Kaydel Ko Connix
Kaydel Ko Connix is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja komt foar yn 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. Se is in froulike luitenant yn it Ferset tsjin 'e Earste Oarder. It personaazje fan Connix waard betocht troch J.J. Abrams, de regisseur fan it earste diel fan 'e ferfolchtrilogy, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. De rol fan Connix waard yn alle trije films spile troch aktrise Billie Lourd.
Kaydel Ko Connix personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske (Dulathiaansk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | militêr | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Poe Dameron Amilyn Holdo Finn Rose Tico Leia Organa | |
geastlike heit | J.J. Abrams | |
ûntstean | 2015 |
Eftergrûn
bewurkje seksjeAktrise Billie Lourd, dy't de rol fan Kaydel Ko Connix spile, is de dochter fan Carrie Fisher, dy wrâldferneamd waard as prinsesse Leia yn 'e oarspronklike Star War-trilogy. Hja die earst audysje foar de rol fan Rey, mar ferlear dêrby fan Daisy Ridley. J.J. Abrams, de regisseur fan Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, skoep doe spesjaal foar Lourd it personaazje fan Connix. Dat wurdt yn 'e trije films fan 'e ferfolchtrilogy inkeld "luitenant Connix" neamd, mar yn it companionboek Star Wars: The Force Awakens: The Visual Dictionary, dat skreaun waard troch Pablo Hidalgo, wurdt se identifisearre mei har folsleine namme as "Kaydel Ko Connix".
Fiktive biografy
bewurkje seksjeYn The Force Awakens
bewurkje seksjeNeffens Star Wars: The Force Awakens: The Visual Dictionary is Connix ôfkomstich fan 'e planeet Dulathia. Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt se yntrodusearre as in ûnderofsier yn it floatkommando fan it Ferset, stasjonearre yn 'e basis op 'e planeet D'Qar. By de militêre operaasje om 'e Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder te ferneatigjen, is Connix belutsen as ferkearslieder.
Yn The Last Jedi
bewurkje seksjeYn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) is Connix nei de krisis om 'e Stjerredeaderbasis hinne befoardere ta de rang fan luitenant. By de ûntromming fan 'e fersetsbasis op D'Qar hat sy de lieding oer de efterhoede. Sels ûntkomt se nauwerneed yn it alderlêste romteskip fan it planeetoerflak. Neitiid kriget se de funksje fan sensoroperaasje-ofsier oan board fan 'e kruser Raddus, it flaggeskip fan 'e fersetsfloat.
Nei't de lieding fan it Ferset foar it meastepart omkomt by in foltreffer fan in TIE-jager fan 'e Earste Oarder op 'e brêge fan 'e Raddus, nimt fise-admiraal Amilyn Holdo it befel oer de flechtsjende fersetsfloat oer. Mei kaptein Poe Dameron fasilitearret Connix, bûten it witten fan Holdo om, de ôfreis fan Finn, Rose Tico en de robot BB-8 foar in misje om it apparaat te sabotearjen dat de Earste Oarder brûkt om 'e fersetsfloat troch de hyperromte te folgjen.
Letter is Connix ien fan ferskate fersetsofsieren dy't de rebûlje fan Dameron tsjin Holdo stipet, om't se fan miening binne dat de plannen fan 'e fise-admiraal de delfal fan it Ferset betsjutte sille. De rebûlje wurdt lykwols delslein, en neitiid is Connix ien fan 'e oerbleaune 400 fersetslju dy't op 'e planeet Crait beskûl sykje yn in âlde basis fan it Rebelleferbûn út 'e Galaktyske Boargeroarloch. Dêr reitsje se ynsletten troch de troepen fan 'e Earste Oarder. Mei de oaren wurdt Connix úteinlik rêden troch Rey, om te ûntkommen yn 'e Millennium Falcon.
Yn The Rise of Skywalker
bewurkje seksjeYn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) helpt Connix by it opsetten fan it nije haadkertier fan it Ferset op Ajan Kloss, wêrmei't se it fertrouwen fan generaal Leia Organa nei har dielname oan 'e rebûlje fan Poe Dameron werom wit te winnen. Letter fjochtet se yn 'e Slach om Exegol tsjin 'e float fan stjerreslachskippen fan 'e Lêste Oarder fan 'e út 'e dea opstiene keizer Palpatine. Dêrby nimt se oan board fan it fersetsskip Resurgent, yn 'e mande mei û.o. Rose Tico, diel oan 'e oanfal op 'e navigaasjetoer fan 'e Ivige Sith. Nei de oerwinning fiert se by weromkear op 'e basis feest mei de oare fersetslju.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |