Nij Altena

(Trochferwiisd fan Nij-Altoena)
Nij Altena
Flagge fan Nij Altena Wapen fan Nij Altena
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nij Altena
Gemeente It Bilt
Ynwennertal (2022) 320
Webstee Webstee Nij Altena

Nij Altena (Biltsk: Nij Altoenae) is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Nij Altena leit noardeastlik fan Sint-Jabik, noardlik fan Sint-Anne, noardwestlik fan Froubuorren en westlik fan Aldebiltsyl. Yn 2022 hie Nij Altena 320 ynwenners. De doarpskearn fan Nij Altena leit om de Aldebiltdyk en Schuringawei.

Nij Altoenae (2018)

Sûnt 2006 is Nij Altena in selsstannich doarp, dêrfoar hearde it by Sint-Anne.

Sûnt 2018 leit Nij Altena yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente It Bilt.

De namme Nij AltoenaeBewurkje

Nij Altoenae is in ferwizing nei it doarp Sint Anne, dat oarspronklik Altoenae hiet. Dit Altoenae ferwiist wer nei it oarspronklike wenplak fan de yndikers fan It Bilt, dy't yn 1505 (diels) út it Lân fan Heusden en Altena kamen.

Fan buorskip nei doarpBewurkje

Nij Altena wie earder in buorskip by Sint-Anne, dy't oan it begjin fan 'e 19e iuw ûntstie. Yn 1951 waard dy status befêstige mei in eigen namme. It waard doe "Nij Altena" om't Sint Anne oarspronklik "Altena" wie. Yn 1982 frege Pleatslik Belang Nij Altena doarpsstatus oan, mar nei in hantekeningenaksje troch tsjinstanners waard der fierder neat oan dien. Yn 1991 krige in folksstimming gjin twa-tredde mearheid, yn 1999 wienen der by in nije folksstimming krekt te min stimmen. Yn 2005 hat Pleastlik Belang Nij Altena op 'e nij doarpsstatus oanfrege. It bûtengebiet hat him by folksstimming útsprutsen om by Sint Anne te bliuwen, mar op 16 febrewaris 2006 besleat de gemeenterie Nij Altena sels op 1 oktober 2006 in doarp te meitsjen. Postbedriuw TNT hie lykwols alle postkoaden fan it tsiental xx71 - xx79, bedoeld foar doarpen yn dy regio, al útjûn. Yn de rin fan 2006 hat de Topografyske Wurkgroep Fryslân kontakt socht mei gemeente It Bilt. De wurkgroep hat útsteld om ris nei de twa postkoaden fan it tichtby lizzende Alde Leie te sjen. Dat foel foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 as doarp ûnder twa gemeenten: Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel. Sadwaande hie it twa postkoaden yn gebrûk. De ynwenners stienen iepen foar de suggestje om mei ien fan harren postkoaden Nij Altena te helpen. Op 1 maaie 2008 wurdt de oerheveling oan Nij Altena trochfierd.

MienskipBewurkje

De Noordster is de basisskoalle fan it doarp. Foar fuorset ûnderwiis geane de bern nei Sint Anne. It âlde doarpshûs stie earder oan de Aldebiltdyk, no stiet oan de M. Smitstrjitte it mienskiplik sintrum "De Utwyk". De aktiviteitenkommisje fan Pleatslik Belang komt hjir gear om Keninginnedei, Sinteklaasfeest, it jierlikse doarpsfeest en oare festiviteiten te regeljen.

FerieningsBewurkje

  • De Brike Smiters - kegeljen
  • Blaast De Bazuin - brassband

TsjerkeBewurkje

FerskaatBewurkje

  • De Aldebiltdyk is rom 14 kilometer lang en dêrmei de langste strjitte fan Fryslân.
  • Oan it eardere ’t Wechy op de Ouwe-Dyk waard yn 1903 in skoalle stifte mei trije leslokalen en in ûnderwizershûs.
  • Binnen de roomsk-katholike mienskip is Nij Altoenae bekend fanwege in tal Mariaferskiningen yn Sint Anne.

StrjittenBewurkje

  • Aldebiltdyk -
  • 't kort Morn -
  • 't Putstik
  • Schuringawei - eartiids 't Wechy
  • Mathijs Smitstrjitte -
  • Steedhâlderswei -
  • ds. Veenstrjitte -

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente De Waadhoeke
 
Stêd: Frjentsjer

Doarpen en útbuorrens: AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp

Buorskippen: AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part) • DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypHouten BaaiumDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumStêd-NiksSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein