Rimen en Teltsjes

(Trochferwiisd fan Rimen en teltsjes)

Rimen en Teltsjes is it nasjonale boek fan 'e Fryske literatuer,[1] skreaun troch de trije bruorren Halbertsma.[2] It is in grutte samling koarte ferhalen en gedichten, wêrfan't de earsten al yn 1822 ferskynden ûnder de titel fan De Lapekoer fan Gabe Skroar.[3] As gehiel krige Rimen en Teltsjes lykwols pas geandewei de njoggentjinde iuw syn hjoeddeistige foarm, trochdat de Halbertsma's oanhâldend nij wurk oan har eardere útjeften tafoegen.[4][5] Uteinlik ferskynde yn 1871 postúm de earste útjefte fan 'e wiere Rimen en Teltsjes, wêryn't alle eardere wurk gearbrocht wie.[6][7] Hoewol't de literêre wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard,[8] is it net te ûntstriden dat de Rimen en Teltsjes in rol fan krúsjaal belang spilen by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.[9]

Rimen en Teltsjes
algemiene gegevens
auteur bruorren Halbertsma
taal Frysk
foarm ferhalebondel/dichtbondel
sjenre folksliteratuer
1e publikaasje 1871, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
kodearring
ISBN 9 06 06 64 892 (útj. 1993)

By de bruorren Halbertsma giet it yn it foarste plak om Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), minnistysk dûmny te Boalsert en nei 1822 te Dimter, en Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858), dokter te Grou. Joast wie in wittenskipsman, in betûft taalkenner, dy't kunde hie oan Dútske literêre skriuwers as de bruorren Grimm. Hy fielde sterk oan wêr't it folk ferlet fan hie, mar wie tagelyk in wat ôfstanlik en ferstanlik skriuwer, by wa't de poëzij yn 'e knipe kaam.[10][11] By syn broer Eeltsje ferholden proaza en poëzij har folle gelikenser foarinoar oer, mar Eeltsje wie ek in folle emosjoneler man, dy't bytiden troch swiermoedichheid oerfallen waard. Soks klonk dúdlik troch yn syn skriuwwurk.[12][13] De trêde broer, Tsjalling Hiddes Halbertsma (1792-1852), dy't bûterkeapman te Grou wie, stie wat de literêre ynhâld fan syn wurk oanbelange yn it skaad fan syn bruorren, mar syn folkslektuer foel der wakker yn by de gewoane man.[14][15]

 
De Lapekoer fan Gabe Skroar, út 1822.

Joast Hiddes Halbertsma hat skreaun dat de earste oanstjit foar Rimen en Teltsjes jûn waard, doe't syn broer Eeltsje yn 1818 fan syn stúdzje út it Dútske Heidelberch weromkaam en him steurde oan 'e lege kwaliteit fan 'e strjitlieten yn Fryslân. Hy soe dêr doe sels betteren foar yn 't plak meitsje wollen hawwe.[16] Philippus H. Breuker, dy't in lang en yngeand neiwurd tafoege oan 'e werprintinge fan Rimen en Teltsjes fan 1993, stelt fêst dat dy bewearing "noait mear as de heale wierheid" wêze kin, mei't Eeltsje syn iere dichtwurk no krekt net fan heech literêr gehalte wie. Earder liket it derop dat er de strjitlieten neibeare woe.[17]

Hoe dan ek, sawol Joast as Eeltsje rekken oan it skriuwen, en om't Joast syn libben lang as besoarger fan it wurk fan Eeltsje fungearre, wiene harren proaza en poëzij fan it begjin ôf oan oaninoar keppele.[18] Yn 1822 waard harren iere wurk bondele ûnder de titel fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, in boekje mei 36 siden dêr't seis gedichten en ien koart ferhaal yn stiene.[19] Dat wurk waard taskreaun oan 'e fiktive, ier stoarne skriuwer út earder tiid 'Gabe Skroar', dy't foar 't neist in skepping fan Eeltsje west hat.[20] It jin ferskûljen efter sa'n fiktyf auteur wie doedestiden frij normaal, mar Breuker suggerearret dat in bykommende reden mooglik west hat dat de Halbertsma's it miskien wat ûnnoazel fûnen om twa nammen ûnder sa'n behindich bondeltsje te setten.[21]

 
Joast Hiddes Halbertsma.

De persoan fan Gabe Skroar wie fan it begjin ôf oan wat twaslachtich, eat dat feroarsake waard troch de ferskillende skriuwstilen fan Joast en Eeltsje. Bliuw de Gabe fan Eeltsje in sljochtwei boeresoan dy't aardichheid hie om wat mei skriuwerij om te pielen, de Gabe fan Joast wie ymplisyt in mear geletterd man, dy't literêre oanstriden hie.[22] Fierders feroare ek de rol fan Gabe Skroar meitiid: yn 1822 waard er inkeld opfierd as de skriuwer fan 'e stikjes, mar yn 1829 en 1834 groeide er út ta de haadpersoan fan 'e ferhalen. Op 'en doer waard de persoan Gabe, benammen troch Joast syn geduerige oanpassings, net mear te brûken, en yn 1839 moast ek Eeltsje tajaan dat it gjin sin mear hie en jou harren wurk noch langer út ûnder de namme fan Gabe Skroar.[23]

Untwikkeling

bewurkje seksje

De earste printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, út 1822, hie in oplaach fan 200 eksimplaren.[24][25] Dy waarden lykwols net ferkocht, mar op kosten fan Joast Hiddes Halbertsma ferspraat ûnder kunde fan sines yn hiel Fryslân. Hy skreau dêroer letter: "Dy earste slach wie in trijegûne wurdich. De leafhawwers dy't gjin eksimplaar krigen, skreauden as meagere bargen, en de wei wie klearre foar alle stikjes dy't folge binne."[26] In twadde, útwreide printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, mei 237 siden, ferskynde yn 1829, folge troch in trêde, tige útwreide printinge (de saneamde Grutte Lapekoer) yn 1834, mei krapoan 500 siden op grutter formaat.[27][28] Dêrnei waarden oanfollings apart publisearre yn 1836 (De Noarger Rún oan Gabe Skroar), 1840 (Twigen út in Alde Stamme), 1854 (Leed en Wille en de Flotgerzen) en 1858 (De Jonkerboer en Teltsjes fan de Wize Mannen fan Esonstêd).[29][30]

 
Eeltsje Hiddes Halbertsma.

Nei it ferstjerren fan 'e bruorren Halbertsma waard al harren wurk gearbrocht en yn 1871 troch útjouwerij fa. J. de Lange te Dimter (it wenplak fan Joast Hiddes Halbertsma) publisearre ûnder de titel Rimen en Teltsjes.[31][32][33] Dat barde yn ôfleverings, wêrby't it hast twa jier duorre ear't de keapers, dy't derop yntekenje moasten, it boek kompleet hiene.[34] Oer de earste beide ôfleverings hie Joast sels noch de redaksje hân,[35] mar de rest fan it boek waard útjûn ûnder tafersjoch fan Gerben Colmjon en Wopke Eekhoff.[36][37] Rimen en Teltsjes, sa't it der úteinlik út kaam te sjen, wie in tsjok boek, mei 586 tichtbeprinte siden, dat grôtfol stie mei koarte ferhalen en gedichten, wêrûnder klassikers as Jonker Pyt en Sibbel, it Deagraverssankje, De Reis nei de Jichtmasters, It Marke, De Alde Friezen (oftewol it Frysk folksliet), Sibbel fan De Ryp, it Skipperssankje, De Noarger Rún oan Gabe Skroar, De Likeblommen, Op Anna's Dea en De Jonkerboer.

De earste werprintinge fan Rimen en Teltsjes ferskynde yn 1881, op 'e nij by fa. J. de Lange. Diskear die Gerben Colmjon de redaksje allinnich. Oer it generaal feroare er net folle oan 'e earste útjefte, hoewol't er al "in beskate ienheid [brocht] yn 'e oantsjutting fan lûden en bylûden."[38] Neitiid ferskynde der yn 1887 mooglik in werprintinge fan 'e útjefte fan 1881, hoewol't Breuker it ek mooglik achtet dat it om it restant fan 'e oplaach fan 1881 gie. Yn elts gefal feroare der neat oan 'e tekst.[39] Yn 1891 naam G.M. Merkelbach fan Boalsert him foar om in nije útjefte te meitsjen, mar dêr kaam neat fan 'e op 'e hispel,[40] likemin as de werútjefte dy't Foeke Buitenrust Hettema yn 1892 foar eagen stie.[41] Pas yn 1895 ferskynde der by de Dimter Boek- en Stiendrukkerij (foarhinne fa. J. de Lange) in nije útjefte, dy't besoarge waard troch W.P. de Vries. Dyselde sette de tekst oer yn 'e Selskipsstavering fan 1879, mar behold persiis deselde opmaak as yn 1881 en 1887, sadat der in ûnrêstich lêsbyld ûntstie om't deselde wurden op deselde regels stean bleaun wiene, mar it tal letters oanpast wie.[42]

Yn 1904 kocht útjouwer Rinse van der Velde út Ljouwert de rjochten en it restant fan 'e oplaach fan 1895 oer fan 'e erven De Lange. Nei't er yn 1916 troch de foarrie hinne wie, begûn er in nije útjefte ta te rieden, dy't yn 1918 útkomme soe. Dêrta frege er syn freon Ids Wiersma om printen by it boek te meitsjen, dy't sûnt in fêst ûnderdiel fan 'e Rimen en Teltsjes foarmje en hast like ferneamd wurden binne as de ferhalen en gedichten sels.[43] Wiersma waard trouwens foar syn tekenwurk betelle troch de famylje Halbertsma ynstee fan troch útjouwer Van der Velde.[44] It boek waard printe troch Jacob Hepkema, op It Hearrenfean, dy't foar de nije útjefte fyn papier brûkte.[45] Dû. Geart Aeilco Wumkes waard frege om 'e ynlieding te skriuwen, wêrfoar't er putte koe út 'e briefkerij dy't de famylje Halbertsma ta ynsjoch beskikber stelde. Dêrmei kaam nei 37 jier de Nederlânsktalige ynlieding dy't Eekhoff oan 'e útjefte fan 1881 tafoege hie, te ferfallen.[46] Ek de gearstalling fan 'e Rimen en Teltsjes sels waard wat oanpast, û.m. troch de yndieling te feroarjen en in stikmannich oant doe ta weilitten wurken ta te foegjen. It wichtichste dêrfan wie De Wiersizzerij fan Maaike Jakkeles, wêrmei't de ynbring fan Tsjalling Hiddes Halbertsma einlings in wat mear sichtbere foarm oannaam.[47] De Rimen en Teltsjes waarden by dizze nije útjefte op 'e nij yn ôfleverings útbrocht, sadat it boekwurk pas yn oktober 1919 kompleet wie.

 
Tsjalling Hiddes Halbertsma.

Under de Twadde Wrâldoarloch joegen de Dútske autoriteiten yn beset Nederlân ein 1943 tastimming foar in fyfde werútjefte fan 'e Rimen en Teltsjes, dy't op 'e nij yn ôfleverings tusken de simmer fan 1944 en septimber 1945 by Van der Velde yn Ljouwert ferskynde.[48] Dizze útjefte wie printe troch Miedema & Co. te Ljouwert,[49] en hie in oplaach fan 2.500 eksimplaren, dy't trije kear oertekene waard en dus fuortendaliks mear as útferkocht wie.[50] Besoarger wie diskear J.P. Wiersma, dy't in eigen ynlieding mei in romantisearre libbensbeskriuwing fan 'e bruorren Halbertsma tafoege.[51]

Doe't der yn 1958 in sechsde werútjefte ferskynde, wie Wiersma fannijs besoarger. Hy ferfong doe syn eardere ynlieding troch ien dy't dúdliker en saakliker wie, mar brocht ek fierdere feroarings ta oan 'e tekst en it wurdgebrûk fan 'e Halbertsma's, dat er by de útjefte fan 1944 al wat byskaafd en ferienfâldige hie. Dat yngripen kaam Wiersma neitiid op in protte krityk te stean.[52] Utjouwers wiene diskear Van der Velde en Utjouwerij A.J. Osinga te Boalsert.[53] Neitiid ferskynden yn 1969 en 1978 twa faksimileeprintingen fan 'e útjefte fan 1958, wêrby't nije edysjes gearstald waarden troch (yn 1969) de útjefte fan 1958, resp. (yn 1978) de útjefte fan 1969 te kopiëarjen. Fral de printen waarden der net better op troch it meitsjen fan in kopy fan in kopy.[54]

Yn 1993 ferskynde fan Rimen en Teltsjes de tsiende printinge, dy't troch A.J. Osinga Utjouwerij yn Drachten útbrocht waard yn it ramt fan 'e rige Fryske Klassiken.[55] Foar de gearstalling dêrfan griep besoarger Philippus H. Breuker werom op 'e oarspronklike útjefte fan 1871. Wol waarden fansels de printen fan Ids Wiersma en de stikken dy't fan 1918 ôf hieltyd tafoege wiene, wer opnommen, no as taheakke efteroan pleatst ûnder de titel Neirisping, mei noch inkele oare fersen fan 'e Halbertsma's dy't noch nea earder oan Rimen en Teltsjes tafoege wiene.[56] Wat de stavering oanbelanget, dêrfoar bleau Breuker sa deun mooglik by de foarm fan 1871, salang't dat it taalgebrûk mar net alhiel ûnbegryplik makke.[57] Tsjintwurdich binne de Rimen en Teltsjes fan 'e bruorren Halbertsma noch altyd populêr. De rom fan dit wurk giet boppedat fierder as de Fryske taalgebiet. Parten fan it boek binne ferskate kearen oerset yn it Nederlânsk en yn it Dútsk, ûnder oaren troch Theun de Vries.

Yn 2018 waard it Halbertsmajier holden, wêryn't mei in ferskaat oan aktiviteiten omtinken jûn waard oan 'e Halbertsma's en harren wurk.[58] De edysje fan Rimen en Teltsjes fan 1918 waard yn oktober 2019 yn digitale foarm op 'e webside fan Project Gutenberg setten, dêr't er tenei foar eltsenien fergees downloadber wie. Dat wie it wurk fan Menno de Leeuw út Drachten, yn it deistich libben learaar Ingelsk oan it Bornego Kolleezje op It Hearrenfean. Hysels en oare frijwilligers fan Project Gutenberg hiene mei it digitalisearjen fan Rimen en Teltsjes fiif jier besteld west.[59]

(neffens de útjefte fan 1993; E = Eeltsje; J = Joast; T = Tsjalling)

  • Friezen! (foaropwurd fan Watse en Tsjalling Justus Halbertsma)
  • De Lapekoer fan Gabe Skroar (E en J)
    • In Wurdsje Foarôf (E)
    • De Boalserter Merke (E, mei kommentaar f. J)
    • Widzesang (E, mei kommentaar f. J)
    • Jonker Pyt en Sibbel (E)
    • Deagraverssankje (E)
    • Utfanhûs by de Boer (E, mei kommentaar f. J)
    • It Famke (E)
    • It Libbensein (E)
    • No Ta Beslút Noch in Wurdsje oer Gabe (E)
    • De Bear op Reis (J)
    • De Fûgel fan Bearn-poep (J)
    • De Reis nei de Jichtmasters (E)
    • De Omkearde Widzesang (E)
    • Nije Widzesang (E)
    • Geale' Sliepke (E)
    • Oan Liouwe (E)
    • Nimmen Libbet fan 'e Oerfloed (E)
    • It Marke (E)
    • Ald Jan-om (E)
    • It Tsjerkhôf by Jûntiid (E)
    • Trije Gebedsjes foar Fryske Berntsjes (J)
    • De Rattelwacht (E)
    • It Boalserter Nut (J)
    • De Harkers op it Boalserter Nut (J)
    • Doch Dyn Plicht en Lit de Ljuwe Rabje (J)
    • Miswier (J)
    • It Blomke Tink-oan-my (E)
    • Het Rietmusje (E)
    • De Lêste Freon (J)
    • Oan Petrus, Doe't Er Doctor Waard (E)
    • Blomke op it Grêf fan Petrus (E)
    • De Geboarteleppel (J)
    • De Alde Friezen (E)
    • Fryslân (J)
    • Sibbel fan De Ryp (J)
    • Nacht (J)
    • Ferteltsjes fan Master Ale Byfoet (E)
    • It Maarteblomke (E)
    • Troch it Rinket (E)
    • Oan de Swanneblommen (E)
    • De Fryske Tsjirlen (E en J)
    • De Twadde Jûn (J)
    • De Fryske Hurdsiler (E)
    • De Ald Kies fan Pibomme (E)
    • It Holograaf (E)
    • De Klúnskonk fan Us Ald Dominy (E)
    • Hidde en Almansa (J)
    • Snipperkes (J)
    • Oan in Berntsje yn de Oare Wrâld (E)
    • Skipperssankje (E)
    • Rekest (E)
    • It Aldershûs (E)
    • Willem Bilderdijk aan J.H. Halbertsma (Bilderdijk)
    • Toevoegsel op de Lapekoer van 1829 (J)
    • Naricht (J)
  • It Grouwe Pak (J)
  • De Noarger Rún oan Gabe Skroar (E en J)
  • De Treemter fan it Sint-Anthonygasthûs (E)
  • Oan Eölus (J)
  • Eölus, Grewa fan Stoarm en Onwaar (E en J)
    • Oan Auk (J)
    • Oan Myn Freon Gerhard van der Meer (E)
    • Grouster Weagen (E)
    • Oan Piter Mulier (J)
    • Jûntiids Weemoed (J)
    • Prins Willem de IV op de Froaskepôle (J)
    • Grouster Merke (E)
    • Letter fan in Bankerottiersfeint (J?)
    • Nijjierswinsk oan in Ald-Boargemaster (E)
    • Redevoering tot Nut van het Algemeen (J?)
  • Twigen út in Alde Stamme (E en J)
    • Foarwurd (E?)
    • De Winter fan 1624 yn it Wetterlân (E)
    • It Swealtsje Ferjit (E)
    • De Likeblommen (E)
    • De Blauwe Skine (E)
    • Ald Greult-omme (E)
    • Murk fan Ipekolsgea (E)
    • It Feartflagjen (E)
    • Taheakke (J)
    • It Boaike fan Seisbierrum (E)
    • Tsjerk Hiddes (J)
    • Dokter Eeltsjes Letterke (J)
    • Skipper Hylke fan De Lemmer (J)
  • Leed en Wille en de Flotgerzen (E en J)
    • In Wurdsje Foarôf (J)
    • Leed en Wille (E)
    • Op Anna's Dea (E)
    • Oantinken oan Justus (E)
    • Oan Beslinga-state (E)
    • Ofskied (E)
    • In Trien (E)
    • Twa Berntsjes yn 't Wâld (E)
    • It Liet fan in Earm Man (E)
    • De Lytse Toarnbeisiker (E)
    • Seemansklachte [Sierd Anes] (E)
    • Bellis Pratensis (E)
    • De Terp (E)
    • Twa Boeren en de Skrie (E)
    • De Wylde Ruter fan Dokkum (E)
    • Frânske Turven en Oranjebitter (E)
    • It Pelsrjucht (E)
    • De Boask troch de Skoarstien (E)
    • De Rimpene Doktersgong (E)
    • Foarlêzinge (E)
    • De Sint Piters-boask (E)
    • Seemansklachte (E)
    • De Langesleattemer Man (E)
    • Gabe Skroar en Bysitter Goarrelt (E)
    • It Jûnpraatsje fan Gabe Skroar (E)
    • Njonkelytsen (E)
    • Gabe Skroar en de Studint (E)
    • De Skearwinkel fan Joutebaas [II] (J)
    • Gabe Skroars Reis om in Wiif (E)
    • De Hoanne fan de Westerein (J)
    • Mostert nei de Mieltiid [I] (E)
    • De Ljuwe fan de Pomp (J)
    • Moster nei de Mieltiid [II] (E)
    • De Skearwinkel fan Joutebaas [III] (J)
    • It Ingelgereaunt op Schiermontseich (J)
    • Oan Myn Stalke Freark Fontein (J)
    • Yn Drachten Net Bekend (E)
    • De Blide Berntsjes (E)
  • Ybel en Jelke, of: De Boask op it Iis (E)
  • De Iere Maaimoarne en de Minske (E)
  • Nijjierswinsk foar 1841 (E)
  • De Foarname Utfanhûzers yn Fryslân (E)
  • Grouster Rattelwachts Nijjierswinsk foar 1842 (E)
  • In Wurdmannich fan de Weachmasters (E)
  • De Grouster Weachmasters oan de Merkegasten (E)
  • De Jonkerboer (E)
  • Minne Jorrits Reis nei it Kollumer Oproer, yn 1797 (E)
  • Myn Reis mei de Parsop nei Stêd (T)
  • Grêfskrift fan in Wynsûper op Him Selme (J)
  • Sûn Ferstân (J)
  • Foeke Sjoerds (J)
  • In Skotsk Miel (J)
  • Batthyany's Dea (E)
  • Japik Ingberts (J)
  • Oantekeningen fan Don Antonio de Magino (J)
  • De Skearwinkel fan Joutebaas [I] (E, J en T)
  • Neirisping
    • Mâlichheid by de Brulloft (T)
    • Hollân en Fryslân (E)
    • Soe Ik Net in Wurdsje Sizze (E)
    • Grouster Freonen! (E)
    • Hjir Is in Krintebôle (E)
    • Us Gysbertomme (E)
    • Fammen Hâlde fan it Trouwen (E)
    • Master Doede fan Terbant Is Komd (T?)
    • Dominy Hollema en Reid Jeltes (E)
    • Foar de Toanbank en Derefter (E)
    • Sets en Tsjerk yn Snitser Merk (T)
    • In Priuwke út Reintsje de Foks (T)
    • Yn de Dollejoarum Rinne (E)
    • Sjirk en Tryn (T)
    • De Faam en de Bargekop (E)
    • De Bêste Freed yn Ljou'ter Merke (T)
    • In Nij Liet op Grouster Merke (J)
    • Foeke Skutter en Hospes' Tryn (E)
    • De Brune en de Bles (T)
    • In Jûnpraatsje fan Oark en Sint (T)
    • Fêsteljûnpraatsje (E)
    • An Menhear Frisius Stripsma (T)
    • Punthûn en Liuwe Lijer (T)
    • Fammewille (J?)
    • De Brulloft (T)
    • De Divel (T)
    • Yn 't Jier Doe't de Ko Bartele Hjitte (T)
    • Op in Jûn (T)
    • Oan Mefrou Ringers, berne Calkoen (J)
    • De Wiersizzerije fan Maaike Jakkeles (T)
    • De Tsjustersinnige Minske (E)
    • In Famke út de Frjemdte (E)
    • Op it Doctor-wurden fan Myn Miich K.T. Halbertsma (E)
    • Yn de Grouster Weagerij (T)
    • Grouster Merk (T)
    • Grouster Merke (T?)
    • De Grouster Weachmasters oan de Merkegasten (T?)
    • Grouster Rattelwachts Nijjierswinsk (E?)
    • Idaarder'diel (T)
    • As de Wite Flokken Fleane (E)
    • Gysbert Japix' Grutte Namme (E)
    • Wettersang (E)
    • De Grytman (E)
    • ’k Haw Him as Jong'ling Kend (E)
    • Sy, Dy't de Dierb're Namme Droech (E)
    • Oer Swarte Minsken (E)
    • Jurjen mei de Leppel (E)
    • It Oardeel fan Minsken oer Minsken (E)
    • Samenspraak oer de Russen en de Turken (E)
    • Joukebier Is Swiet Bier (E)
    • De Quickborn (E)
    • Teltsjes fan de Wize Mannen fan Esonstêd (E)

Doe't de bruorren Halbertsma mei De Lapekoer fan Gabe Skroar úteinsetten, wie der foar it lêzen fan Fryske literatuer yn Fryslân net in protte animo.[60] De saneamde Grutte Lapekoer (de útjefte fan 1834) hie tweintich jier nedich ear't er útferkocht wie.[61] Yn syn brieven jout Joast Hiddes Halbertsma letter yn syn libben lykwols oan dat er nearne spyt fan hat, om't hy en Eeltsje har ta doel steld hiene om 'e Friezen wer yn 'e eigen taal oan it lêzen te krijen. Tsjin 1850, 1860 wie dat skoan slagge, en hiene se in grut gefolch fan trouwe fans, sa't dy tsjintwurdich neamd wurde soene, dat benammen bestie út notabelen, lykas dûmnys, dokters, notarissen, ensfh., en út 'e boerestân.[62] Ek by lju om utens en de boargerstân yn 'e stêden moat belangstelling west hawwe, want Colmjon fernijt yn 1881 dat de Rimen en Teltsjes tsjin dy tiid in soad lêzen waarden troch lju dy't yn it deistich libben gjin Frysk praten.[63]

Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw stiene de Rimen en Teltsjes yn Fryske literêre fermiddens yn heech oansjen, as it boek dat it Frysk wer op 'e kaart setten hie.[64] Yn it wurk fan dichters as Obe Postma en Piter Jelles Troelstra, dy't yn dy tiid opgroeiden, galmje de Rimen en Teltsjes dúdlik noch nei.[65] Yn 1918 noch skreau G.A. Wumkes: "dit boek bliuwt it monumint fen in stik folkslibben, dat de Fryske siele opropt ta ljeafde for syn eigen aerd en wêzen."[66]

Begjin tweintichste iuw sloech dy wurdearring lykwols om yn in ôfkear, dy't fierhinne begûn mei de oprjochting fan 'e Jongfryske Mienskip yn 1915. Dat koe ek hast net oars, want Rimen en Teltsjes wie no krekt it boek fan 'e generaasje dêr't de Jongfriezen har omraak tsjin ôfsetten.[67] Douwe Kalma, de fertsjintwurdiger by útstek fan 'e Jongfryske Mienskip, woe hawwe dat it boek "op 'e ûntjowing fen it Fryske siele-libben net oars hawwe kin as in ûngaedlike en ûnginstige útwirking."[68] Kalma meat (yn oerienstimming mei de opfettings fan syn tiid) de literêre wearde fan in boek ôf oan it gehalte fan libbenstragyk dat der yn beskreaun waard, en kaam ta de konklúzje dat de Rimen en Teltsjes net mear wiene as "plat bernegeniet" en in "wrede bispotting" fan sokke libbenstragyk. Sterker noch, sa skreau er, it wurk fan 'e Halbertsma's hie "tûzenen minsken geastlik formoarde."[69] In oare Jongfries, Eeltsje Boates Folkertsma, miste yn de Rimen en Teltsjes net de libbenstragyk, mar wol de mystyk dy't hy as in ûnmisber elemint fan wiere literatuer beskôge. Feitliks ûntrinne syn miening en dy fan Kalma inoar net iens safolle.[70]

Healwei de tweintichste iuw, doe't it Jongfryske fjoer sterk belune wie, fûnen kritisy as Anne Wadman, Jelle Hindriks Brouwer en Ype Poortinga yn 'e Rimen en Teltsjes dochs wer literêre skientme werom, wêrby't se benammen ferwiisden nei it dichtwurk fan Eeltsje Hiddes Halbertsma. Om't noch Willem Bilderdijk, noch Isaäc da Costa ek mar yn Eeltsje syn skaad stean koe, sa stelt Wadman, sil men yn 'e Nederlânsktalige literatuer út deselde perioade omdôch sykje nei immen fan itselde kaliber.[71] Breuker, skriuwend yn 1993, slút him dêr fierhinne by oan, en fertsjutsket dat it de weemoed is nei wat west hat en de niget oan wat is, dat benammen de poëzij fan Eeltsje sa bysûnder makket. It wurk fan Joast is dêrfoaroer abstrakter, giet mear om ideeën en net sasear om it gefoel, en fielt mei dêrom ek skerper oan.[72] Tsjintwurdich wurde de Rimen en Teltsjes fan 'e bruorren Halbertsma lykwols rûnom beskôge as "it klassike wurk fan de Fryske literatuer. It wurdt lêzen troch heech en leech, troch geleard en ûngeleard, miskien ek noch wol troch Frysk en ûnfrysk."[73]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  2. Dykstra en Oldenhof, s. 38-42.
  3. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  4. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  5. Wiersma, Foarwurd, s. 5.
  6. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  7. Wiersma, Foarwurd, s. 5.
  8. Breuker, s. 594-596.
  9. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  10. Breuker, s. 588-591.
  11. Dykstra en Oldenhof, s. 38-40.
  12. Breuker, s. 592-593.
  13. Dykstra en Oldenhof, s. 40-42.
  14. Breuker, s. 591-592.
  15. Dykstra en Oldenhof, s. 42.
  16. Breuker, s. 593.
  17. Breuker, s. 593.
  18. Breuker, s. 593.
  19. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  20. Breuker, s. 597.
  21. Breuker, s. 597.
  22. Breuker, s. 597.
  23. Breuker, s. 597.
  24. Breuker, s. 594.
  25. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  26. Breuker, s. 594.
  27. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  28. Wiersma, Foarwurd, s. 5.
  29. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  30. Bruorren Halbertsma 1958, s. 589-594.
  31. Breuker, s. 603-606.
  32. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  33. Wiersma, Foarwurd, s. 5.
  34. Breuker, s. 603.
  35. Breuker, s. 604.
  36. Breuker, s. 604.
  37. Wiersma, Foarwurd, s. 5.
  38. Breuker, s. 607.
  39. Breuker, s. 608.
  40. Breuker, s. 608.
  41. Breuker, s. 608.
  42. Breuker, s. 608.
  43. Breuker, s. 608-609.
  44. Breuker, s. 608.
  45. Breuker, s. 609.
  46. Breuker, s. 609.
  47. Breuker, s. 609.
  48. Breuker, s. 609.
  49. Breuker, s. 609.
  50. Breuker, s. 596.
  51. Breuker, s. 609.
  52. Breuker, s. 609-610.
  53. Breuker, s. 610.
  54. Breuker, s. 610.
  55. Breuker, s. 610.
  56. Breuker, s. 610-611.
  57. Breuker, s. 612.
  58. Vries, Sietse de, Spot en Beschaving van de Gebroeders Halbertsma, yn: de Ljouwerter Krante, 15 jannewaris 2018, s. 21.
  59. Post, Elisabeth, "Rimen en Teltsjes" voor altijd gratis, yn: de Ljouwerter Krante, 22 oktober 2019, s. 29.
  60. Breuker, s. 594.
  61. Breuker, s. 596.
  62. Breuker, s. 594.
  63. Breuker, s. 594.
  64. Breuker, s. 594.
  65. Breuker, s. 595.
  66. Breuker, s. 594-595.
  67. Breuker, s. 594.
  68. Breuker, s. 594.
  69. Breuker, s. 595.
  70. Breuker, s. 595.
  71. Breuker, s. 595.
  72. Breuker, s. 595.
  73. Breuker, s. 594.