlterswâld en De Westereen. De gemeente brûkt Fryske plaknammen en ek alle strjit- en wetternammen binne Frysktalich.

Dantumadiel, Donthmadeil, wie yn it ferline in grutter gebiet as no. Om 1200 hinne wie it in part fan Wininge, en doe dat om 1250 hinne opsplitte wie Dantumadiel part fan de Noardlike Njoggen. Likernôch 1350 waard lykwols it eastlik part ôfskieden, en opdield ta Eastbroeksterlân en Kollumerlân. Yn 1389 waard ek Driezum in gebiet apart, mar yn 1404 waard it wer by Dantumadiel foege.

De gritenij Dantumadiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Dokkum hat yn de 20e iuw ferskate kearen grûngebiet fan Dantumadiel derby krigen en mei de gemeentlike weryndieling fan 1984 giene it doarp Jannum en in lyts diel fan Burdaard dat yn Dantumadiel lei, oer nei de gemeente Ferwerderadiel.

Yn 2016 en begjin 2017 liek it derop dat Dantumadiel op 1 jannewaris 2019 mei Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân fúzjearje soe ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân, mar yn maart en april 2017 waard dúdlik dat Dantumadiel him út dy plannen weromlûke soe, en dat de oare trije gemeenten sûnder Dantumadiel trochgean soene mei de fúzjeplannen.

Sadwaande bleau Dantumadiel ek nei 1 jannewaris 2019 selsstannich, mar sûnder eigen amtlike organisaasje. De gemeente behold in gemeenteried, in eigen kolleezje fan boargemaster en wethâlders en in eigen gemeentesekretaris, mar makke fierders gebrûk fan 'e amtners fan Noardeast-Fryslân.[2] Dat wie foar net ien fan beide gemeenten in befredigjende sitewaasje. Dantumadiel woe mear sels beslisse en Noardeast-Fryslân ûnderfûn de soarch foar Dantumadiel as in bongel oan 'e foet.[2] Yn 2020 rûn de gearwurking troch argewaasje yn Dantumadiel hast op 'e non, mar it spul waard delbêde troch foar dy gemeente binnen it amtlik apparaat fan Noardeast-Fryslân in fêst team amtners gear te stallen.[2]

Ynstee dat soks de gearwurking flot loek, smiet it nije swierrichheden op. Yn Dantumadiel befoel it dusdanich goed, dat men útwreiding fan it team hawwe woe. Yn Noardeast-Fryslân soarge it foar in wy-sy-tsjinstelling binnen de eigen amtnerij dêr't men net bliid mei wie.[2] Der waard in ûnôfhinklik ûndersyk útfierd troch Advysburo Van de Laar út Eindhoven, dat konkludearre dat Dantumadiel de eigen groeiende ambysjes nei ûnderen bystelle moat en dat Noardeast-Fryslân fleksibeler omgean moat mei de gearwurking.[2] Foar beide gemeenten wie dat in brêge te fier. Ynstee waard besletten in punt te setten efter de gearwurking: nei in twajierrige oergongsperioade hat Dantumadiel fan 1 jannewaris 2024 ôf wer in eigen amtnerij.[2]

Op 10 desimber 1999 is yn Damwâld it nije gemeentehús iepene, wêrtroch Damwâld as grutste plak ek wer it haadplak fan de gemeente is. Yn it begjin fan de gemeenteskiednis wie Rinsumageast lange tiid it wichtichste plak fan de gemeente. De gritenijbestjoerders kamen gear yn 'It Rjochthús'. Yn 1881 waard op de krúshoeke yn Moarrewâld in nij gemeentehús boud. Oant en mei 1970 is it gemeentehús hjir bleaun. Dêrnei is it ferhuze nei Rinsma State yn Driezum. Omreden dat Rinsma State te lyts waard en men it gemeentehús ek leaver wer op in sintraal plak hawwe woe is efter it âld gemeentehús yn Moarrewâld, no part fan Damwâld, in nij gebou delsetten.

Wapens en flaggen

bewurkje seksje

It plak Damwâld hat gjin wapen en/of flagge.

Ferdieling gemeenteried

bewurkje seksje

De gemeenteried fan Dantumadiel bestiet út 17 sitten. De útslagen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:

Partij ferkiezings 2018[3] ferkiezings 2022[4]
% sitten % sitten
CDA 29,4 5 22,8 4
Gemeentebelangen 18,3 3 14,8 3
SocLinks 17,2 3 18,9 3
KristenUny 15,3 3 15,1 3
FNP 7,2 1 9,5 2
SGP 8,8 1 7,2 1
VVD 5,2 1 3,0 0
BVNL 0 0 7 1
ûnjildich & blanko 0,3 0,2
opkomst/totaal sitten 56,2% 17 56,2% 17

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1714 1796 1848 1900 1939 1954 1969 1974 2003 2011 2014 2021
Ynwenners 2794 3965 7000 10000 14226 15295 15918 17127 19687 19310 19030 18943

Bekende Nederlanners út Dantumadiel

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 Fierant, Tim, Dokkum wijst Damwâld de deur, yn: de Ljouwerter Krante, 18 novimber 2021, s. 23.
  3. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022
  4. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022

             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
  ·   ·  
  Dantumadiel  
Doarpen en útbuorrens:
BroeksterwâldDamwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part)RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen:
Kûkherne (foar in part)Eastwâld
Eardere doarpen:
DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld
  ·   ·