Prince Yahshua
Prince Yahshua, echte namme: Frank Robinson (Chicago, 21 maart 1970), is in Amerikaansk pornoakteur en -regisseur fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Syn skûlnamme wurdt op ferskate manearen misstavere, lykas Prince Yashua en Prince Yashia. Hy sette yn 2004 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in grut tal films. Prince Yahshua docht fral in protte oan ynterrasiale pornografy. Hy kaam yn 2010 yn 'e mainstream-media yn it nijs doe't er in wurkrelatearre blessuere oan syn penis oprûn.
Prince Yahshua | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Prince Yashua, Prince Yashia | |
echte namme | Frank Robinson | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 maart 1970 | |
berteplak | Chicago (Illinois) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoakteur, pornoregisseur | |
jierren aktyf | 2004 – no | |
offisjele webside | ||
www.princeyahshua.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeKarriêre as pornoakteur
bewurkje seksjePrince Yahshua waard yn 1970 berne yn Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, dêr't er ek opgroeide. Hy sette yn 2004, doe't er 34 jier wie, útein mei in karriêre as pornoakteur, en waard as sadanich al rillegau in soad frege fanwegen syn spierde uterlik en grutte penis. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hied er ein 2018 yn 1.290 pornofilms spile. Dêrby hat er wurke foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Adam & Eve, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Red Light District, Hustler Video, Evil Angel, Wicked Pictures, New Sensations, Penthouse, Digital Playground, Elegant Angel, Diabolic Video en Digital Sin.
Fierders hat Yahshua ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions, Metro, Mile High Media, Girlfriends Films, Third Degree Films, Black Ice, Seymore Butts Home Movies, Candy Shop, Pure Play Media en Shane's World. En teffens hat er in soad yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com en Blacks on Blondes. Yahshua wûn trije kear efterinoar de Urban X Award yn 'e kategory manlike artyst fan it jier, yn 2010, 2011 en 2012. Dêropta waard er tusken 2009 en 2015 mar leafst 23 kear nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld), wêrfan't er twa kear de priis wûn: yn 2011 (foar bêste triosekssêne, yn 'e mande mei Asa Akira en Jon Jon) en yn 2014 (foar bêste sekssêne mei dûbele penetraasje, yn 'e mande mei Skin Diamond en Marco Banderas).
Under syn karriêre wurke Yahshua gear mei tsjinspylsters as Asa Akira, Anikka Albrite, August Ames, Britney Amber, Andi Anderson, Amy Anderssen, Eva Angelina, A.J. Applegate, Cherokee d'Ass, Veronica Avluv, Bridgette B, Cassidy Banks, Nyomi Banxxx, Sierra Banxxx, Belladonna, Bella Bellz, Bethany Benz, Nikki Benz, Tori Black, Julia Bond, Briella Bounce, Summer Brielle, Amy Brooke, Abbey Brooks, Mischa Brooks, Casey Calvert, Mercedes Carrera, Lily Carter, Kacie Castle, Angelina Castro, Lou Charmelle, Brooklyn Chase, Adriana Chechik, Angelina Chung, Courtney Cummz, Candice Dare, Dana DeArmond, Sophie Dee, Ava Devine, Devon, Skin Diamond, Danica Dillan, Gia DiMarco, Kelly Divine, Tiffany Doll, Noelle Easton, Alana Evans, Ariella Ferrera, Jada Fire, Ashley Fires, Erica Fontes, Alexis Ford, Shay Fox, Ana Foxxx, Keisha Grey, Sasha Grey, Marica Hase, Allie Haze, Jenna Haze, Aaliyah Hadid, Nina Hartley, India, Jewels Jade, Jasmine Jae, Diamond Jackson, Nikita von James, Jillian Janson, Sara Jay, Julia Ann, Eva Karera, Kagney Linn Karter, Katja Kassin, Anissa Kate, Katsuni, London Keyes, Katie Kox, Remy LaCroix, Francesca Le, Brooklyn Lee, Leilani Leeane, Ashlynn Leigh, Mia Lelani, Yasmine de Leon, Lea Lexus, Mia Lina, Rebeca Linares, Lisa Ann, Brianna Love, Kendra Lust, Marie Luv, Loona Luxx, Chastity Lynn, Krissy Lynn, Janet Mason, Maxi Mikita, Mariah Milano, Kelsi Monroe, Allison Moore, Crista Moore, Mason Moore, Mandy Muse, Tiffany Mynx, Melody Nakai, Valentina Nappi, Mya Nichole, Aleksa Nicole, Skyler Nicole, Kira Noir, Olivia O'Lovely, Gabriella Paltrova, Penny Pax, Alanah Rae, Romi Rain, Tinslee Reagan, Riley Reid, Roxy Reynolds, Imani Rose, Kristina Rose, Daphne Rosen, Katie St. Ives, Andy San Dimas, Hillary Scott, Sheena Shaw, Dakota Skye, Aurora Snow, Evanni Solei, Saya Song, Kendra Spade, Lela Star, Cindy Starfall, Bobbi Starr, Jada Stevens, Misty Stone, Kapri Styles, Shyla Stylez, India Summer, Mika Tan, Kya Tropic, Teanna Trump, Flower Tucci, Gina Valentina, Angelina Valentine, Megan Vaughn, Juelz Ventura, Dana Vespoli, Jezabel Vessir, Marina Visconti, Jessie Volt, Amile Waters, Sienna West, Angela White, Jennifer White, Ricki White en Harmony Wonder.
Blessueres
bewurkje seksjeYahshua wurke benammen in protte foar de studio West Coast Productions. It wie op 'e set fan in film foar dat label, dat er op 23 augustus 2010 ûnder de opnamen fan in sêne mei aktrise Bethany Benz in penisfraktuer oprûn. Yahshua waard halje-trawalje nei it Encino Hospital Medical Center ta brocht, dêr't er daliks oan syn geslachtsdiel opererearre waard. Dy operaasje duorre trije en in heal oere. Dit foarfal helle de mainstream-media en besoarge Yahshua in beskate, sij it flechtige, bekendheid by in breder publyk. Op 10 septimber sette er útein mei fysioterapy. Hoewol't de diagnoaze yn 't earstoan wie dat it om in karriêrebeëinigjende blessuere gie, waard him letter meidield dat er nei sechstich dagen wer oan it wurk koe. Yn 'e tuskentiid krige er finansjele stipe fan West Coast Productions. Op 20 augustus 2013 rûn Yahshua op 'e set jitris in blessuere oan syn penis op, dy't him $32.000 oan sikehûskosten earmer makke.
Fertsjintwurdiging en wurkpaad as regisseur
bewurkje seksjeYahshua tekene yn septimber 2011 in kontrakt mei it ympressariaat L.A. Direct Models. Yn july 2012 liet er him dêr útskriuwe om tenei syn eigen boekings te dwaan. Yn april 2013 liet er him ynskriuwe by in oar ympressariaat, OC Modeling. Njonken syn aktearwurk wied er tusken 2008 en 2017 foar West Coast Productions ek aktyf as regisseur fan pornofilms. Yn dy hoedanichheid sleat er letter in eksklusyf kontrakt mei de studio Justin Slayer International. Doe't syn rezjykontrakt dêr yn 2009 ôfrûn, rjochte Yahshua in eigen studio op, mei as namme Silverback Entertainment. Yn totaal regissearre er 24 pornofilms, wêrûnder fjouwer dielen fan 'e Black Assassin-rige.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjejier | priis | resultaat | kategory | foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2009 | AVN Award | nominearre | bêste manlike nijynkommeling | n.f.t. |
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Marie Luv) | Black Ass Addiction 3 | ||
Urban X Award | wûn | bêste sekssêne mei in pearke (mei Kirra Lynne) | Black Assassin 3 | |
wûn | bêste triosekssêne f/m/m (mei Mya Nichole en Rico Strong) | Deep in Latin Cheeks | ||
2010 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Jenna Haze) | Sexual Blacktivity |
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Belladonna en Rico Strong) | Dark Meat 3 | ||
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Mya Nichole en C.J. Wright) | Deep in Latin Cheeks 3 | ||
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Kelly Divine en Rico Strong) | Oil Overload 2 | ||
nominearre | bêste manlike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
Urban X Award | wûn | bêste groepsekssêne (mei Melrosse Foxx, Emma Heart, Rico Strong en C.J. Wright) | Dynamic Booty 4 | |
wûn | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
2011 | AVN Award | nominearre | bêste anale sekssêne (mei Kristina Rose) | Sexual Blacktivity 2 |
nominearre | bêste triosekssêne f/m/m (mei Tori Black en Sean Michaels) | Interracial Fuck Sluts | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/m/m (mei Jenna Haze en C.J. Wright) | Sexual Blacktivity 2 | ||
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Bobbi Starr en Mark Anthony) | The Brother Load 2 | ||
nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Francesca Le en Chris Charming) | F for Francesca | ||
nominearre | bêste byrol fan in akteur | Fatally Obsessed | ||
nominearre | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste triosekssêne f/m/m (mei Asa Akira en Jon Jon) | Asa Akira Is Insatiable | ||
Urban X Award | wûn | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | |
2012 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Kimberly Kane) | Kimberly Kane's Been Blackmaled |
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Phoenix Marie) | Dynamic Booty 6 | ||
nominearre | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
Urban X Award | wûn | bêste anale sekssêne (mei Kagney Linn Karter) | Prince the Penetrator | |
wûn | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
Xbiz Award | wûn | comeback fan it jier | n.f.t. | |
XRCO Award | wûn | bêste comeback | n.f.t. | |
2013 | AVN Award | nominearre | bêste anale sekssêne (mei Kagney Linn Karter) | Prince the Penetrator |
nominearre | bêste triosekssêne f/m/m (mei Lily Carter en Jon Jon) | Lily Carter Is Irresistable | ||
XRCO Award | nominearre | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | |
2014 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei Jada Stevens, Julius Ceazher, James Deen, Erik Everhard, Jon Jon, Ramon Nomar, Mr. Pete en John Strong) |
Gangbanged 5 |
wûn | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Skin Diamond en Marco Banderas) | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | bêste sêne yn in feature-film (mei Brooklyn Lee, Jon Jon en Nat Turnher) | The New Behind the Green Door | |
nominearre | manlike artyst fan it jier | n.f.t. | ||
2015 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Kagney Linn Karter en Rico Strong) | Ass Worship 15 |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Prince Yahshua
- (in) Prince Yahshua op Twitter
- (in) Biografy en filmografy fan Prince Yahshua yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Prince Yahshua
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|