James Bond (franchise)

(Trochferwiisd fan James Bond-romansearje)

James Bond is in fan oarsprong Britske (no Britsk-Amerikaanske) mediafranchise dy't draait om James Bond, in geheim agint mei it koadenûmer 007 fan 'e Britske bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6. Dat no wrâldferneamde personaazje waard yn 1953 skepen troch de Britske skriuwer Ian Fleming. James Bond spile de haadrol yn tolve romans en twa ferhalebondels fan Fleming, en nei dy syn ferstjerren yn 1964 binne der fan acht oare skriuwers autorisearre romans en koarte ferhalen út 'e James Bond-searje ferskynd. Fan 1962 ôf rint der ek in filmsearje oer James Bond, wêrfan't yn 2021 it 25e of 28e diel ferskynde (ôfhinklik fan 'e fraach oft men de films meirekkenet dy't net troch Eon Productions makke binne). Dêrnjonken binne der stripboeken, fideospultsjes, in tekenfilmsearje, in companionboek en in rige soundtrackalbums yn it ramt fan 'e James Bond-franchise ferskynd. Fral de James Bond-films binne útwrydske populêr; se foarmje de langst rinnende filmsearje aller tiden (yn 2022 60 jier) en hawwe (sûnder ynflaasjekorreksje) yn totaal mear as $7 miljard opbrocht.

James Bond
betinker Ian Fleming
eigner boeken:
Ian Fleming Publications
films:
Eon Productions
United Artists
Metro-Goldwyn-Mayer
lân Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
begjinjier 1953
films
langspylfilms fan Eon Pruductions
Dr. No
From Russia with Love
Goldfinger
Thunderball
You Only Live Twice
On Her Majesty's Secret
   Service

Diamonds Are Forever
Live and Let Die
The Man with the Golden
   Gun

The Spy Who Loved Me
Moonraker
For Your Eyes Only
Octopussy
A View to a Kill
The Living Daylights
Licence to Kill
GoldenEye
Tomorrow Never Dies
The World Is Not Enough
Die Another Day
Casino Royale (2006)
Quantum of Solace
Skyfall
Spectre
No Time to Die
fan oare produsinten
Casino Royale (1954)
Casino Royale (1967)
Never Say Never Again
koarte films Happy and Glorious
tillefyzje
tillefyzjefilms Casino Royale (1954)
tekenfilmsearjes James Bond Jr.
spultsjes
fideospultsjes sjoch list
kaartspullen James Bond 007
literatuer
romans sjoch list
ferhalen sjoch list
ferhalebondels sjoch list
companionboeken The James Bond
   Bedside Companion
strips ferskaat
muzyk
soundtracks ferskaat
offisjele webside
www.007.com

Ian Fleming skreau tusken 1952 en syn ferstjerren yn 1964 alle jierren op fakânsje yn Jamaika in nij diel fan 'e James Bond-romansearje, dat hieltyd in jier letter útjûn waard. Uteinlik soe syn rige bestean út tolve romans en twa bondels mei koarte ferhalen.

 
Paperbackedysjes fan 'e James Bond-rige fan Ian Fleming.

Wurken fan oare skriuwers

bewurkje seksje

Nei it ferstjerren fan Fleming, yn augustus 1964, waarden der ferskate oare auteurs autorisearre ta it skriuwen fan nije James Bond-romans of 'ferboekings' fan James Bond-films.

Spin-off-searjes

bewurkje seksje

Twa spin-off-romansearjes binne út 'e James Bond-rige fuortkommen: in searje oer de jonge James Bond (de Young Bond-rige) en in trilogy oer Miss Moneypenny, de sekretaresse fan MI6-sjef M, dy't fereale is op Bond (The Moneypenny Diaries).

Oare literatuer

bewurkje seksje

Njonken fiksje is der ek non-fiksje oer James Bond ferskynd. Sa publisearre Kingsley Amis yn 1965 de literêre stúdzje The James Bond Dossier. Yn 1984 ferskynde fan 'e hân fan Raymond Benson in companionboek by de James Bond-rige, mei as titel The James Bond Bedside Companion.

James Bond is it bekendst wurden troch de filmsearje oer him. De titels fan hast alle romans en koarte ferhalen fan Ian Fleming binne oernommen foar de James Bond-films. Yn 'e measte gefallen is der lykwols net folle ferbân tusken de film en it literêre wurk mei deselde titel. De earste James Bond-ferfilming wie in Amerikaanske tillefyzjefilm út 1954. Sûnt 1962 wurde der bioskoopfilms oer James Bond makke, dy't foar it meastepart produsearre wurde troch de Britske filmstudio Eon Productions.

Yn 'e James Bond-films út 'e tweintichste iuw sieten njonken aksje en yntriizje ek in protte humor en brûkte Bond eltse kear in soad technyske gadgets. Yn 'e ienentweintichste iuw waard de searje mei yngong fan Casino Royale reboot, wêrnei't alle humor en de measte gadgets út 'e ferfilmings ferdwûnen. De James Bond-films binne sa populêr dat de titelsongs faak útgroeiden ta grutte hits. Der binne ek ferskate parodyen op James Bond-films útbrocht, wêrfan't de bekendsten de films oer Austin Powers binne.

Films fan Eon Productions

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Dr. No (film).

Yn Dr. No wurdt James Bond, in geheim agint foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, nei Jamaika ta stjoerd dêr't in oare Britske agint fermist rekke is. It spoar liedt nei de ûndergrûnske basis fan 'e krimineel dr. No (Joseph Wiseman), in lid fan 'e skimige organisaasje SPECTRE, dy't fan doel is om in iere Amerikaanske lansearring fan 'e space shuttle te dwerseidzjen mei in radioweachwapen. Dr. No waard regissearre troch Terence Young nei in senario fan Richard Maibaum, Johanna Harwood en Berkely Mather. De rol fan James Bond waard spile troch Sean Connery. Dr. No gie op 5 oktober 1962 yn premiêre, en brocht $59,5 miljoen op tsjin in budget fan $1,1 miljoen.

From Russia with Love

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side From Russia with Love (film).

Yn From Russia with Love wurdt Bond nei Turkije ta stjoerd om korporaal Tatjana Romanova (Daniela Bianchi), in administratyf meiwurkster fan it konsulaat fan 'e Sovjet-Uny dêre, te helpen om oer te rinnen nei it Westen. Wylst er yn Turkije is, besiket SPECTRE om Bond út 'e ljochten te helpen út wraak foar it feit dat hy (yn 'e foargeande film) dr. No deade hat. From Russia with Love waard regissearre troch Terence Young nei in senario fan Richard Maibaum en Berkely Mather. Sean Connery spile James Bond. From Russia with Love gie op 10 oktober 1963 yn premiêre, en brocht $79 miljoen op tsjin in budget fan $2 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side Goldfinger (film).

Yn Goldfinger wurdt Bond útstjoerd om it smokkeljen fan goud te ûndersykjen, dêr't de rike sakeman Auric Goldfinger (Gert Fröbe) him skuldich oan makket. Nei in rige yntriizjes ûntdekt er dat Goldfinger fan doel is de Amerikaanske Goudopslach yn Fort Knox te fersmoargjen mei radioaktive strieling sadat syn eigen goud mear wurdich wurdt. Goldfinger waard regissearre troch Guy Hamilton nei in senario fan Richard Maibaum, Paul Dehn en Berkely Mather. De rol fan James Bond waard op 'e nij spile troch Sean Connery. Goldfinger gie op 17 septimber 1964 yn premiêre, en brocht $125 miljoen op tsjin in budget fan $3 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side Thunderball (film).

Yn Thunderball moat Bond twa atoombommen weromfine dy't troch de kriminele organisaasje SPECTRE stellen binne fan 'e NATO. SPECTRE easket £100 miljoen yn diamanten, oars sille de bommen op in net neier neamde stêd smiten wurde (letter blykt it om Miami te gean). It ûndersyk liedt Bond nei de Bahama's, dêr't er Emilio Largo (Adolfo Celi), de twadde yn rang binnen SPECTRE, op it spoar komt mei help fan CIA-agint Felix Leiter (Rik Van Nutter) en Largo syn eigen mêtresse Domino Derval (Claudine Auger). Thunderball waard regissearre troch Terence Young nei in senario fan Richard Maibaum en John Hopkins. De rol fan James Bond waard wer spile troch Sean Connery. Thunderball gie op 9 desimber 1965 yn premiêre, en brocht $141,2 miljoen op tsjin in budget fan $9 miljoen.

You Only Live Twice

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side You Only Live Twice (film).

Yn You Only Live Twice wurdt Bond nei Japan ta stjoerd nei't twa bemanne romtefartúgen, ien fan 'e Feriene Steaten en ien fan 'e Sovjet-Uny, yn in baan om 'e Ierde spoarleas ferdwûn binne. De beide supermachten jouwe inoar de skuld en it ynsidint bringt harren op 'e râne fan in oarloch. Bond ûntdekt lykwols dat de man efter de ferdwinings nimmen oars is as Ernst Stavro Blofeld (Donald Pleasence), it haad fan 'e kriminele organisaasje SPECTRE. Dy wurket yn dizze saak yn opdracht fan in net by namme neamd Aziatysk lân (wêrby't de ymplikaasje is dat it om 'e Folksrepublyk Sina giet). Oan Bond de taak om Blofeld te dwerseidzjen en it útbrekken fan in atoomoarloch foar te kommen. You Only Live Twice waard regissearre troch Lewis Gilbert nei in senario fan Roald Dahl. De rol fan James Bond waard spile troch Sean Connery. You Only Live Twice gie op 12 juny 1967 yn premiêre, en brocht $111,6 miljoen op tsjin in budget fan $10,3 miljoen.

On Her Majesty's Secret Service

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side On Her Majesty's Secret Service (film).

Yn On Her Majesty's Secret Service komt Bond yn 'e kunde mei grevinne Teresa "Tracy" di Vincenzo (Diana Rigg), dy't er derfan tebekhâldt om selsmoard te dwaan. Har heit blykt de Korsikaanske maffiabaas Marc-Ange Draco (Gabriele Verzetti) te wêzen, dy't wol dat Bond mei syn dochter troud om't er in positive ynfloed op har libbenslust hat. Bond hat dêr gjin boadskip oan, mar wol it spultsje wol meispylje as Draco him fertelt wêr't er Blofeld (Telly Savalas), it haad fan 'e kriminele organisaasje SPECTRE, fine kin. Sa ûntdekt Bond it bestean fan in ûndersyksynstitút yn 'e Switserske Alpen, dêr't Blofeld fan doel is om 'e drinkwetterfoarrieden fan 'e wrâld te besmetten troch bakteriologyske oarlochfiering. Bond dwerseidet dy plannen, rekket ûnderwilens fereale op Tracy en trout mei har, mar ferliest har fuort nei de brulloft by in drive-by shooting dy't útfierd wurdt troch Blofeld.

On Her Majesty's Secret Service waard regissearre troch Peter R. Hunt nei in senario fan Richard Maibaum y.g.m. Simon Raven. De rol fan James Bond waard spile troch de Australyske akteur George Lazenby. On Her Majesty's Secret Service gie op 18 desimber 1969 yn premiêre, en brocht $82 miljoen op tsjin in budget fan $7 miljoen.

Diamonds Are Forever

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Diamonds Are Forever (film).

Yn Diamonds Are Forever docht Bond himsels foar as in smokkelder fan diamanten om in kriminele organisaasje te ynfiltrearjen. Al rillegau komt er dêrby in plan fan op it spoar fan syn aartsfijân Blofeld (Charles Gray) om 'e diamanten te brûken foar it bouwen fan in laserwapen yn 'e romte. Bond moat it noch ien lêste kear tsjin Blofeld opnimme om sawol it diamantsmokkeljen as Blofeld syn plan om Washington, D.C. te ferneatigjen tsjin te hâlden. Diamonds Are Forever waard regissearre troch Guy Hamilton nei in senario fan Richard Maibaum en Tom Mankiewicz. De rol fan James Bond waard spile troch Sean Connery. Diamonds Are Forever gie op 14 desimber 1971 yn premiêre, en brocht $116 miljoen op tsjin in budget fan $7,2 miljoen.

Live and Let Die

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Live and Let Die (film).

Yn Live and Let Die ûndersiket Bond de dea fan trije Britske geheim aginten en komt sa op it spoar fan Mr. Big (Yaphet Kotto), de lieder fan in grutte drugsbinde yn Harlem. Dy is fan doel om twa ton heroïne fergees út te dielen om 'e konkurrinsje oer de kop gean te litten, sadat er it monopoalje op 'e drugshannel yn New York yn 'e hannen kriget. Bond ûntdekt dat Mr. Big it alter ego is fan dr. Kananga, de korrupte diktator fan it (fiktive) Karibyske lân San Monique. As er dêrhinne reizget, wurdt net inkeld mei de gongbere metoaden besocht om him tsjin te kearen, mar diskear ek mei voodoo. Hy kriget lykwols help fan Kananga syn heldersjende minneresse Solitaire (Jane Seymour). Live and Let Die waard regissearre troch Guy Hamilton nei in senario fan Tom Mankiewicz. De rol fan James Bond waard foar de earste kear spile troch Roger Moore. Live and Let Die gie op 27 juny 1973 yn premiêre, en brocht $161,8 miljoen op tsjin in budget fan $7 miljoen.

The Man with the Golden Gun

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Man with the Golden Gun (film).

Yn The Man with the Golden Gun sit Bond efter de beruchte hiermoardner Francisco Scaramanga (Christopher Lee) oan as er by tafal dy syn belutsenens ûntdekt by de dieverij fan 'e Solex Agitator, in apparaat wêrmei't sinneljocht omset wurde kin yn enerzjy. Scaramanga is in glûpske tsjinstanner, mar mei de help fan syn assistinte, MI6-aginte Mary Goodnight (Britt Ekland), wit Bond him te fluch ôf te wêzen. The Man with the Golden Gun waard regissearre troch Guy Hamilton nei in senario fan Richard Maibaum en Tom Mankiewicz. De rol fan James Bond waard wer spile troch Roger Moore. The Man with the Golden Gun gie op 19 desimber 1974 yn premiêre, en brocht $97,6 miljoen op tsjin in budget fan $7 miljoen.

The Spy Who Loved Me

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Spy Who Loved Me (film).

As yn The Spy Who Loved Me dûkboaten fan sawol it Feriene Keninkryk as de Sovjet-Uny op mysterieuze wize ferdwine, komt Bond de megalomane miljardêr Karl Stromberg (Curt Jürgens) op it spoar, dy't fan doel is de wrâld te ferwoastgjen en in nije beskaving op 'e boaiem fan 'e see te kreëarjen. Mei tsjinnichheid smyt Bond de lapen gear mei majoar Anja Amasova (Barbara Bach), in Russyske aginte fan 'e KGB, om Stromberg en syn trewanten, ûnder wa in reuseftige keardel mei in fjoerskerp stielen gebit dy't Jaws (Richard Kiel) neamd wurdt, tsjin te kearen. The Spy Who Loved Me waard regissearre troch Lewis Gilbert nei in senario fan Christopher Wood en Richard Maibaum. Roger Moore spile op 'e nij de rol fan James Bond. The Spy Who Loved Me gie op 7 july 1977 yn premiêre, en brocht $185,4 miljoen op tsjin in budget fan $14 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side Moonraker (film).

Yn Moonraker wurdt Bond ynskeakele om it stellen fan in space shuttle te ûndersykjen. Der binne oanwizings foar de belutsenens by de dieverij fan Hugo Drax (Michael Lonsdale), de eigner fan it bedriuw dat de shuttles makket. Tegearre mei romtefeartwittenskipster dr. Holly Goodhead (Lois Chiles) folget Bond it spoar dat harren fan Kalifornje fia Feneesje, Rio de Janeiro en it Amazônegebiet de romte yn liedt. Drax blykt nammentlik fan doel te wêzen om út 'e romte wei de minskheid út te rûgjen en te ferfangen troch in superieur ras fan Übermenschen. Yn 'e mande mei Goodhead en syn eardere fijân Jaws (Richard Kiel), dy't op 'e nij opdûkt, wit Bond Drax in stôk yn 'e speaken te stekken. Moonraker waard regissearre troch Lewis Gilbert nei in senario fan Christopher Wood. De rol fan James Bond waard op 'e nij spile troch Roger Moore. Moonraker gie op 26 juny 1979 yn premiêre, en brocht $210,3 miljoen op tsjin in budget fan $34 miljoen.

For Your Eyes Only

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side For Your Eyes Only (film).

Yn For Your Eyes Only moat Bond in geheim kommunikaasjeapparaat fan 'e Britske Keninklike Marine rêde út in skip dat sonken is yn 'e Egeyske See, dat beslist net yn 'e hannen fan 'e Sovjet-Uny falle mei. Foar't er dy misje folbringe kin, rekket er lykwols betize yn in web fan bedroch dat spûn wurdt troch inkele rivalisearjende Grykske sakelju, wylst er teffens behelle rekket by de dieden fan Melina Havelock (Carole Bouquet), in jonge frou dy't de moard op har âldelju wreekje wol. For Your Eyes Only waard regissearre troch John Glen nei in senario fan Michael G. Wilson en Richard Maibaum. Roger Moore spile wer de rol fan James Bond. For Your Eyes Only gie op 24 juny 1981 yn premiêre, en brocht $195,3 miljoen op tsjin in budget fan $28 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side Octopussy (film).

Yn Octopussy kriget Bond opdracht om generaal Orlov te folgjen, dy't juwiellen en relikwyen stelt fan it regear fan 'e Sovjet-Uny. Dat liedt him nei de rike Afgaanske prins Kamal Khan (Louis Jourdan) en dy syn sakepartner, de tsjeppe Octopussy (Maud Adams). Nei ferskate yntriizjes bringt Bond sa in plan oan it ljocht om 'e ûntwapening fan West-Jeropa ôf te twingen troch it gebrûk fan in nukleêr wapen. Octopussy waard regissearre troch John Glen nei in senario fan George MacDonald Fraser, Michael G. Wilson en Richard Maibaum. James Bond waard op 'e nij spile troch Roger Moore. Octopussy gie op 6 juny 1983 yn premiêre, en brocht $187,5 miljoen op tsjin in budget fan $27,5 miljoen.

A View to a Kill

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side A View to a Kill (film).

Yn A View to a Kill bringt it stellen fan in mikrochip fan 'e KGB Bond op it spoar fan 'e Britske yndustrieel Max Zorin (Christopher Walken), waans bedriuw Zorin Industries de chip makke blykt te hawwen. As Bond ûndersyk docht nei Zorin, besiket dy him fermoardzje te litten, wat Bond allinne mar nijsgjirriger makket nei wat de man te ferbergjen hat. It spoar liedt nei San Francisco, dêr't Zorin plannen blykt te hawwen om keunstmjittich in swiere ierdbeving op te wekjen om Silicon Valley te ferwoastgjen, sadat hy it wrâldwide monopoalje op 'e produksje fan mikrochips yn 'e hannen krije kin. Tegearre mei de Amerikaanske geologe Stacey Sutton (Tanya Roberts) moat Bond dat sjen foar te kommen. A View to a Kill waard regissearre troch John Glen nei in senario fan Michael G. Wilson en Richard Maibaum. Dit wie de lêste film wêryn't de rol fan James Bond spile waard troch Roger Moore. A View to a Kill gie op 22 maaie 1985 yn premiêre, en brocht $152,4 miljoen op tsjin in budget fan $30 miljoen.

The Living Daylights

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Living Daylights (film).

Yn The Living Daylights beävensearret Bond it oerrinnen fan Giorgi Koskov (Jeroen Krabbé), in Sovjet-generaal, nei it Westen. Foar't er spoarleas ferdwynt, nei men oannimme mei om't er troch de Russen ûntfierd en werombrocht is nei de Sovjet-Uny, makket Koskov MI6 wiis dat it nije haad fan 'e KGB, generaal Leonid Pûsjkin (John Rhys-Davies), befel jûn hat om eltse bûtenlânske spion te deadzjen sadree't him dêrta in mooglikheid foardocht. Bond wurdt derop út stjoerd om Pûsjkin te eliminearjen foar't sokke hardline-praktiken ta it oplôgjen fan 'e Kâlde Oarloch liede kinne, mar hy ûntdekt dat MI6 troch Koskov bedragen is. Pûsjkin hat hielendal net sa'n befel jûn, en Koskov wurdt yn 'e Sovjet-Uny socht foar it stellen fan oerheidsjild. Mei help fan Koskov syn mêtresse Kara Milovy (Maryam d'Abo), Pûsjkin sels en de Afgaanske mûdjahediin makket Bond in ein oan 'e praktiken fan Koskov en syn Westerske sakepartner, wapenhanneler Brad Whitaker. The Living Daylights waard regissearre troch John Glen nei in senario fan Richard Maibaum en Michael G. Wilson. De rol fan James Bond waard foar de earste kear spile troch Timothy Dalton. The Living Daylights gie op 29 juny 1987 yn premiêre, en brocht $191,2 miljoen op tsjin in budget fan $40 miljoen.

Licence to Kill

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Licence to Kill (film).

Yn Licence to Kill helpe Bond en syn Amerikaanske freon, CIA-agint Felix Leiter (David Hedison) de DEA om 'e drugsbaron Franz Sánchez (Robert Davi) finzen te nimmen. Sánchez ûntsnapt lykwols en nimt wraak troch Leiter syn breid Della (Priscilla Barnes) te fermoardzjen en Leiter sels swier te ferwûnjen. Nei't Bond sels wraak nommen hat op 'e DEA-agint dy't Sánchez holpen hat te ûntsnappen, wurdt er troch MI6-sjef M (Robert Brown) op non-aktyf steld. Nettsjinsteande dat giet er troch mei syn jacht op Sánchez, wêrfoar't er help kriget fan âld-CIA-aginte Pam Bouvier (Carey Lowell), Sánchez syn mêtresse Lupe Lamora (Talisa Soto) en MI6-kertiermaster Q (Desmond Llewelyn). Licence to Kill waard regissearre troch John Glen nei in senario fan Michael G. Wilson en Richard Maibaum. It wie de twadde en lêste film wêryn't Timothy Dalton de rol fan James Bond spile. Licence to Kill gie op 13 juny 1989 yn premiêre, en brocht $156,1 miljoen op tsjin in budget fan $32 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side GoldenEye (film út 1995).

Yn GoldenEye wurde bestjoeringsskiven fan 'e GoldenEye-satelliten, twa elektromagnetyske strielingswapens fan 'e Sovjet-Uny út 'e Kâlde Oarloch, stellen troch leden fan it Janus-misdiesyndikaat. As Bond de saak ûndersiket en nei hiel wat omwegen einlings 'Janus' moetet, de baas fan it syndikaat, docht bliken dat dat nimmen oars is as de deawaande eardere MI6-agint Alec Trevelyan (Sean Bean). Dyselde besiket Bond op ûnderskate ynnovative wizen om te bringen, mar dat mislearret hieltyd. Mei de Russyske wittenskipster Natalja Simonova (Izabella Scorupco), de iennichste oerlibbene fan 'e slachting dy't de leden fan it misdiesyndikaat yn it Sibearyske kontrôlesintrum fan GoldenEye oanrjochte hawwe, reizget Bond nei Kuba, dêr't se foarkomme dat Trevelyan de satelliten brûke kin. GoldenEye waard regissearre troch Martin Campbell nei in senario fan Jeffrey Caine, Bruce Feirstein, Michael France en Kevin Wade. De rol fan James Bond waard foar de earste kear spile troch Pierce Brosnan, en dy fan MI6-sjef M troch Judi Dench. GoldenEye gie op 13 novimber 1995 yn premiêre, en brocht $355 miljoen op tsjin in budget fan $60 miljoen.

Tomorrow Never Dies

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Tomorrow Never Dies (film).

Yn Tomorrow Never Dies kriget Bond opdracht om in oarloch tusken it Feriene Keninkryk en de Folksrepublyk Sina foar te kommen, dy't op it punt stiet út te brekken fanwegen it gestook fan mediatycoon Elliot Carver (Jonathan Pryce). Dy hopet troch sa'n oarloch it Sineeske regear ûnder fuotten te heljen en te ferfangen troch in nij regear dat him eksklusive útstjoerrjochten jaan sil. Bond en Wai Lin (Michelle Yeoh), in kolonel by de Sineeske ynljochtingetsjinst, moatte ta it uterste gean om 'e slûchslimme Carver te fluch ôf te wêzen en iepentlike fijannichheden tusken harren lannen tsjin te kearen. Tomorrow Never Dies waard regissearre troch Roger Spottiswoode nei in senario fan Bruce Feirstein. De rol fan James Bond waard op 'e nij spile troch Pierce Brosnan. Tomorrow Never Dies gie op 9 desimber 1997 yn premiêre, en brocht $355 miljoen op tsjin in budget fan $110 miljoen.

The World Is Not Enough

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The World Is Not Enough (film).

As yn The World Is Not Enough de miljardêr en oaljeman sir Robert King (David Calder) fermoarde wurdt troch de terrorist Renard (Robert Carlyle), wurdt Bond útstjoerd nei de oaljefjilden fan Azerbeidzjan. Dêre moat er King syn dochter Elektra (Sophie Marceau) beskermje, dy't earder troch Renard ûntfierd wie om 'e betelling fan losjild ôf te twingen. Under dy misje ûntraffelet Bond in plan om 'e oaljeprizen op te driuwen troch it ta ûntploffing bringen in nukleêre ûnderseeër by Istanbûl. Bond kriget help fan 'e Amerikaanske natuerkundige dr. Christmas Jones (Denise Richards) om dy opset te ferideljen. The World Is Not Enough waard regissearre troch Michael Apted nei in senario fan Neal Purvis, Robert Wade en Bruce Feirstein. De rol fan James Bond waard wer spile troch Pierce Brosnan. The World Is Not Enough gie op 8 novimber 1999 yn premiêre, en brocht $362 miljoen op tsjin in budget fan $125 miljoen.

Die Another Day

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Die Another Day (film).

Yn Die Another Day liedt Bond in misje nei kommunistysk Noard-Koreä, wêrby't er ferret en finzennommen wurdt. Fjirtjin moannen letter komt er frij by finzeneruil. Mei't er konkludearret dat syn ferrie it wurk wêze moat fan in ynfiltrant yn it Britske regear, besiket er himsels te rehabilitearjen troch de ferrieder en al dy syn hantlangers op te spoaren. Die Another Day waard regissearre troch Lee Tamahori nei in senario fan Neal Purvis en Robert Wade. Dit wie de lêste kear dat de rol fan James Bond spile waard troch Pierce Brosnan. Die Another Day gie op 20 novimber 2002 yn premiêre, en brocht $435 miljoen op tsjin in budget fan $145 miljoen.

Casino Royale (2006)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Casino Royale (film út 2006).

Casino Royale wie in reboot fan 'e James Bond-searje. Yn 'e film komt Bond de krimineel Le Chiffre (Mads Mikkelsen) op it spoar, in finansier fan terroristen. Hy dwerseidet in bomoanslach dêr't Le Chiffre op 'e effektebeurs (troch de hommelse koersferleging fan 'e oandielen fan it bedriuw dat dêr it slachtoffer fan wurde sillen hie) in protte jild mei fertsjinje kinnen hie. Ynstee rekket Le Chiffre troch de aksje fan Bond it jild fan syn kliïnten kwyt. Hy organisearret in pokertoernoai mei miljoene-ynset om it werom te winnen. M (Judi Dench) lit Bond yn it toernoai ynkeapje mei de opdracht om Le Chiffre bankrot gean te litten. Casino Royale waard regissearre troch Martin Campbell nei in senario fan Neal Purvis, Robert Wade en Paul Haggis. De rol fan James Bond waard yn dizze film foar it earst spile troch Daniel Craig. Casino Royale gie op 14 novimber 2006 yn premiêre, en brocht $606,1 miljoen op tsjin in budget fan $150 miljoen.

Quantum of Solace

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Quantum of Solace (film).

Yn Quantum of Solace blykt MI6 ynfiltrearre te wêzen troch de skimige kriminele organisaasje 'Quantum', dêr't Le Chiffre (yn 'e foargeande film) foar wurke. Fia-fia komt Bond de lûsje sakeman Dominic Greene (Matthieu Amalric) op it spoar, dy't heech yn 'e organisaasje fan Quantum sit. Bond ûntdekt dat Greene-en-dy troch in steatsgreep yn Bolivia de drinkwetterfoarrie fan dat lân yn 'e hannen besykje te krijen. Mei de help Camille Montes (Olga Kurylenko), in âld-aginte fan 'e Boliviaanske geheime tsjinst, lit Bond dat plan ûntspoare troch ôf te weven mei sawol Greene sels as de diktator dy't Greene oan 'e macht bringe woe. Quantum of Solace waard regissearre troch Marc Forster nei in senario fan Paul Haggis, Neal Purvis en Robert Wade. De rol fan James Bond waard op 'e nij spile troch Daniel Craig. Quantum of Solace gie op 29 oktober 2008 yn premiêre, en brocht $600,1 miljoen op tsjin in budget fan $200 oant 230 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side Skyfall (film).

Yn Skyfall wurdt it haadkertier fan MI6 opblaasd by in terroristyske oanslach. M (Judi Dench) stjoert in skeinde Bond derop út om 'e dieders te finen. Hy ûntdekt dat it giet om in yngewikkelde foarm fan wraak fan Raoul Silva (Javier Bardem), in âld-agint fan MI6 dy't troch M oan 'e Sinezen oerdroegen is doe't er op eigen manneboet operaasjes begûn út te fieren. Bond beslút M as lokies te brûken om Silva yn 'e fâle rinne te litten. Skyfall waard regissearre troch Sam Mendes nei in senario fan Neal Purvis, Robert Wade en John Logan. Daniel Craig spile op 'e nij de rol fan James Bond. It wie de lêste kear dat Judi Dench de rol fan M fertolke; har opfolger Ralph Fiennes makke syn opwachting yn dizze film. Skyfall gie op 23 oktober 2012 yn premiêre, en brocht $1.109 miljoen op tsjin in budget fan $150 oant 200 miljoen.

  De Wikipedy hat ek in side Spectre (film út 2015).

Yn Spectre feridelet Bond, nei in postúm boadskip fan 'e foarrige M (Judi Dench), in terroristyske oanslach yn Meksiko-Stêd. Om't er op eigen manneboet fanwegen kommen is, wurdt er neitiid troch de nije M (Ralph Fiennes) op non-aktyf steld. Bond giet lykwols troch mei syn ûndersyk nei de dieders fan 'e oanslach, en troch it spoar werom te folgjen, ûntdekt er dat syn deade fijannen (út 'e trije foargeande films) Le Chiffre, Greene en Silva allegear foar deselde organisaasje wurken, dy't bekendstiet as 'SPECTRE', en wêrfan't it earder ûntdutsen Quantum in 'dochterûndernimming' is. De lieder fan SPECTRE is Ernst Stavro Blofeld (Christoph Waltz), waans wiere namme Franz Oberhauser is. Dyselde sit efter de resinte fúzje fan MI6 mei de Britske binnenlânske feilichheidstsjinst MI5, mei't C (Andrew Scott), de sjef fan 'e nije tsjinst, ien fan syn trewanten is. Bond keart werom nei Londen, dêr't hy en M, Q (Ben Whishaw) en Miss Moneypenny (Naomie Harris) ôfweve mei C, en Blofeld yn 'e hechten sette. Spectre waard regissearre troch Sam Mendes nei in senario fan John Logan, Neal Purvis, Robert Wade en Jez Butterworth. Daniel Craig kearde werom yn 'e rol fan James Bond. Spectre gie op 26 oktober 2015 yn premiêre, en brocht $880,7 miljoen op tsjin in budget fan $230 oant 300 miljoen.

No Time to Die

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side No Time to Die (film út 2021).

Yn No Time to Die hat Bond him weromlutsen út 'e aktive tsjinst by MI6. Hy wurdt troch de CIA frege om 'e ûntfierde wittenskipper Valdo Obruchev (David Dencik) op te spoaren, dy't foar syn ferdwining in biologysk wapen ûntwikkele hie. Dêr blykt Bond syn âlde fijân Ernst Stavro Blofeld (Christoph Waltz) efter te sitten. Bond wit Obruchev te befrijen, mar dan docht bliken dat der mear as twa partijen by de saak belutsen binne. No Time to Die waard regissearre troch Cary Joji Fukunaga nei in senario fan himsels, Neal Purvis, Robert Wade en Phoebe Waller-Bridge. De film soe yn 2020 útkomme, mar omreden fan 'e beheinings dy't oan bioskopen oplein waarden yn it ramt fan 'e wrâldwide pandemy fan it koroanafirus waard de premiêre in jier útsteld. No Time to Die gie úteinlik op 28 septimber 2021 yn premiêre, en brocht $774,2 miljoen op tsjin in budget fan $250 oant 300 miljoen.

Casino Royale (1954)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Casino Royale (film út 1954).

Casino Royale út 1954, de alderearste James Bond-ferfilming, wie in tillefyzjefilm foar de tillefyzjesearje Climax! fan it Amearikaanske tillefyzjenetwurk CBS. It wie in adaptaasje fan 'e roman Casino Royale, wêrfan't it ferhaal foar de gelegenheid oanpast wie foar it Amerikaanske publyk, troch fan James Bond in Amerikaan te meitsjen.

Yn 'e film moat Bond, in geheim agint foar de (fiktive) 'Combined Intelligence Agency', de Sovjet-spion Le Chiffre (Peter Lorre) ferslaan by in spultsje bakkarat mei hege ynset, om sa de KGB derta te bringen om Le Chiffre ôf te tankjen. It slagget Bond om te winnen, mar neitiid wurdt er yn syn hotelkeamer oerfallen troch Le Chiffre en dy syn trewanten, dy't Bond en Le Chiffre syn eigen minneresse Valerie Mathis (Linda Christian) finzen nimme. Le Chiffre hat nammentlik ûntdutsen dat Mathis eins in Frânsk geheim aginte is foar it Deuxième Bureau. Le Chiffre wol fan Bond witte wêr't er de sjek brocht hat mei it jild dat er wûn hat, mar Bond jout net ta. Ynstee wit er Le Chiffre te deadzjen en Mathis te rêden.

De rol fan Bond waard hjir fertolke troch Barry Nelson, dy't sadwaande de earste akteur wie dy't James Bond spile. Casino Royale waard regissearre troch William H. Brown jr. nei in senario dat skreaun wie troch Anthony Ellis en Charles Bennett. De film waard op 21 oktober 1954 op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd.

Casino Royale (1967)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Casino Royale (film út 1967).

Casino Royale út 1967 wie in parody op 'e 'echte' James Bond-films wêryn't de 'oarspronklike' James Bond út syn pinsjonearring weromkeart. Dizze Bond is in âldere hear dy't noch yn 'e Twadde Boere-oarloch fochten hat, in dochter hat út in relaasje mei Mata Hari en sels muzyk fan Claude Debussy op 'e piano spilet en swarte roazen kweekt. De film suggerearret dat de identiteit fan James Bond oerdroegen wurdt fan 'e iene Britske geheim agint op 'e oare, en der wurdt ferskate kearen ferwiisd nei 'dy oare Bond' (d.w.s. de James Bond fan Sean Connery). Yn 'e film besiket Le Chiffre (Orson Welles), it haad finânsjes fan 'e kriminele organisaasje SMERSH, wanhopich om mei in spultsje bakkarat it jild oan te suverjen dat er efteroer drukt hat. Bond moat dat sjen foar te kommen en set dêrta fiif oare Britske aginten yn, dy't har allegearre foardogge as James Bond. Underwilens stiet Bond syn eigen omkesizzer Jimmy Bond (Woody Allen), sûnder dat Bond it wit, eins oan it haad fan SMERSH.

Casino Royale waard regissearre troch Ken Hughes, John Huston, Joseph McGrath, Robert Parrish, Val Guest en Richard Talmadge nei in senario fan Wolf Mankowitz, John Law, Michael Sayers en Terry Southern. De rol fan James Bond waard spile troch David Niven. Casino Royale gie op 13 april 1967 yn premiêre, en brocht $41,7 miljoen op tsjin in budget fan $12 miljoen.

Never Say Never Again

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Never Say Never Again (film).

Never Say Never Again wie in remake fan in eardere James Bond-film fan Eon Productions, ntl. Thunderball, út 1965. Kevin McClory, ien fan 'e betinkers fan 'e plot fan dy film, hie nammentlik nei in slepende rjochtsaak de filmrjochten dêrop beholden. Yn 'e film komt in âldere, troch syn superieuren oan 'e kant sette Bond op 'e nij yn aksje as de kriminele organisaasje SPECTRE fan Ernst Stavro Blofeld (Max von Sydow) twa atoombommen stelt fan in Amerikaanske fleanbasis yn Ingelân, mei as doel om 'e NATO ôf te parsen. Bond komt Blofeld syn ûnderhearrige Maximillian Largo (Klaus Maria Brandauer) op it spoar, dy't hy en CIA-agint Felix Leiter (Bernie Casey) nei witwat yntriizjes folgje nei in ûndergrûnske basis yn Etioopje. Mei help fan Largo syn eigen mêtresse Domino Petachi (Kim Basinger) witte se mei Largo ôf te weven. Never Say Never Again waard regissearre troch Irvin Kershner nei in senario fan Lorenzo Semple jr., Dick Clement en Ian La Frenais. De rol fan James Bond waard yn dizze film foar de sânde en lêste kear spile troch Sean Connery. Never Say Never Again gie op 7 oktober 1983 yn premiêre, en brocht $160 miljoen op tsjin in budget fan $36 miljoen.

Happy and Glorious

bewurkje seksje

Happy and Glorious wie in koarte film dy't diel útmakke fan 'e iepeningsseremoanje fan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2012 yn Londen. Yn it filmke eskortearret James Bond keninginne Elizabeth II yn in helikopter fan Buckingham Palace nei it Olympysk Stadion, dêr't se in parasjutesprong út 'e helikopter meitsje. Fuort nei de sprong ferskynde de keninginne yn in identike jurk yn it stadion om 'e Olympiade te iepenjen. Happy and Glorious waard regissearre troch Danny Boyle en produsearre troch Lisa Osborne. De rol fan James Bond waard spile troch Daniel Craig, en dy fan 'e keninginne troch harsels. Foar de sênes mei de helikopter waard it plak fan 'e keninginne ynnommen troch aktrise Julia McKenzie, wylst de sprong út 'e helikopter útfierd waard troch stuntlju Mark Sutton as Bond en Gary Connery (yn in jurk) as de keninginne.

Tekenfilmsearje

bewurkje seksje

Yn spin-off-tekenfilmsearje foar bern, dy't basearre wie op James Bond, waard yn it omropseizoen 1991-1992 yn 'e Feriene Steaten yn syndikaasje op 'e tillefyzje brocht. De searje hiet James Bond Jr. en gie oer de omkesizzer fan Bond, dy't ek James Bond hiet.

Yn 1958 waard de roman Moonraker as earste James Bond-ferhaal adaptearre ta in harkspul, dat dat jier op 'e Súdafrikaanske radio útstjoerd waard. Yn it Feriene Keninkryk adaptearre de BBC troch de jierren hinne fiif James Bond-romans ta harkspullen: You Only Live Twice yn 1990, Dr. No yn 2008, Goldfinger yn 2010, From Russia, with Love yn 2012, en On Her Majesty's Secret Service yn 2014.

Fideospultsjes

bewurkje seksje

De folgjende fideospultsjes waarden oer James Bond publisearre:

De earste strip op basis fan in James Bond-roman ferskynde fan 7 july oant 13 desimber 1958 as fúljeton yn 'e Britske krante de Daily Express, tekene troch John McLusky. Sûnt binne de measte romans en koarte ferhalen dy't Ian Fleming oer Bond skreau, adaptearre ta strips, en ek ferskate lettere romans fan oare auteurs. Fan 'e films (dy't plots hawwe dy't hielendal net lykje op 'e romans en ferhalen dêr't de titels oan ûntliend binne), ferskynden ek ferskate stripadaptaasjes, û.m. fan Dr. No (1962), For Your Eyes Only (1981) en Octopussy (1983).

It James Bond Theme, it yn in protte films út 'e James Bond-filmsearje weromkearende muzykje, waard skreaun troch Monty Norman en foar it earst útfierd en opnommen troch it it John Barry Orkest foar de film Dr. No, út 1962. It auteurskip fan 'e meldij is in kontroversjele kwestje. Yn 2001 wûn Norman in rjochtsaak fan 'e krante The Sunday Times, dy't him doe in skeafergoeding fan £30.000 betelje moast, nei't yn in artikel skreaun wie dat it deuntsje folslein it wurk fan Barry west hawwe soe.

In fêst ûnderdiel fan eltse James Bond-film is de titelsong, dy't ornaris songen wurdt troch in bekende sjonger of sjongster. Ferskate films binne foar dy titelsong nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste orizjinele liet. Dat wie bgl. it gefal foar Live and Let Die, fan Paul McCartney, Nobody Does It Better fan Carly Simon, For Your Eyes Only fan Sheena Easton en Writing's on the Wall fan Sam Smith. Adele wûn dy priis yn 2013 foar Skyfall.

Fan 1983 oant en mei 1987 waard troch Victory Games in autorisearre rollekaartspul oer James Bond ferkocht, James Bond 007: Role-Playing in Her Majesty's Secret Service. It wie ûntwurpen troch Gerard Christopher Klug en wie doedestiden it populêrste spionaazjerollespul.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)