Súd-Karolina

(Trochferwiisd fan Súd Karolina)

Súd-Karolina (Ingelsk: South Carolina; útspr.: [saṷθ kæɹə'lai̭na], likernôch "saus kerre-laaina"), offisjeel de Steat Súd-Karolina (Ingelsk: State of South Carolina), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Súd-Karolina, byneamd de Palmetto State ("Dwerchpalmsteat"), is ien fan 'e Karolina's, dy't oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan lizze, yn it súdeasten fan it lân. De steat heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Columbia, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 4,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 24e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Súd-Karolina mei krapoan 83.000 km² de 40e steat. Súd-Karolina stiet bekend om syn neare klimaat, it grutte tal kristlike fûnemintalisten dat der wennet, en om it feit dat it yn 1860 de earste Súdlike steat wie dy't him oan it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch ôfskate fan 'e Feriene Steaten.

Steat Súd-Karolina
State of South Carolina
flagge wapen
Dum Spiro Spero
(Latyn, "Salang't Ik Noch Sykhelje, Haw Ik Hope")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting SC
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1788)
haadstêd Columbia
grutste stêd Columbia
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 4.832.482 (2014)
befolkingstichtens 60,0 / km²
oerflak 82.931 km² (6,0% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Palmetto State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.sc.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Súd-Karolina. Foar oare betsjuttings, sjoch: Súd-Karolina (betsjuttingsside).

De namme Carolina, dy't sawol fan tapassing is op Súd-Karolina as op 'e buorsteat Noard-Karolina, datearret fan 30 oktober 1629, doe't de Ingelske kening Karel I in patint útrikte oan sir Robert Heath foar de kolonisaasje fan dat diel fan Noard-Amearika dat tusken 36 en 31° noarderbreedte yn lei. Ta eare fan Karel I waard dat gebiet Carolina neamd, nei de Latynske foarm fan syn namme, Carolus. De bynamme fan Súd-Karolina is de Palmetto State. Dat is ien fan 'e bekendste bynammen fan alle Amerikaanske steaten, en eins de iennichste dy't geregeldwei yn oare talen oerset wurdt (as de Dwerchpalmsteat). De dwerchpalm is it symboal fan Súd-Karolina, en pronket ek op 'e flagge fan 'e steat.

 
It Steatspark Table Rock, yn it uterste noardwesten fan Súd-Karolina.

Súd-Karolina hat in oerflak fan 82.931 km², wêrfan't 6,0% út wetter bestiet. It leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4). De steat grinzget yn it westen en súdwesten oan 'e Amerikaanske steat Georgia en yn it noarden oan 'e steat Noard-Karolina. Yn it easten en súdeasten leit Súd-Karolina oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan. De steat kin ferdield wurde yn ferskate geografyske gebieten. Yn it uterste noardeasten lizze de Blue Ridge-bergen, in sterk erodearre berchtme dat in útrinner fan 'e Appalachen is. Fierder nei it súdeasten ta wurdt it lânskip stadichoan leger en giet it oer yn in heuvelich foarlân, dat op syn beurt oergiet yn 'e Sânheuvels, in gebiet fan oerâlde dunen dy't markearje wêr't miljoenen jierren lyn de kust lei. Noch fierder nei it súdeasten leit it leechlân fan 'e Atlantyske Kustflakte. De kust sels kin opdield wurde yn trije aparte gebieten; fan noard nei súd binne dat it Gland-strân, de mûning fan 'e rivier de Santee, en de See-eilannen mei harren kwelders en sâltwettersompen.

 
Yndianereservaten yn Súd-Karolina.

It heechste punt fan Súd-Karolina is Sassafras Mountain, yn it noardwesten, wêrfan't de top op 1.085 m boppe seenivo leit. It leechste punt is it strân oan 'e Atlantyske kust. De wichtichste rivieren fan 'e steat binne de Savannah, dy't de súdwestgrins mei Georgia foarmet en by de stêd Savannah (Georgia) yn 'e Atlantyske Oseaan útmûnet, en de Santee, dy't troch sintraal Súd-Karolina streamt. De grutste mar fan 'e steat is de Marion-mar, mei in oerflak fan 450 km². Oare grutte marren binne de Strom Thurmond-mar (foarhinne de Clarks Hill-mar), de Mountrie-mar en de Hartwell-mar. Oarspronklik wie Súd-Karolina hast hielendal begroeid mei mingd wâld. It heuvelige foarlân fan 'e Appalachen waard earder fierhinne bebuorke, mar om't dat net mear ekonomysk rindabel is, hat men in grut part fan dat diel fan 'e steat werbeboske mei nullebeammen foar de hout- en papieryndustry. Súd-Karolina omfiemet ien federaal Yndianereservaat, it lytse Katôba Yndianereservaat, dat tsjin 'e grins mei Noard-Karolina oan leit.

De koloniale perioade

bewurkje seksje

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken waard Súd-Karolina befolke troch sa'n tritich ûnderskate Yndiaanske stammen. De wichtichsten dêrfan wiene de Sûaanske Katôba, de Irokeeske Sjeroky en de Muskogeeske Jamassy. Foarhinne tocht men dat de minsklike bewenning fan 'e steat sa'n 15.000 jier lyn begûn, mar ien argeologysk fynplak, de saneamde Topper Site, is foarsichtich datearre op 30.000 jier lyn.

 
It "Rôze Hûs" (Pink House), it âldste stiennene gebou fan Charleston, boud tusken 1694 en 1712.

De earste Jeropeaan dy't it grûngebiet fan Súd-Karolina oandie, wie de Spanjert Francisco Gordillo, yn 1521. Fiif jier letter, yn 1526, stifte in oare Spanjert, Lucas Vazquez de Ayllon, de earste Jeropeeske delsetting op it grûngebiet fan 'e hjoeddeistige Feriene Steaten. Dy delsetting hiet San Miguel de Gualdape, mar waard nei in fearnsjier alwer ferlitten. Behalven de Spanjerts makken ek de Frânsen oanspraak op it gebiet. Hja besochten geandewei de sechstjinde iuw ferskate kearen in delsetting op 'e Súdkarolynske kust te stiftsjen, mar dat slagge net fanwegen de wjerstân fan 'e lânseigen befolking en in gebrekkige befoarrieding. Yn 1629 joech de Ingelske kening Karel I oan sir Robert Heath it allinnichrjocht om yn 'e Karolina's in koloanje te stiftsjen. Dy sette dêr noch datselde jiers mei útein; Heath syn koloanje omfieme behalven it moderne Súd-Karolina en Noard-Karolina ek Georgia en Tennessee.

De Ingelske kolonisten fan 'e koloanje Karolina wiene foar it meastepart rike aristokraten dy't oerkamen fan Barbados, dêr't se al earder sûkerreidplantaazjes opset hiene. Hoewol't it súdlike part fan Súd-Karolina earder al troch de Spanjerts kolonisearre wie, hiene dy har yn Floarida weromlûke moatten fanwegen de fijannige hâlding fan 'e Yndianen. De nije koloanje ûntjoech him lykwols net sa't men oarspronklik ferwachte hie. It gebiet wie te grut en it noarden waard grutdiels kolonisearre troch boeren út it binnenlân fan Firginia, wat ek kwa befolking grutte ferskillen opsmiet. Uteinlik waard Karolina yn 1729 opspjalte yn 'e keninklike provinsjes Noard- en Súd-Karolina. Neitiid waard yn 1733 Georgia fan Súd-Karolina losmakke.

 
Yn plakken oan 'e kust fan Súd-Karolina binne âlde strjitten gauris beseame mei orkaanbestindige iken, lykas hjir oan East Bay Street, yn Georgetown.

Yn dy snuorje gie it Súd-Karolina ekonomysk tige foar de wyn. Behalven de tabaks- en letter katoenplantaazjes dy't troch de aristokraten opset wiene, rjochte de koloanje him mei de natuerlike haven Charles Town (no Charleston) ek op 'e hannel. Der waard godstsjinstfrijheid tastien, wat in protte Hugenoaten en Sefardyske Joaden oanloek. Fierders waard mei help fan negerslaven út rysferbouwende dielen fan West-Afrika de produksje fan dat gewaaks ynfierd, en teffens waard de indigoplant ferboud, wêrfan't de blom in dûnkerblauwe kleurstof leveret. Yn 1739 fûn de Stono-rebûlje plak, in opstân fan 'e Afrikaanske slaven, wêrnei't it bestjoer fan 'e koloanje besleat om 'e earstfolgjende tsien jier allinne noch mar slaven út it Karibysk Gebiet te ymportearjen, dy't har al yn har slavestatus skikt hiene. Fan it begjin fan 'e achttjinde oant de midden fan 'e tweintichste iuw foarmen negerslaven en harren neikommelingen it grutste part fan 'e Súdkarolynske befolking.

Fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch oant de Boargeroarloch

bewurkje seksje

By de Amerikaanske Revolúsje fan 1776 wie Súd-Karolina de earste fan 'e Trettjin Koloanjes dy't him oan it Britske koloniale bestjoer ûntskuorde en de ûnôfhinklikheid útrôp. De earste presidint fan 'e steat wie John Rutledge (1776-1778), dy't opfolge waard troch Rawlins Lowndes (1778-1779). Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1776-1783) slagge it de rebellen yn 't earstoan om 'e Britten út 'e steat te ferdriuwen, mar yn 1780 koene de Britten mei help fan Súdkarolynske loyalisten de steat weromferoverje. De Amerikaanske oerwinning yn 'e Slach by Cowpens, op 17 jannewaris 1781, markearre lykwols de ein fan 'e Britske opmars. Uteinlik wiene de Britten yn 1782 twongen en jou Súd-Karolina hielendal op, wat ta in eksodus fan 'e loyalistyske boargerbefolking late. Op 23 maaie 1788 wie Súd-Karolina de achtste steat dy't de Amerikaanske Grûnwet ratifisearre en dêrmei tatrêde ta de Amerikaanske Uny.

 
It haadgebou fan 'e Millford-plantaazje, boud yn 1839-1941, ien fan 'e bêste foarbylden fan Grykske revival-arsjitektuer yn 'e Feriene Steaten.

Geandewei de njoggentjinde iuw kaam Súd-Karolina almar mear op raamkoerts te lizzen mei it Amerikaanske federale regear yn Washington, D.C. Dat kaam benammen om't Washington in ekonomyske polityk fierde dy't it yndustriële Noarden befoardiele, mar krekt minne gefolgen hie foar it Suden, dat it hawwe moast fan 'e útfier fan lânbouprodukten (katoen). Yn 1832 ferklearre it steatsparlemint mei de Ordinânsje fan Nullifikaasje de federale belestingwetten fan 1828 en 1832 ûngrûnwettich en dêrom fan nul en gjinderlei wearde. Fan 1 febrewaris 1833 ôf waarden dy wetten sadwaande yn Súd-Karolina net mear neilibbe. Dat late ta de saneamde Nullifikaasjekrisis, wêrby't it Amerikaanske Kongres oan presidint Andrew Jackson (opmerklikernôch de iennichste Amerikaanske presidint ea dy't berne wie yn Súd-Karolina) it rjocht joech om, as it moast, mei militêre middels yn Súd-Karolina yn te gripen. Fan gefolgen waard doe de Ordinânsje fan Nullifikaasje werroppen, mar de hiele episoade sette in protte kwea bloed by de Súdkaroliniërs.

In oar tear punt yn 'e relaasjes fan Súd-Karolina mei it Noarden wie it abolysjonisme dat yn it Noarden almar mear oanhing krige. Om't de hiele Súdkarolynske ekonomy op slave-arbeid stipe, waard dat sjoen as in grutte bedriging foar de steat. Hoe hjit oft de hollen waarden, die yn 1856 bliken, doe't de Republikeinske senator foar Massachusetts Charles Sumner in taspraak hold wêryn't er oprôp om 'e slavernij fuortendaliks lanlik ôf te skaffen en boppedat de Súdkaroliniërs as groep misledige. Yn reäksje dêrop gie it Súdkarolynske lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen Preston Brooks de senaat yn en joech Sumner in pak op 'e bealch mei in mei izer besleine gongelstôk. Hy ferwûne Sumner dêrby sa slim dat dy ferskate moannen syn funksje net útoefenje koe. Hoewol't Brooks neitiid syn sit yn it Kongres opjaan moast, waard er yn Súd-Karolina ûnthelle as in held.

 
Boerd by de tagong ta Fort Sumter, yn 'e haven fan Charleston, dêr't op 12 april 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch begûn.

Doe't ein 1860 dúdlik waard dat Abraham Lincoln, in tsjinstanner fan 'e útwreiding fan 'e slavernij nei nij-kolonisearre gebiet yn it Wylde Westen, de Amerikaanske presidintsferkiezings fan dat jier wûn hie, wie Súd-Karolina op 20 desimber 1860 de earste Súdlike steat dy't him fan 'e Amerikaanske Uny ôfskate. Op 8 febrewaris 1861 rjochte Súd-Karolina yn 'e mande mei Alabama, Floarida, Georgia, Louisiana en Mississippy de Konfederearre Steaten fan Amearika op, dêr't har neitiid noch fiif oare steaten by oansleaten. Op 12 april fan dat jier begûn yn Súd-Karolina de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), doe't de steatsmilysje úteinsette mei de besjitting fan Fort Sumter, in troch de Noardliken besette fêsting yn 'e haven fan Charleston.

Neitiid blokearre de Amerikaanske Marine de haven fan Charleston en besette de See-eilannen. Súdkarolynske troepen namen diel oan hast alle wichtige Konfederearre fjildtochten, mar op it eigen grûngebiet waard mar amper fochten. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, yn it foarjier fan 1865, marsjearre de Noardlike generaal William Tecumseh Sherman mei syn leger dwers troch Súd-Karolina, wêrby't er lofts en rjochts plantaazjes platbaarnde en op 17 febrewaris de steatshaadstêd Columbia ynnaam. De nachts dêrop stiften syn manskippen op ferskate plakken brân, en in dei letter wie der fan it sintrum frijwol neat mear oer. Yn totaal sneuvelen 18.666 Súdkarolynske militêren yn 'e Boargeroarloch, wat delkaam op likernôch in trêdepart fan 'e manlike blanke befolking tusken de 15 en 60 jier.

 
Hjerst by de Wylie-mar.

Moderne tiid

bewurkje seksje

Under it Tiidrek fan de Weropbou waard Súd-Karolina de earste jierren nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch regearre troch in koälysje fan Noardlike nijynkommelingen (carpetbaggers), blanke Súdlike radikalen (scalawags) en befrijde negerslaven. Doe't de opkomst fan 'e rasistyske Ku Klux Klan (KKK) problematyske foarmen begûn oan te nimmen, skoarre presidint Ulysses S. Grant yn 1871 de boargerrjochten yn njoggen Súdkarolynske countys op, wêrnei't hûnderten leden fan 'e KKK oppakte waarden en twatûzen oaren de steat ûntflechtsje moasten.

Nei't Súd-Karolina yn 1877 as lêste eardere Konfederearre steat wer ta de Uny talitten wie en sadwaande syn selsbestjoer weromkrige, wisten de Demokraten mei help fan paramilitêre groepen wer oan 'e macht te kommen. Dêrnei draaiden se alle foarútgong dy't sûnt de Boargeroarloch boekt wie, werom. Mei in kampanje fan yntimidaasje en terreur waard de swarte befolking derfan wjerholden om noch oan 'e polityk diel te nimmen. Yn 'e 1890-er jierren waarden boppedat regels oannommen dy't betingsten ferbûnen oan it stimrjocht, lykas dat men lêze en skriuwe kinne moast en dat men in beskaat bedrach oan belesting betelje moast. Fan gefolgen wiene der yn Súd-Karolina yn 1896 noch mar 5.500 swarte kiezers oer, hoewol't der de swarten de mearderheid fan 'e befolking útmakken. Ek earme blanken waarden troch dizze maatregels fan it politike proses útsletten. Fierders waard yn 1924 troch it Steatskongres ek in wet oannommen, de saneamde "ien-dripregel", dy't houliken ferbea tusken blanken en lju mei ek mar it minste bewiisde Afrikaanske foarâlderskip hiene.

 
De sompen fan it Nasjonaal Park Congaree, oan 'e Súdkarolynske kust.

Mei fanwegen sokke diskriminearjende maatregels, mar ek gewoan fanwegen ekonomyske swierrichheden, ferlieten ûnder de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing fan 1910 ôf hûnderttûzenen swarten Súd-Karolina. Hja giene nei it Amerikaanske Noarden, dêr't se as arbeiders yn stielfabriken en oare tûken fan yndustry in bettere takomst hopen op te bouwen foar harrensels en harren bern. Yn totaal giene der tusken 1910 en 1970 6,5 miljoen swarten út Súd-Karolina wei. Tsjin 1930 foarmen blanken foar it earst sûnt 1708 wer de grutste befolkingsgroep fan 'e steat.

Yn 'e 1950-er en 1960-er jierren stried de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging foar gelykberjochtiging foar Afro-Amerikanen. Dêrby kamen de swarte aktivisten yn Súd-Karolina faak frontaal yn botsing mei de hearskjende blanke politike elite. Mar net allinnich de Afro-Amerikanen hiene yn Súd-Karolina mei diskriminaasje te krijen; de steat wegere lange tiid om it Njoggentjinde Amendemint oan 'e Amerikaanske Grûnwet te ratifisearjen. Dat amendemint, út 1920, joech froulju it stimrjocht. Pas op 1 july 1969 waard it troch it Steatskongres fan Súd-Karolina oannommen.

 
It Steatskapitoal fan Súd-Karolina.

Súd-Karolina bestiet bestjoerlik út 46 countys. De steatshaadstêd, Columbia, leit yn Richland County, yn it sintrum fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Súd-Karolina bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Súd-Karolina, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 46 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 124 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Súd-Karolina, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch twa senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Súd-Karolina 7 sitten.

It politike lânskip fan Súd-Karolina wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje net mear as in marzjinale rol. Hoewol't de Dwerchpalmsteat fan âlds in Demokratysk bolwurk wie, is it grutste part fan it elektoraat dêre tusken de 1960-er en de 1990-er jierren stadichoan oerstapt nei de Republikeinen, en tsjintwurdich stimt de steat by presidintsferkiezings frijwol altyd Republikeinsk. Súd-Karolina stiet bekend as ien fan 'e konservatyfste steaten fan 'e Feriene Steaten.

 
Strântoerisme oan 'e Atlantyske kust by Myrtle Beach.

Yn 2007 bedroech it totale bruto steatsprodukt fan Súd-Karolina $153 miljard. Per holle fan 'e befolking kaam dat del op $28.894, wat 15% ûnder it bruto nasjonaal produkt per holle fan 'e befolking fan 'e hiele Feriene Steaten sit. Op it mêd fan 'e lânbou produsearret de Dwerchpalmsteat benammen tabak, plomfee, kowefleis, suvelprodukten, sojabeane, rys en bargefleis. Op it mêd fan 'e yndustry produsearret Súd-Karolina fral tekstyl, gemyske produkten, papierprodukten, masinery en auto's. Fan 'e steatsbefolking wurket 19% yn 'e hannel (de detailhannel ynbegrepen), 12% yn 'e yndustry, 11,8% yn it ûnderwiis of de sûnenssoarch en 11,2% yn 'e toeristyske sektor. Ynkomsten út 'e tsjinstesektor drage foar 83,7% by oan 'e ekonomy fan Súd-Karolina.

 
Befolkingstichtens yn Súd-Karolina.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Súd-Karolina yn 2014 4.832.482 ynwenners, wat in groei fan 4,5% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens bedroech yn 2014 60,0 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Columbia, mei 132.000 ynwenners yn 2011. Oare gruttere stêden binne: de wichtige havenstêd Charleston (130.000), North Charleston (107.000), Mount Pleasant (78.000), Rock Hill (70.000) en Greenville (62.000).

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Súdkarolynske befolking doe sa: 63,9% blanken; 27,9% swarten; 5,3% Latino's; 1,5% Aziaten; 0,5% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 0,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Ta de Afro-Amerikanen binne ek de See-eilânkreoalen (of Gullah) rekkene, dy't op 'e See-eilannen wenje en harren eigen kultuer en taal ûntwikkele hawwe.

 
De skyline fan 'e Súdkarolinyske haadstêd Columbia.

Súd-Karolina omfiemet ien federaal erkende Yndianestamme, nammentlik de Katôba Yndiaanske Naasje, dy't in eigen reservaat hat by de grins mei Noard-Karolina, yn 'e omkriten fan Rock Hill. Fierders binne der yn Súd-Karolina ek noch ferskate stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Súd-Karolina is de iennichste Amerikaanske steat dy't ûnderskate gradaasjes taheakket oan 'e erkenning dy't op steatsnivo oan Yndianestammen en oare Yndiaanske organisaasjes skonken wurdt. Der binne 3 fan sokke gradaasjes, hjir werjûn yn folchoarder fan ôfrinnende wichtigens.

 
In strjitbyld yn Charleston.

De offisjele taal fan Súd-Karolina is it Ingelsk, dat foar de grutte mearderheid fan 'e steatsbefolking de memmetaal is. It Súdlik Amerikaansk-Ingelsk fan Súd-Karolina stiet bekend om syn nasale útspraak. De op ien nei grutste taal fan Súd-Karolina is it Spaansk. Yndiaanske talen wurde yn 'e steat net mear sprutsen; alle autochtoane Yndianen yn Súd-Karolina binne Ingelsktalich. Op 'e See-eilannen, foar de Súdkarolynske kust, wurdt wol it See-eilânkreoalsk sputsen, de kreoalske taal fan in subgroep fan 'e Afro-Amerikanen.

Op it mêd fan godstsjinst bestiet 93% fan 'e befolking fan Súd-Karolina út kristenen, wêrûnder 84% protestanten en 7% roomsen en 1% oare kristenen. Súd-Karolina makket diel út fan 'e saneamde Bibelgurdle, en stiet bekend om it grutte persintaazje fan 'e befolking dat in fûnemintalistyske foarm fan it kristendom oanhinget. Sokken wurde yn it Amerikaanske jargon evangelicals ("evangelysken") neamd, mar dat betsjut eins hiel wat oars. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn 2010 de Súdlike Baptistekonvinsje mei 914.000 leden, de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 274.000 leden, de Afrikaanske Metodistysk Episkopaalske Tsjerke mei 121.000 leden en de Presbyteriaanske Tsjerke (FSA) mei 100.000 leden.

Ateïsten en agnosten foarmje 5% fan 'e befolking. It bahaïsme hie yn 2010 yn Súd-Karolina 17.559 oanhingers, wat delkomt op in heger persintaazje fan 'e befolking as yn alle oare Amerikaanske steaten. Oare godstsjinsten binne it joadendom, mei 6.500 oanhingers, en de islaam, mei 5.800 oanhingers.

 
Winter yn it Steatswâld Harbison, yn it noardwesten fan Súd-Karolina.

Súd-Karolina hat in fochtich subtropysk klimaat, mei fral yn it leechlân hjitte en tige neare simmers en hiel mylde winters. Wat noardwestliker (en dus heger) oft men komt, wat minder subtropyske skaaimerken oft it klimaat fertoant. Simmerdeis hat it leechlân oerdeis temperatueren fan 30-34 °C (nachts 20-24 °C), wylst it kwik by 't winter maklik hingjen bliuwe kin om 'e 16 °C hinne (nachts 5-8 °C). Mear nei it noardwesten leit de trochsneed winternachttemperatuer ûnder it friespunt.

Rekôrtemperatueren wiene 45 °C, op 29 juny 2012 yn Johnston, en –28 °C op 21 jannewaris 1985 te Caesars Head. Hoewol't Súd-Karolina genôch delslach kriget, is snie yn it grutste part fan 'e steat in ûngewoan ferskynsel. Tornado's komme wolris foar, mar net sa faak as yn guon oare dielen fan it Amerikaanske Suden. Wol wurdt Súd-Karolina út en troch troffen troch orkanen, dy't út it Karibysk Gebiet wei ôfbûge nei it noarden en dan by de Amerikaanske eastkust lâns skeare. De sterkste orkanen út 'e bekende skiednis fan 'e steat wiene de Orkaan Hazel yn 1954 en de Orkaan Hugo yn 1989.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
  ·   ·