Stellingwerven

(Trochferwiisd fan Lânskip Stellingwerf)

De Stellingwerven is it súdeastlikste part fan de provinsje Fryslân, súdlik fan de Tsjonger, oan de kanten fan de Linde.

Kaartsje oer de Midsiuwen wêrop de Kop fan Oerisel noch ta Stellingwerf rekkene wurdt

It gebiet wurdt foarme troch de Fryske gemeentes Eaststellingwerf en Weststellingwerf. De grutste en wichtichste plakken hjir binne Wolvegea en Easterwâlde. Oare wichtige plakken binne Appelskea, Haulerwyk en Noardwâlde.

Om't de kop fan Oerisel, de gemeente Stienwikerlân, en in part fan de Drintske gemeente Westerfjild itselde dialekt en deselde kultuer hawwe, wurdt de namme in inkelde kear ek brûkt foar it hiele taal- en kultuergebiet.

Werf of Warf is in plak dêr't rjochtsprutsen wurdt en Stelling betsjut bestjoerder as rjochter. Eartiids waard Stellingwerf laat troch trije Stellingen. In Stelling is ien út it doarp dy't keazen wurdt troch de befolking. De Stellingen waarden alle jierren ferfongen en kamen hieltyd út in oar doarp.

 
It Aekingersân by Appelskea, jannewaris 2005.
 
Lindefallei by De Blesse

Geakundich sjoen heart it eastlike part fan de Stellingwerven by de oanswettende gebieten yn it noarden, de Fryske Wâlden. Nei it westen ta giet it gea stadich oer yn greiden en wetter. It heechste punt fan de Stellingwerven is de Bosberch, justjes súdlik fan Appelskea. Yn it grinsgebiet tusken Drinte en Fryslân leit it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Dat park bestiet út bosk, heide en stosânen. Benammen op de stosânen ûntstienen lytse heuvels en dunen. Op guon plakken is de sânlaach 5 meter tsjok. Dat sân waard yn de lêste iistiid oanfierd. De heidefjilden waarden te yntinsyf bebuorke. Dêrtroch begûn it sân te stowen. Om 1850 hinne bedrige de sânstowerij de doarpen en ikkers yn 'e omkriten. Om it stosân op te kearen waarden nuddelbeammen plante. Om 1900 hinne waard keunstdong brûkt by it beboskjen fan it stosân en de heidegrûn. By Appelskea is in besikerssintrum foar it Drintsk-Frysk Wâld delset. It Fochtelerfean is in natoergebiet yn it easten fan Eaststellingwerf, krekt noardeastlik fan it Drintsk-Fryske Wâld, op it plak dêr't Fryslân en Drinte byinoar komme. It Fochtelerfean is ien fan de minne en bêst bewarre heechfeangebieten fan Nederlân. Yn it Fochtelerfean komme sawol de ringslang, as ek de njirre en de glêde slang foar. De populaasje glêde slangen is sa grut, dat sûnt 2001 de slangearn wer yn de Fochtelerfean foarkomt. Súdeastlik fan de doarpen Munnikebuorren en Skerpenseel leit it natoerreservaat de Rottige Meente. It natoergebiet is troch it feangraven yn de 19e en 20e iuw ûntstien. It natoergebiet Rottige Meente is yn it besit fan Steatsboskbehear. Noardlik fan de Rottige Meente leit de Brandemar, in leechfeangebiet en sompe dy't ek troch feangraven yn de 19e en 20e iuw ûntstien is. Yn it westen fan Weststellingwerf rint de dyk tusken Skoattersyl en Slikenboarch oer de âlde seedyk. Dy seedyk beskerme Weststellingwerf, oant de ynpoldering fan de Noardeastpolder, tsjin de Sudersee.

Yn it noarden fan de Stellingwerven streamt de Tsjonger en beskiedet de noardgrins fan de Stellingwerven. De Linde rint yn it easten midden troch de Stellingwerven hinne, en foarmt westlik fan Blesdike de provinsjale grins tusken Fryslân en Oerisel. Tusken De Langelille en de Brandemar streamt de Tsjonger troch It Wide, in lytse mar op de grins fan Lemsterlân en Weststellingwerf. De Linde streamt yn it suden troch in oare lytse mar dat ek It Wide neamd wurdt, dy mar leit lykwols op de grins tusken Weststellingwerf en Stienwikerlân. Petgatten binne te finen yn de Rottige Meente en de Brandemar. De Kanadamar by Appelskea is troch it ôfgraven fan sân ûntstien. In oar marke dat troch sânôfgravings ûntstien is leit súdwestlik fan Noardwâlde, de Spoekeplas. De Spoekeplas is tsjintwurdich in marke fan sa likernôch fiif bunder yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld.

Yn Weststellingwerf binne 26 doarpen mei doarpsstatus. Yn Eaststellingwerf binne 13 doarpen. Fan alle doarpen yn East- en Weststellingwerf hat allinnich Aldeberkeap in beskerme doarpsgesicht. De grutste plakken yn de Stellingwerven mei mear as 1.000 ynwenners wienen op 1 jannewaris 2008 (Bron: CBS):

Fryske namme Stellingwerfske namme Nederlânske namme Ynwennertal
Wolvegea Wolvege Wolvega 12.419
Easterwâlde Oosterwoolde Oosterwolde 9.836
Appelskea Appelsche Appelscha 4.953
Noardwâlde Noordwoolde Noordwolde 3.789
Haulerwyk Haulerwiek Haulerwijk 3.309
Aldeberkeap Berkoop Oldeberkoop 1.550
Donkerbroek Donkerbroek Donkerbroek 1.876
Steggerda Steggerde Steggerda 1.111
Aldeholtpea Hooltpae Oldeholtpade 1.072
Makkingea Makkinge Makkinga 1.036

De Stellingwerven hawwe in matige seeklimaat. It klimaat wurdt beynfloede troch de Noardsee. Lykwols binne der wol lytse ferskillen tusken it waadgebiet yn it noardwesten fan de provinsje Fryslân en de Stellingwerven yn it súdeasten fan de provinsje. De klimaatgegevens binne fan it KNMI-mjitstasjon yn Ljouwert.

  Waaroersicht foar de Stellingwerven  
Moanne jan feb mrt apr maa jun jul aug sep okt nov des Jier
heechste maksimum (°C) 12,6 14,4 20,4 26,0 28,7 32,5 31,4 32,8 29,1 23,8 16,4 14,2 32,8
trochsneed maksimum (°C) 4,6 5,1 8,3 11,4 15,9 18,1 20,3 20,8 17,6 13,4 8,7 5,8 12,5
trochsneed temperetuer (°C) 2,4 2,5 5,0 7,4 11,6 14,3 16,4 16,6 13,9 10,1 6,1 3,6 9,2
trochsneed minimum (°C) −0,2 −0,4 1,6 3,2 6,9 9,8 12,2 12,0 9,8 6,6 3,3 1,1 5,5
leechste minimum (°C) −19,9 −16,3 −16,3 −5,9 −1,7 1,3 5,7 5,4 2,0 −6,5 −14,2 −19,2 −19,9
delslach (mm) 65,6 42,1 59,4 38,4 51,4 68,7 64,2 60,2 82,1 78,4 83,7 73,0 767,2
boarne: [1][2] KNMI: Langjarige gemiddelden en extremen, tijdvak 1971 - 2000

It is net wis wêr’t de earste bewenners fan de Stellingwerven oarspronklik wei kamen. Der is in ferhaal dat se om 840 hinne fan ien fan de pakesizzers fan Karel de Grutte nei de Stellingwerven teagen as flechtlingen út in gebiet súdlik fan Hannover. Der binne gjin skriftlike stikken fan foar it jier 1000 oerlevere. By Aldeholtpea is in fûstbile fûn fan sa likernôch 70.000 jier f.Kr. Dy fûstbile is mooglik in bewyske fan Neandertalers yn it gebiet.[3] Sa likernôch 10.000 f.Kr. wennen jagers en sammelders fan de saneamde Tsjongerkultuer yn it gebiet, mar yn dy rite wie der gjin fêste bewenning. Oer de iere midsiuwen is ek net folle bekend. Yn dy tiid wiene de Stellingwerven in ûnderdiel fan it Fryske wengebiet, oant de Franken yn it jier 734 de Friezen fersleinen yn de Slach oan de Boarn. Nei de ferdieling fan it Frankyske Ryk neffens it Ferdrach fan Ferdun yn 843 waarden de Stellingwerven in ûnderdiel fan it eastlike Frankyske Ryk. Ut it eastlike part fan it âlde Frankeryk ûntstie yn de njoggende iuw it Hillige Roomske Ryk. Op 26 novimber 944 joech Keizer Otto I fan it Hillige Roomske Riek "et recht van foreest" (it jachtrjocht) yn de Pagus Thriënte oan biskop Balderik fan Utert. Dêrmei kamen de hjoeddeistige Stellingwerven ûnder it bewâld fan it Uterske bisdom. De Pagus Thriënte (it goa Thriënte) omfiemet Drinte en Oerisel, oan de rivier de Tsjonger ta. Under de biskoppen fan Utert hie it gebiet de namme "Oerstift".

 
Sân Fryske Seelannen neffens it traktaat fan 1417.

De biskoppen fan Utert hienen yn Follenhove in tsjerke en kastiel, en behearsken fan dêr út it gebiet. Yn de rin fan de tiid makke hieltiten mear gebiet oan de kanten fan de Linde him los fan Follenhove. Yn 1309 hiene dizze boeren spul mei Follenhove oer pacht, en slueten se harren oanien foar in oanfal op Follenhove. Sa ûntstie in ûnôfhinklike republyk, de Frije Naasje fan de Stellingwerven. Dizze republyk waard laat troch trije keazen bestjoerders, de Stellingen. Yn it feangebiet fan dy tiid wie fansels rjocht sprutsen op de hichten, de werften. De Stellingwerf is dêrmei it rjochtsgebiet fan de stellingen. It Stellingwerver Lânrjocht is nei alle wierskyn yn de 14e iuw op skrift steld en ferskynde yn it jier 1480[4] It lânrjocht beskriuwt it plak fan de Stellingwerven as Frysk gebiet. Neffens it lânrjocht waard eltse ynbreuk op de Fryske frijheid swier straft. Yn it Freeska Landriucht (yn 1480 it earste printe boek yn de Fryske taal) binne de Stellingwerven yn it Traktaat fan de Sân seelannen neamd as ûnderdiel fan it fjirde seelân. [5] Doe't de Fryske Frijheid yn 1498 troch hartoch Albrecht fan Saksen ta in ein kaam, wie dat ek de ein fan de selsstannigens fan de Stellingwerven. Yn it jier 1500 waarden ek de Stellingwerven definityf ûnderwurpen troch de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Yn dat jier waard Stellingwerf as Fryske gritenij ûnderdiel fan de Sânwâlden. Yn 1504 kaam der in ein oan de âlde rjochten fan de Stellingen.[6] De hartoch ferkocht Fryslân yn 1515 oan Karel V. Yn 1517 waard Stellingwerf dield yn twa gritenijen: Stellingwerf Westerein en Stellingwerf Easterein.[7]

 
Gritenijen yn de Sânwâlden oan de ein fan de 17e iuw.

De Stellingwerven kamen as ûnderdiel fan de provinsje Fryslân yn de twadde helte fan de sechtjinde iuw by de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dy't yn 1568 formeel útroppen waard. In part fan de Linde en Tsjonger waarden nei 1580 ûnderdiel fan de Fryske Wetterliny. It gebiet by de skânsen del waard yn de Tachtichjierrige Oarloch tsjin de Spanjerts en yn it Rampjier tsjin Bernhard von Galen en Frânske helptroepen ûnder wetter set. Mei de komst fan de Frânsen yn 1795 waard de Bataafske Republyk stifte. Fan 1798 oant 1801 wie Sânwâlden in ûnderdiel fan it Frânske Departemint fan de Alde Isel. Yn 1801 gong de Bataafske Republyk oer yn it Bataafske Mienebest en it Departemint Fryslân waard stifte. Yn 1806 gong it Bataafske Gemenebest oer yn it Keninkryk Hollân dat oant 1810 bestien hat. Yn 1814 waard Fryslân in provinsje fan Nederlân. Yn de Frânske tiid waard Eaststellingwerf opdield yn twa gemeenten (mairies); Alderberkeap en Easterwâlde. Nei de Frânske tiid waarden Alderberkeap en Eastwâlde wer gearfoege ta ien gritenij/gemeente.[8]

Yn de sântjinde en achttjinde iuw koe de mienskip troch feanwinning jild fertsjinje. Yn de twadde helte fan de 19e iuw wie it grutste part fan it fean ôfgroeven. Dêrtroch feroare der op sosjaal-ekonomysk mêd gâns. Yn Noardwâlde begûn de befolking mei it binen fan biezems en it meitsjen fan heidebjinders. Mei de wylgetien dy't oeral te krijen is waarden kuorren flechte. As der gjin wylgetien mear te krijen wie waard rotan ynfierd.[9] Om 1900 hinne is it reidflechtsjen in wichtich ûnderdiel wurden fan de ekonomy fan Noardwâlde en omkriten. Yn de Twadde Wrâldkriich waard it Kamp It Petgat by Blesdike as strafkamp foar Joaden brûkt. It kamp is fjouwer moanne as strafkamp brûkt en waard yn de nacht fan 2 op 3 oktober 1942 ûntromme. Kamp Oranje en Ybenheer by De Fochtel waarden brûkt as wurkkampen foar manlike Joadske twangarbeiders. Op 2 oktober 1942 waarden 215 minsken op transport set nei Kamp Westerbork om dêrwei nei Auschwitz en Sobibór brocht te wurden.[10] Yn de Stellingwerven begûn de befrijing yn de nacht fan 7 op 8 april 1945. 60 Frânske falskermspringers kamen by Haulerwyk en Appelskea del.[11] Nei de kriich waard Kamp Oranje by De Fochtel brûkt as strafkamp foar NSB'ers en letter as opfangkamp foar Molukkers. Kamp Ybenheer waard nei de kriich fan 1951 oant 1968 ek as opfangkamp foar Molukkers brûkt. Nei 1968 wie et eardere kamp in oefengebiet fan it Nederlânske leger. De oprjochting fan de suvelfabriken nei 1880 en de meganisaasje fan de lânbou nei de Twadde Wrâldkriich hawwe gâns ynfloed hân op de ekonomyske ûntjouwing en agraryske karakter fan it gebiet. Tagelyk ûntstie der in lichte yndustry dy't no noch beskiedend is foar de ekonomy fan de streek.

Yn 2009 ûntduts de Fryske wittenskipper Oebele Vries yn it ryksargyf yn Arnhim in oant dan ta net bekend ôfskrift fan it Lânrjocht fan Stellingwerf. It soe gean om in oersetting dy't datearre wurdt út de 15e iuw fan in oarspronklik yn it Latynsk opstelde tekst út de 14e iuw. De tekst kin nije ynformaasje jaan op de midsiuwske skiednis fan de Stellingwerven.[12]

Binnen de gemeenten East- en Weststellingwerf wenje 51.850 minsken (1 jannewaris 2011). Yn de Stellingwerven wie 3% fan de befolking yn 2010 fan net-westerske komôf. [13] De histoaryske befolkingsûntjouwing fan de Stellingwerven is as folget[14]:

Befolkingsûntjouwing fan de Stellingwerven
Jier 1714 1811 1870 1900 1920 1950 1970 1990 2010
Weststellingwerf 3.592 5.428 13.284 15.050 18.563 19.942 21.602 24.398 25.829
Eaststellingwerf 1.766 2.884 9.328 9.582 12.884 17.364 19.532 24.799 26.235
Tot. ynwennertal 5.358 8.312 22.612 24.632 31.447 37.306 41.134 49.197 52.064

Hast de helte fan de ynwenners fan de Stellingwerven is kristlik. De sifers binne fan it CBS, oangeande religy, binne neffens COROP-regio berekkene. Hjirûnder stean de sifers foar de COROP-regio Súdeast-Fryslân fan 2003[15]:

Religy yn Súdeast-Fryslân
Roomsk-Katolyk Grifformeard Nederlânsk Herfoarme Islam Net religieus
9,5 %
15,9 %
14,8 %
1,9 %
52,8 %

It gebiet ûnderskiet him fan Fryslân omdat de minsken dêr fanâlds gjin Frysk praten. De taalfariant fan de Stellingwerven wurdt it Stellingwerfsk (Oertsjongersk) neamd. De dialekten fan it Stienwikerlân (kop fan Oerisel) en in part fan de Drintske gemeente Westerfjild wurde taalkundich ta it Stellingwerfsk rekkene. It Stellingwerfsk ûnderskiedet him troch it brûken fan it ae-lûd (lange è): it Frysk wetter is yn it Oertsjongersk wetter (Et waeter klaetert in de glaezen dat et zoe daevert). Der binne aloan minder sprekker fan it Stellingwerfsk. It dialekt moast sawol oan it Nederlânsk as it Frysk priisjaan.

Hoefolle it Stellingwerfsk, Frysk en Nederlânsk yn de Stellingwerven praat wurden as thústaal is ûndersocht yn in Quick-Scan fan de provinsje Fryslân yn 2007 en 2011. De resultaten binne sa:

Resultaten Quick-Scan 2007
Thústaal Weststellingwerf Eaststellingwerf
Frysk 18% 41%
Nederlânsk 53% 47%
Stellingwerfsk 29% 12%
Resultaten Quick-Scan 2011
Thústaal Weststellingwerf Eaststellingwerf
Frysk 22% 39%
Nederlânsk 56% 50%
Stellingwerfsk 22% 11%
 
Peaskefjoer

Ek mei kultuer hawwe de Stellingwerven in protte mei de Nedersaksyske kultuer. Sa wurde der om Peaske hinne in protte peaskefjoeren oanstutsen yn it gebiet. Dat bart ûnder oaren yn Aldeberkeap, Elsloo en Easterstreek.

It âldste skriftlike bewyske fan de namme Stellingwerf is út it jier 1309. Dêrom waard yn 2009 it 700-jierrich bestean fan de Stellingwerven fierd. De griffioen komt sawol op it gemeentewapen fan Weststellingwerf as dy fan Eaststellingwerf foar. In lyksoartich figuer stiet op in segel út de midsiuwen.[16] Op in ôfbylding mei de twa gemeentewapens út 1580 binne ek fan sokke figueren te sjen.[17] By it feest foar it 700-jierrich bestean fan de Stellingwerven waard dêrom in aparte flagge makke mei de griffioens fan de beide gemeenten der op.

Yn Eaststellingwerf en omkriten wurdt op it mêd fan keunst, kultuer en literatuer in protte wurk ferset troch de Stichting Kunstwerf. Eltse simmer wurdt yn Aldeberkeap it keunstbarren Open Stal hâlden dêr't 15 keunstners op ferskillende plakken eksposearje mei harren wurk. Dizze keunstrûte wurdt sûnt 1971 hâlden. In oar grut barren yn de Stellingwerven binne de Pinksterlanddagen, in anargistysk festival yn Appelskea mei politike praatrûnten, gearkomsten, lêzings en workshops.

Aldjiersferienings

bewurkje seksje

De Stellingwerven foarmje it hert fan de tradysje fan âldjiersstunts. Mei De Geitefok fan Aldeberkeap en Vesuviusklup fan Elsloo komme inkele fan de âldste en meast ferneamde âldjiersferienings út de Stellingwerven. Njonken Berkeap en Elsloo hawwe ûnder oaren ek Easterstreek (D'Olde Togers), Boyl (de Aldjiersploech), Makkingea (Makkingeaster Aldjiersploech), Donkerbroek (De Nachtdravers) en De Fochtel (De Korhoenders) in âldjiersferiening. Dizze ferienings spylje in wichtige rol yn de mienskip fan de lytsere doarpen yn de Stellingwerven, benammen om âld en nij hinne binne de ferienings warber. De âldjiersploegen hawwe faak ta doel it nije jier feestlik yn te lûden. Dat bard mei ludike stunts, it fuortjaan fan kado's oan de pleatslike ferienings en it stypjen fan minsken dy't help nedich hawwe.

Net alle âldjiersferienings 'tôgje' (it fuortheljen fan guod) en it binne benammen De Geitefok en de Vesuviusklup dy't út en troch it nijs helle hawwe mei harren stunts. Inkele fan de stunts dy't it measte omtinken yn it lân krigen hawwe binne it fuortheljen fan (tusken skrapkes de namme fan de feriening en it jiertal dat de stunt presintearre waard):

 
Boerekoal mei woarst

It kulinêre mêd beheind him ta gebak en koekjes. Ferskate bakkers ferkeapje koekjes en gebak dy't se sels meitsje en dêr de namme fan de streek yn ferwurkje. Dêrneist is der noch in resept mei as namme Berkeapster Lammebout. It 'kulinêr eigene' hat fierders de streekprodukten sa't dy yn de rest fan de provinsje Fryslân ek wol bekend binne, lykas sûkerbôle, oranjekoeken, rikke drûge woarst en keallepoaten. Bekende waarme gerjochten binne boerekoal mei woarst en de Fryske sipelsop.

 
De A32 by It Hearrenfean, krekt noardlik fan de Stellingwerven, is in wichtige noard-súd ferbining.

Wolvegea is it haadplak fan Weststellingwerf. Wolvegea is it sintrale plak yn de Stellingwerven mei in lyts ferskaat oan winkels. It plak is bekend om syn drafsportsintrum en wenbûlevaar. Appelskea is in wichtich plak foar it toerisme. Krekt súdeastlik fan Appelskea leit it attraksjepark Duinen Zathe. Yn it suden en súdwestlik lûk it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld in protte toeristen. Yn de Stellingwerven is gjin heger ûnderwiis. Dêrfoar moatte de minsken nei Ljouwert, Swol, Meppel of Grins. In oar wichtich plak yn de omkriten is Stienwyk. Foar in protte minsken binne Wolvegea, It Hearrenfean en Stienwyk de wichtichste winkelplakken yn de omkriten.

De wichtichste autodyk dy't de Stellingwerven mei It Hearrenfean en Ljouwert yn it noarden en Stienwyk en Swol yn it suden ferbynt is de yn de jierren tachtich oanleine fjouwerbaansdyk A32. It spoar fan Swol nei Ljouwert rint lykop mei de sneldyk A32. Wolvegea is it iennichste plak yn de Stellingwerven mei in treinstasjon. De N351 is de wichtichste east-west ferbining en rint fan Emmeloard oer De Kúnder, troch Wolvegea, nei Easterwâlde. Oare belangrike diken binne de N380 en de N381 yn Eaststellingwerf. De Stellingwerven hawwe gjin fleanfjild. Lofthaven Ealde is it koartste by de Stellingwerven, dy lofthaven leit sa likernôch 30 kilometer noardeastlik fan Easterwâlde. In oare fleanfjild is dat fan Drachten, sa likernôch 20 kilometer noardlik fan Easterwâlde. De busferbiningen wurde yn de Stellingwerven dien troch Qbuzz en Connexxion.

Bestjoerlik omklammet de Stellingwerven de gemeenten Eaststellingwerf en Weststellingwerf yn de provinsje Fryslân. It haadplak fan Eaststellingwerf is Easterwâlde en it haadplak fan Weststellingwerf is Wolvegea. Der binne ferskate plannen om de beide gemeenten fusearje te litten.[18] De beide gemeenterieden hawwe 21 sitten. De sitferdieling nei de riedsferkiezings fan 2010 wie sa:

Riedssitten
Partij W'werf E'werf
PvdA 6 5
CDA 4 4
VVD 5 2
GroenLinks 3 1
ChristenUnie - 1
D66 - 1
Ooststellingwerfs Belang - 7
Weststellingwerfs Belang 3 -
SDP - -
Mei-inoar 21 21

Polityk sjoen wurdt der yn de Stellingwerven trochstrings linkser stimd as gemiddeld yn Nederlân. Der komme inkelde ferneamde PvdA'ers út it gebiet. Bygelyks Jeltje van Nieuwenhoven, fan Noardwâlde en Anne Vondeling, dy't berne is yn Appelskea.

Ferneamde ynwenners

bewurkje seksje
 
Piter Stuyvesant

Yn de Stellingwerven binne ferskate ferneamde minsken berne. Oan de iene kant binne it minsken dy't beskiedend west hawwe foar de Stellingwerven sels, oan de oare kant binne it minsken dy't ynternasjonaal ferneamd wurden binne.

Pieter Stuyvesant wie direkteur-generaal fan de Nederlânske kolony Nij-Nederlân (it lettere New York). Yn Wolvegea, Skerpenseel en Pepergea stean monuminten foar Stuyvesant. Hy is mooglik de ferneamdste persoan út de Stellingwerven en is neffens alle wierskyn yn Pepergea berne. Onno Zwier van Haren wie in politikus en dichter út it skaai fan de Van Haren's en wie bewenner fan it hûs Lindenoard.

Johan Veenstra is in skriuwer út Wolvegea dy't yn it Stellingwerfsk skriuwt. Hy is skriuwer fan dichtbondels, ferhalen en romans yn it Stellingwerfske dialekt.

Gerrit de Vries út Alderberkeap wie yn 1986 wrâldkampioen wurden mei de 100km ploegetydrit fytsen. Monique Knol wie ek in ferneamd hurdfytster. Hja hat in gouden en in brûnzen medalje wûn by it frouljushurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 1988.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Weststellingwerf – foto, fideo en harktriemmen
  Commons: Ooststellingwerf – foto, fideo en harktriemmen


 
Aeckingersân (Keale Dunen) by Appelskea


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. KNMI: Langjarige gemiddelden, tijdvak 1971 - 2000
  2. KNMI: Langjarige extremen, tijdvak 1971 - 2000
  3. De vroegste Geschiedenis fan de webside www.stellingwerf-heemkunde.nl
  4. Omrop Fryslân; 'Unyk midsiuwsk dokumint'
  5. Traktaat van de Zeuven Zeelanen in et Ooldfries op Wikisource
  6. De late Middeleeuwen fan de webside www.stellingwerf-heemkunde.nl
  7. www.friesarchiefnet.nl
  8. Ooststelingwerf 1600-1850 op www.friesarchiefnet.nl
  9. Lokale skiednis op www.vlechtmuseum.nl
  10. Ooststellingwerf op fochtelooerveen.info
  11. De bevrijding van Friesland
  12. berjocht yn de Nieuwe Oostellingwerver
  13. CBS
  14. De sifers fan 1714 o/m 1990 binne fan Tresoar - de sifers fan 2010 komme fan it CBS: Ooststellingwerf en Weststellingwerf
  15. Religie; naar regio; 2000/2002 of 2003 op de webside fan it CBS
  16. Stellingwarf-info op de website van de Stellingwarver Schrieversronte
  17. De Griffioen van de Stellingwerven.
  18. Commissie: Stellingwerven samenvoegen út 'dé Weekkrant Fryslân'